Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 119]
| |
Ald janom.Wel, boer, 't is as 't hjir fryers reint.
Is dat hjir ek in spil?
Ik bliuw net langer jins âldfeintGa naar voetnoot(1),
As dat sa langer scil.
Do Fijke yet in fanke wier,
En yn 'e widze kriet,
Do wist me yet al gau 'ris rie,
En hwêr de pleage siet.
Den lôek ik oan it widzetou,
Oaf roan 't ús oer 'e fûstGa naar voetnoot(2),
Den joegen wy hjar oan 'e frou,
Den dronk hja dat se pûstt'.
En waerd hja yn 'e kakstôel boas,
En hie hja hwet gegryn,
Den ramm'le ik mei de brulledoas
Mei thrije duiten d'r yn.
Hwet ha we wol in wille hawn!
't Wier altyd Janoms pop.
Hja sjagg'leGa naar voetnoot(3) mei my troch it lân,
En socht de blomkes op.
Hja trogg'le my de duiten ôf
Foär swiete snobberij;
Ik tomm'le mei hjar yn it hôf,
En waerd in bern as sij.
Mar nou, nou het s' in oare pleach:
De deale wit er fen!
Fê! sa'n gefljoch en sa'n gereach,
En dat fen oärljous bern.
't Is as w' in slimme síke ha,
Sa wirdt me hjir oerroun;
De masters komme er hird op ta.
Och, wier hja mar wer soun!
Den komt er wer in gielbird oan,
Dy just is út de dop.
Den lange Jelke, ús bûrmans soan,
Dy mei syn pôepekop.
Den komt er ien troch rein en wyn,
It wetter dript him nei;
Den seit de fryster: ‘Skik mar yn;
D' âldfeint ken dêr wol wei.’
Dêr sit er den, en dampt en smookt,
Krekt as in grietmans soan,
Wylst Fijke thige prikken stookt,
En ik sit efteroan.
Den jout se him hwet barndewyn,
Hwet laket se den wyt!
Den is 't: ‘Skink Janom ek 'ris yn!’
En oars krij 'k nea nin skytGa naar voetnoot(4).
Den stekt se him de fûst 'ris ta;
Den knypt se him yn 't ear;
Den smyt se him myn prûk 'ris ta,
Fê! hwet in mâl gebear.
‘Kom, Janom, jaen myn gudsGa naar voetnoot(5) hwet foer;’
Sa skikt er my den wei.
Ik bin er as de wever oer
Alear op 'e lânsdeiGa naar voetnoot(6).
Soms komme er thrije op in joun:
Den stroukjeGa naar voetnoot(7), hest sa net!
Twa ite hjar de bûk den roun,
De thredde krijt de pret.
Twa slûpe er út, en helje mear, hear
En komme let werom.
Den struenjeGa naar voetnoot(8) en snuveGa naar voetnoot(9) om hûs en
Throch skûrre en hôf rounom.
| |
[pagina 120]
| |
Den dekke se ús de skoärstiën ta,
Den komme se er ta yn:
Al hwet wy bûten doärren ha,
't Is eärsling hwet ik fyn.
Den stiet de haiweinGa naar voetnoot(1) op it hûs,
De bolle oan 'e klink.
Den skreppe en skûrre by de rûs,
En de oare deis to sinkGa naar voetnoot(2).
En gnoärje ik 'ris oer dat spil,
Den seit dat fanke yet:
‘Och, Janom, hâld je dochs mar stil:
De âlde dei forjitGa naar voetnoot(3).’
Né, boer! as dat sa langer ken,
Ik ken sa langer net;
Ik thankje jy en 't húsgesin!
Myn heärring bretGa naar voetnoot(4) hjir net.
E. Halbertsma.
|
|