| |
| |
| |
't EErst dat God joe, joe me' him weer,
Ynne' âd' wets tijd. Ick bejear'
Eack de' eerste' opgong fenn' deys klearjen
God, mey Dâvids tanck-luwd t'eerjen.
Dy hondert-tredde Psalme.
Yen Psalme Dâvids.
1.[regelnummer]
LOf-sjong, mijnsiel, lof-sjong uwzljeave HEERE,
O hert, ô herte-gruwn' sjong tanck in eere
Sijn heylge Namme', al het iz binne my.
2.[regelnummer]
Lof-sjong mijn siel, him dy dy't swiette'oer-reyne,
Trog wolfert', goe op goe-died', seyne'op seyne',
Forjit dy nin, mar mirsseljese' yn Dy.
3.[regelnummer]
Hy schinst dy quijt all'on-rjuecht wird in diede,
Dy fen elck-oor', dijn God in dy oors, schiede.
Hy heeljet al dijn sjochte' in smertigheyt.
4.[regelnummer]
Hy het dijn libben 't Graefs fordear onthelle.
Hy het dijn holle' om-kroone'. Owaschoe telle
Oer dy sijn on-gruwn' djiep' barmhertigheyt.
5.[regelnummer]
Hy het mey swiet', mey djoer' oer-wirdde' goeden
Dijn muwlle proppe' in sed mecke', yn oerfloeden,
Wier trog, allijck in Eern', for ny 't dijn jeugd
6.[regelnummer]
Hy iz de Heer dy eerne, dy rjuecht rjuechte
Oer 't rjuecht dat wirt, trog onrjuechts twange oerfjuechte,
O fill'ge deugd! ô wirdde hymmel-deugd!
| |
| |
7.[regelnummer]
Hy het trog Mosis, sijn trouw' tjiener, litten
Sijn wird, sijn wey, sijn wetten dwaen to witten
Oon Israël, sijn folck, fen team' to team'.
8.[regelnummer]
Hy iz barmhertig, frjuenlijck, fest, goe-diedig,
Hy iz to toarn'loom, traeg inlang-beriedig,
Hy iz salm-mijldheyts-steez-oon-fruchtb're-Beam'.
9.[regelnummer]
In grijpt hy twist, dy schil naet oer-lang doerje,
Sijn frjuenlijck hert kin toarn' naet lang beroerje,
Want hy naet lang dy hietten yn hem fet.
10.[regelnummer]
Hy sil, mey uwz, ney suwn'-wirdy', naet hannelje
Nogg' ney 't wy onrjuecht, krom in oef-weysch wannelje
Sil hy uwznaet forjildje' al t'onberet.
11.[regelnummer]
Want, ô so heag az Hymmels ruwne' oer-ruwne
Draeyt boppe de'yerd', weyn 't boppe wetters gruwne,
So heag forheag't hy sijn goetierlijckheyd,
12.[regelnummer]
Oer dy him freezj'e. O so fier Sinne' op-klieuwen
Yn 't east fen 't west scheelt, het hy, yn 't fordrieuwen,
't Dwerz paed fen uwz kromm' miz-gong uwz ontleyd,
13.[regelnummer]
Ho djiep eack aerne' in bern'-mijld-ljeavend' Ader
Eyn bern to herte giet, uwz Al-behader
Tjocht eynleaz meer, sijn Freezers djiep to hert'.
14.[regelnummer]
Hy wit, hy wit het meytsel-wirck wy binne,
Moude', yessche', yerd, stof, sân dat licht stuwt dear hinne,
In liemen fet dat ringen britsen wirt.
| |
| |
15.[regelnummer]
Allijck it gerz so binne' uwz Minsche deagen,
Allijck it bloey-blomm' stearttrog twierre-fleagen,
Allijck, blomm'-kirt, ford-fleande', iz Minsche tijd.
16.[regelnummer]
Komt mar oer him stjoer' on-waers grijmme stribbjen,
Dy bliest, az kersse, uwt, jeugds fjoer, glanzjen, libbjen,
So dat sijn pleats him, jâ sijn tins, wirt quijt.
17.[regelnummer]
Mar God schil sijn goetierlijck eag-weyts' weynje,
Oer dy him freezje', in dat schil nummer eynje.
Oer in oon berns-bern sijn gerjuechtigheyt.
18.[regelnummer]
Jerm' dy fen herten sijn forbuwn' bewearje,
In sijn befelne' oer-koye' in rjuecht befearje,
Om so to dwaen az hy uwz dear yn seyt.
19.[regelnummer]
God het sijn Troon ynne' Hijmmel heag befestige,
In al het iz wirt trog sijn left belestige,
't Heele'-Al buw gt for sijn Rijcx ontsjogb're roe.
20.[regelnummer]
Lof-sjong God, Ing'len helden great yn kreften,
Dy steez-oon, oon sijn ker tjienst-firdig jeften,
Om to rjuechtjen 't wird dat hy ae joe.
21.[regelnummer]
Lof-sjong God al sijn heyr-kreft great on-miett'ne,
Lof-sjong God, dy ae tjienners Goads rjuecht hiett'ne,
Dy libbje, dwaene' in eernje ney sijn wil.
22.[regelnummer]
Lof-sjong God, al sijn wircken great in wond're,
Yn sijn on-eyn'-great hersch-pleats: Mar ynsond're
Mijn siel, Lof-sjong God, swy dy dogg' naet stil.
| |
| |
GAestig' Gabb'ma dy dit sjongen
Fen mijn Goadsfrjuens friessche tonge
Eeg'ne wirt, oonfird'ge it hoasck.
So de lest' fen mijn sill'gboasck
My naet dol-treauw' in hird druwcke,
Ick schoe de' holle bet op-luwcke
Mar nu 't iz so 't iz, mijn Frjuen'
Broare' in Stalcke wirt it suwn
|
|