Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse
(1957)–Jan Tjittes Piebenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 279]
| |
1. East- en Noardfrysk; dialekt-literatuerIt Eastfrysk waerd yn de 13de ieu sprutsen fan de Lauwers ôf oan de rjochterigge fan de Wezer ta. Dat wie dus net allinne yn it tsjint-wurdige Grinzerlân en East-Fryslân, mar ek yn Jeverlân, Butjadingen, Wursten, Sealterlân en op de acht eilannen fan Rottum oant Wangereach. Hjoeddedei is yn dit hiele gebiet it Frysk fan it Platdútsk forkrongen, útsein in isolearre koloanje-gebiet: Sealterlân, - mei de doarpkes Strûkelje, Rommelse en Skeddel, - dêr't in peartûzen minsken de lêst-oerbleaune foarmen fan it Eastfrysk jit yn it libben hâlden hawwe. Hoe't dizze ôfstjerte krekt om en ta gien is, is net maklik to sizzen. De politike en ekonomyske ôfhinklikens fan de Fryske goaën tusken Lauwers en Iems fan de Nedersaksyske stêd Grins sil dêr wol de greatste ynfloed op hawn hawwe. Yn East-Fryslân hat it hwat langer duorre; dêr is it stadich weikwinen tusken 1600-1800 jit wol út de boeken nei to gean. Yn it bigjin fan de 19de ieu bistie it Eastfrysk bûten Sealterlân allinne mar mear op Wangereach; om 1927 koene in stik as tsien minsken dizze tael jit sprekke, mar de jongste fan harren wie doe al 79 jier âld. De goaën, dy't yn de midsieuwen safolle fan de Fryske wetten oplevere hiene en dy't sa fûleindich foar de Fryske frijdom striden hiene, lieten har eigen tael folslein fortutearzgje. De moeting fan Liudger en Bernlef, de sindeling en de sjonger, hie pleats hawn yn Helwerd by Uskwerd, yn it noardlike Hunesga. Letter waerden yn Hunesga, Emesga, Brokmonnalond en Riustringalond de wetten yn it Frysk opskreaun, mar nei 1500 liket it ut to wêzen. Ut de 17de ieu binne mar in stikmannich skeamele taeloerbliuwsels oer: in brulloftsfers út 1632 fan Imel Agena fon Upgand, en dan in sammelwurkje fan de dûmny Johannes Cadovius Müller (± 1700), de ‘Memoriale linguae Frisicae’, dêr't û.o. it aerdige dounsliet ‘Buhske di Remmer’ yn stiet. Sûnt is der allinne mar mear hwat út it Wangereachsk optekene en waerd der yn it Sealterlânsk ek hwat to boek steld, mar dat is dan alles. De taelgelearde prof. dr. Theodor Siebs, sels in Eastfries, hat him der oer bisaud, dat dit geastlik dochs sa heechsteande folk, dat wol altyd tige trou foar de biskriuwing en bliuwende oerlevering fan syn skiednis soarge hat, oer mear as fiif ieuwen gjin inkeld eigen skrifte- | |
[pagina 280]
| |
kundich monumint oan de neiteam neilitten hat. Hjir, wy moatte it wêze wolle, is it sizzen ‘Frisia non cantat’ wol in pynlike wierheit. Yn Noard-Fryslân, dat mei East-Fryslân nau gearhinget, om't it dêrwei tusken 850 en 950 kolonisearre wurden is, stiet it der wol hwat, mar dochs net folle better foar. Ienkear waerd oan de westkant fan Súd-Sleeswyk, fan de hjoeddeiske Deenske grins ôf oan Eiderstedt ta, en op de eilannen Söl, Oomrem, Fehr, de Halligen en Helgolân, Noardfrysk sprutsen. Eiderstedt foel dêr om 1700 hinne al by wei; yn de lêste hûndert jier is it hiele gebiet tusken Husum en Bräist (Bredstedt) forlern gien en jitte kringt de ûntfrysking fierder nei it noarden op. Op syn heechst in fyftjintûzen minsken sprekke tsjintwurdich jit it Noardfrysk, mar it ûntbrekken fan in mienskiplike skriuwtael hat hjir de ûntjowing opkeard. Der binne tongslaggen yn great forskaet en dy ûntrinne inoar frijhwat. It eilanner-Noardfrysk hat der trije (sölring, ferring-öömring, haluner), it fêstewâls-Noardfrysk fiif dialekten (wisinghürder, bökinghürder of mouringer, - dêr't it meast yn skreaun wurdt, - karhürder, noardergooshürder, sudergooshürder, de beide lêste hurd yn it ôftakjen). Skreaun waerd der yn it Noardfrysk al ier, al is der mar o sa'n bytsje oerbleaun: in frageleardersboekje, in pear balladen fan likernôch 1600, in pear stichtlike fersen fan Anton Heimreich út pl.m. 1660, lokwinsken, brulloftsdichten, geastlike lieten, in hantsjefol meiinoar. De earste wiere Noardfryske skriuwer wie Jap Peter Hansen (1767-1855), séman en letter skoalmaster en koster op Söl. Hy is de makker fan it tige aerdige toanielstik ‘Di Gidtshals of di Sölring Pidersdei’, skreaun om 1790 hinne, dat oer de bikearing fan in gjirrigert giet. Syn soan Christian Peter Hansen (1803-'79), ek al skoalmaster, hat gâns sammele op it stik fan folks- en geakunde. Syn ‘Ual' Söl'ring Tialen’ jowe Noardfryske sêgen wer; ‘De Bridfiarhoogher üp Sölth of Dit Miraakel fan Eidum’ is in folksaerdich dicht, dêr't folle moais yn sit. Yn deselde tiid dat yn Westerlauwersk Fryslân de Fryske biweging úteinset, is hjir ek yn Noard-Fryslân wol hwat to rêdden. Dr. Knut Jungbohn Clement (1803-'73) fan Oomrem, freon en oersetter fan de Halbertsma's, is al sahwat as taelstrider en bringt de saek fan syn folk yn romantysk-patriottysk kader. Bende Bendsen (1781-1875) bistudearret de tael net allinne, mar jowt ek forskate taelpriuwkes. Mar binammen Moritz Momme Nissen (1822-1902) is tige yn't spier: mei in sprekwurdesamling, in wurdboek, briefwiksel mei Johan Winkler, en yn't bysûnder de bondel ‘De Freske Sjemstin’ (1868, de Fryske spegel), dy't sawol proaza as dichterlik wurk bifettet, dat faek tige de muoite wurdich is. Ek it wurk fan Johannes Hansen (1854-'77), krapoan 25 ‘Freshe Daghte’ (fersen), kin der skoan wêze. | |
[pagina 281]
| |
Wiene heit en soan Hansen fan Söl ôfkomstich, ek de skriuwers Erich Johannsen (1862-1938), Nann Mungard, syn soan Jens Mungard (1886-1944) en Hermann Schmidt hawwe folle goeds en moais yn de tael fan dat eilân jown. Op it fêstelan hat him tige ûnderskaet N.A. Johannsen (1855-1935), dy't gâns fersen, toanielstikken en novellen op syn namme stean hat en dêr't folle fan ek tige to wurdearjen is. Fan syn soan Albrecht Johannsen, dy't as ‘Nis von 'e Büttendick’ foar gans goede folkslektuer soarge hat, is de fersebondel Ut mín Schatull, 1928, bikend wurden; hast alle fersen hjir út, mei oaren der by, binne opnommen yn de moaije bondel Beerid, (d.i. Rispinge, 1956). Dat er in wier dichter en in great taelkunstner is, stiet net yn 'e kiif. In goede namme hawwe ek dr. Lurens Cunrad Peters (1885-1949), in Ferrenger, mei syn komeedzje ‘Omi Petji ütj Amerika’ (1923) en mei frijhwat oandwaenlike lyryske fersen; Katharine Ingwersen, dy't ek forskate aerdige fersen en Krystspullen jown hat; en, lyk as de lêste in festelânner, Martin Lorenzen, de skriuwer fan fersen en novellen en de oersetter fan inkelde evangeeljes. It is wol dúdlik, dat de Noardfryske skriftekennisse net ûnbitsjuttend hjitte mei, mar hja soe gâns greater mooglikheden krije, as der ien skriuwtael mei in fêste stavering komme koe, as it Frysk ûnderwiis forplichte ynfierd waerd, as de skriuwerij minder op it forline en mear op hjoed en moarn rjochte wie en as de Fryske biweging dêrre faek net sa forskuord waerd fan de Dútsk-Deenske tsjinstellingen. Dy't Noardfrysk lêze wol, kin faeks it bêste bigjinne mei Söl'ring Leesbok (1909) fan Boy P. Möller. In lytsere karlêzing fan eilanner-Frysk is to finen yn The North Frisian Dialect of Föhr and Amrum, by dr. J. Schmidt-Petersen and James Craigie (1928); tige brûkber is ek it Ferreng-ömreng Lesbuck (1925) fan dr. L.C. Peters. Lyk as dit lêste foar de skoalle ornearre, is it Frasch Leseböck (1926) fan Katharine Ingwersen en Albrecht Johannsen. In tige moai boek is Stobe an Kiming (1955, ‘Dachte, bile en tääle üt Frashlönj’), gearstald fan Marie Siewertsen en Alfred Boysen. Der binne ek forskate Noardfryske lieteboekjes útjown. De literatuer yn en oer de dialekten fan it Westerlauwersk Frysk is net sa botte great. Oan it Biltsk en it Stellingwerfsk wurdt hjir foarbygien, al fortsjinnet it krewearjen fan H.S. Buwalda foar it Biltsk dochs mei eare neamd to wurden. Foar Hynljippen is der genôch to finen yn it rike boek fan T. van der Kooi Dzn. oer ‘De taal van Hindeloopen’ (1937) en aerdige lêsstof jowt ek ‘Hînlepper Fortoltjes’ (1930) fan S. van der Kooi. Oer it dialekt fan Skiermûntseach hat C. Grilk skreaun yn Frisia 1927-'29; mear is op kommende wei. Oer Skylge is der de lêste jierren gâns hwat publisearre. Ien as Gerrit Knop (1873-1949) | |
[pagina 282]
| |
hat foar tael en literatuer fan dit eilân de greatste fortsjinsten. Syn wurken (Schylge, 1933; mei de bruorren Roggen it Schylgerlaner Leisbok, 1935; Schylgerlân, 1946, Hollânsk standertwurk; Terschellinger dialecten, 1954; O mimmetael, hwat klinkste moai, 1949, fersebondel) hawwe net inkeld wichtige saken fêstlein, mar ek ta leafde foar en bihâld fan it eigene oproppen. It eilân Helgolân is it symbolysk eigendom fan hiele Great-Fryslân. Oer de tael is gâns to finen yn ‘Van boppen en bedeelen’ (1937); oer tael, skiednis, folklore en sa yn ‘Helgoland ruft’ (1952). In great Helgolânsk wurdboek wurdt oan wurke. | |
2. It Oera-Linda-bokYn 1867 krige de archivaris fan Fryslân, Tiede R. Dykstra syn opfolger dr. Eelco Verwijs, út Harns in stikmannich alde papieren om yn to sjen; it wiene de earste siden fan it Oera-Linda-bok, in yn in soarte fan Aldfrysk steld hânskrift, dêr't gjin minske yn Ljouwert ea fan heard of oer rept hie. It hiele hânskrift sels wie yn it bisit fan Cornelis over de Linden fan Den Helder, in eigenaerdich man, dy't neffens syn sizzen net wist hwat der yn dit nei't grute waerd oerâlde famylje-erfstik to lêzen stie en dy't der dêrom graech in oersetting fan hawwe woe. Verwijs bitoant him wakker bliid en wol graech it hiele spul bisjen, mar dat slagget him net daliks. Sadré kriget er lykwols gjin ôfskriften, mar hwat fan it oarspronklike hânskrift ûnder eagen, of hy leaut oan de echtens. Hy bihellet it Frysk Genoatskip der dan ek yn, wurdt lykwols ynienen foarsichtich en forfart mei gauwens nei Leijen, dêr't er him suver hielendal net mear mei de kwestje bimoeit. Johan Winkler kriget nou it spul yn hannen, mar dy is der hwat mei oan; al gau stiet er dit spul net; it is grif in fyn ynleine forrifelderij, ornearret er. Dan pakt dr. J.G. Ottema de kou by de hoarnen; hy, klassikus, is der wis fan, dat it O.L.B. gjin forfalsking is; hy jowt it yn 1872 yn boekfoarm út mei in Hollânske oersetting der by en hy fordigenet mei oertsjûging en fjûr de echtens. Wylst der yn de rounten fan it Genoatskip in twivelige of skeptyske hâlding bistiet, biwize mannen fan it Frysk Selskip as G. Colmjon en J. van Loon, meast op taelkundige grounen, dat it in falsifikaesje wêze moat. Yntusken is rounom, ek bûten Nederlân al, gâns bilangstelling foar it âlde hânskrift wekker wurden; de namme fan Cornelis over de Linden is hein en fier forneamd. In jier as hwat letter bisakket dat lykwols frijhwat, as op groun fan tael- en tekstkrityk en fan papierûndersiik de ûnechtens biwiisd wurdt. | |
[pagina 283]
| |
Dochs dûkt it O.L.B. hyltyd wer yn de diskusje op, wurde der hjir of dêr foarfjochters foun, of komme oaren mei in nije theory oangeande de wize fan ûntstean en it doel fan de forfalsking. Altyd bliuwe der ek guont, dy't yn it iepenbier foar de wearde en bitsjutting fan it O.L.B. yn de pleit geane. Yn de tweintiger en tritiger jierren wie dat prof. dr. Herman Wirth, dy't in skoft yn Snits learaer west hat en dêr hwat omgong mei dr. G.A. Wumkes hie; hy forklearre de kearn fan it hânskrift foar oerâld. Yn Dútsklân drige nei 1933 it O.L.B. efkes ta in soarte fan nazi-bibel útroppen to wurden, mar de echte Dútske wittenskip forsmiet dit gedoch doe dochs radikael. Frjemd wie lykwols, dat party gelearden yn Nederlân it wol oer de forfalsking, mar net oer de persoan fan de forfalsker iens wiene. Wie dat C. over de Linden (neffens dr. G.A. Wumkes en mr. P.C.J.A. Boeles) of Eelco Verwijs (neffens dr. M. de Jong)? Hwat dit saneamde ‘boek fan Adela’ nou foar in wurk is? In famylje-kronyk fan it slachte Oera Linda, mar tagelyk ek in folkskronyk fan de Friezen. In boek mei in folsleine kosmogony, wetjowing, goade- en sedeleare, dat syn bigjin hat yn de skiere foartiid, ieuwen foar Kristus. Fryslân forklearre ta memmeskurte fan de minskheit, de Friezen útroppen ta it útforkarde folk fan Wralda, de Ur-âlde! In lettersoarte, ôflaet fan it jûlrêd, dat gjin minske earder of earne oars sjoen hie. En dan de tael: in gearmjuksel fan Ald- en Nijfrysk, mei wûnderbaerlike Ingelske, Dútske en Stedsfryske ynslûpsels der yn, en mei wurdôfliedingen, dy't bytiden like seldsum as geastich, mar ek slim healwiis, binne. Mar, ás it O.L.B. dan in mystifikaesje, in ûnderskoud hânskrift fan nijerwetsk fabrikaet, in ûndogenske set fan ien of oare tûke gelearde is, hwat hat dêr dan de bidoeling fan west? It O.L.B. is wol in Friezebibel of in Fryske frijmitslersbibel neamd, om't der in sterke antikristlike ynslach yn sit. Oaren hawwe it útmakke foar in parody op it Frysk-nasionalisme yn de tiid fan de romantyk: net allinne dat fan Harmen Sytstra mei syn spraekleare en syn Iduna-stavering, mar ek dat fan it Frysk Genoatskip. It O.L.B. is fan party as boarterij opfette, fan guont ek as gekoanstekkerij, fan oaren as bloedige earnst. Yn dizze Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse meije wy it O.L.B. anneksearje as in literair monumint, dat ûnforbrekber by Fryslân biheart, mar wy dogge it allinne ûnder bitingst fan skerpe krityk en ûnder benefysje fan ynventaris. Sûnder kunde oan it Fryske libben fan de 19de ieu sil gjinien it O.L.B. forstean kinne; tragysk genôch is it oarsom ek wier: sûnder it O.L.B. is it Fryske, geastlike libben fan de 19de ieu net mear to tinken. | |
[pagina 284]
| |
3. Fryske bibliografyOm't der jit mar in bytsje dien is oan de forantwurde werprinting fan âlder wurk út de Fryske skriftekennisse, sil elk, dy't ta in eigen oardiel komme wol, ta de boarnen gean moatte. In net genôch to wurdearjen helpmiddel fynt er dêrby yn de ‘Catalogus der Friesche taalen letterkunde en overige Friesche geschriften’ (1941, 860 bls.), dy't fanwegen de ‘Provinciale Bibliotheek van Friesland’ útjown is. Oanfollingen op dizze katalogus binne to finen yn it ‘Tweemaandelijks Bulletin der Prov. Bibl. van Friesland’. Oer de jierren 1936-'41 is der troch M.K. Scholten in Fryske boekelist forsoarge ‘De Boekebeam’, dêr't tige folle bibliografyske gegevens yn forwurke binne. It Frysk Selskip hat yn 1912 in helpmiddel bean, dêr't letter spitigernôch gjin forfolch op kommen is: ‘Lyst fen de Utjeften, yn en oer it Frysk forskynd yn 1901-'10’. De bibliograef-by-útstek fan de lêste jierren is ds. J.J. Kalma, in warber man, oan hwa't de tank takomt fan elk dy't oer de dingen fan Fryslân hwat hat nei to sykjen. Syn ‘Repertorium Frieslands Verleden’ (1955, 416 bls.) jowt in oersjoch fan tydskriftartikels, Fryslân oanbilangjend, skikt neffens de skriuwers, de plaknammen, de persoansnammen, de saeknammen, de skiednis en de tsjerkeskiednis. Dy't yn ús literatueropjeften net genôch nei syn gading fynt, kin hjir gauris torjochte. Lytsere bibliografyën fan Kalma binne: Leeuwarder Courant 1752-1952, (register op de skiedkundige artikels yn twahûndert jiergongen); Thet Oera-Linda Bôk (61 bls.); Gysbert Japiks (54 bls.); De Van Harens. Faek sil immen needsake wêze de tydskriften en jierboekjes nei to slaen; it docht dan mear fortuten, as men al in foech oersjoch yn de holle hat. It tydskrift Iduna is fan 1845-'70 forskynd; fan 1845 oan syn dea yn 1862 ta ûnder lieding fan H.S. Sytstra, doe fan G. Colmjon; de earste seis jier wie it in persoanlik tydskrift fan Sytstra; yn 1851 waerd it in Selskipsútjefte. Om't de namme Iduna guods net oanstie, forskynde yn 1871 it tydskrift Forjit my net! Colmjon hie hjir ek oan syn dea ta de lieding fan en waerd yn 1884 opfolge fan O.H. Sytstra, dy't oan ein 1915 ta samler west hat. Trije samlers yn sawntich jier, de ien sil it trou, de oar konservatisme neame, mar faek foarkomme sil it net. Yn 1916 bigoun it Selskip mei de útjefte fan in wykblêd, Fryslân, - redaksje wie: Sytstra, Canne, Hof, Sipma, - mar dat hat it net mear as in jier úthâlden. De jierren 1917-'21 en 1926-'41 is Fryslân as moanneblêd en soms as fearnsjierblêd útkommen, yn it lêst ûnder in gauris wikseljende redaksje. Fan 1922-'25 wie as Selskipsorgaen út- | |
[pagina 285]
| |
forkeazen It Heitelân, dat yn 1919 mei P. Sipma oan it haed as wykblêd bigoun is, mar letter moanneblêd wurde moast. Yn de oarlochsjierren 1942-'45 mocht it blêd net forskine, sadwaende is yn 1957 de 35ste jiergong bigoun. It Heitelân hat lang los stien fan hokfoar organisaesje ek, mar libbet de lêste jierren ûnder taforsjoch fan De Fryske Bibleteek. As jierboekje fan it Frysk Selskip is 67 jier lang útjown Swanneblommen (1850-1916); yn 1934-'35 is it jitris bisocht, mar net fuortset. Ut de Selskipsrounte wei is yn de jierren 1919-1921 útjown: ‘Swanneblommen, tiidskrift for Fryske tael- en skiedkinde’, in treflike ûndernimming, dy't troch al it spul yn de Fryske biweging fan dy jierren spitigernôch ûnfoldwaende stipe krigen hat. Los fan it Selskip hat Waling Dykstra ek hiel hwat tiidwurkjes útjown; hjir folget it ien en oar oer de foarnaemste. It jierboekje De Bijekoer is forskynd fan 1846-'95; earst hie Tiede R. Dykstra de redaksje, sûnt 1849 wie dy yn hannen fan W. Dykstra. As in blêd foar it folk waerd ek bidoeld De Fryske Húsfreon, 1851-'69; ûnder deselde titel hat W.D. in greate karlêzing út syn eigen wurk yn fiif dielen jown (1900-'04). In twatalich blêd wie it Friesch Volksblad, fan 1876-'83 ûnder bistjûr fan Dykstra en Oebele Stellingwerf en sûnt, oan 1897 ta, fan Stellingwerf en syn frou. It wykblêd Sljucht en Rjucht is yn 1890 in jier lang útkommen, stoppe doe en is yn 1897 ûnder deselde namme mar by in oare útjower wer bigoun. Oan syn dea ta hat Dykstra de redaksje fierd; doe krige J. van der Tol it oer en yn de tritiger jierren, oan it opdoeken fan it blêd tidens de oarloch ta, hie D. Rienks-Wallinga de lieding. It ‘Friesch Jierboeckjen; uwtjown trog it Friesch Genoatschip foar schijd-, âdheyte- in tealkinde’, it earste alhiel yn it Frysk stelde jierboekje en de earste útjefte fan it Genoatskip, is mar seis kear forskynd: fan 1829-'31 en fan 1833-'35. Sûnt 1839 jowt it F.G. út ‘De vrije Fries’, mei yn it bigjin as bynamme ‘mengelingen’. Los fan elke organisaesje stie de Friesche Volks-almanak, mei gâns histoarysk wurk en ek wol Fryske bydragen der yn (1836-'64; 1884-'99). It tydskrift For Hûs en Hiem is forskynd fan 1888-'97; doe koe it net mear tsjin Sljucht en Rjucht oan. It tydskrift Yn ús eigen tael, fan it Kristlik Frysk Selskip, is forskynd fan 1909 oant simmer 1943, frijwol altyd as moanneblêd. It tydskrift Frisia is fan 1917-'36 forskynd, achttjin dielen meiïnoar, mei gâns wikselingen yn wize fan forskining, dragende organisaesje en redaksje; sûnt 1937 is it blêd omset yn de Frisia-rige, losse op harsels steande boekjes; yn 1943 moast dat ek ophâlde. It literair moanneblêd De Holder is útkommen yn de jierren 1926-'29 en moast fanwegen de krisistiid ophâlde. It Beaken, tydskrift fan de Fryske Akademy, is yn 1938 bigoun en forskynt yn 1957 | |
[pagina 286]
| |
yn 19de jiergong. It Frysk Jierboek is meiinoar seis kear forskynd; 1937-'38, 1941-'43, 1946. It earste Frysk Studinte-Almenak is yn 1931 foar it earst forskynd; útsein yn de jierren 1943-'45 is it elk jier útkommen. | |
4. Ta bislútSkriftekundige skiedskriuwing liket in needsaeklik kwea. De lêzer soe sels sykje, útsykje, hifkje en skiftsje moatte en nou lit er it faek út maklikens in oar mar dwaen. Mar dy oar moat gearfetsje, bikoartsje, forienfâldigje; dy oar jowt him op in hege rjochterstroane del en oardielet oer jan-en-alleman; dy oar hat lang studearre mar dochs net lang genôch; dy oar hat ek syn leafde, foarkar, ôfkear en wearze; dy oar is ek bern fan syn tiid en syn mieningen hawwe gjin ivichheitswearde; dy oar hat krekt fan de skiednis leard, dat in histoaryske of esthetyske wurdearring alderminst de wissichheit fan in chemysk ûntliddingsproses hat. En dan meije wy yn Fryslân fan gelok sprekke: it is de rykdom fan ús earmoede, dat wy yn steat binne al ús skriften of yn elk gefal al it wichtichste fan ús skriften to kennen. De skiedskriuwer sil ek leaver wurdearje as foroardielje wolle; wy hawwe nou ienkear earder út de krapte as út de romte to rieden. Hy hoecht ek net to bot op oaren to bitrouwen; hwer't er oer skriuwt, dat hat er ek sa goed as allegearre sels lêzen. Sokke skiedskriuwers moatte der wol wêze; hja, dy't it hiele fjild oersjogge en in algemiene skôging yn great forbân jaen kinne, dy't yn koart bistek it eigene fan in skriuwer of tiidrek oantsjutte, dy't deade boeken en forstoarne minsken yn sa'n klear en kleurich ljocht sette, dat hja foar de lêzer it libben weromkrije en, as it goed is, diel fan syn libben wurde. Mar it hiele forline sjen, né, dat slagget dy skiedskriuwer net, dat slagget gjinien as Him, dy't boppe alle skiednis stiet. As de lêzer dat wit, praet er syn stúdzjeboek net to gau nei. Hy wit, dat it mar in handich helpmiddel foar in maklike oriëntaesje is. Hy siket en sjocht séls. En fielt de plicht, sels ek mei to bouwen oan de takomst fan syn lân en folk. By de yngong fan de 20ste ieu rôp Gerben Postma út, doe't er it Fryske fjild fan syn tiid wer ris kritysk oereage: ‘Joegen de goede goaden ús in pear oarspronkelike koppen...... wy binne dy sa breanedich!’ In tolf jier letter koe G.R. Veendorp dy wiere wurden sprekke: ‘Dy stille, bidaerde, swiet foartrinnende tiid leit efter ús en for it | |
[pagina 287]
| |
Frysk Selskip is oanbritsen in nije tiid, dy't it folk út 'e hirdsherne ropt nei bûtedoar; dy't net tofreden is mei stil pielen, mar dy't swier wurk, fûl arbeidzjen freget, dat it swit op 'e foarholle stiet en de lea sear dogge’. It binne fortsjintwurdigers fan de âlderein, dy't sa sprekke; hja hawwe blykber de krisis fan de 20ste ieu oankommen field, de swierste faeks, dy't Fryslân ea to forduorjen hawn hat Oarspronklikens, striid, persoanlike oerjefte, trouwe leafde en in great leauwe, hjoeddedei wurde dy mear as ea fan ús easke. Mei dit Frysk folk de genede jown wurde, dat yn syn eigen literatuer yn dizze ieu it djipste en moaiste fan Fryslân útsprutsen wurdt. Mei dit folk it dan ta syn bifrijing hearre! | |
Neisjen:1. Oer it Eastfrysk: Willy Krogmann, Das Schicksal der ostfriesischen Sprache; Jahrbuch der Gesellschaft u.s.w. zu Emden, 1956, s. 97-112. Oer Sealterlân: dr. J. Botke, Sealterlân, 1934. Dr. H. Matuszak, Die saterfriesischen Mundarten, 1951. Oer it Noardfrysk: B. Smilde, Inkelde aspekten fan de Noardfryske literatuer, Frysk Studinte Almanak 1955, s. 50-65. Deselde, Lyts lok (wiidweidich oersjoch N.fr.literatuer), It Heitelân, 1956-'57. 2. Oer it Oera-Linda Bok: dr. M. de Jong Hzn., Het geheim van het Oera-Linda-Boek, 1927, 408 bls. Deselde, Smaadschrift, romantiek of wetenschappelijk bewijs? 1929, 56 bls. Deselde, Het O.L.B, in Duitschland en hier, 1939, 64 bls. Herman Wirth, Die Ura Linda Chronik, Leipzig, 1933, 321 bls. mei ‘Bilderatlas’. Mr. P.C.J.A. Boeles oer it O.L.B. yn It Beaken, 1957, s. 27, 64. Sjoch fierder J.J. Kalma syn bibliografy. 3. Yn de jierren 1880-'90 is der frijhwat dien ta bikendmakking fan de Fryske literatuer. Njonken de samlingen fan Tsj. G.v.d. Meulen (Moaije Blommen fen ús Frysce Letterkroane, 1880) en W. Dykstra (Frysk Lêsboek, 1883), is der ek jit it trêdde diel fan Joh. A. en L. Leopold, Van de Schelde tot de Weichsel (1882). Yn forskate opsichten fansels forâldere, mar oars noch skoan to brûken is de trijedielige ‘Bloemlezing uit Friesche Geschriften’ fan dr. F. Buitenrust Hettema (Oudfriesch, 1890, 102 bls.; Middelfriesch, 1887, 104 bls.; Nieuwfriesch, 1888, 104 bls.). 4. Sjoch E.B. Folkertsma, Leed en lok fan de Fryske skriuwer, De Tsjerne IX, 1954, s. 273, 312, 345, 366. |
|