Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 41]
| |
1. De tiidDe midsieuwen, útroun yn in skriklike tiid fan reboelje en fan it stadich weiwurden fan de Fryske frijdom, binne forgoed foarby. Troch de Uny fan 1579, it forbân mei de eardere fijân Hollân yn de mienskiplike striid fan de 80-jierrige oarloch, stiet Fryslân wider as ea iepen foar sterke kultuerynfloeden út it suden. Yn it steatkundige kin der oan de Frânske tiid ta jit frijhwat fan it eigene biwarre wurde, mar op it stik fan kunst en geastlik libben nimt Fryslân, lyk as ek Noard-Dútsklân en inkelde Scandinavyske lannen, gâns fan Hollân oan. En oan de gloarje fan Hollân, en ek wol fan it Hollânsk, drage sûnt de 16de ieu Friezenfan-namme by: de Ljouwerter Hans Vredeman de Vries, forneamd architekt, en Rembert Doedes (Rembertus Dodonaeus), dy't mei sin syn wichtich Krûdeboek nét yn it Latyn skriuwt. Frysk patria-bisef is der genôch, Frysk tael-bisef fierstentomin. Sûnt 1585 is hjir de Frjentsjerter hegeskoalle, in stins fan it kalvinisme yn it bigjin, suver ‘klassyk’ ûnfrysk, mei grif wol bitsjutting foar de Fryske skiedskriuwing. De Roardisten hawwe tsjin Willem Loadewyk bilies jaen moatten; de stêdden bigjinne harsels krêftich to fielen en forheffe har boppe it boerelân; de tsjerke hat gâns ynfloed op alle gebiet, mar slacht de folkstael ek gjin acht. It is de fraech oft dizze tiid ek de Gouden Ieu hjitte mei foar Fryslân, nammers foar hiele Nederlân bûten Hollân om; it plattelân hat it net rom en der binne gâns forgetten hoeken. Der is stoflike wolfeart yn haven- en keapmans-plakken, der is foars en forheftich libben en drokke geastlike striid, der sette har rounom nije foarmen en tradysjes, mar der is ek tokoart oan wjerstân; hoe soene hjir oars de demokratyske bistjûrsregelingen yn hannen fan sa'n lyts en baetsuchtich rountsje kommen wêze? It is in ieu dy't hwat sjen litte kin. Fan likernôch 1575-1675 hawwe wy as kostbere skatten oerhâlden it Kânslerij-gebou yn Ljouwert, de stêdshuzen fan Frjentsjer en Boalsert, Heringa-state yn Marsum, it Prinsessehof yn Ljouwert, it Popta-sulver fan Rintsje Jans, de tsjerke yn Sint-Anne: kunstbisit allegearre dat namme hawwe mei. Der is by alle kar en oertsjûging ek in sfear fan brede fordraechsumens: de Hollânske dichter Camphuysen libbet yn Dokkum, Descartes studearret in skoft yn Frjentsjer, Wieuwert herberget de Labadisten en in fine figuer as Anna Maria van Schuermans, de roomsken hawwe it hjir | |
[pagina 42]
| |
ûnwitend folle makliker as de protestanten yn roomske lannen. Op it gebiet fan de útjowerij wurdt der yn Fryslân hwat út 'e wei set, dêr't earder of letter tiden net by helje. De ieu fan Gysbert Japiks ferget in boek, net in pear siden. De kultuerhistoaryske eftergroun fan de dichter syn wurk moat foar in great part yn de renaissance-tinkbylden socht wurde en yn de fuortsetting dêrfan: klassisisme en barok. De kunst fan de renaissance, dêr't it hillige en it wrâldske op sa'n seldsume wize yn gearraend binne, leave de klassike mythology, dy't hja uteraerd ta har eigen doel brûkte. Meastentiids ûntkomt ús der de sin fan en stjitte wy op in lege rhetoryk, mar de tiidgenoat hat dat blykber oars oanfield. It hertstochtlik sykjen nei taelskientme roun faek út op pronk en pracht en wurdeprael; it rêstige en kleare waerd drok en útwrydsk, de rike oanklaeijing en sierlike swier njonkenlytsen idel en bluistrich fortoan. De poëzij woun oer alle boegen troch it stribjen nei rykdom fan foarm, technyske folsleinens, swietlûdigens, oerdiedichheit fan tael en rhythme, - salang dy meielkoar alteast it hert net ûnder al to swiere fracht bidobben. Wie dat lêste it gefal, en dat wie it net selden, dan fordwoun de kunst yn kunstichheit. De kunstner seach yn de 17de ieu syn eigen bitsjutting en wearde net lyts; hoefolle diel er oan it ivich konflikt fan fleis en geast hie, hy fielde himsels de fortsjintwurdiger fan de geast. Selsoerskatting en forgoading ûnderinoar misten yn sa'n tiid fan fûle brânning ek nea; dat sels de greatsten har oan flaeijerij fan foarsten, gelearden en kunstbruorren bisûndigen, liket dêr net mei yn tsjinstelling. De dichter en de wittenskipsman steane ek net al to fier fan inoar ôf: beide piele hja mei taelsuvering, stavering en spraekleare. De eigen tael moat wis tige bioefene wurde, mar foar it Latyn hâldt elk dochs in geheimsinnige earbied. Altyd de spjalt, de kleau. It libben liket sa ljocht en klear en iepen, mar yn it forhoalene frette twivel en fortizing; it boartlike, arkadyske gepiel fan de harderspoëzij kin ynienen yn in hertstochtlik wrâldûntflechtsjen omslaen. De minske - de germaenske minske yn it bysûnder? - kin in skoftlang foreale wêze op de uterlike tsjoen fan klassike harmonij, mar syn tokoart, syn ûnwennichheit en tobrutsenheit twinge dochs jimmer wer mei krêft nei bûten. | |
2. Libben en foarmingBoalsert, de eartiids forneamde Hanze-stêd, nei 1600 jit de twade stêd fan Fryslân, al hat de hannel dan net folle mear om 'e hakken, it | |
[pagina 43]
| |
GYSBERT JAPIKS
Nei in skilderij fan Matthys Harings út 1637, nou yn it Frysk Museum. | |
[pagina 44]
| |
plak fan de drokke merken, de moaije tsjerken en it pronkstik fan in stêdshûs, - dêr komt yn 1603 Gysbert Japiks towrâld as de âldste fan fjouwer bern fan Japik Gysberts (Holckama) en Antsje Willems. De heit is kastmakker, in kundich fakman yn de houtbiwurking en in foarnaem boarger; syn steat fan tsjinst yn tsjerke en maetskippij mei der wêze: diaken, âlderling, tsjerkmaster, boargemaster. En in stege stânfries: by in rûzje mei de Boalserter dûmny's hâldt er de kop der stiif foar. Hy is grifformeard en dat bitsjut ûnder oaren: tsjin it roomske leauwe, mar mear jitte tsjin de forgoading fan de geastlikheit; de soan sil dêr de heit net yn wanlyk wêze. Gysbert kriget in oplieding neffens syn stân: muzyk, fan de talen grif Frânsk en Latyn, guods wolle hawwe dat er ta dokter leard hat, mar dêr is gjin biwiis foar. Yn syn Boalserter feintetiid is Baardt, de man fan de Boere-prognostikaesje, dêr in pear jier konrektor, is Sybren Siccama, de stêdsskriuwer en útjower fan de Lex Frisionum (1617), ien fan syn buorlju, is Johan fan Hichtum, skriuwer nei alle gedachten fan twa Fryske brulloftsdichten, dûmny yn Nijlân. En dan ek forskynt Starter syn ‘Friesche Lusthof’, it fleurige lieteboek dat oan gjin libben jongkeardel yn dy tiid ûnbikend wêze koe. Gysbert tsjinnet sûnt 1625 de tsjerke fan Wytmarsum foar in jier as tsien as skoalmaster en nimt de offysjes waer dy't dêr by hearre; hy bliuwt ticht by hûs en fan in stêd as Boalsert nei it boerelân kin sa'n greate stap net wêze. Hy hat de jierren mar trout net, al hoe't de leafde him ek pleaget. Yn 1635 forfart er, hwerhinne witte wy net. Party skriuwers hawwe ornearre, nei Warkum of Hynljippen, omdat er letter goed op 'e hichte fan it Súdhoeksk (en ek hwat fan de séfeart) blykt to wêzen; tsjintwurdich wurdt der mear de kant fan Ljouwert út socht (Bitgum?), om't er dêr yn oktober 1636 it boask mei Sijke Salves (Rolwagen) oangiet. It jier dêrop wurdt er as skoalmaster en foar-sjonger yn syn berteplak bineamd op in fetsoenlik goed traktemint, en dêr bliuwt er oan syn dea ta. De libbensrounte kin ús foar in dichter frij lyts talykje en reizen hearre wy net fan. Neffens de didaktyske, moralisearjende ynslach yn syn Petearen soe men sizze, dat er wol ropping foar syn ûnderwizerswurk hawn hawwe moat. It sizzen fan de bern (‘master is wer gek’) as er ûnder skoaltyd in ynspiraesje kriget, hoecht dêr net mei yn striid to wêzen! Hy lêst grif tige folle, hwant der is ynfloed fan Latynske (Horatius en Ovidius byg.) en Hollânske skriuwers (Hooft, Roemer Visscher, Huygens, Cats, Vondel) yn syn wurk oan to wizen. Nei syn dea is der in net al to krekte list fan syn boeken gearstald en dêr kin út opmakke wurde, dat Gysbert Japiks mei gâns niget de theologyske fraechstikken fan syn tiid neigyng, dat er ek de theory fan de dichtkunst bistudearre | |
[pagina 45]
| |
‘Wobbelke’ yn Gysbert Japiks' eigen hânskrift. (Reproduksje Bodleyan Library, Oxford.)
| |
[pagina 46]
| |
hie en fierders fielde foar âldheit, skiednis, ierdrykskunde, plantkunde en muzyk. Stichtlike lektuer moat er net fij fan west hawwe en psalm-birimingen hied er ek forskate yn syn bisit; dat lêste is ek gjin wûnder, hwant yn de 17de ieu libbe it folk ticht by de psalmen en is hysels ek net de dichter fan it ‘Himelsk Harplûd’? Omgong hat er mei frijhwat dûmny's en dichters; ek mei útjowers, minsken dy't yn dy tiid in bysûnder wichtige kultuerfunksje hiene. Yn 1640 forskynt syn Friessche Tjerne, it iennichste dat by syn libben apart fan him útjown is; dochs liket er wol as dichter en man fan kultuer bikend to stean en moatte der mear as ienkear útjefteplannen west hawwe. Om it jier 1650 hinne sil de forneamde taelkundige, theolooch en kunsthistoarikus Franciscus Junius (1589-1677) by Gysbert Japiks yn Boalsert west hawwe om Frysk to learen. Hy wie in sweager fan de gelearde Gerard Vossius en jildt as ien fan de grounlizzers fan de forlykjende stúdzje fan de germaenske talen (Gothysk-Frysk-Ingelsk). Hy hat earst yn Leiden wenne, mar letter lang yn Ingelân forkeard en stie as filolooch yn heech oansjen. Fan syn bisiik (of bisiken) oan Fryslân witte wy net folle ôf; Junius hat by syn weromkear nei Ingelân gâns Fryske teksten yn hânskrift en printwurk-mei-oantekeningen mei-nommen, materiael dat fan bûtengewoan bilang foar de Gysbert Japiks-stúdzje is. Riedseleftich yn mannich ding is ek de freonskipsforhâlding fan Gysbert Japiks ta Simen Abbes Gabbema (1628-1688), yn folle in bysûndere renaissance-figuer: polyhistor, samler, plantkundige, ferse-skriuwer, folle-net-genôch, en fan 1659 oan syn dea histoarjeskriuwer fan Fryslân, lyk as foar him byg. Suffridus Petrus en Winsemius. Binammen yn de jierren 1654-'62 is dizze freonskip fan yngripende bitsjutting. Yn dizze tiid treffe Gysbert gâns slaggen yn de húshâlding; fiif fan de seis bern en ek oare neibisteanden reitsje wei. Ynbannich draecht er dit leed: ‘So de lest' fen mijn sill'g boasck My naet doltreauw' in hird druwcke, Ick schoe de' holle bet op-luwcke.’ Sels is er net sa tige soun, hat minne eagen, fielt him gau âld. Nou komt er mei Gabbema yn 'e kunde, in jongkeardel jitte, yn dy dagen al in publyk persoan en ien dy't him fielt. Guods sizze, it is in wylde bruijer en ûnrêstige swankebast, dizze birimer fan it Heechliet, mar net elkenien mei deselde evenredige wegen lâns. Op Gysbert Japiks hat er in greate, mar faeije ynfloed; dy syn wurk bigjint ûngunstige barokforskynsels to fortoanen en ek skriuwt er yn dizze snuorje gâns Hollânske fersen. Kin er faeks de iensumens net mear forneare? Nei 1660 falt it tragyske gerdyn foar dit stille libben hyltyd fierder ticht. De lêste libbensjierren binne fol soarch en noed. Salves, syn iennichst oerbleaun bern, stelt him net ta deugd oan. As dokter yn Rien | |
[pagina 47]
| |
makket er gâns skulden; yn 1664 slagget er fan need nei it Amelân, mar dêr lit er it like raer lizze. Yn 1666 komt er thús om syn âlden op to passen, as dy fan de pestsyktme oantaest binne. Yn koarte tiid komt earst Gysbert Japiks, dan Sijke Salves en dan Salves sels ek to forstjerren. | |
3. Wurk en wêzenYn 1668 forskynt by de Boalserter printer Samuel fan Haringhouck, in Ingelskman fan komôf en in sib freon fan de dichter, it boek ‘Gysbert Japix Friesche Rymlerye; Yn trye delen forschaet: d' Eerste binne Ljeafd in Bortlycke Mingel-deuntjes: 't Oorde sinte Gemiene aef Huwzmanne Petear, in ore Katerye: 't Efterste iz Hymmelsch Harpluwd. Dat iz to sizzen, ytlycke fen Davids Psalmen.’ In titel as in program en as in libbensforhael. De yndieling fan dit meast klassike boek út de Fryske skrifte-kennisse mei men oer't ginnerael wol as chronologysk biskôgje; de ûntjowing fan de dichter giet dan fan de spontanens en natuerlikens fan de leafdelyryk, oer it moralistyske en didaktyske fan de petearen, nei de godstsjinstige bisinning yn de psalmen en lofsangen. Mar binnen it ramt fan dy ûntjowing leit dan in great forskaet fan aspekten. Gysbert Japiks is alles oars as iensidich: men wit bytiden net, oft er it lyryske, epyske of dramatyske elemint it bêste bihearsket, oft er it meast útblinkt yn syn oarspronklik wurk of yn syn tige bysûnder oaneigenjen fan wurk fan oare skriuwers, oft syn greatste krêft leit yn de tael of yn it rhythme. De Hollânske fersen hoege hjir net as in bilangryk apart aspekt neamd to wurden; de dichter hat se sels ek net iens yn syn posthume bondel opnommen. It binne meast gelegenheitsfersen fan it slach, sa't se doe yn de renaissance-tiid by tûzenen skreaun waerden; de tael is frijhwat stiif en de foarm foar it doel net linich en elegant genôch. De ‘Personele Vertoninge der Vier Getijden des Jaers’ hat fan dit Hollânske wurk faeks jit de measte dichterlike kwaliteiten. De leafdepoëzij yn de Rymlerije is iepen en wiid, bytiden ynhâlden wyld en hertstochtelik, soun fan sinlikens en frijwol altyd suver en skruten; in inkelde kear hast tó ûnpersoanlik, mar dat kin ek lizze oan de formomming dy't de renaissance-skriuwer graech oannimme mei. Yn de twa wurden ‘Sljocht en rjocht’, de sinspreuk fan de dichter, binne syn biskiedenheit en earnst typearre; hy doar him wol earlik en frij to uterjen, mar dochs leafst troch de mûle en yn it stal fan oaren, fral by it âlderwurden. Der moat earne yn it libben fan Gysbert Japiks in striid, | |
[pagina 48]
| |
in ynderlike wrakseling west hawwe, dy't it aksint fan de jonge, direkte en spontane, nei de mear biriddenearre utering forlein hat; yn alle gefallen lit er letter de kunst net om harsels bistean, mar sjocht er har ûnderwurpen oan heger macht. Bytiden kin men him yn syn aristokratyske kunstbylding by P.C. Hooft forgelykje, mar ek Jacob Cats syn opfetting en dichtpraktyk is er net hielendal frjemd oan. Hy leart, formoannet, warskôget, skoalmasteret sels, mar hy docht dat yn heechsteande foarm en mei in forfine masterskip. Ien dy't sa by de Bibel libbet as Gysbert Japiks, kin net bêst oars as realist wêze; hy sjocht mei kleare, skerpe eagen de werklikheit om him hinne en makket him oer de minske ek neat wiis. Der ûntkomt him net folle; dy't syn wurk mei tawijing en oerjefte lêst, bilibbet in great part fan it folkslibben fan de 17de ieu sels mei. Tjerne, Sjolle Kreamer, Tetke en al de oaren, it binne gjin typen of karikatueren, mar minsken fan fleis en bloed; as hja prate, ropt suver elk wurd nije bylden op. Gjin lange biskriuwing eamelt der omhinne, mar yn sterke aksje en soms dramatyske krêft steane de figueren út it Húsmannepetear foar ús; de trije ieuwen dy't oer har hinnegien binne, hawwe har fûl libben mar amper forswakje kinnen. Ta it effekt fan dizze poëzij wurk je fral mei de geve, byldzjende tael en de greate rykdom fan yntonaesje en rhythme. Gysbert Japiks hat net allinne folle bilangstelling foar de stavering, hy is binammen taelbouwer. Hy brûkt purismen en makket dy, net omdat it neffens de moade is, mar út in djippe sin foar suverens. Neffens party is er dêr to fier yn gien (bitsjûgkunst foar logika, wiissjochtigerd foar filosoof, lânwriggen foar tyrannen, ensfh.) mar it past alhiel by him. Syn Frysk is sûnder mis kunstmjittich, kultivearre en opglânzge, mar it is opboud út kostber materiael dat de folkstael him levere hat. It bêste biwiis dêrfoar binne wol dy sprekwurden út syn wurk, dêr't men net fan wit, oft er dy fan it folk oernommen of sels makke hat. Ek de kostlike symbolyske nammen lyk as Wif, Tjerne, Godsfreon, wize dy kant út. Al dit wurk tsjûget fan in sterke ynspiraesje, der sit feart en flecht yn, in krêftige ynderlike biweging. Mar dit dichterlike fielen wurdt stâlle yn architektonyske foarm: Gysbert Japiks bislipet syn wurk al mar weroan, en mei al dat útwurkjen, opsnolkjen en oernoazjen is it him net gau nei 't sin. De muzikalens, de swietlûdigens, it sjongen fan de tael yn de suver mystike wurking fan stêf- en klinkerrym, it lûkt him oan - sels yn de brieven oan Gabbema kin er it net litte - en hwat birikt er der faek hwat bysûnders mei! Fersen as ‘Jounbea’ en ‘Mûzeboaste’ binne ‘mei swietigheite trochhunige’ en inkeld is it, as krije eagen en earen hast mear as hja fordouwe kinne. En fansels wol er folle sizze yn sa min mooglik wurden: sloppe sinnen, stoplapen, siz- | |
[pagina 49]
| |
Titelblêd fan de earste Rymlerij-útjefte. (Eksimplaer, dat Const. Huygens yn 1675 fan jhr. Nehemia Vegelin van Claerbergen as geskink krige.)
| |
[pagina 50]
| |
wizen sûnder ynhâld forachtet er djip. Foar ús oanfielen giet er hjir, fral yn syn lêst wurk, de psalmoersettingen byg., fierstofier yn. Soms lit er dan in hiele rigel út in stikmannich oaninoar keppele wurden bistean. In fers as: ‘d'Hear tjocht sijn gunstgenoat, Uwt schoer-sjeack-neyll'-kloer-poat, Uwt kners-knijpp'-knoarr'-kneag'-tann' (= tosk), Uwt goadleaz' schelmsch' moardhann', Dy dolckjet ney sijn stroat’, hat sa op it earste each mear fan in riedling as fan poëzij, As mar net forgetten wurdt, dat sa'n fers by goed, lûdop lêzen faken in swier en fonkeljend effekt hat, dat krekt dit wurk kropjende fol spanning sit en dat bûtendat de barok-minske altyd oanstriid hie, sokke opsteapelingen sahwat as de heechste en fynste kunst to wurdearjen. De dichter, dy't Gysbert Japiks ek dan sûnder de minste twivel is, hat in swiden fornoeging yn de rykdom fan syn tael, dy't er as oppermachtich master hantearret en greatsk yn har peareljende skittering oan de spytgnyskjende bûtensteander sjen lit, om dêrmei it dúdlikste biwiis foar de âldens en de ealens fan syn ynstrumint to jaen.Ga naar voetnoot1) | |
4. Forstean en forklearringIs oer al dy gearstallingen of wurdkeppelingen it lêste wurd jit net sprutsen en likemin oer de ynfloed dy't Gabbema yn dit stik faeks op de dichter hawn hat, de hiele forskining fan Gysbert Japiks hâldt jit altofolle yn de skimer ta. Der is in tokoart oan biografysk materiael, der is suver neat bikend fan hwat minsken fan him sein of oer him tocht hawwe, der is in stream fan subjektive forklearring oer him en syn lêzers útstoart. Oardel-ieu en langer binne tûke útlizzers mei him dwaende, mar de fraechtekens binne bleaun. Nim as foarbyld jitris de gearstallingen. Der binne, dy't de hiele dichterlike sfear dêr't Gysbert Japiks syn lêste libbensjierren yn tahâldde, fordoarn neamd hawwe. In oar woe dit forskynsel forklearje mei to wizen op de stream fan tinkbylden, dy't de dichter oars net as yn sa'n kompakte foarming forarbeidzje koe, wylst in trêddenien ornearre, it koe ek wol sa wêze dat de dichter winlik neat to sizzen hie en dochs graech folle sizze woe en dat er dêrom it gelearde en tsjustere fers foar kar naem. Né, seit wer in oar, hwat hjir geande is moat | |
[pagina 51]
| |
religieus forstien wurde. Gjin ûntjowing fan folksdichter ta renaissance-dichter, of fan mienskipsminske ta yndividualist, en ek gjin oergong fan renaissance-styl nei barok, - in barren dat dan om 1654 hinne datearre wurde koe, as Gysbert Japiks mei Gabbema yn 'e kunde komt, - mar in konflikt fan fleis en geast. Tusken de twa utersten, dy't grif beide djip en oprjocht yn de dichter libbe hawwe, de leafde ta de ierde en de langst om ûntboun to wurden en mei Kristus to wêzen, bistiet gjin harmonij mar fûle spanning. ‘Yn greate striid wrakselet in minske nei de himel en swier hâldt de ierde, dêr't er as dichter neat fan loslitte kin. Tsjininoar stjitte it lûd (de ierde) en it rhythme (de himel)’.Ga naar voetnoot1) Mei dit fraechstik stiet yn forbân de frage nei Gysberts godstsjinst. De dichter is suver om bar ta frijsinnige of kristen-humanist, ta rjochtsinnige of kalvinist, ta piëtist of man fan de Neijere Reformaesje forklearre; hy is der ús safollesto leaver om, hat men oanstriid to sizzen. Dochs sil it fan gjinien to ûntstriden wêze, dat syn wurk bûten de sfear fan it kristlik leauwe net to tinken is, en ek dat syn kristendom it grifformearde stimpel fan de 17de ieu draecht. Ien as dr. D. Kalma, dy't tritich jier lang bûtengewoane folle foar de Gysbert Japiks-stúdzje dien hat en hast oanhâldend oer him publisearre, hat oan dat feit withoefaek foarbysjoen en dêrtroch de kearn fan dit libben net rekke. Mei in aesthetyske biskôging lit Gysbert Japiks him net gripe, likemin as er him yn in ramt fan kristlik-humanisme sette lit. Sille wy him goed forstean, dan moatte wy earst it geastlik en maetskiplik byld fan it 17de ieuske Fryslân better kenne as wy nou dogge. Der is yn Gysbert Japiks in djip bisef fan ierdske en minsklike fordoarnens, der is jitte mear it útsjen nei de himelske sillichheit. Hy is wol mei John Bunyan forgelike, mar lit him by einbislút nearne hielendal ûnderbringe. In dichter is nou ienkear gjin groepsman, hy moat fan natueren eigen en soms ûnbigiene wegen gean en hat in oare ropping as de dûmny, de filosoof, de steatsman. Hy bliuwt ek bern fan syn tiid; yn de ‘Friesche Herder’ byg. sit dúdlik in arkadyske ynslach en yn de Petearen wurdt mar raek moralisearre. As Gysbert Japiks syn ieu op syn wize it leksum opseit, komme der hiel hwat biswieren los: luijens, pronkskens, eigenwizens fan de bern, it ûnbirette houlik, it farizeesk oardieljen oer oaren, tsierderij yn tsjerke en steat, maetskiplike misstannen lyk as de kûperij (it omkeapjen fan stimmen by de grytmansforkiezing), - it wurdt allegearre fûl foroardiele. Mar by it dwaen en litten fan de minske bliuwt er dochs net stean. Yn it petear fan Reamer en Sape stiicht er fier boppe de morael út; dêr komt | |
[pagina 52]
| |
de religy - it tsjinjen fan God, dy't him ta de minske delbûge wol - yn djippe toan ta utering. In oar fraechstik is dat fan de bitsjutting fan de muzyk foar Gysbert Japiks. It sjongen hjirre moat him al de foarsmaek jown hawwe fan it liet fan de himelske koaren. Hy hat by forskate fan syn fersen in meidij opjown, dy't mei troch it prachtige sneuperswurk fan Jacob Jansen hast allegearre weromfoun binne. Hat er de wurden ek faken dichte op wizen, dy't er moai foun en dy't him ynspirearren? Grif hat er ek wolris de fersfoarm en dêrmei de wize-oantsjuttingen fan oaren oernommen. Bûten de tradysje fan de lieteboeken, dy't yn de 17de ieu jit sa libben wie, stiet er yn alle gefallen net. Hoe soe't ek kinne by de dichter fan: ‘So 't yerdsch' swiet-luwdigh sjongjen Uwz 't hert korts t' eare uwttjocht, Tinck 't hijmmelsch' Ing'le tongjen Het macket dat in nocht!’ En dan is der it ûnrym. Gysbert Japiks is wol de grounlizzer fan it hjoeddeiske Fryske proaza neamd; fêst is syn wurk op dit stik gauris minder achtslein as it fortsjinnet. Dy't syn brieven oan Gabbema lêst, sil der forsteld fan stean, hoe't yn sa'n fortutearzge tael as it Frysk ynienen sa'n kunstsinnige, ynlike utering mooglik is, hoe't de dichter himsels sa folslein jowt en dochs ek yn oandwaenlike ynbannigens forberget, hoe't in djippe tragyk ek sa myld yn dichterlike wurdepronk bimantele wurde kin. De oersettingen út it Frânsk binne ek stik foar stik biwizen fan bysûndere macht oer de tael. ‘Yen suwnerlinge forhânlinge fen libbjen in fen stearren’, dat alris in nasionael kunstwurk fan de earste rang neamd is, is op himsels suver al in learskoalle yn Frysk proaza. Net allinne de rykdom oan tinzen, dy't tsjin de eftergroun fan Gysbert Japiks syn lêste libbensjierren in tige persoanlike ynhâld krije, mar ek de wurderykdom, de plastyske krêft yn de wize fan sizzen en de seldsume swietlûdigens fan dit proaza, jowe jin in greate bileanning foar de muoite dy't men dwaen moat om der yn troch to kringen. Ek foar de twa leafdesskiednissen (Paris forlittende Enone, Historye fen Dorilis in Cleonice) jildt, dat de dichter him mei greate tawijing, kundichheit en kunstnerskip oan it oersetten jown hat. | |
5. Ynfloed en bitsjuttingAs in iensume hichte yn in fier en flak fjild, sa stiet Gysbert Japiks yn syn ieu yn Fryslân. Hy kriget suver gjin neifolging: it foarbyld is to heech en to great. It duorret sa'n hûndert jier en dan weagje de Althuysens it; men kin der harren tankber foar wêze, ek al is de ôfglâns fan de master dan dochs wol hwat keal en feal wurden. Yn Salverda for- | |
[pagina 53]
| |
Hânskrift fan Franciscus Junius Janus Vlitius (Jan van Vliet) hat fan doel west de âldfryske sprekwurden út to jaen, mar hy lêst wolris hwat forkeard. Junius wiist him hjir hoflik torjochte. Hy wit jitte (rigel 4 fan boppen) dat Gisbertus Johannis, de eale man en syn learmaster by dizze Fryske âldheden, him eartiids ynprinte hat dat bylien en byllien troch de Friezen, dyt oan de âlde tael fêsthâlde, nou jitte foar blaffen brûkt wurdt, ensfh. Fierderop hat er it ek jit oer ‘ús Gysbert’ en ‘de eale Gysbert’.
| |
[pagina 54]
| |
nimme wy wier hwat fan opstanning en fornijing, mar syn tiid en sfear gunne him gjin krêftige ûntjowing. En dan ek al hat de wittenskip har fan de dichter baes makke. Dy Gysbert Japiks-stúdzje, nou mear as oardel-ieu fruchtber wurksum, hawwe forskaten ta bydroegen; professor Wassenbergh en syn learlingen en dr. Joast Halbertsma foarop. Hja allegearre wurde fierderop jit wol neamd. Dy stúdzje hat winlik ek mear wekker makke as de skeamele neifolging, net it minst faeks om 't hja yn alle tiden hwat fan har greate taek forstie: de dichter sa fier as soks jit kin ta it wierhaftich eigendom fan syn folk to meitsjen. Der binne folksútjeften fan syn wurk forskynd, mear as ienkear al is der fan de petearen hwat op it toaniel brocht, en sangen fan him wurde fan jong en âld ophelle. Dat, en it feit dat hyltyd wer gelearde minsken graech fan har tiid jowe om de Gysbert-problemen op to lossen, meitsje dat de dichter hjoeddedei mear is as in kostber stik forline. Syn bitsjutting waekst yn it symbolyske: frijwol sûnder foargongers, sûnder helpers, sûnder tradysje, sûnder in maklik to biarbeidzjen tael-materiael, skriuwt er Frysk. Hwerom? Omdat er it móát, omdat er dreaun wurdt. En fuort set er dy tael wer op it heechste plan, mei har net allinne foar brulloftsdichten mar ek foar de djipste godstsjinstige utering to brûken, en leit er de swetten fan de taelpraktyk wider út yn syn briefwiksel mei Gabbema. Wy biwûnderje syn kunstnerskip, syn waerme minsklikens, syn geef Frieswêzen, syn ynmoedich en oprjocht leauwe. Oer trije ieuwen hinne sprekt hy jit ta ús: de minske, de strider, de sjonger, de kristen, de paedwizer, in Godsjefte oan Fryslân. ‘Sijn greate namme nea in uwz gehuwgnis steart’, bitsjûget de ûnbikende freon M. Lasis yn in huldefers by de útjefte fan 1668. Wy sizze it nei, mar tagelyk ek de wurden fan prof. dr. G. Gosses: ‘Wy Friezen biseffe jit lang ende lang net, hoe wiis wy mei him wêze moatte.’ | |
Neisjen:As útjefte to brûken: Gysbert Japicx Wivken, bisoarge fen J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma (Boalsert, 1936; diel II, it taseine kommentaer, is jit net forskynd). De petearen binne apart útjown mei oantekeningen en yn nije stavering fan dr. D. Kalma: Húsmannepetear(Nije Fryske Rige, I). De Friessche Tjerne hat P. Sipma in dúdlike, mear wittenskiplike útjefte fan jown (Magnus-Rige, II, 1932). Fan de eardere útjeften is de earste (de Boalserter Haringhouck-útjefte fan 1668) de bêste; de twade, dy fan Gabbema (1681) en de tredde, dy fan Epkema (1821) binne folsleiner; by de lêste heart ek in wurdboek, dat jit skoan to brûken is. De fjirde útjefte, dy fan W. Dykstra (1853) is ûnfolslein. | |
[pagina 55]
| |
Oer G.J. binne twa nije dissertaesjes forskynd: dr. J. Haantjes, Gysbert Japicx (1929); dr. D. Kalma, Gysbert Japiks, in stúdzje yn dichterskip (1938; de earste dissertaesje yn it Frysk; tige oan to rieden). Foar de forklearring is tige wichtich: E.B. Folkertsma, De christen Gysbert Japiks (1946). It grounlizzende wurk fan de G.J.-stúdzje is: J.H. Halbertsma, Hulde aan Gysbert Japiks (1824-'27), dat ek nou jit lang net forâldere is. Aparte stúdzjes fan great bilang binne: dr. C. Kramer, Gysbert Japicx as oersetter en biwirker (1943), in treflik staeltsje literatuerwittenskip; Jacob Jansen, Gysbert Japicx Lieten (1956), de rike frucht fan in breed musicologysk ûndersiik. Unmisber is: J.J. Kalma, Bibliografy Gysbert Japiks. Syn eigen wurk en artikels en boeken fan oaren (1956). |
|