| |
| |
| |
Historje Fen Dorilis in Cleonice.
Uwt it Fransche fortolcke aef forfriesche.
Cleonice.
YBinne it naet allinne (wirddige Endimion) dy it lock jin hân het; 't iz in fen-fore laytsendeaefter-grymme dy her wetten yn-printet oer al dear de Sinne syn strielen sjiet. 't Iz wier ick hab to joed to jiette nea her wispeltuwrige wifhollig heyten preauwne; mar it pittear dat ick Jo nu jiette forhelje sil, sil noagsum ypenbierje, dat dy jinge dy herre, yn it lif-lefjen fen dy waer-honige twirtop, naet forhaegmoedigje, yn wier heyt lockig binne.
It sil Jo den beleavje to witten dat it selle nea-lot dat Jo nu lyts forlynne, oppe ig fenne Carie, finzen nimmen die, dat woe, om de kreft fenne grymmerie, dear mey it trog-geanz de minsche hoffnet, oonwirck to jaen, dat ien jong Heer fen Micenen, 't Lân trog tjeande, in de oon-sjeanlyckste pleatsen senne Grajen besyekjende, einlinge yn 't Eilân Samos om-kaem, dear hy my naet so ringen fornomn hie, aef hy wirdde fen in ontwinglycke bejearte om my syn ljeafde to uwtterjen onjouwlyck oon-pricke. Dizze jonge Tjirl liet him Dorilis neamje, in wier sodienig fen al myn schiente onderrjuechtge, (on-wirddig om to in wirck-reauwe fore ljeafde to tjienjen, in socke puwck-folmecke uwtnimmenheiten az hy besiet, to fytterjen) dat hy ly cke naernse oorz om to libbjen in him to reppen, den allinne om my de twang-drieuwinge fen syn
| |
| |
on-teammelycke njue to bytjuwgjen. Myn Aders, dy him troggeans ynne Tjercke fen Juno sjoene, in dy so wol de uwtnimmenheit fen syn bloed-friuenen az de jeld fen syn aef-komste wistene, formonen in belestgene my om him wol to omtheljen in weerlieafde to gunnen. Mar dy pylle fen dy fleande Kipedo, dy minschen in Goden oerwiealdigjet, ja waems oerherschinge tiocht oer al het 'er bern in teine wirt, jiette naet field habbende, koe ick my naet bejaen to de lieafde fen in freamd man-minsche, het fortjienste in wirddigheiten hy aeaeck besiet: want (:allyck ick yn my salme petteare:) de friuenschippen dy oppe onstantheftigheit mirssele binne, binne to on-duwrheftigh. Az ick dizze uwt-lânner pleats yn myn hert jou, syn lieafde-fioere schil op ien dei oon in uwt gean, hy sil meye eerste fore-wyn wei sylle in my one wâl litte, buwtte hoop fen him ae weer to siean, aef falt it so dat hy my mei, nei syn Lân, fiert, muwlck sil hy, fenne iene aef oore siocht yn-nimd, my to heale-wei forlitte, in proppje in kroppje my mei on-stearlycke rouwe fen myn geboorte-pleats forlitten to habben om my in Lân-rinner, dy misslyck ynne wyde wrâd nin blieuw-pleats het, to onderdienigjen.
Altyd oon liet ick blyckje de jin-sin dy 'k to it minjen hie, in de jin-stânne dy ick yn my fielde azme my fen 't oerwiealdjen der lieafde to-kâtte: want ick wier jiette yn dy tyd dat ick smeitsjende ien griene jeugd, prieude de oongenamme lieafflyckheiten dy ien ienfâdige restlyckheit yn so fol-swiet-fiellycke jieren oonbringt. Ick lake in tuwlcke meye leaze oonfallen fen Kipedo, mei ynbyldinge dat al het me fen Lieafds thauwerye tolckjet inckel schaed in guwchil-schyniz, wier mei troggeans de wrâdsche gick-jeyerye uwz gaesten sin-dwelmet. Mar ick hab sont (to myn on-silligheit) preaune: dat de âde riuechtfirddige siz-reden hând habbe him blyn to schilderjen: want hy buwcket buwtte oonsiean, in de wuwnen dy 'er mecket binne so smert-fielende dat de allerklienste kreft oer-noag habbe om uwz spoar-bjuester to meitsjen, in oer to jaen yn alle yn-byldelycke pynnen fenne hele wrâd.
Dorilis az ynne wanhoape sen myn fornimmen ae to oerwjealdjen, wit naet better az de dead to syn holpe to roppen in to lioentjen,
| |
| |
oermits him da lieafde naet gunstig iz, in syn lyen to einjen mei it einjen fen syn libben: want hy hie riuechte ford, om my oonsprecke to moggen, al syn oer-tinckingen wirck juwne, in jiette koe it kleyen fen dizze onsillige Lieaver myn hert kâdder az heilstienen, in hirder az in stien-klippe dy syn stege stjuwge rotsholle mids trogge onstjoerige wetrer-waegen fenne onstommige See uwtsteckt yn 't minste naet formorfje; dy einlinge evenwol recke ynne gunst fen ien fen myn tjienst-aef-steat-Jieffers, in dear trog togong fuwne, om my yn schyn in klaed fen frouw-minsche, yn myn keamer to sjean in to wird to kommen.
Yn't oonkommen miend ick dat it in greate myn-frouw fen steat wier, allyck me my wijz-mecke hie, in forhânle mei her, yn myn binne-keamer, myn ynnerlyckste herts-beslettenheitten, ja salme de hiette herts-tochtene dy Dorilis my to-droeg, in de werz-moedige jin-wolle dy 'k to him hie: mar dizze schijn-frouminsche brocht in stjoerde my, buwtte fiele, mei in aebelheit oppe ljeafde, aef-mieljende dy trog-trapige treken dy hy forsieret om uwz wollen to kettenjen, in forhelle my hoe dat trog dy lytse stuwcker alle Goden betwinh wierne de klim-kreft fen syn wetten to bytjienst-firddigjen, dwaende salm Jupiter fenne hijmmel dolsajen in sijn slinger-fjoerig-weer-lieacht forlitten om de drieuwtwangge fen syn herts-hiettene to folgjen. Dear fen dinne stioerde hy sijn pittear oer alle godheiten fenne natuwre, trog libbene bewijz-wirdden uwt-bijldende dat it onmuwlck wier de stielene kettenen fen dizze lijtse Albetwinger to ontsluwpjen, oermits hy dogge to leste ienmiel oer uwz sryheit herschjet. 't Welck hy beteane trog it forbijld fen Apollo dy oermietlycke foreald wier op de kuwske Daphne: fen Mars dy de Goddinne Venus beminne fen Neptuwn dy ynne midde fent 't See-wetter bârne om syn Amphitrite: fen Pluwto dy uwt de djiepte fen sijn wierre werrige mingel-klompe trog kreftiger persse twingd wirdde to schieden, in dy oerschiene Proserpina, ienige schatkeamer fenne wrâd, in oontjoglijckste Nymfke fen her tyd-genoten, to schaeckjen in finzen wei to fieren: ynne somme dat it onmuwlck wier, yer aef let, in strijknot fenne ljeafde to ontkommen, dy hoe greater jin-stanne him dien wirt, hoe schealycker in hoe sorg-fâdiger hy to ontsjean iz.
| |
| |
Dit pittear mei in oontjeande swietigheit trog-huinnige, brijck al mei 'er tyd dy stienheftige kjeald dy myn hert byhyzele in az mei froast om-snie-bolwircke, om my for de oonfäl fenne lieafde fiellycker to fortjearttel-boetjen. Dizze lytse hert-sjietter ontstyck in jelde allinckom syn fioer-flamme yn myn siel, in ick wier nea better op myn schick, den az ick de schydenisse fen Danaë, Iö, aef ienighe oore Nymph hearde forslean in forheljen, waems lock ick sommes winsche, in den weerom her on-gelock beklegge.
Dorilis dy naet az nei stuwn- in stee-gunste luwcke in gloerke, om him oon my t' ypenbierjen, in my syn wolle op to offerjen, sjeande dat ick sont syn oonkommen al fry hette ontroere wier, begoe einlinge onbeditsen to gean, (de smert-flamme fen dy Twing-hert, dy him wisp-jelde, naet langer kinnende bestoppje, sonder dy laege, trog it uwt-walmjen fen ienige wirdden, loft to jaen) in my yn ien hernne fen 't hoaf allinne habbende, begoe to kâttjen in dizze minneare:
Kuwssche Nymph, ick twyvelje naet dat jo 't jinge op myn hert persset to uwtterjen greatte formietenheit tinsse sil to wezzen, in dat de minste wirdden dy Y fen my forstean sille, meer az noag binne om my uwt jon jinwirddigheit, dy my learre az mijn libben iz, to hompjen. Mar iz it in miz-diede jo to lieafjen in to tjienjen, so mot Y de hymmel, dy Jo mei socke oontjoglyck-folmecke schienheitten trog huinninghe het, in naet Jon earme minner, dy naet libbet az allinne trog 't yn-amjen fen jon lieaf-gloerjen beschildigje.
Dy hier for Jo, yn froune klaed, stiet iz Dorilis, waems silschlp Y, to hier oon to, mei leed-wezzen hân habbe. O laes je! oermoye, so Y de brân fen myn lieafde wistne, dy kreft noag hân het om my fen klean to forwrigseljen, mar naet fen stantheftigheit om my jin jon forsmaedjen to hietfalligjen oon to jeldjen; iz 't muwlck drieuw dizze wreade naetachtinge fen myn kreftige herts-njue, dy my so folle trienen kostge het, uwt jon hert! 'k Wit wol dat it to heag iz for my to sizzen op jo forleafd to wezzen, t inge dat de aller uwtsteckenste allinne nau to-stiet to dwaen: mar de natuwre, dy Jo so folkommene fordbrocht het, schil
| |
| |
misschean ienige tochte fen mei-wirddigheite, for my dy allinne for jo libbet, jon siel yn-printe habbe. To minste hab ick dizze fortreastinge (het wreatheit Y aeaeck bruwck je) dat Y my naet lette kinne, om my yn dy uwtnimmene gaven dear Jo de hymmel mei beschinst, to forwonderjen, in so dizze oertinckinge de hiettene fen myn illinde naet min jo meer miettige, de dead hie riuechte-ford myn daegen einge, sieande de hirddigheit dear de opriuechte niue fen myn inckele herts-drieuwinge mei betelle wirt.
Ick bleau op dizze wirdden oermiettene beroere; in aef de hymmel op in aegeblyck syn blixem-strielle op my smyttene hie, 'k ontheistere mei greate forwond'ringe oere stoutheit fen dizze Joncker, sonder him ien wird andert to wollen jaen. Hy oonfiuechtge my onder diz, mei bea in lioenjen, in tjuwgge oerfloediger noag, trog syn suchtjen, ho kreftig dat it fioer wier dat him so folle trienen distelearjen die.
Syn trienen, kiermen, kleyen nog bidden, hie lyckewol nin klim op myn stantheftig fornimmen, ick weer-stoe syn bejearen mei in op-bliesene litttinckenheit, him to snauwjende, so hy him naet ringen uwtte wei packe, dat hy fiele schoe de wol-fortjiene smerte fen syn onbetochte ftout-diede: in 'k hie de muwlle al ypene om myn Heite to roppen hie 'k him naet uwtgean sioene trogge aefterdoare fen 't hoaf, dy op dy tyd ypen stoe.
Dear nei, sieande dat hy naet op myn stjuwge stantheftigheit uwtriuechtje, nog dy hirdde kâdde stant-frieze (myn sin) buwtte to-gong fen lieafde, formorfje in forseftgje koe, besleat hy him de dead ynne tuwt to wyen, oermits ick syn salm-oonbiedinge forachte: aef him ynne yvigheit fen alle silschip to onttjean, om dat ick him fen myn jinwirddigheit forsmyttene hie. Hy schreau my den ien brief fol lieafds-uwt-druwckjende uwt-byldselen fen dizze ynhädde:
Schiene Nymph, ney dien de Hijmmel wollen het dat ick uwtte folmeckeheyten fen jon oer-daegjende schienheyt de oongongen fen mijn fordear tjean sil, in dat ick de hiettene fen mijn ljeafde-flamme offerje oon de foetten fen socken wreaden schienheyt az Y binne, so smaedheftige forjildinge for mijn tjiensten nutgje met, 't iz tijd dat ick my ijn in duwrheftige yensuinheyt
| |
| |
banje, om also mijn oerbleauwne daegen to eynjen: aef dat de fortwijv'linge, dy goe ijnbijldinge dy 'k fen jon gunst luwcke, aefmiet. Ick kin ijnne wierbeyt naet litte mijn stoutheyt, (ick wel sizze oon jo to ypenbierje to doaren dat de nommelheyt in de aengste, for it ongelock dat my schijd iz, forbea to sizzen) to bekleyen.
Mar y motte oerwagje dat de ljeafde blijn iz, in dat hy sijn miz-grijppe naet werre wirt for hy se begiene het. So it in suwne iz dat me him trog de kreft fen Jôn uwtnimmentheyten oer-wonne seyt to wezzene, dear iz nimmen ijnne wrâd, dy de straffe, dy Y my onrjuechtlijck lyen dwane, ontgean sil kinne, oermits de ljeafde salme, ijnne on-diede dear Y my mey beschildigje, forfallene iz. My fen jon by-wezzen t'onthâdden, schiene Cleonice, iz in besluwt dat my hird fâlt, dear trog dat ick, fen dy aegenblijcke dat ick begoe jo naet meer to sjean, ick aeaeck oonfette to stearren. Mar to wijlle dat my aef schiedene fen jon agen, yenige kersse-ljeachten fen mijn siel, ick jo yenige oongenammeheit dog, in dat Y yenige fornoeynge uwt mijn onsilligheitten tjeane, my tinckt dat ick oermiettene one hijmmel forbuwne bin for dizze gunst-njue. (az me in duwrheftigh libben fol tuwzen deaden, az mijne iz, wol diede neamje mey.) Ferre wol den, wirde Nijmphe, in forjouw my, om de krestfen mijn droafheit, dy my uwt-twingge het dit wird oon jo to schrieuwen: de stien-klippen in wijldernissen schille ford-oon it forhlieuw fen mijn illindig libbenwezze, 'k sil naet to min de oongenamme betinckinge fen jon schienheitten oonbidde, in muwlck sil de hijmmel, earmhertiger az Y jiette yenmielle, trog mijn trien stirttene berierd wirdde, in my in ypenheit for lienje om jo mijn onscheynelijcke ljeafds trouwe beschiedelijcker
to bytjuwgjen.
Dizze brief wirdde my behange trog de Sisterlinge fen dy jinge dy Dorilis yn myn keamer komme littene hie, in dy, om dy diede, lyts to fore it Hoaf romje moast. Mar ick fielde trog it lezzen fen diz ze boeck stojinge nin forandringe: want myn gemoed wirdde so lyts fenne lieafde storm-twierren recke. dat it my allycke folle wier, het me my, oongeande dy dwaen, to for schynne helle.
'k Forachte alle ydele klei-wirdden in trog-trape feinzerye, dear de Minners trog-geans herre herts-drieuwinge mei bestoppje: al myn wille, nocht in formeitse wier, my mei boage in pylle to wâpenjen, in ien wyld djier forfolgjende mei myn sjietreauwe to oer wjealdjen. Mar sont dat ick my trog de lieafde hab
| |
| |
oerwinne litten, in him myn onderdienigheit op to offerjen betwingd bin, sont, siz ick, hab ick ynne wierheit field, dat him yn to byldjen dat me de oonfâllen fen Kipedo oerwinne schoe, in de fiuecht-storme, dy hy op uwz det, aef to buwtsjen, in lit tinckene formiettenheit iz. Want uwz jinstânne tyg get naernse to az to uwz greatste forbiuesteringe, in jout oonliedinge, om mei greater oerstirttinge de gruwne fen uwz ondergong to lizzen.
Allinck om begoe myn bloed to forwarmjen, in myn herts-drieuwende oonfiuechtinge myn besluwt oerwjealdige habbende, die my einlinge onder de wetten der lieafde buwgjen, in betjuwgien dat minsche kreften to naettig binne om uwz jin dy on-omtwraesiljinde drieuwinge fen dy Twing-hert, dy sijn rolle ynne hymmel oppe ierde spyllet to kantjen.
'k Wier lange tyd onrestig-fiuechtende yn myn moed, om dizze siochte to oer-kreftigjen, myn goune frydomme it jock fen dizze Tyraen naet wollende oerjaen: in forfolgjende, hoe wol de lustpricke yn myn siel ergerlycke flamme oon-wispe, ick domppe in smorre de maestendeel fen myn ynfâllen, so ringen azze berne wierne, in trachte yn 't ringenste naet blyckje to littene, dat ick fenne lieafde recke wier, uwt oorsaeke dat ick jiette lyts to fore so forsijckeringe fen myn moeds stantheftig heit juwne hie. Mar sont ick jo yn Junos Timpel saeg, field ick socken omrieringe tommeljen yn myn binne-borst, dy my 't mom-aensichte aef-taeg, in lost for myn njue-drieuwingen joeg, dy ick to dear oon to so near in struis betwingge hie: mar boppa al, beloitsende dat de hymmel jon saeck oonnoam, in 't fornimmen fen jon dea-fijnnen britsene hie, besleat ick (het it aeaeck kostje moacht) myn winsche to fornoeyene, in jo uwt jon illinde to forlossjen, my ynbyldende dat Jo uwt de finzenisse to lieden, wier my t'ontlestigjen fen de kettingkeatten dear Jon schienheitten my so near yn beslettene hieldene: wier yn me, so wol myn trouwe lieafde, az myn greatmoedig bestean aefmiettigje kin.
'k bab aeaeck ynne wierheit trog dizze ontmiettinge (anderde Endimion) greate oertjuwginge om de lieafde to seingjen, fen my uwtte knirsseljende dead-tosschen uwt-litsen, in Joynne gaest amme to habben so greatmoedigen onderlizzinge, yn dy ty daz de hele wrâd
| |
| |
jin my lycke to aerbeidjen, to myn fordear: want yn het greatter nea-prange koe 'k wezze, az my to siean yn dy pleatse dear ick to fiedsel juwne wirdde schoe oone fioer-flamme? in dat jiette mids yn socken folck, dat myn forlern-gean naernse om winschene, az allinne om 't beforderjen fen herre ein-salme wol-feart! in naet to myn (schiene Cleonice) ick bin for dizze onforhope wol-diede allinne schildig oon jon meiwirddigheit, in naet oon 't lock, dat my, az 't yn her formoggen bestoene hie, alynne deadz grypkloerren oerlieuwere hie, so Y trog in hymmelsche meilyentheit my her wijd-gappjende gyz-tuwt naet ontlitsen hiene. Y mogge aeaeck festlyck lieauwje, dat de forjittenheit nea de huwggenisse fen dizze woldiede smoarje schil: want ick hâd my so greatlycks niuencke Jo forplichtge, dat de tinckenisse fen jon namme yn myn hert yvig yn-dold blieuwe sil: in so de to-tochte fen ien dy him riuechte ford alheel to jon tjienst op-offere het, Jo ienige forsyckeringe fen de opriuechte lieafde dy hy Jo to-draeght, komt to jaen, so bid ick dat it jo belieaft to lieauwen dat jon Aters altyd sille beslein wezye mei myn offerhanne, in dat ick Jo 't wirdste fen myn offer to-dreagje sil.
Nei dit petear habbe-se dy pleats forlitten, dearse herre, yn 't schaed fenne beamen, oermits de hiettene fen dy dei, onthâddene hiene, in noamene herre wei neye Sted Colopbon, dear de nacht herre twong to forblieuwene, fortoafjende het uwt-komste it tofal herre to-lizze schoe.
Endimion wier altyd mei in onrestig gemoed oerlestge, sieande him aef-schaet fen dat lieaflycke aeg-gloerckjen fen her dy him learre az sijn ein libben wier: want hoewol hy 't schienste byld fenne wrâd fore aegen hie, in dat hy, de gaven fen Cleonice koyende. in puwck-wondre sen 't jinge de hymmel ae faem mei beglanzge hie, sinne-klear saeg, so koe hy lyckewol sijn Cinthie naet forjitte, in 't hert-swier dat him hert-knyp, oer 't forliez dat hy hân hie, iz so on-lycke, dat hy it Stiert nea oonschoage, sonder dat fen in gear-spanninge to sijn fordear, to beschildigjen.
Cleonice siocht wol dat sijn ynborst mei aet ynwindigs to wraegseljen het, in klorcket om mei in abelheit de gruwn dear fen wyz to wirdden, in him (is 't muwlck) dear jin ienige forseftinge oon
| |
| |
to bringen: mar hy, trog it uwtterjen sen sijn lieafde to Cinthie, be-aengstige her to beroerjen, oermits jae sijn hert allinne miende to bewenjen, woe noag doarst her ninter-tyds aet ypenbierje, so oer-ferve hy al-oon mei in uwtwindige schyn-blierheit syn hertpriemjende binne-pynne. Hy forteag den ynne neiste keamer, om syn gaest, yn 't oertinsen fen syn forlynne wol-lusten, in jinwirddige illinden, fol-mietige frydomme to jaen.
Mar da hy op 't bod, dat for him to-mecke wier, laei om to restjen, wirdde him trog droagjen tuwzen gicke ynbyldingen ynne gaest ynstirt: Den tocht him dat 'er jiette, mids ondere Seerovers, dy him finzene hiene, meye ierzene ketting-boeyen rinckele: den dat de Samosers him ynne lieacht-baernenne fioergloede bedobbje woene, wier fen de seertme hy al libbne tocht to fielen: Den forschijne him weerom Cinthie schienheit; her lieaflyck luwckjen, in wyt laeitsen, tergene him om her bloei-rea lippen to muwlckjen, waems swiette paetkes hy ynne wierheit al miende to smeitsen: mar him opriuechtjende om her to om-earmken, fette naet az ledige loft yn sijn bouten, in bleau, trog dy bortlycke ynbyldinge, dy him dat droagjen foor mielle, so ontheistere, dat sijn portte 't rea scheamte-teken noag siean liet, in fen spijt miende to stearren, him so bedrag en sieande trog dy gicklycke guwchil-tinckingen dy him de droame oon-dien hie.
Aurora wier alre uwtte See-djiepte op klautere, in it Moarn-rea, de tjuesterheit fenne hymmel drieuwende, begoe de nei stebergen oon to laeitsen, doe Endimion, wirg fen 't dwyljen in droagjen ynne forfleande nacht, dy schiene Cleonice fuwn, dy her finster yp'ne hie, in her yn 't moarn lieacht begoe to klaeyen, meitsende Auroar, trog it oon-schoagjen fen dy schienheiten dear de hymmel her mei beschinst hie, beschamme.
Endimion, nei her goe-moarn winsche to habben, besleat fen Colophon neye Carie to tjean: want hoe-wol hy Cleonice allerleye friuenschippen bewyzge, trog yn-siochte fen sijn forschildinge niuencke her, so koe nog woe lyckewol Cinthie huwggenisse him naet forlitte, in hy winsche naernse om az it lân fen sijn op-fiedinge, in her jin-wirddigheit to siean.
| |
| |
Cleonice dy her ynbylde dat hy (az hy by de Carie wier) herre lieafde bekreftigje soe, sei dat, dewylle hy fen fornimmen wier to forreisgjen, it wol fuvgge to Mileten (dat twissche twijn laei, in dear her Yem haed oer wier, dy herre buwtte twyvele wol ontsiean schoe) oon to tjean.
Endimion fuwn Cleonice sizzen goe, in nei datse de forneamste besieans-wirddigheiten to Colophon besioen hiene, wier fen wol it freamdste wier it Wâpen-huwz, mei tuwzenen greatte bytlyge huwnen forsioen, dy de Colophoners brucktene yn 't fiuechtjen jin herre lânz fijne, in ynne for-oon-tochte fierdene, reisgense ford-oon.
Nu al het herre yn 't reisgjen twissche dizze sted in Mileten ontmet iz, dy forschate jin-spoeden dy-se op it rinwetter fen Meander hiene, dear Endimion, trog de onbestioersumheit fen sijn leadsman, fordrinst habbe schoe; in 't fiuechtjen dat hy uwt-stoe, jin in Satyr, dy him Cleonice ontwjealdigje woe, schoe naet oorz wezze az jiemme trog in einleas forheljen to oerdwelmjen: 't schil my noag wezze to sizzen, datse mei allerleye minnearre fen gunstbetjuwginge in wol-willigheiten fenne Sted-fâd fen Mileten, (Nicocles neamd) dy de broar fenne Kening fen Samion wier, ontfinzene wirdden, dy de oorsaeck fen herre reisgjen onderfrejende, yn dizze minnear fen Cleonice forstoe:
For ienge Jieren iz 'er scheel twissche d'ynwenners fen Ephesen in dy fen Samien ontstoen, reitsende herre Goads-tjiensten. Dy Samiensers forstoene dat Juno, Dochter fen Saturn, ja Sister in Huwz-frouw fen Jupiter wezzende, mei riuecht de foor-pleats to-kaem.
Dy fen Ephesen hiene aeaeck naet lyts to sizzen in yn to bringen dat Diana, naet min kreftig wier az Juno, in so wol de haegste eere to-kaem az her.
d'Ore steden fen Jonien pielden om dit scheel del to lizzen, mar de Uwt-seinte fen Samien trog de Ephesers yn finzenisse smytten in bewerre, besleatene dy Samiensers meye wâpenen to bekommen, datse meye free naet krye koene, in 't hele lân, so folle dwaenlyck wier, to fordylgjen.
Mar allycken 't in âdde gewoonte iz datme yn alle oon-slagen
| |
| |
mei it Goad-spreck to rie giet, om it uwt-kommen fen herre fornimmen to witten, jae kriggen, nei 't offerjen for antwird: dat de Goaddinne bejearre d'eerste dy herre oone ig fenne Carie ontmette soe, yn offerhânne to nuttigjen, in datse, buwtte dat, ninter-tyd de oer-winninge, jin herre fynne habbe schoene. De Kening, myn Heite, belestge ienige sch sijn forneamste tjienners in Schip mei alle neadtrifte to forsiean, in 't befelne fen it Orakel to folfirdigjen.
Alcidan wier 't haed fen dy binde, dy syn dregge oppe geneamde pleats uwt-wyd habbende, sonder fen immen, trog de iensumheit fen dat lân, sioen to wirdden, Endimion (dit 's de jinge dy myn hert bewennet) fornaem, dy, syn schichte ynne hân habbende, ienig wyld djier forfolge: in de pleats fen syn forblieu uwtkippe habbende, naem, mei syn silschip, ynne tjuestre nacht, dizze Herder finzen, in fierde him yn 't Eilân Samos, daer hy de Ater-betjienners ringen oerlieuwre wirdde.
'k Wier ynne Timpel-Tjercke da d'Offerhanne dien wirde soe, in d'earme Endimion laei al op it ryz-bosck om baernd to wirdden, in to in beholp dear fictorje foor Samien to tjienjen, az Jupiter, ienigste bescherminge foor myn lieaf, d'onrinchtfirddigheit fen syn fuwl-aerdige Juno naet lye kinnende, mei tonger in blixeme socken kieltme in forsleinheit ondere ynwenners stirtte, dat naet allinne alle om-stânners, mar salm alle Tjercke-tjienners, al liea-triljende, de flechte noamen.
De Presters eernen dat de Goaden aet silsums mei dit bjuester teken fore hiene, in dat de Offerhanne om 't d'oore deis uwt-steld wirdde moast. Loaitse dear den Endimion fen 't hout aef-klieuwen, in, nei it Keninglycke befelne wird, yn ien keamer, trog ienige swird-dragers, nauw bewerre.
'k Wier ninter-tyd trog ienige lieafde yn 't minste recke, mar dizze freamdeling sieande, wirdde myn hert, mei ien lustige lomme trog- in trog-striele, dog ick saeg nin uwt-kommen foor myn winsche, so dy Gorden, earmhertig oer my in myn lieaf, my nin ypenheit forgund hiene, om him fenne dead, in my fen in yvige droaffenisse to forlossjen. Siae dear, wirddige Yem, d'oorsaeke fen uwz rimpene komste.
| |
| |
Nicocles 't forstân wei habbende, noam foor, onder schyn fen friuenschip, Endimion to deyen: want hy meende dat hy syn Nift bedraeg, in om her to scheinen wei fierd hie, in dat d'oongloerckjende friuenschippen, dear hy Cleonice mei onderhâdde, oorz naerne om wierne az syn miz-diede to oer-huinnigjen mei in schyn-lieaflyck klaed. Hy die syn ried forgearjen, in Jae besluwttene dat Endimion, om az foorbyld to tjienjen oon oore, dy herre yn allycke on-diede to buwtte gean moachtene, libbene for baernd wirdde schoe.
Me miercke dy tjienstige stuwneuwt, dat hy, te wylle Cleonice mei her Niften ijn 't Beam-bosch wandere, yn 't Palleis bleaune wier, in sonder him ien wird to sizzen sleatme him ynne finzenisse. Hier kamen him op 't ny ijn oertinckenisse sijn foargeande jinspoeden in sijn jinwirddige illinden. 't Iz him onmuwlk de hiette gjealp fen sijn trienen yn to hâdden, in de tijzelinge dy sijn gaest forbiuestere in beroere iz so-dienig, dat hy, so hy 'er middele to hând hie, sijn hannen yn sijn ein bloed om ferve habbe schoe, de ontreastlycke wan-haepe naecke him, to meer om dat hy de wierom fen dizzenye finzenisse naet wist, dy him swierer fiel az tuwzen deaden, aef het him oors aeaeck stoe to lyen.
Schil ick wispelturige Fortune (gâlde hy) de ienigste ter wrâd wezze, dy to in buwt-roave fen jôn wreade plaeg-sjochtigheit tjienje schil moatte! moat ick, to in foet-scheamele fen jon lichtfirdige greatheit, steez oon op 't hert trape wirde! in schil mijn uwnck in holp-reauwe aef klieuw-learde to jon op-bliesene gloarje in great-namminge heerlijckheit wezze! in iz 't naet noag dat Y my, to hier oon to, alle jinheitten, dear Y ae, heel Ducalions teamme, mei hoffenje koene, allinne oppe hals lizze! om my ondere swierte fen jon red to onder-druwckjen, in de illindigste fenne wijde waâd to meitsene! so Y so bejearrig binne om jin mijn wolfert oon to kânttjen, in so Y quae binne dat Y my, de iene aef d'oore tijd, ienige fornoeyinge to komme litten habbe, wierom fier Y jon grym-hiettene, yn ien aegenblijcke, naet uwt, in eingje myn libben, my op-offerjende oone wreadheit fenne [Percquen] Nead-schicksters: sonder my langsom to rae-braeckjen, fen lan to lân om-liedende, in tommeljende fen 't iene uwnck
| |
| |
yn 't oore, allijck in schip sonder mest in sijl-arck, dat jins in weer, trogge onstommige wetter-waegen slingere wirt.
Doz-dienig wierne de klei-wirdden fen dy illindige Endimion, dy naet wist het Nicocles 'er mei foare hie, nog wierom dat 'er him finzen set hie.
Cleonice kaem onder diz weer yn 't Palleize, al wer jae her lieavert naet sieande, nei him fornoam, sonder ienige sijckerheit dear fen to bekommen, want hy wier so gluwppen finzen, dat'er nin gerofte fen mompele, in dy him laet hiene wier 't om naet t'ypenbierjen, oppe hâls forbean. Jae socht trog it hele Palleis, hinne in weer, dear-se tocht dat hy him bejuwn habbe moacht, in forsliet in hele dei, om ienige tynge fen him to fornimmen, eerse, ienige quea tinsen fen sijn genegentheit fettje koe, mar da se him naerne fuwn, begoese einlinge dy kliene lieafde, dy hy her, sont herre fortjog fen Samos, bewyzd hie, oer to tinsen, in dat oermymerjende, lieaude dat hy gien wier dear him de wyn best fuwgge in ford holpe koe, bekleyende her uwnck, in 't foeide oer herlicht-leauwigheit, so rimpen trog de lieafde fen ien freamdeling, dy-se so lyts koe, yn-nimd to wezzen, in hymmel in ierde, mei graeyen in trien-suchtjen fordoafjende, uwt-perssene her doz-dienige kierminge.
't Iz den wier. schelmheftige Endimion, dat Y my, nei alles het jon hert winschje koe fen my nuttigje to habben, forlitte! dat Y my ynne deads tosken. nei jo uwt sijn kloeren forlost to habben, oerjane! O hymmel, kinne Y dizze on-jouwlycke langer hin ynne sinne forloftjen siean, sonder de gleante fen jon wreckfioer. op sijn holle to stirtten, in him sijn riuechtfirddige fortjienste to forjildjen. Kin me aeaeck wol biusterer schelm-diede forsierje, az dizze dy jin my uwt-wircke wirt! 'k hab om sijnenthalve myn ein lân, Aders in friuenen forlitten, de jin-spoede in moei-silligheitten fen in fiere reise lit, ja 'k bin tuwzen-mielle neâ-twingd west, aet to dwaen to syn behage, om syn wol-wollentheit to bekommen: 'k hab all myn friuenen in schânlycke neitinsen, fen myn diede, nei-litten, ja 'k hab my naet ontsioen, om him to solgjen, myn eere gin-nacht to sizzen: 'k hab him ontfijttere uwtte dead-bânnen dear him it grymmene To-fal yn
| |
| |
knoatte hie. 'k Hab alle belettinge in swierigheiten, dy syn libben bekomm'rene, uwtte wei macke in forbritsen: in nu forachtet hy my ynne pleats sen wol-fortjienne forjildinge, tuwlckjet mei myn suchtjen, in stoppet sijn aeren for myn kiermen! ô laesje! de hope dy 'k fen sijn opriuechte trouhertig heit hie iz ringen fordwyne. 'k Onthiette my in bergge lock-sillig heiten fen sijn on-weergaedelycke ontmiettinge, in de swietheit fen so greaten goe, forsmoarre 't oertinsen fen alle pryck 'le dat ick to wetter in to lân lynne hie, in jin-wirddig bin ick yn ien freamd lân it tommel-sjochtige To-fal oer-lieuw're, in alle betinslycke on-gelocken ynne tuwt smytten! Endimion het my forlitten to tyd az ick my trog sijn gunst-uwtterjen miende to forhuwgjen, in iz aef-gien sonder my sijn fornimmen to ontbleatjen, hie hy my jiette sijn leste ferre-wol juwne, in de wieromme fen sijn fornimmen forklearre, mislyck hie 'k syn besluwt goe fuwne, mar ick blieu allinne fen myn lân aef-schaet, buwtte hope fen yenige by-stanne. O! het iz my, nei dizze grym-tyd oer, az my oone knip-schiere fen Atropos op to offerjen, in myn daegen to einjen, om de rin fen tuwzen oon-lieappende uwncken, dy my oere holle hingje, ja al riuechte ford de aefter-koezen siean litte, to stoittjen, to minste schil my de dead alle to-kommene pryck'le ontlestigje, in ick sil mei dizze fortreastinge stearre, dat ick de schienste Herder, dy'er ynne wyde wrâd ae wier, lieave hab.
So-dienigh wierne Cleonice klei-wirdden, dy her yn her sliepkeamer alle fortein hie, buwtte wittene het Endimion weerfearne wier, in dy freaslycke rie dy jin him nimd wier.
Mar allyck trog-geans ynne aller-uwtterste neaden, de hymmel uwz, om uwz fen 't uwnck, dat wy re miene fore hânto wezzen, yenige holp mylde midd'len to stjoert; so fuwn Endimion yn dy selle nacht az hy yn 't finzen-huwz besletten wier, midd'le om in traelie uwtte finstere to wrickjen, in ynne graeft dol to sljoerckjen, trog beholp fen yen ein merlynne, dat hy yn syn finzenisse fuwn, in de slagh also ontwycke, noam de flecht, so schuwl-sluwppjende az him muwlck wier.
d'Ore deis gebea Nicocles dat alle kryghs-ljue herre firddigh
| |
| |
hâdde schoene, om d'execuwtsje by to wenjen, mar do hy sorstoe dat Endimion ontron wier, in dat hy de tekenen fen syn ontkomminge fore aegen sioe, tocht him fen spyt to borstjen, ja fen rasene liette him salm oon to taesten, mar yn syn gaest oerwaegjende wa dat yn dit freamd to-fâl, to 't ontsluwpjen fen dizze jongh-feint, so wol to passe beholpsum moacht wezzen habbe, tocht him dat syn Nift Cleonice mis-schean aets heerd, in 't besluwt fenne ried, oongeande de dead fen Endimion, fen her Niften moaght forstien in socx him to witten dien habbe, in ford mey yen midd'len to sijn ontfluchtjen forlienge habbe. Op dizze onfondearre ynbyldinge die hy her, ynne pleats sen Endimion nimmen in az in onnosel slacht-schiep neye Offer - Timpel lieden, onder schyn fen ynne onstitsene fjoerflamme to beprieuwen aef jaejitte al maegd wier.
De heele sted sorgearre om de uwt-gong fen dizze droavige forteanninge to siean, de Offerers rônen fest oer al om 't fjoer oon to jeldjen, in ho kreftigh datse yn herre ghewitten oertjuwgd wierne het in on-riuechtfirddigheit datse uwt wirckje schoene, jae firddene herre alle gearre, het d'offerhânne aesche to beforderjen, om datse de aerd fen Nicocles, dy him nintertyd to riuechte formecke den yn 't bloed-stirtten senne on-schildige, koene.
Cleonice wier uwt 'er miettene forwondre oer dizze op-rin, in fornoam dei-klear dy ruwn-inckele trouwhertigheite fen Endimion, in dat hy her naet uwt on-trouwe forlitten hie; jae wier op her salme forstoard oer 't quae-tinsen datse fen sijn lieafde hân hie, in oon ore ig bly datse de flamme to'n Offere tjienje schoe, om her Yem de falsche ynbyldinghe fen her on-eere uwtte holle to jeyjen, (want me hie t' oore tyden befuwnne dat nin Maeghden fen dit Ater-sioer ae beschaedge wierne.)
Nicoclea Huwz-frouwe fen dizze hird-aerd, loaitsende her Nift yn libbens pryckle, gryp him in 't hert trog trien-biddene in lioenjen, eernjende him to fen de friuene plichte dy er de Samosers Kening syn broar schildig wier, in dat hy ontwyvelycke
| |
| |
trog it deyjen fen Cleonice d'yvige haet fen her Heite oppe hâls helje schoe, in dat, wier 't dat Endimion her schaeke hie, jae him to dear-oon-to, buwtte quetsinge fenne maegdomme, naet neifolge hie.
Mar dizze onforlit schomjende fen wreck-hiettene az in wylde Bârg, naet niuencke sijn Sisterlinge, mar jin Endimion, dy de flechr nimd hie, ântwirdde dat, oermits de saeck so fier komn wier, me dear mei ford in d'uwt-komste fen 't oordeel fol fiere moast; dogge om 't wyzde hette to forseftjen, koe'er immen ynne sted fuwne wirdde dy, ynne stee fen Cleonice allyck jae her yn Endimions pleats steld hie, him de gleonte op-offerje woe, jae fen 't fioer forlost wezze schoe, mar datse oorsins de dead naet ontgean moacht, sonder oongeande her maegdlyckheit lottre to wirdden, in dat yndien jae her klear bewisse wier, nin aengste behoafde to habben, oermits de flamme op her naet fettje schoe kinne.
Nicoclea dit ândert fen her man bekommen habbende, hoe wol jae yn 't minste oon Cleonice eer-bewerringe twyvle, woe her lycke wol nea ynne pryckle fen 't fioer oer-jaen, so 't her muwlck wier ienige rie dear jin to fijnnen: Jae liet den oer-al trogge sted fen Mileten uwt-roppe, aef misschean immen syn libben sed wezzende, in trog jin-spoede neye dead winschjende, him it uwtspritsene oer her Nift op-nimme, in yn her pleats tredde woe.
Dogge al her woelerye wier om naet, want dear wirdde nimmen fuwne dy sin hie Cleonice to forlossjen trog sijn ein dea, al de jeugde fenne sted wirdde wol it yngewân om-rierd oer 't jinge dat 'er schean schoe, in her schienheit oer-waegjende, fieldene-se ien sjieddende op-drieuwinge to her forlossinge, mar sieande de middle wier trog, liet elckom so kâd az in deadde de holle hingje, in hie nin mei-lyen noag om him salme yn dizze uwtterste illinde to bedobbjen.
Loacke dear den d'illindige Cleonice, dy ynne ypenbiere pleats, om ynne flamme smytten to wirdden, al brocht wier, dearse naet so ringen kaem aef jae tocht oon Endimion, dy-se t'oore tyde yn allycke jamre sioen hie; Jae seint tuwzen hert-suchtjen neye hymmel, in ropt de Goaden om holp oon: mar it lycket dat de hele
| |
| |
natuwre op her libben miercket. De sinne forschuwllet him om dizze gruwle-diede naet oon to schoagjen, salm de Melesers litte noag blyckje datse great hert-swier habbe dit proncke byld oon to siean om to in fiedsele fenne fioer flamme to tjienjen, dear iz nimmen bly den allinne Nicocles, dy yn ien koets-wein rydt, mei in biuester ontstitsen gelaet, forwachtjende dat dizze faem, nei sijn ydel besluwt, for sijn aegen ynne iessche leid, in nei her misdiede riuechtfirdig straffe wirdde, mar hy siocht him ringen fier fen sijn fornimmen forschaet: want da de Presters de wispen, om 't fioer oon to stecken, ynne hânnen hiene, loaitse hier in jonge tjierl him willig oonbieden om ynne pleats fen Cleonice op-offere to wirdden, buwtte wittenschip wa-se wier, oermits hy so daetlyck ynne sted komt, in wier meer trog wan forsleinheit, om naet to 't wyt fen sijn lieafde reitse komme to kennen, az drieuwende herts-tjog to dizze Nymph, to docken diede nead-twingd: de wyde wrâd wier oer dit great-moedig fornimmen sorwondere: in dear wier nimmen dy naet mei ondilde d'uwtkomste fen dizze twyvelheftige dwaen forwachtet.
't Wier dy on sillige Dorilis dy uwt it Eilân Delos, Apollinis bernepleats, uwt oorsaeck dear forachtinge dy Cleonice eeren fen sijn oon-biedinge hân hie, fortein wezzende, trogge See-roavers nimd west wier, mareinlinge middle fuwne hie herre wrea-twang to ontsluwppjen, in da so lyts wirck fen syn libben mecke, dat hy yn 't beforderjen fen syn dea him salme greatlycks seinge, ynne fuwggen dat hy it gerop fenne offerhanne, dy 'er dien wirdde schoe, heard habbende, besleat her to forlossjen, in her pleats to beklaeyen, him lockigh achtjende immen trog syn dea to forplichtjen, oermits hy yn syn libben nimmen yn him hie forbynne kind.
Mar az hy mids ondre Offerers laet wirddende Cleonice, ienige oorsaeke fen syn forlynne ongelocken fornaem, forandere syn droaf-hertigheit yn bly-gaestigheidt: hy styck syn hannen omhaeg. az aef hy de hymmel for socken lock silligen ontmiettinge taensje woe, in kaem her (de triennen ynneaegen) me dizze wirdden om-earmken:
Ist muwlck, schiene Cleonice, dat de hymmelmy, nei so folle
| |
| |
forlynne jin-spoede, dizze wol-diede det, fen my so wol to tyde, yn dizze pleats dear 'k jon libben trog myn dead kin behâdde, stioerd to habben: in dear 'k jo sijckere tjuwggenisse sen myn oneinlycke lieafde, dy Y t' oore tyde so forsmaedlyckene wei smytene habbe, kom to jaen? ô sillige dei! ô wol-oongenamme ontmiettinge! ô lieafde forjou my, dat ick, to hier oon to, so follefâddige klei-wirdden jin Jo dien, in dy forschate uwt-wirckinge dy Y yn uwz gaest stirttene, begnoarre hab! 'k hab fen jo naet meer to aeschjen, nu dat Y my, nei 't oer-kommen fen tol-bjuestere jin-stietten, so greaten, in onforwachtene lock forschafje! Einlinge schiene Cleonice, it to-fâl iz for myn kleyen fiel ryck in earmhertig wirddene, in het, mids ynne illinde, dear jon wreadheit my yn brocht het, to-gong forlienge fen jo, so ick jo naet oongenamme wezze kin, to minste for derlyck to wezzen. Forgunje my den, eer 'k my ynne flamme jou, Jo d'onhiermlycke brân, dy myn siel uwt-tert, ypenbier to meitsen. 't Is de krest fen lieafde dy my twingt for jo op-offere to wirdden, Y mogge aeaeck wol ljeauwe dat dit it yenige formeits iz dear ick nei langhalsjende de hymmel om terge hab: Libbje den myn haeg-beminne Cleonice! libbje lock-sillig te wylle jon Dorilis mei in forhuwgge gelaet sijn libben foor jo to beste jout. De hymmel hie my jiette meer forheerlyckje kind. mar so 'k trog dizze diede besitter fen jon genegentheit wirdde mei, 'k bid dat de huwggenisse fen myn namme by jo onforjitlyck wenje, in dat nei dien de fioer-flamme my to'n graef tjienje môt, 't oertinsen fen myn eerheftige njuedrifte jôn hert, to minste, yvig yn-dold blieuwe mei; dit 's de ienigste forjildinge dy 'k fen Jo aesche.
Cleonice, sieande so stantheftige lieafde yn Dorilis, wirt oermietene ontroere, in fielt her so libbne trog sijn wol-wollentheit oerwonne, datse her trienen naet langer binne hâdde kin. Jae wraegselje wa fen beide op 't bârn-hout tredde schil, Cleonice dy al-re aef kleaune wier, woe naet dat herenthalve so uwt-nimmene Ridder stearre schoe, Dorilis hâdde naet aef fen for-gean, in gebea de Offer-ljue datse him yn 't fioer wye schoene.
De hele sted forwondret him yn 't oon-siean dear stantheftigheiten dizzer twa geleaven, in nimmen kin him fen gâljen ont- | |
| |
hâdde: alle man iz hert-reitsene bedroafd oon to siean dat dy djiep-lieafdige njue fen dizze jonge Grieck to in flamme-fiedsele tjienje môt: jae oerwaegene yn mei lyentheit hoe fier hy trog lieafdes oerkreftinge brocht wier.
Nicoclea de droafheit dy-se yn 't oon-loaitsen fen dizze trientaepjende forteanninge nutge, naet langer hierme kinnende, koam her, mei begâlde wangen, for de foetten fen her man dellizzen, dy uwtte muwlle fenne Praesters d'aef-komste, in de oongong fen sijn lieafde forstien habbende, herre beid it libben schinste, in d'ontstitsene brân, dy al begoe neye wolckene op to laegjen, uwt-djiepte liet.
Yn ien aegenblycke wird 'er ien uwt-littene Lân-geane yn 't blier-laeitsende gelaet fen alle Melesiers bespoarre, in dear wier nimmen dy nin sonderlinge fornoeyjinge, ynne lockigge ontmiettinge fen Dorilis nutge, in de hymmel tancke fen him so wol to tyde yn herre sted laet to habben: Ynne foegge dat dy flammen, dy om 't libben fen dizze geleaven uwt to bliezen, in de oon-loaitsers mei droafheit, fen wegen dy wreade diede to priemjen, ontstitsene wierne, yn ien freugde-fioer-baeken; in it aecklycke moartkrieslchjen fenne Offer-Pâpen yn ien seingjen forândre wirdde. De hymmel liet sijn fornoeyinge aeaeck blyckje, fordrieuwende, trogge striellen fenne Sinne, dy tjocke wolckne dear hy synaensichte mei, om dit wreade on-bedrien naet to siean, oerditsene hie; in to greater forsijckeringe fen 't wol-behagen dat de Goaden oer 't forlossjen dizzer geleaven, hiene, liet Jupiter him trye reis oone lifter syde hearre, wier trog de Presters forstoene datse de boast-forgearinge fen Dorilis in Cleonice goe-kindene; in yn der diede so wierne-se naet so ringen yn 't Palleise kommen aef Cleonice oon her lieavert tuwzene betaenssingen, for syn trouwe oon her yn her uwtterste nead bewyzge, dien habbende, forsmiet Endimion, in beleauwe dat nimmen az hy aeher ynborst besitte schoe.
't Iz onmuwlck Dorilis blyschip uwt to bylden, dy hy trog dizze wirdden bekoam, want hy de forgeande dei dit lock naet forwachte, in hier siochtme dat de hymmel ien besondre foor-sorge oere minschen, herre yn ien aegenblycke uwt de gruwne-dobbe dear illinden, dearse foor altyd yn forfâlne miene to wezzen,
| |
| |
op it onforsioenste tjeande, in de lockighste to wrâd meitsende.
Nicocles stjoerde ondertwissche sijn Sein-boden nei Samos, om dy Kening it wyttene to dwaen dat sijn Dochter to Mileten wier, wier ane him mei befuwn sijckere jong Heer fen Micenen, dy her Booste forfirdge.
De Kening dizze mie heard habbende, fortolkese in deelde-se oon sijn Keninginne, dy sont her Dochters uwt-wezzen yn greate droafheit libbe hie, so ringen az hy koe, mei; in herre beide gearre yn dizze lockige to-schickinge forhuwgjende, diene twa schippen om Cleonice in Dorilis to geliedene aef-ferren, doz gingense, fen Mileten aef-schiedende, yn 't schip fen Meander, dy herre forspoedig yn 't Eilân Samos oer-schype dear-se mei de uwt-littenste wille, nocht, in blyschip fenne wrâd ontfinzen in onthelle wirddene.
UWT.
|
|