Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 158]
| |
Moai Wytske.Hwet glimket en âlletGa naar voetnoot(1)
Dat ljeave lyts famke; -
Dat glimke, dat is for
De throchlokkigeGa naar voetnoot(2) âlders:
Hja stean by de widze
Sa bliid yn hjar lök.
Och, sjöch ris nei 't famke!
Ho moai en ho ljeaf en
Ho roun is dat höltsje!
Sa böl binn' dy wankjes,
Sa sêft blau dy eachjes,
Sa göl en sa blier.
‘O lök!’ en ‘o seine!’
Sa röppe nou de âlders,
Sa bliid as in ingel,
‘Nou hawwe w' in oanhâldGa naar voetnoot(3)
Yn âldens, yn sìkens,
Yn need en yn leed.
Us wrotten en bödsjen,
Us soärgjen en sparjen,
Us libben op ierde
Is nou for nin frjemden,
't Is nou for ús egen,
Us egen ljeaf bern!’
It famke wirdt faem, en
De frijers dy komme,
En hja is sa frjeunlik,
As 't sintsje sa 't daget;
Sa prûs en sa snipper,
Hja laket sa wyt.
Hja, 't byld fen hjar memme,
Hja, de eare fen heite,
Hja, 't pûkje der fammen,
Fen 't gea hja de kroane,
Wis droech se de namme
Moai Wytske mei rjucht.
Hja glimket en bliërket;
Hwa kriget dat glimke?
Is 't Hoätse, de rike,
Is 't Reinder, de kante,
Of Rinse, de sned'ge?
Né, nimmen fen dy.
For nimmen fen hjarren
Is Wytske de moaije.
Nin boer scil hjar tútsje,
Nin boer scil hjar hawwe,
Nin iligeGa naar voetnoot(4) hannen,
Dy reitsje hjar oan.
Mar Jonker fen Gralda,
‘Sa 'n frijer dy past hjar!’
Seit mem yn hjar greatskensGa naar voetnoot(5),
‘Nin oar scil se hawwe,’
Seit heit yn syn heechmôed,
‘Us ienichste bern!’
En Jonker dy frijde.
Hy jaget syn brúntsjes
De wei lâns sa proezich,
In rydt nei de merken,
Moai Wytske oan syn side,
As wier it syn wiif.
Ho dertenGa naar voetnoot(6) in lodrich,
Ho grienGa naar voetnoot(7) en ho ljeaflik
Dochs bliërket, en laket,
En boärtet, en pleaget,
Fol himelske wille,
Dat moaije jong pear.
Sa leit yn it East, yn
Dy hearlike lânnen,
Throch blêdden en blommen
For de eagen biditsen,
De njirreGa naar voetnoot(8) biskûlGa naar voetnoot(9), mei
De dead yn 'e bek.
| |
[pagina 159]
| |
O! wif binn' de dagen
Fen nocht en fen wille!
Ien ûre, ja, 'n eachwink,
Fen bitende smerte,
En 't lök fen de minske is
For îwich fordoarn.
Ho! Wytske, dat derten,
Dat oalike famke,
Sit hja dêr to skriemen?
Sa read binn' dy eagen,
Sa bleek nou dy wangen,
En nimmen dy treast?
Né, nimmen hjar oansprekt,
Né, nimmen hjar treastet:
Ho wier se sa greatsk en
OnbîdichGa naar voetnoot(1) greathertich.
Nou truret se allinne, -
Hjar eare is forlern! -
En Jonker teach hinne,
En foun er ien oaren,
Net moäijer, net frommer,
O âlders, o berntsjes,
O, lit jimme riede!
De ljeafde en de heechmôed
Komm' faek 'noär op side,
En stride om de foärrang,
Om 't minskelik lök.
Och, meast wint de heechmôed
De striid, en de ljeafde
Mat bûge for de oermacht;
Mar mat er al wike
Yn kamp mei de ljeafde,
Doch jout er 't net op,
Mar riker en aedlik,
En laette mei koärtenGa naar voetnoot(2)
Nei tsjerke - syn breid.
En mem yn hjar greatskens,
En heit yn syn oermôed,
Hjar treast en hjar blydskip,
Hjar frede en hjar ienheid,
Hjar lok en hjar rykdom,
Hjar alles is wei.
Hja grine en hja tsiereGa naar voetnoot(3),
Hja flökke de Jonker,
En wolle hjar wea op
It famke nou wrekje,
Dat berntsje, iens bithocht as
In jefte fen God.
Dat wea en dy skande,
Dat ûnk hjar oergetten,
TobriekenGa naar voetnoot(4) it herte
Fen Wytske en hjar âlders. -
Ien stien thekt de trije. -
O rêste se yn fré!
Mar wrokketGa naar voetnoot(5) en wrot er,
En wyt fen nin rêsten,
For 'n krot fen illinde
Dêr stiet hwêr for jimmer
In hûs, as in stinze,
For 't lök like boud.
Wês sterk den mei ljeafde,
Jimme âlders en berntsjes,
Wês skouGa naar voetnoot(6) fen de heechmôed,
Wês jimmer op 't iepenst,
Dat nimmer hy ynslûpt
Yn 't ergeleas hert.
D. Hansma.
|
|