Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 226]
| |
Foroaring, (Dialect van Barradeel.)Al wat ues each oanskoaget
Fan fjirren oaf neibij,
It sij 't op greatheit boaget
Oaf skûwlet ûwnder 't pij;
It sij dat wicht fan jirren
De stielen hûwd it nypt,
It sij 't yn simmertwjirren
As 't bûwchsam ryske swyp't;
Oaf ho en wêr 't mei wezze,
Yn ooast en west, oeral,
Lit ues it ierdske lezze,
Syn opkomst, bloëi en fal.
't Foroaret! Dêr, wêr eren
Yn 't sûwze-brûwzjend wiet
Sa mannich 't skip forlear en
De fisker 't net uetsmiet,
Dêr rôlje nou ues kijkes
Yn 't griene gêrs har om;
Dêr gûwnzelje de bijkes
Aloan fan blom ta blom.
't Foroaret! Grutte bazen
En masters fan 'e wraod,
Hja haodden op fan razen:
Hja lizze stiif en kaod.
't Foroaret mei ues allen,
't Foroaret eakGa naar voetnoot(1) mei mij;
Myn swiete bernskens rôlle
Al boärtsjende foarbij.
Do wjieGa naar voetnoot(2) mij de ierde in himmel
En wraod en wenpleats ien,
Do glimke ik om 't gewimmel.
En 't boärtsjen yn 't gemien.
Nen neare takomst gniisde
Mij sa balstjurrich oan.
Nen hert fol soärgen wiisde
Mij op it tsjustre moarn.
Ik speegle minskedieden
Oan 't eigen skildleas hert.
Fan falskens, list, forried en
Fan selssucht wist ik net.
Ik seach yn allen frjeunen,
En elk om mij yn noed.
Och, wjie dij tastân bleaun, en
Myn herte yet sa froed!
Mar ringen seach ik 't fjuchtsjen,
Om dingen, neat as skyn;
Ik hearde 't plachtsjenGa naar voetnoot(3), rjuchtsjen
Om 't niëtich myn en dyn.
Mei godstsjienst yn 'e mûwle
En dead en hel yn 't hert,
Yn 't inglekleed biskûwle,
Waerd ienfaod striken set.
Ik seach de kop opstekken
It egoïsmus-spook,
Om 't twistfjoer op to rekken
As Satans gleaune pook.
De sang, dij 't (bern yet) hearde,
Foroare yn droewe klacht,
En 't bliere ljeacht forkearde
Yn tsjûke tsjustre nacht....
‘Och, dat eak dat foroare!’
Is dos ues fromme bea.
Mar - wa soe 't hoopje doare:
Forlossing fan it wea?
Wij doare 't, want d'yngoede
Bistjoerder fan ues lot
Nimt brawen yn syn hoede,
En - is in machtich God!
't Onrêstich wilewarljen
Fan 't boaze folk yn 't rûwn,
En 't machtelooaze sparljen
Fan 't helske duwlenbûwn....
| |
[pagina 227]
| |
't Is 't neijerjende ein! - en
De boärn fan alle goed
Oerstreamt ues ierd' mei sein en
Dan riist er goed uet tsjoed.
Lit frij foroaring komme,
Bidobje s' ues yn 't stôf,
En widsje s' ues yn slomme
Op 't iënsam deadehôf;
Lit felle stoärmen rûwze
Fornieljend yn har feart!
Lit oceanen brûwze!
En sinke 't al yn 't neat -
Wat wifel oaf forstoaring
Der earne komme mei,
Bij God is nen foroaring,
Nen omkear foar oaf nei. -
En Dij sil 't for ues meitsje
Alheel nei hertsbigear;
Hij, for d' oprjochten weitsje,
Hij iwich trouwe Hear!
Pitersbjirrum.
W. Faber.
|
|