| |
| |
| |
5. It Nijfryske tiidrek: de 20ste ieu
5.1
Doe't om 'e ieuwiksel hinne (folle mear as it letter wol wat streksumer Selskipstydskrift ‘Forjit my net’ dat koe) it nije ‘Sljucht en Rjucht’ ûnder it samlerskip fan 'e ûnferoarlike Waling Dykstra it foarum fan 'e Fryske literatuer oan it wurden wie, soene fannijs ferstanlikens en moraal, ûndichterlikens en smoutens de boppetoan fiere. Hoewol't de jierrige samler sels net folle nijs mear tafoege, hied er neifolgers genôch om it wykblêd yn 'e bewende folksaardige trant draaiende te hâlden. Doeltreffend ferset dêrtsjin soe earst sprake fan wêze doe't de Jongfryske Mienskip (1915) oprjochte waard.
Fan 't begjin ôf oan hiene der oars ek al mear literêre lûden te beharkjen west, toanen dy't bewiisden dat net fergetten wie wat him yn 'e foarôfgeande fearnsieu altemets alris opponearre hie. Moat it ta stânkommen fan it ‘Boun Jong-Fryslân’ (1905) yn dat ljocht al as in soarte fan reaksje sjoen wurde, ek oan de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip (1908), mei it eigen tydskrift ‘Yn ús eigen tael’, wie dat net frjemd. Boppedat soe yn 1910 yn it Ljouwerter Toaniel Selskip it ûnnatuerlike wurk fan mannen as Velstra en Hylkema belies jaan tsjin de realistysker propagearjende stikken fan skriuwers as Canne en Schuitmaker. Dy bloezen dêrmei de doelstelling fan 'e keamer ‘Gysbert Japiks’ (1880) nij libben yn. Oare skriuwers diene dat mei it program fan ‘It jonge Fryslân’ (1882). ‘Ritme en klank’ krigen by it werjaan fan it ‘selsfielde’ dêrby har betsjutting. Guon diene dat mei ien foet noch yn 'e folksskriuwerij, somliken sûnder euvelmoed, liket it, wylst oaren mear of minder dúdlik ûnder de besnijing rekke wiene fan 'e Hollânske Tachtigers, fan wa't eigentiids yn Fryslân nuvergenôch net in grevel te fernimmen west hie. Njonkenlytsen liet dy Tachtiger ynfloed him lykwols fan stikje ta bytsje hieltyd mear jilde, bygelyks troch de letterkundelessen op de R.H.B.S. Der kaam in besef dat de literatuer him fan it húslike befrije moast, dat krekt as yn it bûtenlân, de utering sa persoanlik mooglik nei tiidleaze skientme stribje moast, nei keunst om 'e keunst, nei taal keunst wêrby't ynhâld en foarm harmoniearje soene, foar it retoaryske net mear plak wêze koe en it by útstek ‘verhevene’ langer gjin needsaak wie. Rjochtoarsom moast krekt leafst de oandienens om it gewoane en deistige it útgongspunt
wêze.
Mear as yn Hollân soe yn Fryslân dat ‘gewoane’ suver allinne it eigene, it Fryske, it nasjonale betsjutte. Al beynfloeden útlânske skriuwers as Ibsen en Shaw it Fryske toaniel, it bleau toaniel dat oan Fryslân bûn wie. Op 'e selde wize soene de triedden, dy't yn 'e Jongfryske Mienskip (1915) en yn har lieder Douwe Kalma gearrûnen, yn haadsaak Frysk-aardige útkomsten hawwe. Wol soe yn de Ingelske Romantyk, dêr't yn in figuer as Shelley de abstraksje fan in Helleensk skientme-ideaal opbloeid wie, Kalma syn grutte foarbylden fine, lykwols net sûnder ek Gysbert Japix dêrby foar eagen te heljen en benammen net sûnder Harmen Sytstra dêr bewust as symboal en grutte foarman by te setten. Sa moat ‘De Jongfryske Beweging’ ek sjoen wurde as in optelsom mei fan Fryske Renêssânse en Fryske Romantyk. Mei it biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’ moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren, in brêge foarmje tusken Skandinavië en Ingelân, byskonkje dêr't hja, yn folkskeunst stomprûn en fêstrustke, by dy oaren yn 't efteren rekke wie. Yn persoanlik skepen keunst soe dat bestribbe en
| |
| |
ynhelle wurde moatte. Sa't yn 'e ieu derfoar de Romantyk net kommen wie sûnder foarrinders, sa soe de Jongfryske Beweging har ek net oantsjinje sûnder dat der al wat fan yn 'e loft hongen hie: yndividueel-eftige trimen tusken de provinsjalistyske flier en de ynternasjonale souder.
| |
5.2
Ynternasjonaal beynfloede en op in eigen persoanlike wize útwurke waard om 'e ieuwiksel hinne yn Fryslân in sjenre as it toaniel. Ut syn oantinkens ‘Foar en efter de skermen’ (1931) docht bliken dat Yme Christiaans Schuitmaker (1877-1961), ierpelkeapman, bûten de swart-wyt technyk fan in Herman Heijermans, ek fan oare naturalistyske skriuwers as Ibsen, Hauptmann, Shaw en Sudermann skipe hie. Troch de maatskiplike ellinde neaken en bleat op 'e planken út te byldzjen (min ofte mear sa't Feitsma dat yn syn ferhalen dien hie) helle hy it toaniel yn Fryslân út de sfear fan it smûke en lytsboargerlike wei. Hy die dat mear mei in fyn sintúch foar it faktechnyske as mei grutte fernimstigens fan geast of djip meifielen. Faak sette hy yn syn stikken tsjinstelde typen foarinoar oer: foar goedwollenden oer de skynfromme húchelders of de liepe ferlieders mei tusken har yn leafst de mûlripe flaputen, dy't nei twa kanten betizing siedden en dalje rispen.
Wylst yn bekroande (en ek yn 't Hollânsk oersette) stikken as ‘For yens neiste’ (1903) en ‘Frij’ (1909) de gehielûnthâlding in rol spilet, is dat in kwestje fan stânsferskeel yn ‘Maerteblom’ (1904), in treflik stik yn fjouwer útkomsten, dat libbensecht - en dêrmei tiid en publyk fier foarút net de wenstige befredigjende útkomst jout. Mear as hokker oar stik fertsjinne it dan ek om letter wat oanpast en modernisearre (as ‘It Antwird’, 1938) in nije kâns te krijen. Earmoed en drank binne de tema's yn ‘Op wylde weagen’ (1906), houliksleed yn ‘Neistelkoar’ (1908), in stik dat ynfloed fan Ibsen's ‘Et Dukkehjem’ (‘It Poppehûs’) ferriedt, sûnder waans ‘Samfundats stötter’ (‘Pylders fan 'e maetskippij’) it sterke sosjaal-krityske ‘Skyn’ (1910) ek net te tinken wêze soe. It probleem fan 'e net-troude mem yn ‘Lysbet’ (1912) en it anty-militarisme yn ‘Ljocht’ (1930) krigen yn dramatyske krêft noch selskip fan ‘Ropping’ (1917 en ‘De sang fan 'e tiid’ (1917), it lêste nei útlânsk model in útbylding fan in heale ieu fan feroaringen yn Fryslân.
Feroaringen (of bestjurringen) yn Schuitmaker sels makken dat er it nei 1917, driuwend op syn technysk kinnen, alhielendal yn it blijspul en de revu socht hat. Hoe grut syn sukses dêr ek wie, hy sil doch foaral as de ‘Fryske Heijermans’ de skiednis yngean, as de fûle fijân fan drank en kapitaal, dy't op syn tiid ek wolris gefoelich út 'e hoeke komme koe, lyk as yn ‘Memmejierdei’ (1913), in stik dat skreaun is nei it motyf fan ‘It Lokbientsje’, dat wer in ferhaal is fan Rudolf Wilhelm Canne (1870-1931), ûnderwizer te Amsterdam, èk toanielskriuwer, yn waans wurk de feroaring krektoarsom folle mear in earnstige ferdjipping betsjutte soe. Allyksa úteinset mei problemen fan 'e tiid, einige hy mei stikken dy't yn 'e trant fan in Ibsen en in Shaw algemiene sielkundige wierheden bleat leine. Yn syn debút ‘Libbensstriid’ (1905) is fuort al te sjen, dat, behalven mei tsjinstellingen, Canne ek graach mei funksjonele parallellen wurkje mocht. Dat stik soe fierders op alhiel nije wize in âld ûnderwerp útwurkje, wat ek mei ‘Fen 't hirde libben’ (1906) it gefal wêze soe. De folgjende stikken ‘Yn dúnjende djipte’ (1908), ‘It njoggende gebot’ (1912) en ‘Rjuchten en Plichten’ (1914) liede suver besykjenderwize nei ‘Der wier ris...’ (1916), in masterstik dat mei geve taalkeunst en djip sielkundich
| |
| |
ynsjoch in trijehoeksferhâlding yn boerefermidden ferbyldet. It is tagelyk Canne syn minst pessimistyske stik. It ferfolch derop, ‘De forkearde set’ (1926), koe likemin as de mei Schuitmaker opsette fuortsetting ‘Peaske’ (1929) foldwaan. Folle better fan problematyk en bou is dêrby dan wer it eardere ‘Hwa't sûnder sûnde is’ (1919) oangripend fan sfear, dêr't syn ferhalen, bondele yn ‘Rûchkâlt’ (1926) net stridich mei binne. Ek syn beskriuwingen fan tragyske libbens as dy fan Boonemmer en Salverda sprekke fan syn swiersettige foarkar. Mei syn dea soe tagelyk op it Fryske toaniel in tiidrek fan djippe earnst op heech nivo sa goed as ôfsletten wêze.
It byld fan dat folwoeksener eagjend toaniel soe alhiel oerienkomme mei it peil fan 'e oersettingen út dy tiid, altiten in sekuere graadmjitter, om't it net allinne ynljochtet oer de smaak fan in tiidrek, mar ek oer de doe berikte of bestribbe hichte. Dy soe opmakke wurde kinne út wat de ûnderskate oersetters mei-inoar folbrocht hawwe, mar kin likegoed ôflaat wurde út it oansjen fan in sektor apart, lyk as bygelyks dy fan de Bibeloersettingen, mei alles wat dêromhinne sit. Om 1900 hinne koe ek op dat mêd tebeksjoen wurde op fragmintarysk besykjen dat benammen troch it Kristlik Frysk Selskip (1908) foarm en stal krije soe yn it oanstjoeren op in folsleine Fryske Bibel. Op himsels wie dat ûndernimmen ek diel fan wat op buorfolken yn te heljen wie. As wichtichste nammen moatte dêrby falle dy fan Gerben Postma, dy't op foargongers as Halbertsma, Colmjon en Feitsma en inkelde oaren teseil gean koe, en dy fan Wumkes en Folkertsma, in twamanskip dat it ‘Nije Testamint’ yn 1933 yn 't ljocht jaan koe, om dêr yn 1943 de hiele Bibel op folgje te litten. Itselde byld soene de Psalmen sjen litte: út in foaral nei 1908 oanwinnend tal oersetters mei lytse produksje makke ien him los om allinne te dwaan wat Gysbert Japix en Jan Althuysen foàr him tegearre út 'e wei set hiene. It resultaat wie ‘It psalmboek yn Fryske biriming’ (1923) fan de gernier Anders Minnes Wybenga (1881-1948). Yn 1947 soe dat ferfongen wurde fan ‘It boek fan de Psalmen’ fan Fedde Schurer, dy't dêr yn 1955 as útwreiding syn ‘Fryske Psalm- en Gesangboek’ op oanslute liet. Op 't stik fan 'e Gesangen hie Schurer him ek út in nei 1908 oanwaaksend tal oersetters fan gâns minder produktiviteit ôfsûndere. Alle oersettingen sille lykwols ferâlderje:
wylst Bibel, Psalmen en Gesangen hjoeddedei al wer op 'e hichte fan 'e tiid brocht binne (ek wer mei om't hja fannijs by buorfolken ‘ynhelle’ wurde moatte), hat it earste stadium fan dizze nea-einigjende wurksumheid it literêre klimaat fan it begjin fan dizze ieu tusken de rigels troch allinne mar ferdúdlike en dy wreidzjende sfear fan net efterbliuwe te wollen by oaren, yn alle klearens swart op wyt sichtber makke.
Tsjin sa'n eftergrûn en yn sa'n sfear sykhellen mear of minder bewust ek de skriuwers fan fersen en proaza dy't de sljochtweihinne folksskriuwerij ûntstiigden. Wat it proaza oangiet moat alderearst nei foaren helle wurde Reinder Brolsma (1882-1953), in ferver dy't letter sjoernalist waard, wat net in ûnlogyske oergong wie as men wit dat dizze folksman ek as de bêste mei wurden skilderje koe. Nei in debút dat yn ‘Sljucht en Rjucht’ (1903) net misstie, folge in ûntjouwing dy't him ta de grutte master yn de beskriuwingskeunst meitsje soe, de mylde tekener fan sfear, de skerpe útbylder fan lyts barren sa't him dat yn Fryslân yn boerefermidden, útbuorrens en steechjes foardwaan koe. It ferrin fan in heale ieu, mei omstannichheden dy't feroaren en eftergrûnen dy't stadich wikselen, soe yn syn wurk wjerspegele lizze. Hoe't dat uterlik en
| |
| |
R. Brolsma (foto Ch. Gombault)
ynderlik op 'e minsken ynwurke hat, soe him dêrby net ûntkomme. Mei in waarme irony hat er it fêstlein, mear berêstend as opstannich, mear op in ôfstân as der ynlik by betrutsen, hoe't meifielen en begrutsjen tusken de rigels ek trochskimerje koene. Ta fuotten út as skriuwer typearre stiet er al yn sketsen as bygelyks ‘De gernier’ (1927) en ‘De eker’ (1937), sa't er dêr dreech bodzjen mei respektivelik algemiene minsklikens en nijmoadrige lichtsinnigens botse lit en de dramatyk fan alles mear út 'e petearen as út 'e beskriuwing blike lit.
Sok koart wurk soed er it sterkst yn wêze. Dy grutte krêft yn koart bestek, dêr't it ‘Mearke út Noardlik Fryslân’ (1935) faaks wol it moaiste foarbyld fan is, behearsket ek it langere wurk, sadat syn novellen en romans de nedige spanning en feart wolris net meikrigen hawwe. ‘Sate Humalda’ kin dan ek better lyk as yn 'e earste printinge (1934) ‘in forhael út it Fryske boerelibben om 1890 hinne yn trije boeken neamd’ wurde as, sa't de twadde printinge (1960) leauwe litte wol, ‘in roman’. Foar in roman is der fierstente min oan komposysje, in beswier dat trouwens minder jilde moat foar it boek ‘Groun en Minsken’ (1940), wêryn't de skriuwer op 'e lange baan op syn bêst is en tagelyk it djipst dolt. It is dreger en swiersettiger as de populêre trilogy ‘It Heechhôf’ (1926), ‘It Aldlân’ (1938) en ‘Richt’ (1947), dy't yn suvere soberens, mar lossernôch fan konstruksje, it libben en wramen fan in komelkershúshâlding oan 'e Dokkumer Ie ferbyldet. Dêrearne tusken Ljouwert en Stiens lei Brolsma's dierberst gebiet. It sfearfolle haadstik oer de hurdriderij yn Aldtsjerk is suver in skets op
‘De skarlún’, earste printinge, mei in bânûntwerp fan Johan Dijkstra
| |
| |
Hânskrift fan R. Brolsma: fragmint út in brief oer ‘Groun en minsken’ oan J.J. Kalma (FLMD)
himsels wurden. Jongeslibben hat de skriuwer as ûnderwerp keazen yn it boek ‘It Widdou's Bern’ (1941) en yn 'e novelle ‘De Skarlún’ (1929), dy't earst ‘It lêste jier’ hiet. Oare bekende novellen binne ‘De reamme fan it libben’ (1930) en it oandwaanlike ‘De reis nei it âlde doarp’ (1933). De ferhalen (dêr't ‘Striid’, 1936, noch apart fan neamd wurde kin) is mar in lyts part fan sammele. Bondels as ‘Bylâns
| |
| |
de wei’ (1940), ‘Sa seach ik Fryslân’ (1951) en ‘Folk fan Fryslân’ (1952) litte al útkomme hoefolle typen Brolsma net stal jûn hat. It totaal, dêr't dy fan inkelde toanielstikken, sa as bygelyks ‘De nôtharne’ (1939), net by fergetten wurde moatte, sil yn 'e hûnderten rinne: fan lytse bodders, omstippers en swalkers (hy wie ‘meast de lytsen nei’) oant rintenierjende boeren ta. Him tige bewust fan eigen begrinzingen hat er se yn fermiddens set dêr't it brûzjende en dramatyske meast mankearre. As syn humoristysk glimke der net wie, wie der dy meifielende berêsting dêr't suver alle stoarjes yn 'e foarm fan in wisse gearfetsjende folsin mei ôfrûne waarden. Mei dy einkonklúzje yn 'e slotsin (alris ‘slotakkoard’ neamd) soene boek en ferhaal altiten dat typyske spand beslút krije, wêrmei't it treflike ûnderstreke en it wat swakkere gauris rêden waard (lyk as bygelyks in skets as ‘De reis fan Sape Wâldboer’).
Sok sprekwurdeftich formulearjen en gearfetsjen soe sterker noch eigen wêze oan it proaza fan de dichteresse dy't as ‘In Frysk Famke’ ek yn ‘Sljucht en Rjucht’ (1898) debutearre, Simke Kloosterman (1876-1938), fan sfear en taal en stavering typysk skriuwster fan 'e Wâlden, oan memmekant besibbe oan Eelke Meinerts en neffens de boargerlike stân dochter fan Jan Ritskes. In moai foarbyld is wat dat oangiet har ferhaal ‘Erfgenamen’ (1937), dat tagelyk mei syn ‘flash-backs’ suver filmysk oandocht, hoewol't komposysje oars har sterkste kant ek net wie. Wat hja lykwols mear hie wie de hertstocht en de lyryske dichterlikens wêrmei't hja yn sfearbeskriuwingen it mystyk-eigene fan 'e Twizeler Wâlden yn peareljende klanken en sparkjende kleuren útkomme litte koe. Mear as wa ek foar har koe hja mei wurden toverje. Dêr't in oar skilder bleau, pinsiele hja as de keunstskilderes wa't it slagge om it Fryske
S. Kloosterman yn de tiid dat hja har earste novellen publisearre
wurd dy tsjoenende gloede te jaan dy't it suver nea noch sa hân hie en fan taal fan boeren taal fan keunst makke.
Wylst it aparte fan dizze keunstneresse fan it wurd al blykt út in itensiedersboek as ‘De Fryske Petiele’ (1938), soene, samle út al har wurk, dy postúm bondele ‘Spreuken’ (1962) krekt sielkundich sa iepenbierjend wêze: in wat grutske frou komt dêr út nei foaren, ien dy't wie sa't se wie en tocht sa't se tocht, mar in talint fan natuere. Ut har hannen kaam de earste folsleine Fryske roman, ‘De Hoara's fen Hastings’ (1921), ynhâldlik en kompositoarysk mei-ien ek har masterwurk, sa't dêr tsjin in eftergrûn fan opkommend sosjalisme dy boerefamylje stal krijt, ûnferwrigbere manlju, treflik útbylde froulju (benammen Hester), harren libjen en leavjen, haatsjen en skraabjen, sprekkende
| |
| |
Hanskrift fan S. Kloosterman: fragmint út in minnebrief oan D. Kalma, 1917 (FLMD)
| |
| |
Omslach fan ‘Swanneblommen’ (ûntwerp Pyt van der Hem), it Selskipsjierboekje dêr't S. Kloosterman gâns fan har ferhalen yn publisearre hat
karakters yn wieldrich beskreaune lânsdouwen. Skôge hja har personaazjes hjir mear mei in romantysk as realistysk each, yn har (ek de earste Fryske) histoaryske roman ‘It Jubeljier, 1793-1812’ (1927) is har skôging minder dramatysk en mei-ien iensidigernôch (anty-patriottysk) rjochte. Dichterlik fan sfear, sa't âld Ljouwert herriist, bûnich fan styl sa as bygelyks in libben as dat fan Ryklef Ripperda gearfette wurdt, is it lêsberder om de keunstsinnige foarm dêr't dy Frânske besettingstiid yn getten is, as om in ynhâld dy't histoarysk lang net mei de feiten strookt (ek net yn ferbân mei de eigen foarfaars). Har grutte skiedkundige novelle ‘Hengist en Horsa’ (1933) hat itselde romantyske brek en docht boppedat âldfrinziger oan. Wat ferâldere ek - foaral om 'e leafde-om-'t-jild-moraal - binne guon fan har altyd oerdiedich útspûne ferhalen, dy't yn ‘Ut 'e gielgoerde’ (I: 1936 en II: 1944) bondele binne. Fan bou kipt ‘As de klokken liede’ út boppe de oaren, wêrfan't benammen ‘Ruth’ in nijsgjirrige mar foarbije problematyk te sjen jout. Har keunstmearkes ‘Twiljochtteltsjes’ (1928) en har bydragen oan it ‘Great teltsjeboek for Fryske bern’ (1932) tsjûgje op syn minst fan likefolle dichterlikens as har poëzij dy't yn ‘De wylde fûgel’ (1932) sammele is en yn 1952 ûnder deselde titel mei ûnder oaren balladen as ‘Lisck fen Eysinga’ (1941) gearfoege waard. Wat sokke epyske fersen oan dichterlikens gauris tekoartkomme, hawwe de lyryske soms tefolle.
Har hertstochtlike langst nei leafde uteret him bytiden suver oan de grins fan it noch beskriuwbere ta. Yn fersen as ‘Tûzenen...’, ‘Dû...’, en ‘Stiltme...’ klinkt ûnberonge wat yn ‘O brune heide!’ (de dichterlike prolooch fan 'e Hoara's) noch timpere waard: in stim rjocht út it herte.
Wa't as wurdkeunstner, wol minder opfallend mar namste yngeander, yn dy snuorje op poëtysk mêd it meast ûnthjitte soe en ek wiermeitsje, wie Obe Postma (1868-1963), learaar wis- en natuerkunde, waans fersewurk sûnder it Westergoa, histoarysk en eigentiidsk, om Koarnwert hinne net te tinken is. Hy begûn yn ‘Forjit my net’ (1900) as in soarte fan ‘grutte broer fan 'e doarpsdichter’ ienfâldige gedichten yn 't ljocht te jaan. Njonkenlytsen soe syn eachweid him ferwiidzje en feralgemienje, wêrby't it ynsjoch yn 'e dingen op syn minst safolle oan djipte en hichte wûn. De titels fan 'e bondels sprekke dêr har eigen taal fan: it romtlik ôffrede ‘Fryske lân en Fryske libben’ (1918) ûntjoech him ta ‘De ljochte ierde’ (1929), krekt sa't de yn tiid beskate ‘Dagen’ (1937) útrûnen yn 'e tiidleazens fan ‘It sil bistean’ (1946), om letter yn ‘Fan wjerklank en bisinnen’ (1957) in sfear fan ivigens en ûneinigens
| |
| |
Obe Postma, de Kânselarij te Ljouwert ferlittende (foto Sj. Andringa)
te krijen. De simpelste dingen, in dykhúske, in sleat, in hikke, koene by him de meast universele tinzen oproppe, dy't er doch altiten yn sljochtwei wurden foarbringe koe. It kaam der rûchwei op del, dat wat bestien hie der altyd wêze soe: ferline wie hjoed en takomst, Fryslân ierde en kosmos, grinzen fan tiid en romte ferfloeiden, sa't dy tusken libben en dea en tusken minske en lânskip ek suver weiwurde soene. Alles wie part fan it ‘Albilibjen’. Mei in filosofy dy't nei besibbe wie oan it ‘psychysk monisme’ (alles is út 'e geast en giet werom nei de geast) hie de dichter him alles dat fan Fryslân wie as in part fan it universum dreamd en de gewoane dingen dêrút, lyk as graniums foar in finster, opheve ta symboalen fan dat grut tinken, dat fan spjalt net wist, ek al wie it út spanning ûntstien. Yn syn fersen soe wat oan utersten feriene wurde moast, it lytse aparte en it allesomfiemjende grutte, it bûnt ferskaat en de ûnbidige ienheid, like oertsjûgjend gearrane as dat dat literêr it gefal wie mei it measte sizze te wollen en dêrby sa min mooglik wurden te brûken. Yn it dêrby foarmlike losse en bûne (op papier it frije streamende praatfers ‘út de siele’ en bygelyks in gearlutsen foarm as it kwatryn) spegele him efter de skriuwtafel de neatige minske yn 'e besnijing fan it ûneinige iene. ‘Eigen kar’ (1963), syn blomlêzing út eigen wurk, jout dit treflik wer.
Yn dit dichterskip fan langer as sechstich jier, dat yn pleats fan stadich te dôvjen (wat men ferwachtsje kind hie) rjochtoarsom aloan jonger en krêftiger nei de ein ta groeide, soene it tebeksjen op de eigen jonkheid en it fierder dollen yn Fryslâns ferline in tige grutte rol spylje. Eigentiidsk barren, lyk as fan 'e lêste oarloch de ‘produksjeslach’ en de ‘folksbiweging’, koene ek wol tepraat komme, mar net folle mear as sydlings en hja waarden wat smeulsk mei in lichte humor ôfdien. Sa ek it moderne ferkear mei
Omslach earste printinge Fryske lân en Fryske libben fan O. Postma, 1918
| |
| |
Hânskrift fan Obe Postma (FLMD) (sjoch ek it fers yn hânskrift fan R.P. Sybesma op side 88)
| |
| |
‘greate wegen’ en razende ‘Ato’-bussen en like razende fleanmasines, dêr't er fuort syn ‘stille paden’ om te dreamen foaroersette en syn ‘bûtenromtlike forbining’ as er ienris ‘ta de faderen forsamle’ wurde soe, ‘de eindichste étappe fan in safolle-steaten-tocht’.
It fine gefoel master en myld-wiisgearich hat Obe Postma syn wrâld fan wurden opboud, altiten sljochtwei wurden, dy't út syn pinne in djippere betsjutting meikrigen en fiere sichten trochjoegen, leafdesferklearringen oan syn Fryslân, dat gauris ferieningen mei Fryslân wiene. It soe him inkelde kearen ek slagje om de totaliteit fan syn tinken yn 'e inge foarm fan kwatrinen (syn ‘Fjouwerrigels’) te beflappen, in foarm dêr't de ynfloed fan Boutens net frjemd oan is. Rilke's ynfloed op syn poëzij is folle mear ynhâldlik as muzikaal, wat ek bliken docht út de oersettingen, ‘Gedichten fen Rilke’ (1933), dy't mei behâld fan sfear folle earmtliker oan klank wurden binne. Fisueelmimerjend dichter as er wie soed er oersettend nei besibbe boarnen as Emily Dickinson en fan Sjineeske lyryk it bêst foldwaan. Fan sfear ek binne Klaus Groth en in mannich brokstikken út de Aldsaksyske ‘Heliand’ goed oerbrocht fan dizze ienris ‘âldste dichter fan Europa’, waans Fryske tinzen oan tiid en ierde ûntstiigden, mar dy't ûndogenskwei doch ek in swak hie foar it ‘kweade’ en de ‘wylde ruter’.
It mei opsetsin stribjen nei literêre fernijing wie ûnderwilens op in teloarstelling útrûn foar Johan Binnert Schepers (1865-1937), Grouster doarpsdokterssoan, âldlearling fan Wielsma en stúdzjemaat fan Piter Jelles. Sûnt 1895 learaar Nederlânsk te Haarlim (dêr't er mei Johan Winkler de earste Fryske bûtenkrite oprjochte) hied er him ta doel steld de Hollânske Tachtiger beweging nei it safolle benyptere Fryslân oer te plantsjen en fan de ‘geaspraak’ dêre in folweardige keunsttaal te meitsjen. Syn foar dy tiid nijmoadrige en yn begjinsel oars wol sûne tinkbylden soene yn follerlei twaslachtigens stomprinne. Net allinne dat er yn twa talen dichte (yn 't Hollânsk it epyske en yn 't Frysk it lyryske), hy woe yn teory ek mear berikke as wat er yn 'e praktyk klearkrije koe. Mei nije útgongspunten op 't stik fan taal en stavering en neffens in nij ideaal fan wurdkeunst joegen syn ‘Gedichten’ (1897) mear argewaasje as skientme, ek al om't yn 'e sonnetten it breklike Frysk mear te lijen hân hie fan 'e foarm as dat it ta de ynhâld bydroech. It ‘Ta ouskie’ (‘Forjit my net’, 1900), soe lykwols net foar altyd wêze. Op ‘Toemar’ (1906), in net al te bêste oersetting fan de midsieuske klucht ‘Nu noch’, folgen noch de ‘Nije Fryske Gedichten’ (1907), dy't lyk as syn sonnette-rige ‘Pier Panders kunst ta eare’ (1925) ek mear makwurk as fruchten fan wiere besieling neamd wurde moatte. Syn grutste bydrage ta de Fryske literatuer sil dan ek bliuwe dat er yn 1909 Piter Jelles, mei minder oan Tachtiger begjinsel mar mear oan keunstsinnich fermogen, fergjenderwize wer oan 't dichtsjen krige.
Ynfloed fan it Haarlimmer fermidden fan Schepers en Winkler hat ek ynwurke op de skipperssoan dy't dêr as beropsmilitêr lei, Jan Jelles Hof (1872-1958), as sjoernalist fan Japik Hepkema letter nei Fryslân helle (1901), doe't er as Jan fen 'e Gaestmar as skriuwer al namme makke hie en fan guon sels al ‘de greatste Fryske dichter’ fan syn tiid achte waard. Ek publisearjend ûnder skûlnammen as ‘Trochljachter’, ‘Wetterlanner’ en ‘Geart Jans Fenema’ hat dizze typyske autodidakt en grut taalkenner witwat ôfskreaun. As earste krante-skôger fan Frysk wurk soe it him gauris oan suver literêr ûnderskiedingsfermogen miskearje, wat ek yn syn eigen wurk skoan te fernimmen is. Wylst er oan 'e iene kant Waling Dykstra as syn ‘Master’ seach (‘Fen Dy ha'k skriuwen
| |
| |
J.J. Hof as beropsmilitêr yn syn Haarlimmer tiid doe 't er as dichter debutearre
leard’) woed er oan 'e oare kant, lyk as Schepers, ek wat hegers berikke dat er as in ‘Fryskens-jaende oanfolling op it Nederlânske’ beneamde. Wylst Schepers literêr wat algemiener wie, blonk Hof yn taaleigen út dat út soarte roek nei de njoggentjinde ieu. Ek syn trant fan dichtsjen, bluisterich en oergefoelich, wie net botte modern, in kwaal dêr't it ‘Boun Jong-Fryslân (1905), dêr't er de sintrale figuer fan wie, yn 'e grûn ek lêst fan hie. Al hie it yn 't earstoan wol in skyn fan nije krigelens en waard it droegen fan jeuchlik fjoer, it soe efternei besjoen allinne mar minder behâldend blike te wêzen as it ‘Selskip’, krekt sa't syn mânske fersebondel ‘Klankboarne’ (1906) ek mear it âlde bekroane as nije wegen wize soe. Sangen as ‘Mar, o mar’, ‘Op 't klokhûs’ en ‘It Flaggeliet’ stekke noch geunstich ôf by it âldromantysk idealisearjen fan bertegrûn en bernetiid, sa 't dat dêr meast yn oerdiedich taaleigen en stêfrym yn ferpakt sit as folksskriuwerij yn sneinske klean. Dat jildt ek foar syn ferheljend wurk, sammele yn ‘Omstikken en Sydstikken’ (1907), mei ûnder oaren de net mear yn te nimmen puristyske ‘Drankjes’ en de novelle ‘Op Mûntsepôlle’. Yn 1979 waard ‘Idske Galama’ útjûn, dat noch net earder los ferskynde. Fan de nea bondele grutte ferhalen ‘Dokter Damstra en syn kar’ (‘Forjit my net’, 1910-'13) en ‘De Greate Striid’ (‘Fryslân’, 1916), is it lêste letter ûnder deselde titel omwurke ta in oars wol spannend toanielstik (1917) mei uterlik
aparte toanieloanwizingen en ynhâldlik, bûten in stjerbêdsêne, riedseleftige opstigingen fan personaazjes mei singuliere oanslaggen. In tekoart oan werklikheidssin mei de skriuwer hjir mei rjocht en reden oanwreaun wurde, in temin dat fan in tefolle oan striderige gelykhabberigens yn 't lyk breide wurdt, liket it, en dêr't syn libbenswurk ‘Fjirtich jier Taelstriid’ (1940-'42) op gâns fan de mear as 1600
‘Sinneblommen’, it yn Leien (!) útjûne ‘tiidskrift for Fryske sang’, dêr't J.J. Hof ien fan de gongmakkers fan wie. Der ferskynden yn 1905-1906 seis jeften fan
| |
| |
Hânskrift fan J.J. Hof: ien fan syn stikeldichten út it lêst fan syn libben (FLMD)
siden fan tsjûget: yn sjoernalistyk folksfrysk, hoewol gauris fan taaleigen ûntkrêfte, wurdt it ynwindige byld ophongen fan in foege heale ieu Frysk libben mei Hof-sèls yn 't sintrum, sa't er him yn ûnderskate ‘saken’ bejoech en net ophold om, neist it ‘persoanlike’ en ‘algemien-literêre’, alderfûlst it taalgebrûk fan 'e Jong-Friezen te bestriden. Mei net de minste ynskiklikens foar it nije befocht er har mei in kweadaardige opsternatens, wêrby't er yn 'e skerpste parodistyske spotfersen sels syn eigen grutste literêre hichte berikke soe. Mei, as betûft taalman, yn begjinsel it gelyk oan syn kant ûntbriek him fierders it talint de taal literêr ferrassend te brûken. Sa soe Kalma, mei út te hâlden dat talint net oanleard wurde kin mar taal wòl, op 'en doer it grutste gelyk fan 'e wrâld krije. Wylst Obe Postma syn niisneamde ‘Eigen kar’ (1963) jeuchlik en fris oandie (hy wie doe yn syn 95ste), hie Hof syn eigen kar ‘Fan eigen tiid en folk’ (1951) by ferskinen fuort al út 'e tiid west. Soks seit gâns oer it peil fan syn literêre wurksumens, dêr't it oersetten ek ûnder falt. Mei gauris boarnen te ferswijen, graach te ferfryskjen, poëtyske effekten te skeinen, mei oer te slaan en ta te foegjen is er ek hjir de typyske njoggentjinde-ieuwer bleaun. Troch Winkler kaam er ta Gezelle (‘De reidsang’, 1899) en troch Gezelle's oersetting wer ta Longfellow (‘De sang fen Hiawatha’, 1901-'04): twa teksten wakker priizge om 'e taal, mar as oersettingen frijernôch, om 't hja ûnderweis folle mear weitôge hiene as wûnen. Nettsjinsteande it feit dat hy
troch de omstannichheden faak twongen
| |
| |
Rixt (H.A. van Dorssen) yn de tiid dat hja de bondel ‘De gouden rider’ publisearre
wie om fan 'e taalspegel dy't er oaren foarhold, bûten alle roai soms, in fergrutspegel te meitsjen, sil Hof likegoed syn ynfloed as taalferbetterder hân ha. Sûnder him hie it lykwichtich idioom fan lettere skriuwers lichtwol net west wat as geve taalkeunst oerkomme soe.
Benammen feroardiele fan Hof om de ‘ûnfryskens’ mar om it modernistyske dêrfan letter hoede en noede fan de Jong-Friezen wie it wurk - faak oer feriensume minsken - fan Bokke Reinder Simons Pollema (1883-1948), sjoernalist, dy't him ek wol ‘Bokke Simens’ en ‘Hylke Sjonger’ skreau. Hy sette yn tydskriften útein mei fersen dy't - technysk net altiten like sterk - nea bondele waarden, mar dy't wat fan de ‘grutte wrâld’ ta Fryslân yn wynderje lieten: in amme fan teloarsteld libbensgefoel, in swym fan ûnbefredige langjen. In selde moderne wat wrangere toan is te beharkjen yn syn lettere ferhalen, dy't yn ‘Lok en Lijen’ (1935) bondele wurde soene, nei't ‘Tsjamke’ dêrfan al apart as ‘It draeimounlefamke’ (1924) útjûn west hie. Fan styl en bou soms ek de swakke kant neist jouwe hja earlikwei in problematyk fan eroatyske spanningen troch dy't foar Fryslân doedestiids nij wie en yn guon skôgingen op morele grûnen ek fersmiten is. Sa't Pollema yn syn sketsen lykwols dream en werklikheid botse lit en yn in ferskaat fan situaasjes ‘ferlieding’ en ‘oare frou’ op 't Fryske mêd ynfiert, leit likefolle yn 't ferlingde fan 't Jongfrysk stribjen as dat dat him yn de stimming fan syn fersen al oankundigje litten hie.
Iere dichterlike foarboaden hawwe ek west de fersen, fierwei meast sonnetten, dy't Thomas van der Schaaf (1878-1955), ûnderwizer, koart nei de ieuwiksel ferskine litten hat (earst yn ‘Sljucht en Rjucht’, letter yn ‘Forjit my net’): meast ienfâldich wurk oer 't gehiel net min fan taal en ek net
Titelblêd fan ‘De gouden rider’, 1952
| |
| |
Hânskrift fan Rixt: de Italiaanske oersetting fan har fers ‘O hja, dy't út de stiltme komme’ dy't har freon Giacomo Prampolini makke hat (FLMD)
| |
| |
ûneigen fan sfear, sa't natoer en lânskip en leafde dêryn besongen wurde. Ek fan dizze poëzij is nea in bondel ferskynd.
De meast útsprutsen oankundigers fan 'e Jongfryske tiid hawwe lykwols west de acht fersen skreaun tusken 1910 en 1914, fan Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), ûnderwizeres, dy't sekretarij-amtneres waard en as dichteresse de namme fan Rixt brûke soe. Dy fersen fan leafde, spontaan en muzikaal, rekkenje net allinne ôf mei it ûnpersoanlike, mar sette it persoanlike mei it ‘alderneiste to sizzen en iepen to lizzen’ tagelyk op 'en suversten yn. Dy ûnberonge utering, dat ‘sizzen hwet it herte fielt’, gyng it ynbannige Fryslân in wide frije wrâld mei iepen. It soe gâns jierren letter wêze dat dit dichterskip ta folste bloei komme soe. Yn 'e bondel ‘De Gouden rider’ (1952) is de ûntjouwing fan hertstochtlik sjongen nei soberder folgroeid berêsten goed nei te kommen. In tuskenstadium mei minder oan sjongsumens en mear oan ferstanlikens ferbynt dy utersten fan ier en ryp dat lykwols amper utersten hjitte meie: sa fris soe it lûd fan de earsten bliuwe en de tins fan de lêsten sa jong noch oandwaan.
Gaadliker foarbylden fan teksten dy't boppe romte en tiid útkamen en in algemien minsklik fielen yn Fryske lûden omset hiene, hie Piter Sipma (1872-1961), doedestiids learaar Nederlânsk, syn learlingen yn Snits net foarhâlde kinnen. Syn eigen literêre fertsjinste is net salyk dat er nei Schiller ‘It liet fen de klok’ (1908) en letter út Lessings ‘Nathan der Weise’ noch ‘De trije ringen’ (1916) oerbrocht (beide nammers ûnliterêr frij), mar dat er yn 'e holle fan ien fan syn learlingen wat wekker roppen hat fan dy grutte dream dy't yn 'e foarm fan de Jongfryske Mienskip (1915) stal krije soe.
| |
5.3
Doe't yn 1914 tagelyk mei Waling Dykstra in sfear fan in ieu oan syn ein kaam en ek it ‘Boun Jong-Fryslân’ útlibbe wie, soe him fuortendaliks yn 'e persoan fan Douwe Kalma in nije jonge lieder oantsjinje - op syn minst sa produktyf - dy't it jier 1915 ta in kultureel kearpunt foar Fryslân meitsje soe. Ut in tiezewinkel fan persoanlike strideraasjes, kreauwerij en brosjueres ljochtet dat jiertal op as symboal fan ôfrekkening mei in bestjurre en fermôge ferline en fan it omheechstjitte-wollen fan Fryslân yn 'e baan fan 'e folken. By alle oerienkomst yn begjinsel mei de Nederlânske Tachtigers fan tritich jier earder - niget oan Shelley, niget oan 'e klassiken, niget oan sonnetten - soe him yn Fryslân lykwols fuort it sa goed as ûntbrekken fan oanklang by it folk, it ferlet fan in klankboaiem, pynlik fiele litte. De literêre sprong omheech koe allinne slagje as genôch Friezen geastlik mei omheechtild wurde woene ta in peil fan grutter begryp en bewust nasjonaal besef. Sa waard Frysk-nasjonale folksopfieding de begeliedende taak fan 'e dichter. Mear as wa ek hat Kalma-sels bûten syn literêr wurk om foar alderhanne stúdzjemateriaal soarge. Yn 'e foarm fan leargongen en ‘paedwizers’ moast de Fryske folksûntjouwing syn beslach krije. By wikseljende opset en striidwize soe it eindoel yn 'e fiere fierte net helle wurde, al waard wol berikt dat in espeltsje jonge Friezen fan dat nije fjoer oanstutsen waard, sadat in soarte fan rûnte ûntstie, in faak yn himsels ferdield fermidden mei dizige idealen en útgongspunten, mar doch min ofte mear in organisaasje fan geastdriftige nijljochters. Bûten har ‘Mienskip’-like krityk op it foarbije, wie it binend elemint tusken har de ile bân fan it ‘Fryslân en de Wrâld’, in striidrop grûne
op wazige begripen dy't nea gjin kleare ynhâld krije soene. Wat har ek noch gearbrocht wie - út algemiene teloarstelling berne - in dream
| |
| |
yn oarlochstiid en net te ferjitten it talint fan Douwe Kalma om nije takomstbylden meislepend en besieljend foar te bringen. Nettsjinsteande it wiffe fan syn fisjoenen (of rjochtoarsom krekt troch it sweverige dêrfan?) wurke it mei mear oan skyn as oan kearn en mei in eigen jargon op guon slim meinimmend. En Kalma's poëzij wie har de troaiende toan fan in toverfluit, liket it. Hja waarden der sa fan betsjoene, dat hja ûnder de bedriuwen dingen fan wearde soms net seagen: de lof dy't Tolman yn 1914 tasongen krige, hie - literêr sjoen - in man as Holtrop dat jiers folle earder fertsjinne. Likegoed bliuwe de fan Kalma gearstalde karbondels as ‘It sjongende Fryslân’ (1916) en foaral ‘De nije moarn’ (1922) wichtich as mylpeallen yn de Fryske literatuer.
| |
5.4
Om har ‘ljocht lûd’ wakker priizge fan Kalma (mei wa't er letter ta Hof syn argewaasje yn wazich Frysk taaleigen Shelley's ‘Alastor’, 1918, oersette soe) hat Rinke Tolman (1891-1983), in ûnderwizer dy't in ferneamd publisist en ‘fjildman’ waard, hûnderten fersen skreaun, dêr't nea wat fan bondele is en mar inkelde teksten, lykas ‘De wente’ (1917), in blomlêzing fan helje soenen. Dizze ‘nijere dichting’ ferriedt dan ek likefolle de grutte Tachtiger ynfloed as grut brek oan taalmacht, dêr't ek syn ‘Kristus-sonnetten’ (1917) mar foar in part oan ûntkomme. Syn nei Tolstoj bewurke ‘Folksforhalen’ (1916) waarden yn 1929 yn boekfoarm noch útjûn nei't er der sûnt 1925 oars it swijen al ta dien hie.
Yn syn bêste riten op 't stik fan geve taalhantearring in weardich opfolger fan mannen as Salverda en Murray Bakker wie dy âldere skoalmaster út Drylts, Teatse Eeltsje Holtrop (1865-1925), waans ienlik bestean fan dranksucht ûntheistere waard. Skriuwer fan inkelde wat rûge toanielstikken
D. Kalma
en fan fynder ferhelle teltsjes foar bern (guon fia it Dútsk nei Julie Heins' ‘Laesebog’), wied er ek de man fan 'e ‘Lytse stikjes fen Gerben Goasses’, dêr't letter inkelde koartswilige en puntich-skerpe nûmers fan opnommen waarden yn ‘Ynbannich forwar’ (1945), in beheinde fan Jan Piebenga gearstalde postume bondeling ‘út it forsprate wurk’. Dêryn opnommen is ek de novelle ‘Twa sisters’ (1909) en it ferhaal ‘It wûnder fen 't doarp’ (1910). Dizze beide stikken, de konfliktsituaasje fan it iene en de natuerskildering fan it oare (sà byldzjend dat it dat ferhaal suver tefolle eare is), liede streekrjocht nei dat masterwurk fan him yn proaza ‘De wylde boerinne’ (1914), dat yn Nederlânske oersetting in priis fan ‘De Gids’ (1924) krige en yn Fryslân, hoewol yn ‘Swanneblommen’ (1915) al publi- | |
| |
Omslach (fan Johan Dijkstra) fan Kalma syn tydskrift ‘Frisia’
searre, net earder as yn 1931 fanwegen de bûtenwenstige wearde postúm mei in útjefte yn boekfoarm beleanne wurde soe. It konflikt oer it ‘rjocht fan reed’, dat op wier barren berêst en yn in Aldyslânske saga net misstean soe, is mei in natuerlik gefoel foar ferhâldingen útwurke en tsjûget fan in suver ferteltalint dat him yn koarter bestek mar yn likense sterkte yn ‘De man en de dea’ (1921) mei syn Elckerlyck-motyf herhellet en efternei besjoen yn Lyk siket lyk (1910), in byld-zjende neifertelling fan Gysbert Japix syn ‘Muwze-booste’, ek al oanwêzich wie. Grutst is syn taalmacht yn 'e beide stikken dy't er nei Shakespeare oerset hat. Dy soene beide ek postúm yn boekfoarm ferskine: ‘Hamlet’ (1925) en ‘Julius Caesar’ (1928), twa stikken dy't de mooglikheden fan it Frysk foar de heechste utering yn kleare konkretens bewize. Dit Frysk fan Holtrop is as taal fan keunst mei fan it bêste út syn tiid.
Kinne de beide Shakespeare-stikken Holtrop syn libbenswurk hjitte, foar Douwe Kalma (1896-1953), learaar Ingelsk en syn opfolger yn dizzen, is de oersetting fan 'e hiele Shakespeare wat - dichterliker fan toan mar tagelyk wat diziger fan taal - ek in persoanlik (en dêrmei Frysk) monumint wurden, dêr't er, sûnt er yn 1914 mei de sonnetten úteinsette, syn hiele libben mei dwaande wêze soe. Ek Kalma syn Shakespeare soe postúm ferskine, nei't er ‘Frysk paadwizer’ dat er wêze woe op in ‘Fryske ferkearsdyk’ ferûngelokke, in barren fan in symbolyk om't ek oare kanten fan syn libben dêrmei tekene binne. Want as folkslieder en ‘Mienskips’-man soed er op in ôfstân wêze en de iensumste wurde, as germaansk tinker him op klassyk-helleenske wize uterje, fereale (op Simke Kloosterman) wêze en der net neffens libje kinne. Leavje die er Fryslân, mar hy ferbûn it - oan 'e oersettingen te sjen - anagronistysk mei de klassike ‘Wrâld’ fan Homerus, Dante en Shakespeare, Molière en Shelley. Sa tilde hy Fryslân fertikaal wol nei in ynternasjonaal plan, mar hy brocht it nei in punt dêr't it horizontaal by oaren efterlei. De diagonaal nei it literêr eigentiidske is by him skraachwurk te finen. Syn genialiteit woartele sa djip yn in keunstsinnich ferline, dat ‘Fryslân’ ûnder syn hannen in soarte fan ‘Arcadia’ waard en syn meistriders ‘jonge preesters fen it ljocht’, dy't ‘laitsjend’ mei blomt de hollen omwuolje moasten. Dy wazigens moast ‘Fryslân en de Wrâld’ it mei dwaan, in ûnwerklike glâns dêr't ek syn fersen, faak en folle yn sonnetfoarm en besibbe oan it symbolisme, fan tsjûgje. Yn 'e bondels ‘Nachten en dagen’ (1915), ‘Ut stiltme
en stoarm’ (1918), ‘Jongfryske sangen’ (1922), ‘Dage’ (1927), ‘Sangen’ (1936) krijt men komselden hâld yn de glidende skientme- | |
| |
Hânskrift D. Kalma: in leafdesfers foar Simke Kloosterman, 1917 (FLMD)
| |
| |
sykjende glêd-technyske wurdkonstruksjes op tema's fan ‘heitelân’, ‘natoer’ en ‘leafde’. Inkelde sangen mar soene wat taastberder nei de maatskippij rjochte wêze, lyk as ‘Findelsang’, ‘De feinten fen Fryslân’, ‘Maitiidsljeafde’, allegear út ‘Dage’ (1927). Dêr soe ek in persoanlike noat fan ‘frjemd fortriet’ en ‘nuodlik lot’ yn troch begjinne te klinken, útrinnend yn ‘En God wit inkeld hokfoar leed ik lij’ (‘Sangen’, 1936), in oergong nei in gruttere konkretens, dy't yn 'e bondel ‘De lytse mienskip’ (1944) noch ‘begrypliker’ stal krije soe. Yn dy lêste samling wurdt in ûn-Kalmiaansk skynljocht fan waarmens en ynlikens rjochte op wa't him yn it libben it neist stien hiene: syn heit (jong ferstoarn), syn mem en as tredde Simke Kloosterman, dy't er op 'e lêste side yn ‘De wylde fûgel’ op steatlik-oandwaanlike wize betinkt.
In selde ûntjouwing nei oanwinnende konkretens is op te meitsjen út in sjenre dêr't er artistyk mear noch as yn syn poëzij yn útblinke soe: it toaniel. De skiednis fan Ald-Fryslân, benammen de Redbad-tiid, doe't heidenske Friezen en kristlike Franken foarinoar oer stiene, hat him foar syn dichterlike stikken de stoffe levere, dêr't er it Fryske toaniel op klassike wize mei fernije en it Frysk kultuerbesit mei ferrykje woe. Stikken oer Redbad syn heit ‘Aldgillis’ (1920) en oer Redbad syn soan ‘Leafwyn’ (1941) soene har fêste foarm krije yn 'e twa dielen fan ‘Keningen fan Fryslân’, ‘Aldgillis’ splist yn ‘Thied’ en ‘Aldgillis’ en útwreide mei it nije ‘Ydwine’ (diel I, 1949), ‘Leafwyn’ oanfold mei it nije ‘Redbad’ (diel II, 1951). Foar dizze stikken oer, dy't troch sweevjende ynhâld nea folksriem wurden binne, likemin as ‘Noarderljocht’ (1921), ‘In dream to Wytmarsum’ (1921) en ‘Fryslân’ (1926), kamen njonkenlytsen folksaardiger wurken te stean, lyk as nei teksten fan Simke Kloosterman ‘Ruth’ (1924) en ‘Fokke Hoara’ (1952) en oarspronkliker stikken as ‘Fete’ (1950) en ‘Hûs op sân’ (1954), realistysker fan opset en eigentiidsker fan sfear, mar likegoed, hoewol gâns minder útwrydsk, apart-literêr fan taal. De spylberens fan 'e stikken wurdt der lykwols net fan befoardere, in beswier dat it toaniel-yn-oersetting ek earder ta lêstikken makke hat. Dat jildt foar ‘In fijân fen minsken’ (1930) nei Molière, likefolle as foar ‘Macbeth’ (1932) en ek de ‘Midsimmernachtdream’ (1949), beide nei Shakespeare en ferfolgen op it wurk fan Holtrop. Nei in stilstân fan jierren hie
‘Diever’ in nije oantrún jûn, sadat yn 'e jierren 1946-'53 de hiele Shakespeare fannijs oerset waard en ek yn boekfoarm, yn acht dielen, publisearre is (1956-1976). De 154 sonnetten dêr't er yn 'e jierren 1915-'36 sa'n 110 fan oerset hie, wiene 12 earder apart fan útjûn (1944). Dat hie ek Shelley's ‘Adonéis’ (1916) en (mei Rinke Tolman) ‘Alastor’ (1918) barre mocht. ‘Kening Finn’ (1937) nei alliterearjend Aldingelsk en ‘De Pearel’ (1938) nei rymtechnysk tige komplisearre Mid-ingelsk soene dêr op folgje. De grutste slimmichheden treast en mei in ferbjusterjend fakmanskip hat Kalma al dy orizjinelen oerbrocht en se dichterlik mear nei him talutsen as yn har wêzen litten. Hy hat finsters iepenstaat, sadat Fryslân de Wrâld sjen koe, mar dan wol troch Kalma syn wat ferdiizjende bril. In man mei fertsjinsten, in man fan konflikten, wa't it ‘sweevjen’ yn it bloed siet, dy't foar Hof in ‘saak’ wie dy't bestriden wurde moast, in ‘ferliezer’ op alle fronten, mar op 'e ein doch altyd de ‘winner’ dy't noch it grutste konflikt mei himsels útfjochtsje moast. Faaks is dêr wat fan werom te finen yn 'e ûnlykwichtich biseksuele sfear fan in proaza-stik dat er yn it tydskrift ‘Frisia’, it literêre foarum fan 'e Jongfriezen, ûnder de skûlnamme fan Hero Camminga publisearre. Dat stik ‘De swiere winst’ (1921) hat in titel, dêr't ek 't libjen-en-wurkjen, Fryslân ta eare, mei tekene wêze mei.
Wie skeppend proaza net Kalma's sterkste
| |
| |
R.P. Sybesma
kant, dat waard yn Jongfryske eagen mear as goedmakke fan Marten Baersma (1890-1918), de skriuwersnamme fan Meint Hylkes Bottema, boukundige. Syn ferhalen mei gefoelige natuer -en sfearbeskriuwingen, ienris heech priizge, soene letter mei har wol wat oerflakkige hanlingen yn har altyd harmoanyske sfearen ryklik idyllysk en gauris wat dreamerich-wrâldfrjemd oandwaan. De langere ferhalen ‘De jonge fen de Marsheide’ (1916), ‘Jelmers jonge libben’ en ‘De Jongste’ (beide yn ‘Frisia’, 1925) binne mei soldatebrieven en fjouwer sketsen (wêrûnder ‘Moannenacht’) nei syn dea yn ‘De Ljochte Kimen’ (1925) bondele, wylst wat fierder neilitten wie ûnder de titel fan ‘De Ljochte Kimen, II’ yn ‘Frisia’ (1927-'32) publisearre is, wêrûnder jitris fjouwer sketsen dêr't ‘Ofskied’ en ‘Nei jierren’ om tema en útwurking noch apart fan neamd wurde meie. Oer 't algemien kin sein wurde dat wêr't er sfear en lânskip om Eastermar hinne ta wêzen bringe kin, Baersma ympresjonistysk mieljend mei wurden op syn sterkst is en fierder hielendal net sa útsprutsen Jongfrysk. Sterke bylden fan Fryslân ûnder wikseljende loften befetsje de sonnetten fan Rintsje Piter Sybesma (1894-1975), feedokter en Jongfries fan de earste oere. Mei in fyn-dichterlike gloede soe it him slagje om yn beheind bestek wat folsleins te pinsieljen, globale sfearfolle brokken lânskip, dy't, sammele yn ‘Ta de moarn’ (1927), markant ôfstekke tsjin Kalma's bewazeme lânsdouwen. Mei in selde gloede hat dit dichterskip him fierder ûntjûn yn like byldzjend proaza dat dy lânskippen, mei in skerp each foar 't agrarysk bestean, mei boeren en boargers
befolkje soe. Dy ferhalen waarden yn ‘Om it hiem’ (1930) en (de bêste) yn ‘It anker’ (1932) bondele. Sa swak fan bou en typearring as hja faak binne, sa sterk binne hja altyd yn 't brûken fan taal, dat as dichterlik proaza beneamd wurde kin. Krekt as yn poëzij hawwe ritme en klank en wurd-oarder dêr har wearde en útwurking. Ut dit ‘foer foar stilistyske fynpriuwers’ komme, ôfsjoen fan
Bân fan R.P. Sybesma, ‘Ta de moarn’, nei in ûntwerp fan E. Caspers
| |
| |
Hânskrift fan R.P. Sybesma (FLMD) (sjoch ek it hânskrift fan O. Postma op side 76)
‘Oan 'e Sédyk, as bêste ferhalen ‘It koperen tsjetteltsje’ en ‘It spûk fen 'e leane’ nei foaren.
Hoewol't hja dichterlik net sûnder wearde binne, sizze de lettere fersebondels ‘Der zehnte Mai’ (1941) en de útwreiding dêrfan ‘De swetten útlein’ (1942) lang net wat yn proaza ‘Boerke Thae’ te genietsjen noch jout. Dit by útstek ympresjonistyske ferhaal fûn syn ein yn ‘Frisia’ (1931-'32) nei't der mei begûn wie yn ‘De Holder’ (1929), in prachtich fersoarge tydskrift, dêr't it twamanskip Sybesma-Brouwer (sûnderdat Kalma yn 'e redaksje siet!) fjouwer lange jiergongen (1926-'29) mei ‘te meitsjen’ hân hat. In foege heale ieu letter is ‘De Holder’ noch altiten in begryp. As taalmonumint ‘Boerke Thae’ trouwens net minder.
As Jelle Hindriks Brouwer (1900-1981), man fan wittenskip en dichter, allinne it fers ‘Kastanjes’ (út 'e bondel ‘In string fersen’, 1934) skreaun hie, soe syn namme ek de grinzen oer gien wêze. It fers is nammentlik - mei útsûndering fan Frankryk en it Ibearyske Skiereilân - oer hiele West-Europa yn 'e hearskjende spraken en sels yn guon folkstalen nei te kommen. Yn 1963 is fan de oarspronklike tekst mei syn trettjin oersettingen in bibliofile útjefte ferskynd, likefolle symboal fan poëtysk Fryske lykweardigens mei-wat-ek as dat it fers dat sels is fan dichters bêst slagge wurk. Dan is in fyn útbalansearre lykwicht ûntstien tusken muzikaliteit en ynhâld, in harmonij ta stân brocht, dy't yn 'e eardere bondel ‘De gouden ûre’ (1930) mei in tefolle oan betsjutting-oersjongende klank wolris fersteurd wurdt. Brouwer syn
| |
| |
J.H. Brouwer
eigen kar, ‘Dúnsân’ (1962) ferriedt lykwols nei de ein in minder swiere toan en jout út soberder entoeraazje ek in flechtige glimp fan 'e dichter sèls te sjen.
As biograaf hat Brouwer wichtich wurk levere: Joast Halbertsma, Gerrit Knop en Jacob Haantjes, Erling Stensgaard, Dag Hammerskjöld en Georg von der Vring hat er de Friezen neier brocht, lyk as ek, yn oparbeidzjen mei syn frou, A.I. Brouwer-Prakke (1901-1990), literêr wurk út 'e Skandinavyske lannen. ‘Frjemd en dochs eigen’ (1961), út fjouwer noardlike talen oerset, en de detektive ‘Jiskepûster en de Dea’ (1964), nei it Sweedsk fan Ann Mari Falk, binne dêr goede foarbylden fan, lykas ek, út it Deensk, ‘Hearen Rjochters’ fan Kaj Munk (‘De Tsjerne’, 1954).
Bûten it proaza, ‘Idylle’ (1929) en ‘Dominé’ (1936), hat Brouwer him ek bejûn op it mêd fan it toaniel. It stik ‘As dy oare der net west hie’ (1929), ‘in spil yn mineur’, dat op in trijehoeksmotyf basearre is en by alle echtens (sûnder muoite ferbylde, liket it) nei de ein doch net rjocht befrediget, waard skreaun yn 'e mande mei Bauke Tuinstra (1900-1975), notaris, dy't bekender wurde soe troch syn ‘sketsen’, sa't de ‘forhalen’ yn Fryslân tusken de beide oarloggen neamd wurde soene. Yn 'e praktyk beaën hja mear as allinne de rûge halen fan de ‘echte’ skets, mar wiene hja minder slim foltroppe om allinne de hanling hinne as de (koarte) novelle of de ‘short story’. Tuinstra soe yn dy tuskenfoarm, dy't literêr gau nei it ûnlykwichtige útskaaie wol om't de ferhâlding tusken ferswijen en oerstallich beskriuwen fan minsken en sfear sa slim komt te lizzen, ek net oan alle gefaren ûntkomme. Guon ferhalen binne technysk oerwichtich, yn oaren wurde bysaken bredernôch útmetten en de haadsaken koarternôch gearfette. Wol waard bewust stribbe nei minder stilearring en minder moaiskriuwerij dat in Sybesma oer him hân hie. Yn mei opsetsin natuerliker taal en gewoaner útwurke gegevens wie fan ûnderskate skriuwers ek al wurk sammele yn
Omslach fan ‘De Holder’, nei in ûntwerp fan E. Caspers
| |
| |
Printkladde fan in side út de Gysbert-útjefte fan 1966, mei korreksjes fan de besoarger, J.H. Brouwer (FLMD)
| |
| |
E.B. Folkertsma (foto Leeuwarder Crt.)
‘Fryske Sketsen’ (1934), dêr't Tuinstra syn ‘Sang fen 'e Sé’ ta bydroegen hie, dat, net konsintrearre om ien barren, fierders like soarchfâldich en fyn úttekene wie as it letter apart ferskynde, wat stadich ferrinnende ‘Hwet scil it libben ús bringe?’ (1937). Beide soene mei oare foaroarlochske ferhalen bondele wurde yn ‘Earste keur’ (1949), mei ‘Jenny en de maitiid’ wol as hichtepunt. De stikken skreaun tusken 1952 en 1973, yn grutte trekken ‘sketsen’ bleaun mei har nuodlike kanten, binne op sà'n wize yn ‘Ealse en ik’ (1975) yn ramtfoarm set, dat Ealse fertellend oer oaren it meast himsels bleat jout.
Sa't de Holdermannen langer gjin ‘jonge preesters fen it ljocht’ wiene, mar gewoane Friezen yn Fryslân mei keunstsinnige idealen, sa hiene in jiermannich earder kristliktinkende figueren as Folkertsma (benammen yn it eigen tydskrift ‘Tsjûgenis’, 1920-'22) en Schurer har ek al losmakke fan de Jongfryske ‘germaanske’ skôging, wat tagelyk poëtysk in stap tebek west hie út in persoanlik-artistike sfear wei nei ien fan maatskiplik-artistike begienens, in stap (om it yn utersten te sizzen) fan it yndividueel-belibbe sonnet werom nei it mienskiplik songen striidliet, ek fan apart jargon nei folkstaal, yn 't koart fan Jongfrysk nei Frysk-nasjonaal. It dekor fan ‘Keunst’ waard ien fan ‘Folk’ njonken set. Yn alderhanne gradaasjes soene beide skermen it lûd fan 'e dichters wjerkeatse, mear of minder estetysk, mear of minder kommunaal, lyk as ek respektivelik Sybesma en Tuinstra yn it proaza.
Tichtst by Sybesma yn taalhantearring stie Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968), in ûnderwizer dy't letterkundige en sjoernalist waard en him as skriuwer in hiele apart-eigen styl oanrette. Geef en steatlik, dreech en neidruklik kin syn wurk hjitte. Faak ek ferrassend, sa't er âlde wurden nije glâns jaan kin troch wenstige wurdferbiningen om te setten, útinoar te skuorren of mar foar de helte stean te litten, in net foarsjoene weilitting dy't like nij yn 't each springt as de net ferwachte tafoeging. En in styl, dy't Shakespeare yn ‘Julius Caesar’ Brutus yn 'e mûle lei by wize fan parody, wurdt ieuwen letter yn Fryslân mei alle earnst en ynmoed fan Folkertsma mei effekt wer beoefene. Fan dat ‘Euphuism’ (nei John Lyly's hardersroman ‘Euphues’), dat him ûnder oaren oan de tapaste herhellingen, parallellen en tsjinstellingen kenne lit, tilt it yn syn teksten op, yn syn ‘essays’ dy't mei har faak wiisgearige en soms ek profetyske ynslach bondele waarden yn ‘Toer en Tsjerke’ (1934), ‘Swier Lok’ (1939) en ‘Eachweiding’ (1950), mar likegoed yn it literêrdere slach dat de beide roman-oansetten ‘Breid fen Kristus’ (1920) en ‘Yn it skaed fen 'e tsjerke’ (1930) binne. It algemien tagonklikst is er as proaza-skriuwer sûnder mis yn ‘Wite en reade roazen’ (1967), dêr't âlde
| |
| |
E.B. Folkertsma. ‘Toer en tsjerke’, mei in bânûntwerp fan Johs Mulders
folksferhalen, mearkes, sêgen en leginden (meast nei Waling Dykstra), deeglik-meinimmend yn neiferteld binne.
Wat oan fersen - mei eigen lûd ek - fan him skreaun is, ‘Us leave deaden’ en ‘Gods rjuchtfeardichheid’ (beide 1919), ‘Roazen fan Helgolân’ (1950) en ‘Ballade fan in forlieder’ (1951), falt yn 't skaad by de oersettingen dy't er op syn namme brocht hat: bûten (mei Wumkes) de Bibel, foaral de ‘Bikentenissen fen Augustinus’ (1926-'29), drege kost, waard ornearre, mar dat ‘is dy Augustinus syn skuld’ mei ‘sa'n eigenstâlle taal to skriuwen’. Krekt wat Folkertsma sèls ek die en dêr't ek krekt syn wearde yn 't literêre leit.
Wie Folkertsma njonkenlytsen de ideologyske liedsman wurden, it literêre liederskip foel allinken ta oan Fedde Schurer (1898-1968), ûnderwizer en letter sjoernalist en politikus, lyk as Kalma mear man fan fersen as fan proaza. Ferhalen as ‘Smoarge hannen’, ‘De paraplu’ en ‘Requiem foar in warleaze’ en al dy oaren sammele yn ‘Beam en bast’ (1963) falle mei syn autobiografy ‘De bisleine spegel’ (postúm, 1969) kwantitatyf dan ek sa goed as wei by dy ûnbidige poëtyske fruchtberens dêr't er de jierren oer de bliken fan jaan soe. Nei in wat wazich Kalmiaanske ynset hiene syn gedichten - en lieten! - al ridlike gau mei in ûn-Jongfryske gollens en swier it hert fan it folk witten te finen en te boeien. Op himsels is allinne yn in sjenre as it dichterlik toaniel it opmerklike ferskeel al oan te wizen: wylst Kalma yn syn poëtyske stikken net alle hâldfêst jout, binne Schurer sines libben, meinimmend, oansprekkend. It bibelsk drama ‘Simson’ (1945) fan syn hân - yn ferbân mei de Dútske besetting in stik mei in dûbelde boaiem - is dan ek yn gewoane folkstaal skreaun dêr't in soepele linigens dy aparte gloede oan jaan soe. Hie it faaks dramatysk flitsender útfalle kinnen, ynhâldlik net besieljender. Ek it histoarysk spylstik ‘Bonifatius’ (1954) hat sokke fertsjinsten, hoewol't as gehiel it befrijingsstik ‘By it opgean fan de sinne’ (1965) mei syn massatoaniel better beslein is. As ier foarwurk ta dizze eksimpels fan grut dramatysk ûndernimmen kin syn lekespul yn fersen ‘It boadskip’ (1936) sjoen wurde en in folksaardich stik as ‘Thúsreize’ (1938) en inkelde ienakters, technysk net sûnder wryt of slyt. Lyk as rûnom wie Schurer ek op it toaniel op syn bêst as er himsels
wêze koe: lyrysk dichter op en út, skôger en tsjûger, trûbadoer en moander, ferheftich sjonger, altyd op it wurd beret, in dichterlik wurd dat ek yn soberder tiden syn glâns hast net kwytreitsje woe. Al hat Schurer de diagonaal nei it eigentiidske sels net fan herten makke, hy hat dy (wat Kalma sa goed as fersomme) wol tige bewust meimakke: yn syn fersebondels leit dat wjerspegele.
| |
| |
Hânskrift fan E.B. Folkertsma: begjin fan in artikel yn ‘De Tsjerne’, jg. 1961, mei hânskriftlike korreksjes fan D.A. Tamminga (FLMD)
| |
| |
Nei in ynset fan ‘Fersen’ (1925) dêr't ‘Jongfryskens’ en Tachtiger sonnetten al selskip yn krije fan in Piter Jelles-eftige striidberens (‘War dy!’), romantysk natuergefoel en religieuze oandwaning, lit de dichter yn ‘Utflecht’ (1930) syn gedichten byldryk noch as dowen fan 'e hân fleane (lyk as ‘Ierdeljocht’), hoewol't syn taal fierder ek direkter en syn hâlding sosjaler wurden is (‘De Lietsjesjonger’). Dy hâlding ferliest gâns fan syn fêstichheid as syn siele allyk in wiffe flagge slacht ‘Op alle winen’ (1936): it harmoanyske wurdt dêr minder folslein en it lûd by soberder taal ûnwisser (‘Reizgers’), in fersobering dy't yn 'e kwatrinen yn ‘Fen twa wâllen’ (1940) passend stal krijt, al fielt de dichter him tsjin better witten yn noch altyd as in ‘fisker nei wûnders op 'e fang’. Yn ‘Vox Humana’ (1949) klinkt de minskestim sûnder franje troch yn ripere kwatrinen dy't yn in bûnt ferskaat oan teksten noch skûl geane. Dat is ek it gefal mei de kwatrinen yn ‘Fingerprinten’ (1955), dêr't him yn guon fan sokke teksten mear as west hat in heal-earnstich heal-boartlik dûbeldrym begjint te opponearjen, dat yn ‘Efter it nijs’ (1966), nettsjinsteande de noch gruttere nofterens en nou ek bitterens en teloarstelling bytiden, net alhiel weiwurde wol. It ienris ‘sa selsbiwust liet’ hie no dy ‘klank fan metalen trompetten’ net mear, in ûntjouwing dy't ien west hat fan probleemleas-bylkjende keunstwurden oan 't begjin en briljante wurdkeunst op in wat realistysker ein ta.
Schurer is de spontane lyrikus en folkssjonger, dêrtuskenyn de belider fan 't minsklik lok, ‘Prins fen it Fryske wird’, dichter en strider, waans ‘libben’ syn ‘bêste fers’ neamd is, besieler fan kloften, gûchelder mei taal, dy't ek oersette koe as de bêste. Bûten syn ‘Psalmen en Gesangen’ (1955) en syn ‘lichte’ bewurkingen nei Bibelske motiven ‘De gitaer by it boek’ (1966, sechde printinge yn 1979) hat er him weage oan ‘Heinrich
Fedde Schurer
Heine’ (1931) en yn ‘Fen twa wâllen’ (1940) oan John Donne's ‘La Corona’ en ‘The Holy Sonnets’, tige útienrinnende opdrachten oan himsels, dy't er nei toan en stimming glânsryk folbrocht hat. Hy soe dy prestaasjes yn teksten nei Werumeus Buning en Rilke noch foarbydichtsje yn ‘Opheind en trochjown’ (1966), nei't gedichten út Amearika (Langston Hughes) en út Israel him ek net ûntkommen wiene, likemin as yn ‘Fingerprinten’ (1955) de Katalaanske ‘kopla's’ en de Sûndaneeske ‘sisindirans’. Schurer syn wurk is dúdlik oan te sjen hoe't stadichoan it begryp ‘Wrâld’ yn Fryslân foarm en stal begjint te krijen. As dichter tige besibbe oan Schurer is Gerben Brouwer (1902-1982), ûnderwizer. As romantysk sjonger mei foaral in godstsjinstige oandienens bestrykt er smelder gebiet, mar dêrneffens dolt er namste djipper, dichtet er minder glêd, mar namste klankriker. Syn fersen ryk oan sier binne sam- | |
| |
mele yn ‘Weagen’ (1934), wêrfan't de helte de kearn foarmje soe fan ‘De weagen oer’ (1968) in eigen kar, dy't mei inkelde nije iroanysker teksten oanfold waard. Nij binne ek de fjirtich geastlike lieten, bondele yn ‘Preludium’ (1972): nij-troch-libbe orizjinelen krije hjir in bûtenwenstigen tsjoen. Yn de sammelbondel ‘Ljochte nachten’ (1981) steane û.o. nije ferzjes fan oersettingen út ‘It lieteboek foar de tsjerken’, dêr't Brouwer in wichtige bydrage oan levere.
In selde sibskip mei Schurer ferriedt Inne de Jong (1894-1975), ek ûnderwizer. Ek hy soe as lyrikus, gefoelich foar natoer en religy, minder flêr mar sjongsumer útkomsten ha. It probleemleaze dat er yn ‘Harstwiich’ (1939) noch hie, wie feroare yn sosjaal en polityk betrutsen tsjûgjen yn ‘Lyts kommintaer (‘De Strikel’, 1967), dêr't de samling ‘Wylde ierdbeijen’ (1973) mei mear oan kommentaar as belibbing ynhâldlik en technysk alhielendal op oanslút. In oersetting nei Emily Dickinson en ien nei Boutens bewize dat dizze dichter as hèr-skepper tige grut wêze kin. Nei Conan Doyle hat er ‘De Houn fan de Baskervilles’ (1960) oerbrocht en nei de Tsjech Frantisek Omelka fia it Nederlânsk ‘Alaska-estafette (1961), mar syn libbenswurk is wol de rike folsleine oersetting, makke neffens Ingelske en Frânske tuskenskeakels, fan de Perzyske ‘Kwatrinen fan Omar Khayyám’ (1955), dy boarne fan boartlike wysheid.
De ferbining boer-dichter waard ta in geve ienheid yn in alsidich talint as Douwe Hermans Kiestra (1899-1970), út de Legeaën. Minskene striid mei de grûn stiet yn syn poëzij sintraal, sadat syn wrede lânskippen tsjin in eftergrûn fan ivigens en oermacht, ûnder in mystyk-religieuze beljochting, in sfear fan betreklikens en minsklike neatigens meikrije. Eksimplarysk, mei krêft fan bylding en ritme, is in fers as ‘De koumelker’ út 'e earste bondel ‘Efter it
Omslach fan ‘Psalmen yn de nacht’ fan Fedde Schurer, yllegaal útjûn ûnder skûlnamme
oargel’ (1935). De twadde bondel ‘Sinne op 'e striesek’ (1946), skreaun ûnder pseudonym fan D. van Wieren, ferwurket moedich en manlik nei-oarlochske teloarstellingen yn in kamp yn it Suderleech. In fers dêrút as ‘It ljocht’ kundiget mei syn frije floeiende foarm en ynwindige klankpatroanen de wiisgeariger en wizer toan fan ‘It jier yn 't roun’ (1955) al oan. De bêste gelegenheidsfersen ûnder pseudonym fan Harm Harsta sammele yn ‘Blêdswylsel fan it Bolwurk’ (1968) jouwe mear foldwaning as de trije dieltsjes ‘Spreuken fan Salomo’ (1968).
Neist Sybesma de bêste proazaskriuwer, hat Kiestra tsjin in selde eftergrûn fan lytsdoarpsk boerebestean realistysker snaren poend. Syn treflik ferhaal ‘Mascotte’ (al ferskynd yn ‘Fryske Sketsen’, 1934) is it bêste bleaun fan 'e njoggentjin dy't er yn ‘De bêste simmer’ (1970) bondele hat. It titelferhaal, lyk as ek ‘De swellepanne’ meie om har oantsjuttende krêft noch apart neamd wurde.
| |
| |
Hânskrift fan Fedde Schurer (FLMD)
| |
| |
D.H. Kiestra (foto FLMD)
Inkelde hiene ek al stien yn ‘In skreach mei apels’ (1936), sketsen út it boerelibben, dy't har bekroaning fine soene yn 'e naturalistyske novelle (mei de earste seksuele trochbraak yn Fryslân) ‘De froulju fan de fetweider’ (1939), allegear besteklik en byldzjend wurk dêr't de skriuwer himsels allinne wolris tefolle romte tametten hat. Dat jildt ek foar de beide dielen fan ‘In wike ütbuorren’: ‘De buorskip’ (1970) en ‘De toartels’ (1971), dy't mei har prachtige fragminten (hy seach it sels mei as syn libbenswurk) by grutter konsintraasje en gearweving wûn hawwe soene. Fan bou litte toanielstikken as ‘Jehannes Ruerdsjonges’ (1932) en ‘In swiere sile’ (1936) ek wol wat te winskjen oer, mar as part fan skriuwers ynspiraasje hâlde se har grutte wearde. It bliuwt Kiestra syn fertsjinste dat er in ryk, nei folsleinens útskaaiend byld fan hurd boerelibben stikje by bytsje opboud hat, net altyd sûnder humor, mei altyd grutte macht oer taal.
Blier-mankelyk docht dêrby de bondel ‘Fersen’ (postúm, 1934) oan fan dy oare boer-dichter, soan fan Jan Linses, de jongferstoarne Jelsumer Pyt van der Burg (1893-1922). Yn teare ienfâldige gedichten, dêr't de lûden fan greidefûgels en de gong fan de seizoenen yn te fernimmen binne, sjocht de dichter jin tusken de rigels stilskriemend by syn lok en glimkjend by syn weemoed oan. Mank dit swietlûdich treurjen stiet it fers ‘Winter’ as in printsje. Under it neilitten wurk, fiifentweintich fersen (foar in part yn ‘De Tsjerne’, 1957), skûlje acht oersettingen nei Klaus Groth.
Oplibbing en fuortsetting soe it typysk ‘Jongfryske’ yn mar inkelde skriuwers noch meimeitsje: oplibbing yn ‘Jiergong’ (1936), in bondel mei oerladen konstruearre
Omslach fan Johs Mulders foar D.H. Kiestra, ‘Efter it oargel’
| |
| |
Hânskrift fan D.H. Kiestra: titelfers foar syn ûnder de skûlnamme Harm Harstra útjûne bondel ‘Blêdswylsel fan it bolwurk’ (FLMD)
| |
| |
swier-alliterearjende fersen mei inkeldris in myld lûd fan 'e hân fan 'e jongferstoarne dûmny André Roelof Scholten (1910-1944), dy't yn 'e selde trant ‘De ballade fen d'âld matroas’ (1935) nei Coleridge oerset hie; en fuortsetting yn it wurk fan An(n)e Jousma (1900-1981), ûnderwizer. Tusken de ienakter ‘Needlot’ (1925), mear fan sfear beskaat as fan hanling, en in stik as ‘Redbad’ (1941), in histoaryske ferbylding yn 'e trant fan Kalma, leit it ferskinen fan 'e bondel ‘Kimelûd’ (1940) mei fersen ryp en grien en ryk oan forsearre sier, dêr't syn lettere bondel ‘It twadde lân’ (1963) ek net frij fan bliuwt. Hja amje in wazige mystike sfear, dêr't ûnderskate religys yn gear lykje te floeien en it âlde Egypte noch it markantst út te foarskyn komt, in sfear dêr't in oersetting as ‘It tsjoensterliet’ (1940) nei it Dútsk fan E. von Wildenbruch ek alhiel mei yn ienklang is. Dêrfoaroer is syn ‘Kleiliet om Auck’ (1976) in ‘in memoriam’ foar syn frou, in oandwaanlike bondel. Fan de ryklik tweintich ferhalen dy't út Jousma's pinne floeid binne (1920-'67) kippe mar in pear lyk as ‘It Koerkewyfke’ (1941) en ‘Utwei’ (1955) út boppe guon dy't graach yn ûnwêzentlike redenaasjes stykjen bliuwe wolle en wat tema oangiet faak yn herhellingen mei fariaasjes ferfalle. Sa kin de wat faaie learaarlearling ferhâlding yn 'e ûnderwiisferhalen ek wer foarkomme yn in semy-autobiografyske roman as ‘Faes efter glês’ (1968) en op jongesnivo jitris opdûke yn ‘Wibe professor’ (1975), in lyksoartige roman dy't ek biningen hat mei de poëtyske, jeugdoantinkens fan ‘Nijtsjerkster lûden’ (1971) en
de fersen yn ‘Libbensgong’ (1976). De mooglikheid bestiet dat yn ‘Dûmny's twilling’ (1974), in ynhâldlik like dûbeldsinnige as technysk twaslachtige roman, it gat tusken Jousma as learaar en as jonge stoppe wurdt. Yn ‘De pleats oan 'e feart’ (1981), in boereroman yn de trant fan Brolsma, spilet de skoalle fannijs in wichtige rol. Yn 1980 publisearre Jousma syn autobiografy ‘Dêr't de woartels lizze’. Syn ‘Samle fersen’ waarden postúm útjûn yn 1985.
Dizich wiene ek de idealen yn 'e earste toanielstikken fan Jacobus Piters Wiersma (1894-1973), publisist: dy fan anty-militarisme yn ‘Arbeidersjongfolk’ (1923) en fan anty-boargerlikens yn ‘Hja dy't oars binne’ (1924). De skiednis fan 'e Balkster mennisten yn ‘Om it heechste’ (1932) stekt dêrby klearder ôf. Yn in grinsgebiet as dat fan 'e grutte sjongspullen, ‘Roaitske’ (1941) en ‘Wylgesyske’ (1944), kaam Wiersma syn oanlis noch it bêst út 'e ferve. Sa is wat syn proaza oangiet it mânske ‘Aldfaers groun’ (1948), in semy-literêre, kultuer-histoaryske ‘roman’ fan 80 jier boerelibben, ek better te genietsjen as syn ‘heger’ bedoelde, argaistysk-rûkende romans ‘Lyoeske’ (1953) en ‘Frou Gunne’ (1963), dy't beide in tefolle oan moai-skriuwerij meitôgje moatte. Op 'e selde wize binne fan Dam Jaarsma (1914), helppreker en folklorist, de fersen bondele yn ‘It skriuwboerd’ (1956) ek oansprekkendst neigeraden de toan minder Jongfrysk-eftich klinkt. Syn poëzij-oersettingen fertsjinje omtinken.
Dêrfoaroer waard it wurk fan Ulbe van Houten (1904-1974), ûnderwizer, folle mear nei it folk ta skreaun. ‘Forteld oan it Fryske folk’ is de ûndertitel fan syn libbenswurk ‘De Hillige Histoarje’ (1949-'53), twa mânske dielen mei bibelske neifertellingen. Hy hie earder oan de al neamde ‘Fryske Sketsen’ (1934) it ‘Spil om Douwe’ bydroegen, in ferhaal dat yn inkelde skerpe halen de bazige, eigensinnige boer útstreke dy't yn 'e roman ‘De sûnde fen Haitze Holwerda’ (1938) mei grut sielkundich ynsjoch ta fuotten út delset wurde soe. Dat dizze boereroman mei syn konflikt tusken ‘leare’ en ‘libben’ in populêr folksboek wurden is, docht bliken út it feit dat yn 1969 al in achtste prin- | |
| |
U. van Houten (foto Hans van der Hoek)
tinge nedich wie. De algemien minsklike problematyk makket dat it boek boppe de tiid komt te stean, ek al mei't de sosjale eftergrûn om 'e ieuwiksel hinne folle diziger oerkomt as de Boksumer kontreien dêr't it ferhaal him yn ôfspilet. It giet Van Houten benammen om 'e minsken en har dwaan en litten. Dat is mear of minder sterk ek sa yn syn beide novellen, ‘De wraek’ (1937) en ‘Ein fen 'e mars’ (1945), de lêste in net sa botte oertsjûgjende kronyk fan persoanlik wjerfarren yn de oarlochsdagen fan maaie 1940. Wikseljende aktuelens hawwe ek de ferhalen, wêrmei't dy novellen yn in útwreide twadde printinge fan ‘De rook fan it lân’ (1964) byinoar yn ien bân set binne. It docht dêr bliken dat earder wurk - net sûnder betizing yn de titels - gauris behoffene is. It tekenet de skriuwer wurkjend mei in sinnige krektens, wat wol altyd stilistysk ferantwurde fakwurk opsmiten hat, mar de produktiviteit behindere. Bûten ‘De Wraak’ (earder ‘De wrek’), dat koarter om 'e hoeke kind hie, fertsjinje ‘Lêste reis’ (earder ‘Ein fen 'e reis’) en ‘Fakânsje’, mei om har minsklikens, humor en irony, as fertelkeunst in eareplakje. Produktiver mar oan 'e oare kant iensidiger besiele wie Nyckle J. Haisma (1907-1943), ûnderwizer, dy't yn Indië yn in Japansk kamp in iere dea fûn. Yn syn teksten trillet altyd wat fan 'e spanning tusken ‘thús’ en ‘om fierrens’, yn Indië fan langstme nei hûs, fan rêstleaze ûngeduerigens yn Fryslân, in rûnom ûnwennich-wêzen dat, net sûnder wrakseling, yn in romantysk realisme genêzing besiket te finen.
Yn 'e beide romans ‘Paed oer 't hiem’ (1937) en ‘Paed nei eigen hoarnleger’ (1940) - sûnt 1943 as ‘Peke Donia, de Koloniael’ byinoar yn ien bân - komme de ynderlike konflikten fan 'e iensume thúskommen swalker, dy't wer wenne wol mei in yntuitive byldingskrêft oer. De begeliedende sfear fan it Dokkumer Djipt, dy fan Ljouwert en de Wâlden krije ien foar oar in suver panora-
De twadde printinge fan ‘De sûnde fan Haitze Holwerda’ fan U. van Houten mei de bekende tekening fan Ids Wiersma
| |
| |
Hânskrift U. van Houten: fragmint út ‘Ein fen 'e mars’ (FLMD)
| |
| |
N.J. Haisma (nei in portret fan Sjoerd de Vries) (FLMD)
myske rûmens. Hja foarmje de wide omlisting fan it lyts dramatysk en idyllysk barren dat ta inkelde útsûnderlike hichten stiicht yn it skriklik deadwaan fan in hûn, it yn leafde oannimmen fan in ljidske ta frou en de oangripende fermoedsoening mei har folk.
Dizze bliken fan ynkringend skriuwerskip binne ek te finen yn ‘Suderkrús’ (1938), in samling Indyske sketsen mei as kearn in selde problematyk fan jin net-thús fielen yn frjemde oarden. ‘Wesley Vanderwegh, per adres: Circus Harmston’ is dêr in tekenjend foarbyld fan. Opfallender noch stiket it ûnthjit yn 'e novelle ‘Simmer’ (1948), in tekst, út Indië wei rêden, dêr't de figuer fan de swalker der mei syn wize berêsting in ferdjipping op ta kriget. Fariaasjes op itselde tema wiene de earste ferhalen en it lettere ‘Hjerst’, syn bydrage ta de bondel ‘Fen leed en lok’ (1939). Mei de iere fersen, opnommen yn de ‘Samle fersen’ (1981), dy't in yndruk jouwe fan koart-proaza op rym, foarmje hja in grûnslach dy't oer dit keunstnerskip gâns iepenleit en ferklearret. Nettsjinsteande syn altemets kosmopolityske ynslach soe it Haisma nea net slagje om him oan tsjoen en byld fan Fryslân te ûntwinen. De yn it kamp skreaune ferhalen fan ‘It lân forline’ (1951), dêr't grutte ûnwennigens yn oerhearsket, bewize dat yn alle dúdlikens.
Benammen as skriuwer fan toaniel kaam nei foaren Sibe Douwes de Jong (1897-1951), sjoernalist. As in moderne Canne wurket er mei in fynfielend sielkundich fermogen in trijehoeksferhâlding út yn ‘Frâns Winia’ (1930), in stik dat troch ‘Hwa't ienris stroffelet’ (1934) net oerskade waard. Bûten inkelde fersprate ferhalen mei in floate ferteltrant hawwe foaral de fersen ûnder skûlnamme fan L. Martena in wrâldwizer toan
Bân fan N.J. Haisma, ‘Paed oer 't hiem’, earste printinge
| |
| |
Hânskrift fan N.J. Haisma: fragmint út ‘Paed oer 't hiem’, mei hânskriftlike korreksjes fan E.B. Folkertsma (FLMD)
| |
| |
A.M. Wybenga (nei in tekening fan Lies Veenhoven)
set. It bondeltsje ‘Hwet foarby gie’ (1929) wol mei opsetsin oars as oars wêze en dúdlik distânsje nimme fan it alte akademysk Jongfrysk reauntsjen. It kundiget myldsinysk de poëtyske fernijing fan 'e mids-tritiger jierren yn begjinsel al oan.
| |
5.5
De iennichste fêstichheid, dy't de literêre Klimaatsferoaring fan 1915 brocht hie, wie dat sûnt dat jier feroarlikens yn 'e loft hong. In oerhearskjende sfear fan statyske wissens hie plak romje moatten foar in fan skriuwer ta skriuwer ferskillende en soms wikseljende ûntfanklikens. Wearden wiene omkeard en klammen ferlein. Dêrby waard it mienskiplik begryplike wolris bedrige fan it persoanlik belibbe. Yn 'e hytste hei waarden teksten fersmiten, minlik noch tastien of lûd bejubele. Oersettingen út Dútske en Hollânske boarnen waarden hommels oerspield fan guon neffens Angelsaksyske foarbylden. It gie net salyk mear om ‘wat’ der sein waard, mar op syn minst mear om ‘hoe't’ dat foarbrocht waard. Sonnetten blossemen en ritmen hammeren troch poëtysk toaniel. Kalma en it tydskrift ‘Frisia’ waarden it suverste symboal fan dizze Jongfryske beweging. De suverste belicheming dêrfan wiene lykwols it talint fan Sybesma en it tydskrift ‘De Holder’. Wat it proaza oangie wie in Jongfries as Kiestra al in ferskining dy't men mei wat goede wil mei in âlderenien as Holtrop yn ferbân bringe koe, krekt sa't men yn in dichter as Schurer yn folle ding in fuortsetting fan Piter Jelles obstrevearje kinne soe. De triedden dy't dy jongeren oan dy âlderen bûnen hiene yn 1915 op syn heechst in ferkleuring ûndergien.
‘Yn ús eigen tael’, it tydskrift fan it Kristlik Frysk Selskip, dêr't A.M. Wybenga syn measte wurk yn publisearre hat
| |
| |
Hânskrift fan A.M. Wybenga (FLMD)
| |
| |
Abe Brouwer, nei in portret fan Jarich Walta (FLMD)
Holtrop koe gewoan oer 1915 hinne trochskriuwe. Alderen as Brolsma en Simke Kloosterman koene har ek fierder ûntjaan. By alle feroaring wie der ek fuortsetting, in fuortsetting dy't him ûnderweis mear of minder sterk fer- Jongfryskje liet. Ek it tydskrift ‘Sljucht en Rjucht’ gie troch. It soe it oant yn 1941 ta úthâlde. Sa waard ek de sljochtere en rjochtere skriuwerij fuortset, dy't ek op syn bêst fan de geast fan 1915 net alhielendal frij bliuwe soe. Yn dat ferbân mei de namme neamd wurde fan Anders Minnes Wybenga (1881-1948), gernierskriuwer út 'e Dongeradielen, oprjochtermei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908), dy't bûten syn psalmberiming (1923) inkelde histoaryske novellen skreau, faak ûnder de skûlnamme fan Fetse Greidema, en as ienfâldich dichter it bêst beoardiele wurde kin nei de postume bondel ‘Ljocht oer 't fjild’ (1950). Op 'e selde wize kin men Gerben Rypma (1878-1963), lânskipskilder, bêst kennen leare út de postume samling ‘Ik haw myn dreamen hawn en fragen’ (1965), mei gedichten mear sprekkend fan grutte gefoeligens as fan taalmacht. As oersetter fan Gezelle sjit er ek as taalkeunstner te-koart. Dichterliker wied er as syn broer Johannes Rypma (1880-1948), molkkontroleur, waans heechst besykjen ‘Des Hearen Rjochtdei’ (1910) nei ‘Dies Irae’ fan Thomas fan Celano net sa bêst slagge is. As Roomske skriuwers wiene hja yn Fryslân lykwols pioniers. De oprjochting fan it ‘Roomsk Frysk Boun’ (1917) is fan har wurk dan ek net los te sjen.
Foar it toaniel skreau Ibeltsje Kaastra-Bakker (1865-1923), beukerskoalleliedster en ‘een schrijvende huismoeder’, gâns tendinsstikken oer steatspensjonearring en ûnthâlding. Op 't stik fan sosjalistyske problematyk dolde it stik ‘Stribje’ (1922) fan Hans Hoen (1879-1947), direkteur fan in sikefûns yn Den Haach, djipper. Hy bewurke ek Gustav Frenssen's ‘Jörn Uhl’ foar 't
Bântekening fan ‘De gouden swipe’, earste printinge
| |
| |
Hânskrift fan Abe Brouwer: fragmint út it lêste diel fan syn trilogy ‘Springtij’ (FLMD)
| |
| |
P. Akkerman (foto Sj. Andringa)
toaniel as 'Uleboers Jurjen' (1917). Fierwei produktyfst hat west Barend van der Veen (1890-1968), kleanmakker, hierknipper, mar earst en meast man fan toaniel. Mei it eigen selskip 'It lyts Frysk toaniel' (ûntstien út it duo ‘Barend en Martsje’) hat hy triomfen fierd mei selsskreaune, ryklik moralisearjende stikken as ‘Rebecca’, ‘In têst mei stuorkes’, ‘De Heidepyk’ en mei it modernere, technysk sterkere ‘Bistean of net bistean’. Immen as Abe Brouwer (1901-1985), strjitfluorder, soe foar 't toaniel ek hiel wat berikke (ûnder oaren mei ‘De Kening skaek’, 1940), mar as ferteller noch folle populêrder wurde. ‘De gouden swipe’ (1941) en ‘Marijke’ (1943) setten in rige yn dy't úteinlik útgroeie soe ta santjin romans, wêrûnder de trilogy ‘Springtij’ (1958-'70), allegear wurk dat mear in grut en meislepend fertel-talint iepenbieret as technyske behearsking ferriedt. Watse Cuperus (1891-1966), lânarbeider en meteropnimmer, skreau syn trilogy ‘De gouden tried’ (1941-'50) mei folle mear sosjale betrutsenheid. ‘De pipegael’ (1947) fan him is spannender en ‘Swart mar leaflik’ (1949) in persoanlike boppeslach. ‘Hoeder en Skiep’ (1955) en ‘Striid en segen’ (1958), it lêste mei gâns autobiografyske stoffe, rikke minder fier. As tekener fan agrarysk libben yn Kalvinistyske rûnten yn noardlik Fryslân hat Cuperus lykwols syn gelikense net. Evenrediger en mei kennis fan de eigen begrinzingen hat de útsûnderlik produktive Paulus Akkerman (1908-1982), bakker en kassier, bûten seis bondels humoristyske sketskes en ien novelle,
sa'n fyftjin swakrealistyske romans op syn namme brocht, wêrfan't ‘Hessel Ypma’ (1949) der nettsjinsteande alle trystens wat útrint. Fierders wurde net sûnder humor en mei in skerpe typearringskeunst brokjes folkslibben útbylde mei nea net folle djipgong. Bekende titels binne dan ‘De soargeleaze’ (1943), ‘It Freark
Bântekening fan M. Buis foar P. Akkerman, ‘It Freark Jabiks folk’
| |
| |
Typoskrift fan P. Akkerman: ien fan syn wyklikse ferhalen ‘Foar de lins’ yn de Ljouwerter krante (FLMD)
| |
| |
Japiksfolk’ (1946), ‘Wankend ljocht’ (1950), ‘In man allinne’ (1956), ‘De lêste fan 'e Kempenaers’ (1964) en ‘In haven bisyld’ (1972). Dat út it libben skeppend fertellen, mar dan mear rjochte op it boerebedriuw, hat ek Hoatse de Jong (1884-1982), lânarbeider, oer him hân yn in trettjintal meinimmende romans, dêr't ‘Trude’ (1953) it bekendst fan wurden is. Ek ‘Dieke Oevering’ (1972) fertsjinnet as bettere folkslektuer omtinken. Sa hat Goaitsen Burgy (1886-1944), timmerman, kafeebaas, winkelman, yn 'e tritiger jierren net in bytsje sukses hân mei syn toanielstik ‘Hirde koppen’ en yn 'e fjirtiger jierren net minder mei syn ‘germaanske’ roman ‘Biritsen fjûr’ (1943). Neilitten wurk fan him is bondele yn ‘Tusken Boarn en Tsjonger’ (1950). Wat literêrder fan alluere is dêrby ferlike it wurk fan Gerrit Mulder (1895-1961), sjoernalist, fan waans likernôch fyftich ferhalen der mar in pear útkippe. Fan syn romans is ‘Romten en paed’ (postúm, 1961) in foarútgong by ‘In frou tofolle’ (1951), en ek by syn ‘Augur en de twa portretten’ (1957), in boek oer de evangelist en kristen-sosjalist Metten Koornstra (1852-1923). Fierder tebek yn 'e skiednis - en ek yn skriuwtrant - giet ‘De striid om Keulen’ (1956), de postúm ferskynde histoaryske roman fan Albert Jans Wybenga (1887-1954), direkteur gemeentewurken. Skriuwers leafde foar de Fryske skiednis is hjir beleaven net minder grut as de oprjochte grym wêrmei't sa'n tweintich jier earder in man as Yme Wiedema (1880-1936), boppemaster, de Jongfriezen yn syn beide mânske boeken ‘It Eigene’ (1934) en ‘De
klokken fen it Fryske hiem’ (1937) út 'e leage wosken hie mei in styl fan skriuwen dy't in ûnderwerp fan duorjender wearde fertsjinne hie.
| |
5.6
Underwilens waard literêr fan de slimste Jongfryskens ek fierder distânsje nommen. oant dyselde mids-tritiger jierren - en by hiel wat skriuwers oant folle letter - hiene, los fan alle aktualiteit, de ûnderwerpen fan de literêre skeppingen suver allinnich oan Fryslân bûn west. Yn 't heitelân hie de boarne fan de ynspiraasje lein en dêr hie alles him meast ek ôfspile. Koene aktuele dingen fan om utens by folksskriuwers noch wolris tepraat brocht wurde (lyk as om 'e ieuwiksel hinne de Boere-oarloch) by de Jongfriezen waard in wrâldkriich sa goed as deaswijd en waard ek oan de eigentiidske maatskiplike en ynternasjonale problematyk alhiel foarbygien. Inkelde persoanlike soldatebrieven koene dat net ferhelpe. It ynhâldlik ferskeel tusken de earste en de lêste bondels fan dichters as Fedde Schurer en Inne de Jong lit klear útkomme dat der ûnder de bedriuwen gâns wat feroarje soe. It typysk Fryske soe ûnderwilens ferbrede en ferdjippe wurde ta it algemien minsklike. Plak fan hanling koe op 't lêst rûnom te wrâld wêze. De swetten wiene útlein en de Fryske klok op wrâldtiid bysteld. It begjin fan dat ûntfryskingsproses dat him neffens Hollânsk foarbyld oer de grinzen as in skruten eachweidferromjende ferkenning op Europeesk plan foardie, utere him it earst yn it sjenre fan 'e poëzij.
Fan 'e bondels dy't om dy mids-tritiger jierren hinne ferskynden wie ‘Lunchroom’ (1936) fan Johannes Doedes de Jong (1912), parsefotograaf en sineast, sawol om de uterlike as ynderlike foarmjouwing foar Fryslân al wat nijs. Modern foar dy tiid is dêr de toan fan krityske opstannigens, in tige sprekkend eigen lûd - delslach fan foaroarlochske ûnrêst en driging - dat lykwols net altiten like lokkich fan in eksperimintele foarm stipe wurdt. Ek yn syn lettere ‘Fersen’ (1963) is de ynspiraasje gauris sterker as it technysk fermogen. In sfear fan warleazens komt sûnder mis oer, in sfear dy't aparte aksinten krijt as men dêr oare bondels út dy tiid neist leit: it romantysker ‘Waerglês’
| |
| |
(1938) fan Jan Piebenga (1910-1965), ûnderwizer en sjoernalist (waans grutste literêre fertsjinste, njonken syn essays, bondele yn ‘Omgong en trochtocht’, 1958, grif de oersetting fan 'e Aldyslânske saga ‘Hrafnkel, prester fen Frey’, 1939, hjitte moat) en in oare bondel as it oars wol flot-oandwaande ‘Utsjuch’ (1938) fan Sytse Jan van der Molen (1912-1995), publisist en sjoernalist (dy't letter as skriuwer fan kabaretfersen mear útblinke soe). Noch suverder is dat modern mien-minsklik lûd te beharkjen yn in al yn 1934 skreaun fers as ‘Broken melody’ fan de jong ferstoarne learaar Dútsk Yke Reinders Boarnstra (1907-1943). Dat gedicht soe mei oar wurk fan sines, wêrûnder út heitelânsleafde ûntstiene spotske kopla-eftige kûpletten postúm gearbrocht wurde yn ‘Waeksen ark’ (1945), in samling dy't mei syn teloarsteld fielen en ûndergraven fan âlde wissichheden wol sjoen is as it symboal fan dat nij begjin, dat nei de oarloch fan Schurer yn it earste nûmer fan ‘De Tsjerne’, literêr tydskrift (jannewaris 1946), neier formulearre waard as it ferbrekken fan 'e bining tusken literatuer en beweging. Dat it dêr doe langer net gyng om Fryske literatuer mar om literatuer op syn Frysk hie him yn dy snuorje op 'en skerpsten ferdúdlikje litte kind oan 'e hân fan inkelde foaroarlochske fersen fan Garmant Nico Visser (1910), sosjograaf, wêryn't de Europeeske kultuerwurgens fan 'e tritiger jierren yn bittere Fryske rigels gauris mei in echt stammerjend-oandwaande wurdoarder (ynfersy) ferwurde stiet. Bondele as ‘oanspielsel’ yn ‘Jolm’ (1948) en as ‘neifloed’ yn ‘Agger’ (1964) sprekt
dizze poëzij fan de nearste wanhoop en djipste ienlikens dêr't it Fryslân fan 'e dreamen skraach mear as in loftspegeling is. Mear dan as oersetter út 'e Ibearyske hoeke (fan de Portugeeske reisbrief ‘Pindorama’, 1956, en de Braziliaanske ballade ‘It slaveskip’ (1962) sil ‘Gerben’ Visser bekend stean bliuwe as de djip-oandiene anty-moaiskriuwer dy't Fryslân literêr slim oer 't mad kaam (‘Jolm’ joech by ferskinen noch gâns opskuor en soe de oanlieding wêze ta in sympoasium en in wiidweidige polemyk yn ‘De Tsjerne’) en dy't it pessimisme (mar mear ek net) fan in tiidrek earlik en oertsjûgjend stal jûn hat. Yn 1989 ferskynde it ‘Samle wurk’ fan G.N. Visser.
As gâns alsidiger keunstner fan it wurd kaam dêrfoaroer allinken Douwe Annes Tamminga (1909) nei foaren, ûnderwizer en wittenskiplik meiwurker oan 'e Fryske Akademy. Hy soe fierút de wichtichste dichter fan syn generaasje wurde. Yn syn earste bondel ‘Brandaris’ (1938), dêr't ynfloed fan in Kiestra net frjemd oan is, falt fuort it grut masterskip oer de taal op. Yn wenstige foarmen byinoar skikt krije deistige wurden in nije krêft fan bylding en ynhâld, dêr't yn guon fersen, lyk as yn ‘Bea’, de djipte en spanning fan in symboalyske betsjutting oan tafoege wurdt. Technyske oerwichtigens wurdt hjir suver rûnom noch fan sterk-skilderjende sizzensmacht yn 'e blâns hâlden. Yn 'e twadde bondel ‘Balladen en Lieten’ (1942) soe dat net altiten slagje. Benammen yn 'e ‘Balladen’, masterstikken fan technyk, kin de ynhâld dy folsleine foarm net op alle plakken wiermeitsje. Hoewol't er it foarbyld fan J.W.F. Werumeus Buning yn dizze teksten fier foarbystribbe en de balladyske herhelling, troch de betsjutting ûnderweis te feroarjen, in nije funksje joech, hie de dichter dat sukses net rispe as er de tiid fan oarloch en besetting net sa meihân hie. De ûnderwerpen út 'e eigen skiednis foelen doe mei ûntweitsjend nasjonaliteitsgefoel gear. Dat rêde tydlik de ‘Balladen’, krekt sa't it sjenre fan 'e ‘Lieten’ by de dichter sels ek net mear as in tydlike rjochting betsjutte.
Bliuwend as staal fan uterst ferfine taalhantearring en tagelyk as oantsjutting fan Tamminga's dichterlike ûntjouwing en
| |
| |
D.A. Tamminga (nei in portret fan Paul Citroen) (FLMD)
mooglikheden is de bondel ‘It griene jier’ (1943), in lyryske syklus, him ynjûn troch Ed Hoornik syn ‘Geboorte’, likefolle de lof sjongend fan leafde en berte as ferbjusterjend it berik fan wurden oant yn it tearste ferdjipjend. Frijer fan foarm slút ‘De sitadel’ dêr op oan, ûnwjerlisber it hichtepunt út ‘Nije Gedichten’ (1945). As gehiel is it ‘nije’ oan dizze bondel foaral in striid mei de foarm. Lossere konstruksjes mei gauris binnenrym komme te stean neist de fêste twang fan Nijhoff-eftige sonnetten. Lyk as ek yn ‘Floedmerk’ (1965) is de ynhâld by wat persoanliker ynslach like folle in ôfrûning en befêstiging fan ‘Brandaris’ as dat de nije ferheljende fersen yn ‘Balladen’ (1956) har niisneamde foargongers oanfolje as geve monuminten yn taal. Dat is mei syn waas fan muoilikens en weemoed ‘In memoriam’ (1968) ek wurden, in rige fan fjirtjin hymnyske oantinkens skreaun nei it weireitsjen fan syn soan. As weardich tsjinhinger fan ‘It griene jier’ foarmet dizze samling in absolút hichtepunt.
Heech ek koe Tamminga mei taalmacht en foarmbehearsking stige as oersetter en bewurker. Neist ‘10 psalmen’ en ‘Dagen fan heil’ (beide 1973) moatte yn dat ferbân, bûten noch de ‘Folksforhalen en mearkes’ nei Andersen (1943), as wichtichste wurken neamd wurde ‘Dzjengis’ nei J.J. Slauerhoff (1946), ‘De raven’ nei E.A. Poe (1949), ‘It reisjournael’ nei J.W. von Goethe (1958), ‘In winterforhael’ nei Dylan Thomas (1961) en ‘Don Quichot op 'e brulloft fan Kamacho’ (1966) nei Pieter Langendijk.
Boartliker en folksaardiger hat Tamminga respektivelik wurksum west as parodist en oarspronklik toanielskriuwer. ‘Leksums’ (1945) binne foarbylden fan it iene; stikken as ‘Trelit op 'e miedpleats’ (1947) en ‘De Hogerhuis-saek’ (1950) en ‘God wol it’
Omslach nei in ûntwerp fan Johs Mulders foar ien fan de tema-nûmers fan ‘De Tsjerne’
| |
| |
Hânskrift fan D.A. Tamminga: fragmint út ‘It griene jier’ (FLMD)
| |
| |
(1954) fan it oare. As taalkenner en taalbrûker heart dizze wurdkeunstner, dy't by alle wiksel om him hinne himsels bleau (syn dichterskip hold ferlet fan rym en regel en in Fryslân-bining) mei eare thús yn 't rychje fan eardere taalfirtuoazen as Salverda, Murray Bakker, Holtrop en Kiestra.
| |
5.7
Net minder as ‘1915’ soe it jiertal ‘1945’ in wichtige mylpeal yn 'e skiednis fan 'e Fryske literatuer wêze. De oarlochstiid hie literêr net in toarre rite west. Foar in him útwreidzjende lêzersrûnte wie hieltyd mear skreaun, hoewol net altiten like ferantwurde. Mei de befrijing wie lykwols it sicht rommer wurden, sadat mear as ea Fryslân him part fan in grutter gehiel fielde en der geastlik ek solidêr mei wie. Foar in ûntfrysking, in feralgemiening sa't dy him yn it sjenre fan 'e poëzij foar de oarloch al skruten opponearre hie, wie samar ynienen in aldergeunstichst klimaat ûntstien. In sjenre as it proaza soe no ek net efterbliuwe. It gyng der net mear om (lyk as yn 1915) om ‘Fryslân in eigen literêr gesicht’ te jaan, mar om oan de Literatuer in eigentiidske Fryske bydrage te leverjen, leafst op in hichte dy't net te bot út 'e toan falle soe. Sa waard de nei-oarlochske tiid in snuorje fan warberens om in heger, mear ynternasjonaal beskaat peil te berikken. Yn it nije literêre tydskrift ‘De Tsjerne’ wie mear as wa ek (as in wikel mank de mosken) Anne Wadman yn 'e jierren 1946-'54 Fryslâns literêr gewisse. Hy hifke strang, mar myld en sette in kleare noarm. De skied tusken literatuer en lektuer waard dêrmei skerper en klearder sichtber en dielde rûchwei ek lêzers en skriuwers yn twa kampen yn. Om 1950 hinne wie it koarte ferhaal wol sawat op 'e hichte fan 'e tiid brocht (de sammelbondel ‘Sawn is in galgefol’, 1951, wurdt dêr wolris as symboal fan sjoen) en sawat tsien jier letter koe itselde ek wol sein wurde fan de roman.
Under de bedriuwen hie him om utens yn 'e poëzij as eksperimintele rjochting wer in foarmfernijing foardien dy't yn Fryslân net probleemleas ferrinne soe. Fan Fryslâns nei-oarlochske proazafernijers, dy't tagelyk dichter wiene, hawwe mar inkelden poëtysk ek oansluting by dat nije eksperimintele fine kind. Fierút de measten fan dizze Wadman-generaasje sieten as dichters te sterk bewoartele yn de foaroarlochske tradysje (krekt as wat âldere figueren as Tamminga en Poortinga).
Dat Ype Poortinga (1910-1985), wittenskiplik meiwurker oan de Fryske Akademy, poëtysk dôch ek in ûntjouwing sjen litte koe, kaam trochdat syn fersebondel ‘Sinneblink’ (1941) by ferskinen tradisjonelernôch útfoel. Tsjin de wat plattelânske sfear en stimming dêryn soe efkes letter fan syn hân dat inkelde fers ‘Foech soldate-oproer’ (1945) alteast modernistysk wreed en ferbiten ôfstekke. Sa makke Poortinga yn it grut ek in sprong as ferteller yn proaza, in sjenre dat him fan hûs út it bêste lei. Opmerklik is it ferskeel yn trant en tema al tusken de earste ‘gewoanere’ ferhalen út de tritiger jierren en syn technysk mear by-de-tiidske stoarjes fan nei de oarloch. De lêsten steane byinoarbrocht yn ‘Kin myn hynder hjir ek stâlje’ (1970), wêrfan't it titelferhaal en ‘Yn 'e weme’ sterke mystear-je-ferhalen binne. In treflik ‘science fiction’-ferhaal dêryn is ‘De takomst fan it forline’, in titel dy't mei wat goede wil ek passe soe by Poortinga syn romans dy't altiten dingen út datselde ferline beskriuwe op in foar dat ferline takomstige wize, sadwaande it foarbyld mei hieltyd oertsjûgjender sielkundige middels hjoeddeisk ferklearje. As de novelle ‘Noedlik doel’ (1938), fernimstich yninoarskreaun en mear oantsjuttend as djipdollend, dy nijere trant meikrigen hie, soe op syn minst in mânsk boek ûntstien wêze.
De stap nei de beide dielen fan de roman
| |
| |
Y. Poortinga (foto Frank Straatemeier)
‘Elbrich’ (1947 en 1949) is dan benammen ambachtlik ek grut. De âldfrinzige oanlieding (as wie yn Fryslân in âld hânskrift opdjippe en bewurke) stiet safolle oan sfeartekening en útwurke sielelibben fan in healslachtige Alef en in ynfroulike titelheldinne foaroer, dat it dy saneamde oanlieding alhiel fersaket. Ek ‘Ik haw in man stellen’ (1966) en ‘Duveldei op Grienlân’ (1967) rikke, hoe histoarysk en geografysk ek beskaat, beide nei in eigen soarte fan universelens. Yn it earste, in novelle spyljend op Sylt, giet it om in leafdesferhâlding dy't stridich is mei lâns wetten: it oare ferbyldet (mei in skipsdokter as ‘eye-witness’) op ûnferjitlike wize in oerwintering fan walfiskfarders.
Poortinga syn sin foar it dramatyske hat him ek utere yn (nei de tekst fan Eeltsje Halbertsma) in sjongspul as ‘De Jonkerboer’ (1946) en boppedat yn in grut tal toanielstikken (dêr't de dramatisearring, 1942, fan Van Houten's ‘De sûnde fan Haitze Holwerda’ it bekendst fan wurden is). Fan 'e acht stikken yn oparbeidzjen mei Barend van der Veen moat foaral it âldtestamintyske ‘Rispa’ (1961) neamd wurde.
Syn altyd grutte nocht oan 't folksaardige koe Poortinga útlibje yn it opnimmen en stilearjen fan folksferhalen, in kwestje fan ‘in takomst’ foar in ‘ferline’ feilich stelle yn 'e praktyk. Yn in rige ferskynden sân mânske dielen: ‘De ring fan it ljocht’ (1976), ‘It fleanend skip’ (1977), ‘De held en de draek’ (1978), ‘De foet fan 'e reinbôge’ (1979), ‘It gouden skaakspul’ (1980), ‘De prins op frijersfuotten’ (1981) en ‘Hûndert pûn klûntsjes en in karre fol lytsjild’ (1982). Under de titel ‘Och myn leave jonge’ (1976) ferskynde ek in bondel wiere ferhalen en it ‘Jan Hepkesferhaal’, ‘Ik ha 't ris hân’ (1986).
Gâns aktueler kaam de sintrale figuer fan 'e nei-oarlochske generaasje, Anne Sybe Wadman (1919), learaar Nederlânsk, út 'e
Omslach fan Y. Poortinga. ‘elbrich’ diel I mei in reproduksje nei in skilderij fan A. van Cronenburg yn it Frysk Museum
| |
| |
Typoskrift fan Y. Poortinga, mei syn hânskriftlike ferbetteringen: fragmint út ‘Duveldei op Grienlân’ (FLMD)
| |
| |
Anne Wadman (foto Henk Kuiper)
hoeke. Syn grutte foarbylden en learmasters hiene yn Hollân sitten. Lykas by Poortinga soe de poëzij by him in râneferskynsel wêze en lyk as by ‘Gerben’ Visser út in soarte fan fersetshâlding wei skreaun wurde. De bondel ‘Op koart front’ (1945), de ynset fan de nije Reiddomprige, set fuort in toan fan ûntwapenjende iepenhertigens, fan ûnfrede mei it deistich bestean, fan wjeraksel dy't altemets gefoelich hâld siket (‘Fête galante’ en ‘Mozart skriuwende’), mar meast yn ferstanlike selsspot bestjurret (‘Petear mei de moanne’ en ‘Kwatrinen by myn dea’). Yn 'e bondel ‘Fen tsien wâllen’ (1945) sit de satiryske stoffe ironyskwei yn sonnetfoarm ferpakt, wat net allinne de bittere earnst fan 'e selskrityk wat betrekliks jout, mar soms ek licht humoristysk wurket.
Ek yn it proaza is Wadman (sûnder himsels te mijen) it sterkst as er skerp en spotsk persoanen úttekenje kin en fyntsjes wat har beweecht of krekt net beweecht útinoar raffelet. Yn 'e roman ‘Fioele en faem’ (1948) jildt dat de klerk Jeen Joukes Offringa (grif foar in grut part de skriuwer sels) dy't yn Amsterdam syn wolris wat al te breed útmetten teloarstellingen te ferwurkjen krijt. Yn 'e novelle ‘Reedridder’ (1949) is it minderweardich fielen op it iis folle dúdliker en net sûnder galgehumor (titel!) in eigen raak beskreaun manko. Yn beide stoarjes moat de kultureel ferfine yntellektueel tsjin de rûge hufter belies jaan. ‘Yn 'e lytse loege’ (1960) wie yn 't ferlingde dêrfan dan ek net in ferrassende titel om der syn koarte ferhalen ûnder te beflappen, stoarjes dy't logysk en psychologysk sa oannimlik makke binne dat ek dêr foar it ferrassende amper romte is. ‘It ljocht’, ‘It idealistekamp’, ‘Memme-eagen’
Omslach earste printinge fan Anne Wadman, ‘De Smearlappen’, nei in ûntwerp fan Meinte Walta
| |
| |
Hânskrift fan Anne Wadman: fragmint út ‘De feestgongers’ (FLMD)
| |
| |
en ‘Tomorrow morning’ moatte ta it bêste út dy tiid rekkene wurde.
Njonkenlytsen losser fan himsels rekke, boarte Wadman skriuwenderwize dúdlik (en kritysk) mei oaren (fakânsje-gasten op in eilân) yn ‘Hoe moat dat nou, Marijke’ (1960), in struktureel fernimstich opsette roman, wêryn't stikje by bytsje losse patroantsjes ta ien grut gehiel gearweefd wurde. Yn ‘De oerwinning fan Bjinse Houtsma’ (1962) is it wer de yntellektueel (ûnderwizer) mei artistike ynslach dy't oan de koartste ein lûkt, oertsjûgjender skreaun as ‘De smearlappen’ (1963) dat om syn seksuele frijmoedigens in ‘bestseller’ wurden is, wêryn't lykwols de ‘ûnnoazele Eelkje’ gauris al te snoad de dingen opbychtet. Masterlik dêrfoaroer is yn ‘Kûgels foar in labbekak’ (1964) de bychtyn-monolooch fan 'e man dy't ‘net in held west hie’ yn 'e oarlochsjierren, in tema dat him yn ‘By de duvel to bycht’ (1966) op ynkringender wize mei help fan in iepenbierjende dialooch op ‘en pynliksten herhellet. As neier eksperimint mei de foarm ûntstie ‘De feestgongers’ (1968), technysk in soarte fan ‘rûndeel’ yn proaza, dêr't yn ûtkomt dat de leazens fan in rûch feest gjin libbenspatroan fersteure kin. Yn ‘It rammeljen fan de pels’ (1970) flitst de monolooch fan in froulike ikfiguer troch romte en tiid om de skuldfraach hinne fan in auto-ûngelok wêrby't wa't as liftster by har man yn 'e auto siet (de doktersfrou) deareitsje soe. Sa't om bar twivel en betrouwen, wjeraksel en leafde dizze ikfiguer besette tsjûget fan skerp ynlibjen. Dat is ek it gefal mei it lang brief wêrmei't de skriuwer yn ‘As in lyts baeske’ (1973) in begrutlike figuer as Sije fan Merkum (ek wolris te snoad) syn bekentenissen as strúnder en ekshibisjonist dwaan lit. Sels bekende Wadman yn dy tiden dat
er in roman, nei't er der in set mei omrûn hat, yn twa wike op papier krije kin. Dat seit hiel wat fan skriuwers fermogen om konsintrearre te tinken en skerpsinnich te analysearjen, eigenskippen dy't him ek as Fryslâns suverste kritikus tsjinje soene. Bondels as ‘Kritysk konfoai’ (1951) en ‘Mei Abraham fûstkje’ (1969) en ‘It kritysk kerwei’ (1990) litte dat klear útkomme. Syn ienmansbledsje De ‘Teannewâdder’ (1961-'63), dat mei it omstriden ferhaal-mei-seks ‘De Reade Roas’ ynsette, befêstiget likefolle dat mei in tiidrek fan âldwrâldsk sentimint en hillige húskes ôfweefd is as dat it in nij tiidrek fan realistysk tinken en psychologyske ferdjipping oantsjinnet.
As oersetter lit dat bledsje Wadman noch sjen mei ‘In slet fan tsien dollar’ nei J.P. Sartre, in stik dat better as 't eigen dramatysk besykjen oanjout wêr't it yn Fryslân ek op it stik fan toaniel noch hinne moatte soe.
Modern toaniel hawwe ek oare Reiddompmannen al oersettend foar yn 'e skrep west. Yn dat ferbân mei de namme net ûntbrekke fan Marten Sikkema, skriuwersnamme fan de yn Utert berne Govert Alettinus Gezelle Meerburg (1918), learaar Nederlânsk, dy't as ûnderdûker it Frysk oanlearde. It Sweachster iepenlofttoaniel soe syn foardiel dwaan mei ‘Wilhelm Tell’ (1955, nei Schiller), ‘Adam de Skepper’ (1956, fan 'e bruorren Čapek) en ‘Dea fan in hannelsreizger’ (1957, nei Arthur Miller), wylst it Ljouwerter Toaniel Selskip ‘Hillige gloede’ (1957, nei Somerset Maugham) spile hat en Tryater ‘It Wurd’ (1974, nei Kaj Munk). Ek oare sjenres wie Sikkema as oersetter treast. Bûten in jongesboek út it Sweedsk, ‘Marpiraten’ (1952), ferskynden apart ‘Noarderljocht’ (1952), dat in bondel is mei poëzij út 'e Skandinavyske hoeke, ‘De ballade fan Reading Gaol’ (1953, nei Oscar Wilde) en ‘De jaden fluit’ (1969), Sjineeske lyryk, en ‘Murk en Minne’ (1993) út it Dútsk nei Wilhelm Busch, allegear bewizen dat Sikkema as dichter-oersetter like treflik oarmans lûd en stimming werjaan kin as dat er ek muoiteleas, liket it (mar dat is skyn), yn de
| |
| |
Marten Sikkema (foto Leeuwarder Crt.)
oarspronklike fersen it eigen fielen en tinken stal jaan kin: in fielen dat in moderne ûnwissens ferriedt, in tinken dat de swiersettige kant út roait. Alles wurdt by him yn tradisjonele foarmen getten en meast yn pastorale, soms wurge sfearen bewuolle. By de earder yn 't jier ferskynde bondel ‘Stjerrerein’ (1946) hie ‘Swart en wyt’ (1946) mei fersen as ‘Galgefjild’ en ‘Rottekleaster’ taalkundich en literêr in hiele foarútgong west, dêr't lettere bondels as ‘Skaedbylden’ (1951) en ‘Seinen’ (1959) like feardich en flot op oanslute sûnderdat de toan wisser wurdt. Dat earder it ‘lyts lok’ fan hieltyd mânsker ôfdijers bedrige wurdt, soe oan 'e ein út in oerhearskjend tal oersettingen (wêrûnder dy prachtige ‘Sâwn balladen fan François Villon’) op te meitsjen wêze.
Under de bedriuwen hie Sikkema him kenne litten as betûft ferteller fan in apart soarte koarte ferhalen. Los fan alle tradysje en mei meast foarbygean oan logyske gearhing en tiidsoarder steane njoggen fan dy ûntradisjonele stoarjes byinoar yn ‘De slach forlern’ (1954). Hja tekenje minsken yn útwrydske omstannichheden, guon yn tiden fan oarloch of beset fan in spoekeftige benearing, oaren mei dwylfoarstellingen of syklike ferjitlikens. Personaazjes, dy't amper meàr foarm krije as marionetten, meitsje de spoekferhalen namste luguberder. Njoggen fan dat soarte (wêrûnder ‘PP131153’) steane yn ‘De grize oer de grouwe’ (1958), in sammelbondel dêr't (bûten Poortinga) noch in ferteller fan natuere ta bydrage soe: nammentlik Geart Jonkman (1910-1970), ynspekteur ‘Friese Pers’, dy't by foarkar yn syn ferhalen ‘net-gewoane’ minsken beskriuwt. Yn bondels as ‘Frjemde epistels’ (1951, wêrûnder ‘Brieven oan myn regisseur’ dat,
Marten Sikkema syn oersetting fan Oscar Wilde's ‘Ballade fan Reading Gaol’, mei in omslachûntwerp fan Sjoke Valk
| |
| |
omwurke yn 1968 apart as ‘Master Ego’ útkaam), ‘Li Fu en oare forhalen’ (1954), ‘De Kastleinsdochter en oare froulju’ (1966) en ‘Tusken dream en dea’ (1967) komt men se by 't seksje tsjin. Nearne makket Jonkman it himsels dêrby maklik. It him ynlibjen yn 'e tinkwrâld fan abnormale minsken moat in opjefte west ha. Hy rêdt it lykwols mei wat fan in moderne flêr linich op. ‘De trijehoek’ is suver al wat klassyk wurden. ‘De moeting’ (1988), in karbondel jout de ferhalen fan Jonkman de bekendheid dy't se fertsjinje.
As oersetter hat Jonkman (neist mearkes fan Grimm yn ‘De wûndere wrâld’, 1950) foaral it toaniel tsjinne. Klassike stikken nei Molière, Shakespeare en Goldoni binne fan him op syn minst sa spylber bewurke as dat nei Anouilh.
It grutte ferlet yn Fryslân fan gaadlik modern toaniel soe noch it meast mei oersettingen oanfold wurde fan Freark Wigers Dam (1924), sjoernalist, letter konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, de jongste Reiddompman fan 'e earste oere. Jierren efterinoar soed er it Sweachster iepenlofttoaniel mei teksten skewiele. Mei de him eigen firtuositeit waarden ûnder oaren stikken fan Friedrich Dürrenmatt (‘In ingel yn Babylon’), Niko Kazantzakis (‘Kristus wurdt jitris krusige’), Thornton Wilder (‘Our Town’) en fan Bertolt Brecht ‘Der gute Mensch von Sezuan’ as ‘In minske sûnder wryt of slyt’ (1962) nei Fryslân ta helle. Persoanliker en boartliker ynslach krijt it berime ‘Rjochtdei’ (1953), in Reinaartbewurking. It iennichste oarspronklike stik is it oarlochsstik ‘Dat wie doe’ (1955).
Dat by Dam dat oarspronklike wurk kwantitatyf net hellet by wat er mei-inoar oerbrocht hat (en dêr moat Sjoerd Leiker syn roman ‘Trije Tsjûgen’, 1952, noch oan tafoege wurde) moat mei ferklearre wurde út it feit dat oarloch en deportaasje in wrede sneed yn syn suver en iepen dichterskip set ha. De prille
Omslach fan Marten Sikkema syn bondel ‘Seinen’, nei in ûntwerp fan Meinte Walta
spontanens, dêr't de bondel ‘Under fjouwer eagen’ (1946) fan tsjûget, soe omslaan yn wrok en bitterheid mei spotske ûndertoanen (sa't út 'e lang om lette bondeling ‘Sa sydlings’, 1960, bliken docht). Utersten as bygelyks ‘Boadskip’ en ‘Dy't weromkaem’ kin inkeld de djipste ûntgûcheling en wrangste ûntdienens tusken lizze - mar ek in skoander ferhaal as ‘Ilse Rohde en it eilân’ (1951). ‘Yn hâldershân’ (1984) befettet neist fjouwerentweintich âlde gedichten, ek fjirtjin net earder publisearre fersen.
Merktekens fan 'e oarloch draacht ek it proaza fan Reimer Willem van Tuinen (1916), túnker. Syn wjerfarren as ‘Häftling’ yn 'e sketsen fan ‘Efter it tried’ (1946) en ûnderfiningen as saboteur yn 'e lêste oarlochsdagen yn 'e novelle ‘Forgetten post’ (1949) amje in echtens dy't har histoarysk foar Fryslân ta unike relazen makket.
| |
| |
Sjoerd Spanninga (nei in portret fan Sjoerd de Vries) (FLMD)
Foaral yn 'e novelle betsjut it spanningsfjild tusken persoanlike betrutsenheid en spotsk relativearjen ek literêr neat oars as winst. Ek inkelde losse ferhalen (wêrûnder ‘Skrael earesalút’, 1971, en ‘Underweis nei it forline’, 1973) ûnderskiede har troch in selde soberens en earlike minsklikens.
Van Tuinen hat (yn 't earstoan ûnder de skriuwersnamme Willem de Jong) ek poëzij skreaun, yntime fersen mei in eroatysk waas, dy't troch har primityf-breklike foarm in oansjen fan ‘net te kearen emoasjes’ krije. Langst nei leafde en ûnharmoanysk fielen wurdt op in ekspresjonistyske wize utering oan jûn. De bondel ‘Read en grien’ (1951) mei syn yninoaroerfloeien fan minske en lânskip docht wol Marsmaneftich, mar mear noch eigen oan. It fers ‘Lyts paradys’ is dêr in foarbyld fan.
Wjerlûden fan Marsman binne altemets ek te beharkjen yn 'e lânskippen dy't Sjoerd Spanninga, skriuwersnamme fan Jan Dykstra (1906-1985), sjoernalist, de lêzer yn syn fersen foar eagen tsjoent, dreamwrâlden fan in paradyslike skientme, dêr't oan dieren, dingen en abstraksjes neat minskliks mear frjemd is. De skriuwer makket it ta sa'n persoanlik-eigen singulier gebiet, dat it him folle mear foar ferbjusterjende ferkenningen as foar bliid herkennen lient. Der wurdt yn eksoatysk-oandwaande oarden boarte mei bylden dy't in eigen libben krije en it werklike ferrifeljend ferdiizje. It ferbân mei minske en minskheid hat (as it der is) earder wat fan in idealistysk bedoelde be-swarring as fan grammoedige ferkettering fan 'e meiminske. Wat dat oangiet is der yn syn bondels (‘Spegelskrift’, 1949; ‘Núnders’, 1950; ‘Finzen en Frij’, 1957; ‘Rattelmansreau’, 1962 en ‘Kymgong’, 1964) earder sprake fan in aksintferskowing as fan in ûntjouwing. De
Omslach fan Sjoerd Spanninga, ‘Rattelmansreau’, nei in ûntwerp fan Meinte Walta
| |
| |
Typoskrift fan Sjoerd Spanninga (FLMD)
| |
| |
Jo Smit (foto Henk Kuiper)
lichte krityk op it minskdom wurdt linkelytsen heechút wat tsjokker oanset, mar tagelyk fan mear selsspot en humor fersêfte. It ‘Samle wurk’ (1992) lit dy ûntjouwing moai dúdlik sjen.
Om syn besündere wrâld te skeppen soe Spanninga alle mooglike boustoffen brûke kinne: rym en ûnrym, âldfrinzige, frjemde en sels-oanrette wurden, koarte en lange rigels, itige byldspraak en eksperimintele, frije fersen, kwatrinen en sonnetten, alles kaam him fan pas. De man waans ferbylding fan grinzen gjin weet hie, soe lykwols as poëzijfertaler mislearje. ‘De lytse karavaen’ (1968, mei ûnder oaren fersen nei Rilke en Wilde) en ‘De Mary Gloster’ (1968, nei Kipling) kin men better net by de orizjinelen hâlde. Spanninga syn trant is fan klank en kleuren ritme blykber tè oarspronklik om linich oarmans lûd te heinen.
Unneifolgber (mar goed nei te kommen) tinkwurk, keppele oan in libbene fantasy, leit te'n grûnslach oan 'e literêre produkten fan Jo Smit (1916-1991), ûnderwizer en man fan krante en radio, dy't him as ‘Schylger’ fan komôf pas op lettere leeftyd ta it Frysk bekearde. Nei syn debút, de novelle ‘Sûnder sûker’ (1956) wist men fuort dat men net rjocht wist wêr't men mei dizze man oan ta wie. Om yn sa'n novelle negative kwaliteiten posityf wurkje te litten is in aparte filosofy en skerpsinnigens foar nedich. Dy eigenskippen soene de tweintich ferhalen yn ‘Bisten en boargers’ (1959) ek op kostlike wize te'n goede komme. Stoarjes as ‘Kranteforhael’ en ‘Fabel fan de túnslang’ binne al bekend om har ferbjusterjend slot en brike tastannen. Yn it iroanysk beskriuwen fan it ûnwerklike en ûnbesteanbere is Smit dan ek op syn bêst. Dan jout er syn moraal mei in gnyske. Net om 'e nocht is de skriuwer ris in ‘múske yn 't grut’ neamd.
Omslach fan Jo Smit syn ferhalebondel ‘Bisten en boargers’, nei in ûntwerp fan Cor Reisma
| |
| |
Hânskrift fan Jo Smit: ien fan de fersen yn syn parodistyske samling ‘Stôk en ballen’ (FLMD)
| |
| |
Oar wurk, lyk as ‘Wês foarsichtich, Watse’ (1968, in ludike detektive, skreaun nei oanlieding fan in neffens him net oertsjûgjend koart ferhaal fan Trinus Riemersma) en ‘Stôk en ballen’ (1970, biljert-fersen, parodyen op besteande gedichten) is dêr foaral net mei yn striid, likemin as ‘Happening de Vries’ (1966), in neaspile toanielstik.
Ek wat fan dat ‘múske’, mar dan tsjin in gewoane, werklike eftergrûn, hat Sjoerd van der Schaaf (1906), sjoernalist, altiten oer him hân. Hy debutearre mei de earste Fryske detektive ‘It geheim fen de Greate Wielen’ (1941), in ferhaal mei ‘speaking names’ en net al te grutte pretinsjes, mar meinimmend skreaun. Op in ridlike distânsje stiet de auteur alles, liket it, mei in ûndogensk glimke te besjen. Mear spytgnyskjend beskreau Van der Schaaf ‘Abbingawâld’ (1947), in doarpskronyk dy't op 'e Sweach noch al wat trelit joech en troch de spotske ynslach en iepenbierjende ‘close-ups’ krekt it tsjinstelde wurden is fan wat as regel foar in doarpsroman trochgean moat. De novelle ‘De wûndere simmer fan Jurrit Jongema’ (1957) is mear om in haadpersoan hinne boud en spilet moai wis ek op 'e Sweach. It hat in wat subtilere toan. Ek yn de stoarjes sammele yn ‘It gefal Hjerre Bijker en oare forhalen’ (1965) trillet efter grappigens en sterke fiten altemets in teardere snaar. Fan konstruksje litte hja wolris wat te winskjen oer.
De grutte fertsjinste fan Piter Terpstra (1919), sjoernalist en warber skriuwer fan romans en toanielstikken, is dat er nije ûnderwerpen en nije techniken oandoar en útprobearje wol. De gefaren dêroan ferbûn is er lykwols lang net altiten oan ûntkommen. Sa koe in doe foar Fryslân ridlik nij sjenre as de detektive skraach foarútholpen wurde mei ‘It geheim fan Osinga State’ (1946). Yn ‘De trein fan healwei achten’ (1947) skûle dêrby sjoen alteast in beskaat ûnthjit. Nivo soe Terpstra earst helje mei ‘Fjouwer minsken yn in stêd’ (1956), in boek mei in nijsgjirrige konstruksje, wêrmei't fjouwer aparte libbens stikje by bytsje nei in klimaks yninoar breide wurde. ‘Soldaten en muzikanten’ (1959) betsjutte dêrby in tebekfal. Wat yn dizze Lemster roman oeralhelle wurdt komt net rjocht teplak en de prachtige fynst, om in brok ferline as toanielstik yn te laskjen, net earlik út 'e ferve. Ek wat fan in sjoernalistike hastigens (likegoed op 't stik fan taal en styl) leit oer ‘De wrâld is der op tsjin’ (1967), in ferhaal dat yn 't ferdielde Berlyn spilet en psychologysk djipper dolle wol, lyk as ek it histoaryske ‘De dei is forroun’ (1972), stald om de soan fan Gysbert Japix hinne. Dêrby is ‘80.000 yn in stêd’ (1976) benammen net in foarútgong. It prosedee fan 'e skeanprinte tuskenstikjes docht boppedat forsearre oan. Terpstra hat sûnder mis treflike ideeën, mar hja krije krappernôch tiid fan rypjen.
Syn toanielstikken, ‘De koperen slang’ (1954), ‘Tsien jier letter’ (1955), ‘Snie yn 'e simmer’ (1956), ‘De dûbelgonger’ (1956), ‘De dream’ (1958) en ‘Europaleane 168’, (1976) laborearje oan 'e selde kwalen. Hoewol tarist mei nije eleminten, bringe hja literêr gjin fernijing.
Yn sa'n soarte ramt moat ek Hein Faber (1904-1970), publisist, sineast en antikêr, skikt wurde. Wisse ferteller fan hûs út hat er, bûten in ristke boeken foar de jongerein (wêrûnder inkelde ‘science fiction’-eftige), in pear romans en ytlike ferhalen op syn namme brocht, dy't yn haadsaak mei kust en see te krijen hawwe. ‘Doarp oan sé’ (1960) is in roman dêr't goed (mear kultuer-histoarysk) en kwea (literêr wol) fan sein wurde kin. Ek yn ‘In frjemde fûgel yn it bit’ (1966) en ‘Avontûren to sé en to lân’ (1974) rize boppe it sljochtwei ferheljen no en dan sfearbeskriuwingen út sa't dy guon fan syn koarte ferhalen faak rêde kinne. De bondel
| |
| |
‘Ofgeand tij’ (1950) kin, nettsjinsteande it tige slagge ‘Mist’, as gehiel net earlik meunsterje tsjin ‘Forhalen fan de sé’ (1970).
De sfear fan wetter en farren soe Liuwe Brolsma (1912-1976), printer en boekhanler, yn útblinke. Nei't syn sketsen ‘Om ús hinne’ (1940) net folle yndruk makke hiene, wylst ek syn beide grutte romans ‘Tjitte Winia’ (1941) en ‘Stoarm oer Fryslân’ (1946) net alhiel foldwaan koene, kipte in novelle as ‘Dy twa fan Warten’ (1942) wol wat boppe de midsmjitte út. Dat waard befêstige fan ‘De tocht fan de Salamander’ (1948), in wettersportferhaal dat komyske situaasjes raak ferbyldet. Graach hie men fan dizze aparte skriuwer mear hearre wollen.
Datselde soe ek jilde kinne foar inkelde oare auteurs dy't ferwachtingen oproppen hawwe: proaza-skriuwsters as Ria Postma-Stolk (1927) mei ‘Fiif minuten is to lang’ (1956); Auck Smit-de Boer (1916-1984) mei ‘Hwêr komst wei?’ (1969), dat in nijstilige doarpsroman is; en Boukje Fokkema (1924) mei ‘Bisiden de wei’ (1957), ferhalen dêr't letter inkeld dy iene stoarje ‘De kaei’ (1964) op folgje soe.
Wat de poëzij oangiet, smakket it troch D.A. Tamminga ûnder de titel ‘De laitsjende wierheid’ (1990) bondele, apart-humoristyske wurk fan Wybren Altena (1917-1987) ek nei mear. Kees Jongsma (1921) liet it inkeld by de bondels ‘Boer en dichter’ (1946), ‘Under it ûleboerd’ (1949) en ‘Milieu’ (1976), krekt sa't Tsjits Peanstra, skriuwstersnamme fan Tsjits Jonkman-Nauta (1924) it foarearst mei ‘Underweis’ (1955) en ‘Hûs fan stilte’ (1969) en ‘Neisimmer’ (1991) die, bondels mei net in lyts tal wier-trochlibbe fersen. Klaes Dykstra (1924) hat op de bondel ‘Untwyk’ (1950) yn haadsaak oersettingen folgje litten, wêrûnder nei Priestley it toanielstik ‘In ynspekteur skillet oan’ (1958), nei Coleridge ‘It liet fan de âld matroas’ (1962), nei
Ypk fan der Fear
Frederick Manfred de roman ‘Dit is it jier’ (1967).
Tige produktyf dêrfoaroer wie immen as Ypk fan der Fear, skriuwersnamme fan Lipkje Post-Beuckens (1908-1983), ûnderwizeres. Hja sette útein mei in mannich sketsen, sammele yn ‘Utskot’ (1943). Dy S.K. Feitsma-eftige ferhalen leit fuort al in ûnbeskromme realisme oan te'n grûnslach, sa't dat him yn letter wurk mei fûlder passy allinne mar ferdjipje en ferwiidzje soe. Har earste grutte roman ‘Ta him dyn bigearte’ (1949) fiert ús nei it Gaasterlân fan likernôch in ieu lyn om ús yn 'e kunde te bringen mei in froulike haadfiguer dy't mei de hertstocht fan har leafde de sede fan in mienskip trotsearret. Op fyndere wize skept de novelle ‘Ik en menhear’ (1952) in eroatyske sfear tusken in âldere man en de ikfiguer, in ‘juffer fan 'e húshâlding’. De tried fan 'e skiednis wurdt wer opnommen yn ‘De Breugeman komt’ (1953) mei frouljus- | |
| |
Omslach fan Ypk fan der Fear, ‘Ta him dyn bigearte’, nei in ûntwerp fan Harmen Post
figueren dy't yn 'e tiid fan 'e Werdoperij yn 'e striid tusken ierdske en himelske leafde komme te stean, beset fan in ynderlike tespjaltenens, sa't dy yn ‘Eilân fan de silligen’ (1966), in histoaryske roman oer 't libben fan Antoinette de Bourignon, fannijs (en oertsjûgjender) opdûke soe. Dêrfoar wie ‘De deade by de libbene’ (1959) al ferskynd, in roman oer in frou dy't by wize fan selsrjochtfeardiging in libben opbychtet dat oan it needlot fan foarteam en ferline net ûntkomme koe, wylst ta eigen selsbefêstiging yn 'e faaie sfearen fan ‘Ek in minske’ (1961) in frou tsjin heuch en meuch wiif en mem begeart te wurden. Dan besykje mei tryste útkomsten yn de novelle ‘De man mei it famke’ (1969) in útinoar dreaune heit en dochter wer oer inoars libben en ferhâlding ta klearrichheid te kommen. It slagget in frou yn ‘Ien lyk minder’ (1970) om in Joadske ûnderdûker troch de besettingsjierren hinne te skuorren.
Mei al dy froulju as haadfigueren, dat suver allegear net-gewoane froulju binne (guon mei slepende krupsjes, guon miswoeksen, guon mei kompleksen), hat Ypk fan der Fear nei grutte dingen taast. It is har slagge wat fan djip sielelibben iepen te lizzen yn faak ferantwurde ramten. Benammen de identifikaasje mei seksuele en godstsjinstige ladenens is opfallend.
As skriuwster hat hja mei de frou fan ‘Ien lyk minder’ in eigenskip as ‘moed’ mien. En sa't dy ûnderdûker efterôf net ûnskansearre út 'e striid komt, sa binne har boeken op 'e selde wize hjir skeind, dêr kniesd. Der kinne oanmerkingen makke wurde op 'e taal (lang net altiten like krekt), op 'e styl (te stuiterich yn 't earstoan, te pompeus wolris letter), op 'e soms breklike bou en bytiden wankele psychology. It wichtichste is lykwols dat (krekt as de ûnderdûker by eintsjebeslút) har boeken ek libjend út 'e wrakseling tefoarskynkommen binne, mear of minder sûn. Fertsjinstlik wurk die hja ek mei de oersetting fan de Platdútske roman ‘Keerlke’ fan Wilhelmina Siefkes, ‘It wurdt skielk wer simmer’ (1955).
Elkenien nijdwaan soe yndertiid de ûntdekking dat efter de Ella Wassenaer fan 'e fersebondel ‘reade runen’ (1959) har nimmen oars as dyselde Ypk fan der Fear ferskûle hie. It binne de ûnberonge uteringen fan langst nei leafde, fan wiffe bangens oer ûnfolsleinens, minsklik roppen, hertstochtlik fûl. Hjir hie ien fan 'e âldere generaasje, om har gefoel út te sizzen, in foarm fûn dy't net allinne tige oanspriek en as wurd-keunst ûntroere koe, mar ek yn toan en bylding besibbe wie oan de foarm dy't in avantgardistyske jongerein út it hert nommen wie. De meidieling dat dêrom dizze bondel as spesjaal nûmer fan it tydskrift ‘quatrebras’ ferskine koe rint al foarút op it folgjend haadstik.
| |
| |
Hânskrift fan Ypk fan der Fear, yn faksimilee ôfprinte yn de fersebondel ‘reade runen’ dy't hja ûnder de skûlnamme Ella Wassenaer publisearre
| |
| |
| |
5.8
Op poëtysk mêd hie it tydskrift ‘De Tsjerne’ (1946-'68) yn 'e praktyk de mids-tritiger streaming fan wider oriïntaasje en eigentiidsker betrutsenens opheind en befêstige. Spesjale nûmers oer J.J. Slauerhoff (1946), Bretanje (1948), Edgar Allan Poe (1949), Amearika (1950), Suriname (1952), Noarwegen (1956), Israël (1961), Kataloanje (1963) en Shakespeare (1964) meie it iene bewize, in oarlochsbetinkingsnûmer as ‘Wêz wach’ (1955) bygelyks it oare yllustrearje. De âlderwetsk rûkende namme fan it tyd-skrift past dan ek mear by in tradysje oan foarm as ien oan ynhâld. Wat dy foarm oangiet sieten de fersen likegoed noch yn 'e alde twang fan rym en regel. Allinne de wurdkar wie soberder en gewoaner wurden.
Wat by de mids-tritigers sadwaande yn haadsaak in ynhâldsfernijing west hie, soe him by jonge mids-fyftigers foaral as in foarmfernijing fuortsette. It begjin lei yn Amsterdam, dêr't studinten (ûnder oaren soannen fan it âlde ‘Holder’-twamanskip) har as literêre ‘Mieren’ begûnen te uterjen yn it tydskrift ‘De Golle’. Nei trije nûmers waard dy ek al âld-agraryske beneaming omset yn ‘quatrebras’ (1954-'68), in namme dêr't de dichter mei op in fjouwersprong kaam te stean mei ferkear fan alle kanten. Op dat krúspunt liet de ynfloed fan de saneamde ‘eksperimintelen’ him it sterkst jilde. Dat hold yn dat foar de poëzij in berop dien waard op de oerfunksje fan it wurd as oantsjutter fan in taastbere werklikheid. It wie in protest tsjin it abstrakte. Mei ‘wjokken’ koe men bygelyks direkter byldzje as mei ‘fleanen’, mei ‘lichem’ fûlder skilderje as mei ‘leafde’. De dichter woe de werklikheid langer net besjen troch de fitraazje fan moaie byldspraak en ferheven taal. Hy woe dy werklikheid rjocht yn 'e eagen sjen, liif oan liif, part fan 'e natoer, part fan 'e wrâld, sadat ek syn fers, iepen oan alle kanten, part fan dy werklikheid wurde
F.l.n.rj. Marten Brouwer, Judith Aleva, Hessel Miedema en Sybe Sybesma, fotografearre yn it Coopmanshûs te Frjentsjer by in besprek oer it Skûmkop-kabaretprogramma dat doe - yn 1948 - foar de Fryske studinten spile waard. Ut dit fermidden, fan it Amsterdamsk studinteselskip ‘Cygnus Resurgens’, kaam al ringen it blêd ‘quatrebras’ nei foaren
soe. Dichtsjen waard rjochtstreeks beneamen. Wat earder byldspraak wie waard no op himsels it fers. Wurden waarden machtich en koene - om op har iepenst te wêzen - lêstekens oan kant reagje en ek oare wurden, dy't sibskip oan klank of sibskip oan bylding hiene, oproppe. De dichter koe dat oer him hinne gean litte, mear de stim fan it ûnderbewuste folgjend as dy fan syn ferstân. Hy koe ek mear it ferstân brûke en de wurden in ekstra ferdjipping meijaan, mei in betsjutting efter de betsjutting of mei in betsjutting der neist, wêrmei't in soarte fan dûbeld-byldzjen ûntstie. De praktyk hat útwiisd dat de driging, dat ‘eksperiminteel’ gau itselde as ‘ûnbegryplik’ komt te betsjutten, faak twingend oanwêzich is. It boadskip soe yn alle omstannichheden, sa net fersteanber, dan dochs yntuityf oerkomme moatte kinne. Ek it ûnbegryplike fan in stikje werklikheid moat noch befetlik trochjûn wurde kinne, op syn minst dat men der yn 'e fierte aan fan krijt.
Dy nije technyk, yn Hollân mei syn mear kultivearre skriuwtaal earder te ferwachtsjen as yn 't boerskere Fryslân, hat yn 't heitelân, mei in noch yn haadsaak konkreet-tsjuttende memmesprake, net ta in botte konkretere
| |
| |
sizzing laat. Wol soe, ferlike by in Tamminga, yn syn algemienens de wurdkar fan 'e nije rjochting wat ynternasjonaler rûke en ek oan 'e Hollânske tinkwrâld wat eigener wêze, yn alle gefallen ûnfryskaardiger oandwaan. Dat moat ek jilde foar de byldzjende kant. Wat oerbleau oan winst wie lykwols it neakener oantsjutten yn in frijere foarm, it snediger formulearjen op ferrassender wize, it folle mear op rakens útwêzen as op moaiens (al bleau dat ‘moaie’ likegoed altiten moai meinommen). Dat de werklikheid lang net altiten sa moai wie, waard de Fryske lêzer allinken drystmoedich en ûngewosken dúdlik makke.
Dat soe yn alle neakenens fuort noch net blike út it wurk fan it op in hichte teoretysk gewisse fan ‘quatrebras’, Marten Brouwer (1929), earder heechlearaar massa-kommunikaasje. Typografysk is syn fersebondel ‘blauwe riten’ (1952) sûnder mis ‘progressyf’ te neamen, ynhâldlik oerhearsket lykwols noch de opgnis fan it fermoaikjende wurd. De bondel is goedbesjoen op healwei tusken ‘tradisjoneel’ en ‘eksperiminteel’ stykjen bleaun, mei inkelde útsjitters nei it modernistyske (lyk as ‘hymne’ en ‘lyts tuskenspul’). Yn sokke fersen lit him foar Fryslân literêr it nije oankundigje, sa't op 't stik fan sfear ynfloeden fan jazz en dancing dat ek al dogge (‘dies irae’ en ‘blues’).
Eksperiminteler wie Jelle de Jong (1933), teolooch, mei syn bondel ‘út 'e pas’ (1958), in titel dy't de ynhâld fan oars-as-oars treflik dekt. Dizze fersen binne stik foar stik ûntkenningen fan de âlde tradysjes. Hoewol't har altemets in beskate lyryske toan net ûntsein wurde kin, binne hja mear protest as dierber produkt. Hja spegelje dus oarder en primitivens, skeppe ûnmuzikaalwei in antyidylle (‘fryslân’) mei in kras hjirre en in haal dêre. It is dichtsjen oan 'e miet fan 't bestean, dêr't gjin oarder noch regel ferneard wurdt.
Ien fen de omslaggen fan ‘quatrebras’ nei in ûntwerp fan Jozum Walstra
Benearjend is syn eksperiminteel toanielstik ‘ien doar wie iepen’ (1957) mei personaazjes dy't dûm en ienselvich byinoar lâns prate. As praatstik iepenbieret it de sielkundige problemen fan feriensume en ferfrjemde minsken, dêr't as kontrast ien normaal frommeske sûnder abberaasjes foaroer komt te stean.
Minder opstannich (al hied er ek it mier oan alle tradysjes) komt yn syn wurk Hessel Miedema (1929), keunsthistoarikus oer. Sawol mei syn proaza as mei syn poëzij wie hy de iepenbiering fan ‘quatrebras’. Syn ferhalen en fersen binne sammele yn ‘Op 'e literaire toer’ (1973), in bondel tsjûgjend fan faak ferfine literêr fakmanskip. De ferhalen falle op troch de trant dy't hja meikrigen ha: in filmyske opset, mei ‘close-ups’, ‘flash- | |
| |
backs’ en ‘flash-forwards’, dêr't it ûntbrekken fan lêstekens in grutte feart oan jaan kin en fertragings-techniken de gong wer úthelje. In ferhaal as ‘de stêd, in lêste oardiel’ is wat dat oangiet in hichtepunt. De moderne roman soe der syn foardiel mei dwaan kinne. Ek ‘Jok, in ûngelok’ en ‘De sémearmin’ binne as ferhaal tige slagge.
Neist proaza-fernijer wie Miedema ek in dichter apart. Ut syn fersen, meast mei in godstsjinstich-wiisgearich aroma, meitsje har twa sykly los: ‘Stadich brekke de foarmen út 'e skyl’ (oer it folwoeksen wurden fan in famke) en ‘De greate wrakseling’ (tusken skepping en ferdylging, tiid en ivichheid, dusoarder en oarder). Hjir wol de taal - gauris mei ynfersy - mei sin oars-asoars brûkt wurde. Wylst by Miedema de dichterlike besieling wolris grutter is as syn taalskeppend fermogen (neffens him skeat it Frysk tekoart) foarmje syn fersen mei har
Fers yn hânskrift fan Hessel Miedema, opnommen yn ‘quatrebras’
iroanyske ûndertoan in (ûnmisber keat yn Fryslâns poëtyske ûntjouwing.
Yn 't ferlingde fan Jelle de Jong, mar mear noch yn dat fan Hessel Miedema, lizze de fersen fan Steven de Jong (1935), learaar Nederlânsk. ‘Wankend stomp’ (1965) is in bondel dêr't yn bûtenwenstige foarmen in opsternate machteleazens blykt, faak út it mei-inoar botse litten fan tsjinstelde dingen, fan it gewoane mei it singuliere. Yn ‘Missing link’ (1971) krijt út datselde gefoel fan helpleazens wei it stribjen nei grutter wissichheid in opsetlik stikelige kant, wat letter yn popkes tekenje (1976) folle mear mei wat fan humor beslein wurdt. De measte fersen harkje dêr trouwens pretinsjeleazer en net mear sa uterst persoanlik. In gedicht as ‘tabula rasa’ soe yn in blomlêzing net misstean. Folle earder as dat it gefal wêze koe mei de wolris wat ropperige en letternôch ferskynde bondel
| |
| |
Tiny Mulder (foto Henk Kuiper)
‘Skiphok’ (1970) fan Geart van der Zwaag (1924-1989), maatskiplik wurker P.T.T., soe it ‘quatrebras’-tiidrek ôfrûne wurde mei de sammelbondel ‘skande skande sûnde sûnde’ (1965), dêr't, bûten dat fan brouwer, de beide de jongen en miedema, ek ella wassenaer noch fan har meast net earder publisearre poëzij ta bydroech.
In oare sammelbondel wie lykwols (lyk as Wadman's ‘Teannewâdder’, datselde jier) de funksje fan mylpeal al tafallen. Dat wie ‘op fjouwer winen’ (1961), it moetingsplak fan 'e bêsten fan ‘quatrebras’ (jelle de jong, hessel miedema en ella wassenaer) mei oare dichtsjende jongeren. Mear of minder eksperiminteel, mear of minder tradisjoneel komme hjir fersen byinoar te stean dy't, bûten it Frysk as dichterstaal, allegear ek it nije progressyf-eigentiidske mien hawwe. Hja binne sadwaande ek mear besibbe oan de modernistyske praktyk yn Hollân as oan de tradysje yn Fryslân. De bondel jout in brek oan. De nije trant wurdt dêryn wiermakke. De franje fan 'e dream wie tenei ferdwûn. Dêrmei ek âlderwetsk-rûkende taal en ûndichterlike ballêst. De Fryske dichter soe tenei as wrâldboarger yn 'e werklikheid stean en mei de fuotten op 'e grûn. It regionale wie út 'e tiid. As protest tsjin massafoarming dêrfoaroer it persoanlike uterstee net. Krekt as foar Obe Postma jierren dêrfoar waard de kosmos dichters dekôr en syn dichttrant it ferrassend beneamen.
Krekt as ella wassenaer hie ek Tiny Mulder (1921), sjoernaliste, oansluting by dat moderne dichtsjen fine kind. Hja ferwurke it lykwols oars en op in eigen apart sprankeljende wize. Har bêste fersen hawwe wat trochskinends, in helderheid fan formulearring, dêr't in bernlik foldiene glim faak in ekstra sjarme oan jout en ek wat universeels. Nocht oan de eigen rike ferbylding en nocht oan 't libben (al is de wrâld ek noch sa tryst)
Omslach fan Tiny Mulder, ‘Oranje paraplu’ (twadde printinge), nei in ûntwerp fan Durk van der Ploeg
| |
| |
Hânskrift fan Tiny Mulder (op in poster dy't om 1970 hinne yn de boekhannel te krijen wie)
| |
| |
leit dêr oan te'n grûnslach. De earnst fan 't libben kin net behinderje dat de tinzen fan Tiny Mulder ferrassende wurdfynsten dogge en noch ferrassender ferbiningen lizze. Har fersen (spitse ‘ynfallen’ suver) binne bondele yn ‘Oranje paraplu’ (1962), ‘Viadukt’ (1966), ‘Wite swan en swarte swan’ (1968) en ‘Op slach fan tolven’ (1975).
Gelokkernôch binne har (faak oarlochsferhalen bondele yn ‘De bêste ferhalen’ (1988). ‘Nachttrein nei Chicago’ en ‘De soldaat mei it huodsje op’ binne foarbylden fan in tige fersoarge skriuwtrant. Goed beslein is ek har oersetting fan de Ingelske ‘classic’ fan Lewis Carroll: ‘Alice yn Wûnderlân’ (1964). In oare frou dy't as dichteresse út dizze snuorje neamd wurde moat is Tineke Bethlehem (1938). Har fersen ferskynd yn ‘De Tsjerne’ en ‘op fjouwer winen’ en oant no ta net bondele, byldzje hiel simpel, mar tige eigen en subtyl iepentearende fielings fan leafde út. Dat dimmen lûd fan biidzjend wachtsjen en fan teare ferheardens soe net yn 't ferjittersboek bedarje meie.
Folle minder universeel - om net te sizzen: folle beheinder - foel it fersewurk út fan Jan Dotinga (1934), direkteur fan in basisskoalle. De bondel ‘Lytse ivichheit’ (1963) is mei syn skildereftige jeugdoantinkens bûn oan in romte en in tiid dêr't syn dichterskip de rigels suver nea boppe út tille kin. Dochs is dit wurk better as syn ‘Nei oanlieding’ (1966), in bondel wêryn't guon psalmen ynhâldlik eigentiidsk mar poëtysk gâns flakker makke binne. Ek in bondel as ‘Notysjes’ (1966), dêr't eigen dichterlik proaza yn fersfoarm yn ôfprinte stiet, kin de pretinsje fan poëzij komselden wiermeitsje. It byld dat sadwaande fan 'e dichter ûntstiet kin mei ‘apel en aei’ (1972), ‘in leafdesfers nei it heechliet’, foaral net wizige wurde. ‘Finster op Helgolân’ (1974) soe dat allinne mar befêstigje.
Folle besetener skriuwer wie Durk van der Ploeg (1930), ‘opmaak’-redakteur by de Leeuwarder Courant. Yn syn earste bondel ‘lok op eachlingte’ (1959) besiket er de spanning tusken gaos en kosmos mei ‘wûndere wurdberten’ as in ûnbidige opjefte te beswarren. Yn syn fersen is de frijdom fan it byld dêrby gâns grutter as dy fan 'e foarm. Mei útsjitters, sawol nei it oerspand eksperimintele as nei it opbliesd retoaryske, wit er tuskenbeiden mei simpele wurden sfearen te skeppen fan in serene moaiens ('hjerst'), dêr't er sels lykwols hyt noch kâld fan wurdt, liket it. Op oare plakken wol er by it ûntsachlike fan syn ûnderwerp frjemde wurden in stypjende funksje jaan, in besykjen dat meast earsling beteart. Dat is ek it gefal mei de ferâldere Fryske wurden, dy't er yn ‘It libertynsk gehucht’ (1964) as helpers opdrave lit. Dy bylkje yn dy - ek ridlik frijbliuwende - jeugdoantinkens noch folle ûndichterliker en optochter as it dertrochhinne struide poëtysk proaza. Yn ‘Hwerom is de himel swart’ (1967) krijt Van der Ploeg lang om let himsels en it fers mear yn 'e macht, mar dan liket it dat krampeftigens oan beide net frjemd is. Yn ‘Deaden skrieme net’ (1973) mûnet de ynspiraasje út 'e bibel gauris yn floate rymlerije út. De persoanliker ynset yn ‘Tremor Terrae’ (1975) wurdt yn 'e Fryske, nòch yn 'e dêr ek opnommen Hollânske fersen driuwend needsaaklik makke. It hat der in soad fan wei, dat it ûnmiskenber dichterlik talint fan Van der Ploeg net kristallisearje koe, om't er de welle rappernôch rinne liet.
Yn 'e tuskentiid hie Van der Ploeg him ek utere yn grouwélige oarlochsferhalen, dy't as foarwurk ta syn romans sjoen wurde meie. Ut ‘In man en in minske’ (1968) slacht in walm omheech dy't yn in earder tiidrek net misstien hawwe soe. Eigentiidsker tema wurdt oansnien yn ‘De snoekebek’ (1972). Fan trant is dit net ûnaardich besykjen earder beslipe tradisjoneel as modernistysk te neamen.
Likernôch omkeard leit it wêzentlik karakter fan it proaza (progressiver) en de
| |
| |
Tjitte Piebenga (foto Anneke Bleeker)
poëzij (behâldender) by noch in (lêste yn dit rychje) meiwurker oan ‘op fjouwer winen’, by Tjitte Piebenga (1935), ûnderwizer. Yn syn earste bondel ‘Fersen foar Marida’ (1958), in syklus fan leafdesfersen mei in melodieus oerdiedige opgong en in mear beredenearre delgong leit it poëtysk hichtepunt earne yn 'e midden (om ‘har reade rôk’ hinne), sonnet-eftige fersen dêr't dy utersten inoar noch altiten sjongsum yn 'e blâns hâlde. Dy sjongsumens wurdt in soarte fan berûzing yn ‘De thermen fan Karratsjana’ (1959), dêr't wurden foar in part har betsjutting ferlieze en ta streakjende klanken ferflechtigje. Puere poëzij. Dêrby hat de bondel ‘Fersen’ (1963), eksperiminteel bedoeld, tefolle fan in wanlûdige en mishipte ôfdijer. ‘Myn sêftgrien famke’ (1977) befettet tweintich gedichten dêr't hieltyd in famke (de muze?) yn oansprutsen wurdt mei suggestive byldspraken.
Yn proaza soe in modernistyske wurkwize Tjitte Piebenga folle better ôfgean. Yn syn wol as bekentenis-roman te karakterisearjen ‘It lyk wurdt oantaest’ (1968) wurdt in eigen mistribele houlik beskreaun, dêr't mei opsetsin de lêzer de stoffe net neffens tiidsoarder foarset krijt. Ynstee dêrfan sjocht er yn 'e haadstikken meast fjouwer of fiif typografysk ûnderskate ferheljende brokstikken efterinoar ôfprinte stean, bedoeld om wat tragyskernôch barre moast fan útienrinnende kanten te beljochtsjen. Yn 'e skeanprinte stikken wurdt de frou op lyryske wize besongen. It ûnfermogen om mei-inoar op 't stik te praten wurdt yn sobere petear-foarm werjûn. Yn gewoane letters kin men de open delgong fan 't houlik neikomme. Yn fetprint jout efterôf de ik-figuer utering oan syn gefoelens. Knap en goed folholden is it dat de fjouwer sjenswizen elk foar oar har eigen styl taparte krigen hawwe. Sa'n prosedee hat gâns mooglikheden yn, mar hellet by foarrie de feart út 'e stoarje. Net in film wurdt jin yn dit boek bean, earder in searje iepenbierjende ljochtbylden.
Omslach fan it tydskrift ‘Asyl’, dêr't Tjitte Piebenga en Bauke de Jong de redaksje fan fierden
| |
| |
Printkladde fan Tjitte Piebenga syn roman ‘It lyk wurdt oantaest’, mei hânskriftlike oantekeningen fan de auteur (FLMD)
| |
| |
Jan Wybenga (foto Leeuwarder Crt.)
Sa't yn 'e novelle ‘Retour juster’ (1969) in ferhûddûke learaar alle war docht om mei in mislearre ferline yn 't lyk te kommen, sa is it yn 'e ferhalebondel ‘De rook fan mesjester’ (1970) in jonge dy't mei syn ferline (mei ûnder oaren in pro-dútske heit) slim yn 'e tiis sit. Mei as hichtepunt ‘Heit wie der net by’ spegelje novelle en ferhalen (benammen ek útkommend yn 'e bou fan 'e lêsten) op realistyske wize in breinroerige wrâld.
Wa't as dichter de ôfdruk fan dy wrâld op Fryslân (ek yn 't literêr poëtyske) yn syn fersen suver panoramysk byldzjend werjûn hat wie Jan Wybenga (1917-1994), learaar Nederlânsk. It eksperimintele fers ‘Hurrel’, dêr't er yn 1952 de ‘Tsjerne’-lêzers danich mei skokte, stie letter efteryn syn earste bondel ‘Amoeben’ (1954) en moat dêr mear as tajefte dan as logysk útfloeisel sjoen wurde. Mei ‘bylden foar 't each’ skept er dêr ‘klanken foar 't ear’.
Wybenga is wol modern, mar (ôfsjoen fan de foarm) benammen net útsprutsen eksperiminteel. Rym, klank en kleur binne by him tige wichtige eleminten om oan te jaan, krekt sa't it dichter-wêzen by him eins ek mar neat is, dat alles doelleas en fergonklik is. Yn in bûnt ferskaat oan bylden en tinten, sfearen en stimmingen wurdt dêr hieltyd wer sûnder moaiskriuwerij op doeld. Yn 'e bondel ‘Barakkekamp’ (1962) wurdt dy haadtins yn soberder bewurdingen en snijender formulearringen herhelle en is der soms ek in wurch-berêstende toan. Yn in fers as ‘Greiddoarp’ komt bygelyks as in ‘oprôlle’ fûst dy ûnheilswytging warskôgjend oerein te stean. Krektoarsom as yn ‘Hurrel’ sitte yn dizze bondel noch al wat ‘klanken foar 't ear’ dy't as ‘bylden foar 't each’ bedoeld binne. Yn de bondel ‘Kj3’ (1973: foar 't neist koart foar: ‘ik jan 3’ of ‘cahier 3’ of beide?) wurdt datselde haad-tema (‘In studinte praat oer Fryslân’) tydlik bedobbe ûnder alder-
Omslach fan Jan Wybenga, ‘Amoeben’, nei in ûntwerp fan de dichter sels
| |
| |
Untwerp omslach fan Gerrit H. Messchendorp
hanne famylje-ympresjes en snedige ynfallen, om yn ‘lyts frysk deadeboek’ (1974) namste heger en benearjender de kop wer op te stekken. Bittere, rake bylden fan ferfal en ûndergong stiet allinne mar in inkeld bliid oantinken foaroer. Al hat Jan Wybenga sadwaande fan Fryslâns takomst net sa'n moedich byld ophongen, hy hat dat (krekt as Tiny Mulder) dien yn in foarm dy't, as middenwei, tusken behâldend en modernistysk, foar Fryslâns literatuer fruchtber bliek.
| |
5.9
Doe't om 1960 hinne op dichterlik mêd it ‘âlde’ foargoed belies jaan moatten hie foar it fan jongeren oandroegen ‘nije’ (yn 'e neutrale ‘Reiddomprige’ kin men de ûntjouwing bondelsgewize moai krekt folgje), doe koe de poëzij yn bydetiidskens wer meunsterje tsjin it fan âlderen earder al bystelde proaza. De oanstriid ta fernijing gyng ek dêr lykwols troch. De rjochtingen dy't har by Anne Wadman, Piter Terpstra, Hessel Miedema en Tjitte Piebenga dêrby opponearren is al op wiisd. Ek oaren hawwe op dat terrein ien en oar besocht.
Yntellektuelere probearsels as ‘De útfanhûzer’ (1962), ‘De gersridders’ (1969), ‘De nacht fan in leechrinner’ (1973) en ‘Leafde op bitter lemon’ (1973) fan Gerben Abma (1932), learaar skiednis, wiene yn dat ferbân gjin boppeslaggen. Der siet yn 'e fernijingsdrang - en de presintaasje - folle meàr ‘lyn’ as yn 't brokkelich of sabeare djipsinnich resultaat. Dêrby koene ‘Leafdedea’ (1963) en ‘Marginale minsken’ (1968) fan Homme Eernstma, skriuwersnamme fan Feyo Schelto Sixma van Heemstra (1916), publisist, better as nijsgjirrige bûtenslaggen karakterisearre wurde; it iene bliuwt, hoewol treflik fan sfear, oan it touterjen boppe in grins tusken ‘mienens’ en ‘mystifikaasje’; it oare bliuwt earne hingjen tusken literatuer en reportaazjemei-in-boadskip. Ek Teije Brattinga (1929), godstsjinstlearaar, kin men niget ta wat oarspronkliks net ûntsizze. It tema yn ‘De stadige leafde fan Fetsje’ (1964) koe, likemin as de beskriuwing fan de tanende leafde foar de tsjerke yn ‘As in skaed’ (1964), earne oan ridlike easken fan útwurking en útdjipjen foldwaan. ‘Twadde fan Brahms’ (1967), wie dêrby net in grutte stap foarút.
De beneaming ‘natuerlik’ past by it wurk fan Teatske Alzum (1899-1962), winkelfrou. Hja skreau op 'e taast tsjin in godstsjinstige eftergrûn. Yn it langer wurk, lyk as de roman ‘Iepen finsters’ (1963), rûn de stoffe har by einsluten wat oer de fûst. Yn 'e koarte ferhalen, mei inkelde novellen bondele yn ‘Diggels’ (1965), koe hja bytiden op in feilleaze yntuysje rekkenje. Dat komt foaral út yn 'e petearen en as it wat spant tusken man en frou (‘De hannen’).
| |
| |
Rink van der Velde (foto Paul Janssen)
Ek wat fan dat goed skriuwen op goed gelok hat Rink van der Velde (1932), sjoernalist, oer him. Hy is in ferteller fan natuere by wa't de oergong fan it tradisjonele nei it modernere in skoander útfallen foarm fûn. Hy skriuwt aktueel en is ek net bang fan ‘flash-backs’, psychologysk útdjipjen en ‘thriller’-eftige yntriizjes. Hy hat in swak foar de ‘lytse man’ tsjin in eftergrûn grutter as Europa. Tichte by hûs binne dat de âld streupers en wyldsjitters dy't er oan 't wurd lit yn syn bondele herberchferhalen ‘Ien foar 't ôfwennen’ (1971 en 1976) en ‘Stjerrende wier, heite’ (1974). Yn romanfoarm is dat de natuerminske Durk Snoad yn ‘Foroaring fan lucht’ (1971), in boek dat mei syn spottende ûndertoan, syn ynlaske kommentaren, syn sielkundich en ferhoalen boadskip folle mear universeel as regionaal oandocht. De sobere fersetsnovelle ‘De Fûke’ (1966), wêryn't in ûneachlik dwers mantsje de dea ferkiest boppe ûnfrijens, tuorket dêr mei syn spanning en dramatyk fier boppe út. Dêrby komt yn 't konflikt tusken natuerminske en beskaafde neiteam de tragyske frijwillige dea fan ‘Pake Sytse’ (1976) gâns minder oertsjûgjend ta stân. Dat hie ek al wat it gefal west mei it ‘ferliezen’ yn ‘Forliezers’ (1963), in boek dat yn Hollân by de marine spilet. It hie in tebekfal betsjut by Van der Velde's earsteling ‘Joun healwei tolven’ (1962), in avontoere-roman, dy't as earste yn 't Frysk alhiel bûten Fryslân spile, krekt as letter ek ‘Beafeart nei St. Martin’ (1965). Tsjin prachtich skildere Frânske lânsdouwen set de skriuwer, soms iroanysk, soms wat mankelyk, oannimlike figueren yn goed ferantwurde situaasjes.
De twadde tebekfal ‘Geiten, Griken en Gekken’ (1967), in reisferhaal (oer in geite-
Omslach fan Rink van der Velde syn ‘Foroaring fan lucht’, earste printinge, nei in ûntwerp fan Mare van der Woude
| |
| |
Hânskrift fan Rink van der Velde: in skema foar ‘Pake Sytse’ (FLMD)
| |
| |
Tr. Riemersma (foto Henk Kuiper)
transport) dat njonkenlytsen in polityk aksint kriget, waard gâns ferbettere fan it filmysk ferheljende ‘Rjochtdei’ (1968), dat ek net sûnder politike eftergrûn yn Tsjecho-Slowakije spilet. Yn ‘Chamsyn’ (1969) is in kibboets yn Israël de entoeraazje fan de bekearing fan in jonge Nederlânske joad, de ik-figuer út it boek. Van der Velde hat him kenne litten as in ferslachjouwer mei ferbjusterjende ferdjippingen. Syn reis- en oare yndrukken hat er mei net in bytsje ferbyldingskrêft, komposysjefermogen en taalmacht foarbringe kinnen, op lokkige wize trochtrutsen fan dingen fan 'e dei.
Wylst de lêzer by Van der Velde foar de ûnferfrjemde natuerminske ûnwillekeurich in swak krijt, hy kriget oan 'e oare kant mei skok-effekten in uterste oan ôfstjittende ferfrjemding foarset yn 'e ik-persoan fan ‘Fabryk’ (1964), de earste roman fan Trinus Riemersma (1938), frisist. Yn de bycht fan dy oer alle boegen kniesde yndustry-arbeider rekket Riemersma hiel wat eigen rankune op 't stik fan maatskippij, godstsjinst en seksuele moraal kwyt. Benammen dat lêste joech noch al wat trelit. It boek wie lykwols bewiis fan oankommend skriuwtalint, dat allinne mar ûnderboud waard yn ‘By de hannen om't ôf’ (1965), de rjochtute bekentenis fan in froulike ik-figuer. Dat de skriuwer net allinne tangele siet mei libbensfragen mar ek mei de problemen fan syn skriuwerskip waard dúdlik yn ‘Minskrotten-Rotminsken’ (1966), in soarte fan anty-roman dy't spotsk en net sûnder humor in trochsjoch-finster bea nei it oarderjen fan in tizeboel yn skriuwers atelier. It ferhaal oer rotten dy't Ljouwert opfrette, wurdt sûnder oarsaaklik ferbân ferbrutsen fan teoretisearjende en krityske deiboekfragminten, dy't bewurkje dat dat ferhaal net allinne betreklik makke wurdt, mar ek in skôging fan ûnkeunstmjittigens krijt. Tsjin dy eftergrûn soe in detektive as ‘De moardner komt werom’ (1967) al
Omslach fan Tr. Riemersma, ‘Fabryk’, earste printinge
| |
| |
Hânskrift fan Tr. Riemersma, earste fersy fan it ferhaal ‘Vot is faai yn 't ôdfriesk’ (‘Trotwaer’, jg. 1975) (FLMD)
| |
| |
net misstean, mar pas yn ‘De hite simmer’ (1968) kaam de wrakseling mei de foarm ta in (foarlopich) befredigjend beslút. Oer libben en dea fan in sekspoppe op in doarp wurdt - yn stroken ûnderinoar ôfprinte - tredderlei lêzing jûn: in himelske (manlike) fan in smjunt fan in âlderling, in ridlik neutrale ierdske (froulike) en fraachpetearsgewize in ûnderierdske (ûnsidige). De skriuwer-bûtensteander lit spotsk op dizze wize in benypte doarpsmentaliteit himsels feroardielje. In krityske ynstelling wurdt ek oproppen yn ‘Myksomatoze’ (1974), wer in antyroman, wêryn't de auteur it ferhaal op 'en nij mei kommentaar oer literatuer, libben en bestean ûnderbrekt, of leaver oaninoarbreidet. Want mear as yn ‘Minskrotten’ is hjir in ienlûdich en ienfoarmich gehiel ûntstien. De twadde detektive ‘de mon sûnder gesicht’ (1974) is meinimmend oant in ûnbefredigjende ein. Dat soks it libben eigen is jout ek ‘Jest yn 'e Ardinnen’ (1974) te sjen, in treflik beskreaun relaas fan in treasteleaze fakânsjereis fan twa minsken, fan wa't in eardere ferhâlding der allegeduerigen mei ‘flash-backs’ organysk trochhinne spilet. De ein-konklúzje is dat wêzentlik kontakt tusken har net berikt wurde kin. Dat probleem spilet ek yn haadsaak yn de ferhalen fan ‘Ont de dea dur op folget’ (1973), nei't it ek alris opdûkt wie yn 'e eardere ferhalebondel ‘Myn folk, myn biminden’ (1970). De tsjinstelling minske-mienskip (fan ‘Fabryk’) stie yn 'e earste bondel ‘De duvel misbiteard’ (1967) mear sintraal. In kostlike stoarje dêrút is ‘De skriuwer foar it Doarpsbilang’, wêryn't mei doarpske lytsens omraak de gek slein wurdt. Ek yn dizze trije ferhalebondels is de oanstriid ta it eksperimint
(ôfsjoen fan de persoanlike stavering yn 't lettere wurk) delslein yn ûnderskate beljochtingen en sterke dialooch-foarmen. It útprobearjen waacht soms swierder as 't ferhaal. Faak hawwe hja in autobiografyske ynslach, mei eftergrûnen en sfearen dy't ek yn it foarmferskaat fan Riemersma syn hûndert fersen ferwêzentlike wurde: lyk as seks, frou, Fryslân, God en dea. It earste fjirdepart (mei ek guon yn 't Biltsk en Ingelsk) stiet by ‘De hite simmer’ efteryn; it twadde waard bondele as ‘Riemersma II’ (1970); it tredde as ‘Roazen forwylje’ (1972) en it fjirde as ‘teksten fwar ien hear’ (1973), noaitn't geliker in iepen mistreastich deiboek.
Foar toaniel hat Riemersma op de him eigen aparte wize ‘Elckerlyc’ ta ‘Elkenientsje’ (1970) omwurke. Syn driuw ta aktualiteit (‘striptease’) is hjir kombinearre mei syn krêft yn 'e dialooch. Dat it him ornaris mear om it fakmanskip as om it boadskip giet wurdt gauris oer de holle sjoen. In teoretysk dreech ûnderlein wurdkeunstner as Riemersma hat Fryslâns literatuer sa net earder meimakke.
| |
5.10
Doe't it mei ‘quatrebras’ op in ein begûn te rinnen en ‘De Tsjerne’ neffens guon jongereinrûnten langer net it wiere antlit fan literêr Fryslân sjen liet, kaam foar beide ien nij tydskrift yn 't plak, dêr't ek de krityske skriuwerij fan blêden as ‘Asyl’ (1963-'68) en ‘A-wyt’ (1967-'69) yn útmûne. Dat nije tydskrift krige de namme fan ‘Trotwaer’ (1969). Dêrneist ûntstie as foarum foar ‘beswierden’ út Grinzer studinterûnten wei it tydskrift ‘Alternatyf’ (1969). It twatalige blêd ferskynde oant 1977. It joech ek omtinken oan byldzjende keunst, en publisearre wurk fan Theun de Vries, Jan Wybenga, Ella Wassenaer en oaren. Yn Amsterdam krige ‘quatrebras’ op nije basis in opfolger yn ‘Sonde’ (1969), in tydskrift mei mear sjoernalistike en politike bydragen as syn foargonger. It lêste nûmer ferskynde yn 1978. Ridlike gau ferienigen nòch wer jongeren har om it tydskrift ‘Hjir’ (1972).
‘Trotwaer’ kaam net salyk mei in pro- | |
| |
gram. Yn 'e namme lei lykwols gâns besletten. De stap fan ‘tsjernherne’ nei ‘frjemd wurd foar stoepe’ soe net allinne de oergong fan beslettenens nei iepenbierens en iepenens symbolisearje, mar ek de fer-frjemding fan it typysk Fryske wêze, sadwaande ôfskie fan in ûndersteld literêr isolemint betsjutte.
Der waard ornearre dat ynfloeden fan bûten - ek dy op 't stik fan de objektivere krityk - mei sin ferarbeide wurde moasten en dat de literatuer (foaral de poëzij) út 'e yndirekte sfear fan it boek wei rjochtstreeks nei de ‘priuwer’ brocht wurde moast, jûns yn 't literêre kafee, of oerdeis oan 'e doar, yn in seal, of op it trottoir. Ynternasjonale poëzijfestivals soe oan meidien wurde moatte. Persoanlik ‘gepiel’ soe yn dat ferbân algemien fersteanber ‘fakwurk’ wurde moatte.
De ‘objets trouvés’ of ‘ready mades’ of ‘consumptieverzen’ fan om utens waarden yn it heitelân as ‘fuortsmytfersen’ bekend en beoefene. It idee om sokke poëzij oer de telefoan foar it folk berikber te meitsjen kaam fan Sixma van Heemstra. Op skriuwerswykeinen yn Koartehimmen, dêr't ek al in Kikkert-rige en ‘Koperative Utjowerij’ útdoktere waarden, soe dat plan neier útwurke wurde. De teksten (Fryske en Hollânske) fan dy saneamde ‘Operaesje Fers’ (1968) waarden sûnt novimber 1969 in skoftlang yn ‘Trotwaer’ ôfprinte. In spesjaal nûmer fan ‘Sonde’ (1973) befettet as ‘Poem Power’ in blomlêzing fan it Operaesje Fers Festival.
Fangefolgen wie dêrmei it direkt-oansprekkende, it alderdúdlikste en alderienfâldichste yn 'e swang rekke. De eftergrûn wie ynternasjonaal en de kar fan it Frysk as dichterstaal mear oan tafalligens as oan fanselssprekkendheid bûn. Yn wêzen in frjemdling yn dit klimaat wie Leo Popma (1938), earder direkteur Sintrale Bibleteek Tsjinst. It meast soe hy him noch ferlykje litte kinne mei ien as Durk van der Ploeg. Syn fersen, bondele
Daniël Daen (foto Johan Witteveen)
yn ‘In weak reservaet’ (1967) hawwe gauris wat ferslachjouwereftichs oer har, wêrfan't it boadskip hast net út 'e taal komme kin en de bylden hast net út 'e ferve. Ympresjes fan mime-spyljen, Meksikaansk ballet en eksoatyske timpels komme noch it bêst ta libben. Fierders bestopje de wurden mear as dat se ûntbleatsje.
Yn syn ryklik tsien fersprate ferhalen komt de oanstriid ta it walchlike út. It ôfstjittende oan personaazjes wurdt funksjoneel suver net ferarbeide. De yntriizjes dogge ek forsearre oan. De lykrjochte roman ‘In kwesty fan hûd’, fotyfboek (1971), komt dêr nettsjinsteande in yntellektueler oandwaande útwurking skraach boppe út. (Mei ‘Dalek’, in skimespul, 1971, krige Popma in provinsjale toanielpriis).
Ont no ta fierwei de jongste, dy't as dichter de Gysbert Japicxpriis taskikt krigen hat, is Daniël Daen, skriuwersnamme fan Gerben Willem Abma (1942). Ek syn dichterskip niigde net nei popularisearring fan 'e
| |
| |
Omslach fan it tydskrift ‘Trotwaer’ (ûntwerp fan Anne de Vries)
dichtkeunst. It joech in wiisgearich-godstsjinstich timbre oan net ûngefoelich ynderlik belibjen, dat sterk en ferbiten op eigen situaasje en eigen fermidden betrutsen wie. Lykwols wiene yn 'e wrakseling om it eigen ‘ik’ algemiene kanten net ôfwêzich. Fan it ferset tsjin strange tradysjes, belicheme yn in ‘heit’ en in ‘Heit’, jout de bondel ‘De âlde en de leave hear as lead om âld izer’ (1970) in yndruk. ‘Op libben en dea’ (1970) ferbyldet dichters oanwinnende yndividualiteit. It wifkjend yngean ta in net sa freonlike wrâld is yn ‘Mosken en goaden’ (1972) nei te kommen. De sammelbondel ‘Bûten it skûlliif’ (1973) fettet de trije stadia en bondels gear. Lyk op mei dy ûntjouwing fan binnen út nei bûten ta krige njonkenlytsen in tekoartdienfielen selskip fan in fielen fan eigen tekoartsjitten. Net sûnder ferheardens koe de dichter op in distânsje (‘ferfrjemding’) de saak tebekfiere op it ivich botsen fan generaasjes. De bondel ‘De iken fan dodona’ (1976), mytologysk doelend op Zeus as wjerstribbige soan, wol dat yn weromsjen wiermeitsje. Yntusken hie Daniël Daen as minske apart de mienskip om him hinne yn it folle fuortsmyt-eftiger ‘Fitraezjewrâld’ (1975) begûke. Daens poëzij, gauris oanhelle mei pan-religieuze en klassike byldspraak, hinget der nei oer in bytsje in wrâld apart te wurden. De bêste fersen binne ûntstien as goedkeazen wurden alle foarm fersaakje. It oare uterste aardet nei eameljen, altemets mei rym en mjitte as kamûflaazje.
Alhielendal in wrâld apart leit besletten yn it wurk fan Josse de Haan (1941), learaar. Hy debutearre as dichter. Sa 't er mistreastich en opstannich it libben om him hinne lizzen seach as in heap byinoarfage diggels, sa steane yn syn fersen de wurden ek byinoarbiezeme, liket it. Komselden rûgelje hja yn in skikking dat hja wat dogge. Unbehearske, mar wol earlike striidberens is it útgongspunt. Yn bondels as ‘Spegelbyld’, ‘Ferstekeningen tekenfersen’,
Omslach fan Daniël Daen, ‘De iken fan Dodona’, nei in foto fan Piter Doele
| |
| |
‘Bonifatius en it ûnderbroekje fan God’ (alle trije 1971), ‘Ik haw dyn toskfleis fruchtber makke’ en ‘Ynferzen’ (beide 1972) en ‘Skuttingskroat’ (1975) spegelt him ûnberoaidens en ûnbesnoeidens, eroatyske oerallens en wjerspannige betizing.
Ut syn beide earste romans ‘Forneukte stêd’ (1973) en ‘Sliepe yn spinreach’ (1975) slacht in selde soarte wyldsinnigens nei bûten. De opset fan de earste, it yninoarskowen fan realisme en maatskippij-kritysk surrealisme, makket fan 'e triedden dy't it byld fan Sanna (Hy) en Marrit (Sy) gearweve moatte net folle mear as in raffelige broddellape. Ek yn it twadde boek, wêryn't in man nei twa froulju talutsen wurdt, litte warhollige flitsen mei ynlaske dialogen (hoe fertsjinstlik soms ek yn ûnderdielen) har yn in boeiend ferbân net oaninoar riigje.
De alderapartste skriuwer út dizze snuorje soe lykwols wêze Reinder van der Leest (1933), ûnderwizer, waans literêr wurkterrein neffens eigen sizzen ‘yn it net-libbensechte, it kunstmjittige, de kolder, it boartsjen mei tael en frjemde kombinaesjes’ lei. Dat waard fuort wiermakke yn de beide poëzijfolders ‘Flardeguod’ en ‘Patates mei mayonaise’ (beide 1967), jeften dy't yn ‘boartersbûkje 1909 en sextich’ (1969) har printe foarm fûnen. Yn it boartsjen mei wurden sitte kostlike fisuële fynsten en de typografyske ferhaaltsjes en bylden foarmje in treffende of in ûndogenske kommunikaasje. Fuortsetting fan dizze trant joech de bondel ‘Practicum’ (1970). Dêrby foel ‘Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele’ (1972) gewoaner en minder boartlik út. De úntjouwing nei in minder boartlike foarm sette him fierder troch yn ‘Keunst en fleanwurk’ (1979) en ‘Wyn en fearren’ (1986), sûnder dat de fersen oan direktheid ferlearen. De originele observaasjes en de ûnderkuolle emosjonaliteit fan gâns fersen meitsje dat Van der Leest syn reputaasjes fan oarspronklik lûd allinne mar
R.R. van der Leest (foto Henk Kuiper)
fierder befêstige. Yntusken wie ‘Komme dy Kepers?’ (1969) ferskynd, ‘draeiboek foar in b-film’, in soarte fan anty-ferhaal, dêr't de kreaze Dynte Planteit en de folle waziger figuer fan Nier Hinnebruijer yn in thrillereftich barren de lêzer oanienwei ferrifelje. It kriget yn ‘Boef fan rys’ (1972, nei it Frânske ‘Bouffonneries’, mâle oanslaggen) in like parodiearjend ferfolch. Fierdere fuortsettingen mei dit yllústere duo binne mei net minder ûnfoarsjoene windingen en strukturele grapkes te finen yn ‘it moaiste famke fan antarctica’ (1974) en ‘Morfeus yn de ûnderwrâld’ (1975). Yn ‘bargebiten / bûltsjeblazen’ (1971) hie de skriuwer ‘in lyts frysk argewaesjespul’ jûn. Dêrfoaroer is de ‘gewoane’ trant fan ‘lampefryske forhalen’ (1972) ek net mislearre. De autobiografyske kant yn ferbining mei byldzjende taal hat fan bygelyks ‘Utflecht’ net in ûnaardich ferhaal makke. Dôch sil Van der Leest syn namme wol yn haadsaak ferbûn bliuwe oan it
| |
| |
Omslach fan R.R. van der Leest, ‘Komme dy kepers?’, nei in ûntwerp fan de skriuwer
pionierjen yn in foar Fryslân nijsoartich ludyk sjenre.
Yn it wurk fan Meindert Bylsma (1941), ûnderwizer, komt de sfear fan 'e praatpoëzij tige konkreet nei foaren. Yn 'e earste beide eigen bondels (hy hat ek meiwurke oan oaren) by namme ‘De tévé op it jiskelân’ (1968) en ‘Ugh’ (1974) is - ferlike by Van der Leest - de toan hurder en botter en hat it humor-bedriuwen mear wei fan grapjeierij. It aldermodernste is eftergrûn en yn de bernewrâld leit gauris in oanlieding. Sa ûntstiene frijbliuwende ienfâldige ferskes, rjochtút en frij fan sentimint. Yn it bekendst wurden fers ‘film’ út ‘Ugh’ sitte de measte eigenskippen yn ien tekst feriene.
It maklik oansprekkende dichtwurk fan Jan J. Bylsma (1931), learaar, is as praatpoëzij folle better beslein, en faaks ek wat duorjender. Yn syn bondel ‘Striptease’ (1967) ‘praat’ er de lêzer ta oer eigen prakkesaasjes op in inkeldris wat tè húslike toan. It binne myld iroanyske tinzen oer 't dichtsjen en 't eigen âlder wurden. Yn ‘Altyd like fleurich’ (1971) bestrike de fersen folle wider aktueel gebiet en hawwe se ek twingender ‘pointe’. Yn ‘Jan krukje en syn maten’ (1976) komt der noch in elemint fan in ferrassende kear oan 'e ein by. Dan is mei it fers de saak noch net út.
Bûten de roman ‘It forsin’ (1968), hat Bylsma om 'e sneuper Benedictus hinne trije flotte detektives skreaun: ‘Moard op 'e Himrik’ (1973), ‘Moard mei muzyk’ (1974) en ‘Benedictus pakt troch’ (1975), alle trije yn oparbeidzjen mei Anne Hellinga (1931), plysjeman, dy't sels (bûten it ienfâldige praat-fersebondeltsje ‘Prosesverbael’, 1968) ek al in sneupersroman ‘Twa deade sigeuners’, 1972, op syn namme brocht hie (in foarbyld dat Jelle van der Meulen, (1913-1986), Plysjeman, mei ‘De swarte ruter’, 1974, folgje soe).
Yn ‘Underweis nei hûs en oare paden’ (1972) fan de jongferstoarne Tytsy Wyngaarden (1943-1969) koe mear as allinne in ûnthjit registrearre wurde.
Omslach fan R.R. van der Leest, ‘Boartersbûkje 1909 en sextich’, nei in ûntwerp fan Piter Doele
| |
| |
Dat út it resultaat fan it fyntsjes en ritmysk teplaksetten fan 'e aldergewoanste wurden in bûtengewoan poëtyske krêft útgean kin, mei blike út it wurk fan Berber van der Geest (1938), earder beukerskoalleliedster. Har fersebondel ‘der binne fan dy dingen ...’ (1975) jout op subtile wize utering oan in ynderlik belibjen dat him út de fan wurden oproppen stimmingen en sfear beneame lit as skakearringen fan blidens, weemoed, ferheardens, langstme en eangst. Guon fan dy teksten hearre eins thús yn ‘Sjoch, sjoch, oars rekkest der by troch’ (1971, in bekroand ‘sjoch-, hark- en swijspul’); inkelde oaren yn it solo-toanielstik mei koar ‘Dit op en dat út’ (1972). Yn dat sjenre wûn hja ek in provinsjale priis mei ‘Frij’ (1976). Yn har lettere wurk, ‘dei en wei’ (1978) mei foto's van Paul Jansen, ‘en ik bin gien ...’ (1982) en ‘deidreamerijkes’ (1982) siket Van der Geest nei in hieltyd direktere formulearring fan emoasjes en gauris treastrike aforismen en komt dêrby oan de grins fan wat noch poëzy hjitte kin.
Dat simpel-oansprekkende op nivo soe ek de trant wêze fan Lieuwe Hornstra (1908-1990), psycho-analytikus. Hy makke syn let mar tige wolkom debút mei ‘Ljippe-blommen’ (1974), in bondel ferhalen. Dat as symboalysk realisme oantsjinne proaza ferbyldet mei ienfâldige middels yn alle soberens situaasjes dêr't út op te meitsjen is wêr't de hjoeddeiske hurde wrâld fan ferfrjemde is. It ferhaal is de saak net mei út. Der bliuwt in langjen nei simpeler, primitiver libben fan oer. Tige suggestyf wit de skriuwer bytiden de fisjonêre stimmingen op te roppen. Ek de twadde bondel ‘Sniejacht’ (1976) seint twingend sokke sinjalen út.
De keunst om yn in minimum oan deistige wurden in maksimum oan meidieling te lizzen hat Hornstra ek yn ‘Fersen’ (1975) en ‘De guozzen fleane’ (1977) demonstrearre. De gedichten ynspirearre op eigen wjerfarren bewize dat al (benammen ‘antlit’), de trant fan 'e Japanske ‘haikû’ noch safolste mear. Yl en fyn dogge somtiden de bylden oan, dy't yn it ramt fan santjin wurdlidden oer trije rigels fongen wurde moatte, in rigel dy't wat ponearret, in rigel dy't dêr wat foaroer stelt en in rigel dy't de spanning tusken beide stellingen opheint. Ek al is de iene ‘haikû’ hjir better slagge as de oare, it is poëzij foar de fynpriuwer.
| |
5.11
Neiswyljendewize folgje hjir noch inkelde nammen en titels.
Wat it toaniel oangiet - in sjenre dat him út soarte net sa gau modernisearje lit - wie it takomstbyld net sa dúdlik. De yn haadsaak behâldende praktyk koe it aldermodernste net rjocht ferneare oant Tryater him ûntwikkele ta in folweardich profesjoneel teaterselskip. Bûten it al oantsjutte stribjen nei oare foarmen fan Jelle de Jong, Leo Popma, Trinus Riemersma en Berber van der Geest mei it besykjen fan inkelde jongeren ek noch efkes oanjûn wurde: bygelyks in stik as ‘Halte’ (1974) fan Alle Jager (1935); fan Jan de Vries (1939), suvelmanager yn ‘De Goede Verwachting’ yn Warkum, de tradisjonelere stikken ‘Geskaei om 'e kaei’ (1971) en ‘Hwa wurdt beppe’ (1974); fan Oene Spoelstra (1944), learaar, ‘Thús’ (1972) en ‘Kinne jo my sizze faeks (1974) en ‘Snipperdei’ (1976); fan Arjen Terpstra (1948) ‘In deserteur’ (1973).
Fan de Hollânsktalige auteurs fan namme, Friezen fan komôf, dy't har ek gauris yn it Frysk utere hawwe, is sûnder mis Theun de Vries (1907) ien fan 'e bekendsten. Syn Fryske teksten (meast fersen en ûnder oaren oersettingen nei Heym en Trakl en âlde Perzyske dichters) binne earst yn 1977 en 1981 bondele. Dêrfoaroer hat Sjoerd
| |
| |
Leiker (1914) in part fan syn Frysk wurk sammele yn ‘In wolk fan tsjûgen’ (1976).
In oare skift skriuwers, fan wa't de nammen gauris tusken wâl en skip drige te reitsjen, binne de oersetters dy't folle mear oarmans teksten oerbrochten as eigen oarspronklik wurk leveren. Fan har fertaalarbeid likegoed dwaande-wêzen mei it Fryske taalmateriaal - moat de wearde bytiden net leech oanslein wurde.
Sa't yn 'e njoggentjinde ieu ien as Eile Martens van der Wal (1805-1860), ûnderwizer, mei syn folle mear as hûndert oersettingen nei Van Alphen, Bellamy en Lamenais (ek al bleauwen hja meast hânskriftlik) neamd wurde kind hie, sa hat de tweintichste ieu ek figueren, oan wa't samar net foarbygien wurde kin.
Wiisd kin wurde op:
Michiel Sjouke E. Visser (1887-1971), boer, mei ‘De Skimmelrider’ (1927) nei Theodor Storm;
Adzer H. de Vries (1878-1961), bibliotekaris, mei ‘It neifolgjen fen Christus’ (1929) nei Thomas à Kempis;
Geart Aeilco Wumkes (1869-1954), teolooch en bibliotekaris, mei ‘De Pylgerreize’ (1953) nei John Bunyan;
Willem Kok (1903-1969), klassikus, mei ûnder oaren de ‘Germania’ (1937) nei Tacitus;
Tjaard Anne Marius Albert Humalda van Eysinga (1869-1946), boargemaster, mei ‘Kening Oidipous’ (1923) nei Sophokles en ‘Phormio’ (1940) nei Terentius;
Hendrik Karel Schippers (1893-1971), learaar, mei ‘Pastorale symfony’ (1963) nei André Gide;
Gerryt Dykstra (1897-1973), learaar Dútsk, mei ‘De Gunnlaugssaga’ (1958), in Aldyslânske saga en mei trije romans út it Deensk: ‘De dominy fan Vejlby’ (1952) nei S.S. Blicher, ‘De Fiskers’ (1965) nei Hans Kirk en ‘It nije hiem’ (1972) nei William Heinesen;
Haring Tjittes Piebenga (1907-1981), antropolooch, mei in Homerus-fragmint en poëzijteksten nei John dos Passos, T.S. Eliot, E.E. Cummings, W.C. Williams en Ezra Pound;
Klaas Bruinsma (1931), learaar, mei Homerus-fragminten en teksten nei Spenser en Chaucer; apart ferskynde ‘Rein de Foks’ (1975);
Lambert H. Mulder (1934), heechlearaar andragogy, mei ‘De keale sjongeres’ (1956) nei Ionesco;
Halbe Sikkes Doele (1911-1967), folkshegeskoalle-lieder, mei út it Deensk oerset toaniel ‘Bern fan ien heit’ (1954) nei Branner en ‘Minsken oan in grins’ (1958) nei Allen;
Ale Kerkhof (1898-1969), yngenieur, mei toaniel út it Noarsk: ‘Poppethús’ (1928) nei Ibsen en ‘De bile leit ûnder de beam’ (1957) nei Skagestad;
folkstoaniel-oersetters as Bjinse Westra (1920-1982), Tabe Beintema (1912-1991), G. Tasma (1926), L. de Hoop (1900-1972), A. Tuinman (1904-1984);
en in feuilleton-leveransier as Goasse Rinse Groustra (1917) mei proaza neffens ûnder oaren Conan Doyle, Charles Dickens en Baronesse d'Orczy.
| |
5.12
It hear oersjend kin men allinne mar fêststelle dat de Fryske literatuer yn 'e tweintichste ieu in stoarmich ferrin hân hat. In feroaring dêr't oars suver in pear ieuwen foar nedich wêze soene, krige no syn beslach yn inkelde tsientallen fan jierren.
In ieuwiksel dy't Waling Dykstra fannijs as folksaardich, nofteren ferheljend lieder seach, waard folge fan no en dan dimmen distânsje nimmen. Skriuwers as Obe Postma, Reinder Brolsma en Simke Kloosterman
| |
| |
krigen stadichoan mear yn 'e marse as sljochtweihinne. Wat J.B. Schepers om 'e nocht besocht (de Hollânske Tachtiger Beweging nei Fryslân oerplantsje) soe Rixt yn 'e praktyk fan har dichtsjen slagje. Hja liet in eigen lûd hearre, in klank dy't om 1915 hinne Douwe Kalma mei besiele om it doel fan heechst persoanlik-skepen keunst nei te stribjen. Syn mjitstêven wiene dy fan in lang foarbije tiid, fan Hellas, Shakespeare en Shelley. It Frysk moast neffens dat kritearium spand wurde mei in poëtyske ladenens sa't it dy noch nea earder hân hie. It slagge Kalma op syn wize. Fan it ile en abstrakte dêrfan soe lykwols gau wer wat ôfstân nommen wurde. Yn 'e lette tweintiger jierren begûnen Fedde Schurer en de ‘Holder’-mannen in tuskenwei te begean. Hja mongen dat by útstek artistike wer mei mear of minder ‘gewoanens’. It bleau lykwols keunst as doel yn himsels.
Doe't yn 'e tritiger jierren mei ek soberder trant it proaza folge (de frijbliuwende ‘Fryske Sketsen’) kaam krekt dat frijbliuwende, dat doel fan Fryske keunst om 'e keunst, by 't dichtsjen op 'e wyn te stean. Wat oan ynhâld de bondel ‘Lunchroom’ fan Johannes Doedes de Jong by it algemiene tiidsbarren betriek, die de bondel ‘Brandaris’ fan Douwe Tamminga mear mei sfear. Pessimisme, wurgens en driging sprieken it sterkst by Garmant Nico Visser.
Nei 1945 waard dy ynternasjonalere poëtyske trant fuortset fan de generaasje fan Wadman, dy't sels bûtendat lieding jaan soe oan ek in bystelling fan it proaza yn dy rjochting. Wylst dat syn beslach krige, wiene de ‘quatrebras’-mannen al begûn om fannijs de poëzij wer fierder te fernijen troch de franje fan rym en regel, dream en glâns ôf te swarren. De hurde wierheid kaam sintraal te stean. It neakene wurd krige nije macht. Doe't om 1960 hinne dy modernistyske rjochting yngong fûn hie, foel dat likernôch gear mei de seks-troch-braak yn it yntusken op-nivo-brochte proaza. Wat doe Jan Wybenga, Rink van der Velde en Trinus Riemersma noch ûnderskate fan oare moderne skriuwers, wêr dan ek op 'e wrâld, wie yn begjinsel inkeld en allinne de taal.
De streaming om de literatuer út 'e yndirekte sfear fan it boek wei te heljen en rjochtstreeks oan 'e minsken oan te bieden hat wer laat ta ienfâldige tinzen yn sljochtwei wurden. Dat direkte gewoane komme de lêste tiid licht-romantyske kanten oan te sitten, wylst der tagelyk ek strangere foarmen by socht wurde.
It toaniel siket yn Fryslân stadich syn eigentiidsk oansjen.
De skiednis fan 'e Fryske literatuer is in ferhaal fan folwoeksen wurden. It lûd is safier ripe dat it him skruten hearre litte kin yn it koar fan 'e folken. De waaksende tallen oersettingen út it Frysk yn oare talen fertelle dêr har eigen ferhaal wer fan. |
|