| |
| |
| |
3. It Midfryske tiidrek
3.1
Mei de lêste oarkonde fan 1573 waarden jierren ynlaat, dat it Frysk mank rêd ûntfryskjende stedsjes inkeld mûnling op it plattelân noch bestie as omgongstaal fan boeren, fiskers en ambachtslju. It Nederlânsk wie behalven de amtlike, nei de Herfoarming ek de taal fan 'e tsjerke wurden. Ek al koe Fryslân as gewest yn 'e Republyk grut gean op in eigen admiraliteit en in eigen hegeskoalle te Frjentsjer, it ferlies oan 'e kulturele kant koe dêr lang net mei goedmakke wurde. Frjemd soe op dat mêd foar master opslaan. Der kamen printers en skilders, muzykmannen en ek skriuwers om utens wei, en as Friezen ris yn 'e tsjinstelde rjochting teagen, nei de thúsreis joegen hja wat hja opdien hiene yn 'e eigen spraak net troch en net wer. Dat fierders it lân wiid iepen lei foar wat der tsjerklik, polityk en literêr yn Europa barde, en dat dat geastlik ek mei sin en stúdzje folge en ferarbeide waard, mei blike út gâns net-eigentalige oersettingen en skriften. As skriuwtaal soe it ferhûddûke Frysk op 'en nij besiele wurde moatte.
Twa machtige streamingen fan bûten ôf, soene dêr harres ta dwaan: it Humanisme en de Renêssânse, twa bewegingen, dy't har oarsprong yn it Italië fan 'e midsieuwen fûn hiene, fan inoar net te skieden wiene, mar wol te ûnderskieden. Wylst mei it wurd Renêssânse de allesomfetsjende streaming oantsjut wurde kin, wie it Humanisme dêr mear it wittenskiplik gewisse fan. Oflaat fan it studinte-wurd ‘umanista’, dat learaar yn 'e humaniteiten betsjutte, diek it Humanisme de nije lading fan oan Universiteiten te ûnderrjochtsjen fakken. Fan it ‘trivium’ (dat grammatika, retoarika en logika ynhold) waard logika as fak ferfongen fan skiednis, poëzij en wiisbegearte sa't dy yn 'e âlde Latynske en, yn mindere mjitte, Grykske skriuwers besletten leine. De fakken waarden no meiïnoar ‘studia humanitatis’ neamd. Yn 'e grûn belicheme dat Humanisme in striid, yn Italië sels begûn, mei oan 'e iene kant in hieltyd bûnter ferskaat oan ûntweitsjende folken mei har eigen talen en literatueren, en oan 'e oare kant in Latynske tradysje, symboal noch fan in godstsjinstige ienheid yn Europa.
It kaam mei oare wurden del op in konflikt tusken ûngelikensens en ienfoarmigens, dêr't bondeljend de Renêssânse (de Werberte) alle aspekten en fasetten en útkomsten fan omfieme. It betsjutte ek dat út 'e nammeleazens en ienlûdigens fan godstsjinst en mienskipskeunst wei folle mear op it yndividu de klam komme soe te lizzen en op syn persoanlik besiele keunst. Dy keunst moast, neffens de mjitstêven en de foarmen fan de fannijs bewûndere klassike foarbylden, skientme om 'e skientme skeppe, net slaafsk, mar oarspronklik en út eigen ûnderfining en neffens eigen wjerfarren. Sa wie, yn 'e beheiningen allinne fan it klassike ramt, de keunstner oant in hichte frij-man en hy soe by syn namme ek bekend reitsje. De Werberte, rûnom Europeesk fan karakter, wie fan folk nei folk nasjonaal fan oansjen, wat him fan lân ta lân ek utere yn wurdearring en bestudearring fan 'e memmetaal (grammatika en stavering waarden regels foar makke) en foaral yn it skeppend wurkjen mei dy taal ta har ferhevener eare en gloarje, dêr't yn alles lykweardigens oan it Latyn by bestribbe waard. Better as mei it Latyn koe de skriuwer mei de folkstaal ek folle gruttere rûnten yn it eigen folk berikke. De keunst fan it printsjen koe foar fersprieding soargje. It siet rûnom yn 'e loft, mei op 'e eftergrûn yn alle steatkundige ferbannen de oandriuw om fan 'e taal, dy't ek taal fan 'e Herfoarming
| |
| |
wie, in folweardige bloeiende nasjonale sprake te meitsjen.
| |
3.2
Yn 'e lege lannen oan 'e Noardsee soe de Renêssânse navenant oan 'e lette kant trochkringe, net fòàr 1550 yn 'e súdlike Nederlannen, en dêrwei earst om 1590 hinne yn 'e noardlike. Foartiid wie dêr krekt fan in Reformaasje en in Uny fan Utert it nasjonaliteitsfielen fan de nije, frije Republyk wekker makke en in foar sa'n werberte by útstek geunstich klimaat skepen. De ûntjouwing wie feralterearjend. Der folge in kulturele opgong, in bloei allerwegen, dy't as de ‘gouden ieu’ bekend komme soe te stean en op Europeesk plan as in triomf fan 'e Renêssânse sjoen wurde moat. Foar de literêre kant wie Jan van Hout mei syn opkommen foar de rjochten fan 'e folkstaal en mei syn oantreastgjend wurd oan syn lânslju om ‘onze moederliike tale te zuiveren en te verrijken’ ien fan 'e wichtichste paadsljochters. Wjerstannen moasten dêr faak by oerwûn wurde. Net elkenien hie it op dy ‘profane’ klassiken stean. En wat him yn Italië oan akademys en yn Frankryk yn 'e ‘salons’ ôfspile hie, krige yn 'e Nederlannen syn beslach yn 'e rederikerskeamers, dêr't jonge nijljochters it tsjin in behâldende boargerlike âlderein opnimme moasten. Yn in him ta hannelsmetropoal ûntjaand Amsterdam hat de keamer ‘Eglantier’ wat dat oangiet in ferneamde namme krigen. It foarútstribjende part soe him dêr yn 1617 fan ôfsplisse as ‘Eerste Duytsche Academie’, in ynstelling dy't it bedriuwen fan wittenskip al gau sjitte litte moast, mar op it mêd fan it toaniel lange jierren namste warberder wêze koe. Yn 1619 soe hja toanielklean en spylstikken oerkeapje fan 'e yn 1618 te Ljouwert oprjochte keamer ‘Och mocht het rysen’, it keunstsinnich fermidden dêr't Jan Jansz. Starter (yn 1614 út
datselde Amsterdam wei oerkommen) de skepper, skriuwer en siele fan west hie - en troch tsjerklik tsjinakseljen sa ek de ‘útdrager’ fan waard.
| |
3.3
Yn it Fryslân, dêr't de bohemien Starter om hokfoar reden ek hinne teach (it kulturele klimaat moat him lutsen ha) hiene jierren foartiid de earste sinjalen fan 'e ‘werberte’ al klonken. Guon miene it ferskinen fan de al neamde ‘Alde Druk’ mei 't ‘Freeske Landriucht’ al as in tige ier symptoom sjen te meien. Mei mear wissigens kin wiisd wurde op it lettere wurk fan ien as Reyner Bogerman (ca. 1475 - nei 1566), Dokkumer fan komôf, jurist en histoarikus, stedsskriuwer fan Kampen, dy't om 1550 hinne yn syn ‘Eulogium’ Fryske nammen en hûnderten Fryske rym-sprekwurden joech. Hy die dat (yn Latynsk ramt) neffens de nije moade fan 'e tiid en it wie ek in middel om eigen apartens en eigen superieurens (yn dit gefal Roomskens en Fryskens) útkomme te litten. It is dúdlik dat de yntellektueel hjir de teksten neffens klassyk mal en foarbyld sels makke hat, hoewol't ek guon besteande sprekwizen fan him opgnist binne.
Foar dit inkelde en iensidige lûd oer is de stim fan it folk dúdliker te hearren yn in hânskrift út 1614 ‘Der oude vrije friesen Spreekwoorden’, dat wol oan Carel Georg van Burmania (ca. 1570-1634) taskreaun is en mei fanwegen syn noch roomske sfear (sûnder útsprutsen roomsk te wêzen) wolris in ôfskrift fan in âlder foarbyld neamd is (dêr't dan faaks ek de útjefte fan 1641 nei makke wêze soe). De wurden drage, mei har stêfrym, parallellen en tsjinstellingen, kleare kenmerken fan in lange mûnlinge oerlevering en wjerspegelje yn follerlei foarm in bûnt libben fol ferskaat, dêr't soberheid in deugd en ferbylding it tsjindiel is. It der trochhinne struide Latyn ferriedt de yntellektuele gearswylder.
| |
| |
Gysbert Japix, nei in skilderij fan Matthys Harings yn it Frysk Museum
Foar de yntellektuele hegerein is, allyksa berne út 'e Renêssânse, ynearsten ek it nije sjenre fan brulloftsdicht bedoeld, yn Fryslân moai ier fertsjintwurdige fan ‘Woutir in Tialle’ (1609) en ‘Ansck in Houck’, twa folksaardige gearspraken dat yn folle ding inoars wjergea binne en beide op namme komme moatte te stean fan dûmny Johan van Hichtum (ca. 1560-1628). Sa't hja mei hjir en dêr noch in waas fan roomskens ferriede dat in âlde tradysje him samar net mei woartel en al útbanne liet, sa jouwe hja ek it bewiis dat it Frysk hjir yn 't foarste plak as in aardichheidsje foar de gelegenheid, as in ynstrumint, gaadlik yn in sfear fan nocht en wille, brûkt waard. Mei in dialooch dy't technysk wol flot ferrint en sels wolris ta toaniel útgroeit, litte beide teksten in breid te-bêd dûnsje sûnderdat de taal dêrby al te ûnfoech wurdt. De sankjes, ynlaske of op doeld, dogge fuort tinken oan de yn 1966 wer boppe wetter kommen alve Vredemanlietsjes (1602), dy't mei har frijmoedige ynslach in eigen taal sprekke oer de wol wat wifsinnige smaak fan it Ljouwerter kulturele fermidden út dy tiid. It binne 4- en 5-stimmige, fierders anonime, ‘fillanelle’ (folksaardige lietsjes), dy't op it repertoir stien hawwe fan it ferneamde Ljouwerter ‘Collegium Musicorum’, dêr't de yn 1588 fan Mechelen ynkommen Jaques Vredeman de Vries (1558/9-1621), toankeunstner en komponist, de besieljende lieder fan wie. Wizen fan him sil men ek fine yn 'e ‘Friesche Lusthof’ (1621) fan Jan Jansz. Starter (1593-1626), dy't dêr yn 'e sfear fan 'e ‘fillanelle’ allinne as Frysktalige fersen syn alderaardichst harderslietsje ‘Friesch Pastorel’ en ‘Gabbe’ (in ‘soldaten minne- en
drincklied’) yn opnimme soe. Fierders kaam as tuskenspul yn ien fan syn toanielstikken noch de ‘Sotteclucht van een Advocaat ende een Boer’ foar, in Fryske fariant mei Ljouwerter ‘couleur locale’ fan wat yn ‘frjemde’ stikken as klucht-yn-lokaal-dialekt ynlaske waard om fan in pleatslike ‘clown’ (hjir de ‘Boer’) spile te wurden.
De twadderangs posysje fan it Frysk koe nea better tekene wurde. It feit dat it brûkt waard wie lykwols al wichtich, en dat it fan ynkommelingen as Vredeman en Starter brûkt waard noch folle wichtiger. De hegerein hie der aardichheid oan. Der wie in wikselwurking oer en wer. Ynfloed fan bûtenút koe it Frysk allinne mar te'n goede komme. Ofsjoen fan dy pear teksten hat Starter, mei syn romantyske persoanlikheid en syn strieljend foarbyld, dêrby folle mear jûn as nommen.
Under de bedriuwen wiene yn Europa, ek as útkomst fan 'e Renêssânse, yn it ramt fan 'e ferlykjende taalstúdzje wolris paternosters sammele. Nei't in part (yn losse wurden) fan in Fryske ‘Us Heit’ al te finen west hie yn in boek fan Gesner út Bazel (1555), waard de earste folsleine tekst opnommen yn in publikaasje fan Vulcanius te Leien (1597).
| |
| |
Titelblêd fan de earste printinge fan de ‘Friesche Rymlerye’
Dêrfoaroer soe jierren letter (yn it Latyn) it brûken fan it Frysk noch ferdigene wurde fan immen as Petrus Sybrandts Baerdt (ca. 1590-1644), medikus en û.o. konrektor te Boalsert, ‘Vrund’ fan Starter en him foar 't neist yn beweechlikens en dertene libbenskeunst ek net wanlyk. Hy die dat yn 1640 yn syn útjefte fan ‘Friesche Boere Practica of Prognosticatie’, in lear fan it waar foar de boer, dy't, as fiere neifolging fan Vergilius syn ‘Georgica’, it Frysk altemets op in plan sette, dêr't it literêr sa heech suver nea stien hie. De tekst soe dan ek withoefaak op 'en nij printe wurde.
Yn 'e selde snuorje ferskynden twadde printingen fan ‘Woutir in Tialle’, ‘Ansck in Houck’ en de ‘Sotteclucht’, wylst boppedat Burmania's ‘Spreekwoorden’ it ljocht seach. Dy hommelse floed fan boekjes, wolris oantsjut as de Fryske Renêssânse (dêr't in konkurrinsjeslach ûnder útjouwers ek net frjemd oan wie) smiet yn 1640 boppedat de ‘Friesche Tjerne’ fan Gysbert Japix op, in brulloftsdicht, dat al it oare fuort yn 't skaad sette soe.
| |
3.4
‘...Dat ick 't fruchtber ney mey sjonge...’
‘...ijn gloarje fen uwz âde Friez'ne tonge...’
Mei boppesteande, út har ferbân helle rigels (dy't tafalligerwize rymje) soe it wurk fan Gysbert Japix (1603-1666) fierhinne yn gearfetting oantsjut wurde kinne. Dizze skoalmaster-foarsjonger dy't nei in Wytmarsumer tiid wer yn syn bertestêd Boalsert telâne komme soe, hat yndied sa ‘songen’, dat men syn yn 1668 postúm ferskynde ‘Friesche Rymlerye’ suver wol foar in lietebondel trochgean litte koe. By de teksten wurde nammentlik sa faak wizen oanjûn, dat men jin dit wurk, dat ynwindich ek fan grutte muzikaliteit tsjûget, hast oars net as tsjin de eftergrûn fan in muzykmeitsjend en sjongend fermidden foarstelle kin. In rike keunstsinnige sfear wurdt oproppen, dêr't er ek wol eleminten fan yn 'e eigen famylje fine koe: Margaretha de Heer, skilderesse en dichteresse, wie in nicht fan him en de namme fan syn heit (as de ûntwerper) soe altiten ferbûn bliuwe oan it monumintale Boalserter Riedhûs.
Dat syn ‘sjongen’ neier oan te jaan is as ‘neisjongen’ mei yn dit gefal ferklearre wurde út de ynfloeden rûnom wei dy't, op eigen ûnneifolgbere trant ferarbeide, sa rynsk yn syn wurk yn alderhanne sjenre gearstreamden. It wie oan 'e iene kant in fuortbouwen op in folksaardige tradysje fan immen as konrektor Baardt (by wa't hy faaks yn 'e klasse sitten hat) en ien as dûmny Van Hichtum fan Nijlân (dy't hy miskien ek kend hat). Oan 'e oare kant wie it, yn folle grutter mjitte, it oaneigenjen en
| |
| |
Fers fan Gysbert Japix yn it hânskrift fan Franciscus Junius, yn de Bodleyaanske Bibleteek yn Oxford
| |
| |
yn Fryske klanken omsetten fan de ynternasjonale lûden fan Renêssânse en Barok, direkt út klassike boarnen wei of troch tuskenfoarmen fan Hollânske dichters as Hooft en Huygens, Vondel, Roemer Visscher, Bredero en Spieghel, om inkelde fan 'e wichtichsten te neamen. Hy hat har wurken allegear kend; hy wie omraak op 'e hichte fan syn tiid. Mar wat him beweegd hat om, sûnder foargongers fan betsjutting en sûnder lyktinkende konfraters, op eigen manneboet foar it Frysk te kiezen, sil wol altyd in grut riedsel bliuwe. It moat in opbotsen west ha tsjin it wenstige en normale. Allinne troch him sprekt de Renêssânse op dat peil yn it Frysk. Hy bewiisde iens en foar altyd dat men ‘ney't libben Schilderjende’ it Frysk mei ‘lett'ren’ hiel wol ‘uwtbijldje’ koe.
Hy wie Fries en Europeaan, of leaver: in Fryske Europeaan, dy't it suverst song as it eigene gea en syn bewenners him ynspirearren, as hy yn syn rigels it Fryslân fan syn tiid sprekke litte koe, in Fryslân dat him hjoeddedei hiel oars uterje soe, as hy, de grutte grûnlizzer, der net altyd west hie om op werom te gripen en om de neiteam hieltyd op 'en nij te besieljen.
Nei in Wytmarsumertiid fan jongfeinte fleur en útlittenens moat hy letter in ridlik earnstich man wurden wêze. It komyske miskearret suver oan syn wurk, lyk as oan 'e oare ein trouwens ek it djip-tragyske (hoewol't swiere slaggen syn húshâlding net besparre bleauwen). Tusken dy beide poalen, liket it, dichte er ûnder it teken fan (langst nei) ‘Frede’ en (sykjen om) ‘Ljeafde’, waans fellere eroatyske kleuren njonkenlytsen tsjin stiller glânzgjende religieuze farven belies jaan moasten. Der is oer alle boegen wat fan 'e midsieuwen yn dizze grutte Fryske ‘nijljochter’ hingjen bleaun.
Wichtige dingen yn syn libben moatte west ha dat om redenen fan stúdzje de germanist Franciscus Junius him yn Boalsert opsocht (troch wa yn Oxford guon oars weirekke teksten en hânskriften bewarre bliuwe soene), en dat er freonskip ûnderhâlde koe mei de jierren jongere Simon Abbes Gabbema, skiedskriuwer fan Fryslân, in man dy't gâns ynfloed op him útoefene hat. De brieven dy't Gysbert oan him skreau, binne bewarre bleaun. Mei in mannich oersettingen út it Frânsk foarmje hja al it Frysk proaza dat wy fan syn hân kenne.
| |
3.5
De 25 brieven, de iennichste Fryske út 'e hiele 17de ieu, rinne, neffens wat datearre is, fan 1654 oant yn 1661 op. Hja binne foaral fan belang om't hja ynhâldlik (bygelyks troch boeketitels te neamen) it literêr klimaat mei tekenje, en wat de foarm oangiet in skriuw-technyk beljochtsje, dy't foar dit sjenre (it iennichste Aldfryske dat fuortset waard) nei in brek fan jierren, as typysk wat fan de Renêssânse, fannijs ‘útfûn’ wurde moast. It stiet net yn 'e kiif dat dat de gearstaller folslein slagge is. Hoe't hy ambachtlik te wurk gie, kin fierwei bêst oanskôglik makke wurde oan 'e hân fan syn proaza-oersettingen út it Frânsk. It binne earst it fragmint út in ûnbekende mytologyske roman (‘Paris ferlittende Enone’) en in fragmintsgewize gearfette hardersroman (‘Historje fen Dorilis en Cleonice’) - beide minder nijsgjirrich om 'e romantyske ynhâld (al sizze se hiel wat oer de smaak fan dy tiid) as krekt om de ferantwurde taalhantearring, respektivelik trant fan oersetten, dy't hjir (yn in ier stadium fan syn libben?) yn alle klearens iepenbiere waard. In sterk oanfielen fan 'e mooglikheden fan taal, oant yn de fynste ûnderskiedingen, waard hjir al sichtber makke. Yn riper foarm noch soe dit te sjen wêze
| |
| |
oan it filosofysk ‘essay’ mei de titel ‘Yen suwnerlinge forhânlinge fen it libben in fenne deade’, in oersetting út letter tiid, doe't it probleem fan libjen en ferstjerren dichters eigen húshâlding net ûnberuorre litten hie en hy emosjoneel tige sterk by de tekst betrutsen wie. It masterskip oer de taal wurdt hjir dúdlik makke yn in ferrykjend opgnissen fan it foarbyld troch skilderjende synonimen ta te foegjen of troch se fyn-ûnderskiedend ta te passen, wêrtroch de tekst konkreter en de styl oanskôgliker makke waard. Dêr lit de dichter boppedat de klank fan 'e wurden in grutte rol by spylje. Stêfrym en assonânsje wurde (soms feriene) ynfierd. Dy allesoerhearskjende driuw nei klearens en konkretens liedt ek ta fer-‘frysk’-ingen as: ‘stinse aef haege wier’ (montagne), ‘goaldne Friesche Ryders’ (escus), ‘wetten en kearren’ (lois), foarbylden dêr't it útwreidzjend ferklearjen ek al wat út blykt. Wa't ‘plaisirs’, al nei 't ferbân, oersette kin mei in ferskaat oan wurden as: ‘formeitsen’, ‘nochten’, ‘bejearten’, ‘willen’, ‘forblijingen’ en ‘lustluwckjende nochlyckheiten’ en slach op slach nei it tekenjende wurd taast sa as nei ‘reckhalzjet’ (aspire), ‘ljeaschoddjen’ (tremblement), ‘festneile’ (attaché), ‘langschoncke migge’ (mouche) en ‘ien kroane...fen heagetuwcken in stycklen frissle’ (une coeronne...d'espines), dy man mei in wier keunstner neamd wurde, in keunstner fan it wurd, op wa't alle Nijfrysk proaza weromfierd wurde moat: hy lei it fûnemint.
| |
3.6
Gysbert Japix syn ‘Friesche Rymlerye’ is yn trije dielen ‘forschaet’, in yndieling dy't net allinne yn rûge halen nei ynhâld ûnderskiedt, mar sekuerder noch nei de trant fan dichtsjen. De folchoarder, rûchwei ien fan leafdeslieten, leardichten en godstsjinstige poëzij, komt sawat oerien mei de ûntjouwing dy't de dichter meimeitsje soe fan folkssjonger nei Renêssânse-keunstner nei Barok-stilist.
It foarste part, ‘Ljeafd in Bortlycke mingeldeuntjes’, befettet, neist eroatyske leafdeslyryk, mingelwurk en, neist oarspronklike dichtstikken, neifolgingen nei klassike en Hollânske skriuwers. It set oerdiedich ryk yn mei de al neamde ‘Friesche Tjerne’ in monolooch, fol klanksymbolyk en kleur, út 'e mûle fan in boer dy't op de brulloft fan syn lânhearre sa syn lokwinsk útsprekt en neitiid as er al frijwat oansketten is, sjongend op hûs yn giet mei in ridlik belearend sankje oer de seine fan in goed taret houlik. De taspraak wurdt ûnderbrutsen fan in ritmysk-beweechlike en sterk-byldzjende barsang oer ôfwar en tajaan by 't frijen, dêr't de knap-skreaune gearspraak tusken de tsierende ‘Sjolle Kreamer in Tetke’ (ek al sjongt Sjolle noch sa'n moai leafdesliet) in soarte fan tsjinhinger fan neamd wurde mei. De hardersromantyk yn dit diel, doe grif mear yn 'e swang as no, wurdt oerskade fan it aardich-ferheljende ‘Kipedo, Reauwe-bjuester’, dat op syn bar lang net út kin tsjin it gâns boartliker, natuerliker en suver minsklik ferrinnende ‘Muwzeboost’ (Mûzehoulik), dat as sirkelfertelling mei syn soarte-by-soarte moraal op in oerâld motyf weromgiet. Yn ‘Wobbelke’ sjongt in Fryske frijer syn leafde út yn in byldspraak dy't fan 'e Renêssânse is, mar dy't sa goed as teloar giet yn 'e swier oerhearskjende folksaardigens fan weagjend ritme en bliere spontanens. It yn Oxford bewarre hânskrift bewiist hoe't de dichter dit fers behoffene hat en beslipe, ear't de tekst him alhiel nei 't sin wie.
Yn it twadde part ‘Gemiene oef Huwzmannepetear, in ore Kâterye’, steane, oer (jimmer) aktuele fraachstikken, libbene gearspraken tusken persoanen dy't ûnder de bedriuwen neffens har praat omraak tekene
| |
| |
wurde. Wylst yn ‘Nyschierige Jolle in Haytse-yem’ de kleau tusken generaasjes spilet, tusken opljeppen jeugd dy't him úttjirgje wol en âlderdom dy't dat (wol mei begryp oars) mei in religieus neigeset delbêdet, is it probleem yn ‘Reamer in Sape’, dat lêstneamde it yn syn lân langer net bankje kin en om utens wol, dêr't de oare dan tsjin ynleit dat men it kwea altyd meitôget, wêr't men ek giet en sadwaande better by jinsels begjinne kin. As preludium hat dit petear it leaflik-rustike ‘Wol-komm’ freugde fenne Wrâd’, dat nei ieuwen noch altyd te sjongen is. Yn it ‘Tijd-kirtige Petear Lanze wey, twissche Egge, Wyneringh in Goadsfrjuen’ is it Egge, de boer, dy't de stêd mei syn foarsjenningen ferkiest, wylst dêrfoaroer Wyneringh it plattelân heger stelt, dêryn byfallen fan Goadsfrjuen, in man fan 'e wrâld, dy't as in soarte skiedsrjochter fungearret (en as sadanich in typyske Renêssânse-figuer is). De dialoochfoarm is net te finen yn ‘Tjesck-moars Se-aengste’, lykwols àl it doe grif aktuele konflikt tusken hiemfêstens en útflechtigens, hjir mear yn it besûnder tusken libben te lân en 't avontoer fan oarlogjen te see, dêr't as aspirant-marinier de jonge Wif slim begien op is, soks wakker tsjin 't sin fan beppe Tjesck (Nijfrysk: Tsjoar!), dy't har dêr yn in taal ryk oan bylden en klanken belearend en fermoanjend oer útsprekt. Lyk as hja hold de dichter it sels ek mei de frede, dat hy sjongt by it ynnimmen fan 'e stêd Hulst yn syn ‘Lân-geane’ syn ‘Friesche freugde’ dêroer út, yn de skildereftichste bylden bytiden, dy't technysk wer foarbydichte wurde soene fan it op hege jierren op bestel levere ‘Op 't Hoars-hoffjen fen Jieffer Sibilla fen Jongstal’, in
fers, dat wat ritmyk en muzikaliteit oangiet op 'e grins fan it berikbere balânsearret (wat fan de dêrby te oerdiedich en keunstmjittich oandwaande ‘Tohaecke’ namste markanter aksintuearre wurdt).
It tredde (Efterste) part, ‘Hymmelsch Harp-luwd. Dat is to sizzen, ytlycke fen Davids Psalmen’ set yn mei ‘Friesche Herder’, mei wa't in jierrich en leauwich man bedoeld wurdt, in soarte fan ideale persoanlikheid, in ‘Goadsfrjuen’ wa't de psalmoersettingen yn 'e mûle lein wurde sille. Dy oersettingen, dêr't yn 't foarôfgeande yn inkelde religieuze fersen altemets al op foarútrûn waard, binne foaral twa dingen mei mank: ien fan yndieling en ien fan styl. Ut 'e briefwiksel mei Gabbema docht bliken, dat de dichter oan him, behalven in ‘besletten wirck’ ek nochris yn seksternen in tal fan fyftich ‘Psalmen in Lof-Sangen’ tastjoerd hat, op grûn wêrfan dit tredde part him yn twaen ûnderferdiele lit. Dat foarste ûnderdiel, it besletten wurk (ek wol de ‘Friesche Herder’ neamd) is ta in trochrinnende ienheid gearsmeid en ferbyldet mei syn tsien psalmen en twa gesangen, mei syn weeklacht oan 't begjin en syn jubel oan 'e ein (yn neifolging fan oare dichters) faaks wat neffens de Heidelberger Katechismus de kristlike leare foar de minske ynhold. Letter soe, om 'e ‘Free-Bea’ hinne, dy leare dan as in kwestje fan oarloch en frede projektearre wêze op 'e mienskip.
Tusken psalmen yn floeiende foarmen sitte oaren mei op it each en foar it ear hompende wurdkeppelingen, dêr't in feroaring yn styl út blykt, dy't him ek yn nijbehoffene âlder wurk foardocht en sadwaande as in ripere ûntjouwing by de dichter sjoen wurde moat. Dat stylferskeel is de meast útienrinnende útlis oan jûn. Der is tocht oan ynfloed fan Gabbema, of oan in krisis yn dichters bestean. It is útlein as in ierde-ûntflechtsjend stribjen nei de himel, as in spanning tusken fleis en geast, in striid tusken wêzen en ropping. It is ek wol yn ferbân brocht mei it op hiele noaten sjongen yn 'e tsjerke, mei as resultaat in ‘oargel-muzyk’ yn wurden. Yn alle gefal is it
| |
| |
begjinsel fan 'e stylferoaring (fan 'e dichter sels ‘op-snolckjen’ neamd) in algemien ferskynsel, dat ferbân hâldt mei it oergean fan 'e Renêssânse yn 'e Barok, in wurd dat neffens it Spaanske ‘barrucco’ yn oarsprong in wan-foarmige pearel betsjut en yn 't Italiaanske ‘barroco’ de betsjutting krige fan drôchreden en útwrydske ôfwiking. Utere him dat by guon dichters yn in oerladenens fan bylden, by Gysbert Japix yn in oerfloedigens fan wurdmuzyk. By him moat dat foar 't neist útlein wurde as in eksperimint mei taal oant de uterste grinzen fan it mooglike om sa as iennichste Fryske dichter fan syn tiid (en dêrom namste ferheftiger) de folweardigens fan it Frysk te bewizen. In ferbân mei de bloeiende Embleem-literatuer fan dy dagen is dêrby net útsletten. Wat dêr yn 'e oarsprong in ta ienheid omraande kombinaasje fan plaatsje, motto en fers wie, soe yn religieuze sin in útwreiding krije yn 'e foarm fan in gearfloeien, fer'wurd'-e yn klanken, fan hillige geast en minsklike siele, in opgean fan 'e minsklike geast yn ‘leafde’. Sa besjoen soe it iennichste ‘praatsje-by-plaatsje’ gedicht dat wy fan Gysbert Japix kenne (‘Lyltsen paeyde Poppe’ in pea') mei de slotrigels:
't Is klear jou-leas-nimmend'-jaen.
Dock jaen jou-nimt hert in sinnen.
bêst in foech oankundiging fan de aloan mear konsintrearre ferswierring wêze kinne.
Hoe't dat ek wêze mei, ûnder de pearels skûlet ek de folsleinste dy't men jin tinke kin: ‘Nacht-rest-bejerte, aef Juwn-bede’ in fers dat mei syn dûnkere lûden, wol mei sellotoanen ferlike, neat minder as in ‘sielsferklanking’ neamd is, in muzykstik yn taal. Gysbert Japix syn eigen motto fan ‘Sljuecht in Rjuecht’ is mei dit fers net mear yn oerienstimming te bringen. De útspraak fan in tiidgenoat ‘Syn grutte namme nea in uwz gehuwgnis steart’ namste better.
| |
3.7
De tiid yn Fryslân nei Gysbert Japix soe lykje op 'e jierren dy't oan him foarôfgiene. Sadwaande is de Boalserter dichter wolris in ‘berch yn in leechlân’ neamd, in springfloed tusken twa êben, wêrfan de lêste trouwens in ynternasjonale fersprieding hie. Oer hiele Europa hie nei de aksje fan 'e Renêssânse, foaral as reaksje op de singuliere útwaaksen dêrfan yn 'e Barok, in retraksje syn beslach krigen, in fannijs weromlûken op 'e âlde stellingen fan it klassike foarbyld. Dat ferskynsel, meast mei it wurd ‘Klassisisme’ beneamd, droech in kearn fan spanningen yn him mei, om't it yn 'e grûn tsjinakseljen wie. De klassike styl, dat in saak wie fan logika, dúdlikens en oarder, moast no it liedende begjinsel wêze yn in tiidrek dat de bluisterige kant neist wie. Yn 'e praktyk soe dat mear hâlding betsjutte as werklikheid, mear opjefte wêze as útkomst. Mar it near waard dêrmei op 'e keunst lein. Dat hie syn útwurking likefolle op 'e styl fan 'e skriuwer as op syn geast: de emosjonele utering tsjinne it as tsjingif. Ynstee fan yn ynderlik neifolgjen, ûntaarde it wat langer wat mear yn uterlik neidwaan. En de tiid wie der neffens. Opskipe mei in erfskip oan wolfeart, dêr't net in hân foar útstutsen wie, folge fan in ekonomyske delgong, tarde in hiele generaasje op it ferline, wat him geastlik en seedlik as yntarren opponearje soe. Wie it libben oan 'e iene kant ûndichterlik wurden, oan 'e oare kant waard it hieltiid sterker fan it ferstanlike behearske. It hiele libben moast krekt as de swiertekrêft oan 'e hân fan wetten logysk ferklearre wurde kinne. De flecht fan 'e ferbylding wie langer gjin plak mear foar, likemin as foar it
| |
| |
byleauwe. Sa waard de godstsjinst in lear fan deugden en de literatuer in nuttige les foar it libben.
| |
3.8
Wat tsjin dizze eftergrûn yn it Frysk ta ús komt, hat earst net folle te betsjutten. Mar in inkelde namme is de muoite fan it neamen wurdich. De earste frou fan wa't wy witte dat hja ûnder oaren wat oan Frysk die, hat Titia Brongersma (ca. 1660 - ca. 1700) west. Fan har hân ferskynde yn 1686 ‘De Bron-Swaan’, in bondel mei Frânske, Nederlânske en fjouwer Fryske teksten, wêrfan't by trije Frânske wizen oanjûn steane en (foar in brulloft ornearre?) twa ‘T'Samen’-spraken binne. Tusken de oerhearskjend arkadyske lânskippen mei hardersfolk leit der wat fan in primitive tsjoen oer dizze brokstikjes Frysk libben. Datselde jiers liet ds. Vitus Ringers (1660-1725) alhiel yn 'e trant fan 'e tiid syn ‘Stichtelijk Sang-priëel’ útjaan, wêryn't dizze Riedster dûmny ûnder oaren yn 'e pleit gie foar it Frysk as tsjerklike taal en dêrby as ‘bewiis-materiaal’ trije Fryske psalmen opnaam, dy't mei har ienfâldige wurdkar in goede yndruk neilitte. In tredden dy't neamd wurde moat is Johannes Hilarides (1648-1725), in klassikus, waans namme moai wis ferbûn wurde moat oan in ‘Friesche Boere’ en in ‘Hijnlepre Sémans’- almenak, in Frysktalich sjenre dat yn 'e santiger jierren efkes danich yn 'e swang west hawwe moat, mar dêr't net it measte fan oerlevere is. Men kin net sizze dat Hilarides, fûleindich taalstrider mei ek in each foar de dialekten (hy levere der priuwkes fan) yn it stokramt fan 'e tiid rûn hat. Allinne dêrom is it al spitich dat der net mear Frysk wurk út syn hannen kommen is. Of it moat wêze (wat guon miene) dat hy wat te meitsjen hân hat mei ‘ Waatze Gribberts Bruyloft’ (1701), in út it Platdútsk
Titelblêd fan Jan Althuysen syn psalmberiming, 1755
yn geef Frysk oersette klucht, dy't te sjen oan syn sân werprintingen net allinne de oersetter in soad wille jûn hat. Mei syn brike ferlikingen en foaral syn wat botte eroatyske frijmoedigens is dizze klucht fierders net iens sa slim stridich mei de sfear fan in inkeld album-ferske út earder tiid, noch mei útspraken yn guon fan de yn tsientallen oerlevere brullofts- en promoasjefersen. Dat wiene sjenres dy't nei de ieuwiksel yn waaksende tallen beoefene waarden by de hegerein, dêr't foar de folsleinens dat fan ‘ brieven-mei-geheimtaal’ noch oan tafoege wurde kin, foaral beoefene yn 'e jierren 1708 en 1712. (Doe setten yn de Spaanske Suksesje-oarloch de evenredige Sicco van Goslinga en de domdryste Frederik (Frits) van Grovestins út Frankryk wei tusken it Frânsk fan har brieven heimige | |
| |
boadskippen yn it Frysk, neffens Frits: ‘omdat nimmins fries lesse ken’).
Dêrfoaroer waard fan Jan Thomas, menniste-preker op it Fean yn 1716 wer in Fryske psalm printe, in lyts skeakeltsje tusken Gysbert Japix en de man dy't no mei eare neamd wurde moat: Jan Althuysen (1715-1763), dy't as ‘jinwurdich Pastoor op dy Lytze Jouwer’ tegearre mei syn heit Simen Althuysen (? - nei 1757) yn 1755 in twadde ‘Friesche Rymlerye’ útjoech, it earste part mei gelegenheidsgedichten en mingelfersen (wêrûnder fjirtjin fan syn heit), it oarde part mei 150 psalmen ‘fin David’, dêr't dy fan Gysbert Japix yn oernommen en mei eigen bewurkingen oanfolle wiene. Yn Fryske bewurdingen (sûnt de Herfoarming de earste Fryske fan offisjeel-tsjerklike kant) soe goedkarring oan dizze bondel jûn wurde, dy't op himsels fierders mear it wurk hjitte moat fan in skriuwer yn it Frysk as dat fan in Frysk dichter fan wat gehalte. Folle wichtiger as it wurk wie hjir lykwols de died: in tsjinset fan komsa tsjin it algemien leechlizzen en fertutearzgjen fan it Frysk.
De tried folgjend, komt men by Durk Lenige (1722-1798) út, dy't net allinne psalmen, mar ek hiel wat (bûten ien Dútske) fan Hollânske tiidgenoaten oerset hat, fan wa't er him ek tige beynfloedzje liet. Dizze sakeman wie yn Makkum de siel fan it dichtgenoatskip ‘Keunst Kweekt het menschelijk Geluk’, in fermidden fan mennisten mei in aparte helleensk keunstsinnige sfear, dy't him sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk (Makkumers) uterje koe. Syn wurk, allegear út 'e twadde helte fan syn libben, falt wakkere ûngelikens út, mar wjerspegelet in eigen tiid fan boargerlike selsfoldienens, mei oan 'e iene kant ta ‘manear’ fersliten arkadyske bylden en oan 'e oare kant altemets dochs ek in ûntweitsjend gefoel foar de natoer om him hinne. Dizze earste poëzij-oersetter út 'e 18de ieu brûkte yn it Frysk ek foar 't earst it sonnet. Faaks wie er noch it natuerlikst as er yn syn fersen syn ierferstoarne, bejeftige dochter Cynthia (1755-1780) betocht (dy't ek in pear Fryske teksten neilitten hie).
Fan ‘Waatze Gribberts’ rint in ûnderweis slim ferkleurjende tried nei in oare hoeke fan Fryslân, dêr't ‘It libben fen Aagtje Ysbrants’ (1779) yn in natuerlike petearfoarm, yn alle wiidweidigens en libbenens, beskreaun waard fan Eelke Meinerts (1732-1810), sûnt 1761 boer te Lytsewâld en letter te Kollum. By him hie benammen it belearende doel foaropstien, wat ek wol syn útwurking op 'e tekst hân hat: wat mear moraal der yn bebakt sit, wat minder it stik literêr te fertarren is. Dochs riist út de stream fan wurden in Aagtje op, dy't (lyk as Gysbert's Tjerne) libbensliif foar ús komt te stean, as in ûnnoazel, kweasprekkend, nijshongerich minske, dat der de nuverste tinkbylden op nei hâlde koe. De skriuwer, Oranje-man en freon fan 'e adel, hat ek sa'n tsien wat nuete gelegenheidsfersen op syn namme brocht. It is noch net wis oft de ek ridlik brave ‘Burkery’ (1774), mei syn rymjende petearen, ek oan him taskreaun wurde moat. Yn alle gefal is dêr de hân yn te fernimmen (as bewurker?) fan Feike Hiddes van der Ploeg (1736-1790), mennistedûmny te Dokkum, dy't mei wissichheid trije oare stikken yn wat lichter trant op syn namme ha moat: ‘De Tankbre Boere Zoon’ (nei it Dútsk) en ‘De reis fen Mayke Jakkelis’ (beide fan 1778) en ‘It Jonge Lieuws Boosk’ (1780), petearen dy't gâns realistysker en boartliker fan opset binne, hoewol't ek hjir de humor gauris noch fan oars-praters komme moat. It grutte ferskeel is lykwols, dat it ‘kromme’ praat no net it Frysk is, mar it Hylper dialekt, en dat de ‘clown’ hjir net in Fryske boer is, mar in heal-Dútsk pratende Joad. Van der Ploeg hat
| |
| |
ek de skriuwer west fan inkelde gearspraken, fan fersen (wêrûnder twa nei it Dútsk) en fan lieten (mei ferfryske wize-oantsjutting), allegear wurk dat er (as breaskriuwer doe) kwyt koe yn in nije en hommelse floed oan almenakken om 1780 hinne. Dat wurk, wolris as ‘populêr’ oantsjut, moat der wakker ynfallen wêze. De skriuwer wie op 't Fryske literêre mêd dan ek de oarspronklikste en bizichste geast fan syn tiid.
Under de bedriuwen wie Everwinus Wassenbergh (1742-1826), yn syn jonge jierren as Evert Abrams skriuwer fan Fryske gelegenheidsfersen, professor wurden yn Frjentsjer. Syn stúdzjes oer Fryske nammen en sprekwurden (1774) en syn kolleezjes oer Gysbert Japix soene de grûn mei tariede en it klimaat mei skeppe foar in fannijs opbloeien fan de Fryske literatuer.
| |
3.9
It hear oersjend, moat men sizze dat de Herfoarming, lyk as yn oare lannen wol, yn Fryslân de folkstaal net op in heger plan heve hat, teminsten net yn it literêre. Mei fanwege ynfloeden om utens wei (Vredeman
Hânskrift fan Durk Lenige, optekene yn syn eksimplaar fan Gysberts ‘Rymlerye’ (FLMD)
Neffens de advertinsje: ‘Dit is ien seldzem Almanak’ (1778), mei wurk fan Feike van der Ploeg
en Starter) koe in artistike sfear ûntstean, dêr't in dichter as Gysbert Japix him yn ûntjaan koe, al sil it altyd wol in fraach bliuwe wat him krekt dreaun hat om, stridich mei de wizânsje fan syn fermidden, foar it Frysk te kiezen.
| |
| |
Fan in streaming as it Klassisisme kin net sein wurde dat it Frysk besef dêrtroch befoardere is. Folle earder wie it tsjindiel it gefal, wat te sjen is oan in klucht as ‘Waatze Gribberts Bruyloft’, wêryn it Frysk oan net al te foarnaam fermeits ûnder de hegerein tsjinstber makke waard.
De ‘Rymlerye’ fan 'e Althuysens is dêrfoaroer in monumint, mear fan symboalyske as literêre wearde. Letter soene, mear noch as Meinerts dat die, Lenige en Van der Ploeg in persoanliker ynbring jaan. Hja setten beide oer nei de frijwat prekerige (mar ek wolris gutige) Dútsker Gellert (1715-1769), mar foegen bûten dy moralisearjende sfear genôch eigens ta, wat Wassenbergh, de wittenskiplike wei lâns, op in ôfstân teoretysk begeliede en fûndearje soe.
Feike Hiddes van der Ploeg moat mear as wa ek as de literêre foargonger sjoen wurde fan dy oare Hidde-jonges (Halbertsma). |
|