| |
| |
| |
4. It Nijfryske tiidrek: de 19de ieu
4.1
De warberens op 't stik fan Fryske stúdzje, dêr't professor Wassenbergh op 'e ein fan de 18de ieu de bliken fan jûn hie, soe yn Fryslân liede ta in Gysbert-ferearjende Wassenbergh-skoalle fan op syn minst like warbere learlingen en folgelingen en wie yn Europeesk ramt in útrinder fan in wiidfiemjende streaming dy't ûnder de namme fan ‘Romantyk’ bekend wurde soe. It wurd romantyk, ôflaat fan it Aldfrânske ‘romanz (escrire)’, dat yn oarsprong - ynstee fan yn it Latyn - (skriuwe) yn 'e folkstaal betsjut, diek sadwaande sawol taalkundich as literêr in lading dy't tsjinsteld wie oan dy fan it Klassisisme. Romantysk wie yn 'e grûn itselde as wat folksaardichs, wat avontoerliks, wat bûtenwenstichs, in betsjutting dy't him letter kristallisearje koe yn ien dy't wat tears, wat gefoelichs of mankelyks oanjoech, dêr't meast de sin foar it eigene as in kearn yn bemongen siet.
Oer hiele Europa gie taalsgewize oan 'e Romantyk in foar-Romantyk foarôf, fan lân ta lân streamingen dy't it ynstoarten fan 'e aristokratyske mienskip oankundigen en oan de smaak en oan it ferlet fan de doe opkommende midden klassen utering joegen. It nije opponearre him yn foarmen dy't ûnder de klassike kwint wei besochten te wrotten, wêrby't de klam hieltyd mear op 'e minsklike emoasjes komme soe te lizzen. Yn alderhanne gradaasjes, in mear of mindere gefoeligens fette yn in mear of mindere strakkens fan foarm, koe dat syn beslach krije. Njonkenlytsen ûntstie der in wrâld dêr't de skientme fan tún en park yn wike moatten hie foar de wyldere sier en oanklaaiïng fan mem-natuer sels, yn in sfear dêr't de ferbylding ta ûnbehindere en spontane utering komme koe en foar symboalen en fantasijen alle romte iepenfallen wie.
Ek al die de romantyk him yn 'e omlizzende lannen hieltyd wer oars foar, de skriuwers hiene wol allegear mien, dat yn djipste wêzen in gefoel fan ûnbehagen en fan ûnfrede har dreau. Op de ien of oare wize wiene hja net tefreden mei de besteande situaasje. It wiene suver allegear ûnharmoanyske persoanlikheden, dy't tangele as se sieten mei har ‘Weltschmerz’, op 'e grins fan har kinnen en wollen de pinne stjoerden, út in tsjinstelling ek wei fan ienling en mienskip, fan doe en no, fan kultuer en natuer. Yn sokke konfliktsituaasjes sochten somliken it yn 'e opium en inkelde oaren yn in net ûnopsetlike dea. In beskate opstannigens wie oan har wurk eigen, in tsjinabbelearjen dat him faak foardwaan soe as in flecht út it besteande, tebek nei in romantisearre ferline of rjochtoarsom nei in utopyske takomst. By guon ek koe it omslaan yn humor, it tsjinwicht tsjin de eigene swiersettigens.
Yn Fryslân, dêr't de adel en de Frjentsjerter Akademy altyd noch wol wat fan in Fryske tradysje fuortset hiene, wie it klimaat foar romantysk oplibjen om 1800 hinne op 'en aldergeunstichst wurden, om't de eigen identiteit doe útwindich hieltyd mear oan it ôfbroazeljen wie. De Frânske besetter soe yn 1798 (tydlik) de namme Fryslân fan 'e kaart ferdwine litte en doekte yn 1811 foargoed de Frjentsjerter Akademy op. Fielings fan selswerkenning, selsûntflechting en selsrespekt begûnen yn dizze snuorje wûnder trochinoar te rinnen. En alles draaide om dat iene, like it, oft Fryslân ek yndied in Frysk lân bliuwe soe. De identiteit moast, wie 't net polityk, dan doch kultureel herovere en befêstige wurde. Wat nei bûtenút ferlern gien wie, moast ynwindich namste sterker wer wiermakke wurde. Oersettingen waarden dêrby faak
| |
| |
brûkt om te bewizen dat it Frysk sûnt Gysbert Japix noch altiten ‘geschikt’ wie foar it ‘verhevene’. Yn 'e jierren 1822-1836, de tiid dat de omjouwende lannen al midden yn har Romantyk sieten, rjochte Fryslân him yn haadsaak, oan 'e oersettingen te sjen, op de Dútske foar-Romantyk, de ‘Sturm und Drang’, dêr't immen as Johann Gottfried Herder, grut bewûnderer fan 'e âlde folkspoëzij, sa'n grutte rol yn spile hie. Sa begûn de Nijfryske literatuer yn omsjen, as in mei fan Napoleon oproppen reaksje, mei Gysbert Japix as ljochtsjend symboal.
| |
4.2
Dy Fryske foar-Romantyk lieten har fuort twa streamingen yn ûnderskiede. Oan 'e iene kant de belearde en begoedige Wassenberghers mei har Gysbertstavering; oan de oare kant de fuortsetters fan 'e folksaardige trant fan in ‘Aagtje’ en in ‘Mayke’, dy't har betsjinnen fan in nei it Hollânsk útskaaiende wize fan staverjen. Wylst de earsten benammen each hiene foar de klassiken (hja seagen yn Gysbert Japix ek ien), sleaten de oaren har mear oan by de smaak fan it gewoane folk. Hoewol't beide streamingen net altiten skerp te skieden wiene (soms floeiden hja yn ien persoan gear), mei men sizze dat it spoar fan 'e Wassenberghers oer it grutte Gysbert Japixfeest fan 1823 te Boalsert trochrûn nei de oprjochting fan it ‘deftige’ Friesch Genootschap yn 1827. Dat wie de ‘Fryske’ wjergea fan de yn 1819 te Ljouwert al oprjochte literêr-wittenskiplike stúdzje-rûnte ‘Constanter’, dy't as doel hie de Hollânske Klassiken te bestudearjen. It Genoatskip woe him dêrfoaroer benammen op 'e ‘Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde’ smite. It besiik, dat de Ingelske ‘bookman’ John Bowring yn 1828 oan Ljouwert brocht, soe yn beide fermiddens net sûnder gefolgen bliuwe: ‘Constanter’ waard der ‘Frysker’ fan en it Genootschap liet yn 1829 as syn orgaan it earste folslein Fryske tiidwurkje ‘Friesch Jierboeckjen’ ferskine. It wie ornearre foar ‘de beschaafde stand en de stedelingen’ om dy ‘smaak voor hunne veel vergetene moedertaal in te boezemen’. Nei 1835 soe dat jierboekje as ‘Friesch Volksalmanak’ syn eigen wegen gean, om yn 1837 as Genootschapsorgaan ‘gezien de weinige bekendheid der landstaal in andere gewesten’ ferfongen te wurden fan de
Hollânsk-talige ‘De Vrije Fries’. Doe hie dat fermidden him al hast folslein op it ferline rjochte en - literêr ek sa goed as útspile - de ‘Taalkunde’ alhielendal sjitte litten.
Dy kant soe lykwols yn 1844 syn gerak wer krije doe't ‘foär Fryske tael- en letterkinde’ in ‘Frysk Selscip’ oprjochte waard dêr't de ûnder de bedriuwen oanwoeksen folksaardige streaming rjochtstreeks yn útmûne. Dêr soe de Fryske tried, dy't it Genootschap falle litten hie, yn it nije tydskrift ‘Iduna’ (1845) wer opfette wurde. En al wie hja faaks ek wol mei in reaksje op 'e fal fan doe wer it Frjentsjerter Ateneum (1843), de oprjochting fan dit selskip wie boppe-al de romantyske died fan in nije generaasje dy't it swurk driuwen seach. Miskien wie yn 't begjin behâldendheid (bewarje wat west hie) wol mear de driuwfear as opstannige progressiviteit, mar de foar-Romantyk wie yn 1836 stoarn en de wiere Romantyk yn 1844 berne. It ferskeel tusken beide soe dat tusken Genootschap en Selscip wêze: de frijbliuwende niget oan Frysk, wittenskiplik fûndearre en wat aristokratysk rûkend, wie omslein yn in ‘gewoane-jonges’-eftige hertstocht foar 't Frysk.
| |
4.3
Fan de Wassenberghers (yn 'e romste sin alle skriuwers, learling fan 'e professor of net, dy't yn har wurk ynfloed fan Gysbert
| |
| |
Japix sjen lieten) hat Ecco Epkema (1759-1832), klassikus en op ûnderskate plakken rektor, ien fan 'e warbersten west. Mear wittenskiplik as literêr wurksum hat hy in nije Gysbert Japix-útjefte (1821) mei wurdboek (1824) besoarge en rette hy letter in útjefte fan ‘Thet Freske Riim’ ta, dat yn 1835 postúm ferskine soe. Syn belangstelling wie foaral op it ferline rjochte, wat ek útkomt yn syn autobiografysk fers ‘An mine landnaten’ (1830), wêryn't hy op syn âlde dei de ynfloed fan Fryslân op syn libben jitris oereage. Hy die dat yn in sabeare Aldwesterlauwerske tongslach, itselde soarte fan taal dat Jhr. Montanus (de Haan) Hettema (1796-1873), jurist, datselde jiers brûke soe, doe't er yn 't Aldfrysk in kleiliet ‘Uppa tha ethele and fria Frisa Jonker Schelte Hessel Roorda fon Eysinga’ yn 't ljocht joech. Dat ‘prieuwcke’ hat der mei ta laat, dat dizze skriuwer, oars warberder as wa ek yn 't Aldfrysk, neat minder as in ‘frisiomaen’ neamd is. Syn oersetting oer de lof fan it lânlibben nei it bekende ‘Beatus ille’ fan Horatius (1839) wie dan ek wat men ferwachtsje koe in ferfrysking, sadat anagronistyskwei in Aldlatynske bankier in Aldfrys-ken-ien waard en sêft kletterjende beekjes hjir fan 'e terpen kamen te streamen. Dan hawwe yn dit tiidrek oare oersetters nei klassike skriuwers better wurk levere. Yn 't foarste plak moat neamd wurde Jan Dirks Ankringa (1793-1860), klassikus en konrektor te Ljouwert. Hy hat Horatius twaris as foarbyld brûkt (1829 en 1833) en letter, yn 1857, soed er him noch oan in part fan 'e ‘Agamemnon’ fan Aeschylus weagje. Syn fertsjinste wie, al sloech er wolris wat oer en foege hy wolris wat ta, dat er altyd tige lêsber bleau. Hy hie doe al gâns macht oer de taal. Twa dingen stiene
him by dy oersettingen foar eagen: oan 'e iene kant woe hy bewize dat it Frysk rûnom gaadlik foar wie; oan 'e oare kant woe hy de
Titelblêd fan E. Epkema syn Woordenboek (1824) by syn Gysbert-útjefte fan 1821
beheindens en iensidigens fan 'e folksskriuwerij mei ferhevener tema's en foarmen befruchtsje. Sels hied er dat alris mei befredigjende útkomsten yn 'e praktyk brocht, doe't er yn syn ‘Kleyliet fen yen memcke oerre dead fen har berntjen’ (1834) in aparte fersfoarm brûkte. De oare oersetter fan belang, like lêsber en like frij, hat west Wopke Jabikssoan de Jong (1799-1852), ûnderwizer te Sint Jabik, dy't wol útwreidzjend, mar goed fan taal en sfear, in fragmint fan Ovidius neidichte (1845), en mei fiif teksten (1834, 1845 en trije yn 1846), ek wat eigenwillich, Horatius neifolge. De earste dêrfan ‘Oan Grosphus’ soe nettsjinsteande de keunstige selsoanrette foarm noch fierwei bêst it foarbyld, werjaan. Fierders hat dizze skriuwer it ek gauris yn 't koartswilige socht (‘Merten Skroar fen Earnewâld’).
| |
| |
Opstannich wied er yn ‘De dominys hifke, mar follen te ligt achte’ (1840), in feninich pamflet dat noch al wat opskuor joech.
In dûmny as Rinse Posthumus (1790-1859) fan Waaksens by Holwert tilde net ‘ligt’ oan de problemen fan syn tiid en hold him ek net stil. Behalven yn 'e trije earste Frysktalige nûmers fan syn ‘Paadwiser’ (1841) fersette hy him fierders yn 't Hollânsk fûl tsjin de geast fan sleauwens ûnder it folk (1840) en tsjin it ûnfryske tinken by de minsken (1846). En by de tanimmende ellinde en earmoed om him hinne wie syn eigen geast ‘ook niet zeer opgeruimd ... en dit geeft geen lust tot werken en schrijven’ (1847). Skriuwe hie oars wol de lust west fan dizze oarspronklike, stroeve en faak wat swiersettige figuer. Yn 1824 hie hy syn ‘Prieuwcke fen Friesche Rijmmelerije’ al ferskine litten, in tsjokke bondel foar dy tiid, dêr't fuort al wat fan in ynderlike tespjaltenens yn wjerspegele lei. As teolooch besong er tige byldzjend en fynsinnich de harmonij fan Gods skepping, as romantikus yn wylde tafrielen Gods majesteit yn 't swiere waar (psalm 29). Literêr alhiel beynfloede fan Gysbert Japix hie de dichter dat nije natoerfielen foaral by Herder skipe, de man dy't yn Dútslân behalven de âldtestamintyske skientme ek dy fan Shakespeare ûntdutsen hie. En Shakespeare hat Posthumus nea wer loslitten. As oersetter hie Posthumus al wat twaslachtichs oer him trochdat der net folle systeem yn syn foarbylden siet. Sa koed er út it Klassisisme of fan earder tiid wat kieze (Lafontaine, Milton, Pope), út 'e omlizzende foar-Romantyk (Gray, Goldsmith, Claudius, Bürger en Borger), of eigentiids út 'e omlizzende Romantyk (Lamartine en Southey), it tsjûge allegear mear fan in grutte belêzenheid as fan foarkar yn in beskate rjochting. Mei Shakespeare-oersettingen hiene se him yn Dútslân net fier foar west, mar de muoite dy't se der dêr mei hân hiene soe him by Posthumus -
as earste yn Nederlân - mannichfâldich herhelje. Likefolle as mei Shakespeare sels moast er wrakselje mei in Frysk dat ta sokke hichten noch net stige koe. Yn 1829 seagen (as earste út it Ingelsk yn it Frysk) ‘De Keapman fen Venetien in Julius Cesar’ it ljocht (it iene yn proaza, it oare metrysk), in útjefte wêrfan't it opdrachtfers ‘Oon de jonker, I. AEbinga fen Humalda’ fierwei it bêst slagge is. Yn 1842 soe mei lijen ‘As jimme it lije meije’ noch ferskine. Mar de stikken waarden oer 't algemien net geunstich ûntfongen, dat ‘De Storm’, yn hânskrift klear yn 1852, koe gjin útjouwer foar fûn wurde. It soe earst yn 1958 fermannichfâldige wurde, nei't in postúm besykjen yn 1861 mislearre wie. It oardiel dat dat doe opkearde waard fan Albartus Telting sa formulearre: ‘hij moest vaak in veel woorden een enkeld van 't origineel weêrgeven’. Posthumus syn prestaasje wie der yn 'e omstannichheden net minder om. It tsjûge fan ynmoedich pionierjen mei de taal, mar wie spitigernôch, krekt ek al as mei syn ‘rijmmen uwt Friezlânz Schijdnis’ yn 'e earste bondel, mear in kwestje fan wollen as fan kinnen, om fan de twadde bondel ‘In Jouwerkoerke’ (1836), dat folksaardiger wêze woe, mar te stiif en te belearend útfoel, mar net te praten. It ‘Farwol’ dat er Worp van Peyma tarôp, doe't dy nei Amearika emigrearre (1849), nòch de ‘Leedsang’ (1858) by it ferstjerren fan Eeltsje Halbertsma koene dat byld mear wizigje.
It pionierjen mei de taal hie Albartus Telting (1803-1863), jurist, sels ek net frjemd west. As earste hie hy, oer it bloedjier 1672, in histoarysk ferhaal yn it Frysk publisearre (1835), wat foar dy tiden net in maklike opjefte west hawwe moat. Der binne fan him ek fiif fersen bewarre bleaun,
| |
| |
Brief fan ds. Rinse Posthumus oan Tiede Roelofs Dykstra (FLMD)
| |
| |
Tinkstien foar J.C.P. Salverda, oanbrocht yn de tsjerkemuorre te Wûns (foto Sj. Andringa)
dy't er as eigen wurk op Constanter-gearkomsten foarbrocht hat (1827-1831). It middelste en bêste ‘Oon yen jong Famcke az har ljeafste har aefstoarn wier’ (in jier letter, yn 1830, printe) is in technysk fernimstich boud kleiliet dat earnstich meifielen oan de lêzer trochjout.
Gâns oandwaanliker is lykwols it ‘Op it aefstearren fen uwz twae berntjes’, dat Jan Cornelis Pieter Salverda (1783-1836), skoalmaster te Wûns, ús neilitten hat. It is it persoanlikste fers út syn hiele oeuvre, dat yn ‘Ytlicke Friesche rijmckes’ (1824) en ‘Hiljuwnsuwren’ (1834), bondels dy't inoar foar in part oerlappe, sammele is. De oare ellinde, dy fan in slim fersutere húshâlding, hat de dichter him nea direkt oer útlitten, of it moat wêze dat wy yn 'e religieuze fersen fan de geastlike spanningen, dy't dêr grif mei mank west hawwe, wat fernimme kinne. Syn psalm 147 wie folle moaier as dy fan Althuysen (skreau Wassenbergh him yn 1823). Ut in brief witte wy dat syn eigen libbensûnderfining der mei ûnder siet. En net te ferjitten syn grut dichterskip. By dy fan Posthumus lit Salverda syn psalm 29 opfallend gruttere taalmacht sjen, in folle muzikaler en byldzjender fermogen. Syn kar wiist ek op ynfloed fan Herder, waans oersetting fan 'e Anglo-skotske folksballade ‘Edward’ hy wer as ‘Evert’ yn geef Frysk oerbrocht. Like masterlik hat er Bürger's imitaasje-ballade ‘Lenore’ fertaald, en de neare sfear en driging yn wurd en klanken treflik fongen. Oare foarbylden hat er socht (Fryslân wie Hollân hjiryn foar) by Hölty, de wichtichste dichter fan 'e saneamde ‘Hainbund’ (dêr't Bürger ek kontakt mei hie), in rûnte (1772-1776), dy't him wat mylder en lyrysker opstelde as de ‘Sturm und Drang’ en de moaiens fan maityd en de flechtigens fan 't libben as haadtema's brûkte. Der leit wat fan sa'n tsjinstelling oer al Salverda's wurk. Der is blierens neist weemoed, swierens neist floatens, koartswiligens neist wiisgearigens en in ‘Apollo in Daphne’ neist in ‘Doecke in Swobk’. Mar by him
stiene wollen en kinnen folle mear yn 'e balâns.
De ynfloeden fan Gysbert Japix en de iere Dútske Romantyk, dy't Salverda ta sokke hege literêre prestaasjes opdreauwen, hawwe op Rein Baukes Windsma (1801-1862), skoalmaster te Wolsum, in folksaardiger útwurking hân. Syn flecht wie minder heech en syn taal minder literêr. De trije bondels dêr't syn Frysk wurk yn sammele is (‘Friesch Blomkoerke’, 1829; ‘Friez'ne blommekrânze’, 1833; en ‘Bledden uwt mijn Schrieuwboeck’, 1847) tsjûgje fan in technysk fakmanskip yn in ‘grijmanck fen ijtlijcke rijmckes’, dêr't ryp en grien ûnder skûlet. De ynhâld beweecht him tusken ‘It fol-mecke gebet’, ienfâldich, earnstich en geef fan taal, en flottere teksten as ‘Sauntsjin divels yn 'e bollepream’, in rymstik mei moraal en koartswyl en sa as
| |
| |
nutslêzing alris fan 'e dichter foarbrocht. In melodramatysk fers as ‘Ate’ soe lang noch bekend wêze. Ut it Dútsk hat Windsma meast oerset nei Von Kleist (en Goethe, Schiller, Vos en Willamow) en út it Hollânsk nei Vondel en Cynthia Lenige. Tusken de klippen fan ‘frij’ en ‘trou’ troch berikte er altiten tige lêsbere útkomsten. Te sjen oan guon fan syn ‘punt-rijmckes’ mocht er graachris fyntsjes hikkelje. It koartdicht loek him blykber. Hy hat teminsten ek twa kapittels fan Salomon's spreuken oerbrocht.
In polityk hikkelfers, ‘Ammelied by e Wielewale’, ferskynde yn 1830 by gelegenheid fan 'e Belgyske opstân. Dy spot-slaggerige widzesang wie ûndertekene mei J.R. (wat Jarig Rykles oantsjutte), in namme dêr't Jacob Roorda (1802-1834), jurist te Ljouwert, him efter ferskûle, in man dy't as konfrater yn Fryskens yn ien sike mei Telting neamd wurde kin. Tidens it statuskwo mei de Belgen ferstoar hy yn 1834 as earste luitenant fan 'e ‘Vriesche schutterij’ yn Den Bosch, in dea dêr't it ophâlden fan it ‘Friesch Jierboeckje’ yn dy snuorje wol mei yn ferbân brocht is. Yn jiergong 1831 hie hy noch ‘Doeckle Neadholp’ opnimme litten, in histoarysk ferhaal op rym, neffens de kronyk fan Petrus fan Thabor opmakke. Gâns aparter wie yn twa eardere jiergongen it ‘Stick fen en Reise trog it Hartsbergtme’ (1828), sabeare ‘uwt dy papieren fen Orck Allinga’, it earste reisferhaal yn it Frysk, en boppedat ek noch besûnder om syn iere wurdearring fan in folkstaal as it Platdútsk en foaral om syn Grut-fryske skôging, dy't in delslach krige yn it dêr ynlaske earste Grut-fryske folksliet. In romantysk eachweid waard dêrmei iepenlein: de mannen fan it Selscip koene har gjin better útgongspunt winskje.
| |
4.4
De folksaardige literatuer (dêr't ûnder de bedriuwen inkelde Wassenberghers ek wolris ta bydroegen hawwe) waard yn haadsaak droegen fan 'e bruorren Halbertsma. In tuskenpersoan as Jan Gelinde van Blom (1796-1871), notaris te Drachten, kaam foaral troch syn folksrieme lieten it meast noch oan har kant te stean. ‘Ynskje en Oark’, ‘It froalike Famke’, ‘De Reedrider’, ‘Wobbelke’ (nei Hooft), ‘Drachtster Merke’, it wiene allegear sangen dy't in lang libben hawwe soene. Oan 'e lette kant is syn wurk sammele yn ‘Blomme-koerke’ (1869) en fierders, mei útsûndering fan it spottende en wjerstribbige ‘De Broedbij’, oer 't algemien net mear fan belang. Mei eigen bydragen, lyk as ‘De thédrinkerije’ (1849) hied er as Nuts-lêzer besocht it folk ek learing en ferdivedaasje te jaan, in opdracht, dêr't yn dy tiden eins allinne de Halbertsma's mar it geheim fan wisten. Hja soene it folk wer leare te lêzen en te sjongen en it dêrmei wer in grûnslach foar nij bewustwêzen jaan. It begjin wie navenant ienfâldich. As in soarte fan penny-magazine waard yn 1822 yn 200 eksimplaren ‘De Lapekoer fen Gabe Skroor’ rûnstjoerd, in boekje fan 36 siden, mei seis fersen en ien stikje proaza, teksten dy't de tûke Gabe taskreaun waarden. Yn 'e twadde printinge fan 1829 wie it boekje al útdijd ta in boekwurk fan 237 siden, wêryn't fan 'e lieten tsien fan muzyk foarsjoen wiene. De tredde printinge, in lytse 500 siden mei grutter bledspegel, ferskynde yn 1834 en soe mei lettere los te ferskinen stikken fan 1836, 1840, 1845 en 1858 postúm as ‘Rimen en Teltsjes’ (foarste printinge yn 1871) gearfoege wurde ta it nasjonale folksboek dat it no noch altiten is en dat yn it jier 2000 1993 syn tsiende
printinge helle. Want de ynhâld, ferhalen en rymstikken, realistysk en idyllysk, oandwaanlik en koartswilich, yn
| |
| |
Joast Halbertsma, nei in lito fan D.J. Sluyter
wêzen mear rjochte op it ferline as opsetlik foarútstribjend, sil allinne al troch syn noch altiten libbene styl en syn like oansprekkend taalgebrûk fan alle tiden wêze.
De grutte man efter dit ûndernimmen wie Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), dûmny te Boalsert en nei 1822 te Dimter, tige betûft taalkenner, alsidich as ien, net allinne de siele fan 'e Gysbert Japix-betinking fan 1823, ek de man dy't it ferlet fan it folk op 'en fynsten oanfielde en it joech wat nedich wie om der tagelyk de weardichheid fan it Frysk mei te bewarjen en har brûkberens op alle mêd mei te bewizen. En sa't yn syn brein Gabe him ûntjoech ta in folweardich meispyljende persoanlikheid, sa waard de folkstaal ûnder syn hannen in folsleine linige grutheid, in ta libben brochte skriuwtaal. It geheim fan syn styl en it oarspronklike dêrfan wie neffens syn eigen sizzen: syn moed. En mei't er net wend wie in blêd foar de mûle te nimmen, koe syn wat rûge, spotslaggerige en altemets grimmitige persoanlikheid namste markanter út it wurk nei foaren springe. Hy beoefene alderhanne sjenre hieltyd yn in dêrta eigene trant en beärbeide syn rûnomwei gearswile stoffe op ûnneifolgbere wize, ek al wie syn komposysje-fermogen dêrby net de sterkste kant. Faak droegen sydsprongen lykwols by ta de spanning en begûn it simpele ferheljen op boeiend en meislepend praten te lykjen. ‘Oan Eölus’ en ‘Eölus syn antwurd’ binne dêr prachtige foarbylden fan. Yn dizze stikken, dêr't de stoarm fan 1830 de oanlieding ta wie, hat in twirre, liket it, alderhanne tinzen en motiven en gegevens rûnomwei as warreljende blêden byinoar fage. It resultaat is dan ek ûnder gjin sjenre-yndieling mear te fangen. Anekdoatysk koartguod, meast earnewei opdiene grappige teltsjes, moat gauris foar 't ljocht helle wurde út de gruttere proazastikken, dy't op harsels fierders wol in yndieling ferneare kinne. Sa is ‘It Boalserter Nut’ it earste grutte ferhaal. ‘It
Eeltsje Halbertsma, nei in tekening fan J.B. Tinga
| |
| |
Hânskrift fan Joast Halbertsma: in side út syn Lexicon (PB)
| |
| |
Jild’, de spannende lêzing fan 'e Preker, sit dêr as syn earste en bekendste essay yn ferarbeide. ‘Miswier’ en ‘De twadde jûn’ binne de grutte ramtferhalen, dêr't, lyk as sa faak by him, de ûnderdielen fan ‘verfriescht en verrijkt met brede verzinsels’ binne. Op himsels is ‘De Skearwinkel fan Joutebaas’ in foarbyld fan in gearspraak. It yntrigearjende ‘Heksershol’ makket him dêr as in folslein apart ferhaal út los. Fierwei bêst soe skriuwers romantyske ûnlykwichtigens hjir út 'e ferve komme: by al syn krityk op it byleauwe rekket hy der tagelyk sels hast fan betsjoend, in twaslachtigens dy't him ek opponearret as er nettsjinsteande syn ‘moed’ it skabreuze en ûnearbere yn orizjinelen altiten kein en earber makket. Suver al naturalistysk is dêrfoaroer syn beskriuwing fan Salverda syn libben (1836), wêrmei't er de Fryske libbensskets as sjenre op in tige heech peil begjinne lit. Wat fan dyselde realistyske sfear klibbet oan syn ‘Mattheus’-oersetting (1858), wat by guon gâns argewaasje jûn hat, mar no hast modern oandocht. It bewiist jitris dat Joast Halbertsma yn 'e praktyk fan 't skriuwen syn tiid fier foarút wie.
Kaam it dichtwurk (meast neifolgingen dy't ek wol wer wat eigens krigen) by Joast dúdlik yn 'e knipe, folle gelikenser soene poëzij en proaza har ferhâlde by syn broer Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), doarpsdokter te Grou, dy't dêrfoaroer as minske, ferlike by syn broer, folle wankeler wie: ‘altijd hetzelfde onrustige wezen beurtelings geteisterd door een uitbundigste vrolijkheid en de zwartste zwaarmoedigheid’ (tekene er himsels). Op 'e grûnslach fan in yn studintikoas Heidelberg skipe romantysk gefoel hied er foar syn wurk ek in ‘Anstoß’ nedich, in meldij of in tekst om te ferfryskjen ‘zodanig dat geen mens het origineel zal herkennen’. Sa koe syn ‘Jonker Piet en Sibbel’ ek wolris in gâns ferbettere fersy mei wêze fan in soartgelikense ‘Steedsche Jonker en een Friessche Boerin’ út 'e ieu dêrfoar. Bûten in dialekt-dichter as Hebel ûntdiek er lyk as Salverda foaral Hölty (‘Deagraverssankje’). Ek hy hat yn ‘Op Anna's Dea’ in oangripende leedsang skriuwe moatten. De flechtigens fan moaiens en de fergonklikens fan alle libben soene dan ek yn in sfear fan weemoedich berêsten as triedden troch de measte fan syn fersen rinne, yn dy oer blommen en jeugdoantinkens, en sels it prachtige ‘It Marke’ soe der net alhielendal frij fan bliuwe. Inkeldris is der blidens (‘De blide berntsjes’), somsris útlittenens (‘De Boalserter Merke’), danris boartlikens (‘Foeke Skutter en Hospes-Tryn’), mar altyd is der dy sjongsume en streakjende dichterlikens. It is in wûnder hoe't ‘Geale-Sliepke’ fan klankpatroanen droegen wurdt.
Yn 'e ferhalen is er de flotte ferteller, dichterlik-realistysk yn it earste literêre proaza fan 'e ieu ‘Utfanhûs by de boer’, iroanysk yn ‘De klúnskonk fan ús âld dominy’, satirysk yn ‘De Noarger Rún’, en mear bleathumoristysk yn ‘Reis nei de Jichtmasters’. Sokke humor-skakearringen, yn djipste wêzen oan de weemoed en de langst fan de dichter ûntsprongen, soene har (neist it ferhoalener boartsjen mei wurden) it opfallendst iepenbierje yn krûm praat, brike nammen, rare typen, stopwurden, Frânske wurden, de wûnderlikste ferlikingen en de meast ûnferwachte sprongen yn it tinken. Al litte de bou fan 'e ferhalen der wolris ûnder, mei libbenens, feart en kleur waarden hja trochstrings wol rêden. Sa is yn 'e ‘Treemter’ de reis nei de boaiem fan 'e see like ûnferjitlik skildere as dat yn 'e ‘Jonkerboer’ (1858) de langst fan 'e skriuwer nei in warber en fredich lânlibben trochklinkt. Yn 'e persoan fan master Tsjerk liket de skriuwer ús yn dy novelle tusken de rigels oan te sjen. Yn it proaza is dit de persoanlikste en
| |
| |
Hânskrift fan Eeltsje Halbertsma: ‘De terp’ (FLMD)
| |
| |
Tsjalling Halbertsma, nei in lito fan J. Römer
neakenste utering, dy't troch de sfear fan syn ryklik frij oerbrochte fersen yn ‘Quickborn’ (1857), nei it Platdútsk fan Klaus Groth, allinne mar befêstige wurdt. De tredde broer Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792-1852), bûterkeapman, hat yn it skaad fan de beide bruorren, faak ûnder de skûlnamme fan Master Jouke of fan T(sjalling) T(sysker), foar folkslektuer soarge mei gauris in wat spottende of boartlike ynslach. Sa wie hy de man fan 'e Grouster weachbriefkes en fan heilingen (berneprintsjes yn kleur en mei tekst), mar ek fan it ‘Friesk Spjealdeboek, It libben in de Wiersizzerij fan Maaike Jakkeles oon de Frieske fammen’ (1836), dat, wat de namme oangiet, ek noch in ferbining lei mei de ieu derfoar. It wiene aardichheidsjes dy't der wakker ynfoelen en mei har puntige rymkes in eigen wurking ûnder it folk hiene. Syn ‘Snitser Merk’ soe suver net ûnderdwaan foar de ‘Boalserter’ fan syn broer, wylst syn ‘Widzesang’ (Do, do biste myn Anke) ek tige bekend wurden is. In hiel apart ûndernimmen wie ‘De Roeker’ (1832), in fan him redigearre bledsje mei petearen oer problemen fan 'e dei, dêr't mar inkelde nûmers fan útkommen binne. Itselde soe de ‘Paadwiser’ (1841) fan Posthumus oerkomme, en folle letter ek de ‘Blau-mandeis-krante’ (1856-'57) fan Harmen Sytstra, mar dat is in oar sjapiter.
| |
4.5
Oars as yn Hollân, dêr't de Romantyk in tal jierren earder benammen nei foarbylden út Ingelân en Frankryk ynset wie, kaam Fryslân foaral ûnder ynfloed fan 'e Dútske Romantyk te stean. Tsjin 'e eftergrûn fan
Earste side fan de earste jefte fan ‘De Roeker’, 1832, in tydskrift fan Tsjalling Halbertsma
| |
| |
de algemiene ‘Sehnsucht’ dêre wie as in flecht nei it ferline de leafde foar âlde folkslieten en folksferhalen der in wichtich elemint fan wurden. De bruorren Grimm hiene mei har ‘Märchen’ en ‘Sagen’ en foaral har ‘Mythologie’ yn dy rjochting hiel wat op gong brocht dat yn Fryslân oanklang fine soe by de Ljouwerter keapmanssoan Tiede Roelofs Dykstra (1820-1862), âld-learling fan Ankringa. Mear folkskundige as literator en ek mear organisator as skriuwer waard dizze wat stroeve en iensume figuer in besieljende krêft. Sûnder him soe it ‘Selscip’ bygelyks net te tinken wêze en foar in man as Harmen Sytstra hat hy lange jierren it teoretysk gewisse west. Hy soe as argivaris-bibliotekaris fan Fryslân (ek as Selskipsfoarsitter) stjerre. It bêst hat er himsels en syn tinkwrâld gearfette yn it gedicht ‘Oan 't Noarderhêf’ (1853), dêr't er as in bewuste Fries yn wiid-germaansk ferbân út foar 't Ijocht komt. Syn earste bondeltsje, ‘Foarjiers-blomkes’ (1840), hie ienfâldige leafdeslyryk befette, dêr't it mankelike ‘Mimerjen’ wat útkippe soe. Letter fielde er him besibbe oan Hoffman von Fallersleben (‘Deutschland über alles’, 1841) en loeken dialektdichters lyk as Hebel him. Fan dy syn ‘Allemannyske’ fersen soe net ien yn Fryslân dan ek safolle oersette (1851-'58). Hy die dat ‘ferfryskjend’, wat noch net iens sa slim wie as doe't er yn syn grutst besykjen fan brokstikken út 'e Middútske ‘Gudrun’ proaza makke (1844). Syn suksesliet ‘Pîbe end Auk’ (1852) kin men better ek mar net by it oarspronklike ‘Duncan Gray’ fan Burns hâlde.
Twa oare sjongteksten fan him hiene al yn ‘Frieske Sankjes’ (1842) stien, wêrfan't de oare fjouwer fan 'e hân wiene fan syn grutte freon en meistrider Harmen Sytstra (1817-1862), skoalmaster te Frjentsjer, Burgum en Baard, yn wa't (‘benei da siêl fon th' selskip’) de Romantyk yn Fryslân by
Harmen Sytstra, tekene neffens it iennichste portret dat fan him bekend is
eintsjebeslút it alderheechst oplôgje soe. Sels wie hy besiele fan it romantysk ideaal om oer steatsgrinzen hinne it Fryslân fan it ferline grut en frij op 'en nij as it Magna Frisia ferrize te litten. Syn profetearjen fan dy takomst waard yn 'e praktyk tragyskernôch tefolle it restaurearje wollen fan dat ferline. Yn neifolging fan Epkema en De Haan Hettema miende hy op syn Aldfrysk (it ‘Ald Frisesk’ fan bygelyks de ‘Twa Keningsbern’, 1845) staverje te moatten:
Ther wéron twa Kéninges Kindar,
Thâ minnadon mankorum sa swíd;
Se machton nawt bi ekkòr cuma;
Thet wetir was folla to wíd.
As dichter griep er withoefaak nei it foarkristlike Aldgermaanske stêfrym werom. Yn 't ferlingde fan Posthumus, dy't it op dat mêd by oantsjuttingen litten hie, liet er dat
| |
| |
Titelblêd fan ‘Iduna’
anagronistyske lykop rinne mei in foar dy tiid tige foarútstribjende maat-skiplike doelstelling fan ‘lyk rjocht foar elts’, foar Friezen yn Fryslân, foar Fryslân yn Nederlân, foar folken yn 'e wrâld. Dy taast tebek en dy stap foarút moast it ideale Fryslân út berne wurde. Hy makke der in spraakleare foar, ien dy't net sa lyk it sprutsene beskreau, mar mear it komstige foarskreau om alle Fryslannen tsjinje en gearbine te kinnen. It doel wie grut, it misbegryp grutter, de striidberens it grutst.
Yn it letterkundich wurk lit him dit foar in grut part ôflêze. As neifolger fan 'e Halbertsma's wied er úteinset mei ‘Jouke Rommerts Skriften’ (1841), in boek fan 300 siden griemmank, in ferskaat fan teltsjes dy't op in âldjiersjûn oan hûs by pake Jouke Rommerts, in boer op 'e Ryp, ferhelle waarden. Tige dúdlik is Jouke soms de skriuwer sels en hat foar Beppe Rommerts, de markantste figuer yn dat wurk, skriuwers eigen Beppe model stien, by wa't er grutbrocht wie. De ferhalen binne wat krampeftich literêr, mei as útsjitter noch ‘Us reis nei Akkerwâlde’, in soarte fan ûnderierdske romtetocht, yn skriuwers hert in oerwinning fan it romantyske op it klassisistyske. Ek yn 'e poëzij briek dichters ynderlik soms troch, muzikaal yn ‘It Blomke’, in oersetting út it Frânsk, gefoelich yn ‘In Dei yn de Neisimmer’, dêr't yn in lytse 100 fjouwerrigelige strofen de natoer fereare wurdt om de sintrale figuer fan Regine hinne, de ta fleis wurden ideale sjongfaam fan syn ferbylding. Yn guon oare fersen soe al in krityske noat te beharkjen wêze.
Alhiel tsjinsteld oan de earnst fan dit begjinwurk foel ‘It boask fen de Kasteleinsdochter’ (1842) út, in blijspul yn 3 útkomsten, neffens it foaropwurd ornearre om te lêzen. Mei syn flottens fan humor en petear, dêr't de stivens fan 'e brûkte aleksandrinen suver by weifalt, rûn it mear op it lettere toaniel foarút as dat it dat let 18de-ieuske wurk fan Meinerts en Van der Ploeg fuortsette en liket it ek mear de neifolging fan in ûnbekend foarbyld te wêzen as oarspronklik pionierswurk. Der bliuwt lykwols in libben stik fan oer, dat benammen net yn striid wie mei ‘Hwet habba da Fryske scriûers yn acht to nimen end wet ken ma for-ol ynnath deistich libben dwaen om us tael to biforderjen?’, in fraach dy't Sytstra yn in lêzing foar it ‘Selscip’ beäntwurde en wêrfan't de tekst as earste selskipsútjefte yn 'e foarm fan in essay it ljocht seach (1845). Itselde jiers begûn ek syn eigen ‘Iduna’ te ferskinen, in tydskrift foar eigen rekken, dat neamd wie nei de goadinne fan 'e ivige jonkheid en dichtkeunst (nei't er krekt in oersjoch fan in
| |
| |
Hânskrift Harmen Sytstra (FLMD)
| |
| |
‘Noordsche godenleer’ lêzen hie). Doe't it yn 1851 selskipsorgaan waard, hie it swart op wyt oan 'e heechtiid fan Sytstra's libben stal jûn. Tusken de teltsjes út 'e folksmûle opheind en de mearkes yn oersetting struide de samler syn eigen bydragen, lyk as ‘Nynkmoei en hjar poeske’ (1845) mei syn mylde maatskippij-krityk, syn sonnet ‘It Gealibben’ (1845) dêr't de skientme suver yn feralgemiene waard, syn fierdere Reginesangen ‘De Maeitiid op it Fjild’ (1846) en ‘Hjerstjoun’ (1850), it earste de moaiens fan 'e ierde ferhearlikjend en fersymbolisearjend, it twadde dat dat yn stêfrym mei stjittend hymjen ûnderstreekje soe. Mei as oanrin it nasjonalistyske striidfers ‘Foarút’ en it grimmitige ‘Oars...’ (beide 1846), hied er de klearste en moedichste begjinselferklearring al útsprutsen yn syn ‘Wurd oan ús Lânslju’ (1848), wêryn't Fryslâns ûntjouwing ôfhinklik steld waard fan de lykweardigens en iendrachtigens fan syn bewenners. It is lichtwol it bêste stik skôgjend proaza út 'e hiele ieu. Dat moanjend lûd krige yn 'e leaflike ‘Wâldsang’ dy't as tsjinhinger it near-stjittende ‘Unwaer’ hie (beide fan 1848) syn poëtyske begelieding en in jier letter in like moedige as fûleindige fuortsetting yn it fers op it ‘Ofskie oan Frjeonen dy't nei Noard-Amerika teagen’. Iroanyskwei liet hy dêr it ‘skriuwen fen in arbeider’ op oanslute om op 't lêst yn ‘Bea’ (1849) de striid fan it folk mei ynmoed en tige dichterlik yn Alfaders hoede oan te befeljen.
Yn it lettere wurk soene de moanrop, de ferheftige krityk en it persoanlik lûd net swije. Syn tiid fier foarút mei it fers ‘Fries en Nederlander’ (1855), hikkele hy yn ‘Doafpot en Domper’ (1856) de krêften (de tsjerke hjir) dy't frijdom en witnis beknotten. Mei it eardere teargefoelige ‘Bern’ (1849) op 'e eftergrûn spriek de dichter him op 'en ynliksten út yn ‘By it lykje fen ús lytse Tabo’ (1856) en die dat mei mear krêft fan bylding yn ‘Swellesang’ (1857) jitris, fersen dy't it portret fan dizze yn 't moed taaste Fries allinne mar folsleiner meitsje. Unrjochtfeardigens om him hinne en de natoer mei syn ljocht en skaad hiene de ropstim fan syn herte wekker makke, net altiten like moai, wol earlik en oertsjûgjend, in beneaming dy't er as oersetter út sa'n sân talen fan fabels, mearkes, ferskes en rymkes ek ha moat. Hy helle dêrby mear nijs as wichtichs om utens wei, en al hat it guon talike dat hy yn syn stymske iensumens wolris de skiednis yngean koe as ‘De lêste Kamper’ (1847), dat hy sels nei 't Sweedsk fan Geijer oerbrocht hie, Fryslân ferlear yn him ‘en grêat mon; da frîezen en foarmon’, dy't as boadskip oan de neiteam trochjoech, dat it Fryske foar Fryslân it iennichst wiere wie.
| |
4.6
It romantysk fjoer, dat mei de dea fan 'e beide foarmannen yn 1862 dôve, gluorke yn inkelde persoanen noch in set nei. Wat sa as in nei-Romantyk bestimpele wurde kin, waard fan 't begjin ôf oan oerspield fan in floed fan wat yn Fryslân bekend komme soe te stean as de ‘folksskriuwerij’ en wat ek wol oantsjut wurde kinne soe mei de term Realisme. It wie in Europeeske streaming dy't as in reaksje natoer en libben wer sa trou mooglik werjaan woe en dêrmei de franje fan 'e ferbylding en de opgnis fan it blomrike ôfskaffe. It wie de literatuer fan it wiere, dy't, yn tsjinstelling mei it Klassisisme, no ek each hie foar it libben fan 'e gewoane man, syn omstannichheden, wensten en brûkmen en syn problemen. It gyng dêrby om feiten en om dingen dy't bewiisd wurde koene, sadat begripen as ûneinichheid en ivichheid ek ta ierdske bemjittingen fersmelle waarden en wat de minske yn syn wrâldsje wie en die sintraal
| |
| |
kaam te stean. De útfining fan 'e fotografy yn 1839 wie der net frjemd oan dat de trant fan skriuwen him foaral ek útlei op uterste krektens en soberens en nofterens. Dat sljochte fotografearjen mei wurden, dêr't yn Fryslân Waling Dykstra de grutte master yn waard, soe de neibloeiers fan Sytstra njonkenlytsen it ljocht benimme.
| |
4.7
Twa dy't les hân hiene fan Tiede Dykstra en in man dy't wol de ‘apostel fan 'e foarútgong’ neamd is, soene Sytstra's wurk, elk op eigen wize, noch it bêste fuortsette.
Gerben Piters Colmjon (1828-1884), autodidakt, lyk as syn learmaster op 'en doer ek argivaris-bibliotekaris fan Fryslân, hie net it profetyske fan Sytstra, mar folge him doch yn folle ding op, net allinne as samler fan ‘Iduna’ (dat yn 1871 ta it ‘poesyalbum’-eftige ‘Forjit my net!’ omdoopt waard), mar ek as belider fan de Grut-Fryske skôging, as man fan literatuer en, yn oare wei, ek fan stavering en spraakleare. Mei rjocht en reden koe hy as ‘Hoeder fan it Erfskip’ karakterisearre wurde. By skelen wie hy de besljochtsjende figuer en altiten de fersterker fan Frysk besef en Fryske sin. Mear gelearde as literator, hat dizze dimmene figuer ûnwittend folle ôfskreaun, dêr't er altyd in hege persoanlike noarm by oanlei. Ek dêryn wied er Sytstra net wanlyk. Hy woe op in heger plan skriuwe as de folksskriuwerij en dat is him, soms ek ûnder skûlnammen as Eelke, -n -n, en G.P., net sa min ôfgien. Fan syn wurk is nea wat bondele. Inkelde sangen, sa as ‘Wy, wy litte ús taal net farre’ en ‘Do bliuwst my by!’ binne yn 'e lieteboeken opnommen. Syn natuerpoëzij wol der wolris wat útrinne, wat ek it gefal wêze kin as it nasjonale in rol spilet, lyk as yn ‘Bi th forstearon fon Dr. Eeltsje Halbertsma end Ds. Rinse Posthumus’ (1860) en yn ‘Thrye dingen dy wy nea net slûpe litte meye’ (Fryske namme, sin en taal, 1874). Foar it proaza jildt dat lêste ek. De opstellen oer ‘Harmen Sytstra’ (1883) en ‘Rein Windsma’ (1884) en dy oer Noardfryslân (santiger jierren) binne tige lêsber. As oersetter moat er better papieren ha as Waling Dykstra. It gehalte fan syn boarnen leit gâns heger, wêrmei't de tekoartkommingen (faak earmtliker rym) ek op heger plan komme te lizzen. Gauris is syn kar in slimme kar.
Fragminten út Shakespeare's ‘King Lear’ en ‘Hamlet’ geane him net folle better ôf as Posthumus. Bûten de Dútske foar-Romantyk (Goethe, Schiller, von Kleist, Lessing) hawwe benammen skriuwers út Denemark, Sweden en Noardfryslân him lutsen.
De oarde âld-learling fan Tiede Dykstra wie Johan Winkler (1840-1916), mear in man fan nasjonale bewegingen (Grutfrysk en Grutnederlânsk) en fan taalstúdzje as fan literatuer. Dôch is ûnder de skûlnamme Gundebald hiel wat fan him yn Fryske tydskriften te finen, meast wurk dat op in idealisearre ferline tebekgiet of der fan ynspirearre is. As oersetter brocht er dan ek de pauslike ‘Bulla ineffabilis’ yn ‘Iduna’-Frysk oer (1876) mei singuliere wurden fan eigen fining der trochmjokse. Yn 1870 hied er út it Noardfrysk fan C.P. Hansen in mirakel-eftich stik as ‘De Breidhichten op Sylt ef it wûnder fan Eidum’ al oerbrocht. Troch him soe Gezelle yn Fryslân ek, earder as yn Hollân, bekend reitsje. Syn ynfloed op lettere skriuwers (soms liedend ta Gezelleoersettingen) is benammen net lyts.
De tredde man, yn wa't it romantysk opstannige fan in Sytstra neiwurke yn feriening mei in striidber liberalisme, wie Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887), skoalmaster te Dunegea en Driezum, in follesidich, apart man dy't ûnder sa'n tritich soms tige trochsichtige) skûlnammen skriuwe soe en yn waans teksten de problematyk
| |
| |
Hjerre Gjerrits van der Veen
fan in hiel tiidrek eins bestjurre leit. Yn syn fûle bestriding fan tsjerke en sosjale misstannen berikte er in persoanlike styl dy't it Frysk foaral gjin ûneare oandie. It docht nij, dat dizze wjerstribbige, opljeppen figuer krekt yn 't skerp-formulearre koartdicht soms sa'n master wêze koe. Syn ûnbidige produksje makket foar de literêre kant in rûge yndieling yn skiften ek noch wol mooglik.
Syn leafde foar muzyk krige stal yn ‘Frijsce Fjourstim’ (1844), yn Fryslân it earste bondeltsje mei mearstimmige lieten dat yn noateskrift, neist Dútske en Hollânske, ek selsmakke wizen befette. Op tema's fan godstsjinst, heitelân en fergonklikens (‘It graef’) hold hy de goede midden oan tusken folksliet en keunstliet. ‘It swealtsje’ soe in grutte bekendheid krije. De ‘Nije mearstimmige, greatliks oirsprunklike sangen’ (1856) kaam as twadde bondel.
Yn ‘Rymkes foär Friesen’ (1844) hie hy debutearjend al fersewurk sammele, dat noch wat ‘grien’ útfoel, mar troch syn konkretens geunstich ôfstekt by rymwurk fan letter datum. Retoarysk yn ‘Foär Fries in Fryslân’ (nei Tollens' ‘Wien Nederlandsch bloed...’), fantastysk en ek wat riedseleftich yn ‘Ien Droom’, satirysk yn ‘De Separetist’ (dêr't de tsjerke allegoarysk yn hikkele waard), stiigde er yn ‘It Unwaer’ mei syn swiere stêfrymakkoarden literêr noch it heechst, hoewol't ek yn de lange românse fan ‘Beint in Grietje’ en it patriottyske tige byldzjende ‘Gaesterlân’ folle mear sit as sljochtwei rymlerij.
Syn samling koartdichten of puntdichten, ‘Clipsrymkes’ (1846), in namme dêr't it wurd ‘éclips’ efter skûl giet, is mei syn lytse santich alfabetysk oardere hikkelferskes ien
Titelblêd fan H.G. van der Veen syn Tollens-oersetting
| |
| |
Hânskrift fan H.G. van der Veen (FLMD) - de safolste stikel op ien fan syn tsjinstanners út de hegerein
| |
| |
fan 'e frjemdste boekjes ea yn Fryslân ferskynd. Dit ‘satirysk wurdboek op rym’ ferriedt mei syn tsjinstellingen dúdlik de ynfloed fan in Huygens en komt op religieus en eroatysk mêd ta de grutste hichten. Yn ‘Gaest en Pung’ (1868) krije ‘de dompers’ der ek wer fan lâns, wat ûnder oaren herhelle wurdt yn ‘Frymitselery’ (1871), dat mei syn 450 ‘útfallen en ynfallen’ en ‘pfotografykes’ yn alderhanne fariaasje en op allerhanne mêd skriuwers betinken as belidenissen suver formulearret.
Yn it twadde toanielstik fan 'e ieu ‘De Schoäll' forsjongery’ (1847) hied er it ferlykjend eksamen by skoalmastersbeneamingen begekke, en yn ‘Oars is 't no!’ (1859) weemoedich de nije ûnderwiiswet mei syn ferstânsûntjouwing oanpriizge (as ‘scoallemaster, foarlaezer, orgelist, kloklieder, bibelwarrer, haechsnoeyer, tsjerkhofskoffeler, strjitwoeder, isfh. to Driesum in foarsjonger te Walterswald’), dêr't er yn ‘Curaters, weits!’ (1861) allegoarysk wer op fuortborduerde mei in ‘Moike’ (as âlde wet), dy't gjin ierripe dochter (nije wet) ha woe. Yn dûbelde sin stiet de skriuwer hjir in evenredige ûntjouwing yn 't minsklike foar.
Mei goed ûnderwiis soe it byleauwe ek de wrâld útholpen wurde kinne, hied er al op út wollen yn syn ‘De wîlde Lantearne’ (1855), dêr't alderlei ‘mirakels’ yn bestriden waarden. Dy bestriding waard op 'e ‘byleauwige’ tsjerke rjochte, yn ‘De bitsjoende wrald ef De nije wylde Lantearne’ (1880).
Under de bedriuwen wie yn 1856 syn ‘Kaertlizzer’ ferskynd, ‘Ien story der 19e ieu’, dat mei syn filmyske kwaliteiten syn tiid suver in ieu foarút wêze soe, sa modern dogge ‘klêr-obskuer’ en ‘flashbacks’ jin yn dizze miniatuer-roman no noch oan. Yn in priisfraach krige it in bypriis (de earste gie nei in sljochtwei ferhaal-mei-moraal fan Douwe Hansma), foar 't neist om't de sjuery foar sa'n foarm en sa'n psychology noch net ryp wie. It ferhaal jout in trageedzje wer dy't him yn Dunegea ris ôfspile hie.
Literêr sjoen falle ‘gelegenheidsfersen’ as ‘Op 'e earste tramrit yn ús Fryslân, fen Dockum op Feanwâlden’ (1880) der by wei, wat net wier is foar guon fan syn oersettingen. Syn ‘Lîtse rîmkes’ (1852) nei Van Alphen, fan entoeraazje ferfryske en ynhâldlik gauris ferswierre, binne mei har oerplante moraal better slagge as ‘Oan de Freugde’ (1861) fan Schiller, dêr't er him oan fertild hat. Ek útjûn yn 1861 (hoewol om 1855 hinne al klear) waard ‘De oerwintering der Hollanders op Nova Sembla’ nei Tollens, dat wol in ‘bravoerstik’ neamd is. De oersetting lit mei syn ynfierde enzjambeminten en syn skilderjende konkretisearringen it foarbyld fier efter him. It is it bêste stik Frysk dat út dy tiid te finen is.
| |
4.8
Tsjin it romantysk dekor dat Sytstra yn djippe, bûnte farven oprjochte hie kaam, by syn libben noch, in streaming yn beweging, dy't yn folle ding in oansluten by de Halbertsma's betsjutte. Dat wie net allinne oan 'e stavering te sjen, mar ek oan 'e ynhâld dy't egaler en oerflakkiger wurden wie en as kaaiwurd ‘wierheid’ krigen hie. Om net altefolle oanstjit te jaan moast dy wierheid leafst ‘grappich’ foarbrocht wurde, wat tagelyk it ‘djippe’ der fan útmeitsje soe, om't striid tsjin 'e folksûndeugden der as in aai yn it daai yn beslein siet. De lieder en tagelyk de belicheming fan dizze behâldende, registrearjende en mear delbêdzjende as oanpoenende rjochting wie Waling Dykstra (1821-1914), earst bakker te Spannum, letter boekhanler en breaskriuwer yn Holwert. Lange jierren wied er redakteur fan ‘De Bye-Koer’ (1849-'95), fan ‘De Fryske Húsfrjeon’ (1851-'69) en letter fan ‘Sljucht en Rjucht’ (1897-1914). Oer in tiidrek fan santich jier
| |
| |
Waling Dykstra
soed er fertelle en neifertelle, it Fryske libben mei wurden fotografearje, wat er tagelyk mei de Fryske sprake die. Yn geve folkstaal hat er sa in byld fan it 19de-ieuske Fryslân ophongen mei syn bolkoerrinsters en fiskwyfkes, strúnjeiers en fyndoekspoepen, syn ringriderijen en keatspartijen, en dêrby oer typen as Sjerp Slikker en Fetsje Sûnder-boaijem in sauske fan belearend fermeits útgetten. As rynsk skinker fan sokke folkslektuer hied er syn gelikense net. It fertsjinstlike deroan wie dat it lêzen dermei befoardere waard, en dat der in skriuwtaal ûntstie. Sa sil dizze stûfe, ynbannige tekstskriuwer mear om syn nasjonale betsjutting en om syn kultuer-histoaryske wearde as taalbefoarderer de skiednis yngean dan as literator. Hy naam skerp waar, mar foege fan himsels neat ta, net in wurd dat ferraste, net in gjalp út syn hert. Hy wist in soad, mar miste in eachweid. By al syn grappigens bleau er droech. Skûlnammen as ‘Eabele Trochnoasker’ en ‘In âld man’ sizze wat dat oangiet gâns.
De betsjutting fan dy taalbefoarderjende wurking moat lykwols ek wer net ûnderskat wurde. As earne meidield wurdt dat Waling-om syn fak ferstie, dan hâldt dat yn, dat er wat withoefaak al sein wie op sa'n wize nochris sei, dat it net better sein wurde koe. Sa hat er mei de snedigens dy't him eigen wie it Frysk troch faaie riten hinne skuord, doarren iepenset en oaren iepenholden. Wat dat lêste oangiet soarge hy mei ‘Doaitse mei de Noardske balke’ (1848), ‘De Boeresionger’ (1857), ‘Mink mei 't oargel’ (1860) en ‘Frîske Sang’ (1874) foar mear lieteboekjes (it lêste allinne mei muzyknoaten), dy't streekrjocht nei de grutte Lieteboeken fan 1876 en 1886 ta liede soene en boppedat mei har smiten werprintingen ek har eigen libben en funksje hiene. Inkelde teksten soene tige folksriem wurde lyk as it kostlike ‘Simmermoarn’, wylst ek sangen as bygelyks ‘De mounlersdochter’, ‘Myn Tsjamke’ en ‘Do't pake yet feint wier...’ lang bekend west hawwe.
Sa soene fan syn hân ek berneboekjes ferskine. It ‘Blommekrânske for de Fryske berntsjes’ (1851) wie mei syn Van Alpheneftige libbensleskes yn Fryslân it earste bondeltsje fan dat soarte en waard yn 1852-'53 folge fan noch fjouwer sokke samlinkjes, diskear mei plaatsjes en noch mear moraal. Syn twadde trijejierrich tiidrek mei stoffe foar 't jonge folkje soe yn 'e jierren 1904-'06 falle, doe't hy nei Esopus (de lêsberste), Gellert en Claudius teksten levere, dy't wat ‘djipper’ hout sniene.
De stap fan in maatskippijkrityske Nutslêzing as ‘De wizerplaet’ (1853) nei in twa-petear, dêr't op it toaniel dy aktuele krityk út in tsjinstelling fan twa mieningen blike moast, wie net sa botte grut. Dat saneamde
| |
| |
Waling Dykstra Titelblêd fan ‘De Bye-Koer’
Winterjûnenocht, dat Waling Dykstra ynsette en mei ûnderskate maten hiele Fryslân oer beoefene (1860-'85), hat nei twa kanten syn ynfloed net mist. Om te begjinnen joech it de harkers in fleurige jûn mei in boadskipke foar thús derop ta, in leske dat meast mear de minsken ferbetterje woe as har omstannichheden en yn 'e praktyk wakker ûnttsjerklikjend wurke hat. Fierders hat krekt dy petearfoarm wer syn paadsljochtsjend wurk dien foar it amateur-toaniel, dêr't Waling-om ek wer net in lytse bydrage ta leverje soe.
Yn syn toanielstikken is de ûntjouwing fan inkeld klucht (‘Sokke mar mear’) nei algemiene libbensles (‘De giergens bedraecht de wiisheid’) tige dúdlik te folgjen. Hy soe 32 titels op syn namme bringe, wêrfan't 13 (nei Molière 4) bewurkingen wêze soene. Fan 'e ierste stikken binne ek nochris op syn minst per stik trije neiprintingen ferskynd (mei in totaal fan 35), dêr't de hommelse bloei fan it toanielspyljen op ús doarpen op 'en klearsten mei oanjûn is. As populêrste stik moat ‘In útfanhûzer by de bakker’ (1860, 1870, 1878, 1900) jilde, in blijspul alhiel yn aleksandrinen skreaun, dêr't alve treflike sankjes by ynlaske sieten. Mei syn Jiskepûster-tema hat it in noch altyd lêsbere tekst, dy't moai tusken de utersten fan learing en fermeits trochsylt en fierders wol aardich represintatyf hjitte mei. In oar suksesstik hat ‘Oebele Glûper’ (1875) west, dat as in ferfrysking fan in ferhollânsking fan Molière's ‘Tartuffe’ foaral de skynfrommens fan 'e saneamde ‘finen’ bestride woe. Wylst Waling-om him yn syn stikken oan 'e iene kant hoede tsjin falske romantyk troch altiten it ienfâldige en natuerlike te bestribjen en troch yn 'e bewurkingen ôfwikende útlânske famyljeferhâldings ek altyd oan de Fryske situaasje oan te passen, hat er oan 'e oare kant it Fryskeigene gauris geweld oandien troch frjemde, boargerlike eleminten fan 'e foarbylden mei ham en gram yn it boerefermidden oer te plantsjen, ek as dy (lyk as dy op 't stik fan frijerij bygelyks) dúdlik stridich wiene mei de Fryske tradysje. It is net altyd like dúdlik oft wy hjir allinne fan in literêre beynfloeding prate moatte, of dat hjir de kwestje meispile hat fan dat it frjemde no ienkear altyd troait.
Yn syn dichtwurk is Waling Dykstra troch syn direkte diksje meast by 't ûndichterlike ôf. Syn koartdichten binne komselden puntich, de anekdoaten faak te fier útspûn, de berime ferhalen draaie yn alle wiidweidigens meast ek mar om in lyts grapke. Fan alle personaazjes komt Haitskemuoi, dy't yn sa'n fiif lange rymstikken as ik-figuer foarkomt fierwei it bêst út 'e ferve. Hja kin hiel wol neist Aagtje stean. Fierders moat men mear earbied ha foar de dichttrant as foar de ynhâld, wat ek jilde moat foar de
| |
| |
Hânskrift fan Waling Dykstra: de kopij foar in skuorkalinder skreau er yn in al brûkt skoalleskrift (FLMD)
| |
| |
T.G. van der Meulen
wize wêrop 't teksten fan mannen as Bellamy, Bilderdijk, Bürger, Groth, Ter Haar, Hölty, Langbein en oaren (ek guon dy't ferswijd bliuwe) bewurke binne. Hja wurde allegear ûnderhearrich - Tennyson's ‘Enoch Arden’ yn ûnrym! - oan syn by útstek persoanlike manear fan skriuwen, dy't folle mear it keunstke as de keunst iepenbieret.
Natuerliker, ek fan taal, hat er him utere yn it proaza. De beide lange romansferhalen, ‘De silveren Rinkelbel’ (1856) en ‘De Frîske Thîl Ulespegel’ (1860) binne noch altyd lêsber, ek al binne hja fan komposysje en psychology (it earste stik wol minder slim as it oare) wat behyplik útfallen. De ‘Rinkelbel’ skaait wat út nei in histoaryske roman, dêr't oer de swakke steeën knap hinne skreaun is. Beide jouwe it maatskiplik bestean fan 'e tiid, sa't it him om oerhearskjend boerefermiddens hinne ôfspile, goed wer, yn 'e ‘Ulespegel’ dúdlik mei wjerlûden út 'e Spannumer tiid.
Yn syn koarte ferhalen soe Waling-om literêr noch ta de heechste prestaasjes komme. Hy is dêryn it bêst op dreef as er spontaanwei ferhelje en beskriuwe kin, better dan as er útlânske stoffe beärbeidet (wêrby't boarnen as Fritz Reuter en Hebel lykwols noch wer befredigjender werjûn wurde as Auerbach en Zschokke). Yn 'e jierren foar 1860 wied er navenant it produktyfst. By him fine wy ek wer it besykjen om 'e ferhalen yn in soarte fan ramt te krijen. Yn guon stiet ‘Gritseboerren’ (foar 't neist Spannum) sintraal, yn oaren de pleats fan ‘Gealeboer’, mar ek dingen as in ‘winskhoed fan Fortunatus’ en in ‘skearspegeltsje’ kinne it gearbinende elemint wêze. Yn ‘Twa útfenhûzers by Nammenom’ (1864) slút it ramt. Yn ‘In dei fen plezier’ (1853) falt de krekte beskriuwingskeunst op.
Leaver as al syn ferhalen yn skiften yn te dielen (se binne wol yn sa'n acht hokjes ûnder te bringen) mei hjir op 't aljemint komme dat yn alle sjenres in skat oan folkskundige gegevens sit, sêgen en mearkes, spultsjes en feesten, wensten en brûkmen, tefolle om byinoar yn ien bân te hâlden. Op 'en doer soe krekt dy folkskundige wearde fan it wurk wolris hieltyd swierder komme kinne te weagen.
Yn folle ding as folksskriuwer (en ek as boarne foar 't folkskundige) de wjergea fan Waling Dykstra, mar as 't der op oankomt earder syn grutte tsjinpoal, wie Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), in man fan gâns beroppen (klokmakker, bakker, brievegaarder), dy't op 't lêst neist emigraasje-agint ek redakteur-útjouwer fan 'e Burgumer krante wie. Sa evenredich as Waling-om troch 't libben gie, sa hinne-enwerrich wie dit ‘fet fol tsjinstridichheden’. Nei ferrin fan tiid like grut foarstanner fan liberalisme en ferljochting en like grut bespotter fan skynfrommens, fielde er him
| |
| |
yn 't geastlike lykwols tagelyk it ‘bern dat yn 'e bosk fordwaelt’. Hy bestie it ek om ‘lofts’ te tinken en him mei-iens oan 'e glâns fan 'e adel te bedrinken. In ‘gefoelsminske’ is er neamd, ‘bluisterich’ en ‘oerdwealsk’, in man mei in ‘flinternatoer’. In romantyske twaslachtigens fan oergefoeligens neist krityske radikalens soe oer persoan en wurk lizze fan dizze Burgumer, dy't ek utersten as Harmen Sytstra (dy't him op gleed holp) en Waling Dykstra as freonen meimakke. Mei de lêste moat er yn ien sike neamd wurde as pionier fan it Winterjûnenocht en fan it Toaniel, mar dêr hâldt yn 't literêre de oerienkomst fierhinne ek al mei op: dat fan Tsjibbe syn útwrydske ûnharmoanyske natoer krekt witwat yn syn wurk werom te finen is, sil it ferskeel tusken beide mannen sa opmerklik meitsje. It debút, it fers ‘Weamoed’ (1849) set wat dat oangiet fuort al in toan. It is in ‘Weltschmerz’-eftige kleisang op it libben, dat foar de dichter sels ien grut stik fertriet is. Dêrfoaroer mei syn earste boekútjefte ‘Trîntsje mei de rommelpot’ (1850), in rige lieten op besteande wizen, mei syn mear ferheljende sangen as ûndertitel wol ‘en nift fen Doaitse mei de Noardske balke’ drage. Folle lyrysker lûd is dan wer te beharkjen yn ‘Mîn suchten en mîn sangen’ (1859), in swier-romantyske bondel mei in tapaslike titel, wêrút it ‘Op de heide’ it bekendste liet wurde soe. Dat boekje fertsjinnet noch altyd omtinken, lyk as ek syn elegyen op Eeltsje Halbertsma (1858) en Harmen Sytstra (1862). It idyllyske fan in rustyk libben koed er besjonge (‘Snieuntojoun fen in Arbeider’, 1859), mar ek, yn frouljusklean ferstutsen, de krityske moralist úthingje (‘Oertinkings fen
in Kastleinsfaem’, 1870). Syn dichtwurk sieten fierders útrinders yn nei oan 'e iene kant it sljochtwei strjitteliet en de oare kant út nei in ‘komysk sangstik’ as ‘Patsjes’ (1872) en
Omslach fan ‘Mîn suchten en mîn sangen’
nei opera's of sjongspullen as ‘Goede Fetse’ (1890) en ‘Jan en Janke’ (1898), it lêste opdroegen oan 'e Fryske adel: allegear teksten mei de frjemdste en wûnderaardichste útsjitters, wurk dat neffens syn eigen (net-útkommen) betinken ‘boppe de tiid’ stean soe. Bestand tsjin tiids tosk hat wol wer west syn ‘Lânforhuzerssang’ (1884), dy't nasjonaal-sjoen by it ferlies fan Fryske folkskrêft lâns dichte is en yn 't humanitêre it tragysk lot fan 'e Yndianen net achte. Foar ‘Myn Frysk folksliet’ (1904) woed er dan ek mei opsetsin in tekst ‘sûnder bloed’ meitsje.
Yn 'e selde snuorje as Hjerre Gjerrits en Waling-om hat Tsjibbe Gearts him ek oan it romansferhaal weage. It resultaat wie ‘Fen 1856 oan 1859’ (1860), dat min ofte mear anonym ferskynde, foar 't neist om't it in ‘storisk teltsje’ wie en guon personaazjes
| |
| |
Hânskrift fan T.G. van der Meulen: brieffragmint dêr't út bliken docht dat er de timmerman opdracht jaan wol ta it meitsjen fan in studearkeammerke dêr't him net ien benei komme kin (FLMD)
| |
| |
noch yn wêzen wiene. Mei syn lange, eigenaardige ûndertitel wol dit ferhaal sa echt mooglik foaral in warskôging ynhâlde tsjin drankmisbrûk. Alle singuliere ‘gaven’ fan Tsjibbe-as-ferteller rinne hjir al gear. Syn humor dy't it prekerige fan 'e ‘sydpaadsjes’ mei glâns oersljochtet, syn each foar it lytse ûnderdiel, syn keunst fan typearjen, syn brykspringende fantasyen, al dy dingen binne hjir byinoar te finen, droegen fan it beweechlike ritme dat syn skriuwen sa eigen wêze kin. Syn sizzen ‘De skrieuer wier for in diel dielgenoat fen de storie’ moat ek jilde foar de measte koartere ferhalen. Fragmintsgewize wurde syn ‘tobinnenbringens’ dêr út in ûnthâld as in almenak op 'e raarste plakken trochhinne mjokse. Ut ‘It hurdsilen op sé by Harns’ (1877) wurde wy bygelyks wiis, dat er yn 'e tsjerke altiten in fisioen krijt fan in koarddûnser en op 'e dûnsflier altyd de ‘dea dânsjen’ sjocht. Dat hold him blykber tige dwaande, want yn in reportaazje as ‘De Lân-geanne to Feankleaster’ (1877) is er ‘wer in nacht neijer oan 't grêf’, om yn it satirysk-krityske en ek sa kostlike ‘In droom’ (1877) sels al dea to wêzen. Komselden hâldt er him oan syn ûnderwerp (boekbesprekken en skôgingen foar de krante en foarlêzingen net útsûndere). It iene hellet by him altyd it oare út en is in lust om him struiend mei sitaten op al syn reizen (‘Twa dagen hear’, 1853) en op syn wûndere dwylpaden te folgjen en dêr mannen as ‘Jager fen 'e Saiter’ (1860) en ‘Britting de gûchelder’ (1899) te moetsjen. Hy mei op 'e tekst wêze oer freonskip (Harmen Sytstra), bekearing (Sijke Lape), oer byleauwe (‘Fen in
spoekeblom’, 1892) en oare spoekeftige dingen, oer bigamy (‘Nei 't libben’, 1901) en moard (‘In tobinnenbringen út myn libben’, 1901), it docht yn nijsgjirrigens net ûnder foar de brike situaasjes, dêr't er him ek sa yn útlibje kin, lyk as bygelyks yn ‘De earste kear’ (1851), of yn ‘In Snjeuntojûn’ by Steffen Krîns' (1854). As helpmiddels ta dy humor sil er him ek betsjinje fan ‘speaking names’ (Romkje Tsiisrasp), gelearde wurden of ûnferwachte byldspraak brûke, dommens of geleardens te-kyk sette. Sokke dingen misten har útwurking ek net yn it toaniel, in sjenre dat hy mei it earste opfierde Fryske stik ‘Mâl út mâl thús, în twa gedoentens’ (1860) ynsette soe. Krekt sa't er by it Winterjûnenocht witwat oan toanieloanklaaiïng dwaan koe, lyk as in soarte fan strieljende kosmos as dekor yn ‘It âlde en it nije jier’ (1876), sa joech er by syn stikken ek altiten sekuere oanwizingen hoe't der spile wurde moast. Hy doarst ek alles oan. Yn it wat drakerige ‘In stoatersk dasspjeldtsje’ (1899) moast de minsken op 'e planken in moard foarset wurde en in lôgjend fjoer mei in geastferskining moast it bekearingsstik ‘Trye Snieuntojounen’ (1870) as ‘attribút’ tsjinje. Klinkt yn dat stik al krityk op 'e justysje troch, de skynfrommens en 't drankmisbrûk soene wer hikkele wurde yn ‘Troch 't Tsjoede ta 't Goede’ (1876), in stik dat eink in ûnderdiel is út 'e ramtfertelling ‘Stelling en Godstsjinst’ (1867). It útkloarkjen fan Sibbel yn dat stik jout mei it lesjaan fan Master Broor yn ‘It oproer yn de skoalle’ (1901) de prachtichste brokjes toaniel. ‘Murk fen Ipekolsgea’ (1884) en ‘De reis nei de jichtmasters’
(1898), beide nei Eeltsje Halbertsma, binne yn har soarte feroaringen mei útwreidingen dat ek ferbetteringen binne by 't oarspronklike. Byleauwige Bontsje út ‘Murk’ is in kreaasje. Bewurkjend koe Tsjibbe syn fantasij hjir bod jaan, wat er spitigernôch oersettend ek dien hat. Sadwaande kin syn ‘Lenore’ (1880) net helje by Salverda sinen en is yn syn ‘Brokstikken út Goethe's Faust’ (postúm 1912) de Burgumer sels wer fierstentefolle
| |
| |
oan 't wurd. Hy wie no ienkear dy't er wie en liet him net troch in foarbyld stjoere, sadat ek syn mearkes nei Grimm (ferspraat 1860-1909) net foldwaan kinne. Dat kin op himsels syn oars sa nijsgjirrige blomlêzing ‘Moaye Blommen’ ek net: wylst er der neat fan eigen hân yn opnimme woe (s. 286), parte er himsels like fleurich de measte romte ta. Sa min as wy út syn follesidich wurk sicht krije op syn personaazjes, sa folleste mear krije wy lykwols ynsjoch yn 'e skriuwer sels: in nuveraardich hear.
| |
4.9
Troch Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts op har hege jierren oant yn 'e 20ste ieu te folgien, is ûnder de bedriuwen foarbygien oan ferskiningen en ferskynsels dy't op syn minst safolle omtinken fertsjinje.
Yn 't foarste plak kin it ljocht hjir efkes falle op it ‘Oera Linda Bok’, in mysterieus hânskrift, dêr't, yn aparte lettertekens útbylde, sabeare Aldfrysk yn stiet. Neffens de ynhâld te datearjen op de 13de ieu soe it al foar it begjin fan ús jiertelling gearstald wêze. Bûten de oerskiednis fan 'e Friezen, de âldste bewenners fan Wralda, wurdt yn it besûnder de foarteam fan it slachte Over de Linden beljochte. In fiere neisiet út dat staach soe yn 'e lêste sechstiger jierren it manuskript dan ek yn ôfleveringen yn Ljouwert besoargje litte. Hoewol't guon fuort yn 'e echtens leauden, koene oaren ridlike gau fêststelle, dat it om in falsifikaasje gie en dat ien man de auteur wêze moast. Nei't ûnder oaren foaral de neamde ôfstjoerder, Cornelis Over de Linden út Den Helder, der op oansjoen wie en der fan Dútske kant ek alris in Oer-aryske Friezebibel yn sjoen wie, wize lettere ûndersikingen - ek op grafologyske grûnen - mei gâns mear oertsjûgingskrêft yn 'e rjochting fan in ‘practical joke’ fan Joast Hiddes Halbertsma. It ien mei 't oar jildt it hjir lykwols ien fan 'e aldernijsgjirrichste mystifikaasjes út 'e hiele literatuerskiednis, wêrfan't nei langer as in ieu de beskiedende ûntmaskering noch altiten te kommen stiet. Op grûn fan de modernistyske teology fan de tekst en it parodiëarjende karakter fan de mystifikaasje waard it hânskirft letter yn ferbân brocht mei François Haverschmidt. Yn syn tiid lichtwol bedoeld as in parody op Sytstra's romantyske skôgingen soe dit hânskrift yn 'e praktyk lykwols net in ôfsluting fan in tiidrek wêze, likemin in begjin fan wat nijs lykje, mar doch ek net in folslein anagronisme hjitte meie. Want der hong dy tiden likegoed wat yn 'e loft,
dêr't it net iens sa bot yn misstie, wat fan in nij wekker wurden, wat fan in nije besieling dy't benammen yn 1876 yn follerlei foarm stal begûn te krijen. Dat jier sette it stribjen útein om ta ienheid fan stavering te kommen en soe, net sûnder kreauwerij, ek it earste grutte ‘Frysk Lieteboek’ ferskine. Datselde jier begûn boppedat ûnder redaksje fan Oebele Stellingwerf mei (yn 't earstoan) Waling Dykstra it radikale ‘Friesch Volksblad’ út te kommen, dat like folle yn 't ferlingde lei fan Sytstra's striidrop fan ‘lyk rjocht foar elts’ as fan de krityk dy't langentiden moralisearjend en oantsjuttend al bedreaun wie yn Nutslêzing, Winterjûnenocht en Toaniel. Dêrneist soe nettsjinsteande dyselde krityk, ommers foaral rjochte tsjin de tsjerke, it Kristlik Frysk Wykblêd ‘Foar de Friezen’ fan wâl stekke, mei de jonge warbere Rinze Zylstra (1856-1878) fan Itens as stjurman, in lyts begjin dat yn 'e foarm fan oersettingen fan Bibelfragminten gâns ferfolch krige en yn 'e praktyk hieltyd sterker in ûntkenning betsjutte fan dat Frysk itselde wêze soe as ‘ûntsjerksk’.
Dat Toaniel net itselde wêze hoegde as ‘moraal’ bewiisden Sjouke Hylkes Hylkema (1852-1922) en foaral Tsjeard Ritskes
| |
| |
Velstra (1840-1918), dy't mei falsk-romantyske útwrydske nocht-en-wille stikken it Ljouwerter Krite Toaniel (it lettere Ljouwerter Toaniel Selskip) jierren wurk op 'e planken joegen. Doe't yn Selskipspriisfragen oan Velstra syn sentimintele ynstjoeringen kear op kear de foarkar jûn waard boppe natuerliker stikken fan ûnder oaren ien as Oebele Stellingwerf, doe soe dat yn 1880 ta de oprjochting liede fan 'e Keamer ‘Gysbert Japiks’, wêryn't tagelyk de moraal fan in Waling Dykstra omset waard yn útbylding fan it werklike. Neist Stellingwerf waard yn 't literêre Piter Jelles Troelstra de siel fan dizze beweging, yn syn wize fan ferskinen en mei syn idealisme in fernijde romantyk, in lôge dy't heech útsloech en wer dôve.
Fan de skriuwers, soms foarrinders, soms tuskenpersoanen, soms aparte of losse byrinders, moat alderearst neamd wurde Salverda syn âld-learling Lucius Columba Murray Bakker (1822-1911), húsdokter te Huzum, ien fan 'e apartste mar ek ien fan 'e literêrste ferskiningen op 't Fryske mêd, like grut libbensgenieter as taalkeunstner. Wie syn bydrage oan it Frysk Lieteboek mei 14 nûmers al net lyts, mear omtinken noch moat hy as oersetter ha. Syn ‘Preaukes’ (1881) út Goethe's ‘Faust’ litte syn grut gefoel foar poëtyske effekten en syn konkrete byldingskrêft op lokkige wize útkomme. Dat ‘De boppewetske’, in oersetting fan 'e Anglo-skotske folksballade ‘The outlaw Murray’ noch altiten yn hânskrift leit, is dêrom in spitige saak.
Fanwegen syn problematyske ynstelling yn alles syn tsjinpoal wie Gerben Postma (1847-1925), ûnderwizer, omkesizzer fan Harmen Sytstra, freon fan Hjerre Gjerrits. Ienlik en ûnharmoanysk, oergefoelich en kreauwerich, hat dizze Iduna-neibloeier witwat ôfskreaun dêr't mar in bytsje fan yn boekfoarm útjûn is: ‘Uet myn skrjuwboek’ (1889) en ‘Swealtsjeblommen’ (1891). Ferspraat yn tydskriften binne (ek ûnder skûlnammen as Ids, Sanne Roels, In âldfeint, In dissenter, In Minske) hiel wat teksten fan him op te djipjen, wakkere ûngelikens fan toan, fan leaflik en oangripend oant gearkrongen tsjuster. Gauris is der sibskip mei ien as Tsjibbe Gearts, lyk as wa't er as oersetter ek min yn 'e bocht koe. Wied er as bibel-oersetter wol ien fan 'e grutte pioniers, fierders soe fierwei it measte yn it hânskrift titele ‘Olive en Ikebledden’ (‘út- en ynlânske spullen’) lizzen bliuwe. Bûten sa'n 80 psalmen binne dat teksten nei 't Aldingelsk (û.o. de ‘Seafarer’), nei 't Dútsk (Goethe en Schiller), nei 't Gryksk (Esopus en Xenophon), nei 't Italiaansk (û.o. Dante), nei 't Latyn (û.o. Sallustius), nei 't Noarsk (Björnson), nei 't Platdútsk (Sophie Dethleffs) en nei 't Sweedsk (Nicander en Runeberg), in ûnbidich ferskaat dat spitigernôch folle mear in eigensinnige wurkdrift op skrift ferriedt as literêr talint iepenbieret.
De tragyske libbensrin fan in oare skriuwende skoalmaster, Sake Knjilles Feitsma (1850-1918) hat grif ûnderstek dien oan de ûntjouwing fan syn grut literêr talint. Yn syn wurk binne twa tiidrekken te ûnderskieden, foàr 1893 de bettere folksskriuwerij, dêrnei in Zola-eftige ‘fotografy fen 't ûnhuere’. Ut dy earste tiid kippe tusken rym (‘Fen earder en letter’, 1891) en ûnrym (‘Saun ris om’ en ‘For sprekkers en lêzers’, beide ca. 1889) de Fryske mearkes opheind út 'e folksmûle der fier út, sadat ‘Der wie ris’ (1893), dêr't hja foar in part yn sammele waarden, mei fan 't bêste oan folksferhalen út 'e hiele ieu befettet. It is de earste Fryske folksmearkesamling. Net bondele noch waarden syn ‘Teltsjes fen Aldomke’ dêr't meast ek in better slach ferteltrant yn werom te finen is. It sosjale elemint, hjir al mear of minder dúdlik oanwêzich, soe yn
| |
| |
alle neakenens en mei krêft fan taalbylding allesoerhearskjend wêze yn de lettere realistyske sketsen. Mei sprekkende titels as ‘Ut 'e modder fen 'e maetskippij’ (1893), ‘Ut it ryk fen de earmoed’ (1901), ‘Raer folk’ (1906), ‘It twadde wiif’ en ‘Troud wiveleed en bernelot’ (beide 1907), ‘In forskoveling’ (1908) lizze hja de selskant fan 't libben mei al de liderlikens en dierlikens bleat, mei it doel om by de lêzer ‘wearzge’ op te roppen en him sa ta ‘genezing’ oan te setten. Dy felle skilderingen is ûngelikens oer tocht, wat ek it gefal wie mei syn oersetting fan it Markus-evangeelje (1897), wêrfan't it bibelsk-wijde by guon skeind oerkaam.
Wurkjen mei taal wie Feitsma lykwols wol tabetroud, dat it betsjutte in ‘traktaasje’ en in ‘skatkeammerke mei taalrykdom’ foar in oaren.
Dy oare wie Lútzen Harmens Wagenaar (1855-1910), dûmny yn Wûns, Heech en Ljouwert, fan útsprutsen rjochtsinnige kant yn dy snuorje wol de bekendste en meast betsjuttende skriuwer. Syn jeugdwurk ‘Tsjerk Ages’ (1878) is in histoarysk lêsstik dêr't it ferrin fan 'e Reformaasje yn Fryslân net ûnfertsjinstlik yn útbylde wurdt. Bûten it folksriem-wurden liet ‘Yn de iere moarn’ sil Wagenaar foaral bekend bliuwe om syn mearkes (‘Teltsjes fen Omke’ en inkelde oaren), wêrfan't inkelde út 'e folksmûle optekene binne en ek guon neifolgingen nei Grimm binne. It fierwei aardichste mearke fan ‘De ierdmantsjes fen Nikelsgea’ (1879) is lykwols foar 't neist gjin bewurking. Postúm is it measte fan syn wurk sammele yn ‘Moai sein, Lútzen’ (1917), in titel dy't jin syn striidskriuwerij (1885-'86) mei Piter Jelles yn 't sin bringt en dêr't hy ‘Hark-ris Piter’ (1886) ta bydrage soe.
Neamd kin hjir noch wurde Auke Boonemmer (1823-1894), ferver, fanwege syn liet ‘Breidzje’, syn fers ‘De Fryske Polderjonge’ (1876), syn proazastik ‘De toga’ (1888) en syn ier toaniel ‘It oarde boask’ (1865), in stik yn froede aleksandrinen. Fierders ek Douwe Hansma (1812-1891), tekenlearaar, om syn novellen mei histoaryske ynslach en syn ‘Teltsjes yn de Stoepe’ (1869). Dan Piter Bleeksma (1821-1897), skoalmaster, om syn histoarysk romansferhaal ‘Marten Clant’ (1871), en Japik Asman (1833-1902), skuonmakker en skearbaas, om syn histoaryske ferhalen net sûnder spanning skreaun. Ek Jan S. van der Steegh (1831-1882), bakker en konsjerzje, mear om syn rake sketsen, yn ‘In oantinken’ (1884) postúm bondele, as om syn toanielwurk. Boppedat Wynsen Faber (1830-1918), skoalmaster, om syn epigram-eftige ‘Pompier-kladtsjes’ en inkelde fan syn oersettingen, wurk dêr't spitigernôch neat fan sammele is. En foaral noch Jentsje Sytema (1824-1885), boer en fan memmekant út it Halbertsma-laach, yn waans treflike, friskrityske ‘Katechismus’ (1878) de nije tiid him like fûl oantsjinje soe as yn 't tariedend wurk fan Stellingwerf.
| |
4.10
De wichtichste grûnlizzer fan 'e nije romantyk wie Oebele Stellingwerf (1848-1897), ûnderwizer, omkesizzer fan Waling Dykstra. Nei't er suver blyn wurden wie, soed er him as sjoernalist-politikus fierder ûntjaan. As redakteur fan it ‘Friesch Volksblad’ (1876-'99) waard ûnder syn hannen it frijbliuwende liberalisme omsmeid ta in striidber sosjalisme, dat ek as in Frysksinnich radikalisme bestimpele wurde kinne soe. As kranteman skreau er foar 't earst yn it Frysk oer de maatskiplike fraachstikken fan 'e tiid, en yn sok treflik Frysk dat gâns him noch foar in blomlêzing liene soe. As literator kaam er foar 't earst mei toaniel dat, mei foarbygean oan it wenstige belearende of falsk-romantyske of sabeare humoristyske, fan it werklike libben útgean woe. Sa brocht it stik ‘Giet
| |
| |
P.J. Troelstra as jongfeint
it sa?’ (1881), ûnder it motto ‘Uet it libben, nei it libben, for it libben’, echte wiere minsken op 't toaniel, wat foar dy tiid hiel wat nijs wie. Toanieltechnysk wie it boppedat in boppe-slach, om't de útwurking him knap ôfgien wie. De feiten joegen oan dat mei ienfâld en dregens it boerelibben foar sucht nei drank en wielde behoede wurde koe. It lettere realistysk-tendinsjeuze toaniel soe hjir op werom te fieren wêze. Nei syn blijspul ‘It húsbisiik by Goasseboer’ (1888) soe dy tendins al wat sterker útkomme yn ‘Hoe't de nije dominy en mâlle Thys elkoarren bikearden’ (1889).
Yn 1882 wied er troud mei Geertruida Christina Jentink (1852-1918), in dûmny's dochter, letter bekend as it krantewyfke, in frou mei alluere, dy't har mei fjoer ynsette foar idealen as gehielûnthâlding, frouweemansipaasje en maatskiplike herfoarmingen. Yn har ferhalen lit hja dat as regel goed útkomme. As oersetting fan har hân fertsjinnet ‘De earste Jeneverstoker’ (1893) nei Tolstoj foaral omtinken.
Piter Jelles Troelstra (1860-1930), master yn 'e rjochten en steatsman, soe de belicheming wurde fan dat nije romantisme dêr't yn 't begjin dúdlik twa kanten oan sieten, yn 't nasjonale de striid foar de ferheffing fan folk en taal, yn 't literêre in ôfstânnimmen fan 'e folksskriuwerij. Wat dat lêste oangiet wie de bondel ‘It jonge Fryslân’ (1882), yn 't ljocht jûn mei Onno Harmens Sytstra, in program op himsels. Dizze blomlêzing mei syn treddelhûndert siden sangen en rimen fan jonge Fryske skriuwers woe bewize dat yn taal it ‘selsfielde’ fortolke wurde koe en dat ritme en klank dêrby har ‘biteikenis’ hiene. Mear as wa ek soe Piter Jelles dat dêr sels bewize, sa't er him tsjin 'e eftergrûn fan in fleurich en kleurich folkslibben lyk de ‘Volksdichter’ fan De Genestet, mar mei minder taalmacht as in Murray Bakker, spontaanwei útsjongt alhiel ûnder ynfloed fan 'e Dútske romantyk en mei net in spoar fan de Hollânske Tachtigers yn him. En sa't yn syn dreamen oer Fryslân it Fryslân fan syn dreamen ûntstiet, sa wurdt syn langjen nei lok in lokkige langst dêr't alle Friezen fan skypje moasten, net allinne om't it sa moai wie, mar tagelyk om't it in weitsrop wie tsjin nasjonale dodze en dea.
It begjin fan Piter Jelles syn skriuwerij hie foaral yn ferbân stien mei de oprjochting fan de Keamer ‘Gysbert Japiks’ (1880) foar werkliker toaniel. Under de skûlnamme fan Eelke hied er yn 't ‘Friesch Volksblad’ (21-III-1880) Hylkema's stik ‘In houliksoanfraech’ ûnder it motto fan ‘soks docht in Frysk famke net’ (nammentlik ‘nimme’ yn pleats fan ‘har nimme litte’) op syn ûnwerklike ynhâld feroardiele. Syn eigen stik ‘Oan 'e sédyk’ (1881) moat dêr dan ek as in reaksje op sjoen wurde. It is as frije bewurking fan in Hollânske werjefte
| |
| |
Titelblêd fan ‘For Hûs en Hiem’
fan A. Theuriet's ‘Jean-Marie’ net fuort in poerbêst stik wurden, mar it ammet wol in sfear fan echtens sa't it hjir foar 't earst jonge minsken mei har problemen oer it fuotljocht bringt. Mei ‘Fryske Brilloftswille’ (1881) en ‘Wiersizzerij fen âlde Foekje fen Heech’ (1881-'82) gied er as persoan respektivelik mei foardrachten en it lêzen fan famme-hannen mank it folk stean. Letter soe âlde Foekje as syn twaddeik fungearje; earst al yn 'e neamde striidskriuwerij mei Lútzen Wagenaar en ek nochris oan 'e ein fan it earste fan 'e trije tiidrekken dêr't syn wurk him yn ferdiele lit.
Tsjin 'e eftergrûn fan 'e minne tachtiger jierren ferskynt midden yn 'e earste perioade it ‘Nij Frysk Lieteboek’ (1886) dêr't er sels mei byldzjende lieten en slepende meldijen, dy't der wakker by it folk ynfalle soene, ta bydroech. Titels as ‘It Aldershûs’, ‘Tinkstû jit’, ‘De Widzesang fen 't Seemanswiif’ en ‘Eala Fria Fresena’ sizze wat dat oangiet al genôch. It is ek de bekroaning fan in earste faze fan in spontaan-sjongend dichterskip, dêr't mei ‘De Kriichssang fan it Ideaal’ al in toan fan opstannigens yn trochklonken hie. Yn it eigen tydskrift For Hûs en Hiem, oprjochte (1888) tsjin de laksere selskipsorganen, waard net frij fan retoryk yn ‘In nije tiid’ (1890) dat opstannige omset yn in hertstochtelike rop om ferset tsjin ûnderdrukking en earmoed. Guon yn 't hert rekke lêzers betanken. Troelstra naam mei ‘Alde Foek fertrietlik’ ôfskie. It sjongen wie dien: de romantikus yn him hie belies jûn tsjin de politikus.
Tusken dit ôfskie en de opstiging fan ‘Lêste Blink’ (1925), dat as alderlêste fers in oandwaanlik alderlêste ôfskie wêze soe, leit de koarte oplibbing fan 1909, dy't (ûntstien út in polemyk mei Dr. Schepers) de gâns rikere fruchten fan in ‘Rispinge’ opsmite soe, in samling fan al de âldere fersen mei inkelde nije, wêrûnder ‘It koalsiedterskjen’ (1909). Dat ripere fers oer in âld gebrûk dat ta symboal fan folksstriid wurdt, hat likefolle te tankjen oan oantinkens út syn jonkheid as de syklus ‘It âlde doarp’ (1909), dy't om it eardere ‘De âlde toer’ (ca. 1881) hinne skreaun is. It is it oangripend relaas fan ‘Stiens revisited’, like follesizzend as ‘Fen Liet en Libben’ fan syn hân, dat de ‘Rispinge’ as kommentaar en útlis begeliedt.
Dizze ‘Rispinge’ dy't troch lettere fynsten mei in foege neirisping út te wreidzjen wêze soe, hat in yndieling yn skiften meikrigen, dêr't mar min de gronologyske ûntjouwing as dichter yn nei te kommen is: as begjinfaze de lotsferbûnens mei it folk mei fersen oer 't ferline (‘Teaco en Gerbrich’) en mear noch oer brûzjend libjen en leavjen; dêrop oanslutend mei fersen fan striid it stadium fan besinnend yn bestân stean,
| |
| |
Ier hânskrift fan ‘Pieter Troelstra’ (FLMD)
| |
| |
fan hifkjen en taasten (‘De Striid om it Heechste’), en by einsluten de faze dêr't it opkommen foar it proletariaat sintraal yn komme soe te stean.
Yn it proaza is dizze ûntjouwing fan ‘Wylde Hierren’ nei ‘Gelove en algemien stimrjocht’ ek wol sawat werom te finen. It lêste is in stik út ‘Nei de Stoarm’ (1886), it slotwurd en tagelyk de geefste bydrage yn 'e striidskriuwerij mei Wagenaar, dêr't er yn ‘Fij Lútsen’ (1885) ek it earste, wat rimpen útfallen, wurd yn hân hie en mei rjocht en reden de dûmny ûnfrysk litten en behâldend dwaan oanwreaun hie.
De man dy't him ûnder de namme fan ‘Gabe fen Grouwergea’ mei it delbêdzjende ‘Hâldt op, jonges!’ ek yn 'e striid jûn hie, wie Japik Hepkema (1845-1919), skoalmaster en stifter fan Hepkema's Krante (1874). Hy stie in stikhinne oan Troelstra syn kant, wat er yn in mannich toanielstikken, bygelyks yn ‘De reade flagge’ (1893), in titel dy't in lading fan gefoelssosjalisme dekt, ûnder de skûlnamme fan ‘Doitse Sibbles fen Warstiens’ ek nochris ûnderstreke.
Fan 'e literêre meiwurkers fan Piter Jelles kin alderearst neamd wurde Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer (1860-1939), syn earste frou, dy't ûnder de skriuwstersnamme Nynke fen Hichtum ‘Teltsjes yn Skimerjoun’ (1887) levere mei ek inkelde mearkes fan Andersen yn oersetting. En fierders benammen Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912), skoalmaster yn Ternaard, pakesizzer fan de ‘tredde fan 'e bruorren’, dy't Piter Jelles as samler fan ‘For Hûs en Hiem’ opfolgje soe, lykwols sûnder dy syn besieljend lieding-jaan. It neist komt er him noch as tekstskriuwer-komponist yn syn trije sjongbondels ‘Nije Fryske sangen’ (1902-'06). Fan it fersewurk klinkt yn ‘Oan 't Fryske Waed’ in tige eigen lûd, dat ek te beharkjen is yn syn noch altyd lêsbere histoaryske ferhalen. Yn 'e beide dielen fan ‘Ut it âlde laech’ (1912) is it measte wurk sammele. As blijspul en fan taal is ‘It Boerke’ (1905) better slagge as syn te frije bewurking ‘Japik Bûterblom’ (1905) nei Molière's ‘Le Bourgeois-Gentilhomme’.
In tredde meiwurker yn 't literêre (en te sjen oan syn apart ferskynd fers ‘Tofreden of net’, 1890, ek yn 't politike!) wie Cornelis Wielsma (1845-1922), skoalmaster te Grou. Yn ‘For Hûs en Hiem’ (jiergongen 1888 en 1889) skreau er in sântal proazastikken ûnder de titel ‘Ut Marswier’, koartswilige, soms bizige sketsen fan Grouster doarpslibben, kultuer-histoarysk fan grut belang en faak en folle ek net sûnder letterkundige wearde. Datselde moat ek jilde foar syn bydragen mei algemiener ynhâld oan 'e sneonsnûmers fan 'e ‘Leeuwarder Courant’ (1906-1915) ûnder de titel ‘Om yen hinne’. Mannich fragmint út dy foech santich stikken soe op grûn fan geve styl en suver taalgebrûk in werprinting ferneare kinne, sa't dat guon fan syn aardige berneferskes (‘Us Bijke’ bygelyks) al sa faak barre mocht hat. Ek as skriuwer fan snedige foardrachten en sankjes (de lêsten as regel op bekende ‘schlager’-wizen) hat Wielsma namme makke. Hja tsjinnen it modernere Winterjûnenocht, dat om 'e ieuwiksel hinne fan moraal langer net witte woe. Yn in fjouwertal bondeltsjes binne hja doedestiids yn 't ljocht jûn. Guon teksten waarden wiidferneamd, net yn 't minst it kostlike, earst gâns opskuor-jaande antyleafdeslietsje ‘Martsen’ (op 'e wize fan ‘Suzanna’).
Romantysker wie Sikke Sibes Koldyk (1861-1927), timmerfeint en boumaster, dy't syn wurk yn ‘For 't Fryske Hert’ (1893) sammele hat. Under de skûlnamme Eska hat er wolris flotte fersen levere, wêrfan't lykwols net folle tsjin 'e tiid bestand west hat. It heechste besykjen wie ‘De wet
| |
| |
fen Sinaï’, in wat prekerich leardicht dat net yn 't skaad stean kin by it byldzjende en nijsgjirrige fan ‘De boumaster fen de Aldehou’. It ienfâldichst en oansprekkendst komt de skriuwer noch oer yn ‘Us Pake’ boekje'.
Neist in âld-romantyske en op syn âldfrysk klaaide ferskining as Jan Hendrik Jetse van Wageningen thoe Dekema (1860-1908), heareboer te Jelsum, mei syn fluchskrift yn Iduna-stavering ‘Friesland înna wiel end ho der üt’, kin better as yn 'e folgjende ieu hjir Onno Harmens Sytstra (1858-1939), skoalmaster te Ljouwert, te praat komme. Begûn as meiwurker fan Piter Jelles yn ‘It Jonge Fryslân’ (1882), dêr't allinne fan syn bydragen ‘Op it iis’ genietber yn is, soed er as Colmjon syn opfolger fyftich jier (1885-1935) samler wêze fan 'e tydskriften fan it Selskip en soe ek wat langer wat mear yn dat liberalere en behâldender farwetter meisile, mear útblinkend yn trouwe warberens en earnstige weardigens as yn it ferrassende of sparkjende. Syn grutte fersen, lyk as ‘De Friezen’ of ‘Grutte Pier’ binne mear fan 'e âlde romantyk as fan 'e nije. Allinne ‘Simmerjoun op 't wetter’ (1910) is in aardich ferske. Syn proaza bondele yn ‘Frysk forskaet’ (1903) en ‘Fen alles hwet’ (1906) is ek de toarre kant neist. Lyk as alle samlers hat er rûnomwei oerset mei net al te bêste útkomsten. Foar Goethe's ‘Hermann und Dorothea’ rikte syn taalmacht lang net fier genôch.
Fan de beide bruorren Van der Burg, Sjirk Linses (1863-1932), notaris te Makkum, en Jan Linses (1864-1905), boer te Arum en Jelsum, stiet Sjirk mei syn ‘Twa Fryske sêgen’ (1915) en ‘Fen lang forlyn’ (1917) literêr net fier fan O.H. Sytstra ôf. Mei in sintúch foar geve taal kin er der net mei dwaan wat de folle dichterliker Jan berikke soe yn ‘It Heitelân’ (1903), dat wol ús twadde folksliet neamd is. Paste Jan Linses hiel wol yn syn tiid, dat moat op grûn fan syn persoanlike utering mear noch jilde foar Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914), boer te Twizel, mar faker ûnderweis, dy't lyk as de Hollânske Tachtigers sonnetten skreau, sûnder fierder fan har beynfloede te wêzen. De natoer, spegel fan syn siele, wurdt fan him bewûndere en fereare. It ûnharmoanyske yn him is de spanning tusken syn blidens om it moaie en syn mankelikens om 't fergonklike, spanning ek tusken behâldendheid en modernens, tusken it âldfrinzige fan titels op it omkaft as ‘Frysce wâldblomkes’ (1883), ‘Finneblomkes’ (1907) en ‘Fryske stikken’ (1912) en ynhâldlik in nij besef fan gearhing tusken ûnderwerp, foarm en klank. Hoewol't it dichterlike by him gauris wat tefolle yn 't belearende en skôgjende weiwurdt, is Kloosterman doch in oergongsfiguer, yn 't godstsjinstige fan syn wurk in foarrindermei, yn 't literêre, net iens folle minder as Piter Jelles, in oankundiger-mei fan wat yn de 20ste ieu te kommen stean soe.
| |
4.11
Mei it ferstjerren fan Colmjon (1884) en it stilfallen fan Piter Jelles (1890), beide opfolge fan tige iverige, mar net begeasterjende skoalmasters as O.H. Sytstra en T.E. Halbertsma, waard njonkenlytsen de folksskriuwerij wer in streaming fan belang, en de statyske Waling Dykstra wer in figuer fan betsjutting. Syn feestrede by de betinking fan it 50-jierrich bestean fan it selskip yn 1894, dy't mear fan in kleisang wei hie (it Frysk hie neffens him de tarring), achte nuvergenôch de foartekens net dy't yn oarewei wiisd hiene.
Likemin as it wurk en de trant fan in Piter Jelles, waans lieten dêr oars noch it libbene bewiis doe fan wiene, neamde hy bygelyks net in moedjaand toanielstik as ‘Wikje’ Kar' (1884) fan de Wergeaster notaris Sytse Koopmans (1851-1890), dat
| |
| |
mei syn suver besef fan it histoaryske en it plattelânske gewoanwei om lyksoartige fuortsettingen frege. Yn 1897 soe Walingom ek noch gelyk krije, like it, doe't er as samler syn merkteken sette koe op it nij oprjochte wykblêd ‘Sljucht en Rjucht’, sprekplak fan 'e folksskriuwers. Dan wurdt lykwols nei hûndert jier ek Eeltsje Halbertsma's bertedei betocht en ferskynt in modernistysk, opstannich toanielstik as ‘Uwt frije ljeafde’ fen Sybren Valkema (1850-1921), boer-kastelein te Wurdum, mei as boadskip dat de maatskippij radikaal omfoarme wurde moat. Foar de ieuwiksel soene de ‘Gedichten’ (1897) fan J.B. Schepers en in earste fers fan ‘In Frysk Famke’ (1898) in mear eigen lûd yn 't literêre ek al justjes oankundigje.
| |
4.12
It hear oersjend moat men fêststelle dat de 19de ieu ien west hat fan besteviging en útbou. Ut it ferlies fan de eigen identiteit woeks in romantysk nasjonalisme dat him foaral as in anty-tsjerksk en moralisearjend liberalisme by de hegerein foardwaan soe. De lêste fearnsieu soe him dêr in ûnderstream fan sosjalisme en modernisme fan en foar it hiele folk by oanslute.
De Halbertsma's sljochten mei har rimen en teltsjes it paad. Dêrnei hat Waling Dykstra de romantyske dream, dy't in fûldere Harmen Sytstra dêr efter set hie, nofterenwei ûntmaskere (sa't it ‘Oera Linda Bok’ ûntmaskere wurde soe) en him folle letter fan dy oare werkliker dream fan Piter Jelles allinne mar net altefolle oanlutsen. Tsjibbe Gearts hie syn eigen tipelsinnige ynbring, wylst mannen as Salverda en Murray Bakker de gruttere taalmacht sjen lieten.
Yn dizze ieu waarden trije staveringen ien. De beynfloeding út Dútslân wei wie fierwei grutst en waard ek hieltyd eigentiidsker. De emigraasje kaam op gong, mar it tal publikaasjes waard likegoed al mar grutter. Ek de funksje fan 'e teksten krige útwreidingen: bûten lêzen kaam foardragen, toanielspyljen en sjongen yn 'e swang. Der ûntstie ek, dizich noch, in skieding tusken literatuer en lektuer. Neist boekefrysk kaam krantefrysk.
It beskriuwende en belearende yn teksten krige linkelytsen selskip fan de persoanlike utering. Earst bleau dy noch wat ferhoalen of yndirekt, mar ienris op 'en iepenlikst yn kleisangen útstoart, folgen nei ferrin fan tiid de tsjûgenissen yn 't godstsjinstige en 't politike en tsjinnen har ek de yndividuele eigenaardichheden op skrift oan.
Sa waard yn de 19de ieu net allinne in basis gâns breder, mar ek in eftergrûn folle djipper. Der soe hieltyd mear en fan alles mooglik wêze. |
|