Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 69]
| |
1. De tiidTsjin de ein fan de 18de ieu kwynt de Republyk wei en sakket hja yninoar, formôgele as hja is troch ynwindich forfal en partijstriid. Der wurdt folle praet oer folksrjochten, gelikensheit, demokraty, mar de ôfstân tusken de klassen en stannen en tusken yntellekt en folk wurdt der yn de praktyk grif net lytser op. De striid foar sosiale rjochtfeardigens, foar de rjochten fan de minske en de boarger, wurdt hyltyd mear in saek fan polityk. By dat allegearre steane it forstân, de rede en de forljochting yn heech oansjen. De Fryske dûmny Balthasar Bekker hat mei syn ‘Betooverde Wereld’ (1691) bisocht de spoeken to forjeijen en Voltaire mei syn Frânske maten hawwe it deïsme der hjir al aerdich ynbrocht. Johannes Stinstra, de menniste learaer fan Harns - deselde dy't yn syn Hollânske oersetting fan in Ingelske roman fan Richardson Fryske sizwizen brûkt hat - mei dan fanwegen it regear om syn sociniaenske ketterij út syn amt sletten wurde, dy ketterij forslacht likegoed har tûzenen en tsientûzenen. Hwat sille wy langer ek mei al dy dogma's, seit de forljochte minske fan de 18de ieu, dy't earst de forsoening fan Iepenbiering en Rede neistribbet en dan de earste mar oan de kant set; hawwe alle godstsjinsten net ‘hwat’ fan de ‘wiere natuerreligy’? Dizze wrâld is net sa min, der is alle reden foar optimisme, hwant yn elk minske sit ommers in kearn fan de deugd en is er dan yn wêzen ek net goed? Mar dat goede moat him fansels ûntjaen kinne, it moat oankweke wurde; de opfieding hat in hege taek. Yn 1784 wurdt, fral út mennist formidden wei, it Nut fan 't Algemien stifte, nei 1800 komme de ûnderwiiswetten en dan ek bigjint de wurksumheit fan forneamde Fryske skoalopsjenners lyk as Nieuwold en Visser. Troch it witten sil it lok formeardere wurde, dat kin net misse. Yn politike forieningen (folkssociëteiten) en lêsselskippen moatte it folk de nije idealen bybrocht wurde. De filantropy kriget in hege taek, de sterke krêft fan de frijmitslers sil forgoed oer de ierde gear en sjoch, wy hawwe de himel suver al nei ús tahelle. Alle goede dingen bisteane ek nou wer yn trijen: moralisme, patriottisme en fordraechsumens; God, deugd en ûnstjerlikens; gjin wûnders, tradysje of iepenbiering, mar natuerwetten, persoanlike frijheit en rede. De Frânske Revolúsje reaget gâns oan 'e kant en ropt gâns yn 't libben. Yn it lêst fan de 18de ieu is der al in dúdlike réaksje op de oer- | |
[pagina 70]
| |
hearsking fan it nochteren forstân to fornimmen; ienfâld, natuer, mystyk, koartwei: it gefoel, komme wer yn eare. De filosoof Frâns Hemsterhuis, fan Grinzer-Frysk komôf, docht dêr net in bytsje oan ta. Der is wer plak foar sentimentaliteit en sels foar mankelikens en pessimisme - dizze ierdske ieu is tagelyk de ieu fan de hypochondry -, de godstsjinst is ek net mear ta weismiten keard. Under de twang fan de Napoleontyske tiranny giet it tinken fan it folk hyltyd mear de kant út fan de rjochtfeardiging fan it eigen selsbistean. De romantyk docht har swide en heimige yntocht; der komt wer leafde foar it fiere, greate (germaenske of klassike) forline, yn it bûtenlân wurdt it âlde folksliet wakker sammele en de taelkunde wrakselet har njonkenlytsen hwat út de Latynske boeijens los. Fryslân leit ek nou net isolearre bûten de tiid. De Frjentsjerter Akadeemje is yn it neigean, de reboelje fan 1787 is in foarteken, yn 1795 wurde de frijheitsbeammen oprjochte en yn Ljouwert de grêven fan de Oranje-Nassau's skeind. De striid om de nije grounwet en de nije steats-ynrjochting bigjint en Fryske federalisten lyk as Vitringa en Van Beyma moatte it forlieze; de lju fan de sintralisaesje út Hollân en Utert krije har sin. Der rôlje lykwols gjin hollen en fan it ‘oarloch oan de paleizen en frede oan de hutten’ komt ek suver neat tolânne. It giet fan de revolúsje yn 1795 oant de restauraesje yn 1813 yn Hollân en Fryslân allegearre like rêstich en boargerlik en evenredich; de minsken pronkje mei har kristlike en maetskiplike deugden of jowe har del ûnder de sosiale ellinde; dêr't hja har uterje, bart dat sedich, braef, húslik en tofreden. Fryslân docht gjin forwar as nei 1813 de sintralisaesje foltôge wurdt. Greatens, hertstocht, fûle striid, hja lykje hjir útstoarn. En dochs is der yn dit tiidrek hwat geande. Der wurdt yn de jierren om 1800 hinne hwat fan Fryske geast wekker, fral ûnder it yntellekt mar dochs ek ûnder it folk. | |
2. Everwinus WassenberghDe Lekkumer dûmny'ssoan Everwinus Wassenbergh (1742-1826), letter mei gâns oerdriuwing wol ‘it Orakel fan Lekkum’ neamd, sil de man wêze yn hwa't dy wikseling fan de tiid tige dúdlik útkomt. Hy studearret yn Frjentsjer en Leijen, wurdt yn 1767 al heechlearaer yn Dimter en komt yn 1771 as sadanich yn Frjentsjer werom. Dêr bliuwt er oant syn dea; hy jowt les yn de âlde talen en makket tige opgong: mear as in heale ieu oanien is er yn it lytse Fryske formidden in man fan oansjen. Hy is gelearde en stiet dus oan de iene kant fan de kleau, | |
[pagina 71]
| |
Prof. EVERWINUS WASSENBERGH
| |
[pagina 72]
| |
dy't de renaissance tusken de gelearden en de ûngelearden slein hat; hy kin op 'e tiid ek wol folksman wêze: de Fryske rimen, dy't er fral yn syn jonge jierren skreau - almeast gelegenheitsfersen, ûndertekene mei ‘Evert Abrams’ - binne dêr it biwiis foar. Wassenbergh is op en út in bern fan syn tiid, mar troch syn greate ynfloed op de studearjende jongerein rikt er dêr dochs oerhinne. Sa hat er troch syn grounlizzend wurk en waerme leafde in skoalle fan learlingen foarme, dy't op it gebiet fan Fryske taelstúdzje en skiednis gâns út 'e wei set hat. De earetitel ‘opbouwer fen uwz âde taele’, dy't Rinse Posthumus him jowt, is grif fortsjinne. Hoewol er sels klassikus is, doar Wassenbergh it oan - sûnder moed gyng it doe net - en nim de heitelânske tael ek yn stúdzje. De romantyske streaming wint it yn him winlik al fan in foech trije ieuwen renaissance-kultuer, dy't hjir de romaenske ynfloeden sa djip biwoartelje litten hie en dêrmei de oarsaek wie fan de greate ôfstân tusken tael- en folksbisef. Hwat net bitsjut, dat hy fuort it goede stânpunt al fynt. It leit yn 'e reden, dat er sels jit yn alderlei misbigryp stykjen bliuwt; syn ûnderskieding Hollânsk - Frysk en tael - dialekt liket ús nou fortiisd en ûnwittenskiplik, mar koe dat oars? Hy wie gjin Jacob Grimm en ek gjin Joast Halbertsma, en de Fryske stúdzje bliuwt by einbislút leafhawwerij, al komt er fûl tsjin folle foaroardiel op: ‘Het Fries is en blijft eene levendige en, wat meer is, eene rijke Taal’, dat hâldt er tsjin elkenien út. Yn 1774 skriuwt er al oer Fryske nammen en in skoft letter bigjint er mei syn kolleezjes oer Gysbert Japiks, dêr't er yn 1793 ek in Latynske forhânling oer jowt. De Boalserter dichter wurdt slim heech wurdearre; hy ‘wier't dij ijn dijn griene jierren, Dij hijmelswiet to prieuwen die: In nuw, besnijd meij griese hierren, Giet hij bij dij fier boppe oare' ljie’, dichtet er sels jit yn 1823. Nammers, ‘onze Friesche Puikdichter’ hied er yn 1806 al sa'n skoandere fear yn 'e broek stutsen: ‘Deze uitmuntende man was in de daad, een der grootste Dichters, welke de Menschelijke Natuur immer voortbracht’. Oerdreaun fansels, sa'n oardiel, mar tige bigryplik foar hwa't bitinkt, dat it pielen mei it ‘boerefrysk’ Wassenbergh doe jit op it forlies fan syn wittenskiplik prestige to stean komme koe. Yn in tiid, dat it Frânsk by de hiele Nederlânske hegerein folslein foar master opsloech, waerd it net de muoite wurdich achte nei in forgetten folkstael om to sjen, as dy net yn steat wie ‘om de verhevenste gedachten in welklinkende maat voor te stellen’. En hwa oars as Gysbert Japiks soe dat foar it Frysk biwize? Yn 1802-'06 - in jiermannich nei 't Fryslân it lêste bytsje eigen selsstannigens forlern hie en foar in skoft sels syn namme kwyt rekke - komme dan de twa dielen ‘Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval’ fan Wassenbergh út. Der wurdt hiel hwat yn losmakke en | |
[pagina 73]
| |
oansnijd: de earste fundaminten fan it Frysk Wurdboek wurde lein (Idioticon Frisicum), de dialektstúdzje komt oan 'e oarder (Molkwar), boustoffen foar de earste Gysbert-biografy wurde sammele en der is, as ynlieding op in folsleine útjefte, in forklearjend bisprek fan Gysbert Japiks syn ‘Nysgierige Jolle in Haitse-yem’. De Fries komt sadwaende njonken Homerus en Virgilius to stean, in earherstel fan bilang; ien fan Wassenbergh syn learlingen hat him dêr yn in Latynsk carmen ek op treflike wize foar huldige, (‘mei ûnder Jou hoede in sa greate sjonger (G.J.) wis wêze fan syn rom, ûnder Jou hoede in al weistjerrende tael fan har eare’). Op himsels is dit twadielich wurk swak en ûnfoldwaende, mar yn breder forbân is it in skoandere ynset. En ek in ûnthjit, dat net by in ûnthjit bleaun is; Wassenbergh hat op syn âlde dei wier net stil-sitten. Mei elkenien suver, dy't foar de dingen fan Fryslân fielde, wiksele er brieven; in stik as ‘Waatze Gribberts Brulloft’ jowt er yn 1820 jitris mei oantekeningen (mar om de ynhâld anonym) út, en op it Boalserter Gysbert Japiks-feest fan 1823 - wol ‘de parade fan de Wassenbergh-skoalle’ neamd - draecht er mei fjûr in huldefers foar. De oprjochting fan in Frysk Genoatskip, dêr't er yn 1790 al op oanstien hie, bilibbet er net mear, mar hy hat dochs it ljocht oan de kimen sjoen. Yn syn stjerjier wiene der al forskate, dy't neffens syn winsk ‘wanneer ik dit niet meer kan doen, ons vereeuwd Friesch bewerken, opluisteren en beschermen zullen’. Wassenbergh: mear wittenskipsminske as Frysk skriuwer, grif, mar sûnder him soe de Fryske skriftekennisse fan de 19de ieu har gâns biswierliker ûntjown hawwe. | |
3. De Wassenbergh-skoalleIt sit yn de loft, fuort al by it bigjin fan de 19de ieu, dy opkommende niget oan it Frysk-eigene. De forspeine tael rekket hwat mear yn oansjen. Der is sels sokssahwat as in moade oan it ûntstean by party fan de hegerein en it yntellekt: in ôfkear fan de klassisistyske skimen, in sykjen by it eigen forline. Net om hwat foar Fryslân fan de takomst to freegjen, of om de plichten foar it hjoed nei foaren to bringen, wurdt der mei it Frysk pield: dêr hawwe de hearen jit gjin euvelmoed yn. It yn de tiid fan Napoleontyske oerhearsking wekkerwurdende nasionale fielen liket harren mear in privileezje foar de útforkarden, of, op syn romantysk, in weidreamen yn de drokke rige bylden út forfleine ieuwen, of, mear wittenskiplik, de driuw ta ûndersiik fan eigen oarsprong, - | |
[pagina 74]
| |
mar oer de skerpste fragen fan it Fryske folksbistean giet dit stribjen samar hinne. Foar de Fryske wittenskip hawwe hja sûnder mis wol hwat dien, de ‘Wassenberghers’, yn in literatuerskiednis mei men harren ek net oerslaen, mar in Helmers of Bilderdijk siet der net tusken: it profetyske elemint ûntbriek harren. Hja litte har fan Gysbert Japiks biynfloedzje, hâlde oprjocht fan him, nimme syn stavering oer en helje út syn wurk, hwat har tiid it bêst fortarre kin, mar fierders hâlde hja har apart fan de mannen út it folk, dy't ek graech ris ‘in boersk stikje’ skriuwe meije (Sjoerd Simons Ypma, Jan Simons Hager, e.o.). De rige learlingen, freonen en meiwurkers fan prof. Wassenbergh is great. Yn Amsterdam hâldt prof. Rinse Koopmans, in Grouster en de lettere learaer fan Joast Halbertsma, yn 1801 al in redefiering oer Gysbert Japiks dy't yndruk makket. Albert ten Broecke Hoekstra, letter professor yn Leuven, is yn 1813 al fan doel in nije G. J.-útjefte to jaen, mar dat rint mis. Dan spant Ecco Epkema, ien fan de bêste learlingen, him der foar; yn 1821 bringt dy de tredde útjefte fan de ‘Friesche Rymlerije’ en yn 1824 komt der in fiks wurdboek by; in dreech stik wurk foar dy tiid, al hat Epkema de dichter wol hwat slim skoalmastereftich ûnderhannen nommen. Dy útjefte is de bikroaning fan in jierrenlange en tawijde stúdzje en tagelyk in ôfsluting, sa't de Gysbert Japiks-hulde fan 1823 yn Boalsert by de oprjochting fan it boarstbyld yn de tsjerke dat winliken ek wie. Dan nimt in oar, likegoed skriuwer as wittenskipsman, Joast Halbertsma, it wurk fan Wassenbergh en Epkema lykwols oer en set it fuortdaliks yn jit breder forbân; dy syn beide dielen ‘Hulde aan Gysbert Japiks’ (1824-'27) binne dêr it biwiis en it forslach fan. Inkelde nammen, dy't ek wol mei inkelde tsientallen oaren oanfolle wurde koene: minsken dy't gjin Fryske bodders, striders of skriuwers binne, mar dy't yn har eachweid Fryslân net oerslane. Sels ien as Salverda, dy't yn 1798 yn Frjentsjer ta skoalmaster leart, sil ûnder ynfloed fan Wassenbergh west hawwe, ek al wie er as minske en as dichter ien fan in oare klasse. It Boalserter feest fan 1823, gearkomste fan de yntellektuele hegerein en folksfeest tagelyk, is sawol ein as bigjin. It hat yn syn deftich offisialisme foar ús hwat fan in skynfortoaning, mar meiiens is it ek de foarsichtige ynset fan de Fryske biweging. In klear doel of program foar dy biweging wurdt der daliks net oanjown, der is allinne mar in rjochting: net tobek dizkear, mar foarút. It wurk fan elk op himsels hellet net it measte út, mar meielkoar is it grif foarmeanen en paedsljochtsjen foar letter. Yn deselde jierren dat ien fan de Wassenberghers, ds. H.W.C.A. Visser, mei de stúdzje fan en de publikaesjes oer de Fryske skiednis | |
[pagina 75]
| |
bigjint, komt der ûnder it folk ek mear fraech nei en oanbod fan ienfâldige lektuer. Tusken 1820-'30 wurde forskate 18de ieuske stikken werprinte en komme der frijhwat bilangrike skriuwers nei foaren. Dat hat prof. Wassenbergh fansels net allegearre toweibrocht; de tiid wie der ryp foar en doe knoppen de deade twigen ynienen hwer't men it net forwachtsje soe. Mar as ien fan de earsten en warbersten hat syn bitsjutting hwat boppe-persoanliks krigen; syn ‘skoalle’ hat in bazúnstjit oer it sliepende Fryslân hearre litten, al wie dy net lûd genôch en faeks ek noch tsjin de bidoeling. | |
4. It Frysk GenoatskipYn 1820 wurdt yn de greate tsjerke yn Ljouwert in monumint ûntbleate ta oantins fan de skoalfornijer J.H. Nieuwold, de Wergeaster dûmny. Neidetiid sitte in twahûndert minsken oan by in diner en it eareplak is foar de Gouverneur fan Fryslân, Idsert Aebinga van Humalda, ien fan de earste learlingen fan prof. Wassenbergh yn Frjentsjer. Dy kriget ek it wurd; hjir mei folgje hwat B.L. van Albada, dy't der by wie, der yn syn tinkskriften oer meidielt: ‘Z.Exc. de Gouverneur, een hartstochtelijk voorstander van de landstaal der Friezen, wist op eigenaardige wijze den beoefenaars daarvan optewekken, wat inzonderheid Dr. J. Halbertsma zich aantrok, die met zijne gewone boert en naïviteit smakelijke piquante saus aan den maaltijd ten beste gaf. Nevens dezen verraste de Onderwijzer Salverda van Wons de aanzittenden met diens doorwrochte bekendheid met die taal, en wel in schoonklinkende coupletten, die in 't bijzonder door Z.Exc. den Gouverneur werden toegejuicht.’Ga naar voetnoot1) Der is hwat geande; soks hie in heale ieu earder net kinnen. Itselde kin fan it Boalserter feest yn 1823 sein wurde, mar ek fan hwat der yn 1827 bard is. In great diel fan it stribjen fan de Wassenberghers kriget dan syn organisearre foarm yn de oprjochting fan it ‘Provinciaal Friesch Genootschap, ter beoefening der Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde’. Tsjin de biswieren fan in inkelden-ien (mr. P.C.J.A. Boeles) yn, is dúdlik oantoand, dat stifting en wurk fan dit Genoatskip net losmakke wurde kinne fan Wassenbergh en syn stúdzje fan de | |
[pagina 76]
| |
Fryske tael en skriftekennisse. Fansels fortsjintwurdiget it Genoatskip de yntellektuele streaming yn de Frysk-nasionale oplibbing; it is in deftich formidden fan de bistudearre hegerein. Ien fan de earste programpunten is it ûndersykjen, bioefenjen en bifoarderjen fan it Frysk. In goed bigjin wurdt fuort al makke mei de útjefte fan in Frysk Jierboekje, dat spitigernôch mar seis kear forskynd is (1829-'31, 1833-'35). It wie wer in learling fan Wassenbergh, de klassikus J.D. Ankringa, dy't it inisiatyf naem ta dizze útjefte dy't ornearre wie foar de biskaefde stân en binammen foar de stedlju, om dy-en ‘smaak voor hunne veel vergetene moedertaal in te boezemen.’ Der sit in soune, frisse geast yn dit jierboekje; de ynfloed fan de Dútske romantyk is der skoan yn to fornimmen. Fryske skiednis, systematysk forteld en yn it Frysk biskreaun, hwa hie dêr ea fan heard? Dat it troch ûnfoldwaende meiwurking ophâlde moast to forskinen, wie in griis; de dea fan mr. Jacob Roorda, in fûl Frisiast, yn 1835, sil der ek net frjemd oan west hawwe; hy en Telting propagearren yn it earstoan tige it Frysk yn dit formidden, mar der skynde jit al hwat tsjinstân to sitten. As tiidwurkje waerd fan Genoatskipswegen sûnt 1839 ‘De Vrije Fries’ útjown, hast alhiel yn it Hollânsk. Letter, nei 1844, waerd de ôfdieling taelkunde mear en mear oan it doe oprjochte Selskip ta forsoarging oerlitten; wiene de hearen ek net in bytsje bliid, dat hja der sa mei skik en fatsoen ôfkamen en hâldden hja de distânsje ta it Frysk better yn acht, doe't de folksmannen har bigounen to oppenearjen? Nea wer hat it Genoatskip in libbene bydrage oan de taelbiweging levere, hwat it dochs yn de tritiger jierren mei it wiidweidich bisprek fan de staveringskwesje en it oanpriizjen fan Joast Halbertsma syn systeem wol dien hie. De to biwûnderjen ynspanning om hwat fan it stjerrende Fryslân foar it museum to biwarjen, ferge letter alle wurk en oandacht, en oan de moderne kwael, de skiedskriuwing dy't elk libben forbân mei har foarwerp forlern hat, ûntkaem it Genoatskip ek net. Hwat net bitsjut, dat de útjefte fan kroniken en oare histoarjeboarnen fan Fryslân net heech oanslein wurde moatte soe. Der wiene Genoatskipsleden dy't wol hwat oars woene. Ien as Jan Dirks Ankringa (1793-1860), dy't in stikmannich Fryske (û.o. godstsjinstige) fersen skreau en as Ljouwerter foar it Frysk pleite mei syn foarlêzing: ‘Geschiktheid der Friesche taal voor het verhevene’, mei inkelde oersettingen út it Gryksk fan Aeschylus derby, hat ek al earnstich warskôge foar it noedlike fan in to iensidich bioefene folks-skriuwerij foar it oansjen fan it Frysk by de hegerein. En Albertus Telting (1803-'63) hat yn syn jonge jierren ek aerdige Fryske stikken makke - in fers as ‘Rypster tsjerke’ kin njonken Staring syn wurk stean - en hat tige yn 't spier west foar de Fryske spraekleare en de | |
[pagina 77]
| |
Fryske skiednis, likegoed as foar it bihâld fan de Frjentsjerter hegeskoalle. Lettere skriuwers as Harmen Sytstra byg, moatte har ynfloed ek wol ûndergien hawwe. De Genoatskipsrounte hie gjin tokoart oan typyske fortsjintwurdigers. Dêr wie de Fryske ealman Montanus de Haan Hettema (1796-1873), gjin maklik man mar in hertstochtlik Frisiast. Hy hat seldsum folle wurk forsetten op it gebiet fan de âlde Fryske wetten, de Fryske skiednis, de East- en Noardfryske dialekten (Sealterlân byg. en Hilgolân), en is troch syn leafde foar de noardske talen en syn propagearjen fan de útkomsten fan de nijere germanistyske taelstúdzje fan mannen as Grimm en Rask, by al syn flaters foar Fryslân fan mear as gewoane bitsjutting wurden. In apart man wie ek Wopke Eekhoff (1809-'80), de Ljouwerter autodidakt, stiif, deftich en toar, mar ôfgryslik warber. Nije paden socht er net, wylde romantyk koe der by him ek net op troch (hoewol it bloed krûpt dêr't it net gean kin), mar foar de Fryske skiedskriuwing hat er tige folle dien. Yn him en oaren út dizze rounte (de juristen J. Dirks, J.v. Leeuwen, A. van Halmael jr., H. Baerdt van Sminia e.o., dr. J.G. Ottema, ds. A. Wassenbergh) wie de forbining fan de literator en de historikus, sa eigen foar dy tiden, dúdlik oanwêzich; by in inkelde, Van Halmael byg., waecht it earste elemint al it swierst. Hoe koe it ek oars yn dit formidden, dêr't skielk it Oera-Linda Bok as in swiere stien hommels yn delploffe sil! Sûnder de trochwurking fan de romantyk is it Frysk Genoatskip yn syn bigjinjierren net to tinken. Yn alle wittenskiplike bidoeling, sels yn de pielerij dy't bytiden ta provinsialisme ôfsakket, is klear to fornimmen it langstme nei it âlde, frije Fryslân. Yn de groun wurdt Fryslân wer as in selsstannichheit, it Fryske folk wer as in ienheit, in naesje skôge. Mar krekt omdat it greate, wisse doel hjir ûntbrekt, swevet de fantasij sa maklik wei yn de âlde dream. | |
Neisjen:Yn it tydskrift ‘Fryslân’, jg. 1928-'32, hat J.J. Hornstra Gsn. forskate koarte stikjes, mei bibliografy, skreaun oer 19de ieuske Fryske skriuwers; oer A. Telting byg. jg. 1928, s. 33-35. Dr. G.A. Wumkes hat skreaun oer J. Roorda (Paden fen Fryslân, II, s. 21-31) en oer J.D. Ankringa (Paden fen Fryslân, IV, 474-483, 535-539). Oer de famylje fan E. Wassenbergh, sjoch It Beaken, IV, 1942, 134-137. Oer de Wassenbergh-skoalle: dr. G. Gosses yn De Weitsrop, 1935, s. 305-308; Sljucht en Rjucht, 1935, 421-424. In ryk en bitrouber oersjoch jowt H.T.J. Miedema yn It Beaken, XVIII, 1956, s. 119-132, (De Wassenberghers, Napoleon en it âldste Nijfrysk). Foar in algemiene skôging oer dit tiidrek, sjoch E.B. Folkertsma, Nei Trettjindehealjier, yn De Holder, I, s. 108, 139. |
|