Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 29]
| |
1. De tiidAs men de skiednis fan de Fryske skriftekennisse neffens har (altyd bitreklike!) hichtepunten yn fjouweren fordiele soe, - de Midsieuwen, de Renaissance, de Romantyk en de Nije Tiid -, dan moast dit haedstik grif wol in ynsinking biskriuwe. Dochs kin it tiidrek fan 1525-1640 better as ien fan oergong, fan sykjen om nije wegen en fêste foarmen, fan weiwurden en ta wêzen kommen typearre wurde. De hiele greate, drokke, hertstochtlike 16de ieu stiet op harsels; it liket as is de wrâld yn bistân hwat wei hja op sil, nou't der om 1500 hinne sa'n brek yn de Jeropeeske kultuer kommen is. It wol jin dan ek wol oan, dat prof. Siebs de bineaming ‘Midfrysk’ inkeld foar it Frysk út dizze ieu jilde litte woe, om dan mei Gysbert Japiks it Nijfrysk bigjinne to litten; dit boek hat him lykwols oan de wenstige yndieling hâlden. It steatkundige byld fan Fryslân om 1500 hinne hat dúdlik it karakter fan krisis en oergong. Yn East-Fryslân wie it haedlingelaech fan de Cirksena's oan de macht kommen en liet graef Edzard syn eagen hyltyd fierder oer de Fryske lannen weidzje. De stêd Grins wie stadichoan de baes wurden oer de Ommelannen, sleat in forboun mei Kollum, letter ek mei Eastergoa, die ûnder lieding fan de ‘persona’ Willem Frearks oan bûtenlânske polityk en wist yn it Westerlauwerske de Fetkeapers op har side to krijen. It lân tusken Fly en Lauwers waerd troch skeel en partijskip forskuord en like de maklike bút to wurden fan it Grinzer machtsstribjen, fan de Saksyske hertoggen, fan Karel van Gelre, fan de soldatebinden fral. Mannen as Greate Pier en Jancko Douwama hawwe it hjir socht en dêr socht, mar it iennichste hwat hja wier sochten, de Fryske frijheit, like yn in tiid fan tanimmende sintralisaesje net mear to finen to wêzen. ‘An Groningen hanget geheel Frieslant, dat is menich man wel bekant’, sei it rymke, mar ek wiene der dy't it each al op Karel V rjochten. Hie Fryslân ea lêst fan de keizers sels hawn en wie der jit net altyd it âlde keizersprivileezje? Jancko Douwama stoar nei sawn jier opsluting yn de finzenis fan Vilvoorde: slachtoffer fan de nije, sintrale steat. Mar dyselde sintrale steat fan Brussel en Madrid waerd fjirtich jier letter mei ynmoed en oertsjûging tsjinne fan twa bikende Friezen: Joachim Hopper en Viglius fan Aytta. It is dúdlik: sa'n krisistiid kin men net samar in earlik, ienfâldich en oannimlik byld fan jaen. De tsjinstellingen oppenearje har | |
[pagina 30]
| |
forheftich en lizze wyld-fortiisd trochinoar en it Fryslân fan de 16de ieu kriget der net sunich syn part fan. It humanisme, de heidenske of yn alle gefallen wrâldske réaksje op safolle ieuwen fan roomsk kristendom, de nije streaming dy't de wearde fan de ienling, it frije ûndersiik, de forgoading fan de antiken, de útforkarde posysje fan de literator of de man fan kultuer, mei in soms wiisgearige en soms ûnbiroaide libbenswille ta de ‘folsleine minsklikens’ gearrane liet - as it koe leafst yn frede mei de tsjerke en oars dêr mar sûnder - waerd hjir mei blidens ynhelle. Gjin tiidrek, dat safolle ynternasionael forneamde Friezen kend hat. De bigenedige Italianen koene har mar bisauwe oer de redenrikens en it kostlike oargelspyljen fan Rudolf Agricola, ‘in Fries fan de úthoeke fan de ierde’, en Erasmus hie net in bytsje Fryske freonen en oanhingers. De Fryske humanisten swalkje rounom hinne: rjochtslearden, wiskunstners, kaertmakkers, steatslju. Hja skriuwe Latyn, de wrâldtael, sprekke dy tael foar in great part fan har libben, tinke der faeks yn. Dat der ûnder harren noch safolle greatskens op de Fryske namme en eigenheden foun wurdt, docht jin suver frjemd oan. Dizze libbenshâlding komt yn de renaissance binammen yn de kunst ta bloei. De bining oan folk, famylje, sibbe, liket to forslopjen en bytiden to forbrekken; de gelearde, greatsk op syn persoanlik opfetsjen en forarbeidzjen, fûl op it persoanlik werjaen fan de ûntelbere yndrukken dy't de hyltyd greater wurdende wrâld him biedt, forfrjemdet fan eardere biningen. Nasionael gefoel ûntbrekt it him net oan, mar it wurdt ûnder de machtige tsjoen fan it suden allegearre yn klassisistyske geast ombûgd. It is him it skriuwen fan in boek wurdich om to biwizen, dat de Friezen bisibbe binne oan de Griken, Romeinen en Trojanen, en net oan de Joaden. De Fryske nammen binne yn syn eagen kostlike moai, mar hy sjocht der allinne mar forfoarmingen fan klassike nammen yn. It is in goarre dy't Fryslân - lang isolearre, mei syn boerekultuer suver mar âlderwetsk - slim oantaest; bûten it Latyn kriget it der nou ommers ek it Nederlânsk as twade renaissance-tael by. Fangefolgen forfalt it Frysk ta ‘boersk’ en wurdt der Gysbert Japiks tabiten, dat it net mooglik is, dat ‘me uwz schiere wirden ijnne lett'ren, in uwz grijz kât ijn miettefersen beknettjende fetsoenearje’ kin. Hoefolle sterker moat de natuer wêze as de lear, sil de folkstael yn sa'n klimaet ta literaire skepping brûkt wurde! Yn deselde ieu komt en oerwint hjir de herfoarming. In tige gearstalde biweging. Is hja Frysk-nasionael? Hja forsommet foar in Fryske bibel to soargjen, mar ropt wol de Frjentsjerter universiteit yn't libben. It nauwe forbân mei East-Fryslân, dat syn tael sa goed as forlern hie, docht der gjin goed oan; de romme ynfier fan frjemdlânske lektuer | |
[pagina 31]
| |
likemin. Dat oan de iene kant de godstsjinst soberder, ynbanniger waerd en minder oan de foarmen boun, dat de minske foar God oer mear mei lege hannen kaem to stean, dat der oan de oare kant net weromskrille waerd foar dogmatyske en ethyske konsekwinsjes, skynde de Fries tige to lûken. Sa steane oan it bigjin fan dit tiidrek roomsken as Reyner Bogerman en Cornelius Kempius, oan de ein kalvinisten as Karel Roorda en Ubbo Emmius: fuort byinoar en withoefier fan inoar ôf. Fryslân kriget it swier; it moat yn in wrâld fan ûntdekkingsreizgers en alchemisten, fan byldestoarm en brânsteapels, fan Luther en Loyola, fan Erasmus en Rabelais, him it nije oaneigenje en it bêste paed sykje. | |
2. Wol folkstael, gjin lânstaelDe hearskippij fan it Latyn hat de opkomst fan de nasionale talen lang tsjinhâlden. De Angelsaksen binne der fierwei it earst by, yn Frankryk is it yn de 12de en 13de ieu net mear to kearen. De Switserske stêdden bigjinne om 1250 hinne meiinoar in briefwiksel yn it Dútsk. It âldst bikende datearre Fryske stik is fan 1242 (Wilker thes nya landes) en Fryslân komt dêrmei lang net min foar it ljocht; it earste Hollânske stik yn de folkstael is fan in tritich jier letter. Dêr moat lykwols net út ôflaet wurde, dat de Friezen fûl oan har eigen tael hongen; wie dat sa, dan hiene hja it Frysk yn de 16de ieu net sa sleauwei slûpe litten. De skuld kin net allinne op de frjemde amtners skoud wurde, al giet dêr fansels gâns ynfloed fan út. (Karel Roorda, dy't yn 1578 freget ‘of Vrieslant het gasthuys ware van alle vreemdelingen’, makket der dan ek biswier tsjin dat de Friezen har lân ‘laten regeren van vreemdelingen, sulx dat gisteren noch een penlicker in Brabant worde dicwils huyden een raetsheer in Vrieslant’). Forset tsjin de frjemde tael fornimme wy neat fan. De hegemony fan Hollân wurdt ek greater, fral neigeraden it noarden fan Dútsklân oan de ein fan de midsieuwen syn bysûndere bitsjutting forliest. Om 1540 hinne wurde de lêste offisjele stikken yn it Frysk skreaun; de lêste Fryske oarkunde dêr't wy fan witte is út 1573. Der wurdt nei de herfoarming net yn it Frysk preke en de tsjerke, dy't har dochs wol tige om it folkslibben bikroadet, beart krekt as bistiet der yn Fryslân gjin eigen folkstael. Der is ús in nijsgjirrich ‘Rekenboeck off Memoriael’ oerlevere, dat yn de jierren 1569-'73 byhâlden is fan Rienck Hemmema, in boer fan foarnaem komôf dy't yn Hitsum by Frjentsjer op in pleats fan in sawntich pounsmiet wenne. De man brûkt yn dit kasboek sawol Latyn | |
[pagina 32]
| |
as Frysk en Nederlânsk en giet yn ien sin soms samar fan de iene op de oare tael oer. It Frysk bihearsket hy en dat is grif syn omgongstael, mar it Nederlânsk brûkt hy meast en leafst en hy kin him der op papier skoan mei rêdde. Dat docht in heareboer út de 16de ieu, mar syn gelikens fan in ieu letter tinkt der al net mear oan it Frysk (biwust) to brûken... Fryslân wie mar lyts en it waerd yn de stream fan de tiid hyltyd fûlder meifierd. Bûtendat ûntbrieken hjir lang de eigen skoallen: ‘gheijn lant hefft so voele studenten buten landes als die Frijszen doen.’ | |
3. Fryske skiedskriuwingTroch alle tiden hinne hat de minske bisocht himsels rekkenskip to jaen fan de wurding fan it hjoed út it forline en ek altyd hat dy skiedskriuwing nearne sa oan forboun west as oan dat libbene objekt: de naesje. Yn Fryslân op syn minst sa sterk as earne oars: in Hollânsk gelearde hat ris opmurken, dat de Fryske skiedskriuwers fan Emo (13de ieu) ôf, oer Ubbo Emmius oan Jan Dirks (19de ieu) ta, foár alles Fries wiene. Hja meije der dan net iens oan tinke har wurk yn de folkstael to skriuwen - hwat Melis Stoke en Jacob van Maerlant yn Hollân wol diene - de Fryske frijdom leit har likegoed it alderneist oan it hert. As de wrâld har nei de midsieuwen nei alle kanten útset, wurdt dy frijdomsleafde al mar mear opgnisse en forgulde, mar hoe mear dat bart, hoe ûnskeadliker en apokrifer it soms wurdt. De humanistyskdichterlike dream wint it aloan fan de neakene feiten; wierheit is foar dizze dochs oprjocht Frysk-fielende skriuwers hwat wêze moat en net hwat is. Sa hat de man fan it ‘Laus Frisiae’ yn it hjoed gjin oare plicht as it eigen forline sa klassyk as it mar kin to forhearlikjen. Dat kin fansels net oanhâlde; op 'en dûr hat sa'n skiedskriuwing gjin funskje mear yn it folkslibben, mar wurdt hja in yntellektuele sport, in foarrjocht fan in stikmannich aristokraten, in isolearre stik literatuer. En dochs is der ûnder al dit wurk gâns, dêr't in libben minske en in oprjochte Fries efter stiet. Kenne wy de fromme abt Freark fan Hallum, en de oaren: Siardus, Sibrandus, laricus en Ethelger net as sadanich út de Latynske libbensbiskriuwingen? Emo en Menko binne net alllinne bitroubere skiedskriuwers, mar hja steane ek ticht by it boerelibben, hawwe forstân fan natuerforskynsels, oerstreamingen en fésyktmen, en fan de krústocht tsjin de Stedingers (1234) moatte hja, sels as roomske geastliken, neat hawwe. Yn de tiid fan oergong libje | |
[pagina 33]
| |
Petrus fan Thabor, net inkeld lekebroer, lânmjitter en stjerrekundige, mar ek skiedskriuwer, lyk as syn kleastergenoat Worp fan Thabor, dy't yn syn Kronyk fan Fryslân bliken jowt net oan de humanistyske ynfloed ûntkommen to wêzen. De humanistyske skiedskriuwers binne oars as de midsieuske; hja wolle mei har wurk it nasionale fielen forsterkje en leafst mei gebrûkmeitsjen fan klassike boarnen biwize dat it eigen heitelân sûnt oerâlde tiden in eigen biskaving, libbene frijdomssin en aparte (republikeinske) steatsfoarm hawn hat. Fuortoan binne it gjin geastliken mar meast leken dy't de skiedboeken skriuwe en it leit yn de 16de ieu yn 'e reden dat har wurk ek in steatkundige bidoeling hawn hat. Jancko Douwama byg. wol biwize, dat alle Hollânske graven dy't de Friezen en har frijdom toneikamen, ûnder de straf fan God foelen. De lêzer dy't it oandoar troch it swiere omskot fan syn Boeck der Partijen hinne to biten, wurdt rynsk bileanne om't er dêr in geef minske moetet. ‘Ick ben Notarius, Secretarius, noch Clerck, often emant anders, de hem met scrijwen behelpen’, skriuwt er nei wierheit, mar lykwols sjogge wy him faek yn it djipste fan syn wêzen en bilibje wy syn tragysk lijen suver yn eigen siele. Der is ús op de skoallen soms in fêststeand en net al to gunstich byld fan Wigle fan Aytta bybrocht en folle yn him bliuwt ús ek ûnbigryplik, mar ticht komt er jin oan, as men fan syn greate, bernlike leafde foar Fryslân lêst, as men heart hoe'n great plak it Fryske heitelân yn it tinken fan him en syn freonen Joachim Hopper, Agge fan Albada en de jongere Suffridus Petrus ynnimt. Net al dy skiedskriuwers sitte yn deselde hoeke; der binne skiedslinen. Tusken Lauwers en Iems is der in striidforhâlding tusken de Ommelannen en de nei machtsútwreiding stribjende stêd Grins; it wjerlûd dêrfan hearre wy yn mear as ien kronyk. Mar binammen is der de tsjinstelling tusken roomsk en protestant. As Fries wol de iene net foar de oare ûnderdwaen, mar fierder ûntrinne hja inoar gâns. Cornelius Kempius, Else Mellema, Martinus Hamconius binne net allinne roomsk, mar ek kenings- (en dus) Spaensk-gesind; hja steane oan de hiërarchyske, aristokratyske kant en bioardielje it forline minder kritysk. Abel Eppens tho Equart, Ulrich fan Ewsum, Johan Rengers fan Ten Post en binammen Ubbo Emmius hingje de herfoarming oan, sa to sizzen as konsekwinsje fan har Fries-wêzen. Anti-Spaensk, demokratysk, republikeinsk, mei in skalk each op al it legende-gebroddel. Ubbo Emmius (1547-1625), sûnder mis de greatste fan in lange rige skiedskriuwers, hoecht himsels net to fordigenjen tsjin syn lânslju Suffridus Petrus (1527-1597) en dy syn opfolger as lânshistoriograef Bernardus Furmerius (1542-1616), mannen dy't him foar Friezehater útmakke hiene. Wy witte ommers fan Emmius syn ynlike leafde foar | |
[pagina 34]
| |
lân en folk, leafde dy't sa sterk is dat hja it maklik weagje doar fiks hwat fabels op to romjen. As hy it oer ‘myn heitelân’ hat, sit der in djip lûd yn dat sizzen; hiele Great-Fryslân riist foar him op en hwa fynt dan better wurden as hy om de djippere sin fan de Fryske skiednis wer to jaen? Ien as Cornelius Kempius is in lofpriizger fan forgiene tiden en hwat soe hy, roomsk yn ieren en sinen, yn dy tiid ek oars, mar de kalvinist Emmius doar it nije moedich oan; foar him is de 80-jierrige oarloch in striid fan de Fryske frijdom tsjin Spaensk-roomske tyrannije. Dat syn visy it net oer alle boegen wint, leit foar de hân. Yn 1597 komt foar it earst út de forneamde Kronyk fan Fryslân fan Ocko Scharlensis, bisoarge fan Andreas Cornelius, in hwat tsjustere figuer, dêr't tsjintwurdich Joachim Hopper wol efter socht wurdt. In romroft boek, grif in net to forachtsjen frucht fan de humanistyske skiedskriuwing, grif in weardich Frysk tsjûgenis, mar dochs ek in wichtige episode yn de gloarjetocht, dy't faeks earst yn it Oera-Linda-bok syn wrede ôfsluting foun hat...... Forskate nammen, dy't foar gjin Fries sûnder ynhâld wêze meije. Hjir moasten hja neamd wurde as oantsjuttingen fan likefolle kanten fan Frysk geastlik libben. Fan Gellius Faber - de Jelsumer pastoar dy't foár Luther al yn evangelyske geast preke - oer Greate Pier en Minne Simens nei Agge fan Albada en Karel Roorda rint in seldsum bochtige wei. Folle tiid foar kunstsinnich ôfdoarmjen skynt dit folk net hawn to hawwen. Kriget it âlde sechje dan dochs jit gelyk? Yn dizze ieu fan need en spanning wurdt genôch riddenearre, mar nea yn de hieme lûden songen. Of soe de fantastyske skiedskriuwing in foarm fan dichtkunst wêze? | |
4. Sykjen en bisykjenIt wie net de earste de bêste - Jan van Hout - dy't yn 1592 de klerken op it Leidske stêdshûs hjitte, hja soene ‘goet plat Nederduytsch’ skriuwe. Sels die er it ek, mar fan Erasmus dy't it Nederlânsk dochs in grountael neamde, like oarspronklik as de klassike talen, witte wy dat hy al syn wurken yn it Latyn skreau. Hugo de Groot wie ek in foarstanner fan de memmetael en Huygens net minder, mar de earste publisearre fierwei meast yn it Latyn en de lêste skreau syn brieven en gâns dichtwurk yn frjemde talen. Men hoecht net allinne de Friezen ynkonsekwint to neamen...... De gearstaller fan de inkunabel fan likernôch 1470, dy't in samling âlde Fryske wetten bifettet, wie gjin humanistysk gelearde. Yn in tiid, | |
[pagina 35]
| |
Brokstik fan de kaert fan Fryslân fan Leo Sibrandus, de iennichste mei de Fryske plaknammen (sahwat 1560).
| |
[pagina 36]
| |
dat de Fryske frijdom troch ynderlik skeel bigoun ôf to broazeljen, joech hy syn folk dit boek ‘ther era Godes, synre liaver moder Maria, alle des himelsche heerschipes. Ende alre fria fresena fridom’. Hwerom krige er gjin neifolging dat makke? Ut in hwat letter tiid binne de profesije fan Tjessens en it kronykje fan Eade Jonghama. Der is mear fan dat lytse spul, dat de yndruk jowt brokstik to wêzen; bitinkende hoe't it der yn Fryslân yn de 15de en 16de ieu om tagien is, kin men der fan op oan dat der frijhwat weirekke is. It bihelplik taeltsje fan de oerbleaune stikken wiist der lykwols wol op, dat it Frysk as skriuwtael alderminst yn 'e bloei stie. Hjir en dêr wie in literator of humanist, dy't langer of koarter ‘mei it Frysk pielde’. Sa'n ien wie de Dokkumer Reyner Bogerman, stedsskriuwer fan Kampen en man fan oare, hege amten. Om 1540 hinne hat er in great stik opsteld, yn it Latyn fansels, oer de oarsprong, de eigennammen en de sprekwurden fan de Friezen. Fral de lêsten binne bilangryk, om't hy hjir winlik in soarte literatuer bioefene dat doedestiids tige yn 'e moade wie; tink mar oan de rom dy't Erasmus mei syn Latynske samling Adagia woun hat. Gjinien nimt oan dat dizze sprekwurden sa fan it Fryske folk brûkt binne; Bogerman hat se grif rounom en fral út syn lektuer wei opswile, út it Latyn oerset en soms stiif en tsjuster birymke. Hy wol Fryslân lof tabringe (‘fresonicum ideoma durabit per omnia secula seculorum’) mar fral de gloarje fan de roomske tsjerke formearderje (‘Lutherani-Luciferani’). It is dúdlik dat de skriuwer syn wurk gearstald hat ta eare fan syn lân en ta in formoanning oan syn folk om it mei de frede, mei Karel V en mei it rjochte leauwe to hâlden, mar mear as taelkundige wearde hat it foar ús dochs net. Yn de 17de ieu is de humanistyske niget oan de sprekwurden jit net útstoarn. Der is in hânskrift ‘Der oude vrije friesen Spreekwoorden’ út 1614, dat wol op de namme fan Carel Georg van Burmania set is, mar bêst allinne fan him oerskreaun wêze kin; der is in fan dit hânskrift ôfwikende útjefte ‘Oude Friesche Spreeck-woorden’ (Frjentsjer, 1641) en der is in samling yn hânskrift fan Gabbema fan hwat letter tiid. It binne rike samlingen, neffens tal, neffens ynhâld, neffens foarm en ek neffens tael. Wy kinne der wiis mei wêze dat dit materiael biwarre bleaun is, mar al wer: literaire wearde foar hjoeddedei hat it net. Folle leveret it earste stik fan it Midfryske tiidrek dus net op. Hwat oarkunden, in skymke fan Frysk brieveforkear tusken Wigle fan Aytta en syn freonen, in kaert fan Fryslân mei Fryske plaknammen, hwat Fryske sintsjs yn de opjeften fan it lânbisit oan it regear, dat is sahwat alles: in spultsje fan op stjerren nei dea. Oft de brokstikken fan in Fryske spraekleare, dy't efter de Gysbert Japiks-útjefte fan 1681 opnommen binne, út de 16de ieu stamme of fan Gabbema sels opsteld | |
[pagina 37]
| |
Earste side út ‘Een tsamensprekinghe / van twee boersche personen / Wouter ende Tialle’, yn de Ljouwerter utjefte fan 1609.
| |
[pagina 38]
| |
binne, is net bikend. Mar al gau nei de ieukear bigjint der hwat fan nij libben to risseljen. Trije nammen komme nei foaren: gjin folsleine Fryske skriuwers jitte, mar dochs mear as skriuwers fan in inkeld stikje-sa-foar-de-aer-dichheit. Yn 1609 forskynt der in brulloftsdicht (in gelegenheitsgenre, dat doe krekt yn 't opkommen wie), ‘Woutir in Tialle’ fan de dûmny Johan fan Hichtum (± 1560-1628), deselde nei alle gedachten dy't ek it lyksoartige petear fan ‘Ansck in Houck’ skreaun hat en dy't dêrmei oan Gysbert Japiks gaedlike foarbylden levere foar syn ‘Friessche Tjerne’. Realistyske tafrieltsjes, flot en libben skildere yn kleurige folkstael; net bysûndere foarnaem fan ynhâld, mar ek net sa grou as dit slach wurk ornaris plichte to wêzen. Der sit genôch aerdichs yn om se nou jitte mei wille en stúdzje to lêzen. En it forskynsel, dat in typysk tiidsprodukt as dizze brulloftsfersen wiene, al ridlik gau yn it Frysk bioefene waerd, seit op himsels ek al hwat. Soartgelikense bitsjutting hat ek it Fryske wurk fan Jan Jans Starter (1594-1626), fan Ingelsk komôf en as Nederlânsk skriuwer net sûnder namme, in typyske renaissance-figuer. Fan 1614-'21 hâldt er yn Frysk formidden ta, in lang skoft yn syn koart libben, in forbliuw dat grif ek syn ynfloed op him hawn hat. De boekforkeaper, dy't de Ljouwerters toanielspyljen leare woe, de Frjentsjerter studint en swankebast, de minnesjonger en gelegenheitspoëet, brûkte it Frysk fansels foar de aerdichheit, mar dochs ek om de folksaerdichheit dy't dêr yn stike en dy't hy skoan oanfield hat. Dat er ek wol hwat mear as sljochtweihinne fan Fryslân hâlden hat, biwiist dochs wol syn ‘Nieu-liedeken tot lof van Vrieslandt’ en it feit dat er syn bondel fan 1621 ‘Friesche Lust-Hof’ neamd hat. Syn Frysk wurk bistiet út in pear lietsjes en de ‘Vermaecklijcke Sotteklucht van een advocaet ende een boer op 't plat Friesch’ út 1618: libben, flot, maklik en technysk altyd knap. Syn foarleafde foar it erotyske en - yn de klucht - grou-realistyske, docht ek hjir wol bliken út. De trêdde, dy't lyts mar fortsjinstlik wurk levere hat, wie dr. Petrus Baardt, ek in hwat los en wif man, in skoallerektor, û.o. to Boalsert, dêr't er sadwaende Gysbert Japiks syn learaer west hawwe kin. In goekunde fan Starter boppedat en fêst mei dy syn Frysk wurk bikend. Yn 1640 komt fan him út de ‘Friesche Boere-Practica of Prognosticatie’, in leardicht dêr't it earste boek fan Vergilius syn Georgica tige út de fierte yn neifolge wurdt, mar dat ek genôch eigens oer him hat. De frissens, smoutens en humor, dêr't er it boerelibben mei skilderet, sprekke jin ek nou jit tige oan. It gehiel is folle mear as rymlerij en biwiist dúdlik dat der yn Fryslân hwat mooglik wurden is. Yn datselde jier 1640 forskynt dan de Fryske Tsjerne: dichtkunst | |
[pagina 39]
| |
JAN JANSZ STARTER
(nei in plaquette fan de byldhouwer A. Hettema, oanbrocht yn it hûs op 'e Kelders to Ljouwert dêr't de dichter wenne hat.) | |
[pagina 40]
| |
fan bigjin oan ein. Dy't yn dit haedstik neamd binne, wiene paedsljochters foar Gysbert Japiks en hwat hja diene wie net om 'e nocht. It like as wie it Frysk deasiik; yn de tiid fan de Hollânske klassiken, fan Shakespeare en Cervantes, moat men hjir sykje om biwyskes fan eigen taellibben. Mar men moat jin net forsinne en allinne de taelkwestje as noarm fan nasionael libben nimme. Yn 1590 al hawwe de Fryske Steaten ta greatere gloarje fan it heitelân it amt fan Frysk skiedskriuwer ynsteld en yn 1622 komt der in monumintael wurk lyk as Winsemius syn ‘Chronique van Vrieslandt’ yn 't ljocht, Fryslân net in lyts bytsje ta eare! | |
Neisjen:Foar 1: Dr. D. Kalma, Skiednis fan Fryslân. Foar 2: Geschiedenis van de Letterkunde der Nederlanden, dl. III: bis. 25, 43, 106. Rienck Hemmema, Rekenboeck (Estrikken XIV). Foar 3: Bolhuis van Zeeburgh, Kritiek der Friesche Geschiedschrijving, 1873. Jan Romein: Gesch. van de Noord-Ned. geschiedschrijving in de M.E., 1932. Mar binammen: Dr. E.H. Waterbolk, Twee eeuwen Friese geschiedschrijving. Opkomst, bloei en verval van de Friese historiografie in de 16de en 17de eeuw, 1952. Fierders: M.S.E. Visser, Jancko Douwama, 1939. Dr. J.J. Boer, Ubbo Emmius en Oost-Friesland, 1936. Foar 4: T.J. de Boer, R. Bogerman's Friesche Rijmspreuken, De Vrije Fries, 1897. J.H. Brouwer en P. Sipma, De Sprekwirden fen Burmania, 1940. (Sjoch ek: Estrikken XI). Tekstútjeften fan: Friessche Tjerne, Ansck in Houck, Woutir in Tialle, (Magnus-Rige, nr. 2, 3, 4). J.H. Brouwer, Jan Jansz. Starter, 1940; forskate opstellen oer Starter yn It Beaken, 1953. Oer dr. P. Baardt, Friesche Boere-Practica, dr. D. Kalma yn It Fryske Folk, III, 1943, s. 19 en s. 35. |
|