| |
| |
| |
Tijd-kirtige Pittear lanze wey,
twissche Egge, Wyneringh in Goadsfrjuen.
It buwtte Lán’ It ynn' steds libben ker,
Wirt plachte' oer' hân’ In wijzge' ijn Goadsfrjuenswer.
WYNERING, ho! doz gnepper gled?
't Is Snjuen, ick tinck y gean' ney' Sted:
Ick wird jon silschip, toave' in bijtke.
Ey gau den Gea-man; my wirt wijtge
Dat ick to let to mercke kom:
Mijn gong falt traeg; de wey iz krom.
Ho môt in Huwz-man steez oon rinne,
Trog tjock, in tin, oer miedde in Finne,
Yn wiet, yn druwg; den hiet, den kâd;
Al wirtme klomsck, in traeg, in âd;
Dear 't Sted-folck bye druwgge stritte,
Fen modder, Waese' oef wiette witte.
O wenne' ick ynne Sted! my tingt
't Iz klinck-glear goud al het'er blinckt.
| |
| |
Mar Egge! Broar, y binne derten,
In buytte gay! tinck y 't fen herten?
Ick hab wol tuwzen reys oertocht,
O dy so sillig wenje môcht,
In dwane' in binne-huwsche neering',
In keappenschip oef oore' hanteering',
In Piss'-beloytser, yn Brabier,
In Abbekaet oef fock in djier,
Jae smeye 't jild yn blauwe secken,
Al sonder swit oef ljea to brecken:
Jae habbe macklijck winsck in wâd,
Ja alle wille fenne wrad.
Ho fet soppje' oore ljue petiellen,
In boerr'-ljue Ky ja greate Miellen:
Mar ljeau it fry, mijn Frjuen, ick siz,
It lijcket sommes meer az 't iz.
It schijnt rea-boeyter oone beamme,
Al is 't nin tomm'-brie binne seamme.
Al tilde my de Sted ynn' topp',
So joe 'k, om 't Lân, de Sted de schopp'.
Ick keaz de romme Lôft, fen boeytte,
Eer ick my liet ynn' Sted besloeytte.
Dy môt, had' wachte' in Burgers-lest,
It ypen Fijld befalt my best.
Ho woene' y sill'ger dwaen byrinne,
Az 't lockig libben dear w'ijn binne?
| |
| |
Uwz flesck in speck, trog, 't hele jier,
Tsijz, boeytter, môlcke, jaene' uwz djier,
It hiem jout boeyss'-koal, wirtlen, rapen,
't Hoaf kerssen, perren, prommen, âplen,
In 't Sie-làn folt uwz Berge', in Schoerr',
Dat jane wy goe-keap oef djoer,
Al ney de jier-gong' schreag oef myld iz,
It lyts gemienlijck djoer fen jild iz,
In ripsje wy 't oerfloedig yn,
Al jilt it lyts, dat iz nin pijnn',
De mennigte kin jiette gearje.
Het keappenschip soene' y bejearje
So from', so nolck, so ruwn, so rjuecht,
So nommel so yenfaadigh-sljuecht?
De Sted bret lease tjuest're laegen.
d'Yen' sijckt dear de' oore to bedragen,
Yn wirdden, yn omthietten licht
Eack schort it wol oon miette' in wicht.
Ho beestigh kin him yen forgissje,
Dy ordenearet ney 't y pissje?
In donget hy den 't Tjercke'-Hoaf, fet,
Sijn wruwg-wierm pricket yer in let.
d'Yen' krincket hy wit, sin in wezzen,
d'Oor', reyts wol hab wol, wirt genezzen.
In oor' nimt lean, om dat hy smerr't
Jôn earm oef schonck, dy hy fordeart.
In oor' wit neye kinst to bijzjen.
Hy wit jôn rjuecht so krom to tijzjen,
Dat jon rea-flinders schien forfleyn,
Y witte fen nin plachtjen eyn.
Frjun, dy 't doz schraepje gearje' in heapje',
Het schilles' neymaels 'er for keapje?
| |
| |
Jae bjealgje troggeans dol in fol,
De sinnen rolje hol oer bol,
Doz giet de Kruwck' wol langh to wetter,
Mar recket yn it eyn to pletter:
Naet fry fen ljea-breck, smerte' in swit,
Ney jo tinckt, dy naet better wit.
Kom ick ynn' sted, dear sil ick fijne
Myn Lân Here, dy swit fen pyne;
Hy wrieut, hy kiermt, hy sjocht so tjoe,
Naet oorz az oeft hy kacke woe.
Ho komt Lân-here' yn dock beswieren?
Ick joe Request yn, folle Jieren,
(Den wyst syn gong stoack': ey! wyck'! wey!
Stae! blieuw'! moart! kom my naet to ney!
Yn 't ein, nei 't Bjear-in Wyn-gelaegjen,
Forkrigg' ick Fiat, mei dit plaegjen:
Nu neamtme my in Podagrist.
Ick toght, Y binne wol forgnist:
Op socken wetter socke Fisken.
Syn Boerr'-man sjog ick ondertwissche,
Fordrinst korts, in forsmorre' yn wyn.
Hy neamt sijn pleage Flerecijn.
Sijn noas fol druwen blauw oer-knoeifte,
Sijn aensicht rea bypockt bypoeiste,
Dat grymmet az uwz Bolle beck,
Op-swoln, az Lille-piepkers seck.
Ick loits al ford. (Mar ick wol swye
Fen Ljue to rotte, Minsck' soe spye,
So meager, tor, soo giel, so wyt,
Jae binne mergge' in koeitten quyt)
Dear 's yen dy recket jinne Teering',
Om dat sijn Lijz' drieut blynne neering'.
| |
| |
In dy rint Yvig ynne suwz'.
'k Hear leck in breck fest bye ruwz'.
't Iz Steds ontijgge' al het y sprecke.
Iz 't onder uwz alle' heel folmecke?
Maet; az ick ney gebreck om-seag,
'k Fuwn suwnen nôg, by uwz; ô pleag'!
Ick aem'l'er fen in eyn-leas' rijgge,
Ja wol all' dey eer dat ick swijgge.
De Steden had ick jiette best,
Dear slijppet me' alle Ding to nest,
East-Ynd' jen sjog ick dear forkeapjen,
In Tirck in Parss' herr' waren heapjen,
West-Ynjens schat, in Spaenjens swiet,
Ja Franckrijcks djoer dol-hollig wiet,
Dat wy uwt Noord- in Eest-Lân krye,
Dy nijgheyt dy me' er heart in sjocht
Uwz 't hert to 't ear in eag uwt-tjocht.
O Lanst! ho prate' y mey jon muwlke!
't Wier wirddig dat ick 'er mey tuwlke!
Nyschierigheyd soe gau forgean
Mocht'n y it alle dagen sjean.
Y sjeane' ynn' Sted in schilderye
Dear foor jae hounder goune krye,
It lijcket wetter, beamen, djier
In oest er huwz in minsche' yn wier:
Mar, az y 't tuwzen reys bekijckje,
't Kin oorz naet az dat selle lijckje.
| |
| |
Mar buwtte' op 't Fijld, beloyatse wy
In libb'ne wonder-schildery',
Dy, az me' him tuwzen-reys beschoagje
(Lit, lit j' op-weytse', ô Faer, y droagje)
Jae 's altijd oorz, so fier az heyn;
Op 't Fijld iz nijgheyt sonder eyn.
Hier iz in Blomme' in Bled ontsletten
Dear iz in griene leat uwt schetten,
Hier draeyt in Ljeap, dear fljuecht in Duw,
Hier rint in Schiep, dear giet in Kuw,
Hier buwgt it Nôt az wetter-weagen,
Dear bleack'ret uwz in Marr' foor' eagen,
Hier s jeane y 't tjuester, jinsen klear;
In ondertwissche dreent uwz 't ear
Op 't swietst', dear tuwzen kieltjes klinckje,
Min mey nin swieter luwd betinckje.
Ynn' Sted klinckt Olger in Usijck.
Dat toetjen het by 't Ljuerck nin lijck',
By 't Ouls-holtje, by Cijs oef Swealtje,
In jiette min by 't Nachtegealtje.
Mar, dear komt Goodfrjuen', hosck in trou,
Dat hy uwz learre 't Vonnis jou.
Hy het oppe' haege Schole ginzen,
Hy krigge de' Amerant mey finzen,
Hy reysge' yn handele', East in Weft,
Ick jou 't op him, hy wittet best.
| |
| |
Ick bin to free, den sil ick 't winne.
De rijdder komt de gonger binne
Doz tel goe ljue? dit kirt de wey,
Klieuwe' op myn weyn, komm' ryde mey,
Jon silschip iz uwz ljeaf, y sille
Uwz scheel del-lizze' ist mey jon wille.
Uwz Maet iz fijld in romte sed,
Hy luwcket ney dy neare Sted,
Dear mot 'et Peerlen heylje in strye;
Fyoelen reyne, Rosen snye,
Him Droagget dear 't Loay-lecker-Lan:
Mar ick bin yn in oor forstan.
Iz ynne wrad vernoeyen aerne,
It iz op 't Fjild, oef 't iz hier naerne,
De Sted iz op all' ding oef-rjuecht',
Mar 't Lan iz bot in plomp in sljuecht.
OEf y 't yen leazje' in 't oore bottje,
Me kin op 't Fjild eack 't sin noag hottje.
| |
| |
Naerne' ist folmecke, Tsjerl, dat 's wier.
Want hiene wy 't ney winsche hier,
Wy schoene min ney 't yvig trachtje,
Ja God, in 't Hymmelrijck-klien achtje.
Doz ming't uwz ljeave HEERE' altijd,
Yn alle' uwz dwaen fortriet in strijd:
Om uwz, trog 't quaelck, it hert to twingen,
Fen naettige' ydele' yerdsche dingen.
'k Hab, yn mijn tijd rjuw onder-fuwn,
Forschate dwaen ick onder-wuwn:
Ney 't ick uwt' Schoolle schaet, in 't leeren,
Tjienje' ick uwz Prins; eack oor' Lâns-Heeren.
Ick reysge' yn Franckrijck; in dear ney
Yn Tjuts-Lân, in oon oore wey.
Da weer ney huwz, da koe 'k it klearje,
Mey kuwppjen, 'k moast, ick woe ryjearje.
Den krigge' ick 't ien Ampt, den weer 't oor',
Wol tweyntig jieren ney elck oor.
Het yn dizz' tijd faeck iz passeere
Forjouw' my dat, ô ljeave HEERE!
My groulet, az ick 't ney besjogh,
Dat ick korts fen my salm uwt-fljueg.
In dearom noam ick yn betinssen,
Om 't Hôf de Fijge-beam to schinssen.
Da banne' ick my, ney rijp berie,
Uwt Sted, in staet dy 'k dear yn hie.
Da teag ick op mijn Aaders Siette,
Da ick 't so let die moeyt my jiette.
Ick lijckje' in Moll' dy 't eag op-giet.
Az him de Dead forre' eagen stiet.
| |
| |
O sillig! trye-duwbbeld-sillig!
Dy restig, lustig, fredig, willig,
Yn 't romme fjild sijn libben leyt;
't Giet bopp' in Kenings Majesteyt.
Ick sjog de hele wrad besletten
Yn mijn bedrieu. ick bin oer-getten
Mey al 't jinge' hier fornoeye kin!
God jou dat ick sljuechts danckbaer bin
Ick hâd mijn huwz, mey Graeft in Cingel,
Foor mijn Paleys. Forck', Flaele, swingel,
Seyn', sichte, iz mijn foet-folcks geweer;
Pluwgge' Eyde bruwckt mijn Roeiter-schear,
For wapen: Doz kom ick to fjilde,
Mar 't sil eyn greyde' in gruwnen jilde.
OEf stirtt'er bloed, oef wirt 'er sleyn,
So 's 't Ogse, Keallen, Giez oef Eyn,
Wijld Fuwggelt, Fisck, &c. dear wy ney jeye,
In for uwz Koackne' in tijt-disck' deye:
Dy hier, mey ypen-hertigheyd,
For frjuene' in gasten stiet bereyd.
Hier somme' elck so nin guwch oon-stecke,
Nogh fijnne wezze', in frjuenlijck sprecke,
Hier maelt me' elck, ney eyn ferv', rjuecht uwt,
In from minsch' from, in goeyt in goeyt,
Hier giet nin Hoafsche feynserye
So brie: Hier sil so gjealp naet spye,
Om lijts, de Presterlijcke gall',
Dy fier de bitterste' iz boppe' al;
Dy bliximje mey domme kreften,
Omtjeande slot, Toer, Porte oef Graeften.
O frjuenen! hier 's mijn hert in sin,
Dearme God, yn sijn wircken, kin:
| |
| |
In, dear wy, 't jinge' wy naet begrijpje,
Oon-bidde: in ford uwz sinnen slijpje,
(:Fen 't tijzel-sinnig Hoaf ontsleyn:)
Yn rest in free, op 't sonder-eyn:
't Lân môt ick 't wirddigste to-schrieuwe,
Dear wol ick libbje, wenje' in blieuwe,
So lang my God dit libben schinst,
In ick 't forlitom de' hijmmel-winst.
Ick hâd den fest’ Yn 't Fjild ist best.
EYN.
|
|