Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 16]
| |
1. BernlefBernlef, in namme sa Frysk-eigen as 't mar kin, en hwat lit dy jin allegearre wol net riede. Riede, - wisten wy mar hwat mear, wie der mar hwat fan syn wurk foar ús biwarre bleaun! Hwat in rykdom soe dat wêze: alliterearjend dichtwurk yn it Aldfrysk út it lêst fan de 8ste ieu, de dúdlikste leagening fan it forneamde, mar oant nou ta nea net thús to bringen sechje: ‘Frisia non cantat, Frisia ratiocinatur.’ It is der lykwols net en ús bliuwt allinne it witten, dat der om dy snuorje in eigen epyske dichtkunst yn Fryslân west hawwe moat. De âldste heltedichter op Nederlânske groun, de iennige heltedichter ek dy't wy yn Westgermaenske literatueren by de namme kenne, wurdt fan it Fryske folk levere. Fan Bernlef, de bline skald dy't yn Holwierde oan de westlike igge fan de Iemsmouning libbe, hearre wy út bitroude boarne dat er ‘by syn folk heech yn oansjen stie omdat er de kunst forstie de dieden fan de âffaers en de oarloggen fan de keningen to bisjongen, wylst er der by op de harpe spile.’ Dat wurdt ús yn in libbensbiskriuwing fan Liudger út de earste helte fan de 9de ieu trochdien en út in oare lêzing dêrfan wurde wy gewaer dat Bernlef song ‘neffens de sede fan syn folk en tige biskaefd.’ De harpspylders moatte doe by de Friezen wol in bysûnder plak hawn hawwe, hwant yn de Lex Frisionum wurdt der foar ien dy't de harpator oan de hân wounje doarst, in aparte, hege fredeboete fêststeld. Der wiene sêgestoffen genôch dy't Bernlef bisjonge koe; de Angelsaksyske dichtwurken hawwe der frijhwat fan al tige ier fêstlein. Hiene de Friezen de Angelsaksen net in hantsje meiholpen it tsjintwurdige Ingelân to foroverjen? De skiednis fan Hengist en Horsa, fan kening Finn, fan de oerwinning fan Franken en Friezen op Hygelac (Chlochilaicus) út de Beowulf, dat allegearre koe net út it Fryske folksûnthâld fordwoun wêze, likemin as de slach by Keulen yn 719, de gloarjedei fan Redbad II. Ut âlde legenden is opmakke, dat der in Aldfrysk liet oer Redbad en Wodan bistien hawwe moat. Karel de Greate hat de ‘barbaerske en oerâlde sangen’ fan de Germaenske folken optekenje litten en soene dêr gjin Fryske by west hawwe? Spitigernôch is de hiele samling forlern gien. Sa stiet wol fêst, dat de Friezen yn de foarming fan de Germaenske sêgewrâld grif ek har oandiel hawn hawwe; út it Angelsaksyske epos | |
[pagina 17]
| |
Beowulf, út it Middelheechdútske Gudrun-epos, út inkelde brokstikken hjir en dêr rize fiere wjerlûden fan in Fryske heltedichting op, mar it lûd sels hearre wy net. Wy hawwe gjin bibelsk epos lyk as de Saksyske Heliand; wy wurde mûlterge mei in stikmannich neatige oerbliuwsels fan in nei alle wierskyn folsleine, Aldeastfryske psalmoersetting, mar wy kenne de psalmen dy't Bernlef, de Fryske ‘scop’ (yn it westen hwat yn it noarden de ‘skald’ wie), fan syn lânsman Liudger learde, net mear. De geastliken, dy't yn har Latynske hillige-libbens fan Bonifacius, Liudger, bisskop Radbod, Odulfus en oaren fortelle, komme mei gâns bysûndere en ek wol bjusterbaerlike nijtsjes, mar hwat wy graech witte woene - it krekte oangeande it preekjen en sjongen yn de ‘materna lingua’, de memmetael - dêr komme wy net efter. As wy oan it Aldfrysk, dat wól biwarre is, ta binne, fine wy it ûnder tsjerklike ynfloed opkommen einrym al njonken it Aldgermaenske stêfrym; fersen lykwols dy't hielendal op it sinaksint boud binne, wylst de wurden dy't it aksint drage mei itselde lûd of bylûd bigjinne, treffe wy sa goed as net, hoefolle forskynsels yn foarmen en ynhâld ús oars de Germaensk-heidenske tiid ek yn it sin bringe. | |
2. Lex FrisionumTroch bysûndere politike omstannichheden, mar grif net minder troch syn sterk en libben rjochtsbisef, hat Fryslân himsels yn de midsieuwen in rykdom oan rjochtsboarnen skepen, sa great en sa oarspronklik as men dy by in oar Westgermaensk folk net gau fine sil. Dy Aldfryske rjochten binne as taelmonumint likegoed in kostber folksbisit, as de Germaenske heltelieten en keningsdichten yn oare lannen, al soene wy wol hwat fan de earste foar ien fan de lêste misse wolle. Seldsum is it wer, dat it earste foar ús waer to nimmen bigjinpunt fan de rjochtsûntjowing yn Fryslân ús yn it Latyn optekene is: de Lex Frisionum, nei alle gedachten yn 802 op de Ryksdei to Aken fan Karel de Greate syn rjochtskenners opskreaun. Ien út de ‘leges barbarorum’, gefolch fan de keizerlike winsk om ta kodifikaesje fan de folksrjochten to kommen. Hwat yn de Fryske lannen tusken Sinkfal (it Swin by Sluis) en Wezer as rjocht jildich wie, stiet hjir yn to lêzen. It folkslibben docht him op it stik fan sneinshilliging, ieden, Godsoardielen, dan al kristlik foar, mar binammen yn it Easterlauwerske blykt it heidendom noch net forgetten to wêzen. Mear as yn de wetten fan súdliker wenjende folken is hjir hwat fan de krisis to fornimmen, dy't de oergong | |
[pagina 18]
| |
fan heidendom ta kristendom meibrocht hat; hwat safolleste mear opfalt, omdat de geastliken by it skriftlik fêstlizzen fan dizze en oare Fryske wetten sa'n great oandiel hiene. Neffens dizze Lex stiet de Fryske kultuer om 800 hinne nou net krekt op in barbaersk peil: dêr't de harpspylder, goudsmid en weefster sa yn oansjen binne, moat gâns romte foar skientme en kunst wêze. De maetskippij is earder komplisearre as primityf to neamen; fan klasseforskil fornimt men mar o sa'n bytsje en sels it forskil tusken frijen en liten (hearrigen) fordwynt stadichoan. Typyske trekken fan it Fryske strafrjocht - en dat bifettet dizze Lex binammen - komme dúdlik út: liifstraf wurdt mar komselden tapast, it meast faeks noch by de timpelskeiners, én: it boetestelsel is wûndere wiidweidich útspoun; de ûnderfordieling foar de fariaesjes fan ienselde forgryp of misdied liket ús faken hwat al tofolle fan it goede. Wol men de Lex Frisionum op syn wiere wearde skatte, dan mei men nea forjitte dat it rjocht by de Germanen, en by de Friezen dôch, in nasionael bisit fan it alderheechste bilang wie, folle mear as de eigen tael. Der binne foarbylden, dat in folk syn tael mar sleauwei slûpe litten hat, wylst it fûleindich foar syn eigen rjocht stried. Men hoecht allinne mar oan de hege posysje fan de Aldfryske asega to tinken en oan de mythyske krêft fan it keizer-privileezje út de 12te of 13de ieu, - ommers: hoe âlder in rjocht en hoe heger it plak en de ôfkomst fan de skinker, hoe wisser en bilangriker dat rjocht sels!, - om to witten hoe'n great stik fan it libben fan it Fryske folk yn de iere midsieuwen yn en efter dizze Lex Frisionum leit. | |
3. Taelforhâldingen yn de midsieuwenYn it bigjin fan de midsieuwen, fuort nei de tiid fan it Folkeforfarren, waerden der yn it gebiet fan it tsjintwurdige Nederlân yn alle gefallen twa Germaenske talen sprutsen: Frysk en Leechfrankysk. De Franken setten nei it suden ta, germanisearren dêr foar in part it Gallië, dat fan de Romeinen sa lang oerhearske wie, mar waerden dêr sels letter romanisearre. Ieuwen lang is it Romaenske Frânsk doe fierder nei it noarden opkrongen, oant it by de tsjintwurdige taelgrins yn België stean bleaun is. Fan Nederlân en Nederlânsk yn de hjoeddeiske sin kin tidens de hiele midsieuwen net sprutsen wurde; as eigennamme en steatkundich bigryp komme dy wurden earst yn de 16de ieu nei foaren. En by de tael spant it derom, hokker oantsjutting it winne sil: Dútsk, Flaemsk, | |
[pagina 19]
| |
Brabantsk, Hollânsk, Nederdútsk, elk komt in tiidlang yn 'e bineaming en net earder as yn de 18de ieu docht bliken, dat Nederlânsk it wint, alteast yn dy steaten hwer't de Westleechfrankyske dialekten de folkstael foarmen. Foar it easten en noardeasten fan it tsjintwurdige Nederlân stie it der lykwols hiel oars by. Foár it Bourgondysk-Eastenrykske tiidrek wiene it Leechsaksysk of it Frysk dêr de talen dy't algemien brûkt waerden. Flamingen, Brabanders en Hollanders plichten dan ek op de ‘rude Vriesen’ en ‘wilde Sassen’ del to sjen, dy't mei har tael folle mear bisibbe wiene oan har buorlju yn de Noarddútske leechflakte. Binammen it ‘Oosters’ of ‘Nedersassisch’ hat fan 1400-1650 in greate macht en ynfloedssfear hawn, omdat doe it Leechdútsk jit net safier fan it Heechdútsk weromkrongen wie as yn letter jierren. In gefolch fan dy Easterske ekspânsje wie ek dat it Frysk - aparte, slimme en fan in lyts tal minsken sprutsen tael - yn de knipe kaem. Menno Simons moast wol yn it Eastersk skriuwe, woed er fan Ljouwert oant Lübeck lêzen wurde. It Easterlauwerske Fryslân, altyd al net it sintrale diel fan Frisia Magna, joech it earst bilies; hwat de tael oanbilanget, ûntfryskje Grinzerlân en East-Fryslân nei it jier 1400 hyltyd gauwer en fierder. Earst kriget by beide it Leechsaksysk de kâns, mar nei 1650 giet it dêr om it Nederlânsk of it Dútsk. Der wie jit in oare fijân. De foarname, suver alles-bihearskjende posysje fan it Latyn as tsjerketael, waerd yn de midsieuwen foar de natuerlike ûntjowing fan it Frysk as folkstael needlottich. Mei it kristendom kaem it latynske skrift yn gebrûk - by de âlde Germanen waerden wetten en lieten út it ûnthâld foardroegen en hiene de runetekens in biheinde funksje - mar it wiene suver allinne de geastliken dy't dat skrift goed koene en dy har oplieding wie folslein latinisearre. Fierwei de measte geastliken hiene ek greate biswieren tsjin de heidenske eleminten yn de folksliteratuer. Alcuin skreau om 800 hinne, dat it oan de prystertafel gjin foech joech nei de harpspylder of de lieten fan de heidenen to harkjen, en bisskop Radbod fan Utert sei it in ieu letter jit frij hwat stûfer op, doe't er it oer de útsinnichheden fan de dichters hie. De Germaenske talen fral hiene sadwaende in swiere oanfal to forduorjen; hillige- en abtelibbens, kleasterkroniken en oarkunden, it wie allegearre Latyn hwat de klok sloech. Dat dy machtige kultuertael net alhiel de baes wurden is, lei him dêroan, dat doedestiids bûten de geastliken mar in bytsje minsken lêze koene. Sadré wreide de lêskunst har lykwols ta wider rounten út, of de natuer bigoun op har rjocht to stean. Yn Frankryk wie 't al bigoun, Dante hold yn Italië syn geniael pleit foar de folkstael, Wiclef en Hus brûkten dy beide ek yn har striid | |
[pagina 20]
| |
tsjin de roomske tsjerke, lyk as letter Luther. De âldste bikende oarkunde yn de folkstael út Flaenderen is fan 1249, út Hollân fan 1267, út Lübeck fan 1340, út Fryslân fan 1329. As amtlike tael waerd it Frysk dus letter brûkt as yn de rjochtsliteratuer, mar it wie blykber net mear tsjin to kearen. De emansipaesje fan de folkstael ta offisjele tael giet rounom troch. In pear ieuwen lang giet it derom (1300-1525). It sprutsen Frysk wie sa goed as net fan it Latyn oanfretten; soe it nou rounom as skreaune tael brûkt wurde en sa ta folle waeksdom komme? Der sit grif wol groede en ûntjowing yn, mar it giet o sa stadich; dit folk fan frije boeren, sûnder graef of lienman of ridders, sûnder oare kultuersentra as de kleasters, bikroadet him net sa'n soad om de easken dy't de nije kultuer oan de folkstael stelt. It freget fan syn geastliken wol dat se ‘fry ende Freesch’ binne en dat se ‘in materna lingua’ skriuwe en preekje kinne, as it topas komt, mar fierders neat gjin drokte. Abten-kronykskriuwers as Emo en Menko, gjin minne Friezen en goede wittenskipslju, skriuwe yn har yntellektuele tael en binne der greatsk op: ‘expeditissimi in lingua latina’ wurde hja neamd. Fan de foech tûzen nûmers dy't dr. P. Sipma yn syn trije dielen ‘Oudfriesche Oorkonden’ opnommen hat, binne fierwei de measten út it tiidrek 1425-1525. Om 1500 hinne wurde jit it Recesboek fan Snits, it polysje-register fan Ljouwert en it tsjerkerekkenboek fan Boazum foar in greater of lytser diel yn it Frysk skreaun, mar de dagen binne teld. As nei 1500 de Fryske frijheit toneate giet en der in stream fan frjemde, meast Dútske amtners oer Fryslân komt, wurdt it Frysk mei gauwens wer nei it plak fan sljochte, sprutsen folkstael werom-krongen. Yn deselde stêd fan Ljouwert dêr't yn 1435 fêstlein waerd ‘neen Hollandera schilma ontfaen foer een burgher’, slacht in ieu letter frjemd al foar master op. De lêste Fryske oarkunde is fan 1573. Yn dy 16de ieu liket it, as sil it Frysk as skriuwtael forfongen wurde fan it Eastersk, dat byg. fan Jancko Douwama en yn it Lânboek fan Martena brûkt wurdt en dat dan ek de tael is fan Easterlauwerske Friezen as Eggerik Beninga, Abel Eppens, Ubbo Emmius en oare skiedkundigen en fan theologen as Menno Simons en Menso Alting. Mei it gean fan Fryslân en Grinzerlân yn de Uny, moat dit Eastersk op 'en dûr lykwols foar it Hollânsk bilies jaen. Fangefolgen wurdt ek de bân mei East-Fryslân, de hiele 16de ieu jit tige sterk, hyltyd losser. Ubbo Emmius syn eachweid leit east-west, Gysbert Japiks sines is al forgoed noard-súd rjochte. Mar dan is Fryslân ek al folslein yn de nije streamingen opnommen, dy't oan de midsieuwen in ein makke hawwe. | |
[pagina 21]
| |
4. Dichterlike eleminten yn it Aldfrysk rjochtDe forneamde Dútske tael- en folkskundige Jakob Grimm hat ris sein: ‘Recht und Poesie sind miteinander aus einem Bette aufgestanden’. Hwat foar ús fjûr en wetter is, de tael fan de dichter en de tael fan de rjochtsgelearde, wie dat foar de âlde Friezen net. Oarsom: hja hawwe har by it opstellen fan har rjochten oanienwei fan de kunstmiddels fan de Aldgermaenske poëzij bitsjinne. Dat dy rjochten by âlds inkeld mounling oerlevere waerden en sadwaende maklik yn 't ûnthâld lizze moasten, is oan de yndieling, oan de fêste bigjinrigels en oan it rhythme jit klear to fornimmen. Mar fral de libbene foarstelling fan saken en de sinnelike waernimberens bringe der sa'n bloedwaerm elemint yn. It rjocht is yn de iere midsieuwen gjin ôfsûnderlik libbensgebiet, mar it riist op út de djipten fan de folkssiele, it stiet jit yn it nauste forbân mei de godstsjinstige hanneling. Ien en deselde man is pryster en rjochter. De sêge fan de trettjin asega's wiist de godlike oarsprong fan it rjocht dúdlik oan. In flok- of soenformule, in bitsjoeningssprek, it iedswarren, de wetsfoardracht fan de asega, dat allegearre wurdt dan ek as plechtich ritueel opfette. En as de tiid komt dat de wetten op skrift fêstlein wurde, tsjin 1200 sahwat, en de opskriuwers gâns histoaryske en theologyske wysheit fan har dagen yn dit folksrjocht forwurkje, dan blinkt de glâns fan it sakrale jit troch alles hinne. Op dy hichte bliuwt it lykwols net en nei 1500 is der al net safolle mear fan oer; de gelearde juristen binne dan faklju dy't it rjocht foar harsels anneksearre hawwe. Sûnt krije wy yn de wetten hyltyd mear de toarre, ûnbigryplike en forfeelsume styl, dêr't wy hjoeddedei mei oantangele sitte. It stilistyske elemint dat de Aldgermaenske dichting fral bihearske, wie it stêfrym, de alliteraesje. It einrym, ûnder Latynske ynfloed opkommen, wurdt mar tige forsille yn de rjochtsformules foun. De greatere rymstikken, lyk as dy yn it Rudolfsboek, kinne better rymproaza hjitte; it wie yn de 13de ieu moade, wittenskip, wet en theologysk wurk op sa'n wize to biarbeidzjen (Jacob van Maerlant!), mar mei dichterlikens yn ús sin hat dat faken net folle út to stean. It stêfrym hat dat wol; de alliterearjende wurden wurde mei bysûndere klam útsprutsen, mar hawwe ornaris ek de bilangrykste ynhâld yn de hiele sin. Hwer't de Friezen topraet komme, mist it eigenskipswurd ‘frij’ mar selden. Yn de moaije fredebrief tusken Eastergoa en Westergoa fan 1467 giet it ek oer ‘alla jenne der fri ende Fresk schwara wyllet’. Yn in brief fan de Snitser Bocka Harinxma út 1491 stiet: ‘Hier dan forsionich in toe wessen om wse frye Freeska frydom toe beschirmen deer ws allen is befellen toe halden lick ws cristena | |
[pagina 22]
| |
lauwa’. Dúdlik is, dat it stêfrym it folk ek yn de 15de ieu jit tige yn it ear leit. Yn in oarkunde út 1423 stiet: ‘ende om breck en brant, om raef ende rend der Sydze forscrioen deen is’. Hjir folgje jit in stikmannich foarbylden: bi domliachtes dis and bi skinandere sunna (by ljochtskyndei en strieljende sinne), thiu neil- (nevel) thiustere nacht, thi heta hungher, thi salta se, thet wallande weter, een fulle ende festen ferde (frede), bi londes legore and bi lioda libbande (de wetten jilde salang ‘it lân fêstleit en de lju libje’), tha lande ti rede and tha liudem ti riuchte, efter sonna sedel (nei sinne-ûndergong), mith stoc jeftha mith stena, it thing is ‘te hejane and te haldane inna wurpena warve’ (to hoedzjen en to hâlden op de opsmiten rjochtshichte). Dy dichterlikens komt ek út yn de herhellings-sinnen en -wurden. ‘Deer efter haet ma nu biada dine graeta Godis dom, ende dis graeta Goedis dommis wrfellingha’ (dêrnei hjitte men my oan to bieden de greate God syn oardiel, en de greate God syn oardielforfolling). Boeten moatte bitelle wurde by it ûnbifoege ynkringen yn in hûs foar ‘di ingongh ende di utgongh’ en by it ûnbifoege hynsteriden foar ‘den opsedel ende den offsedel’. Dit parallelisme is wol net sa sterk as yn de Hebrieuske psalmen, mar it komt dochs gauris foar. Ek foarmet de krêftige wize fan sizzen bytiden samar in sprekwurd: morth mot-ma mith morthe kela (kuolje, d.i. boetsje); een wide is allera wiua ermest (de widdou is de earmste fan alle froulju); dy flechtiga foet is dye jechtiga hond (tajaende hân). Mar fral de rynsk tapaste eigenskipswurden forsterkje gauris de byldzjende krêft fan de tael. De deaslaender kin syn skuld soenje ‘mei it brânreade goud, mei it wite sulver, mei it griene erfskip (lân) en it klearmakke klaed’. Bikend is ek de sin: ‘Wy Friezen sille in séburch stiftsje en sterkje, in goudene hoep, dy't om hiele Fryslân leit’. Moaije metafoaren sitte yn: ‘Wy sille ús lân fordigenje mei swurd en spyts en mei it brune skyld tsjin de hege helm en it reade skyld en de ûnrjochtfeardige hearskippij (de Saks)’. In foarbyld tagelyk fan it rhetoaryske stylmiddel fan it ‘pars pro toto’, it diel foar it gehiel. Omskriuwingen mei oarspronklike bylden, dy't jin de Aldnoarske ‘kenningar’ yn 't sin bringe, sil men faek oantreffe: stêfdrager (pylger), warjende stêf (foud), séburch, grime herne (it noarden), ‘thet northhalde tre’ (de nei it noarden oerhingjende beam, d.i. de galge), it kâlde izer (boeijens). Bytiden wurde sokke bylden ta symboal. Dy't net mear yn steat is syn lân tsjin de sé to fordigenjen, smyt trije seadden yn it gat fan de dyk of stekt dêr de lodde yn (it lodderjocht). De kaei, de drompel, de mantel kinne ta sokke symboalen wurde. De hoed is it machtsteken fan de legeroanfierder, it swurd fan de heechste rjochtskrêft. It iedswarren is ien fan de hillichste seremoanjes en de ied op it | |
[pagina 23]
| |
hânfet fan it swurd faeks de âldste fan alle ieden. De ûneinichheit wurdt yn folle forskaet fan bylden oantsjutten: ‘Salang de wyn fan de wolkens waeit, it gers groeit en de beam bloeit, de sinne giet en de wrâld stiet’. Ut hwat ús oerlevere is docht it bliken, dat de tael fan it Fryske rjocht graech breed-epysk skilderet en plastysk-konkreet útbyldet De heechste straf wurdt tapast, byhwannear ‘immen fart mei hoed en hearfindel en mei ûnrjochtlik hear tsjin oarmans hôf en hûs en dêr tobrekt doarren en drompels, skoattels en skoattelbalken, muorren en muorpylders, dat de winen ynwaeije en útwaeije, dat de iene wyn de oare yn it mulhús moetet’. De dramatyske krêft fan sokke omskriuwingen wurdt troch it ynfieren fan in twapetear of fan de direkte reden faken ek jit forsterke. Ja, in inkelde kear komt der sels in lyrysk elemint yn; nearne is dat moaijer to hearren as yn de tredde need fan it twade lânrjocht. It is ien fan ús inkelde klassike stikken en elke Fries soe it, njonken de Jounbea fan Gysbert Japiks, út 'e holle kenne moatte. Al wie it dan allinne mar yn it Nijfrysk: ‘Hwersa it bern is stokneaken of hûsleas en dan de neveltsjustere nacht en de wietkâlde winter oer de tunen leit, sa giet alleman yn syn hôf en yn syn hûs en it wylde dier siket de holle beam en it lij fan de bergen, dêr't it syn libben bihâlde kin; dan weint it ûnjierrige bern en skriemt oer syn neakene lea en syn hûsleazens en syn heit, dy't him rêdde soe tsjin de winterkjeld en tsjin de hjitte honger, dat hy sa djip en sa donker leit ûnder de iik en ûnder de ierde bislein en bisletten en bidutsen’. | |
5. Aldfrysk rjochtsproazaHwat der optheden fan it alderâldste Frysk bikend is, inkelde runeynskriften - it swurdtsje fan Arum! - en hwat fersrigels út de psalmen 18, 28, 29 en 30, mei foar de taelûndersikers fan bilang wêze, yn in literatuerskiednis is dat amper it neamen wurdich. Koene wy út de romte fan literaire monuminten tarre, wy soene ek mei gjin wurd reppe fan de stik-as-trije Fryske houlikstaspraken út 1445, dy't okkerjiers yn Bazel ûntdutsen binne en dy't dúdlik biwize dat yn de rin fan de 15de ieu de ynfloed fan de leechdútske skriuwtael op it Frysk aloan greater waerd. Hwat wiid en siid namme hawwe mei, dat binne de rjochtsboarnen. De âldste en bilangrykste wetten, dy't foar it hiele Fryslân fan de 11te en 12de ieu jilde, binne de Sawntsjin Kêsten en de Fjouwerentweintich | |
[pagina 24]
| |
Lânrjochten; dêr moatte by neamd wurde de Sawn Oerkerren - fan hwat letter tiid: it lêst fan de 11te ieu - dy't biskôge wurde meije as it Statút fan de Opstalbeam, it boun fan de Sawn Fryske Sélannen. Fan de Sudersé oan de Wezer ta wiene dizze rjochtboeken de gearfetting fan it gewoanterjocht, of dêr in mear-of-minder gelearde biwurking fan. Trije-, fjouwerhûndert jier lang foarmen hja de nijsgjirrige kompilaesjes fan rjochtsgebrûken dy't jildichheit bisieten yn de Sawn Sélannen, it boun dat yn sêge, gesta, dichting en folksforbylding yn de midsieuwen sa'n greate rol spile hat. De oare rjochten kinne ûnderbrocht wurde yn in Westerlauwerske en in Easterlauwerske groep. De Easterlauwerske boarnen binne neffens de optekening it âldst. Wy hawwe twa hânskriften út Hunsingoa (twade helte 13de ieu), ien út Fivelingoa (15de ieu), trije út Iemsgoa (14de en 15de ieu), twa út Broekmerlân (ein 13de ieu) en twa út Riustringen (om 1300 hinne). De hânskriften wurde de lêste jierren allegearre op treflike wize útjown, in foarbyld fan Frysk wittenskipswurk. De Aldwestfryske rjochtsboarnen binne yn forskate hânskriften ta ús kommen, dy't faek neamd wurde nei ien fan de eardere bisitters: Unia, Roorda, Aysma. It ‘Jus Municipale Frisonum’ is fan 1464. In seldsumheit is de iennichste Fryske inkunabel, it ‘Freeska Landriucht’, ien fan de earste boeken wierskynlik dy't yn Fryslân printe binne en grif it earste Fryske boek. De printer, it plak en it jiertal (1470?) steane jit nea hielendal fêst; foar de earste is faek Hidde van Camminga neamd, mar de lêste jierren is de Huzumer pastoar Hildebrand Goffredus a Doengieterpo (pl.m. 1450-1515) as de ‘auctor intellectualis’ nei foaren kommen en net sûnder eigenskip. Hy wie in man dy't Frysknasionael fielde en trochgyng foar in strider foar it bihâld fan it âlde Fryske rjocht. Hjoeddedei binne der fan dit tige bysûndere boek jit njoggen eksemplaren oer: trije yn Ljouwert, trije yn Ingelân, twa yn Hollân en ien yn Parys. Yn al dizze rjochten binne faken sêgen optekene en prologen ynlaske; soms op rym, byg. dy't oer Willibrord geane, oer de forovering fan Rome, of oer it krijen fan de privileezjes. Ek oer hwat tsjintwurdich rjochtsfilosofy hjit, wurdt gauris útwreide. Sokke stikken binne to finen yn it traktaet fan de Sawn Sélannen, de tsien geboaden as grounslach fan it rjocht, de sêge fan kening Karel en Redbad en dêr by oanslutend, dy fan de trettsjin asega's, fierders de forneamde Magnussêge, de fyftjin tekenen foar de jongste dei, de trije-bruorre-riedsels, en sa mear. Fragminten allegearre, dy't foar ús gefoel faek yn net al to logysk forbân ynfoege binne en dy't dêrom wol tige forstien wurde moatte út it geastlik libben fan de tiid, dêr't dizze rjochten yn opsteld binne. Folle kin ûnderbrocht wurde by it haedstik geastlike didaktyk; | |
[pagina 25]
| |
Side út it âlde Skeltarjocht yn it hs. Jus Municipale Fresonum, Provinsiale Bibletheek, Ljouwert; printe yn De Haan Hettema, Oude Friesche Wetten, Leeuw. 1851, II, s. 40.
| |
[pagina 26]
| |
yn it alderearste plak wol de stichtlike stikken lyk as it Autentica-Riocht dy hat. Hwa't net bitinkt, dat de Friezen doedestiids gjin lânshear hiene en dat de Fryske lannen yn wêzen autonome boererepublykjes wiene, dy't troch it âlde folksrjocht meiïnoar forboun waerden, dy sil de bitsjutting fan al dizze kodifikaesjes net gau forstean. De moderne minske makket licht in skieding tusken de histoaryske, folkskundige en literaire wearde, mar foar de midsieuske Friezen wie it rjocht in ienheit. Hawwe wy oanstriid yn 't bysûnder yn de sêgen de dichterlike werjefte fan de striid om de frijdom to wurdearjen, foar harren lei dêryn de rjochtfeardiging fan it aparte en fan Godswegen útforkarde folksbistean. Gjin niget dat wy de samlers of skriuwers fan de wetten net by de namme kenne; hja woene allinne har folk tsjinje. It sille wol almeast geastliken west hawwe, dêrfandinne kin dan ek de theologyske en histoaryske ynklaeijing forklearre wurde, mar Friezen wiene it grif yn ieren en sinen. Der is troch oarloch, brân, rûgens en dommens withoefolle forlern gien, mar fral út Westerlauwersk Fryslân is der ek gâns biwarre bleaun. Net allinne it tige bilangrike Skeltarjocht, mar ek in macht fan oarkunden, notulen en profesijen, in stikmannich brieven en in kronykje fan Fryslân. De tael fan de offisjele biskieden is meast oan fêste, notariële tradysjes boun en jowt de folkstael dus net suver wer. De lytsere dokuminten geane ornaris oer forkeap fan lân, skinking oan kleasters, útspraken fan soenlju, of bifetsje testaminten en kwitânsjes. Foar de stúdzje fan plak- en eigennammen en foar de pleatslike skiednis sit der folle aerdich materiael yn. | |
6. Aldfrysk rymwurkOer de moai lytse bitsjutting fan it einrym yn de âldste rjochtsboarnen is al sprutsen; dêr't it al foarkomt, sil it of tafallich ûntstien wêze, of út de Latynske tsjerkesang stamme, of op ûntliening oan útlânske foarbylden wize. Fan de greatere rymstikken moat it fers neamd wurde, dat dr. P. Sipma ‘Fon alra Fresena fridome’ bititele en op in kostlike wize útjown hat. It forbân fan dit wurkje fol frijdomssin mei it ûnechte privileezje fan Karel de Greate út 1247 en mei safolle oare sêgestoffe wurdt fan him ek op dúdlike wize lein. En dan is der it Rudolfsboek: in seldsum wurk, grif opsteld fan in geleard man, mar fol dichterlike wjokslach. Hwat dêr net allegearre yn oeral helle wurdt, komt net sa lyk, de ynhâld is ek gauris tsjuster en foar ús bigryp fan- | |
[pagina 27]
| |
tastysk, mar men fornimt der de leafde ta it Fryske heitelân suver yn elke rigel yn. Foar de rationalistyske wittenskip fan de 19de ieu wie dit wurk lyk as ek safolle (rym-) kroniken ta weismiten keard, mar dêr is mannichien dochs fan weromkommen. It giet der ommers net om dy âlde skriuwers neffens ús moderne noarmen to hifkjen, mar wol om harren yn har eigen tinkwize to forstean. Fan fjouwer fan de bikendste kroniken út de 14de en 15de ieu (Historia Frisiae, Gesta Fresonum, Gesta Frisiorum, Olde Freesche Cronike) is allinne de twade yn it Frysk en de lêste op rym. De ynhâld liket fortiisd, mar komt winlik allinne del op de dream fan Fryske frijdom, de dream dy't net forfleach doe't Magna Frisia útinoar foel. Sa't de Joaden ûnder it Alde Testamint op Gods biskerming bouwe koene, sa waerden ek de Friezen fan Gods hân laet en biwarre. It kin net oars: de skriuwers fan dizze kroniken hawwe yn in tiid fan ynlânske reboelje har taflecht socht yn de skiednis. De parallel fan Joadske en Fryske skiednis jowt treast en oantrún en sa wurdt de profane skiednis ta heilsskiednis. Hwat de feitlike krektens oangiet, binne sokke wurkjes maklik ûnhistoarysk to neamen, mar der falt dúdlik út ôf to lêzen hwat tsjintwurdich ‘it aspekt fan de skiedskriuwing as winskdream’ hjit. Net to forjitten ‘Thet Freske Riim’ en it ‘Tractatus Alvini’; it earste in (sabeare-) Frysk rymwurk, it lêste in útwreide, Nederlânske biwurking dêrfan. Wer deselde stoffe sahwat as yn it Rudolfsboek, de Magnuskerren, it falske privileezje. Fan beide skriften (út de 15de ieu) is de skriuwer net bikend; faek is dêr foar oanwiisd Magister Alvinus, dy't om 1400 hinne skoallerektor en stedssikretaris yn Snits west hawwe moat. In legendaryske figuer; yn dit gefal sil lykwols earder oan Alcuinus, de libbensbiskriuwer fan Willibrord, tocht wurde moatte: in namme fan gesach moast de wierheit biwize fan hwat forhelle waerd! It giet yn dizze wurken om de skiednis fan de Friezen fan de earste tiden ôf oan 800 ta. ‘Thet Freske Riim’ - slim ûnsuver fan tael en fan bryk makkelei - is mar foar in part biwarre bleaun, mar de ynhâld kin út de Nederlânske versy oanfolle wurde. It boek sit stiiffol Fryske gloarje; de Friezen wurde nea oermastere, de Noarmannen hawwe har der net ûnder krigen; fan de duvel dêrta oerhelle, namen hja de Deenske kening as hearsker oan, mar Willibrord en Magnus bifochten de frijdom wer. Dy't yn ûnbigryp oer dit wurk gnysket, forstiet neat fan de Fryske siele. De ieuwen troch hat dy siele net genôch hawn oan langte en breedte, oan hjir en hjoed; der moast hichte wêze en djipte en útsjoch nei juster en moarn. En sa foarme dy siele de iene, treastlikste dream, dy fan it frije Fryslân... | |
[pagina 28]
| |
Neisjen:Foar it hiele haedstik: Prof. dr. Theodor Siebs, Geschichte der friesischen Literatur2 (yn Pauls Grundriss der germ. Philologie, Strassburg, 1902) en binammen dr. P. Sipma, Fon alra fresena fridome (Snits, 1947), dat oan de hân fan ien tekst in prachtige ynlieding ta it Aldfrysk jowt. In ienfâldich karlêzinkje fan koarte teksten út it Aldfrysk jowe Brouwer-Gosses-Fokkema-Hoekstra, Specimina linguae Frisiae veteris, (Leiden, 1950). F. Buitenrust Hettema, Bloemlezing uit Oudfriesche Geschriften, (Leiden, 1890) is ek jit skoan to brûken. Foar boarnestúdzje wurdt forwiisd nei de dielen fan ‘Oudfriesche Taal- en Rechtsbronnen’ Foar 1: Prof. dr. J. van Mierlo, De voorbereiding, (yn: Geschiedenis van de Letterkunde der Nederlanden, I, 1-103). D. Kalma, Kening Finn, (Snits, 1937); moat fral lêzen wurde. Foar de Fryske kultuerhistoarje yn de midsieuwen is wichtich Zuidema-Douma, Kronieken van de Abdij Bloemhof, (Utrecht, s.j.; Emo en Menko yn Nederlânske fortaling). Foar 2: Von Richthofen-Lintelo de Geer, De Lex Frisionum (Leeuwarden, 1866); prof. dr. G. Gosses, Lex Frisionum (syklostylearre lêzing Fakânsje-Leargong 1938). Foar 3: Prof. dr. J.W. Muller, De Uitbreiding van het Nederlandsch Taalgebied ('s Gravenhage, 1939). Dr. K. Fokkema, Over de groei van het Friese taalbesef (Groningen, 1949). J. Piebenga, Het nationaliteitsgevoel der Friezen, (jubileumnûmer Leeuwarder Courant, 1952). Foar 4: Prof. dr. Conrad Borchling, Poesie und Humor im friesischen Recht (Aurich, 1908). Grammatika, blomlêzing, wurdboek, yn Steller, Abriss der altfriesischen Grammatik (Halle, 1928). Foar 5: P. Sipma, De Saun Fryske Sélannen (Assen, 1940). Prof. dr. W.J. Buma, Geestelijke literatuur in Oud-Friesland (yn: Trijeresom, Grins, 1950, s. 5-50). Foaf 6: Dr. Hoekstra, Vier Friese Kronieken ('s Gravenhage, 1948); Alistair Campbell, Thet Freske Riim-Tractatus Alvini (The Hague, 1952). Tige wichtich is binammen: dr. M.P. van Buytenen, De grondslag van de Friese vrijheid, 1953 (dissertaesje). |
|