Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijDe Fryske hirdsiler.Skipkesile, skipkesile,
Dêr nei stiet myn Fryske sin.
Skipkesile, skipkesile,
Sa lang as ik tôgje ken.
Wetter, wetter is myn libben,
Hinget siel en libben oerGa naar voetnoot(5).
't Libbet, popert my troch de ieren
As ik oer de weagen stjûr.
As de wylde fûgels djoeije,
't Reidmosk tsjottert ljeaf fen tean,
De eintsjes throch de weagen roeije
Mei de pikenGa naar voetnoot(6) efteroan;
As it djier yn griene weiden,
Yn de gêrzenGa naar voetnoot(7) wille het,
Oaf biskûle yn de reiden
Fiskerman syn fûken set;
Den oer Fryske markesGa naar voetnoot(8) driuwe
Yn de romme simmertiid,
Yn de lije simmerjonnen,
Makket hert en sinnen bliid.
Yn de kâlde hjerstmesmoärnen,
Wolkom, stoere noardewyn!
Moäntsje mei dyn sulv'ren hoärnen,
Wolkom mei dyn gleaune skyn!
Sûzje my throch mêst en linenGa naar voetnoot(9),
Ljocht my op de tsjust're poel!
NoärmanGa naar voetnoot(10) hirdet ier en sinen,
't Moänljocht wiist my paed en doel.
Yn de kâlde hjerstmesmoärnen,
As 't noärdwesten giert en bromt,
As de heilGa naar voetnoot(11) it wetter giselt,
Dobb'rje ik iensom op de romt'.
DiggelfjûrGa naar voetnoot(12) sit oan de toppen,
Swarte loften hingje er oer,
ThouwersGa naar voetnoot(13) fluitsje troch de stroppen,
Eangstich skoärjeGa naar voetnoot(14) ik oan it roer.
As de wite koppen stouwe,
't Skipke kreaket, hellet, sûcht;
Hingje, slepe, dweile, sjouwe,
Dat is 't libben dat my noecht.
| |
[pagina 121]
| |
NoflikGa naar voetnoot(1) is 't den thús to kommen,
Om de ljochte gleaune klûs
Fen it diggelfjûr forhelje,
Fen it wylde weachgebrûs.
As de bernkes freegje en harkje
Hwet hjar heit het onderfoun,
Moäst 'k sa 'n dei mei nôed throchfarkjeGa naar voetnoot(2),
Thrij'ris noflik is de joun.
Friezen binne wetterlieuwen;
Het it wetter wille en nôed,
'k Wol in wetterpolsker bliuwe;
'k Bin fen 't âlde Fryske blôed.
Sa, Tsjerk Hiddes, greate lieder
Fen de frije Fryske fleat,
Wier dyn libben, waerd dyn stjerren
Op it wîde wetter great.
Silen, swabjen wier dyn libben.
Hiest' net oer de weagen bromd,
En de Ingelskman bithong'reGa naar voetnoot(3),
Hwa hie den dyn namme romd?
Ja, de Vries, dyn Fryske namme
Is net op de weagen stoarnGa naar voetnoot(4):
Né, hy libbet oer de séen
Iwich, Fryske wettersoan!
Skipkesile, skipkesile,
Dêr nei stiet myn Fryske sin;
Skipkesile, skipkesile,
Sa lang as ik tôgje ken.
E. Halbertsma.
|
|