By de earste printinge
...As it dit boek, ûntstien yn de praktyk fan lesjaen en foarljochting, net slagget, safolle leafde foar ús skriftekennisse by de lêzer wekker to meitsjen, dat er alderearst grypt nei de wurken fan de bisprutsen skriuwers sels, en dat er dêr fierder yn wiidweidiger boeken jit mear oer neisykje wol, om sa njonkenlytsen sels ta in eigen miening to kommen, hat it syn doel misroaid. Hjir folget út, dat de skriuwer bisocht hat oanienwei in dimmene, earbiedige hâlding foar dit ús mienskiplik bisit oer, oan to nimmen en to biwarjen; ek as der krityk jown wurdt, hopet er dat de forantwurdlikens foar ús nasionale eare dêr as de bliuwende grountoan by heard wurde mei. Oer it peil fan ús skriftekennisse sille wy nea tofreden wêze, - hwat soene wy foar Fryslân minder bigeare as de hichtepunten fan de wrâldliteratuer? - mar ek de berch wurdt earst as berch biwûndere, as er út delten en flakten omheech riist. Sûnder forachting foar it lytse, it greatere it him takommende plak to jaen, èn, elk lûd gear to foegjen yn it forbân fan de moedsume wrakseling om it eigen folksbistean, dat habbe de liedende tinzen west by de gearstalling fan dit wurkje.
...Sûnder it wurk fan dr. G.A. Wumkes yn earbiedige biwûndering to neamen, kin dit boek net forskine. Oan him en oan de neitins fan ús pake Haring Tjittes Piebenga (1856 Kiestersyl - 1937 Kiestersyl), yn hwa't Fryslân foar my ta sa'n djippe wierheit wurden is, woe ik it graech opdrage.
Sânfurdterryp, hjerstmoanne 1938.