| |
Dy fjouwer-in-tachtigste Psalme.
1. Foor dy oerste Sjong-maester, op de Gitthith: Yen Psalm foor dy bern Corah.
2.[regelnummer]
HO ljeaflijck, blier, ho swiet, ho njue,
Jon wenjen binne' oon' fromme ljue,
O kreften Heer! oer-heer der Heeren.
3.[regelnummer]
Mijn siel dy smachtget, trog bejeart',
Neye' uwre, stuwne, tijd in bert,
Om ney jon huwz, in tjienst, to keeren.
Mijn hert, mijn flesck sijckt romte' in bod,
Om naeckjen de' oer-tijd-libb'ne God.
4.[regelnummer]
In swaeltje', ho lijts, in kliene Môsch,
Fijnt aerne' yen teck, yen beam, yen bôsck,
| |
| |
Dear-se' aey in jong, yn 't nest mey lizze.
O? ô jon Aters, kreften Heer!
God, Kening, to-flecht, treast in eer'!
(:O, ô jon Aters, mey 'k wol sizze!:)
5.[regelnummer]
Wol herre dy (yn herte-gloed')
Jo prijzje', yn jon huwz, t'wijll' 't iz joed. Sela!
6.[regelnummer]
Wol, wol dy minsche wol-beret,
Waems kreft, ynn' kreften God, hecht fett'.
Wol herre waems hert troyt sijn paden.
7.[regelnummer]
Want, gean'se trog 't torr' Moer-beamt' dol,
Yn druwck, jae sijnne wetter-fol,
Goads born-dobb', mijld wiet fol genaden,
Jae wirdde' oer-dript, oer-dauwe', oer-reyn',
Meye' yvig' swiete hymmel-seyn'.
8.[regelnummer]
Jae rinne' al ford, fen kreft to kreft,
Fen heap to heap, (:naet sluwg nog seft:)
Om God yn Syons Tjerck', to neackjen.
9.[regelnummer]
Hertse' Heere', Okreften-God, forhear
Uwz bea, dy lellet oon jon ear:
O Japicx God! litte' oer uwz bleackje
Jon frjuen'lijck eags bly-ljeaflijck sjean,
In litte' uwz bea jon ear yn-gean.
10.[regelnummer]
Loytse' oon, ô God, uwz schuwlle'uwz schild,
't Smerde' eansicht', (fen jo salme' yn-hild'
Az haed, 't folcx tjuester scheel to klearjen.)
| |
| |
Want yen dey, yn jôn huwz, iz fier
Yn wirde' oer, oor' weys jier op jier;
Ick kerde' yn jon huwz 't Doar bewearjen,
Foor 't wenjen yn godleasheyds slot,
Heag oon-sjoen by 't folck freamd fen God.
Want, uwz God iz uwz schild, uwz Sinn',
Hy schinst sijn folck, om naet, uwt minn',
Gunst, oer herts tins, oer tongs bejearen.
Hy weg'ret nin winsck-wirdig goed,
Him, dy, mey from oprjuecht gemoed,
Sijn paed begiet, yn deugd in eeren.
O kreften Heer! wol sillig hy,
Waems hope' anck'ret allinne' yn dy.
EYN.
|
|