Wurd foarôf
Yn 1957 ferskynde de twadde, útwreide printinge fan Jan Tjittes Piebenga syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse, in útjefte dêr't hy doedestiids mei rjocht en reden de Wassenberghmedalje foar takend krigen hat. It boek wie mei oerjefte en meinimmend skreaun, joech de bliken fan in ferbjusterjende belêzenheid en mocht yn it doalhôf fan 'e Fryske skriften sa de betroubere paadwizer hjitte dêr't lange tiden sa'n djip ferlet fan west hie.
Beswieren waarden lykwols ek daliks oanfierd. Guon mienden, it boek soe folle mear de literêre ‘bodders’ beljochtsje as har wurk. Oaren wiisden derop, dat dizze skiednis by 't útkommen eins fuort al ferâldere wie, om't de jongste literatuer der net in earlik en folweardich plak yn taskikt krigen hie. Wer oaren koene oantsjutte, dat it wurk op 't stik fan 'e feiten ek wolris net hielendal lyk rûn, of dat de yndieling hjir en dêr wol oars en better kind hie.
Underwilens soe him yn Fryslân nei de oarloch in literêr stoarmeftige fearnsieu trochsette, jierren dêr't navenant op syn minst likefolle yn feroarje soe as oars suver yn ieuwen: Fryslân, altiten wend oan in betreklike lijte, soe - wat skruten earst noch - yn 'e sigen fan wrâldomfiemjende streamingen komme te stean.
No't Jan Piebenga syn Koarte Skiednis - troch dizze yngripende ûntjouwingen dochs al hieltyd slimmer en rêder ferâlderjend - sûnt lange tiden net mear te besetten is, moast dêr op de iene of oare wize yn foarsjoen wurde, moast der in nij oersjoch komme, waard ornearre, dat, leafst yn beheinder bestek, likegoed oant de dei fan hjoed ta folslein wêze moast. It resultaat, dat de lêzer hjirby sadwaande ûnder eagen krijt, hat mei de Koarte Skiednis mien, dat it benammen foar gebrûk yn skoalle en hûs bedoeld is. Fierders soe it it bêste wêze om alhiel gjin ferbân te sykjen, al sil it de ‘fynpriuwers’ net ûntkomme, dat wat hjir bean wurdt sûnder dy ‘Skiednis’ op plakken oars west hawwe soe. Like tankber koe altemets ek teseil gien wurde op lettere stúdzjes en besprekken. It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum komt lykwols, wat it yllustrative part oangiet, in besûnder wurd fan tank ta.
It mei wier wêze, dat yn Fryslân noch nea sa folle Frysk skreaun is, oer dat skreaune wurdt ek hieltyd mear skreaun, yngeander en folwoeksener as west hat: de Fryske literatuer is sa te sjen hurd op wei om (op syn Frysk) literatuer te wurden. Dizze ‘gearfetting’ hopet dêr in byld fan te jaan.
Drachten, 1976
Klaes Dykstra