By de twadde printinge
De earste printinge rekke útferkocht. Nei 17 jier wie in ûnferoare werprintinge net ferantwurde. It die bliken dat it net helber wie de besteande teksten oan te foljen. Dêrfandinne dat foar de foarm fan in ‘taheakke’, in tafoege haadstik, keazen is. Yn de âlde tekst waarden de flaters ferbettere en binne fierder noch lytse oanfollingen fan feitlike aard oanbrocht.
It wurk dat ferskynd is tusken 1977, it jier fan it sluten fan Dykstra syn kopij, en 1994 is behannele yn de taheakke. Ferdwûn út de tekst fan de earste printinge fan de haadtekst binne de foarriedige oantsjuttingen fan it wurk fan Hylkje Goïnga, Pier Boorsma, Joop Boomsma, Bartle Laverman, Piter Boersma, Jaep de Jong en Tsjêbbe Hettinga. Skriuwers dy't sawol foar as nei 1977 in wichtige produksje hân hawwe, wurde sawol yn de haadtekst as yn de taheakke behannele. Fierder moat neamd wurde dat de list mei literatuer ta fierdere stúdzje no in wiidweidich oersjoch omfiemet.
Wy hoopje dat dit wurk bydrage mei oan de belangstelling foar en it begryp en it geniet fan de besprutsen wurken.
maart 1996
De Bontebok, Klaes Dykstra
Rolbrêge, Bouke Oldenhof