| |
| |
| |
2. It Aldfryske tiidrek
(Foar-klassyk)
2.1
It Ijocht fan 'e skiednis falt foar 't earst oer de Friezen en har lân as om it begjin fan ús jiertelling hinne de Ryn de grins is fan it Romeinske Ryk. Hja wenje dan by de kusten fan 'e Noardsee lâns, tichteby de skieding fan lân en weagen, geaën dy't hja ieuwen letter noch bewenje soene, doe't nei de ôftocht fan 'e Romeinen de stoarm fan it folkeferfarren oer en troch har gebiet útwoede wie. Har lân rikt dan, in smelle stripe by de see lâns, fan it Swin yn it suden oant de Wezer yn it noarden. Fynsten út terpen bewize dat hja, al wie de ynfloed fan it machtige Rome net oan har foarbygien, har ek op in beskate eigen kultuer beroppe koene. Dat wie in kultuer dêr't bûten de ambachtlike ek geastlike kanten oan sieten, sa't wy út lettere boarnen dy't ferbân hâlde mei de Angelsaksyske kerstening en de Frankyske oermastering fan dizze oarden yn 'e 7de en 8ste ieu, wiis wurde kinne. Bûten sokke wjerlûden (want mear mei it net hjitte) smyt it foarkristlike tiidrek (oant likernôch 800) oars net op as in mannich oerlevere Fryske nammen en in tal runeynskripsjes. Mei dy lêsten moat de skiednis fan 'e Fryske literatuer sadwaande begjinne.
| |
2.2
Oan rune-ynskripsjes is navenant hiel wat yn Fryslân foar 't ljocht kommen. Runen binne oan Rome ûntliende lettertekens dêr't faken in magyske betsjutting oan takend wurde moat, foaral as hja yn taksishout ritst wiene. De teksten, fariearjend fan sljochtwei persoansnammen oant ôfwarringen of beswarringen binne fûn en mei mear of minder wissichheid ûntsifere op dingen as hierkamen, kaamhâlders, stêfkes, bonkjes, gouden munten, in mêsheft en in wevershoutsje. Bekendst is wol wurden it swurdsje fan Arum (fan likernôch 650), dêr't neffens guon ‘(foar) Eda boadskipper’ op stiet en dat nei alle gedachten as in amulet beskôge wurde moat. Sa moat, hiel tekenjend foar de foarkristlike Fryske situaasje, it houtsje fan Westeremden (‘Branning, bûch foar dit stêfke’) sjoen wurde as in magyske beswarring fan de stoarm. It wurdt datearre op 'e twadde helte fan 'e 8ste ieu. Fierwei âldst is mooglik it lokbientsje fan Winaam, dat mei syn ynskrift ‘Inguz’ (de mytologyske stamfaar fan 'e Ingvaeonen) fan guon op likernôch 200 nei Kristus set wurdt.
| |
2.3
Sa't it Fryske gebiet healwei op 'e rûte lei dy't de runen nimme soene fan Noard-Italië nei Súd-Skandinavië, sa lei it tagelyk op 'e east-west rûte fan in heldedicht as de Angelsaksyske ‘Beowulf’ dat, spyljend yn Denemark, ieuwen letter yn Ingelân optekene wurde soe. It befettet ûnder oaren de delslach fan sêgestoffen dy't ek ûnder Friezen húsriem west hawwe moatte, mar yn gjin inkelde foarm oerlevere binne. Neamd yn dit ferbân kinne wurde it wjerfarren fan 'e Fryske kening Finn Folcwalding en it fjochtsjen en ferstjerren fan 'e Wytsinglieder Hygelac yn Fryske kontreien. Yn de Aldingelske rigels klinke wjerlûden fan Fryske, sa't dy ek te hearren binne yn 'e Aldsaksyske ‘Heliand’. En hat it Midheechdútske ‘Gudrun’-epos op syn reis fan 'e Eastsee nei Beieren en Eastenryk ûnderweis by de Noardsee en de Ryn lâns ek al net Fryske ynfloeden skipe? Wylst de buorfolken teksten trochkrigen, is dêrfoaroer de Friezen allinne de namme fan ien fan har sjongers oerlevere: de bline ‘skop’ Bernlef fan wa't skreaun waard, dat
| |
| |
It houtsje fan Westeremden
er ‘de dieden fan 'e âldfaars en de kampslaggen fan 'e keningen goed by harpeklang tefoaren bringe koe’, ‘net sûnder smaak’, ‘neffens brûkme fan it folk’ en ‘yn 'e taal fan it folk’. Yn in oare boarne wurdt doeld op it bestean yn syn tiid (8ste ieu) fan in Redbadliet. En wy wurde gewaar dat der ‘winna sange’ (folkslieten) west ha en lyksangen (‘dadsisas’), mar ek dat de tsjerklike oerheid op al datsoarte heidenske lieten tsjin west hat. It neist oan wat (nea optekene of weirekke) west hat, soe de ferneamde Aldingelske rymspreuk út 'e Codex Exoniensis wêze kinne, dy't (wolris oansjoen foar in rjochtstreekse oersetting fan in Aldfrysk orizjineel) der mei syn stêfrym tebek-oerset yn 't Nijfrysk sa útsjen kinne soe:
It skip moat spikere, it skyld beklaaid,
it lichte lineboerd. De leafste is wolkom
by it Fryske wiif, as it fartúch oanleit:
syn kogge is kommen en har keardel thús,
har eigen rieder foar 't iten, hja hellet him yn,
wasket syn suterige klean en besoarget him nije,
biedt him oan lân dêr't syn leafde nei langet.
Yn dizze rigels spegelet him in doetiidske Fryske wrâld fan skipfeart en kampslach, fersoargjen oer en wer en leavjen, in wrâld dy't jin noch wat klearder wurdt út in oare tekst: de Lex Frisionum dy't in útfloeisel west hat fan in oarder fan Keizer Karel om 800 hinne om alle net-optekene folksrjocht binnen syn grinzen op te skriuwen (yn it Latyn) en sa fêst te lizzen. It Fryske rjocht, dat út in skier ferline wei fan slachte op slachte mûnling oerdroegen wie, kaam dêrfoar yn 'e beneaming. De teksten wiene, beslipe fan 'c tiid, foar de asega's (wetsizzers) maklik om te ûnthâlden wurden en tagelyk gaadlik om begryplik foar te dragen. De stilistyske merktekens dêrfan, lyk as stêfrymferbiningen en byldzjende taal, binne yn 'e oersetting of bewurking ferlern gien, mar dêr mei foaroer stean dat wy oer it byld fan Fryslân anno 800 wat mear klearrichheid krije kinne. Yn dy snuorje lei it lân, wurde wy wiis, op 'e skied fan twa wrâlden, mei't oan 'e iene kant guon heidenske straffen en brûkmen hanthavene bleauwen en oan 'e oare kant inkelde kristlike begjinsels ynfierd waarden. It boetestelsel wie oant yn ûnderdielen útsplist, sadat bygelyks plak, lingte en djipte fan in tabrochte wûne beskiedend wurden wiene foar de hichte fan 'e boete. Ien en oar docht út bliken dat ûnder sokke algemien jildende ferfiningen foar it aparte, persoanlike, noch net folle plak wie. Namste opfallender is it dat foar ferwûningen oan keunstnershannen by wize fan útsûndering in hegere boete gou. De goudsmid en de linnenweefster (beide wurkjend mei materiaal dat op woltier tsjutte mocht) waarden op sa'n wize yn besûndere beskerming nommen, allyksa de harpspiler (wat ús jitris in weiwurden repertoir yn 't sin bringt). Twa asega's hawwe foar it Fryske part oan 'e (‘Taheakke’ fan)
‘Lex Frisionum’ meiwurke: it
| |
| |
wiene Wlemar en Saxmund. De tredde dy't by namme bekend wurden is, is Widekin. Mei him bedarje wy yn it tiidrek fan 'e Aldfryske hânskriften.
| |
(Klassyk)
2.4
Yn 'e Aldfryske boarnen komt Widekin trije kear foar, hieltyd as ‘earste asega’. Yn wierheid sil de namme wol yn ferbân brocht wurde moatte mei de Saksyske lieder Widukind, deselde dy't yn 782, stipe fan 'e Friezen, Karel de Grutte wjerstie. Oer dy striid fan 'e beide mannen binne yn gâns literatueren sêgen ûntstien. Yn 't Aldfrysk wurdt de namme fan Widekin neamd yn 'e sêge fan 'e trettjin asega's (oer de godlike oarsprong fan it rjocht), dêr't yn nauwe gearhing altyd de sêge fan Karel en Redbad oan foarôfgiet (wat dus yn 'e oarsprong ek bêst ien tusken Karel en Widekin west hawwe kinne soe, sa't alris oppere is). Yn alle gefal krijt dy sêge, mei Widekins namme der yn, in glâns en in sanksje fan echtens. De ynhâld rint yn 'e fierte lyk op mei it ûntstean fan 'e ‘Lex Frisionum’. Ek hjir is sprake fan in oarder fan Keizer Karel om rjocht te kiezen, dêr't yn dit gefal lykwols net oan foldien wurdt, sadat de tolve ‘foarsprekkers’ (fan wa't ien út Widekins slachte is) foar straf yn in stjoerleaze wrakke boat de see op moatte, oant in mysterieuze trettjinde ferskynt, dy't har oan lân bringt, har it lânrjocht leart, om dan wer te ferdwinen: wat ynhâldt dat der trettjin asega's wêze moatte, om't by ûniensens sân de seis oerstimme kinne. ‘Sa is it lânrjocht fan alle Friezen’.
Kristlik lykjend hat dizze sêge (de trettjinde brûkte as roer in haksebile en sloech dêrmei ek in welle) doch in dúdlik heidenske ynslach: oft de trettjinde no ‘God’ wie, of ‘Fosete’, of ‘Thuner’ bliuwt de fraach. De kar soe yn rûge halen ferlein wurde nei ien tusken Angelsaksyske sindelingen en heidenske Noarmannen (de ‘northliude’ út 'e ‘grimma herna’), om fierder taspitst te wurden op ien tusken hearrigens út it noarden en frijdom út it suden. En stridich mei de wierheid soe de namme fan Karel (lyk as dy fan Widekin niis yn 't lyts) wat langer wat mear it grutte symboal fan dy frijdom wurde en in aloan glânzgjender aureoal krije as skinker fan it rjocht.
De gloarje fan de eigen tradysje sjit dan tekoart.
| |
2.5
Mei tsjin sa'n eftergrûn moatte de rjochtsteksten skôge wurde, dy't fierwei it grutste part útmeitsje fan wat wy oan Aldfrysk oerkrigen hawwe. Folle djipper as it foarkristlike hat in foar-literêre dichterlikens dêr syn spoaren yn neilitten. De rigels wolle faak leaver foardroegen as lêzen wurde. Ryk oan klank en skildering kin de taal wêze, dêr't stêfrym, parallellisme, en in besûndere byldspraak in grutte rol yn spylje, lyk as ek in bylding, dy't in soad weihat fan 'e Aldnoarske ‘kenning’. Dêr't mei ‘it griene erfskip’ it lân bedoeld wurdt, dêr't de seedyk as ‘in goudene hoepe’ omhinne leit, dêr liket de sizzingskrêft fan 'e taal gearstreamd te wêzen yn 'e folgjende (oersette) rigels:
...as it bern stôkneaken is of hûsleas, en dan de tsjustere nevel-nacht en de ynkâlde winter komt, dan giet alleman yn syn hôf en yn syn hûs en yn 'e waarme harne, en it neakene wylde dier siket it lij fan 'e berch en de holle beam, dêr't it it libben behâldt. Dan weint en gûlt it ûnjierrige bern, en beskriemt dan syn neakene lea en syn hûsleazens, en syn heit, dy't him helpe moast tsjin de honger en de kâlde nevel-winter, dat hy sa djip en sa donker mei de fjouwer spikers
| |
| |
ûnder ikenhout leit en ûnder ierde beslein en besletten, dan mei de mem it erfdiel fan it bern ferpânje en ferkeapje, om't hja soargje en noedstean moat, salang 't it ûnjierrich is, dat it oan froast nòch oan honger ferstjerre...
Dit is de tredde ‘need’ fan it twadde lânrjocht, dat yn ûnderskate lêzingen oerlevere is. Dizze komt oerien mei de saneamde J-tekst. Oare fersys fan dat lânrjocht wurde mei H1 en 2, E1, R1, Dr. en U beneamd, mei hokker letters de ferskillende hânskriften oantsjut wurde.
| |
2.6
Mei't út 'e ‘Lex Frisionum’ blykt, dat de Lauwers in wichtige grins west hat, wurde de Aldfryske hânskriften geografysk meast yndield yn Easterlauwerske en Wester-lauwerske, wat (yn dizze folchoarder) taalkundich sjoen lykwols earder gronologyske as dialektyske ferskelen oantsjut.
De Easterlauwerske binne:
a) | de beide Riustringer hânskriften, wêrfan't R1 mei fan 't âldste en rykste klassyk-literêre Frysk befettet (ein 13de ieu), en dêr't R2 (allinne yn ôfskrift bewarre) weardefolle oanfollingen op jout; |
b) | de beide Brokmer hânskriften, wêrfan't B1 fan dat sompich kolonisaasjegebiet klear midsieusk rjocht jout (ein 13de ieu), en B2 in neffens itselde foarbyld fan kleasterling Osbrond oerskreaune kopy is (fan 1345); |
c) | de trije Iemsgoaer hânskriften: E1 mei in ynhâld dy't diels ieuwen âlder is as de datum fan optekening (ca. 1400); E2 (2de helte 15de ieu) en E3 (ca. 1450) jouwe foar in part oanfollingen op E1; |
d) | in fjirde Iemsgoaer boarne, dat in Aldfryske oersetting is fan de Processus Judicii (fuortgong fan it geastlik rjocht) en allinne yn ôfskrift bewarre is neffens in weiwurden foarbyld út 1457; |
e) | it Fivelgoaer hânskrift (F), dat in samling befettet mei û.o. in nearne oars oerlevere âld Asega-rjocht (tusken 1427 en 1450); |
f) | twa Hunsingoaer hânskriften (H1 en H2), dat sammelbannen mei gâns ferskaat binne en (skreaun nei 't selde foarbyld) by ûngelikense folchoarder deselde ynhâld hawwe (resp. ca. 1300 en ein 13de ieu); |
g) | en in tredde Hunsingoaer boarne (Srj), dat it Seendrjocht fan Usquert befettet yn al syn ferskaat (1393). |
Fan Westerlauwerske oarsprong binne:
a) | it Freeske Landriucht, of de Alde Druk (Dr.): mei syn grut ynhâldlik ferskaat yn printe foarm like weardefol as in hânskrift; der binne njoggen eksimplaren bewarre bleaun fan dit nei alle gedachten earste Fryske boek, dat nei alle wierskyn yn in fratershûs te Berltsum printe is (om 1480 hinne); |
b) | it Jus Municipale Frisonum (J): giet tebek op in weiwurden hânskrift út 1464 en is mei syn ryk ferskaat ien fan 'e alderwichtichste boarnen (om 1530 hinne ûntstien); |
c) | de Codex Unia (U): in fan Zijds Unia yn 1475 gearbrochte en spitigernôch weiwurden samling, dy't allinne yn ôfskriften bewarre bleaun is (ca. 1650); |
d) | in hânskrift Aysma (A): sa neamd om't in Sybout van Aysma in kearmannich as eigner neamd wurdt; it befettet neist in bûnt ferskaat as lêste stik de legindaryske ‘Gesta Fresonum’ (ca. 1500); |
e) | it hânskrift Roorda (Ro): neamd nei in eardere eigner, C. van Roorda (fan ca. 1480); |
f) | de Codex Parisiensis (P): mar foar in lyts part fan belang foar 't Frysk (ûntstien ca. 1500); |
| |
| |
De sân oerkerren
| |
| |
g) | de Codex Furmerius (Fs): befettet kopyen dy't skiedskriuwer Bernard Furmerius (1542-1616) út ûnderskate hânskriften makke hat, wêrûnder oars ûnbekende stikken (ca. 1600); |
h) | de Bazeler Teksten (Baz.): 3 houlikstaspraken foar 't grutste part skreaun fan Bernhardus fan Reduzum yn Hildesheim (1445); |
i) | Thet Freske Riim (F.R.): in let Aldfrysk dichtwurk mei in legindaryske ynhâld, oerlevere yn 't ôfskrift fan skiedskriuwer Gabbema (nei in foarbyld út ein 15de ieu); |
j) | en de Snitser Recesboeken (Sn. Rec.), dy't de byholden rjochtssaken befetsje fan 1490-1517. |
| |
2.7
Wat neffens ynhâld guon fan dizze boarnen mien hawwe (mei de niis oanhelle tredde ‘need’ wie dat it gefal) kin út opmakke wurde, dat der wetten west hawwe dy't krêft hiene yn 't hiele gebiet fan Fly oant Wezer, neist guon dy't allinne in gewestlik foech hiene. Foarbylden fan de earste binne bygelyks de publyk-rjochtlik fundearre 17 Kêsten en de nei alle gedachten mei dêroan ûntliende 24 Lânrjochten, dy't har út in streeksgewize privaatrjochtlik ferskaat nei in ridlike ienheid ûntjûn hawwe moatte. In tsjinstelde beweging hâlde de wetten ús ek in spegel fan foar, as (ienris symbolisearre yn it Opstalsbeam-Bûn fan 'e Sân Fryske Seelannen mei de VII Oerkerren as grûnwet) in globale ienheid útinoar begjint te fallen yn op it lêst alderhanne soarten rjochtsboekjes foar gritenijen of goaën apart. De Wilkerren fan 'e Sânwâlden (Fs) binne dêr in - troch har unike rymfoarm singulier - foarbyld fan. Oare ûntjouwingen spylje dêr trochhinne, sawol rjochtlike as bestjoerlike, en de gruttere ‘wrâldwizens’ (Friezen swarmen ek út nei útlânske universiteiten) iepene de eagen foar it gâns systematysker Romeinske en Kanonike rjocht. De rjochtstaal soe ûnder ynfloed dêrfan op 'en doer droeger en saakliker wurde, dêr't it ferlet fan 'e dream fan frijdom en Fryskens blykber allinne mar grutter en djipper by wurde koe. Oars binne it frijwat fantastyske Freske Riim en in fan selsferhearliking net frij te pleitsjen kronyk as de Gesta Fresonum (A en Fs) suver net te ferklearjen.
Under de bedriuwen hiene ek al oare net-fuort-rjochtlike stikken tusken de wetten struid lein, lyk as sêgen (bûten de al neamde), psalm-fragminten, riedlingen, kaaien ta wiisheid, de tsien geboaden, de fyftjin tekens foar Doemsdei en oare ‘tekens’ en ‘deugden’ en ‘dingen dy't God hatet’, mear taalkundich as literêr fan belang.
| |
(Nei-klassyk)
2.8
Doe't om 1400 hinne it frjemde rjocht syn ynfloed jilde liet, wat ek net sûnder gefolgen bleau foar wurdskat en stavering, doe lei dêrearne in tipelsinnige begrinzing, soms dwers troch hânskriftesamlingen hinne (benammen Westerlauwerske), dêr't men op grûn fan taal en styl ‘klassyk’ en ‘nei-klassyk’ mei ûnderskiede kinne soe. Ta it lêste kinne yn alle gefal fierwei it grutste part fan 'e Aldfryske oarkonden rekkene wurde, dy't by hûnderten yn binnen- en bûtenlânske argiven en biblioteken ûntdutsen binne. Hja beslagge oant no ta mei ryklik 1260 nûmers in tiidrek fan mear as trije ieuwen. Nei in skruten begjin (de earste trije wiene fan 1242, 1276 en 1323, dêr't de hiele 14de ieu net mear as 9 oan tafoegje koe), waard mei evenredich waaksende tallen it hichtepunt berikt tusken 1480 en 1500. Yn 'e 16de ieu soe it tal wer hurd ôfsakje. De lêste soe fan 1573 wêze.
| |
| |
Wylst de earsten mei it Latyn as ‘fijân’ te krijen hiene, krigen de lêsten it hieltyd swierder te ferduorjen fan in Dútskeftich Nederlânsk. It argumint by de earsten (de folkstaal wie makliker te begripen en makke de kâns op betizing folle lytser) koe by de lêsten net mear jilde. Sa yllustrearje dizze somtiden min-skreaune offisjeel-eftige losse stikken, dy't oer de meast útienrinnende saaklike trânsaksjes gean koene, hoe't it Frysk in status fan offisjelens winne soe en wer kwytreitsje.
Dat is ek op te meitsjen út 'e brieven fan dy tiid, in sjenre dat him net altyd like maklik fan 'e oarkonden ôfsûnderje lit. As men it taalgebrûk (útskaaiend nei de omgongstaal) en de oansprekfoarm (twadde persoan inkel- of meartal) as helpmiddels ta ûnderskieding tapast, dan binne der oant distyd ta sa'n 118 te finen, foar 't grutste part ek wer tusken 1480 en 1500. Wylst de hichtepunten fan oarkonde en brief sadwaande krekt gearfalle, kin dêr as sprekkende besûnderheid noch by opmurken wurde, dat ynhâldlik sjoen tusken 1525 en 1585 it ‘publike’ brief tige dúdlik wike moat foar it ‘private sjenre’, it famyljebrief. Nijsgjirrich is it, dat, tekenjend foar dy tiid, dêr inkelde staaltsjes fan diplomatike geheimtaal ûnder skûlje. (Yn Latynske brieven, 1566, fan Joachim Hopper, doe yn Madrid, rjochte oan Wigle fen Aytta steane bygelyks tsjustere meidielingen yn 'e memmetaal).
It wie dan ek in ûnrêstige wrâld, sa't dy yn brieven en oarkonden besletten leit: in Fryslân, beset fan betizing, fijânskip en kreauwerij, dêr't foar it gefoelige langer amper plak wie. Njonkenlytsen soe oan 'e guozzefear ek net in Frysk wurd mear ûntfloeie.
| |
2.9
It hear oersjend, soe men de Aldfryske literatuer yn gearfetting beneame kinne as in samling fan yn haadsaak funksjonele skriften yn 'e folkstaal, dy't, nei't hja âlder binne en tichter by it godstsjinstige en it mûnlinge foarstadium steane, it dichterlikst hjitte meie en dêr de magyske krêft fan wurd en symboal op syn sterkst útkomme litte.
De teksten sprekke fan in tebroazeljende ienheid (dêr't de ‘Wilkerren’ fan de Opstalsbeam yn 1323 om 'e nocht noch in fûst tsjin meitsje), fan in útinoar fallen yn dielen, dêr't de geografyske lizzing en de eigen ynstelling net alhiel frjemd oan west hawwe sille. En de ‘frijdom’ waard fûlst beliden, nei't rjocht en sprake rêder ûntfrysken. By einsluten soe dat yn 1498 op it kwytreitsjen fan dyselde frijdom útdraaie. Under it Nederdútsk tsjinne him in nije tiid oan. Sûnder euvelmoed, liket it, betsjinne de Fryske boer Rienck Hemmema him yn syn ‘rekenboeck off Memoriael’ (1569-1573) fan it Nederlânsk (al wiksele hy dat noch mei wat Frysk en Latyn ôf).
It tekene de situaasje: alles wiisde der op, dat it mei it skreaune Frysk gau op 'e non rinne soe. |
|