Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 56]
| |
1. De tiidEfkes mar hawwe de Foriene Nederlannen foar it oantlit fan Jeropa en de hiele wrâld har krêft en kinnen biwiisd, of de ynsinking is der ek al. Nei de opgeande, moedige tiid fan de earste helte fan de 17de ieu, jowt it libben him hjir del yn selsfoldienens, sloppens, ûnbitsjuttendheit, en hwat noch minder is, yn korrupsje en dekadinsje. Yn it bûtenlân ûntjowt de renaissance har ta nije foarmen, mar fan dat Frânske klassisisme, dy nije wiisbigearte, dy stúdzje fan de natuerwittenskippen, dy hiele optimistyske, rationalistyske wrâldskôging, fornimme wy hjir allinne de lette wjerlûden. De oarspronklikens, foarsens en moed binne fordwoun en de deftige konvinsjes komme der foar yn it plak. Greate mannen sil men yn de Republyk om 'e nocht om sykje, de godstsjinst forwetteret en forboargerliket, de literatuer sakket ta de safolleste rang mei al har glêdde fersen, sljochte morael en binypt eachweid. Nammen as Poot, Langendijk en Van Effen, faek oerskatte figueren yn Hollân, sizze genôch. Fryslân bliuwt net efter en giet net foar. Yn swakke ôfskynsels blinkt it eigene fan de tiid troch en forgelike mei oare dielen fan de Republyk is der grif rjocht om fan in selsstannich meilibjen to sprekken. De kleau tusken de regintestân en it gewoane folk wurdt lykwols aloan djipper; de Fryske adel forwurdt ta in lytse, harsels oer alle boegen bifoarrjochtsjende groep, en hat suver neat mear fan de nasionale élite; as dy adel nei 1747 hofklyk wurdt, ûntstiet der al gau sokssahwat as in tragikomeedzje. It famyljeregear hâldt de leije stevich fêst en de boargerij, de measte yntellektuelen net útsûndere, sjocht gjin bien yn leffe sjerpstrikerij. Alles hwat Frânsk is, jowt by de hegerein de toan oan. Der is niget foar toaniel, mar fan neibauwerij kin dat net libje. Tsjerklike strideraesje heart men sa net mear fan, mar ûnder it ienfâldige folk kriget de siele, alteast yn offisjeel formidden, har gerak net en wurdt der earne oars socht. Der is yn de ‘Prûketiid’ grif jit wol stoflike wolfeart (de menniste keaplju!), mar skielk giet de séfeart efterút en hat de Súdwesthoeke har bloeitiid hawn. De boeren bilibje minne tiden (de fépest) en de Fryske Steaten kinne har húshâlding ek net mear foarinoar hâlde. Lang is der in algemiene politike ûnforskilligens en earst om it midden fan de 18de ieu brekke der folksbiwegingen los, dy't lykwols tonearsten suver neat opleverje. | |
[pagina 57]
| |
De kunst of hwat der foar trochgiet, stiet wol aerdich yn eare, mar hja is sûnder hertstocht of greatens. De bûtenpleats, de tún, de halsgevel en de steatlike foardoar hearre ta de merktekens fan de tiid. Yn it leave, glêdde, idyllyske, sierlike, wurdt wolris hwat goeds birikt, it meast yn de boukunst. De poëzij sit bistjurre yn sabeare dichterlike tael, de byldspraek is oerdreaun en Grykske goadenammen moatte de lege ynhâld fral hwat opgnisje; de kunst yn dizze ieu fan rymlerij is allinne it kunsthantwurk goed to learen. Ungemurken wei giet it op de revolúsje ta. It grifformearde folk liket jit suver yn de leare to wêzen, mar it fornimt sels net dat it hyltyd mear offers oan de tiid bringt. Der is in stadige ûntjowing fan de heech-foreare godstsjinstsin en ûnfolpriizge deugd ta de wysheit fan de fordraechsume morael en it oerhearskjen fan de rede. Foartekens fan de romantyk komt men net folle tsjin, it meast faeks noch yn de oanwinnende skiednisstúdzje. De Aufklärung, dy't it klassisisme opfolget, wit gâns mear los to meitsjen; Balthasar Bekker, de mennisten en de Van Haren's kinne dêr de Fryske eksponinten fan hjitte. It libbensforhael fan de bruorren Willem (‘Gevallen van Friso’) en Onno Zwier (‘De Geuzen’) van Haren, én it ‘Dagverhaal’ fan jonker Vegelin van Claerbergen út 1748, leverje mei syn beiden in treflik mar alderminst treftich skilderij fan dizze ieu. It Fryske hûs wurdt brekfallich! | |
2. Der wurdt hwat wekkerIt hof yn Ljouwert, de hegeskoalle yn Frjentsjer, de tsjerke dy't beart as bistiet it Frysk net, de adel faei en ryp foar forfrânsking, faktoaren genôch om de ûntfrysking fan Fryslân to bifoarderjen. Mar der is dochs hwat geande yn de 18de ieu, al bliuwt it in ûnderstream. Der is oan de skaedkant it krekte en earnstige oardiel fan Foeke Sjoerds út 1765: ‘Nog tegenwoordig bespeurt men, dat de Friesche Landtaal van tijd tot tijd naar die der stedelingen gebogen wort, zijnde zedert veertig jaar in dien opzichte eene groote en aanmerkelyke afneming in de aloude taal veroorzaakt; het staat te vermoeden, dat derzelve nog t' eeniger tijd haar Burgerrecht geheel verliezen zal.’ De ljochtkant ûntbrekt lykwols ek net: de bioefening fan it Frysk wreidet har út en, yn de breedte bisjoen, falt it lang net ôf hwat der allegearre forskynt. It is wier, as men skriftekundige produkten altyd al bioardielje moat yn it forbân fan de tiid fan har ûntstean, dan grif yn dit tiidrek wol. It is lykwols net sa'n stille tiid yn de Fryske skriftekennisse, lyk as | |
[pagina 58]
| |
somliken wol úthâlde. It peil, de bitsjutting, de oarspronklikens, hja kinne gjin sprekken lije, alteast as wy it wurk fan Gysbert Japiks as mjitstêf brûke. In oare noarm kin ek min oanlein wurde; forgeliking mei it bûtenlân bliuwt needsaeklik ta bihâld fan biskiedenheit, mar hat mei de taeltastannen foar eagen oars net folle sin. Sadwaende moat nou wol sammele en bistudearre wurde, hwat ûnder gewoane, soune forhâldingen it achtslaen amper wurdich wêze soe. Sa treffe wy yn Gysbert Japiks syn lêste libbensjierren in pear boekprinters (û.o. Joh. Arcerius) dy't it gauris weagje in dissertaesje fan in goekunde in Frysk rymke mei op reis to jaen. Neat to bitsjutten, mar dy rymkes binne dan dochs mar de earsten fan in lange rige promoasjefersen en gelegenheitsstikjes foar jierdei en brulloft, de hiele 18de ieu troch. Sa forskine yn 1671, 1672 en 1676 Fryske boere-alma-nakken, tige sljocht spul, mar in bigjin fan folksskriuwerij; der sille fêst mear fan dit soarte west hawwe, mar sokke boekjes bleauwen nou ienkear min biwarre. Sa is der op wittenskiplik gebiet de figuer fan Jan van Vliet (Janus Vlitius, 1620-'66), in meiwurker fan Franciscus Junius, in Sieuw dy't lange jierren hege amten yn Breda hawn hat en op-en-út in renaissance-minske: taelkundige, skriuwer fan Latynske fersen, theolooch en skiedskriuwer, jurist, útjower... Hy hat him al ier mei it Frysk dwaende hâlden, bisocht it sels to skriuwen, sammele it ien-en-oar, reizge hjirhinne en publisearre der oer as er dêr kâns ta seach. Neamd moat ek wurde dr. Vitus Hendriks Ringers (1660-1725), in Harnser dy't ryklik fjirtich jier dûmny yn Ried west hat en yn 1686 in fersebondel útjoech, ‘Stichtelyk Sang-prieel’. Dêr stiet in fiks tal psalmbirimingen yn en dêr soe hjir net fan rept wurde, as der by trije ek net in Fryske biriming njonken stien hie, ienfâldich mar suver wurk. Tige de muoite wurdich is syn pleitsjen foar it Frysk as tael foar it hillige, en net inkeld foar idelheit, yn de foarrede. Datselde jiers 1686 forskynt der ek in bondel mingelwurk ‘De Bron-Swaan’, fan Titia Brongersma, in dichteres dy't lang yn Grins wenne hat en dy't tusken har Hollânske en Frânske poëzij ek plak ynrommet foar fjouwer Fryske fersen, folksaerdich en flot fan trant en toan. In aparten-ien wie grif Johannes Hilarides (1648-1725), learaer oan of rektor fan de Latynske skoallen fan Frjentsjer, Hynljippen, Dokkum en Boalsert. In nijljochter, typysk Frysk yndividualist, man fan folkskunde en dialektstúdzje, fûl purist, - spitigernôch slagget it him net al dy kundichheden yn synthetysk forbân foarm to jaen. Hy is Gysbert-forearder, striidber, hat syn weetsje en is gau op 'e teannen trape. In Frisiast as ien, mar hwerom hat er net mear yn it Frysk skreaun? Syn ‘Hynlepre Seemans-almenak op it 1679 jeer, | |
[pagina 59]
| |
Titelpagina fan Althuysens Psalmbirlming, carste útjefte.
| |
[pagina 60]
| |
mekke fan en stirman oen laand’ is gjin min stikje wurk, syn ‘Naamspooringen van het Platte Friesch; zijnde de Oude Friessche Lantstaale’ is yn it Hollânsk en bleau yn hânskrift; yn de foarrede fan syn Phaedrus-oersetting yn it Hollânsk neamt er it ‘Nederduits’, dêr't er dan hwat oars mei bidoelt as it Hollânsk, samar ‘onze moedertaale’. Net allinne makket er in kaert fan Fryslân, mar hy stalt ek in kronykje gear (1678; trije kear yn de 18de ieu en ienkear yn 1834 werprinte): ‘It aade Friesche terp, vertoonende de Fryje Friezen, in haar oorsprong, opkomst en voortgang... voor de liefhebbers der vrijheit’. It is in hwat wyld en los boekje, yn folle dingen de rjochte fuortsetting fan de fantastyske skiedskriuwing út earder ieuwen. De krêft fan syn Frysk-nasionael fielen is lykwols dúdlik; sa ek de oertsjûging dêr't er de forfrânsking yn tael, sede en libbensstyl mei bistriidt. Ek de 18de ieu ken jit altyd it ynstitút fan lânshistoarjeskriuwers, yn de 17de ieu û.o. fan Winsemius en Gabbema waernommen. It wie nou bleat in sinecure foar mannen út de Fryske adel, dy't de sinten opstrieken mar der neat foar dienen. Ien as Foeke Sjoerds (1713-'70) kaem foar dat baentsje net yn 'e bineaming. In widdousbern út Ie, skuonmakker yn Ljussens, skoalmaster yn Nijtsjerk, studearder tsjin de klippen oan, ferseskriuwer en yn syn lêste libbensjierren ek skiedskriuwer. Yn de soberste omstannichheden hat er him doe deawrotten: njoggen dielen skreau er oer de skiednis fan Fryslân, dy't allegearre fan 1765-'71 forskynd binne. Der is ús fan him mar ien Frysk fers bikend. De Fryske Steaten hiene oars wol jild oer foar greate ûndernimmingen, dêr't hja de rom fan it heitelân mei bifoarderje koene. It útjaen fan Schotanus syn prachtige atlas fan Fryslân (1718), en fan it ‘Groot Placcaat- en Charterboek van Vriesland’ (1768-1796), it lêste yn seis swiere folianten fan sa'n seistûzen siden meielkoar, hat slompen jild frege, mar hja foarmje dan ek in kostber nasionael bisit. En dat der fral yn it lêst fan de 18de ieu forskaten dwaende binne mei de útjefte fan de âlde Fryske wetten (Von Wicht, Wierdsma-Brandsma, Van Halsema, Wiarda e.o.), wiist der op dat der in oare tiid foar de doar stiet. Yn dy jierren wurde de mannen berne, dy't yn de kommende ieu oan de idé fan Frysk skriuwerskip in oare ynhâld jaen sille as oant nou ta. | |
3. Simen en Jan AlthuysenIn steatlike kwartyn fan oer de fiifhûndert siden, - wy hawwe der mar sa'n pear, dat wy it moaije en mânske boek mei tagedienens yn 'e | |
[pagina 61]
| |
hannen nimme. ‘Friesche Rymlery’ stiet der op de rêch to lêzen en hwat in rykdom fan bylden ropt dy titel net foar jin op! Mar dan... ‘yn twaa dielen bystaende, wierfin it Eerste bystiet yn forjyerings-rymmen, brullofts-rymmen, forstaerrings-rymmen, in mingel-rymmen; it Oorde diel bystiet uwt dy 150 Psalmen fin David mey dy oore Lôfzangen, for ien diel by ien forsammele, in for ien diel byrymme trog Jan Althuysen, jinwurdig Pastoor op dy Lytze Jouwer.’ In hiele mûlfol en tagelyk suver in balâns en ynventaris fan de Fryske literatuer yn it midden fan de 18de ieu. It is bigreatlik foar dit boek fan 1755, it muoit ús ek om de warberens fan dizze golle, Frysksinnige dûmny, mar wier bliuwt it: dizze ‘Fryske Rymlerij’ kin by dy fan hast in ieu lyn net helje. It wurk is grif net min mar wol faek forfeelsum, it hat gjin drege earnst en gjin lichte humor, it bliuwt yn 'e midsmjitte, der sit gjin genôch piid yn. It is wol aerdich en ienfâldich, bytiden sels boartlik en los, mar fierwei it measte fan dit gelegenheitsgerimel giet ús net oan en kinne wy allinne ‘histoarysk’ lêze. ‘Ien graefschruft op myn blommen, forstoon yn dy hurde winter fint Jyer 1740’ moat al bjustere moai wêze, sil men der nou noch niget oan ha. Safolle húslikens efterinoar, hwa kin dat fortarre? Mar dan bitinke wy, dat it wurk fan party Nederlânske skriuwers út dy jierren (Poot, Langendijk, ensfh.) grif ek al net folle better is, dat de werjefte fan it iisformeits op sé yn de winter fan 1740 net sûnder kleur en fleur is, dat it ‘Gaersprek twiske ien Huwn en ien Kat’, it earste dierdicht yn it Frysk, tige oannimlik neiforteld wurdt, en dan oardielje wy leafst net al to hurd, fral net om't wy dizze Frjentsjerters dochs wol tige tankber wêze meije. De rimers binne heit en soan. De heit, Simen Jans Althuysen, wolkjimmer en geseten boarger yn de akadeemjestêd, kin it goed dwaen en libbet trou mei op it stik fan godstsjinst, polityk en wittenskip; hy is tige tsjerksk, fansels fûl foar Oranje en mei syn talrike freonskippen graech hwat ûnderhâlde troch wolmienende rymkes. Oan de kwartyn fan 1755 hat er fjirtsjin stikken bydroegen; de niisneamde trije rimen hearre dêr ek ta. De soan, Jan Althuysen (1715-1763), pielt suver noch mear mei gelegenheitsrimen as syn heit, mar der komt letter dochs ek in oar elemint yn syn wurk. Nei in ryklik lange stúdzjetiid yn syn berteplak, wurdt er yn 1750 dûmny fan de Lytse Jouwer en Boarnwerd, syn iennichst plak dêr't er yn 1752 trout en frij jong forstjert. In ynfryske hoeke, mar as preker hat er it dochs mei de twataligens to krijen. Hy is in Gysbert-forearder, sil er ek syn learling, syn neifolger wurde? Gysbert Japiks hat yn syn bondel 51 fan de psalmen forfryske; dy forbetterje kin Althuysen fansels net, mar sil er dat tal nou net folmeitsje en dan alles meielkoar as twade diel fan syn bondel útjaen? | |
[pagina 62]
| |
In pryslik foarnimmen en it komt der ek fan; Foeke Sjoerds, dy't yn deselde hoeke wennet, set der in aerdich iepeningsfers by en wrychtich, de Dokkumer klassis fan de Herfoarme Tsjerke jowt in offisjele goedkarring fan de bondel yn it Frysk! Mar hwat in forskil tusken beide birimingen: neffens de tiid leit der krekt in ieu tusken, neffens ynhâld en foarm in kleau dy't hast net oer to kommen is. Gysbert Japiks' rigels twinge jin de swiere sin hast oan, yn Althuysen syn flotte fersen wurdt de sin lichter, makliker, gewoaner. Dochs kin men forskate koupletten wier net ûndichterlik neame. Hy hie de tiid ek tsjin: opdracht en foarwurd, mei dy hiele omhael fan wurden, biwize it al. Hy is gjin kunstner en dy pretinsje hat er ek net; hy jowt syn heit graech de eare, dat dy it rymkjen gâns better forstiet. Mar hy is in nasionale figuer, hwant hy sjocht klear de driigjende ûndergong fan de memmetael, ‘Boersck: zoa as min 't naemt’, de tael dy't tsjin syn sin ‘zoa schien buwtten dy mode rekke is.’ Dy tael moat wer brûkt wurde foar literatuer, foar geastlik libben, yn tsjinst fan it leauwe. Sa net, dan ‘zoe uwz eyn âdde Lantaal mei er tyed alleheel in 't foryetboek reytze, in zoa dwaande zoeze nyeunke lytzen zoa schien wey wurde, dat min op it laest naet ien Fries yn Frieslân meer fynne koe.’ Jan Althuysen is ien fan de iennichsten fan syn tiid, dy't it skandlike fan de taeltastân ynseach en pynlik fielde. Dizze mijene dûmny doar moedich to tsjûgjen foar de rjochten fan it Frysk-eigene. | |
4. Dirk LenigeIn Makkumer keapman, mennist, foaroansteand lid fan it Makkumer dichtgenoatskip ‘Kunst kweekt het menschelijk geluk’, dizze Dirk Piters Lenige (1722-1796?). De heit fan de jongforstoarne Cynthia of Kynke (1755-'80), dy't mear bikend wurden is troch har Hollânske ‘Mengeldichten’ as troch har inkelde Fryske fersen. Wol wer hielendal ien, dêr't it stimpel fan de tiid tige dúdlik op leit, immen dy't it dichtsjen yn freonskiplike kriich mei syn kunstbruorren flitich bioefene, likegoed yn it Hollânsk as yn it Frysk, it lêste binammen yn de jierren 1778-'92. Syn Frysk wurk is net great neffens uterlike en ynderlike omfieming, mar it fortsjinnet dochs tige de oandacht. Fansels stiet Lenige wol ûnder ynfloed fan Gysbert Japiks, mar dochs giet er syn eigen paed, ek yn it brûken fan de aparte Makkumer tongslach. Hy kin hiel wol flot en glêd rymkje as er dat wol, mar hy hâldt dochs it meast fan hwat swierder effekt yn lûd en gong. Hy wie ek de earste Fryske dichter, dy't de sonnetfoarm brûkt hat. | |
[pagina 63]
| |
Fers en hânskrift fan Dirk Lenige.
| |
[pagina 64]
| |
Lenige hat it wol oer Palemon en Clarinde, sjongt in fjildsang ‘op 't boask fan Damon en Rozemûle’ en lit de philomeel oan it swurk kliuwe, mar hwat lid fan in 18de ieusk rymselskip hat gjin lêst fan de Helleenske sykte en is net oanhelle mei arkadyske krupsjes? ‘Ienlik boskje hear myn klachten...’, mar lês dan ek ris it steatlike ‘De Stoarm’, de feninige koartdichten, of dy opmerklike oersetting fan de sechde psalm, of dat ferske op de dea (‘Grymtosk dy 't tsjerkhôf donget mei minskebrein en bien...’). Iensidich is Dirk Lenige net en dichter is er grif; oanienwei heart men yn syn faek drege en dûnkere rigels it lûd fan de poëzij. As ienkear al syn Frysk wurk yn in goede útjefte foar ús leit, kin dit biskieden talint faeks jit better wurdearre wurde; syn libbensforhael soe ús de kultuerhistoarje fan dizze ieu yn in treftich miniatuer werjaen kinne. | |
5. Feike Hiddes van der PloegFoar de 18de ieu is it toanielspyljen hjir yn Fryslân mar in bytsje bioefene; bikend is, hwat lijen Starter der yn Ljouwert mei hawn hat, doe't er it ynfiere woe. Syn ‘Sotteklucht’ en de Fryske brulloftsdichten wiene net fan genôch bitsjutting om in nije tradysje to skeppen en de stikken, dy't Hollânske Friezen lyk as Wybrand de Geest en Onno Zwier van Haren hjir útjoegen, binne nei alle gedachten dochs nea opfierd; de tsjerke wie der ek op tsjin. En dochs leit de oarsprong fan de Fryske folkstoaniel-skriuwerij yn dizze jierren, al is it bigjinnerswurk faek tige bihyplik en komt it dan ek jit net op 'e planken. Sa is der yn 1701 foar it earst útkomd: ‘Waatze Gribberts Bruyloft. Dat is: Acht aerdige en geneuglijcke Uyt-komsten: vertoonende de slechten Boeren Aerd, plompe Zeeden, ende drollige Reden: Seer geneuchlijck en vermaeckelijck om te lesen. In 't platte Friesch. Gedruwckt midden ynne Wraad.’ De titel is karakteristyk genôch. It is in klucht fan 17de ieusk, Westfaelsk komôf, in oersetting fan twa populaire stikken oer ‘Tewesken’. De Fryske oersetting moat der hjir ek tige ynfallen wêze, hwant der binne nije printingen bikend út de jierren 1712, 1733, 1765, 1779, 1809, 1820 en 1840; as soks oer twa ieuwen it libben hâldt, soe it suver klassyk hjitte kinne. En wier, it stik is faek seldsum libben en yn goed Frysk skreaun, mar de ynhâld is rûch, leech by de groun, soms bot en smoarch, lyk as dy fan de measte folkskomeedzjes doedestiids. De lju koene doe hiel hwat hawwe en ek fan skriuwers as Shakespeare, Huygens, Cats en oaren witte wy wol dat se der gjin doekjes om wounen. Dochs soe it stik nei de ‘Fryske Tsjerne’ in efter- | |
[pagina 65]
| |
útgong wêze om jin foar to skamjen, as wy net oannimme mochten dat it studinte-ymport is en dan ek yn mannich opsicht in karikatuer fan de Fryske boer jowt. As Feike Hiddes van der Ploeg (1736-'90) wier de skriuwer is fan de fjouwer hjirnei to neamen stikken, (dr. G.A. Wumkes nimt dat oan, oaren achtsje dat it biwiis der net foar levere is), dan mei him wol hwat mear omtinken jown wurde. Dizze Frjentsjerter keapmanssoan waerd menniste dûmny, earst yn Hynljippen, letter yn Dokkum, dêr't er ek mei in boekhannel en útjowerij pield hat. Yn 1774 joech er sels, mar sûnder namme fan de skriuwer, út: ‘De Burkerij of it Boerebedrief, verdeeld yn fjouwer tiiden fin it jier; as Forjier, Zimmer, Herst en Winter. Verhandele as ien Bliidspul, tusken de Boer, syn Burman, Boerinne, Feint, Faam, Zoon, Dogter en de Teskers. By eltjoor brogt trog ien Boerezoon.’ It net to lange stik bifettet in flot en folks-aerdich petear, dat frijhwat moralistysk en farizeesk is yn syn foar-inoaroer stellen fan de bêste Ulbe Jans en de minne Klaes Oepkes. Mar hwat fan it agrarysk ynterieur jowt it dochs wol aerdich wer. It twade boekje is fan 1778: ‘De Tankbre Boere Zoon, tonneel-spul yn ien bidryf’, in forfrysking fan in Dútsk stik út 1770. In boeresoan wurdt professor yn Frjentsjer, forjit net syn âlden, mar wol syn memmetael, dy't er ynruilet foar it stiifste boeke-Hollânsk, dat men bitinke kin. Foar ús bigryp binne koartswyl en earnst beide fan in guodkeap soarte. Gâns better is ‘Het Jonge Lieuws Boosk, plesierspul yn fyf bydrieuwen, byschreun mey AEeste wyn en bytrokken Luft, for de laeefhabbers fin 't booskjen’, dat yn 1780 forskynd en yn 1830 werprinte is. Inkelde brokstikken út dit boekje biwize, dat de skriuwer mei in krêftich realisme en in goede taelbihearsking frijhwat birikke koe, as er syn didaktyske oanliz mar net sa rom bod joech. Lyk as safaken foar- en neitiid, moatte dialektpraters (Hynljippers en stedtsjers) hjir ek wer tsjinst dwaen om it komyske elemint oan to bringen. Dy funksje hawwe in Dútsk soldaet en in brykpratende Joad yn ‘De Reis fen Maicke Jackeles fen Hallum ney Ljeouwert om it ynheljen fenne Prins to sjen’ fan 1778. De tafoeging oan de titel (‘dy het schreun het, wit wol, dat het allegjerre Leugins binne’) is folslein oerstallich, mar biwiist dat de skriuwer it jaen fan folkslektuer as doel foar eagen stien hat. It is sljocht en gewoan spul, mar skoan to lêzen en bytiden geastich. It hat earst yn in almanak stien, mar komt fier boppe it peil dêrfan út; de forteltrant is libben, de humor slacht wol yn. It docht jin gjin nij, dat dit wurk dat fan de lettere Tsjalling Halbertsma biynfloede hat. Foar de kennis fan it Fryske folkslibben fan dy tiid kinne de stikken dy't hjir neamd binne goede tsjinsten dwaen. Feike van der Ploeg (dy't | |
[pagina 66]
| |
wierskynlik ek de skriuwer is fan in stikmannich fersen, û.o. foar Oranje) is in foarrinder fan de folksskriuwerij út de 19de ieu en navenant lang gjin minnen-ien. Der sil grif út dizze ieu ek wol wer it ien-en-oar forlern gien wêze, hwant lang alle almanakken binne net biwarre bleaun. Ut al dit wurk docht bliken, dat de tiid yn it foroarjen is; it folk sels oppenearret him mear. Dy't de folgjende titel fan in oar almanakstik út 1783 lêst, mient al in produkt út de jierren fan it earste Winterjounenocht fan likernôch 1860 foar him to hawwen: ‘De Faam fin twaa wudden, ien oprieugte Geschiedenis tsien Hanzer marke oppe wey tusken Herbaeem en Midlum forfallen tusken Rykle Doekles Roonomklaer, ien loftig Ryk Boere Zoon en Jouwerke Komselden, ien tygge mooije Ryk Boere Dogter mey Lubbert Hansen Wolbytogt.’ | |
6. Eelke MeinertsFoarrinder fan de folksskriuwerij, dat is ek Eelke Meinerts (1732-1810), al sitte oan syn persoan ek wol oare kanten. Hy is earst skoalmaster yn syn berteplak Westergeast en sûnt 1778 boer to Kollum. Yn alles bitoant er him in sib freon fan de Fryske adel út syn kontrijen, foarsafier dy oan de kant fan Oranje stiet fansels. Fan de patriotterij moat er neat hawwe en lyk as safolle oare Fryske skriuwers warskôget er yn syn wurk gauris tsjin de ynfloed fan de Frânske biskaving. Hy is tige theologysk oanlein, hat fan datoangeande wol syn striid en twivel kend, mar fynt syn rêst yn de grifformearde opfetting fan it leauwe, al hat de tiidgeast wol foar in sterk-moralistyske ynslach soarge. Tsjerklikens, húslikens, boargerlikens, hja tsjinje by him ien en itselde: de goede, âlde tradysje. Ta it bifestigjen dêrfan moat ek syn rymwurk, syn gelegenheitspoëzij meihelpe. Dat fersewurk, meast Hollânske mar ek frijhwat Fryske stikken bifetsjend, - in pear wolkomstfersen foar de Oranjes binne apart útjown - hat suver gjin dichterlike fortsjinste; Meinerts is gauris in baes yn de ferstechnyk, mar hy mijt de hege flecht fan gefoel en forbylding. It forstân, de riddenearring, de nochteren observaesje, jowe de toan oan. Syn Nederlânsk wurk is sa goed noch wol as syn Frysk; by Meinerts sitte wy mear yn de hoeke fan de Althuysens as fan Dirk Lenige. ‘Ik zis ien Digter hat wúrk genoog, hoe jen hij digt; 't is onophaodlijk harzenschrabjen’, ornearret Eelkeboer sels yn in iepenhertige rite. It Frysk ken er út 'e pin en brûkt er goed; taelûndersikers kinne hiel hwat út syn wurk helje. In goede Fries is er ek grif, mar fan hwat striid- | |
[pagina 67]
| |
bers as by Jan Althuysen fornimme wy by him suver neat. Hy sjocht de tsjinstelling tusken de Friezen en de Grinzers, tusken de boeren en de stedtsjers, mar hy ûntskuldiget him ek as er de hege gasten yn it Frysk forwolkommet (‘ik hoopje dat de Prins mijn plompigheid verschoont, dat 'k hier za Boersch wer sjong!’). Hat Eelke Meinerts as dichter net in wichtich plak yn de Fryske skriftekennisse, - mar in rymstik as it petear fan Goedhart en Tinswol moat elk dochs wol lêzen hawwe (Magnus-Rige, VI, 37-43), - as proazaskriuwer is er net sûnder bitsjutting. Yn 1779 kaem út ‘It libben fen Aagtje Ysbrants, of dy Frieske boerinne’, sûnder skriuwersnamme, mar wol ‘oon 't ljaegt joon trog ien fen har goe-kunders, ta tjinst fen't jinwurdig geslagt’. In boekje dat der tige ynfoel en dêrom yn 1808 ‘om dat 'er za volle fen praat en ney freege wurde, en net ta kryen wier, op ny werdrukt’, hwat yn 1827 en 1861 jit al ris bard is. It forhael is frijwol alhiel yn dialoochfoarm skreaun en slút mei in neibitrachting, dy't foar de skriuwer tagelyk ek sa'n foege tiidskrityk bitsjut. Hy hat it boekje makke ‘net om ta laaitzen, of uit Kortswyl’, mar ‘om dy wrâd kennen te leeren ta zyn betterschip’. Dêrom ‘opmerken is hyr dy boatschip; der leit yn eltze perzoon hette ta leering opsletten’. It is in knappe tekening; in typysk stikje Frysk folkslibben wurdt skerp en klear oan de lêzer foarsetten en dat altyd yn it kleurich forskaet fan lytse deistigens. It froulju's praet wurdt natuerlike realistysk werjown; wy krije in goed byld fan har bistean en tinken yn dy tiid. Forheven en dichterlik wol it forhael net wêze; de bou is ek frijhwat slop, mar it typearret ienfâldich en krekt en de tael is de minsken suver út de mûle weinommen. Fansels, it giet om de learing en Eelke Meinerts is genôch moralist om de kleuren skel oan to setten. De manlju komme yn it forhael hwat oan de krapperein, al kriget Tys, Aagtje har man, yn al syn goedens en evenredigens dochs wol dúdlik foarm en stal. Spitich dat de skriuwer ús net, neffens syn ûnthjit, ek sa'n boekje oer it libben fan Tys jown hat; it hie ús faeks in oare kant fan syn kinnen (en ek in learsum selsportret!) sjen litten. Mei Eelke Meinerts rint de 18de ieu yn Fryslân, letterlik en figuerlik, nei de ein. Kin er net yn it skaed stean fan syn Hollânske tiidgenoaten Van Alphen, Bellamy, Feith, Wolff en Deken? Sá great is de ôfstân ek wer net, alteast folle lytser as de ôfstân tusken dy Hollanners en Herder, Goethe en Schiller, Blake, Burns en Jane Austen, Rousseau en Beaumarchais... | |
Neisjen:Foar 2: Frysk út de 18de ieu (Estrikken XV); Vitus Ringers (Estrikken V); J.H. Brouwer and A. Campbell, The early Frisian studies of Jan van | |
[pagina 68]
| |
Vliet, (1939); M.S.E. Visser, Foeke Sjoerds, (Stim fan Fryslân, 1947, 10 okt.-7 nov); P. Janzen, Joh. Hilarides, (Frisia 1919, s. 15, 46); A. Hallema, It amt fan Frysk skiedskriuwer, (Frisia 1918, s. 212); dr. E.H. Waterbolk, Twee eeuwen Friese geschiedschrijving, (1952); (prof. dr.) W.G. Hellinga, Frysk Jierboek, 1938, s. 70-99, (oer Fryske skriuwers en taelforhâldingen yn Fryslân yn de 17de en 18de ieu). Foar 3: De Friese gedichten van Symen Althuysen (Estrikken X). - ‘Hôndert Psalmen fin David mey dy Tyien Geboden’ fan Jan Althuysen, binne troch Chr. Stapelkamp yn in boek fan mear as 600 siden útjown, mei ynlieding, oantekeningen en wurdelist yn it Hollânsk, (1957). - Mr. A. Telting, Eenige levensbijzonderheden van de dichters Simon en Jan Althuysen (Nieuwe Friesche Volksalmanak, 1853, s. 1-13). Foar 4: In kar fan fersen fan Dirk Lenige yn Yn ús eigen tael, 1915, s. 61-74; oer him, syn dochter en har Makkumer formidden ek: Paden fan Fryslân, I, s. 446-462. Oer syn sonnetten: prof. dr. J.H. Brouwer yn It Beaken, 1956, s. 1-15. Foar 5: Waatze Gribberts Bruyloft, (Estrikken VII); dr. W.L. Brandsma, Mayke Jakkelis, (Magnus-Rige, V; 1951). Foar 6: It libben fen Aagtje Ysbrants (útjefte J.H. Brouwer; Magnus-Rige, VII, 1954); De Fryske Gedichten fan Eelke Meinerts út de jierren 1779-1783, (útjefte dr. D. Simonides en Chr. Stapelkamp; Magnus-Rige, VI, 1952); Oranjefersen fan Eelke Meinerts (Estrikken I en III; útjefte Chr. Stapelkamp). |
|