Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 7]
| |
1. Hwat forsteane wy ûnder ‘Fryske skriftekennisse’?De frage, hwer't de grinzen fan de Fryske skriftekennisse lizze, hawwe gauris guodden yn skrift en petear oer gear west. Doe't dr. D. Kalma de ‘Forantwurding’ foar syn twadielich wurk ‘De Fryske Skriftekennisse fan 1897-1925’ skreau, loek er tredderlei rounte: ‘De Fryske skriftekennisse, nommen yn de wiidste sin fan it wurd, omfettet de kennisse fan alles hwat der yn it Frysk skreaun is. Yn in inger sin, heart dêr ta de kennisse fan de skriftlike utering dy't fan bliuwend bilang is út reden fan hokfoar fortsjinste. Yn in jit inger bitsjutting wol it sizze, de kennisse oan de skriftlike utering dy't fan bilang bleaun is út reden fan har kunstwearde.’ Sels keas er út suver praktyske reden foar de middenste rounte; hy naem it bigryp skriftekennisse, letterkunde of literatuer, dus mear yn syn nasionale as yn syn aesthetyske sin. Biswieren tsjin dy kar hied er in iepen each foar, mar doe't er letter seach, dat in Ingelske literatuerskiednis dy't der wêze mocht, net allinne de biografy en de autobiografy, mar ek de reisbiskriuwing, de skiednis, de sosiology en sels de natuerwittenskip omtinken joech, altyd foarsafier de oanbilangjende wurken stilistyske fortsjinsten hiene, doe fielde er him dochs yn syn trou oan dy ‘ingere sin’ forsterke. Dr. G.A. Wumkes lykwols wie it net mei Kalma iens; dy pleite foar in jit wider lûken fan de grinzen, man fan fiere kimen en greate forbannen as er wie. Hy rekkene ta de Fryske skriftekennisse ‘alle letterwurk fan Great-Fryslân, dêr't it Frysk-eigene yn útkomt, dêr't in swietrook fan Fryske ierde en Fryske leafde jin út tomjitte swevet. Lit net de tael, mar de sfear, de siel, de geast kriterium wêze. Hoe heech de tael ek oanslein wurde moat, hja is net it heechste, net it Fryske wêzen, net it Fryske libben sels. Hja is it kleed, de draechster fan ús fielings en tinzen. Hja is gjin doel, mar middel.’ (Paden fan Fryslân, I, s. 10). Twa stânpunten: ús forstân sprekt licht foar it earste, ús hert kiest fuort it lêste en seit, hwerom soene wy party Latynske abtelibbens en likegoed gâns yn it Hollânsk skreaune kroniken en theologyske wurken gjin ‘blommen út de Fryske lettertún’ neame meije? Hwer moatte dan byg. Jancko Douwama syn tinkskriften by rekkene wurde? Né, leit it forstân der tsjin yn, helje de skriftekennisse en de kultuer- | |
[pagina 8]
| |
histoarje dochs net trochinoar. Hwer bliuwt sa de ûnderskieding en hokfoar fortizing soe it net oproppe, as wy ‘Stiefmoeder Aarde’ fan Theun de Vries, ‘Augustinus de Zielzorger’ fan prof. dr. F. van der Meer en ‘Gestalte en Geest’ fan dr. O. Noordmans foar de Fryske skriftekennisse yn bislach namen, inkeld omdat de skriuwers Friezen en har wurken sa treflik skreaun binne? As dy ‘Fryske geast’ as kriterium foar ús skriftekennisse nou ris mathematysk-krekt omskreaun wurde koe, ja, dan... Ek bûten Fryslân is dit in kwestje, dêr't genôch oer striden wurdt. In kundich professor (dr. Fr. Baur) forstiet ûnder ‘literatuer’ de samling fan biskate taeldokuminten dy't ier of let oannommen en - neffens it aesthetysk geniet dat hja jowe - wurdearre wurde fan in greater of lytser tal minsken dy't witte hwer't it by kultuer om to rêdden is. In net minder tûk fakgenoat (dr. K.H. Heeroma) sjocht it ûntstean fan in literatuer folle mear yn it feit, dat hja opnommen wurdt yn in konservearjende mienskip. Neffens him is literatuer de samling fan taeldokuminten dy't in biskate mienskip net allinne bisit, mar ek de muoite wurdich achtet fan biwarre en forstien to wurden. Genôch hifke en woegen. De skealjens slacht nei Kalma syn miening oer. Skriftekennisse is nou ienkear hwat oars as skiedskriuwing. De lêste is binammen kultuerspegel, is hechter forboun oan de naesje, hâldt har by it forline en siket mear om de ynhâld as om de foarm; de earste giet it folle mear om it libben yn syn oerfloedige rykdom, it libben yn skiene, fordjippe, konsintrearre foarm; foar har moatte de feiten al gau foar langsten, driften en dreamen wike. Altyd giet yn de literatuer de wei fan taelwurk nei taelkunst. En dochs komt de aesthetyske wearde fan ien-of-oare taelskepping faken earst tsjin de histoaryske eftergroun ta har rjocht, wylst ek in goede kultuerhistoaryske foarming tige bydrage kin ta in suver-aesthetyske bioardieling. Dat de nijste literatuer jin allinne mar sa'n bioardieling leare kin, mei yn kiif stean. Elkenien wit út eigen ûnderfining wol, hoe faei, ûnwis en oerflakkich de aesthetyske wurdearring is fan moderne wurken, dêr't de tiid jit net oer oardiele hat. Sûnder stipe fan in tradysje rekket men gau op 'e doele. De mannichte fan de moderne produksje forbjusteret hjir ek; men hat faken oars gjin kar as tusken it jaen fan in rige nammen en titels en it neipraten fan de meast achtenearre kritici. Yn de âldere literatuer hat de tiid sels al skifte, al hoecht dat ek net definityf to wêzen; dêr wiist it ûntjowingsproses himsels suver wol oan. Sa riddenearjend kin men fêststelle, dat ta de Fryske skriftekennisse hearre yn it bysûnder dy wurken, dy't net gau forâlderje sille, dy't fan nije generaesjes hyltyd wer lêzen, wurdearre en mei mear of minder muoite geniete wurde kinne en dy't yn it Frysk skreaun binne; | |
[pagina 9]
| |
dat lêste moat der wol by, omdat dy tael yn foarm en lûd en gong grif mei fan it meast-typearjende fan de Fryske geast bisit. Mar ek moatte der by rekkene wurde yn it algemien dy wurken, dy't as oanfoljend en forklearjend materiael fral kultuerhistoarysk fan bitsjutting binne en dêr't dúdlik in persoanlikheit efter stiet. Nét lykwols kinne der ûnder biflapt wurde wurken lyk as fan Wessel Gansfort en Rudolphus Agricola, berne yn de 15de ieu as Easterlauwerske Friezen, skriuwend yn it Latyn en meast om utens wenjend, of romans as ‘Old Haven’ fan David Cornel de Jong en ‘This is the Year’ fan Feike Feikema, al is sawol by de bibelske humanisten as by de Amearikaenske proazaïsten net inkeld har Frysk komôf mar ek mear as in bytsje oan Fryske geast to fornimmen. Sa njonkenlytsen is de skealjens wer aerdich yn 'e blâns. Der mei ek nea forgetten wurde, dat de Fryske skriftekennisse har yn gjin inkelde tiid ûnder normale forhâldingen ûntjown hat. Net allinne dat it Fryske folk in boerefolk is, net allinne syn germaenske let-ripens en sterke ethyske libbensvisy, mar binammen syn slop taelbisef en in humanistyske yntellekt-forgoading stiene in soune waechsdom fan de eigen literatuer ieuwen lang yn 'e wei. Soks kin efterlikens, earmoed en skuld neamd wurde, mar men hat mei de feitlike tastân to rekkenjen. Dêrom leit it ek yn 'e reden dat de wurdearrings-epitheta dy't yn dit boek brûkt wurde allinne bitreklik jilde: hja slane altyd op de Fryske forhâldingen. As warskôging foar in absolút brûken fan de mjitstôk wurde gauris nammen fan skriuwers fan Jeropeeske bitsjutting oanhelle. Dy't lykwols ienris de Fryske skriftekennisse yn syn leafde opnommen hat, sil him likegoed foar oerskatting sawol as foar ûnderskatting towachtnimme. De earmoed sil er net forachtsje of út 'e wei rinne, mar syn útsjen nei de tiid, dat ienris yn foldédige bloei en skientme útbrekke mei, hwat djip forhoalen yn dit folk libbet, sil der troch forsterke wurde. En hy wit: mear as oare literatueren dy't alles mei hawn hawwe, moat de Fryske skriftekennisse as in wiffe, stridende ienheit sjoen wurde, as in skruten en ynmoedich sykjen om it selswêzen, mar ek as in eangjend flechtsjen foar it geheim fan de eigen siele. Yn dat witten krijt ek it skeamelste Fryske wurk syn gerak. | |
2. Hwat is it doel fan de literatuer-stúdzje?In boek as dit is mar in helpmiddel. Skriuwers fan literatuerskiednissen nimme gâns hwat op 'e noed en geane fangefolgen leafst mei hoedenens to wurk. Hja kinne net fyn útspinne en breed útplúzje, mar | |
[pagina 10]
| |
moatte koart krieme, sydpaden mije en dúdlike streken lûke. Fortiisde gearhingen wurde faek forsimpele, lestige kwestjes mei sin oer de holle sjoen, legere goaden plak en bioardieling ûnthâlden. Binammen mei de oardielsfoarming is it in hangizer om oan to gean: de lêzers prate gau in boek nei, hifkje sels fierstomin en nimme it to maklik op. Sil it bistudearjen fan dit boek - dat net mear as in oersjoch en in gearfetting is - lykwols fortuten dwaen, dan heart de lêzer der mei yn 'e striid to gean. Nearne komt it sa sterk op it winnen fan in eigen oardiel oan as by literatuer- en kunststúdzje, mar ek nearne is dat slimmer én moaijer. Hwat earst forfeelsum, toar en dead like, kin stiiffol ynkeard libben blike to sitten. Elk minske wurdt hjir ûntdekkings-reizger. Ienling en minskheit komme foarelkoar oer to stean. Hoe djipper men dolt, hoe mear forbiningstriedden tusken in ûneinich forskaet fan libbensuteringen bleat komme to lizzen. It âlde wurdt nij en it nije âld; it giet net om it wikseljende mar om it bliuwende, dat lykwols yn elke tiid syn eigen en biskate foarm fynt. Gjin jiertallen en titels, gjin ynhâldswerjefte, gjin macht fan biografyske bysûnderheden binne it foarnaemste foarwerp fan stúdzje, mar earst it kunstwurk sels. Alles hwat tsjinje kin om dêr in better bigryp oer to krijen, itsij út de tiid, itsij út it libben fan de skriuwer, moat de oandacht hawwe. As fan elke stúdzje dêr't it minsklike sa tige it sintrale is, komt hjir nea ek mar in foarlopich ein oan. De taek fan in literatuerskiednis is perspektyf skeppe: de greate streek sjen litte, de krekte forhâldingen tusken de skriuwers en de streamingen oantsjutte, in typearjende karakteristyk fan skriuwer en wurk jaen. De brûker fan sa'n boek stiet foar de swiere opjefte, mei help fan dit materiael sels de wei ta forstean en meifielen to finen. Kunde oan histoarysk forrin en formidden, it bitroud-wêzen mei it aerd en de wearde fan de literaire kunstfoarmen en de oefening yn tawijd lêzen en stil harkjen, sille lykwols gjin fortuten dwaen as hja net fan leafde oproppen en droegen wurde. Leafde ta de Muzen, mar hjir yn dit boek binammen leafde ta Fryslân. Dy is net blyn; hja sjocht wol skerp de tiden fan earmoed, de riten fan lytsens en swakkens. Dy sljochtet it misse en minne net oer mar ûnderskiedt grif wol de deugd en ûndeugd, dy mijt it ek net it mês yn rotsjende steden to setten, dy sil it iene forskynsel net ûnrjocht-feardich bigunstigje boppe it oare. Mar dy leafde weaget it iens en foar altyd mei dit lân en folk, dy lit har fan de lytsens jimmer ta de greatens oansette, dy kin it forline sa folslein oannimme omdat hja it allinne fan de takomst forwachtet. | |
[pagina 11]
| |
3. Hwat lêze wy, hoe, en yn hokfoar forbân?Dit boek bislacht yn de fierste fierte net de hiele Fryske literatuer-wittenskip; it hâldt him mar mei in diel dêrfan dwaende. Sûnder acht to jaen op en prefyt hawwe to wollen fan hwat op oanswettend gebiet út 'e wei set is, kin gjinien lykwols literatuer bistudearje. Al hat hwat der op it Fryske mêd dien is gjin hânwetter by hwat der foar de Nederlânske literatuer ta stân brocht is, it is dochs mear as mannichien forwachtet. De rykdom fan de skeamelheit is ek dat it gehiel oer to sjen is, al falt dat altyd net iens ta, bygelyks by de Gysbert Japiks-stúdzje net. Literatuer hat mei teksten to meitsjen, uteraerd leafst allinne mei teksten sûnder wryt of slyt. Bûtensteanders gysgobje wolris, as gelearden oan it hakketakjen binne oer ien letter of ien komma, mar it forstean of misforstean fan in tekst kin dêr nou krekt fan ôfhingje. Hwat de ûndersikers dogge oan tekstkrityk en forantwurde útjefte, hat elkenien op 'en dûr hwat oan. Sûnder soksoarte opgravings- en restauraesje-wurk rekken wy it histoarysk forbân ek gau kwyt. Der binne forskate foarmen fan tekstútjefte. It Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit to Grins jowt de rige ‘Estrikken’ út, mear foar wittenskiplik as foar literair doel, mar ek foar it lêste bytiden fan bilang. Taelkunde en letterkunde kinne fan âlds net bûten elkoar; foar de stúdzje fan beide wurde yn dizze rike rige fundaminten lein. Ticht hjirby stiet de ‘Magnus-Rige’, dy't fan de Fryske Akademy útjown wurdt en oant nou ta allinne teksten út de 17de en 18de ieu bifettet. Boekjes dy't makliker tagonklik hjitte meije as de Estrikken, mar dochs ek mear foar studearders as foar gewoane lêzers ornearre binne. Mear it each op in greater rounte hie dr. D. Kalma, doe't er yn syn ‘Nije Fryske Rige’ teksten fan Gysbert Japiks, Harmen Sytstra en Marten Baersma yn nijere stavering útjoech en ynlaette. Oare hannen sille grif dit wurk dêr oangripe, hwer't hy it lizze litten moatten hat. As de tekst fêst stiet en foar elkenien tagonklik is, kin it ûndersiik nei it ûntstean, de opbou, de foarm en de styl bigjinne. Alle lêzen is in wize fan forklearjen, as men alteast mei ynmoed lêst. Ta dat forklearjen heart ek it bineamen en toplakbringen, it útinoarplúzjen en forgelykjen fan alle forskynsels dy't de tekst bysûnder en de muoite wurdich meitsje. Omdat yn de literatuer de tradysje ek in greate rol spilet, giet it net sûnder helpmiddels. As sadanich kin tsjinje ‘Fryske Stilistyk’ (1937) fan Theun de Vries, dat in goed oersjoch, gâns titels en ek frijhwat oanhellingen jowt, mar as gehiel net botte oarspronklik en ek al fierhinne forâldere is. It is net wei as men flyt op | |
[pagina 12]
| |
dit boek docht, mar men kin der grif net mei ta. Aldergeloks wachtsje der ta fuortsetting en fordjipping fan dizze stúdzje trije treflike wurkjes. Anne Wadman joech yn syn ‘Fryske Fersleare’ (1953) in hantlieding yn poëtyk, dy't njonken de bikoaring fan it persoanlike ek de breedheit fan de wiere kenner hat; sawol de logyske yndieling as de lokkige formulearring en de mannichte fan foarbylden meitsje it lêzen ta in fruchtber geniet. Like streksum is de kost dy't prof. dr. J.H. Brouwer jin foarset yn syn ‘Fryske Styl’ (1952), in ynlieding ta it genietsjen fan literaire moaijens oan 'e hân fan R.P. Sybesma syn ‘Boerke Thae’. Dy't witte wol hwat it lêzen fan in goede proazatekst bitsjutte kin, moat him mar ris fan dizze bitûfte taelman liede en riede litte. Syn stúdzje ‘De Fryske Fjouwerrigel’ (1953) bislacht mar in biheind gebiet, mar giet dêr djip op yn. To hoopjen is ek dat de stúdzjes yn Fryske ferskunst, dy't deselde yn de nei-oarlochske jiergongen fan it moanneblêd It Heitelân opnimme litten hat, jitris forfolge en útjown wurde meije. Gjinien hoecht dus blyn foar de rike wearde fan de literatuer to bliuwen. Binne de eagen iepene, dan giet it eachweid al gau oer it hiele letterfjild en falle njonken de mânske beammen ek de biskiedene strûken en wylde strewellen op. De literatuerskiednis hellet mannichien út it tsjuster dy't dat fêst net forwachte hie en hja kin ek net oars. Foar de typearring fan har tiid binne de figueren fan it twade plan wichtiger faek as dy't fier boppe de midsmjitte útkomme. Gjin oersjoch ûntkomt dan ek oan it neamen fan gâns nammen, dy't foar party lêzers faeks nea hwat bitsjutte sille. De skyn fan needsaeklik kwea, dy't in literatuerskiednis licht oanhinget, kin mijd wurde as men jin net by ien boek hâldt. Dat hoecht ek net, hwant der is ek oer de Fryske skriftekennisse genôch oar wurk nei to slaen. Fan dr. G.A. Wumkes is syn ‘Bodders yn de Fryske Striid’ (1926) jit altyd it meast oan to rieden; it boek kin by earnstige stúdzje winlik net mist wurde, mar sá persoanlik binne opset en útwurking, sá seldsum is de minging fan fortsjinsten en tokoarten, dat it net gau ta in twade printinge komme sil. De fjouwer dielen ‘Paden fan Fryslân’ (1932-'43) bifetsje alles hwat by it neimeanen foar de seine kaem en dat is net in bytsje; foar literatuerstúdzje leverje hja yn har rykdom én har misskatting fan forhâldingen lykwols net safolle stof as foar de kultuerhistoarje. De bitsjutting fan dr. D. Kalma foar de Fryske literatuerskiednis is tige great; fierderop wurdt dêr mear fan sein. Dy't gâns feiten en nammen yn it koartste bistek byinoar hawwe wol, kin syn ‘Haedsaken Fryske Skriftekennisse’ (1948) brûke, mar mear as foar repetysjedoel lient it boekje him dochs net. In brede bisprekking fan gâns | |
[pagina 13]
| |
skriuwers mei in karlêzing út har wurk jowe de trije dielen ‘Fryske Skriftekennisse 1876-1925’ (1928-'39), ûnmisber foar hwa't oan dit wichtige tiidrek ta is en der sels in oardiel oer foarmje wol. Sil in oar him roppen fiele dit wurk op deselde foet fuort to setten? Fan bilang, sawol om de taljochting as de oersettingen, binne de rike bondel ‘Frieslands Dichters’ (1949) fan Anne Wadman, dy't dêr in skerpe en moderne skôging fan de Fryske poëzij nei 1880 yn jowt, en ‘The Literature of Friesland’ (1956) fan E. Howard Harris, dat mear it freonlike forslach fan in nijsgjirrige ûntmoeting as in oarspronklike stúdzje is, mar foar mannich net-Fries de oantrún ta fierdere stúdzje wêze kin. | |
4. Hwat wurdt ta ‘it Frysk’ rekkene?It bistean fan in Fryske skriftekennisse as in oanienslutend gehiel troch de ieuwen hinne, hinget ûnforbrekber gear mei it bistean fan de eigen tael. Hat it Fryske folk sa'n tael? Ja, sizze de taelgelearden; it hjoeddeiske Frysk is in hjir fan âlds bisteande Ingwaeoonske dialekte-groep, of mei oare wurden: it is in ôfsûnderlike tael dy't har eigen dialekten hat. Alder as it Nederlânsk hoecht it Frysk net to wêzen, mar wol is it Frysk yn Fryslân langer brûkt as it Nederlânsk yn it tsjintwurdige Nederlân. It Nederlânsk hat ta grounslach de Leechfrankyske dialekten, it Frysk is in variant fan de hegere ienheit, dy't Ingwaeoonsk neamd wurdt. Sûnt sa'n fyftjinhûndert jier geane it Frysk en it Nederlânsk har eigen wegen, al slút dat fansels gjin forbân en biynfloeding út. It Frysk is in Germaenske tael lyk as Gotysk, Deensk, Yslânsk, Dútsk, Nederlânsk en Ingelsk. Al dy Germaenske talen wurde wer ûnderfordield yn East-, Noard- en West-Germaensk. De West-Germaenske groep wurdt fan twa tûken foarme: ta de earste hearre Dútsk en Nederlânsk, ta de twade Ingelsk en Frysk. Lykas der tusken Heechdútsk, Platdútsk en Nederlânsk frij greate oerienkomsten bisteane, is dat hjoeddedei ek noch it gefal mei Ingelsk en Frysk, binammen op it stik fan de lûdfoarming. It Aldfrysk en it Angelsaksysk hiene safolle gemien, dat der gauris fan in Anglofryske dialektegroep praet wurdt, dêr't it Aldsaksysk ek faker as ienkear oerienkomsten mei hat. Spitigernôch is it Aldfrysk ús fan al dy talen it jongst oerlevere (psalmglossen út de 12te ieu); Angelsaksysk en Aldheechdútsk kenne wy al út de 8ste, Aldnoarsk en Aldsaksysk út de 9de, Aldleechfrankysk út de 10de ieu. Persoans- en plaknammen en rune-ynskriften geane faek nei in folle fierder forline tobek. | |
[pagina 14]
| |
It taelgebiet fan it Frysk wurdt foarme fan in lange stripe lân by de Noardsé-iggen lâns; it hat net altyd like great west en yn de rin fan de ieuwen is der wolris hwat oanwoun, mar folle faker, binammen oan de Dútske taeltûke, gâns forlern gien. Al yn de âldste tiden, dêr't ús it Frysk út biwarre is, kinne wy it Westerlauwersk en it Easter-lauwersk ûnderskiede. It Eastfrysk waerd yn de 13de ieu moai algemien sprutsen yn de noardlike kontrijen tusken Lauwers en Wezer en op de Eastfryske eilannen, mar it is dêrre troch Saksyske ynfloeden yn de lettere midsieuwen al útstoarn. It lêste libbene oerbliuwsel kin men hjoeddedei jit allinne yn it lytse Oldenburgske Sealterlân hearre. Dat wy fan it Easterlauwerske Frysk nou sa'n protte ôfwitte, komt omdat der út Hunsingo en Fivelingo, út Imsingerlân, Broekmerlân en Riustringen safolle âlde rjochtshânskriften biwarre bleaun binne. It Noardfrysk hat sa'n âlde oerlevering net. Wol moat it foarhinne in folle greater gebiet bislein hawwe as optheden; Eiderstedt wie doe fan tael ek jit Frysk. Tsjintwurdich wurdt it jit sprutsen op de eilannen Söl, Fehr en Oomrem, op Helgolân en yn it Sleeswykske kustlân súd fan de Deenske grins om Naibel hinne. It taelgebiet broazelet sûnt de lêste ieuwen hurd ôf en yn skoalle, tsjerke, krante en it iepenbiere libben hat dit Noardfrysk mar in tige biskieden plakje. Der bistiet in lytse Noardfryske literatuer, mar de ûntjowing dêrfan wurdt yn 'e wei stien troch it ûntbrekken fan in mienskiplike skriuwtael; der binne op de eilannen trije en op de fêstewâl fiif tongslaggen dy't soms frijhwat útinoarrinne. It Westerlauwerske Frysk, koartwei Westfrysk, wurdt sûnt âlde tiden al sprutsen yn it gebiet tusken Lauwers en Fly. It hat nei alle gedachten nea de folkstael west yn it súdlike diel fan Frisia Magna, oan de Sinkfal ta; yn it noardlike stik fan Noard-Hollân wiist folle der op, dat it Frysk hjir foarhinne sprutsen is, al falt it mei skriften net to biwizen. Ut it Aldwestfrysk is ús hiel hwat oerlevere: rjochtboeken, oarkonden, rymkroniken. Hjoeddedei is it Westfrysk jit libbene folkstael en troch oanhâldend skriftlik gebrûk op alderhanne gebiet is der njonkenlytsen in skriuw- en kultuertael út ûntstien, it Standertfrysk, dat lykwols wol iepen stiet foar forrykjende ynfloeden út de dialekten. Ta de Westfryske dialekten moatte rekkene wurde de tongslaggen fan Skylge, Skiermûntseach en Hynljippen, - yn alle trije is it ien-en-oar skreaun, - fan de Klaei, de Wâlden en it Súdhoeksk. It Stêdsfrysk is in gearmjuksel fan Frysk en Hollânsk, mar is almeast Frysk fan bou en wêzen. De dialekten fan it Bilt, de Stellingwerven en de Kollumer hoeke kinne min by it Frysk rekkene wurde. Yn dit boek wurdt ûnder ‘Fryske skriftekennisse’ frijwol allinne de Fryske, skriftlike, om hokfoar reden ek bliuwende utering fan Wes- | |
[pagina 15]
| |
terlauwersk Fryslân forstien. Yn it lêste haedstik (Taheakke) komme de dialekt-literatuer, it East- en it Noardfrysk jit efkes to praet. Mei de yndieling yn tiidrekken giet it altyd sa fier as it fuotten hat; men moat jin der mei witte to bihelpen. De ûnderskieding Aldfrysk (1200-1550), Midfrysk (1550-1800) en Nijfrysk (1800-hjoed) hat foar skriftekundige stúdzje ek mar lytse wearde; lyk as by hast alle histoaryske skema's wurdt ek hjir it libben tofolle yn in yntellektueel ramt biboun. | |
Neisjen:Foar 1: D. Kalma, Forantwurding (De Fryske Skriftekennisse 1897-1925, dl. I); dr. G.A. Wumkes, Paden fan Fryslân, I, de earste fjouwer opstellen, en D. Kalma syn miening dêroer yn Frisia, jg. 1928, s. 301, 328. Dr. A. Wadman, It probleem fan de Fryske literatuer (Trijeresom, 1950, s. 63-76). Deselde, Problemen by de stúdzje fan de Fryske literatuerskiednis (It Beaken, 1952, s. 9-17). Dr. D. Kalma, Op literair-histoarysk fjild (It Beaken, 1953, s. 82-90). Prof. dr. J.H. Brouwer, Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur (Drachten, 1954). Foar 2: E.B. Folkertsma, Leed en lok fan de Fryske skriuwer (De Tsjerne, 1954, s. 273, 312, 345, 366). Dr. D. Kalma, Ynwijing (Wy roppe de libbenen, I, 1938, s. 9-23). Foar 3: Max Wehrli, Allgemeine Literaturwissenschaft (Bern, 1951; algemiene theoretyske fraechstikken). Folle bihindiger: prof. dr. M. Rutten, Inleiding tot de literatuur (1956; Wereldboog, nr. 86). Sjoch fierders de titels yn de tekst. Foar 4: Dr. Walther Steller, Einleitung (Abriss der Altfriesischen Grammatik; Halle, 1928). Prof. dr. G. Gosses, Arysk-Germaensk-Frysk (Frisia, 1933, s. 181, 203, 224). Deselde, De herkomst van het Fries (De Vrije Fries, XL, 1950, s. 166-181). Dr. P. Sipma, Ta it Frysk, I (Ljouwert, 1948). Yge Foppema, Het Fries in Nederland (Drachten, 1952). |
|