| |
| |
| |
1. Ynlieding
1.1
Elk folk hat syn keunstners, syn minsken dy't op grûn fan besûndere oanlis en jeften wat dwaan kinne of meitsje, dat oaren har samar net neidogge. It binne de persoanen dy't, bejeftige mei seldsume talinten, út 'e oandrang fan har emoasjes of gedachten wei, wat ‘byldzje’ kinne. It soarte ‘ferbylding’ hinget dêrby ôf fan it materiaal dat brûkt wurdt. Dêrop werom te bringen is dan ek it ûnderskie tusken dûns en muzyk, tusken pottebakken en foardragen, tusken einprodukten as letterlapen en literatuer. Fan gefal ta gefal is it brûkte materiaal oarsoartich. Binne it by de muzyk bygelyks de klanken, by de literatuer binne it de wurden, dêr't mei wurke wurde moat.
| |
1.2
De oarsprong fan it wurd, fan taal, is like dizich as de einichste boarne fan it libben. Mear prakkesearjenderwize as wittenskiplik redenearjend soe men jin it oanbegjin fan alle wurd foarstelle kinne as in antwurd, it antwurd dat de ûntfanklike oerminske op in stuit jaan soe oan it ding dat him ynienen boeide, him ynienen wat ‘sei’, him ‘oanspriek’. In soarte fan skreau soe dat antwurd west hawwe kinne. En doe't ienkear dyselde gjalp de oantsjuttende namme fan it ding wurden wie, soe dêr as ferrassende ûntdekking oan fêstsitte, dat net allinne it ding by him de namme oprôp, mar dat yn tsjinstelde rjochting de namme him ek in foarstelling fan it ding joech. Dat like suver wol tsjoenen. It wurd hie dus in magyske krêft: it wurd hie it ding yn 'e macht, koe it ding nei beleaven oproppe. Op 'en doer soe út mannichten losse wurden (allegear oermasteringen fan dingen) de taal ûntstean, dy't it mooglik meitsje soe om op in distânsje ek oer de dingen te praten. De wurden rôpen bylden fan de dingen as herkenningen op. In stapke fierder koene wurden de dingen ek ferfange. Dat wie wol sa maklik. Sa ûntstie neist de echte werklikheid in werklikheid fan herkenningen, neist de konkrete in abstrakte. En dy abstrakte wrâld hie de minske altiten en rûnom by him, koed er ynrjochtsje sa't er woe, om't er him foarstelle koe wat er woe. De wiere werklikheid koed er deryn iepenbierje, mar der likegoed yn ferdiizje of feroarje. Hy koe fertelle wat bard wie, mar likegoed wat nei syn eigen gedachten barre kind hie of barre kinne soe. Dêr lei de oarsprong fan de mûnlinge fertelkeunst, it foarstadium fan literatuer.
| |
1.3
Literatuer (it leit ek al yn it wurd besletten) koe earst fan praat wurde, nei't útfûn wie dat taal yn tekens (letters) werjûn en fêstlein wurde koe. Neist it harkjen nei it mûnlinge soe sadwaande as twadde byldopropper it lêzen fan it skriftlike komme te stean. It opkommen fan it lêste soe net fuort it ferdwinen fan it âldste betsjutte. De stap fan it iene nei it oare soe yn rûge halen sawat oerienkomme mei de oergong dy't it minskdom troch de tiden meimeitsje soe fan in primityf mienskipslibben nei in mear beslipe persoanlik bestean.
De mûnlinge utering hie út soarte as eigenskip dat hja nammeleas wie en in meast algemiene, ûnpersoanlike ynslach hie. Nije dingen waarden der suver net oan tafoege: der wie gjin romte foar oarspronklikens, likemin as foar in útsprutsen moraal. Wat har fersprieding oangie wie hja oan swetten bûn. Sa libbe hja yn 'e foarm fan in ballade, in mearke, in sêge, in leginde of in ferhaal ûnder de minsken, reizge fan mûle ta mûle, fan generaasje nei generaasje, en
| |
| |
feralgemiene hieltyd mear, skjirre hieltyd glêder. Oanpasber en beweechlik fan wêzen like hja altyd-feroarjend oan in kollektive smaak te foldwaan.
Rjochtoarsom soe it yn de skriftlike utering benammen om in persoanlike en folle fynder hifkjende smaak gean. It ûntstean fan 'e skriuwtechnyk betsjutte mei-ien de opkomst fan it yndividualisme. Beide dingen foelen gear: de iene betsjutte it oare. En dat yndividualisme hold wer in oanwaaksende spesjalisaasje yn, dêr't romte foar oarspronklikens by frij kaam. It yndividu koe rêder tinke as de groep en rekke der stadichoan losser fan. Hy koe ek logysker tinke, wat ynhie dat er wat langer wat mear in kritysk taskôger waard en yn 't ferlingde dêrfan in stapper foar de groep út, in paadwizer, in moander. Hy koe dêrby ek wat letter wat mear fuortbouwe op in tradysje fan skreaune (en nei ferrin fan tiid printe) teksten, dy't mei in wide fersprieding witwêrwei komme koene. Lêzend koed er syn libben ferrykje en wizer wurde.
Om't hja allinne de tradysje fan 't ûnthâld hie, wie de mûnlinge utering op 'en doer lang net opwoeksen tsjin it superieure tinken en it skerpe formulearjen fan it skriftlike. Dat lêste wie de grutte fijân en ferdylger fan it âldste, mar soe der likegoed net maklik frij fan reitsje. Ieuwen letter, doe't de tiden der ryp foar wiene, soene noch balladen en mearkes en ferhalen út 'e folksmûle optekene wurde en as printe teksten har fernijde ynfloed wer hawwe kinne. Dat koe barre as in mienskipsfielen de ferbylding fan ûntwikkele, yndividuele minsken ynienen yn 'e besnijing krige. Sokke tiden wie der samar in djip begripen en in wier wurdearjen fan dat ûnpersoanlike. Wy sjogge dat benammen foar en nei de Frânske revolúsje (doe't in fielen fan ‘bruorskip’ yn 'e loft hong) en yn 'e Romantyk (mei syn sin foar it âlde en primitive).
Yn Ingelân soe de samling folksballaden fan Percy (1765) as ‘smaak-fernijer’ de wichtichste bondel út 'e hiele ieu neamd wurde. Yn Dútslân ferskynden de folksmearkes fan 'e bruorren Grimm (1812-1822), en yn ús Fryslân soe it Dam Jaarsma en dr. Y. Poortinga yn ús tiid noch slagje gâns ferhalen út 'e folksmûle op te nimmen. Hoe taai it efter de skermen ek trochbloeie kind hat, it mûnlinge hat no syn langste tiid hân, meie wy oannimme. Mar de ynfloed derfan kin him hieltyd fannijs jilde litte. Alle kearen dat in grut ideaal ta groepsfoarming liedt, soe dat wer yn de iene of oare foarm barre kinne. Wat dat oangiet is yn Fryslân de stap fan ballade-oersetter Salverda (1783-1836) nei de ‘folkgroep’ Irolt, dy't om 1980 hinne nijmakke-âld song, net bare grut.
| |
1.4
Mear as mei ‘letters’ hat literatuer fansels te krijen mei de persoan dy't yn earste ynstânsje dy letters op in rychje set: de skriuwer. Hy is de keunstner fan it wurd, dy't it jûn is de taal sa te brûken dat de wurden troch har klank of troch har skikking mear begjinne te sizzen as dat hja sljochtweihinne dogge. Hy bespilet de taal op sa'n wize as stream fan lûden dat it wurd, boppe syn deistich-gongbere betsjutting út, de ynderlike ûnderfining dy't de skriuwer der yn lizze wol, drage kin en oerbringe. Sa kin er mei help fan 'e âlde toverkant fan it wurd oare minsken mei klam op in stikje werklikheid wize, op in oarder efter en yn 'e dingen, dy't op 't earste each samar net sichtber is. Faak binne syn uteringen bûn oan plak en tiid, mar yn guon gefallen kin de persoanlikheid fan 'e skriuwer sokke begrinzingen trochbrekke en der wat algemien bliuwends en weardefols oan jaan.
| |
1.5
Wat wy tsjin dizze eftergrûn ûnder Fryske literatuer begripe moatte, kin oars net wêze
| |
| |
as dy samling fan dokuminten dy't de muoite fan it bewarjen en hieltyd op en nij lêzen en ferstean wurdich is en dêr't de Fryske taal it materiaal foar levere hat. It binne mei oare wurden dy teksten yn it Frysk dy't om hokfoar fertsjinste fan bliuwend belang binne, in rige teksten dêr't sadwaande yn begjinsel ek de algemien literêre mjitstêven op ta te passen binne, en dêr't wetten fan ûntjouwing en (foarm)feroaring yn te ûntdekken wêze sille: fan groei en bloei, fan neibloei en nije groei, spegel fan tinzen dy't foarmen sykje, fine en fersmite, om yn oare foarm wer in nije harmonij te bestribjen.
| |
1.6
Op grûn fan mienskiplike ûntjouwingen litte de talen fan noardwestlik Europa har ferdiele yn in east-, noard- en westgermaanske groep. Dy westgermaanske groep lit him ûnderferdiele yn lântalen (Dútsk en Nederlânsk) en seetalen (Ingelsk en Frysk), sadat it Frysk him neier omskriuwe lit as in westgermaanske seetaal (ek wol ‘ingvaeoansk’ neamd), meast besibbe oan it Ingelsk.
Op syn bar lit it Frysk him wer ûnderferdiele yn:
- | Noardfrysk (tongslaggen oan 'e Súd-Sleeswykske westkust, op 'e halligen en yn 'e ‘harde's’ dêre, en op 'e eilânen der foar en op Helgolân), |
- | Eastfrysk (earder yn it kustgebiet tusken Lauwers en Wezer, no belune ta Sealterlân, yn ‘Land Oldenburg’), |
- | Westfrysk (tusken Lauwers, Linde en Fly yn 'e tsjintwurdige Nederlânske provinsje Fryslân). |
In algemien gebrûklik wurden histoaryske yndieling is dy yn:
- | Aldfrysk (Easter- en Westerlauwersk, oant likernôch 1550), |
- | Midfrysk (dêrnei oant likernôch 1800), |
- | Nijfrysk (sûnt likernôch 1800). |
It Aldfrysk (niis mear geografysk as dialektysk yndield) soe dêrby op taalkundige grûnen ek in yndieling ferneare kinne yn:
- | foar-klassyk (oant 1100), |
- | klassyk (ier en let, 1100-1400) en |
- | nei-klassyk (1400-1550). |
Under de bedriuwen is yn ús gefal foar it begryp ‘Frysk’ in neiere ôffreding nedich: it sil, mei ynsluten fan it Easterlauwersk (dat nei 1500 suver neat mear opsmiten hat) allinne ús Westerlauwersk betsjutte (wat ynhâldt dat it Noardfrysk tefolle in ferhaal apart foarmet om yn dit bestek falle te kinnen).
| |
1.7
Doe't oppere waard dat op de Fryske literatuer algemien-literêre mjitstêven tapast wurde koene, binne dêr net sûnder reden de wurden ‘yn begjinsel’ oan tafoege. Hoewol't dat likegoed betsjutte kin dat men mei minder net tefreden hoecht te wêzen, soe oan in strange tapassing fan sokke noarmen dochs ek gauris ôftinge wurde kinne. Dat sit him yn op harsels fersêftsjende omstannichheden, dy't foaral ferbân hâlde mei it plak en de ûntjouwing fan it Frysk troch de ieuwen hinne.
Om te begjinnen is it Frysk de taal fan in minmachtich folk. Dêr kin fuort oan taheakke wurde, dat - as it alris de bestjoerstaal wie - it dat suver nea allinne west hat (faaks in set yn 'e lette midsieuwen). Moast it earst it machtige Latyn neist him ferneare, doe't dat (yn dy lette midsieuwen) yn 't neigean rekke, kaam it Nederdútsk dêr allinken as nije en al gau sterkere wjergea foar yn 't plak. Sa hat it Frysk altyd mear folkstaal (boersk) west as lânstaal, libbe it folle mear mûnling as skriftlik, en as it alris yn teksten kristallisearre, dan barde dat nettsjinsteande dy oare taal en moast it yn 't skaad fan dy oare waakse.
Dat hat troch de ieuwen in spoar fan
| |
| |
ûnfolweardichheid neilitten: in skriuwtradysje dy't mar min har ‘ferhevener’ foarmen fine koe; hânskriften dy't it mar nea ta publikaasje bringe koene; ferspraat wurk dat nea sammele waard; oersettingen dy't net makke waarden om't it yn 't Hollânsk al bestie of 't oarspronklike Hollânsk wie; in lang-duorjende wanferhâlding tusken de smiten koarte en de inkelde lange teksten, soks likegoed mei oarspronklik as mei oerset wurk. En al meie tsjintwurdich stipendia en subsydzjes, literêre prizen en reis- en stúdzjebeurzen de mooglikheden fan publikaasje gâns ferromme hawwe, de skea fan 't ferline sil (wêr't dat noch kin) net iens sa maklik yn te heljen wêze.
Sa sil wat iepentearde yn 'e ûnderwâl altyd mei begryp lêzen en hifke wurde moatte. |
|