| |
| |
| |
6. Taheakke: De resinte Fryske literatuer (1977-1994)
6.1. Ynlieding
Sûnt 1977, it jier fan it sluten fan Dykstra syn kopij, binne der in hûndertmannich Frysktalige útjeften mei mear of minder literêre pretinsje ferskynd. De literêre krityk en wittenskip steane foar de opjefte om dy te skôgjen en te analysearjen, om ferskowingen en fernijingen yn foarm en ynhâld oan te wizen en om dy yn ferbân te bringen mei algemienere ferskynsels.
Fan de eigentiidske Fryske literatuer is mar oant in hichte no al in skiednis te skriuwen.
Yn it foarste plak is dêr de ôfstân ta it resinte wurk te lyts foar. In skiedskriuwer is altyd bûn oan syn eigen tiid. Der sil noch in moai skoft oerhinne gean, ear't der praat wurde kin fan in beskate kanonfoarming.
Yn it twadde plak is de gearhing yn it beheinde materiaal net altyd like grut. Sa hinget de ‘ûntjouwing’ fan de Fryske roman ôf fan de betreklik tafallige produksje fan in lyts tal proazaskriuwers: dy losse feiten binne slim te ferbinen ta in gearhingjende skiednis. Boppedat is lang net elke yndividuele skriuwer folslein slutend yn ien fan de wenstige moderne kategoryen ûnder te bringen. Mei dy relativearring wurde de Fryske skriuwers en harren wurk hjirnei systematysk behannele, wurdt besocht om ûntjouwingen te sinjalearjen en dy yn ferbân te bringen mei maatskiplike feroaringen.
De literatuerskiednis is yn dit oersjoch benammen it ferhaal fan it oeuvre fan skriuwers en fan de resepsje dêrfan: fan de konstante skaaimerken fan har wurk en har ûntjouwing yn foarm en tematyk, fan har produksje en literêre hichtepunten. Dat jout de lêzer de mooglikheid it te bestudearjen literêre wurk globaal te pleatsen yn it oeuvre fan de skriuwer, en dêrnei de skriuwersyn plak te jaan yn it folsleine fjild fan de Fryske literatuer. Yn de karakterisearring fan it wurk kin de lêzer in yngong fine foar syn eigen ynterpretaasje of wurdearring.
Om foar stúdzjedoelen brûkber te wêzen wurde yn dizze taheakke fansels proaza en poëzij behannele, mar ek jongereinboeken en wichtich toanielwurk foar safier't dat maklik te besetten is.
De taheakke begjint mei in besykjen in ûntjouwing yn grutte linen te sketsen. It giet dan om de ynfloed fan maatskiplike ferskowingen op de Fryske literatuer. Dan folget der in beskriuwing fan it literêre bedriuw. Dêrnei wurde de ôfsûnderlike skriuwers behannele.
It jier 1977 is net in brek yn de Fryske literatuer. Om dat jier hinne, faaks wat earder, is wol de trochbraak fan nije skriuwers fan it tydskrift ‘Hjir’ oan te wizen, mar it literêre lânskip wurdt fierder bepaald troch de bewende nammen dy't Dykstra ek al neamt. Foar de gearhing yn de beskriuwing fan de skriuwers hie der wat foar te sizzen west en wreidzje de skôgingen fan Dykstra út, mar fanwegen it ferskil yn fyzje en styl, en om in folsleiner byld sketse te kinnen fan it tiidrek nei 1977 wurdt it lettere wurk fan dizze skriuwers yn de taheakke apart behannele. Yn dit haadstik is alle wurk oant en mei 1994 meinommen. Faaks dat nochris bliken dwaan sil dat it jier 1994 as in brekpunt yn de skiednis fan de Fryske literatuer sjoen wurde moat: begjin 1995 ferskynde de lêste jefte fan it tydskrift dat as lêste kultureel blêd in agraryske namme droech: ‘De Strikel’.
Yn de kategorisearring fan de skriuwers is útgien fan de literêre fermiddens. Guon âldere skriuwers hawwe noch wichtich nij wurk oan har oeuvre tafoege, mar kinne net beskôge wurde as hearrend by in beskaat
| |
| |
literêr fermidden. Wadman, Tamminga, Fan der Fear, Mulder en guon oaren wurde dêrom apart behannele. It twadde skift binne de skriuwers dy't yn ferbân brocht wurde kinne mei ‘De Strikel’ en de útjouwerij Friese Pers Boekerij, lykas Goïnga, Wytsma, Van der Velde, Van der Ploeg. Foar beide skiften skriuwers liket de technyske behearsking fan it skriuwen it wichtichste kwaliteitskritearium: in linige ferteltrant, in byldzjende beskriuwing, in muzikale of heldere taal, in ferantwurde opbou. Oare skriuwers steane kritysk foar de besteande maatskiplike en literêre koades oer; sy meitsje it fermidden út dêr't ‘Trotwaer’ yn funksjonearret: Riemersma, De Haan, Abma. Om 1975 sammelen wer jongere skriuwers har om ‘Hjir’ hinne, in beskate romantyk is de measten fan dy skriuwers net frjemd. De wichtichste nammen binne Boersma, Krol, Smink, Hettinga.
| |
Maatskiplike ynfloeden
Yn de santiger en tachtiger jierren wurkje de maatskiplike feroaringen dy't om 1968 hinne ynsetten, troch. It non-konformisme fan de jierren '60 ûntwikkelet him ta yndividualisearring; de maatskiplike belutsenens wurdt útboud yn fredes- en miljeubeweging en de útwurking fan Marxistysk kleure tinken; de Dolle Mina's blike de oansetters fan de twadde feministyske weach. Dy maatskiplike feroaringen hawwe de literatuer yn tematyk en fertelstruktuer beynfloede.
Wichtige ekonomyske ûntjouwingen hawwe laat ta in aksintferskowing yn de populêre literatuer: fan streekroman nei detektive en reisferhaal.
De fersterking fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis blykt de oanset ta in wichtige berne- en jongereinliteratuer te wêzen. De troch de polityk bewrotten profesjonalisearring fan Tryater is in ympuls foar de kwaliteit fan it dramatyske sjenre.
| |
Yndividualisearring
De yndividualisearring dy't yn de Westeuropeeske maatskippij en keunst oan te wizen is, is ek yn de Fryske literatuer te fernimmen. De moderne literatuer wurdt hieltyd mear in ik-literatuer.
Skriuwers dichtsje en skriuwe net mear foar en út namme fan it ‘folk’. Se ferwurdzje har yndividueel stânpunt yn har eigen persoanlike foarm. Skriuwers út ‘De Tsjerne’-generaasje skreauwen mei fanwegen in ferantwurdlikheid dy't se foar it ‘Fryske folk’ oer fielden mei syn eigen taal en kultuer. Fan dy ferbûnens is by de hjoeddeiske skriuwers minder te fernimmen.
Yn de tematyk fan de moderne literatuer stiet de ‘ik’ sintraal. Net de ferhâlding fan it yndividu mei God, net it plak fan de minske yn syn fermidden, mar syn eigen wêzen siket de skriuwer nei: de yndividuele emosjonaliteit, de identiteit as minske en spesifiker as bygelyks frou, Fries, homo of wurkleaze, de mooglikheden fan en de grinzen oan de eigen persoanlikheid.
Yn de romanfoarm krijt de yndividualisearring stal yn it groeiend tal ik-romans en romans mei in personale ferteller. De alleswittende ferteller komt hieltyd minder faak foar.
Yn de poëzij fan de sechtiger en santiger jierren slacht it frije fers foar master op en ferdwine metrum, rymskema, en fêste rigelen strofelingte. Dy ûntjouwing kin sjoen wurde as de literêre wjergader fan de delgong fan fêste maatskiplike ferbannen. Earst as de tradisjonele foarmen as sonnet, ballade en oare fêste fersfoarmen har fanselssprekkendheid ferlern hawwe, kinne yn de santiger jierren dichters as Eppie Dam, Kooistra en Van der Meer har yndividuele emoasjes op 'e nij stal jaan yn de âlde konvinsjonele foarmen.
| |
| |
| |
Maatskiplike relevânsje
Yn it begjin fan de jierren '70 is de maatskiplike relevânsje fan de mei mienskipsjild stipe keunsten in hieltyd weromkommend ûnderwerp.
De generaasjestriid fan de jierren '60 liedt ta nije, brede maatskippijkrityk. Riemersma skriuwt polemiken útgeande fan radikaal, op it marxisme inte, tinken. Willem Verf kiest yn syn romans yn foarm en ynhâld de kant fan de arbeiders. Ynsidinten binne de ferwizing fan Boersma nei de striid fan de Súdamerikaanske revolúsjonêren yn ‘Skuor’, en fan Miedema nei de taalstriid yn Fryslân yn ‘Flues en trompen’. Lykas yn de maatskippij belunet dizze weach ek wer.
It skriuwersprotest wurdt fannijs mobilisearre fanwegen de driigjende ûntwikkeling fan de neutroanebom en it stasjonearjen fan krúsraketten. ‘Is frede wier itselde as gjin oarloch mear?’ (1981) is de titel fan in gelegenheidsbondel oer dat ûnderwerp. De noed om it rjochts-ekstremisme hat noch net laat ta in literêre pendant, allinne it feminisme bliuwt oer as beweging mei ynfloed.
In oare frekwinte ferwizing nei de maatskippij is in histoarysken-ien: nammentlik dy nei de Twadde Wrâldoarloch. Dat it wichtichste barren fan de tweintichste ieu ferhalen en stof opleveret foar de literatuer, hoecht jin net te fernuverjen. Der is in ferskowing yn behanneling fan dat ûnderwerp oan te wizen. Yn de jierren '60 steane yn bygelyks de fersen fan Tiny Mulder en ‘De fûke’ fan Rink van der Velde de grouwélichheden fan de besetter sintraal. Yn in roman as ‘It wrede foarjier’ fan Van der Ploeg is in skuldgefoel te fernimmen, wylst Wadman (‘Tinke oan âlde tiden’) en Riemersma (‘De reade bwarre’) sykje nei in nuansearre rekonstruksje fan it belibjen fan de oarloch. Skriuwers as Steven de Jong, Jaitsche Wassenaar en Benny Holtrop litte har om 1990 hinne ynspirearje troch de problematyk fan bern te wêzen fan foute âlden. Tjitte Piebenga hie dat al earder dien yn guon fan syn ferhalen.
| |
Feminisme
Yn it ferlingde fan feministyske ûntjouwingen yn de maatskippij is it plak fan de frou yn de literatuer grutter wurden.
Sûnt 1975 is it tal froulike dichters en prozaïsten belangryk tanommen. Skriuwers as Baukje Wytsma, Margryt Poortstra, Baukje Miedema en Jetske Bilker debutearren. Ta de meast-lêzen boeken fan de jierren '90 hearre it wurk fan Froukje Annema en Riek Landman.
Ek yn it literêre bedriuw wurdt de posysje fan de froulju sterker. Lange jierren hiene de beide provinsjale deiblêden yn de persoanen fan Tiny Mulder (‘Friesch Dagblad’) en Tineke Steenmeijer-Wielenga (‘Leeuwarder Courant’) froulike resinsinten; de lêste beset sûnt 1986 in oare sintrale post yn it literêre bedriuw as konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).
Yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Margryt Poortstra en Baukje Miedema komme ymplisyt of eksplisyt feministyske stânpunten nei foaren.
| |
Agraryske wurkgelegenheid en toerisme
Twa ekonomyske faktoaren hawwe laat ta ferskowingen yn de populêre literatuer.
Mei it weromrinnen fan de wurkgelegenheid yn de agraryske sektor is de literêre plattelânsroman ferdwûn. De resinte Fryske literatuer slút mear oan by de wrâld fan de stedsminske, ek yn it populêre sjenre. Der wurde hieltyd mear detektives skreaun, foar in part as ferfanger fan de boereroman.
| |
| |
Mei de groei fan it toerisme is it reisferhaal as sjenre yn it opkommen, benammen Douwe Kootstra leit him dêr op ta. De tanommen mobiliteit hat ek gefolgen foar de situearring fan ferhalen. Waard Van der Velde syn debút ‘Joun healwei tolven’ yn 1962 opmurken as earste roman dy't yn it bûtenlân spile, goed tritich jier letter is it net langer wizânsje dat romans yn de provinsje Fryslân situearre binne.
| |
Emansipaasje fan it Frysk
De fierdere emansipaasje fan it Frysk berikte wichtige mylpeallen mei it ynfieren fan it fak yn de basisskoalle yn 1980 en yn de basisfoarming fan it fuortset ûnderwiis yn 1993. De útbou fan Radio Fryslân, letter Omrop Fryslân, ta in folweardich omropbedriuw, en it útgroeien fan it semy-berops-selskip Tryater ta in lanlik subsidiearre toanielselskip binne oare foarbylden fan de fersterking fan de posysje fan it Frysk. Der gong in wichtige ympuls fan út foar beskate literêre sjenres.
De belangrykste ûntjouwing is de kwantitative en kwalitative groei fan de berneliteratuer. De ynfiering fan it Frysk yn it basisûnderwiis soarge foar in fraach nei lêsstof. It fantasyfolle wurk fan Diet Huber, Berber van der Geest en Mindert Wynstra fûn ek ynternasjonaal wurdearring. De eksplosive groei fan de Fryske berneliteratuer slút oan by dy fan de berneliteratuer yn it algemien, grif mei in gefolch fan it gruttere omtinken dat oan yndividuele bern jûn wurde kin mei it lytser wurden fan de húshâldingen.
Linkendewei ûntstiet der ek literatuer foar jongerein. Al hiene romans fan Tiny Mulder en Akky van der Veer genôch kwaliteit om yn it Nederlânsk fertaald te wurden, de kwantiteit fan de produksje kin noch altyd gjin besjen lije. Faaks is ien fan de wichtichste oarsaken dêrfan it lange útstel fan de ynfiering fan Frysk yn it fuortset ûnderwiis.
Tryater ûntwikkele him ta in profesjoneel selskip, subsidiearre troch de ryksoerheid. Under de artistyk lieders Pyt van der Zee en Peter te Nuyl waard nij oarspronklik repertoire opfierd fan Piter Terpstra, Wilco Berga, Tsjitske de Boer en Te Nuyl sels.
| |
6.2. It literêr bedriuw
De tydskriften
De literêre tydskriften hawwe nei it opheffen fan ‘De Tsjerne’ yn 1968 linkendewei oan gesach ferlern.
In skoft lang kin ‘Trotwaer’ wize op de struktueranalyzes fan Adri van Hijum as in foarbyld fan in modern-wittenskiplike oanpak yn de behanneling fan literatuer, mar nei it ferlies fan redaksjeleden as Trinus Riemersma, Willem Abma en Eppie Dam waard it blêd net mear as it iennichste toanoanjaande tydskrift beskôge.
‘Hjir’ wie yn 1972 begûn troch Piter Boersma, yn de mande mei Bonne Stienstra. Mei it oanlûken fan redakteuren as Sybe Krol, Tsjêbbe Hettinga en Jacobus Q. Smink wint it oan belang. It hâldt noch lang de namme it tydskrift foar de jongere generaasje te wêzen. It blêd siket nij talint mei ûnder oaren skriuwwykeinen en manifestearret him mei literêre jûnen.
Reinder H. Postma en Thys van der Veen rjochtsje yn 1985 ‘Absint’ op. It slagget it tydskrift net in nije generaasje oan him te binen. Nei sân jiergongen ferdwynt it yn 1992.
Trinus Riemersma jout syn polemysk talint rom baan yn syn ienmanstydskrift ‘De Kul’ (1983-1985). Al hat it tydskrift noait in grutte oplage, mei syn polemyske toan foeget it wat nijs ta oan de Fryske literatuer. Itselde jildt foar Josse de Haan syn ‘ip2r90’, dat fan 1990 ôf ferskynt.
It moanneblêd ‘De Strikel’, algemien
| |
| |
kultureel tydskrift, ferliest syn rykssubsydzje, om't it net literêr genôch is. De Friese Pers nimt yn 1978 de noed foar it tydskrift op him. Literêr wichtich binne de ferhalen dy't Goïnga yn it blêd publisearret, neist guon gedichten; de measte oare bydragen, dêrûnder in soad columns, hawwe in kultureel-sjoernalistyk karakter. Yn 1993 beslute de Steaten fan Fryslân in ein te meitsjen oan de subsidiearring fan ‘De Strikel’, en de redaksje te freegjen in advertinsjeside mei Fryske lêsstof yn de Fryske deiblêden te fersoargjen. De redaksje giet net yn op dy fraach, en set it blêd op de âlde foet troch oant de opheffing yn 1995. De ‘F-side’ yn de kranten wurdt beoardere troch de Afûk (earder AFUK: Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje).
| |
De útjouwerijen
Nei it weifallen fan de lêste partikuliere útjouwerijen ûntwikkelet de Friese Pers him ta de wichtichste útjouwerij fan Fryske boeken. Eangst foar it ferdwinen fan publikaasjemooglikheden foar wurk mei literêre pretinsje liedt ta in refitalisearring fan de Koperative Utjowerij.
As de útjouwerijen Miedema (Ljouwert) en Laverman (Drachten) oan de ein fan de jierren '60 ophâlde mei it publisearjen fan Fryske literatuer, springt de Friese Pers Boekerij, in oan de ‘Leeuwarder Courant’ besibbe útjouwerij, yn it gat. Yn de ‘Gurberige’, begûn yn 1970, kin yn 1992 ‘Nei it park’ fan Hylkje Goïnga as nûmer 100 ferskine. Yn it fûns binne Van der Velde, Speerstra, Annema, Goïnga en Landman de skriuwers mei de heechste ferkeapsifers, mar ek wurk fan Wadman en Abma kaam by dizze útjouwer út. Poëzij jout de Friese Pers Boekerij mar in bytsje út. De wichtichste dichteresse út it fûns is Baukje Wytsma.
Mei de oprjochting fan de Koperative Utjowerij yn 1970 krigen de skriuwers mei útsprutsen literêre pretinsje de mooglikheid ta publisearjen yn eigen hân. De measte poëzij ferskynt by dizze útjouwerij. De belangrykste prozaïsten yn it fûns binne Riemersma, Boersma, Eppie Dam en Poortstra. In organisatoaryske en finansjele krisis liedt yn 1992 ta it bestjoersútstel de útjouwerij oer te dwaan oan Utjouwerij Fryslân, besibbe oan de Afûk. Bestjoersleden fan de earste oere, lykas Riemersma en De Haan, nimme dan de noed foar de útjouwerij wer op har. Eppie Dam, Poortstra en oaren beslute lykwols oer te stappen nei Utjouwerij Fryslân.
Wichtich literêr wurk ferskynt by de gearwurkjende útjouwers De Tille en Bosch & Keuning. Tamminga, Mulder en Freark Dam publisearje dêr samlingen út eigen wurk. Ek romans fan Mulder en Abma ferskine yn dat fûns. Oan de ein fan de jierren '80 wurde dy útjouwerijen minder aktyf, mei fanwegen it pensjoen fan de Frysktalige direkteur fan Bosch & Keuning, Aize de Visser. De Afûk wurdt mei it ynfieren fan it Frysk yn it basisûnderwiis de wichtichste útjouwer fan berne- en jongereinliteratuer. Earst ferskine der in protte oersettingen en ko-produksjes, mar as de oarspronklike Fryske berne- en jongereinroman it súksesfolst blykt te wêzen, wurdt it útjeftebelied yn dy rjochting bysteld.
As De Tille hieltyd minder útjout en de Koperative Utjowerij yn de nederklits sit, driget der in monopoalje foar de Friese Pers te ûntstean om 1990 hinne. It leveret in nij elan op. De KU wurdt nij libben ynblaasd. De Afûk keapet Utjouwerij Fryslân op om ek yn de merk foar boeken foar folwoeksenen stappe te kinnen. It tydskrift ‘Frysk & Frij’ begjint mei it útjaan fan wurk fan ûnder oaren Abma, Bruinsma en Hettinga. Lytsere útjouwerijen as De Oare Utjouwerij, Van der Eems, It Fryske Boek, Wimpel en Hispel komme mei bysûndere útjeften.
| |
| |
Utrikking Gysbert Japicxpriis oan Steven de Jong yn 1992
De Kristlik Fryske Folksbiblioteek (KFFB) is fan belang as útjouwer fan tradisjonele kristlike streekromans. Mei har grutte ledebestân soarget de útjouwer foar de ôfset fan in 20.000 boeken it jier. De manuskripten komme yn troch middel fan in priisfraach. Yn 1993 beslút de sjuery gjin priis út te rikken om't de ynstjoeringen te min kwaliteit hawwe. Nei in bestjoerswiksel wol de KFFB him omfoarmje ta in boekeklub, en de produksje fan boeken útbesteegje oan de útjouwers. De earste ko-produksjes mei Friese Pers en Koperative Utjowerij ferskine.
De StUFT, Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel, is fan 1968 ôf de wichtichste útjouwer fan Frysktalich toaniel.
| |
De literêre krityk
De ‘Leeuwarder Courant’ en it ‘Friesch Dagblad’ beoardielje it grutste part fan de yn it Frysk ferskinende boeken. De kritiken yn de literêre tydskriften ferlieze oan gewicht. ‘Frysk & Frij’ lûkt om 1990 hinne ûnderskate skriuwers fan namme oan as besprekkers.
De krityk yn de kulturele bylagen fan de provinsjale deiblêden beslacht sa goed as alle Fryske boeken, ûnôfhinklik fan de literêre pretinsje. De oankundiging fan it wurk en it jaan fan in oardiel lykje de wichtichste doelen fan de besprekkers. Kontroversjeel binne de poëzijbesprekken fan Tjitte Piebenga yn de ‘Leeuwarder Courant’, dy't mear polemysk as argumintearjend syn miening formulearret, in grut kontrast mei de ôfwoegen oardielen fan proazabesprekker Jelle Krol. De proaza- en poëzijresinsjes fan Jan Wybenga yn deselde krante, en Tiny Mulder har besprekken yn it ‘Friesch Dagblad’ falle op troch de brede
| |
| |
fyzje op de Fryske literatuer en de heldere oansetten ta ynterpretaasje.
Mei't ‘Trotwaer’ har meast renommearre redaksjeleden as besprekker ferliest, en ‘Hjir’ inkeld ynsidinteel djipgeandere skôgingen publisearret, wurdt de krityk yn de beide literêre tydskriften fan lyts gewicht. De meast produktive resinsinten yn de literêre tydskriften binne Goaitsen van der Vliet, Jelma Knol, Sybren Sybrandy, Piter Yedema, Geart van der Meer en Eppie Dam. De besprekken ûnderskiede har ornaris net slim fan dy yn de deiblêden. Utsûnderingen binne de skôgingen yn spesjale nûmers, lykas dy oer Tamminga, Obe Postma, Wadman, Van der Leest (‘Trotwaer’), en Wybenga en Krol (‘Hjir’).
Fan de ein fan de jierren '80 ôf lûkt it wykblêd, letter moanneblêd ‘Frysk & Frij’ foaroansteande skriuwers oan as kritisy. De resinsjes fan Wadman, Riemersma, Eppie Dam en in soad oaren binne gauris de wichtichste besprekken fan nij ferskynd wurk.
De beheinde wearde fan de literêre krityk fynt syn wjergader yn de swakte fan it essay as literêr sjenre. Eins komme allinne ‘It symbolisme yn West-Europa’ fan Lieuwe Hornstra (1908-1990) en ‘“Ut syn aerd wei froulik” De Fryske dichteressen en it misferstân’ fan Jelma Knol (1955) oer Fryske dichteressen foar dy kwalifikaasje yn de beneaming. Stúdzjes fan Trinus Riemersma oer fertelstânpunten en spesjale ‘Trotwaer’-nûmers fan de hân fan Geart van der Mear nei oanlieding fan it ferskinen fan it sammele wurk fan Obe Postma en ‘Stapstiennen’ fan D.A. Tamminga, hearre mear ta it mêd fan de kontrolearbere wittenskip as ta dat fan de tentative essayistyk.
| |
Literêre barrens
De sutelaksje is it wichtichste strukturele literêre barren. Ynsidinten as literêre jûnen binne yndikatoaren fan de hearskjende smaak. Troch de útjefte fan it sammele wurk wurdt nij omtinken foar in âldere skriuwer frege.
Mear as de helte fan de ferkeap fan Fryske boeken wurdt behelle yn de sutelaksje fan Stichting ‘It Fryske Boek’. Mear as 1000 frijwilligers geane mei kroaden de streek del. Aktiviteiten om de sutelaksje hinne binne literêre jûnen en de útjefte fan in spesjaal berneboek en in skriuwerskalinder. De Fryske boekewike freget ekstra omtinken fan boekhanler en klant foar it Fryske boek, ûnder oaren troch it boekewikegeskink dat sûnt 1989 útjûn wurdt.
De dichterstelefoan ‘Operaesje Fers’ kin yn 1993 har 25-jierrich bestean fiere, mar moat har dan tagelyk op har besteansrjocht beriede. It weromrinnend tal oproppen is de reden om te kiezen foar tagonklike, minder literêr achte poëzij op de line.
Literêre manifestaasjes binne oanwizingen foar de wurdearring foar skriuwers. De Stichting Literaire Aktiviteiten Leeuwarden noege ûnder oaren Berga en Hessel Miedema út foar in fraachpetear. Doe't Nederlân yn 1993 temalân wie op de Frankfurter Buchmesse, fertsjintwurdige Hettinga Fryslân.
Yn in represintative rige fan de Fryske Akademy, út ein set mei Schurer (1974), ferskine it sammele wurk fan Obe Postma (1978), Troelstra (1981), Kiestra (1982) en Spanninga (1992), wylst Tamminga (1979) en Dam (1981) in seleksje út eigen wurk yn it ljocht jouwe. Mulder bringt âld wurk út yn ien bân (1986). It Frysk Ynstitút yn Grins soarget foar samlingen mei it wurk fan Anne Jousma en G.N. Visser. Yn de jierren '90 ferskynden yn de rige ‘Fryske klassiken’ werprintingen fan wichtich proaza dat útferkocht rekke wie. Yn de twatalige blomlêzing ‘De spiegel van de Friese poëzie’ binne fan Postma it heechste tal gedichten opnommen.
| |
| |
| |
Ferbân mei net-frysktalige literatuer
It ferbân fan de Fryske literatuer mei oare literatueren is slim yn algemiene termen oan te jaan. Grif wurde yndividuele skriuwers mei beynfloede troch it lêzen fan wurk fan Nederlânske en bûtenlânske auteurs, mar in dúdlike ynfloed is net oan te wizen, ek net fan oare minderheidstaalliteratueren.
Geregeldwei binne der kontakten mei skriuwers yn Europeeske minderheidstalen. Utwikselingen en ynternasjonale kongressen komme gauris foar, meastal yn it ramt fan de Europeeske Uny. Konkrete gefolgen hawwe de kontakten ornaris net.
Oersettingen binne yn de Fryske literatuer minder gewoan as yn it Nederlânske literêre bedriuw. Fan twa sjenres kin dat net sein wurde. De ûntjouwing fan Tryater ta profesjoneel toanielselskip late ta it oersetten fan stikken út it wrâldrepertoire, mei as hichtepunt Sybe Krol syn oersettingen fan Shakespeare. De grutte fraach nei berne- en jongereinboeken en it net-tarikkende oanbod fan oarspronklik wurk, hat as gefolch oersettingen fan ûnder oaren Jan Terlouw syn ‘Oarlochswinter’ (1986) en Thea Beckman har ‘Krústocht yn spikerbroek’ (1992) troch Jan de Jong (1921). ‘Trotwaer’ bringt in spesjaal nûmer út oer oersetten (1983), en ien mei priuwkes út de Noardfryske literatuer (1992).
Klaas Bruinsma (1931) is in útsûnderlik warber oersetter. Hy set in grut part fan it toanielwurk fan Federico García Lorca, Aristophanes en Sophocles oer, njonken stikken fan Pirandello, Storey, Seneca en Sartre. Allinne ‘Trije trageedzjes’ (1991) fan Sophocles wurde útjûn. Ek trije Midsieuske teksten, de Esopet: ‘Sa bist’ (1985), ‘Beatrys’ (1993) en ‘Karel en Elegast’ (1994), fine in útjouwer.
Jan de Jong (1921) jout geregeld proazaoersettingen yn it ljocht fan jongereinromans en fan romans dy't har yn Fryslân ôfspylje: ‘De klank fan de fanfare’ (1990) fan Johano Strasser, ‘De koperen tún’ (1994) fan Vestdijk, en ‘Styfmem ierde’ (1994) fan Theun de Vries.
It oersetten bliuwt fierder beheind ta ynsidintele publikaasjes. Om de wichtichste te neamen: Jelle Krol (1957) en Popke van der Zee (1956) besoargje in ferfrysking fan it Aldingelske epos ‘Beowulf’ (1984); Sybe Sybesma en Jan Wybenga fan wurk fan Catullus (1987); Anne Wadman fan ‘Woyzeck’ (1987) fan Georg Büchner; Theun de Vries fan Rimbaud syn ‘Le bateau ivre’ (1987); Jabik Veenbaas fan ‘In krystliet yn proaza’ (1991) fan Charles Dickens; D.A. Tamminga fersoarget in nije útjefte fan mearkes fan Andersen (1984) en fan in grutte emigraasjeroman fan Klaas de Jong, ‘De blomkoalkening’ (1993).
Ek út it Frysk wei wurdt oersetten. Wurk fan Gysbert Japix wurdt útjûn yn in Nederlânske oersetting fan D.A. Tamminga (1989), en in Frânsken-ien fan Henk Zwiers (1994). Rod Jellema (1927) publisearret Ingelske ferzjes fan de gedichten út de blomlêzing ‘Hûndert fersen’ (1990) ûnder de titel ‘The Sound that Remains’ (1990). Earder hie er al in eigen karlêzing fan fersen fan nei 1945 ûnder de titel ‘Country Fair’ (1985) fertaald. ‘De spiegel van de Friese poëzie’ (1994) fan blomlêzers Teake Oppewal en Pier Boorsma is in delslach fan it hjoeddeisk weardeoardiel oer de Fryske dichters en in prestizjeuze presintaasje fan de Fryske poëzij op it Nederlânske poadium.
| |
Toaniel
Lang is allinne it toanielwurk fan Oene Spoelstra (1944) literêr de muoite wurdich. It komt lykwols selden op de planken. Yn syn nei absurdisme útskaaiend wurk wurde de sinleazens fan it libben en de wankende dea ritueel besward.
| |
| |
Mei de profesjonalisearring fan Tryater kin kwalitatyf better wurk opfierd wurde. Twa stikken oer striders tsjin ûnrjocht wurde in súkses: de toanielbewurking fan Rink van der Velde syn boek ‘De Fûke’ (1977) en ‘De triljende ierde’ (1983) fan Piter Terpstra oer it libben fan Piter Jelles Troelstra.
It belied fan artistyk lieder Peter te Nuyl (1953) om it skriuwen fan nij oarspronklik wurk te stimulearjen liedt ta de opfiering fan syn eigen ‘De ûndergong fan Fryslân’ (1991), oer de ein fan de selsstannichheid fan Fryslân yn 1498 fanwegen minskene twaspjalt. Fan Tsjitske de Boer (1951) wurdt it bernestik ‘Prins Moreo’ (1991) útbrocht. Neist har bernestikken moat hjir neamd wurde it troch in gelegenheidsploech spile ‘Ik wit net hoe't de frou der ûnder stiet’ (1991); it kombinearret in oarspronklik, froulik perspektyf mei in styl fan koarte folkstoanielsênes. Wilco Berga syn ‘Berchbewenners’ (1992), ek spile troch Tryater, hat mear poëtyske as dramatyske kwaliteiten.
Yn de tradysje fan it folkstoaniel betsjut it wurk fan Froukje Annema in fernijing, fanwegen de aktualisearring fan it fermidden dêr't har blijspullen har yn ôfspylje. Bonne Stienstra (1948) hat in soad súkses mei kluchten dêr't de kabareteske dialooch it wichtichste skaaimerk fan is.
| |
6.3. Trochwurkjende yndividuele skriuwers
Los fan it fermidden dêr't se earder ta hearden of folslein yndividueel, skriuwe âldere skriuwers troch oan harren oeuvre. De produktyfste proazaskriuwer is Anne Wadman, mar ek Tamminga, Fan der Fear, Van der Schaaf, Terpstra en Mulder skreauwen geve romans. Tamminga, Fan der Fear en Terpstra weagje har oan histoaryske romans, de lêste beide mei in Frysk-literêr ûnderwerp. De oarloch is in wichtich elemint yn romans fan Wadman, Van der Schaaf en Mulder. Jan Wybenga wie redakteur fan ‘Alternatyf’ en ‘Trotwaer’, mar wurke fierder oan syn oeuvre dêr't er yn ‘De Tsjerne’ mei út ein setten wie.
Doe't Sjoerd van der Schaaf (1906) yn 1983 de Gysbert Japicx-priis krige foar ‘De bijekening’ (1981) waard yn de literêre blêden protestearre tsjin it streekroman-karakter fan it boek. De ferteltrant fan dy sketsen út it libben fan in geaman ûnder De Gordyk wei is tradisjoneel, mar de iroanyske presintaasje fan de man dy't by syn bijen ûndersiket hoe't de minskemaatskippij funksjonearje kin sûnder macht of twang fan boppen ûnderskiedt it boek fan it triviale sjenre. ‘De Lawine’ (1988) fertelt yn deselde mozaykstruktuer fan taferielen it wjerfarren fan de soan fan de ‘bijekening’ yn en om de oarloch.
Douwe Tamminga (1909) bewiist syn grutte taalmacht fannijs yn de beide histoaryske romans dy't er yn it ljocht jout. ‘Frjemdfolk op Barrahiem’ (1978) spilet yn de terpetiid, ‘De boumaster fan de Aldehou’ (1985) yn de sechtjinde ieu. Beide romans binne spannende, geve ferhalen tsjin in sfearfol, faaks wat romantysk sketste histoaryske eftergrûn. It proaza is in nij sjenre foar Tamminga, poëzij ferskynt der net folle mear fan syn hân.
Piter Terpstra (1919) skreau yn 1972 in roman oer de dea fan Gysbert Japix, ‘De dei is forroun’. Mei ‘Mjitter fan ús jierren’ (1989) oer Gysbert as jongfeint en ‘Bewarje myn namme’ (1993) as man fan middelbere leeftyd rekonstruearre en fantasearre Terpstra in lêsbere trilogy oer de dichter, oer wa't mar in bytsje feiten bekend binne. Gysbert Japix komt út de beide lêste romans nei foaren as in ôfwachtsjend man, dy't moetingen hat mei alderhanne nijsgjirrige lju, sûnder dat it ta deselde yntinse
| |
| |
Anne Wadman (foto: Anneke Bleeker)
konfrontaasjes komt as dy tusken soan en heit yn it diel dat yn 1972 ferskynde. Oer Eise Eisinga skreau Terpstra 250 jier nei dy syn bertejier de kronyk ‘Wolken en stjerren’ (1994).
De romans fan Anne Wadman (1919) binne meast rjochte op de psychology fan de haadpersonaazjes. Nei in lange, betreklik stille perioade, begjint er nei 1982 wer frekwinter te publisearjen, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Guon fan de romans binne foar in part basearre op materiaal dat al yn de sechtiger jierren skreaun waard.
It wurk fan Anne Wadman (1919) is woartele yn de psychologysk-realistyske tradysje. Lykas Simon Vestdijk en W.F. Hermans stribbet Wadman nei in oannimlike beskriuwing fan bysûndere minsken, wêrby't er morele konvinsjes negearret of oanfalt en taboes trochbrekt. Dy taboes binne foar in part seksueel: ynsest, homofily, in ferhâlding tusken in learaar en in learling. Ek de besteande swart-wyt-oardielen oer de oarloch wurde yn de kiif steld. Wadman is in krekte beskriuwer en in kundich stilist. Wie Wadman yn syn earste wurk somtiden licht-satirysk, de romans fan de lettere Wadman kenne noch altyd iroanyske details, mar de satire is dêryn ferfongen troch in ûndersyk nei Freudiaanske skema's, in polityk tema of nei de psychologyske nuânses.
‘Yn Adams harnas’ (1982) is mei syn tematyk, de Europeeske polityk, unyk foar de Fryske literatuer. De soan fan in rjochtsliberale minister-presidint docht kritysk ferslach fan boargerlik bewâld en revolúsje. It yn de jierren '68-'69, de tiid fan de Russyske ynfal yn Praag, ûntstiene boek is in pleit foar de Westeuropeeske demokrasy.
Omslach fan ‘Yn Adams harnas’ fan Anne Wadman
| |
| |
Yn ‘Tinke oan âlde tiden’ (1985) wurde bern nei it ferstjerren fan har NSB-heit konfrontearre mei in ûnbekende Dútske broer en in gefal fan oant dan ta negearre ynsest. De rekonstruksje fan de seksuele abberaasjes en it oarlochsferline fan de heit krijt stal yn in roman dêr't brieven, deiboekfragminten, in lykrede en in toanielstik yn opnommen binne, wêrtroch't it boek ynhâldlik en kwa foarm oerladen is.
‘In bolle yn 'e reak’ (1986), dat ek yn de oarloch spilet, is soberder. In kwakkeljende begjinnende skriuwer biedt in foarútstribjende dokter en de dochter fan in lânwachter ferskûl. Ek dizze lêsbere roman relativearret foaroardielen oer goed en fout.
Yn in geve, mar saaklike, hast ôfstanlike styl beskriuwt de novelle ‘De fearren fan de wikel’ (1990) de rekonstruksje fan in oanslach op in meiwurkster fan de Dútske besetters. Linkendewei feroaret de haadpersoan har wurdearring: de eftergrûn fan de ‘fersetsdie’ fan har ferstoarne man blykt in leafdeshistoarje te wêzen. It slachtoffer dat de oanslach oerlibbe hat, wegeret lykwols rehabilitaasje.
It twatalige ‘De frou yn 'e flesse’ (1988) en ‘Fjoer út in dôve hurd’ (1991) binne relaasjeromans oer ûnmooglike leafdes. Yn ‘De frou yn 'e flesse’ hawwe in learares en in learling in relaasje dêr't Freudiaanske skema's yn werom te finen binne. In âlde leafde komt yn ‘Fjoer út in dôve hurd’ net fierder as in koarte opflikkering yn in wykein oan see.
Yn ‘In okse nei de slachtbank’ (1994) tekenet Wadman fannijs in man tusken dream - yn dit gefal fan leafde en lykweardigens fan de stannen - en werklikheid: sykte, seks en skuld. De tekening fan antyheld wethâlder Bennekamp oertsjûget mear as dy fan syn Stedsfrysk-pratende freondinne en de literêre parallel mei in roman fan Bernard Malamud.
De novelle ‘In ûnbetelle rekken’ (boekewikegeskink 1992) set oardielen oer suver en ferkeard yn oarlochstiid en (homo-)seksualiteit foarinoar oer. It slagget Wadman yn syn measte romans literêre kwaliteit te ferbinen mei lêsberens foar in grut publyk. Yn de literêre tydskriften publisearre Wadman memoire-achtige artikels oer de oarlochstiid en analyzes fan eigen wurk. ‘It kritysk kerwei’ (1990) en ‘Oer oarmans en eigen’ (1994) biede essayistysk en kritysk ferskaat.
Lipkje Post-Beuckens (1908-1983) skreau as Ypk fan der Fear mei ‘In fatsoenlik famke’ (1984) har autobiografy oer har libben as bern en jonge frou, in seldsum sjenre yn de Fryske literatuer. It boek jout in nijsgjirrich en iepenhertich byld fan it opgroeien fan in frou yn de tweintiger en tritiger jierren. De tema's fan de lettere skriuwster binne prominint oanwêzich: de leafde foar man en God, en de ûnfolsleinens fan erotyk en religy.
Under oaren foar ‘De dei is jong’ (1978) krijt Fan der Fear de Gysbert Japicxpriis yn 1979. De krusing fan in âlderwetsk Ingelsk kastielferhaal fol fan mysterieuze tastannen, mei in moderne leafdesroman wurdt lykwols letter yn ferbân brocht mei ‘The Unicorn’ fan Iris Murdoch. It postúm ferskynde ‘In earme swalker yn de wrâld’ (1988) beskriuwt breed-dokumintearre de libbensrin fan J.C.P. Salverda. It ferhaal nimt de lêzer mei, de skoalmaster-dichter wurdt oannimlik en nuansearre sketst yn it dekor fan de njoggentjinde ieu. It boek is dêrmei ien fan de bêste Fryske histoaryske romans.
‘Eros yn 'e stikels’ (1981) befettet âlde en nije koarte ferhalen, mei de ûnfolsleinens fan de leafde as mienskiplik tema.
As Ella Wassenaer publisearre Post-Beuckens noch twa dichtbondels: ‘Yn runen ritst’ (1978) en ‘Fernijd fiergesicht’ (1981). De ‘ik’ beskriuwt har langstme nei it ien-wurden mei de leafste en God, dy't hast like mystyk meiïnoar ferbûn binne as
| |
| |
Omslach fan ‘Moai waar en lange dagen’ fan Jan Wybenga
by de midsieuske dichteresse Hadewych. Kiest Wassenaer yn de koarte fersen fan de earste bondel foar rym en byldspraak as poëtyske stylmiddels, yn de lêste bondel misse de teksten poëtyske sizzenskrêft troch har sljochtweihinne wize fan uterjen.
Jan Wybenga (1917-1994) heart ta de wichtichste dichters fan nei de oarloch. Syn bondels foarmje in gearhingjend oeuvre fan in dichterskip tusken Arkadia en ferfal. De foarm is nearne oerhearskjend oanwêzich. Yn ienfâldige strofen sûnder opfallend rym leit de krêft fan syn poëzij yn de suggestive byldtaal.
Nei de earste fjouwer bondels, mei titels wêrfan't de begjinletters it abie folgje, ferskynt yn 1982 de fyfde bondel ‘Easterstreek’. It jeugdlân fan de dichter wurdt as in paradyslike streek besongen yn oantinkens, objektyf en sûnder sentimint.
It hichtepunt yn Wybenga syn wurk is ‘De foksejacht’ (1989). De bondel hat in gearhingjend ferhaal. In dichter fol fan klassike poëzij reizget út in paradyslik lân mei in aktrise in ferlitten stêd yn. De poëzij liket ferline te wêzen. Fotografy, film en televyzje hawwe de takomst. Uteinlik moat de yllúzjeleaze âlde dichter de wankende dea yn de eagen sjen.
Yn ‘Fergetten fersen’ (1993) en ‘Grien en koaningsblau’ (1993) wurdt jitris it net te mijen ferfal fan minske, taal en kultuer ferwurde. De fersfoarm fan Wybenga is hieltyd soberder en minder tradisjoneel wurden, it dichterlik ‘ik’ wurdt mei de dichter sels âlder, mar de byldzjende kwaliteit fan de poëzij bliuwt.
‘Moai waar en lange dagen’ (1981) is it iennichst proaza dat Wybenga yn boekfoarm publisearre hat. It boek krige yn lytse rûnte grutte wurdearring. De ‘fiif provinciales’ binne mear as in autobiografy. Se roppe de ûntarikkendheid fan de literatuer op yn in wrâld dêr't skyn en dea foar master opslane. Sawol sfearfolle beskriuwingen, humor as in bysûnder taalgebrûk binne yn it boek te finen.
Neist proaza en poëzij skreau Wybenga resinsjes foar de ‘Leeuwarder Courant’ dêr't in brede kennis fan en in skerp ynsjoch yn de literatuer út sprekke.
Tiny Mulder (1921) foege wichtige nije fasetten oan har skriuwerskip ta, en wurke de út eardere bondels bekende fasetten fierder út.
Yn ‘Oh in stêd, ah in lân’ (1983) brûkt Mulder har sobere en plastyske ferstechnyk foar in langer poëtysk wurk. De syklus beskriuwt de oerienkomsten tusken de kustgebieten Venetië en Fryslân. Yn it proses fan opbouwen, bloeien en de striid om it bestean besjongt hja it minsklik libben. De syklus is net opnommen yn de bondeling fan eigen wurk, ‘Tinkskrift’ (1986).
| |
| |
Lykas Tamminga weaget Mulder har nei har pensjoen oan proaza. Yn har beide romans ‘Tin iis’ (1981) en ‘In moaie leeftyd’ (1991) beskriuwt se froulju dy't yn harren deistige striid ta in beskieden heldedom rikke. It histoarysk aard fan it barren foeget in dokumintêre wearde oan de knapskreaune ferhalen ta.
Mulder har eigen ûnderfiningen yn it ferset wiene de basis foar de roman ‘Tin iis’, dy't fanwegen de leeftyd fan de haadpersoanen ek wol as jongereinroman lêzen wurdt. Yn de twa jonge susters yn ‘Tin iis’ kin men twa ‘Tiny's’ sjen: de koerierster en it bange famke. It spannende oarlochsferhaal makket it foar de moderne lêzer fielber hoe't de oarloch belibbe waard yn in gewoane húshâlding.
‘In moaie leeftyd’ hat in bysûnder ûnderwerp: it libben fan in emigrearre Friezinne yn Kanada. De iensumheid fan it emigrantebestean en it trochsettingsfermogen fan de nije Kanadezen wurde oertsjûgjend sketst. In twadde ferhaalline, in âld oarlochsferline, bliuwt los stean fan it haadûnderwerp.
Theun de Vries (1907) brûkt syn memmetaal foar fersen oer syn jongesjierren yn Feanwâlden. Ek oer de dea fan syn frou dichtet er yn it Frysk. De gedichten binne sober, rjochte op it konkrete en it taastbere. Ut ‘Earst en lêst’ (1977) en ‘Snie en oare gedichten’ (1981) sprekt syn noed mei it kwetsbere en syn materialistyske libbensfyzje: ‘alles begjint by de dingen’.
Sybe Sybesma (1924-1986) bondele syn wurk yn ‘En marge’ (1978) en ‘Op 'e rânne’ (1984), dat troch syn gelegenheidskarakter en de erudite legitimaasje yn klassike foarbylden te selden de persoanlike emosjonele kearn berikt. De kwatrinen hearre ta syn bêste gedichten.
Jan Dotinga (1934) is ien fan de produktyfste Fryske dichters. Hy funksjonearret earder yn in tsjerklik as yn in skriuwersfermidden. Yn beskieden bewurdingen is Dotinga tsjinstber oan syn ûnderwerpen: de bibel en de kristlike tradysje; solidariteit mei de ferhûddûke minske; it lânskip, de natuer en de doarpen; uteringen fan oare dichters of byldzjende keunstners. It persoanlikst is Dotinga yn in stikmannich gedichten mei de dea as ûnderwerp. Ta de religieuze poëzij hearre de bondels ‘No't Hy de hichte hat’ (1979), ‘Wa sil genêze’ (1982) en ‘Nôt: It ferhaal fan Ruth yn fersen’ (1988). Lânskiplike en leafdespoëzij is te finen yn de bondels ‘Flaggen en tûkelteammen’ (1978), ‘Efter it blêd oan’ (1981) en ‘Lang gjin lykwicht’ (1992). ‘Fan wurden oermânsk’ (1991) is in gedichtesyklus skreaun nei oanlieding fan proaza en poëzij fan Simke Kloosterman.
| |
6.4. De skriuwers fan Friese Pers en ‘De Strikel’
De útjouwerij Friese Pers Boekerij, dy't it kultureel tydskrift ‘De Strikel’ op 'e noed hat oant de ein fan it yn dizze taheakke beskreaune tiidrek, is in wichtich fermidden fan skriuwers. De sjoernalistike woartels fan guon skriuwers út dat fermidden binne werom te finen yn it primaat fan lêsberheid en tagonklikheid dat foar it wurk fan de hiele groep liket te jilden. Yn ‘De Strikel’ steane columns dy't earder sjoernalistyk as literêr binne. De taalfersoarging makket dat dy skriuwers de wei nei it ‘grutte’ publyk witte te finen. As de tsjinstelling Kalma-Hof út de tweintiger jierren, kultuertaal-folkstaal, nei it lêste fearn fan de tweintichste ieu transponearre wurde mei, dan binne de oanhingers fan folkstaal te finen yn ‘De Strikel’-ploech. Ta de kwaliteiten fan benammen Van der Velde en Speerstra heart harren ear foar autentike sprektaal.
Yn it sykjen nei in goede yntrige fine proazaskriuwers gauris gaadlike stof yn de
| |
| |
Twadde Wrâldoarloch. Mei it feroarjen fan it lêzerspublyk komme detektive, reisferhaal en jongereinboek op as nije sjenres. Literêr it nijsgjirrichst binne dy skriuwers mei it meast eigen lûd. Goïnga har parlando-ferhalen fine grutte wurdearring by lêzer en kritikus. Van der Ploeg bewiist him yn syn groeiend oeuvre as in goed ferteller. Van der Velde syn waarnimmingssin en ûnderkuolle humor sprekke út benammen syn koarte ferhalen. Douwe Kootstra ûntwikkelet in eigen styl as reisferhaleskriuwer.
Yn 1995 ferskynt it lêste nûmer fan ‘De Strikel’, nei it weifallen fan it provinsjale subsydzje. It grutste part fan de meiwurkers giet oer nei ‘Frysk & Frij’.
Hylkje Goïnga (1930) har eigen lûd waard al herkend by it ferskinen fan ‘Jantsje ... ja heit’ (1971). De ûnferwachte ûntknoping en faker noch de groteske omslaggen ûnderweis foelen yn it each.
Yn folgjende bondels ‘Thús is de maggi op’ (1981), ‘In superman fersûpt net’ (1982), ‘Twa dames yn in Daf’ (1988), ‘Hynstefigen’ (1990) en ‘Giel mei oranje stippen (1993)’ is de sa eigen styl fan Goïnga fuort wer te kennen. Fêste haadpersoan yn de measte ferhalen is Martha, de ôfwikseljend iroanyske, nofteren, somtiden naïve fertelster. De ferhâlding tusken man en frou is it weromkommende tema. Yn de earste bondels is se troud mei de ôfstanlike pommerant en Don Juan Jaap, mei wa't se gjin kontakt krije kin en fan wa't se gjin ôfskie nimme wol. Letter skiedt se dochs, en hat se mei nije frijers te krijen dy't as man likegoed tekoart sjitte. Koarte sinnen, tige frij mar suver omgongsfrysk, in flotte dialooch en in subjektive ferteltrant meitsje de styl fan Goïnga har ferhalen út. Oersettingen fûnen ek yn Nederlânske literêre en feministyske rûnten wurdearring.
Hylkje Goïnga (foto: Anneke Bleeker)
‘Frijende kikkerts’ (1985) is Goïnga har iennichste roman. Op de lange baan kin se har psychology realistysker útwurkje, mar de roman mist de groteske omslaggen fan it koartere wurk. Martha is opnommen foar in terapy. De relaasje mei Jaap jout se, stimulearre troch begripende terapeuten, stal yn it byld fan twa frijende kikkerts. De ein fan it ferhaal is net de by Goïnga wenstige ferrassende klû, mar in emoasje: de befrijing fan Martha.
Yn it boekewikegeskink ‘Op stap’ (1990) lit Martha, dy't ûnderwilens fan har frijheid genietet, sjen hoe't it fjouwer âldere manlju mislearret om har boargerlik libben yn de hân te hâlden. Martha is yn de ferrassende novelle ‘Nei it Park’ (1992) 78 jier en demint. Mei't de lêzer mear begrypt as de fertelster Martha, is it ferhaal humoristysk en oandwaanlik tagelyk.
Nei't er mei poëzij út ein set wie, ûnt- | |
| |
wikkele Durk van der Ploeg (1930) him ta in produktyf skriuwer fan fersoarge proaza. Op basis fan in goede ferhaalstruktuer wurdt syn styl hieltyd ôfwikseljender en syn fertelstânpunt ûnkonvinsjoneler, kulminearjend yn de hichtepunten: de novelle ‘Bertegrûn’ (1993) en de roman ‘It wrede foarjier’ (1994).
Van der Ploeg skriuwt oer minsken oan de râne fan de maatskippij of it libben. Him konsintrearjend op in lyts tal, psychologysk knap útwurke personaazjes wit er de nearzigens fan it bestean fan dy minsken op te roppen en de faaiens fan har libben.
De dea is in weromkommend motyf yn syn wurk. Yn ‘De Amerikaen’ (1977) siket in âlde man troch in relaasje mei in Amerikaanske Friezinne oansluting by it libben, mar bedarret er yn aventoeren om in pistoal hinne. Yn ‘It libbet mar amper’ (1976) sjocht in man dy't in ferkearsûngelok oerlibbet yn in werkenber beskreaune sikehús- en revalidaasjesintrumsituaasje gjin heil mear yn it libben.
In ingel yn minskestal komt yn de roman ‘De dei lûkt nei de jûn’ (1984) nei it fantasijdoarp Twifel. It boek mei mislearre hjitte: it hinget tefolle tusken satire en realisme yn. Dêrneffens foldocht de skets fan de jierren 1936 oant 1945 yn ‘De jacht’ (1988) better. It doarp Ealsum dêr't Van der Ploeg opgroeide, is it dekor foar de konfrontaasje fan in anty-militaristyske natuerminske en in maatskiplik fêstrûne, labile NSB-sympatisant.
In histoarysk barren is ferwurke yn ‘It wrede foarjier’ (1994): de dea fan in fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch nei't yn syn bûse in kûgel fûn waard. As op âldere leeftyd in tsjûge it ûngelokkige barren weromfertelt dat syn libben feroare hat, klinkt it skuldgefoel troch it wanken fan it needlot hinne.
De kar foar in beheind tal personaazjes
Omslach fan ‘It wrede foarjier’ fan Durk van der Ploeg, ûntwerp Chaim Mesika
makket de novelle in gaadlik sjenre foar Van der Ploeg, dêr't er tagelyk yn eksperimintearret mei de wize fan fertellen. Taaste yn de novelle ‘De winter komt’ (1984) de stakkato-styl en it ûnrêstige oerspringen fan it ‘hy’- nei it ‘ik’-perspektyf de benearjende skets fan in man op 'e syk nei syn deade frou noch oan, yn ‘Bertegrûn’ (1993) stipet de bysûndere kar foar de ‘do’-foarm de ferfrjemding fan in râne-figuer fan de maatskippij, ferbylde yn it âldershûs dat ôfbrutsen wurdt.
Ferkeapsúksessen wiene weilein foar skriuwers fan wa't wurk as folksliteratuer of lektuer oan te tsjutten is: Rink van der Velde,
| |
| |
Hylke Speerstra, Willem Verf en Froukje Annema.
De haadpersoan yn de romans fan Rink van der Velde (1932) is steefêst in ienling dy't konfrontearre wurdt mei machthawwers. Hy ferset him, flechtet of lit alles oer him hinne komme; mar hy ferliest it altyd. De iennichste treast is de ienlikens yn de natuer: de natuerwetten bliuwe rjochtfeardich. Mei de skets fan sokke ferliezers, in byldzjende en flotte ferteltrant en skerpe observaasjes fan de folkstaal rekket Van der Velde it hert fan in breed publyk. Mei rjocht en reden wurdt sein dat hy de Friezen oan it lêzen krige: gjin oare skriuwer binne safolle boeken fan ferkocht. Earst sûnt de jierren '90 kinne skriuwsters as Riek Landman en Froukje Annema him yn populariteit belykje.
Literêr sjoen syn meast slagge wurk skreau Van der Velde yn de jierren '60. De heldere struktuer fan it benearjende ‘De Fûke’ (1966), de útwurke psychology yn ‘Chamsyn’ (1969) en de masterlike satire yn ‘Foroaring fan lucht’ (1971) siket men yn it lettere wurk omdôch. Wat bliuwt, is dat Van der Velde meinimmende ferhalen skriuwe kin as gjin oar.
‘De houn sil om jim bylje’ (1978) is basearre op de moard op fjouwer plysjes troch Eije Wykstra yn 1929. Yn de ynterpretaasje fan Van der Velde komt Wykstra syn wjergader Lute ta syn die, om't syn wielderige bysliep Feikje, syn geastlike ynstabiliteit, syn kânsearme posysje en it machtsfertoan fan it wetlike gesach him prikelje ta de die dy't it byljen fan de hûn al wytge.
Yn ‘De heidenen’ (1981) beskriuwt de ferteller, de AOW-er Brant Visser, syn ûnkonvinsjonele foarfaars, generaasjes earme Suderheidsjers mei Kosakkebloed, dy't mei hynsteriden en -fokken oan har lot besykje te ûntkommen. It earste part oertsjûget mear as it twadde dêr't it libbensferrin te koart om 'e hoeke yn ferteld wurdt.
Yn ‘De histoarje fan kammeraat Hollanski’ (1987) is it gegeven fan it libben fan in Menamer yn Russyske tsjinst tidens de Twadde Wrâldoarloch in nij yngrediïnt tusken bekende motiven út oare romans. ‘Jan Hut’ (1989) en ‘De nacht fan Belse Madam’ (1991) binne werhellingen fan bewende motiven fan Van der Velde. Se binne basearre op wiere gegevens, respektivelik de prosessen-ferbaal oangeande de moard op in Belgyske frou yn de tiid nei de Tsiendaachske Fjildtocht, en de oerlevere skelmeferhalen oer in legindaryske strûkrôver.
Eleminten fan speurderromans binne te finen yn ‘De ôfrekken’ (1982). It boek giet 35 jier nei de oarloch yn tsjin de hearskjende mieningen oer kollaboraasje en ferset, ‘De lange jacht’ (1985) tsjin dy oer de koloniale oarloch yn Ynje. ‘Gjin lintsje foar Homme Veldstra’ (1993) en ‘Rjochtdei op de Skieding’ (1993) helje as ferhaal en tematysk it nivo fan de earste beide net.
Neist de romans ferskynden fan Van der Velde bondels ferhalen. Yn ‘It is myn sizzen net’ (1980), ‘De wrâld is rûch’ (1984), ‘Minsken is raar guod’ en ‘No sà’ (1994) tekene hy sekuer en sfearfol kabareteske kroechferhalen op. De niget fan Van der Velde oan de folkstaal is te finen yn de ‘Bokwerter’ bondels, dêr't ek syn satirysk talint syn gerak krijt. Sjarmant is it strypferhaal oer in hûn, ‘Foekje’ (1982), dy't lykas Durk Snoad yn ‘Foroaring fan lucht’, útnaait út de stêd en in libben yn de frije natuer besiket te libjen.
Hylke Speerstra (1936) kin yn syn bêste wurk ferlike wurde mei Rink van der Velde. Yn ‘Heil om seil’ (1968) slagge it him it bêste om in autentyk byld fan it ferline te sketsen, yn dat gefal dat fan skûtsjeskippers. It waard nei oanlieding fan it súkses
| |
| |
fan letter wurk yn 1979 op 'e nij útjûn. Yn ‘Neaken en bleat foar de dokter’ (1978) liet er ferskate dokters sterke en oandwaanlike ferhalen fertelle. ‘Op redens oer’ (1984), in bondel reedridersaventoeren en ‘Kening op sokken’ (1983), portretten fan kening-keatsers driuwe op nostalgy. Dêrby ferblikke de fiksjonele romans ‘Yn de boer syn tiid’ (1980) en ‘De blikken brulloft’ (1981) ta sljochtweihinne streekliteratuer.
Willem Verf (1949) jout syn politike en maatskiplike oriïntaasje stal yn kundich fertelde folksliteratuer mei thrillereleminten, om dêrmei in breed publyk te berikken. ‘It bliuwt pielen’ (1982) beskriuwt de klassestriid om 1925 hinne, tusken feanarbeiders en bazen yn de Wâlden, en boeren en har tsjinstfolk op de Klaai. ‘In delgeande tiid en oare plysjeferhalen’ (1983) yntrodusearret de wrâld fan kânsearme jongerein yn de Fryske literatuer. ‘Tiid fan libjen’ (1987) draait om neo-nazistyske terroristen, mei in leafdesferhaal as kontrast. It boekewikegeskink ‘De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy’ (1993), nijsgjirrich fanwegen it dûbeld-personale perspektyf, ropt sympaty op foar in man en in frou op jierren.
De populariteit fan de boeken fan Froukje Annema (1941) is it gefolch fan de werkenberens fan de ûnderfiningen fan de froulike haadpersoanen. De libbene observaasjes fan it betreklik probleemleas deistich libben fan húsfroulju, memmen en echtgenoates hawwe de sjarme fan it lytsminslike. Se binne bondele yn ‘Berop: gjin’ (1977), ‘Diggelguod’ (1981), ‘Utferkeap’ (1983), ‘Gefaar op 'e dyk’ (1986), ‘Mei in fleurich sin’ (1991) en ‘Nei alle gedachten’ (1993). Yn de earste bondels stiet de observator fakentiden bûtenspul, letter komt de persoan fan de ferteller mear út de ferve.
As Annema har observaasjes fan it deistich libben útwurket ta romans, ferliest it wurk oan krêft. ‘Twasprong’ (1987) set foarinoar oer en komt dêrmei net boppe triviale skema's út. Yn lettere romans binne oansetten ta djippergeande behanneling fan serieuze ûnderwerpen oan te wizen: fan relaasjeperikels yn ‘Maleur yn maaie’ (1990) en fan in kankerproses yn ‘Sûnder garânsje’ (1992), mar de tematyk wurdt net ta syn uterste konsekwinsje útwurke. ‘It fiifde tsjil’ (1993) beskriuwt in mislearre fakânsjeromânse, flot mar ryklik skematysk.
As toanielskriuwster hie Annema grut súkses mei ‘Gouden dagen’ (1988), justjes minder mei ‘Simmerdepresje’ (1989) en ‘Gefaarlike oergong’ (1994). De stikken betsjutten in fernijing yn it tradisjonele repertoire fan oarspronklike blijspullen, fanwegen de flotte toan, de rake typearring en de aktualisearring fan de omstannichheden dêr't de stikken har yn ôfspylje. De poëzij fan Annema, sammele yn ‘Snypsnaren’ (1984), is nei foarm en ynhâld frijwat tradisjoneel.
Trije sjenres ûndergiene in wichtige ympuls yn de jierren '80: de jeugdroman, de reisliteratuer en de detektive. De skriuwers fan dy sjenres publisearje meast by de Friese Pers, guon oaren by de Koperative Utjowerij.
It earste Fryske jongereinboek is ‘Cap Sud’ (1980) fan Reinder van der Leest, in spannend ferhaal oer in freonskip, dat troch de foarspellende dreamen út it realisme tild wurdt. Al wie it net foar dy doelgroep skreaun, ‘Tin iis’ (1981) fan Tiny Mulder krige grutte wurdearring as jongereinboek, ek yn Nederlânske oersetting.
Wie ‘Moai waar op 'e Lemmer’ (1980) net mear as in spannend ferhaal oer dieverij, mei ‘Swart op wyt’ (1985) festige Akky van der Veer (1943) har namme as skriuwster fan jongereinboeken. De sjarme fan it boek is de werkenberheid foar jongere lêzers fan de problemen, dreamen en twi- | |
| |
fels fan de froulike haadpersoan. De leeftydsbûne anekdotyk yn de ferhaal-, brief-, deiboek- en toanielfragminten krijt djipte troch de algemien minsklike langst nei in fertroud fermidden. Yn ‘Swart op wyt’ die de deistige werklikheid syn yntree yn de jongereinliteratuer. Ek yn ‘Koartsluting’ (1991), tegearre mei ‘Hoogspanning’ fan Jan Terlouw yn ien bân útjûn by in jubileum fan it Provinciaal Energie Bedrijf (PEB), komt de werklikheid fan winkeldieverij nei foaren, yn in styl dy't besiket oan te sluten by it taalgebrûk fan de jongerein.
Willem Tjerkstra (1943) debutearre mei it sfearfolle ‘De wite kastanje’ (1986). De moderne tiid fynt syn spegel yn de midsieuske muontsewrâld dêr't twa jonges de tagong ta fine. Op in meinimmende wize wurdt dúdlik makke dat de minsken frede en geweld yn harsels hawwe en dêr sels oan wurkje moatte. ‘It fjoer fan de ûnmacht’ (1987) oer frijheid en macht bliuwt mei syn moralistyske behanneling fan fandalisme yn styl fier by it nivo fan it debút benefter. Yn ‘De Marsbosk’ (1990) is Tjerkstra op syn bêst: it ferhaal oer anty-semitisme is goed opboud, de karakters hawwe djipgong, en it ferskaat oan brieven, gedichten, deiboekfragminten en dreamen jout it engazjearre boadskip in stevige literêre basis.
Mindert Wynstra (1945) skreau ‘Nulnul’ (1988) tsjin de achtergrûn fan fuotbalfandalisme, in fertsjinstlik, mar fan bûten út beskreaun ferhaal. Itty Sluis (1939) yntrodusearre it sjenre phantasy-roman mei it net folslein slagge ‘It holle ljocht’ (1992). Jaitsche Wassenaar (1937) basearre ‘It pak fan ús heit’ (1993) op eigen ûnderfiningen yn en nei de oarloch. De direkte styl makket it ta in oprjocht ferhaal dat ynsjoch jout yn de wrâld fan in bern fan in ‘foute’ heit.
It reisferhaal ûntjoech him fleanende hurd ta in stevige nije leat oan de proazabeam. De wichtichste fertsjintwurdiger fan it sjenre is Douwe Kootstra, mar ek Jitske Kingma, Joke Keizer en Willem Abma skreauwen reisferhalen. Ek op toeristyske lokaasjes spylje de detektives fan Riek Landman.
Douwe Kootstra (1951) beskriuwt yn syn ferhalebondels ‘De moanne op 'e rêch’ (1987), ‘Yn de baan fan de boemerang’ (1990) en ‘Achter ljochte bergen’ (1993) reizen nei fiere bestimmingen as Laplân, Kuba, Singapore en Melanesië. Somtiden reizget er literêre foarbylden nei, lykas Nyckle Haisma yn Medan. De ferhalen binne in ôfwikseling fan toeristyske en algemiene ynformaasje, in beskriuwing fan reisûnderfiningen en in byldspraakrike delslach fan ympresjes fan it lân.
Jitske Kingma (1959) neamde har ‘In dûk yn 'e Ganges’ (1989) in romantisearre reisferhaal. It is basearre op in reis troch Yndia, Nepal en Bangladesh, mar beskriuwt mear de praktyske problemen as de bysûndere wrâld dêr't de reis him ôfspilet.
Joke Keizer (1933) makke in skriftlike delslach fan har lêzingen oer har reizen yn ‘De wrâld oer’ (1991). Sintraal steane de aventoeren yn de frjemde lannen en de minsken dy't se moetet. In bliere fernuvering oer de apartichheden fan oare kultueren is de grûntoan fan de ferhalen. Deselde toan is te finen yn har bondel ferhalen oer kostgongers, ‘Frjemd folk oer de flier’ (1993).
Willem Abma (1942) slút mei ‘In nacht yn de Andes’ (1993), ferhalen oer reizen nei Hongarije, Thailân, Kolombia en Kanada, oan by motiven yn syn oar wurk.
Op de detektive-roman ‘Inkelde reis Laplân’ (1979) fan Jelle van der Meulen nei ferskine om 1980 hinne net folle boeken yn dat sjenre. Anne Hellinga en Jan J. Bylsma wiene opholden mei har Benediktus-rige. Wol publisearre Reinder van der Leest noch twa boeken dy't de detektive parodiearren,
| |
| |
Joop Boomsma (foto: Friesch Dagblad)
‘Hertenfrou en skoppenboer’ (1983) en ‘Frouljusgambyt’ (1986).
Mei ‘Ien foar de wraak’ (1988) profilearre Joop Boomsma (1945) him as misdie-auteur. Deeglike research en in flotte styl binne de grutste kwaliteiten fan syn wurk. Syn earsteling hat ek in goede spanningsopbou, wat by ‘Kwea jild’ (1989) en it boekewikegeskink ‘In frou mei ljochtblauwe eagen’ (1994) minder it gefal is. It yn de misdieliteratuer net-gebrûklike sjenre fan it koarte ferhaal beoefene Boomsma yn de bondel ‘Picasso, lêste wurk’ (1992). Hy wie ek de inisjator fan de twa bondels ‘Fryske Misdiedferhalen’ (1991) en ‘Knyflok en Reidmannen’ (1994), dêr't er in soad kollega's mei foar it sjenre wist te ynteressearjen. Boomsma wie debutearre as dichter. De fersen yn de debútbondel ‘Ierlitte’ (1972) wiene kritysk gemoedlik, de toan fan it wurk yn ‘Wetter, stien en sân’ (1975) is foller. Syn meast resinte dichtbondel ‘Waskje op mendje’ (1986) befettet direkte, almeast anekdoatyske poëzij.
Riek Landman (1936) skreau in rige romans mei de bliere ûnderwizeres Anke en de hoedene plysje Sigrid as haadpersoanen. Op toeristyske lokaasjes hawwe se te krijen mei misdie en manlju. ‘Fuotprinten yn 't sân’ (1988) spilet op Mallorca, ‘Skaden oer de snie’ (1989) yn Eastenryk, ‘Rots yn 'e dize’ yn Gibraltar (1990) en ‘De Bolleman brieven’ (1992) yn Frankryk. Mei in ferbetterjende ferteltechnyk, hieltyd frijmoediger beskriuwingen en in flotte styl ûntwikkele Landman har ta in graach lêzen misdie-auteur.
Bertus Klazinga (1955) syn ‘De ielfretters’ (1992) foel op fanwegen de aparte lokaasje dêr't it ferhaal him ôfspilet, in tige sletten doarpsmienskip, en de ûnferwachte, faaks ek ûnfoldwaande motivearre, ein. Klazinga skreau in stikmannich kluchtige iepenloftspullen foar it teater yn Burgum.
Gâns skriuwers publisearren proaza dat oant no ta net mear as in ynsidint bleau.
Willem Tjerkstra (1943) syn ferhalebondel ‘Bline mosken’ (1991) en syn roman ‘Finzen yn bylden’ (1992) tsjûgje fan in fynfielende solidariteit mei ferhûddûke minsken, oanslutend by de kristlike tradysje. Tradisjoneel yn tematyk en fertelwize is ‘In gat yn de tiid’ (1993) fan Doete Venema (1951).
Bennie Huisman (1947) syn langstme nei tradysje en ferline klinkt yn de romantyske ferhalebondel ‘De rop fan it wetter’ (1990) troch. Eize de Boer (1951) keas foar ‘Op 'e flecht’ (1989) in ûngebrûklik gegeven en dekor: in automonteur hâldt in rûge fakânsje yn de sfear fan it begjin fan de jierren '70. Benny Holtrop (1938) debutearre mei ‘In appel foar ûnderweis’ (1993), in wrakseling om in ferline as NSB-bern ûnder eagen te sjen. Syn twadde roman ‘De boarstrok fan Fenna’ (1994), in pikant leafdesferhaal dat healwei omslacht yn in misdieroman, is flot skreaun, mar mist de persoanlike driuw fan it debút.
Sjarmant fanwegen de autentisiteit fan it ferhaal binne in stikmannich ego-dokuminten sûnder literêre pretinsjes. Eliza Posthuma (1921-1981) stelde syn ûnderfiningen as te wurk steld arbeider yn Dútslân te boek yn ‘Under frjemdfolk’ (1979). Fan Ak Wassenaar (1927-1992) waard it ‘Deiboek Menaam 1944-45’ (1990) publisearre. Yn
| |
| |
‘Buorfrou’ (1992) beskriuwt Kate Ashton (1948) it libben fan in doarpsgenoate. Klaas de Jong (1872-1959) syn ‘De blomkoalkening’ (1993), yn in oersetting fan D.A. Tamminga, is in dokumint fan in pionier yn Kanada. Diet Huber (1924) beskreau op koartswilige wize oantinkens oan har Ljouwerter famkesjierren yn ‘Nûmer alve’ (1988), út it ferrassende perspektyf fan in beuker wei.
Yn de oarloch spylje it oarlochsferhaal út it Wetterlân ‘It spoekskip’ (1990) fan Geart van der Zwaag (1924-1989), de ferhalen út de bondel ‘Skeind ferline’ (1990) en de novelle oer in bewenner fan it Arbeitseinsatzlager Erika ‘Minsk en bist’ (1992) fan Sjoerd Palstra (1916). De lêste publisearre ek ferhalen út it Roomske libben yn ‘Tusken pij en wierheid’ (1994).
De poëzij is in betreklik marginaal ferskynsel by de Friese Pers Boekerij. Allinne Baukje Wytsma publisearret geregeld dichtbondels. Oare dichters dy't yn ‘De Strikel’ publisearje binne Jan J. Bylsma, Meindert Bylsma en Tsjits Peanstra.
De kritiken op de poëzij fan Baukje Wytsma (1946) rinne tige útinoar. Guon achtsje har wurk superieur yn de filosofyske ferwurding fan de mankelikens fan it foarbygean fan de tiid, oaren neame har wurk moaiskriuwerij en kitsj. Wytsma har poëzij sprekt in grut langstme nei harmony út. Yn de earste bondels wurdt de realiteit (guon te maklik) besward mei in paradyslike dream, yn de lettere fersen wurdt de skeinde werklikheid realistysker ferwurde.
It dichterlik debút ‘Noch ien slach om 'e buorren’ (1980) befettet nei foarm en ynhâld sobere fersen oer in ferlern paradys, âlderdom en leafde. ‘It blau fan de hortinsje’ (1984) is it hichtepunt fan de harmony yn Wytsma har wurk. Yn rymjende, metryske
Omslach fan ‘It blau fan de hortinsje’ fan Baukje Wytsma
fersen rinne de byldspraakrike observaasjes en oantinkens út op ienheidsbelibbingen mei in tiidleaze werklikheid. De tún is it paradys yn ‘Heech gers’ (1987), dêr't de minske middenmank âlden en freonen in skoft libje mei.
Yn ‘By ljochtskyndei’ (1989) is wanhoop oer in ferlerne leafde it sintrale tema. De ferfrjemding makket in ein oan de fêste fersfoarmen: Wytsma skeakelet oer op it frije fers. ‘In see fan wetter’ (1993) is minder dûnker fan toan. Wytsma har ûnderwerpen binne: paradyslike natuer, de feilichheid fan âlden, de leafde en de fergonklikheid fan dat allegearre. Yn de bondel binne se omjûn troch leaflike kontoeren en beskreaun mei oansetten fan grime.
| |
| |
Tsjits Peanstra (1924) ferwurdet yn tradisjonele foarmen algemien minsklike tema's as leafde, dea, begrutsjen mei de meiminske, bondele yn ‘Neisimmer’ (1981) ‘Piipkrûd’ (1984) en ‘Oanspield’ (1988). De ferbining fan lânskip mei emoasje is geef, mear eigen is de byldspraak dy't de dichteresse brûkt om relaasjes tusken minsken mei oan te tsjutten.
De gedichten fan Jan J. Bylsma (1931) ken men werom oan de koartheid en har somtiden anekdoatyske, somtiden poëtikale karakter. Synyske lêste sinnen fan de fersen yn ‘As wie der neat to rêdden’ (1979), ‘Machtich as de miggen en oare fersen’ (1984) en ‘Lyts mar krigel’ (1992) relativearje âlder wurden en fergonklikheid, de massakultuer en de poëzij sels.
Tineke Steenmeijer (1946) har lichte poëzij yn ‘Toudûnsje’ (1983), dêr't langstme nei feiligens út sprekt, krige gjin ferfolch. Rixt Sudema (1951) is mei sabeare naïve en lichtfuottige poëzij yn ‘Opskriften en ûnderskriften’ (1978) op syk nei har identiteit.
| |
6.5. ‘Trotwaer’: de generaasje fan '67
Yn 1967 publisearret ‘De Tsjerne’ in nûmer mei wurk fan skriuwers ûnder de tritich jier. ‘Trotwaer’ set yn 1969 út ein as opfolger fan ‘De Tsjerne’, dat fan de oarloch ôf it wichtichste tydskrift west hie. Lettere renommee's fan de generaasje dy't yn de sechtiger jierren opkommen wie, wurde dêr redakteur en meiwurker fan: Trinus Riemersma, Steven de Jong, Josse de Haan, Adri van Hijum, Willem Abma, Bartle Laverman. Redakteur binne ek de letter debutearjende skriuwer Eppie Dam en Geart fan der Mear, dy't al yn ‘De Tsjerne’ en ‘Alternatyf’ skreaun hie. Yn de jierren '80 is ek de eardere ‘Alternatyf’-redakteur Jan Wybenga in skoft redakteur fan it tydskrift.
It tydskrift krijt yn it earstoan likefolle de
Omslach ‘Trotwaer’, ûntwerp Jeroen Goulooze en Dejan Flasker
toanoanjaande rol as earder ‘De Tsjerne’, ek al woe ‘Trotwaer’ net pommerantesk wêze. Linkendewei wurdt it tal artikels oer maatskiplike en literêre konvinsjes minder. In ‘krisisgearkomste’ yn 1983 smyt in soad reboelje op tusken de âlde generaasje en de doetiidske redaksje, mar gjin feroaring fan koerts. ‘Trotwaer’ hâldt oant de jierren '90 de namme fan in akademysk tydskrift te wêzen. In grut part fan de redakteuren is sels gjin skriuwer of dichter, en wennet bûten de provinsje. Yn it tydskrift ferskine foarpublikaasjes fan wichtich wurk fan Jan Wybenga, Steven de Jong, Wilco Berga, Trinus Riemersma en oaren. Yn de jierren '90 komt it blêd ûnder redaksje fan jonge skriuwers, lykas Jetske Bilker en Albertina Soepboer.
De skriuwers fan de generaasje fan '60 moatte har ferhâlding mei maatskiplike en literêre konvinsjes bepale. Boargerlikheid, rasjonalisme, besteande produksjeferhâldingen, konsumpsje, man-frou-ferhâlding, taboes binne konvinsjes dy't yn wurk fan ‘Trotwaer’-skriuwers yn de kiif steld wurde. Se brûke dêr proaza foar likegoed as poëzij. Yn it proaza eksperimintearje
| |
| |
Trinus Riemersma, Steven de Jong en Meindert Bylsma mei mearlagige ferhalen. Yn de poëzij slacht it frije fers foar master op, en binne assosjaasjes wichtiger as rasjonele ferbannen. Dat blykt op 'en dúdlikst út it wurk fan Josse de Haan en Steven de Jong. Yn de rin fan de tachtiger jierren ferdwynt de oriïntaasje op it eksperimint nei de achtergrûn en kieze de skriuwers ek wer tradisjonelere foarmen.
De wichtichste nei-oarlochske proazaïst Trinus Riemersma (1938) sleat mei ‘Fôi en fredeloas’ (1977) en ‘De skjintme vurt ferbwólgwódde’ (1981) in lang tiidrek fan konstante produksje ôf. Trije jier lang jout er noch syn polemysk ienmanstydskrift ‘De kul’ (1983-1985) út, mar der ferskine gjin literêre boekpublikaasjes, wol literêr-histoaryske, teoretyske en taalkundige stúdzjes. As Riemersma yn 1992 syn ‘De reade bwarre’ yn it ljocht jout, is dat in literêr feit fan de earste oarder.
Yn de roman mei koarte ferhalen ‘Fôi en fredeloas’ wurdt de stream gedachten fan in man dy't wachtet op in frou ûnderbrutsen troch ferhalen oer iensume, ienlike en ôfwiisde minsken. Sa't de skôgings oer it skriuwen de lêzer ferfrjemdzje fan de ferhalen, sa tilt it gebrûk fan Aldfryske fragminten de iensumheid nei in mytysk plan. Yn it ferhaal ‘Ut túnfeest’ eksperimintearret Riemersma mei tiidstruktuer en fertelstânpunt, yn de trant fan de Frânske ‘nouveau roman’.
De roman ‘De skjintme vurt ferbwólgwódde’ (1981) folget in bizarre dei lang de observaasjes fan in spjalten man yn in maatskippij fan konsumpsje, seks en geweld. De ôfsidichheid fan de haadpersoan en de earder skematysk ideologyske as psychologyske tekening meitsje de roman konstruearre en dêrmei ûnbefredigjend.
Trinus Riemersma (foto: Anneke Bleeker)
Waard Riemersma foar de foarm fan ‘De hite simmer’ (1968) ynspirearre troch ‘Menuet’ fan Louis Paul Boon, ‘De reade bwarre’ (1992) docht jin tinken oan Boon syn ‘Kapellekensbaan’, en oan ‘Max Havelaar’ fan Multatuli. Riemersma dielt sels mei, troch Steven de Jong syn ‘De Wuttelhaven del’ ta fierder skriuwen oanfitere te wêzen. ‘De reade bwarre’ biedt in komplekse lêserfaring. De yn Brolsma-achtige styl skreaune skets fan de Módder-klauers is sfearfol, de beskriuwing fan Tilly syn opgroeien is fertederjend, de diaboalyske fragminten oer de Reade Bwarre binne komysk en grotesk, de satire op Bewegers foar en yn de oarloch hearre ta it brutaalste proaza fan de Fryske literatuer. Weeft yn de epilooch Riemersma yn 'e mande mei al syn romanpersonaazjes ôf mei Ferwert, de roman is te ynterpretearjen as in ôfrekken mei de myte fan in froed, from en fredich Fryslân. Mei syn skala oan stilen en ferhaallinen, syn brede tematyk en
| |
| |
syn fitaliteit en monumintale alluere makket ‘De reade bwarre’ ien fan de hichtepunten fan it neioarlochske proaza út.
Eangst oerhearsket it wurk fan Steven de Jong (1935). Yn de bondel ‘Salto mortale’ (1988) is de assosjative metaforyk de driuw yn poëzij dy't earder byldzjend as muzikaal neamd wurde kin. As dichter bekend leit De Jong him letter ta op proaza.
De tsien ferhalen yn ‘De maagd fan Babylon’ (1980) kenne in hiel oare sfear as de alve gedichten. De personaazjes binne ôfhinklik fan frjemde machten: oersterke manlju en froulju, ferslaving, in net begrepen God. Se fiele har minderweardich yn fijannige situaasjes en gebouwen, dy't jin oan in diaboalysk magysk-realisme tinken dogge. Spot mei manlikheid en memmetaal is in weromkommend motyf. De gedichten binne oäzen fan rêst en helderheid tusken de ferhalen, al geane se oer deselde ûnderwerpen: de ûndergong fan it Fryslân fan Obe Postma, de ûnmooglike taak fan de dichters en folwoeksen erotyk.
‘De Wuttelhaven del’ (1989) jout op mear lagen tagelyk de moedige, persoanlike striid wer fan in soan fan in foute heit. In ferbittere learaar rekket oerspand. Antysemitisme yn syn klasse is de lêste drip dy't syn amer fan mismoed oerrinne lit. Hy komt yn kontakt mei in magysk-realistysk oandwaande werklikheid: de superieure joad David, wiis en fan it libben genietsjend, hat de lieding oer in arkadyske kibboetsj yn it sintrum fan Ljouwert. Der trochhinne frissele is it ferhaal fan in kollaborearjende sjoernalist, dat him lêze lit as in kaairoman oer De Jong syn heit. Yn de apokalyptyske ein stoart de machtige Grutte Tsjerke yninoar en bliuwt Ljouwert like skeind as de ferteller achter.
Josse de Haan (1941) profilearret him as fertsjintwurdiger fan it surrealisme yn de Fryske literatuer. It surrealisme is ien fan de
Josse de Haan (foto: Anneke Bleeker)
keunststreamingen dy't yn it begjin fan dizze ieu ûntstiene. It pleitet derfoar om troch middel fan assosjaasjes it ûnbewuste los te meitsjen út boargerlike wetten en seksuele taboes.
De almeast foarmleaze, bytiden posearre, fersen fan De Haan, sammele yn ‘De dei fan de kraenfûgel’ (1979) en ‘Geeffike pears gers’ (1987), besteane út byldspraken en abstrakte sinnen, dy't út in observaasje wei assosjatyf útwurke en behoffene wurde ta poëzij. De fersen meitsje bytiden in firtuoaze yndruk en kinne yntrigearje, mar wurde ûnbegryplik as de boarne fan de assosjaasjes yn de werklikheid net nei te kommen is. Se jouwe dan romte oan de lêzer om der in eigen ynterpretaasje yn te lizzen. ‘Rhapsody yn stien foar Jerusalem’ (1989) hat wol in tagonklike ynspiraasje: de steat Israël en it geweld tusken joaden en Palestinen.
Yn it proaza fan De Haan binne taboetrochbrekkende seksualiteit, trijehoeks- | |
| |
ferhâldingen en abstrakte rituelen fêste motiven. Yn ‘Omskotten fan leafde’ (1981) wurdt de leafde tusken in learares en in learling plastysk beskreaun, en it boargerlike ôfkarren dêrfan. ‘Katastrofe’ (1992) is in bewurking fan it koarte toanielstik ‘Românse foar seis hannen’ (1974), oer in trijehoeksferhâlding fan in man Joazef, en in wite en in swarte Maria. Yn de novelle binne de abstrakte tsjinstellingen net ta in konkreet ferhaal útwurke, en bliuwe de trije personaazjes stereotipen.
De Haan bewiist syn skriuwtalint mei it romantisearre ‘100 jier keatsen Hjerbeam’ (1993), lykas er syn polemysk talint bewiist yn syn ienmanstydskrift ‘iP2r90’, dêr't er surrealistysk wurk en oanfallen op boargerlike pommeranten yn ôfprintet.
Adri van Hijum (1943) bepaalde mei syn struktueranalyzes yn de trant fan it Nederlânske tydskrift ‘Merlijn’ in jiermannich it byld fan ‘Trotwaer’. Syn poëzij is net fan itselde gewicht. Aforismen en koarte observaasjes meitsje ‘Fersen 1965-1977’ (1977) en ‘Yntermezzo’ (1984) út.
Reinder van der Leest (1933) hat mei syn lichte toan en ferrassende humor in ûnmiskenber eigen lûd. Mei ‘Cap Sud’ (1980) skreau er de earste Fryske jongereinroman. ‘Hertenfrou en skoppenboer’ (1983) en ‘Frouljusgambyt’ (1986) kombinearje de spanning fan in detektive mei de humor fan de parody dêrop.
Yn ‘Wyn en fearren’ (1986) bondele Van der Leest wurk út de jierren 1979-1985. Nêst de bewende taalboarterige fersen steane dêr gedichten yn mei in sfear fan nostalgy.
Fan 1970 ôf wurket G. Willem Abma (1942) oan in grut oeuvre, wêryn't er striidt mei de autoriteit fan leauwe en heit. Earst is er benammen as dichter aktyf, letter as romanskriuwer en resint ek as skriuwer fan toaniel. De minske dy't iepenstiet foar de spanning tusken driftmjittich libben en driigjende dea, de ôfwizing fan dy ekstreme identiteit troch massa en autoriteiten, en de iensumheid dy't dêr it gefolch fan is, dat is de sintrale tematyk yn it wurk.
Yn Abma syn romandebút ‘In satansbern’ (1981) besiket de yn iensumens opgroeiende Wibren Hiddema in eigen identiteit op te bouwen nei't de godfreezjende heit syn soan in helske jeugd besoarge hat. Earst nei it ôfrekkenjen mei de heit, hat de soan kâns om him ta wat oars as in satanysk wêzen te ûntwikkeljen.
‘De klinyk’ (1982) beskriuwt in sikehûsopname. Oan de driging fan dea en ferdjer ken men de skriuwer wer, mar fierder hat it relaas, mei keunstmjittich ferfrissele deiboekfragminten deryn, it meast fan in etude.
De ûntjouwing fan in kwetsbere jonge ta folwoeksene is it ûnderwerp fan de Heerd Hissema-romans. Yn ‘De oantaasting’ (1983) wurdt de jonge, yn wa't de mem in Nazireeër, in útferkarde, sjocht, konfrontearre mei it kwea: in man taast him oan. It boek is mei syn gearfetsjende beskriuwingen ryklik tradisjoneel. Yn de folgjende dielen ûntwikkelet Abma in eigen styl, mei nuansearre beskreaune psychologyske analyzes fan situaasjes en ferhâldingen as wichtichste skaaimerk, en it ôfstanlike oantsjutten fan de âlden as ‘de mem’ en ‘de heit’ as opfallendste eigenaardichheid. Seksualiteit, konfrontaasjes mei de heit en de metafysyske ynterpretaasje fan syn omjouwing meitsje it bestean ta in gaos foar Heerd. De middelbere skoalletiid, beskreaun yn ‘De roekkat’ (1986), is in swalktocht dy't gjin remeedzje opleveret foar de iensumheid en gjin identifikaasjefoarbylden biedt. Yn ‘It byldsje’ (1988), dat de earste twa jier nei it sakjen foar it eksamen beskriuwt, siket Heerd de sin fan it bestean yn hieltyd ekstremere omstannichheden, om yn ‘It orakel’ (1990) harmony te finen yn it klassike Grikelân.
| |
| |
‘Freonen ûnder elkoar’ (1993), in ôfrekken mei de skynhillige freonskip op in kristlike skoallemienskip, wurdt mei ynjûn troch de skriuwer syn eigen ôfskie fan it ûnderwiis yn 1988. ‘In nacht yn de Andes’ (1993) is in bondel reisferhalen dy't yn Hongarije, Kolombia, Kanada en Thailân spylje, dêr't de ferteller krekt as Abma syn oare romanpersonaazjes yn konfrontearre wurdt mei makabere seksualiteit, dea en sinjouwingsfragen.
It wichtichste dichtwurk fan Abma is te finen yn de bondels dy't er as Daniël Daen publisearre hat. De kwantiteit fan fersen, bondele yn ‘Rânnen fan forjitnis’ (1977), ‘Hjerstreach’ (1979), ‘En it barde’ (1980), ‘Nachtfeest’ (1982), ‘Dieden’ (1986) en ‘Bist noait wa'st wieste’ (1987), stiet net yn ferhâlding ta de kwaliteit derfan. De natuerfersen, swiermoedige leafdespoëzij en it machteleaze engaazjemint misse de djippe emosjonaliteit fan de eardere fersen dêr't de dichter yn stried en ôfrekkene mei syn komôf. De machteleaze posysje fan de dichter, dy't ôfweefd hat mei it oerlevere leauwe, fynt syn wjerslach yn de bytiden amper poëtysk te neamen foarm. As de dichter in nije religiositeit siket yn frou en meiminske, fynt er yn klassike foarmen in nij hâld. Untroerend is it koarte bibliofyl ûtjûne ‘Dea fan 'e moskefrou’ (1987), skreaun nei oanlieding fan de wankende dea fan syn mem. Nei jierren fan dichterlik swijen ferskynde yn 1993 ‘Moeting’, dêr't de persoanlike poëzij oer de leafste en it ferstjerren fan de âlden better fan foldocht as guon abstrakte en op antike en oare foarbylden ynspirearre gedichten.
Mei ‘Trije ienakters en in monolooch’ (1993) weage Abma him oan toanielwurk. Yn de ienakters wurde fragen oer skuld en leauwe besprutsen. Eigensinniger is de dryste monolooch ‘It syndroom fan Down, of: in milkshake foar God’.
De haadpersoan fan ‘De mafiaman’
Omslach fan ‘De roekkat’ fan G. Willem Abma, ûntwerp fan Chaim Mesika
(1994) is fannijs in man mei obsesjes en ferslavingen, skeind troch syn ferline. De ‘psycho-thriller’ mist krektens yn de taal en oertsjûgingskrêft yn de beskriuwing fan de relaasjes.
Bartle Laverman (1948) dichtet arkadysk oer gewoane dingen. Partikuliere húslike tafrieltsjes, argayske boere- en natuerfersen, en poëzij oer leafde en dea markeare de sirkelgong fan it libben. De rige bondels ‘Skimerlânskippen’ (1975), ‘Winter’ (1977), ‘Kloentsjetee’ (1979) fynt har brânpunt yn ‘Neitins’ (1979), de direkt formulearre klacht oer it ferstjerren fan in freon. ‘Ik laitsje my dea’ (1981) is de meast útwurke bondel. De mankelikens leit dêr
| |
| |
bestjurre yn langere natuerfersen, yn twa sykly wurdt sykte en dea stal jûn. ‘Master ûnder protters’ (1985) is in herhelling fan de oade oan it âlde boerelibben.
Geart fan der Mear (1944) bewiist yn ‘Skûl by hanklit’ (1984) en ‘Winterkriik’ (1987) in grutte foarmfêstens. Hy skriuwt sonnetten, kwatrinen en sels kopla's mei as ynhâld ôfstanlik-sarkastyske observaasjes, lânskipsympresjes en oantinkens oan de bernejierren. Hoewol't it wurk somtiden net frij is fan optochtens, blykt út fersen as ‘It famke’ en ‘skieding’ ek in dichterlike needsaak.
Meindert Bylsma (1941) hat in foarkar foar koarte grillige anekdoates. Yn syn bondels mei ienfâldige praatfersen beskriuwt er mei humor tafrieltsjes mei in sosjale ynslach: ‘Oant sjen yn Peazens / Moddergat’ (1979), ‘Tekens fan hjoed nei juster’ (1986) en ‘It spul troch it gat sjen’ (1988). Syn fantasyfolle, brike koarte ferhalen sammele Bylsma yn ‘Praat út in hynstekop’ (1983) en ‘It grom spat alle kanten út’ (1986).
Twa novellen joech Bylsma yn it ljocht: ‘Boartsjendewei’ (1981) en ‘Fuortsmytballade yn es’ (1992). Yn de lêste is in oerspande learaar obsedearre troch fuortsmiten foarwerpen en tinkt er him ferhalen yn.
Mei ûnder oaren Meindert Bylsma en Piter de Groot makke Pier Boorsma (1944) de redaksje út fan it tydskrift ‘Sonde’ (1969-1978). It tydskrift rjochte him tsjin it ûntbrekken fan maatskiplike belutsenens by ‘Trotwaer’. Pier Boorsma publisearre twa bondels gedichten, ‘Neidagen fan in keamerhear’ (1971) en ‘Under frjemde wetten’ (1978), dêr't de geast fan in roerige tiid út sprekt. De wetten fan de realiteit blike yn Boorsma syn fersen in bedriging foar de eigen suverheid.
Pessimisme en dea binne de grûntoan yn it wurk dat Eppie Dam (1953) regelmjittich en mei grut fakmanskip produsearret. Yn it earste wurk spylje dea en frustraasje yn algemiene termen in oerhearskjende rol. Letter wint de pessimistyske tematyk oan konkreetheid en fariaasje. Dam skriuwt proaza en gedichten. Mei de realistyske ferhalen fan ‘Spinaazje mei spikers’ (1986), ‘Mei bleate fuotten op bêd’ (1990) en ‘Jelma’ (1991) en it miljeuferhaal ‘Achlum Nabusco’ (1992) is er de meast moderne skriuwer fan berneliteratuer.
It proazadebút, de ferhalebondel ‘Strie oerdwers’ (1978) lit him lêze as in rige fingeroefeningen, dêr't de ynfloed fan Trinus Riemersma yn oan te wizen is. It bewiisde Dam syn ferteltalint en fakmanskip: sfearfolle beskriuwingen, sekuere opbou, in geve taal en in goed each foar de ferhâldingen tusken minsken.
De twadde ferhalebondel ‘De ûnderste stien’ (1982) befettet sân ferhalen mei deselde haadpersoan, dy't besiket prototype te wêzen fan de ik-kultuer, mar yn iensumheid einiget.
It earste fan in nije rige Fryske boekewikegeskinken ‘De tomaat’ (1989) bestiet út ien lange flash-back yn in skeefgroeiend houlik. De haadfraach fan it ferhaal is: kin men jins bestean sels bepale? De lange jongereinroman ‘Jappy en de 24-trui’ (1993) is in aventuerlik boek oer goed en kwea.
De tiid figurearret gauris yn de titels fan Dam syn poëzijbondels. ‘Mei de jierren’ (1978) komt elk minske tichter by de alles oerhearskjende dea. Tefolle oandacht foar poëtyske stylmiddels makket dit poëzijdebút op plakken konstruearre ambachtlik. Fan ‘Goddeleaze tiid’ (1983) en ‘Tusken juster en jûn’ (1983) ôf stiet Dams technyk yn tsjinst fan syn tematyk. Wurdkar en ritme suggerearje effektyf in mankelike sfear; befrijing dêrút is wol winske mar net mooglik. Natuer, leafde en sels libbenleaze saken binne by Dam oanlieding foar in gedicht.
| |
| |
Omslach fan Eppie Dam, ‘Goddeleaze tiid’
De sonnetten yn ‘Fjouwer fertikaal’ (1985) lykje in tusken de bedriuwen troch ôfleine foarmemasterproef, dy't in ûntjouwing fan jonge ta skieden man folgje. ‘Te lange lêsten’ (1987) befettet fersen by skilderijen fan Henk Pietersma, dy't it deeglike, somtiden stege fakmanskip fan de dichter bewize. De polderfersen yn ‘Boulân’ (1990; mei Margryt Poortstra) binne goed gelegenheidswurk.
In inkeld stillibben yn ‘De kaai ûnder de klok’ (1986) kin de tiid even skoft hâlde litte. De sirkulêre tiid draait troch, sûnder dat it libben better wurdt. De tiid stiet gjin ferjitten en opnij begjinnen ta. ‘De sachte túfkes fan dyn Lister’ (1993) waard skreaun nei oanlieding fan it ferstjerren fan de heit fan de dichter. Persoanlik fan ynspiraasje mist it wurk foarm en ôfstan.
Margryt Poortstra (1953) is min yn ien fermidden te pleatsen. Se begûn mei tradisjoneel wurk. Doe't se dy faze ôfsletten hie, publisearre se op in grut tal plakken: wurk yn boekfoarm by de Koperative Utjowerij en by Utjouwerij Fryslân, en gedichten yn de tydskriften ‘Hjir’, ‘Trotwaer’ en ‘De Strikel’.
Poortstra debutearre as skriuwster fan ryklik tradisjonele KFFB-romans: ‘Hillige Minke’ (1975) en it autobiografyske ‘It stille wetter’ (1977). Har letter proaza is folle persoanliker fan toan. Opgnis en patetyk binne yn dat wurk net te finen, wol in hast fotografyske delslach fan it beheinde territoir fan har froulike haadpersoanen. It psychologysk ynsjoch en poëtysk taalgebrûk meitsje de wearde fan har jongere wurk út.
Yn ‘Fragmint’ (1989) siket in jonge mem in nije hielheid en libbenssin yn relaasje en maatskiplike omstannichheden, wylst om har hinne in polderstêd opboud wurdt. ‘Beheind gebiet’ (1991) beskriuwt in grut ferskaat fan relaasjes tusken benammen froulju, tekene mei each foar detail en sterk fan sfear. De nijsgjirrichste beskriuwingen binne dy fan de bân tusken mem en dochter. It boekewikegeskink ‘Nachtljocht’ (1991) beskriuwt yn de trant fan de bondel de relaasje tusken in pasjinte en in ferpleechster.
Yn ‘Adres ûnbekend’ (1993) is der in alternatyf foar it libben yn beheining. De struktuer is fernimstich: in hoeden libjende frou skriuwt in brief oan har ferstoarne temperamintfolle freondinne, mar de konfrontaasje tusken beide libbenshâldingen ûntbrekt troch de keazen brieffoarm. Wolwêzensjargon en maklike byldspraak dogge ôfbrek oan it ferhaal.
It poëtysk debút, ‘Krúswetter’ (1987) slút oan by motiven út it proaza: bernetiid, leafde en ûnwisse relaasjes, berte en post-natale tiid, pionierjen yn de polder. Yn fjouwer portretten ferwurdet Poortstra de emoasjes fan bibelske froulju los fan de fêststeande religi- | |
| |
Margryt Poortstra (foto: Anneke Bleeker)
euze oerlevering. De werklikheid ûntdwaan fan in wale fan dream en yllúzje, dat stribbet Poortstra yn har wurk nei. It slagget har it bêste yn kearnachtige sinnen yn guon fan har gedichten, wêryn't amper fan literêre stylmiddels gebrûk makke wurdt.
Lânskipspoëzij is te finen yn ‘Boulân’ (1990), in bondel polderfersen yn de mande mei Eppie Dam. ‘Ferrifeljend glês’ (1994) is in ferbreding en útwurking fan ‘Krúswetter’. De dichteres akseptearret har situaasje en siket binnen de beheiningen fan it deistich libben nei eigen mooglikheden. De portretten fan âlder wurdende froulju binne mear detaillearre, fersen oer it stribjen nei yntimiteit mei de leafste en oer it ferselsstannigjen fan de bern binne lichtfuottiger wurden.
De grutste nije talinten ûnder de dichters binne Wind, Berga en Van der Wal.
Harmen Wind (1945) publisearret gedichten yn it Nederlânsk en it Frysk. Striid mei de dea fan in oerhearskjende heit en in lânskip dat de dea yn him hat, binne weromkommende motiven yn de bondels ‘Ut ein’ (1985), ‘In wjirm mei in izeren rêchbonke’ (1989) en ‘Boppe wetter’ (1992), dy't erudysje, behearsking fan de foarm en ynspiraasje troch it wurk fan Achterberg ferriede.
Wilco Berga (1947) syn debútbondels ‘Reager, fisk en man’ (1990) en ‘Fan dit lân in fresko’ (1991) sprekt in grutte poëtyske driuw út. De dichter ferwurdet hertstochtlik ympresjes fan it lânskip mei natuer en doarpen yn tradisjonele fersfoarmen. De gauris ferheljend útwurke gedichten krije troch de algemiene oantsjutting fan persoanen en plak fan hanneling in hast mytyske toan.
Bolbjirken rigen fan wylde byldspraken steapelje har op yn ‘In nêst jonge magneten’ (1991) fan Cornelis van der Wal (1956). Parnassjaanske patetyk wurdt humoristysk ironisearre.
In nije generaasje prozaïsten is yn de njoggentiger jierren net oan te wizen. De measte debutanten kinne net mear jong neamd wurde. Opfallend is hoe't yndividuele identiteit as tema oerhearsket.
Jetske Bilker (1960) skriuwt mei ‘Imitaasjelear’ (1988) in geve, tradisjonele roman oer de striid fan in jonge frou tusken eigen identiteit en identifikaasje mei in freondinne.
Wilco Berga romantisearret it plattelânslibben fan in man tusken de trije mytyske frouljustypen: maagd, mem en hoer, yn de novelle ‘Hauk en hazze’ (1993), symboalen fan jager en proai, skreaun yn ritmysk proaza.
Baukje Miedema (1955) slagge it yn har ‘In wike en in dei’ (1985) en jou de ferfeling fan in wurkleaze frou en de struktuerleazens fan har libben stal yn in skets fan acht lege
| |
| |
dagen. Har twadde roman, skreaun ûnder de namme Bauky Miedema, falt ôf neffens it ûnthjit fan de earste. ‘Flues en trompen’ (1990) behannelet de Fryske taalstriid, yn in forsearre situaasje, in Frânske berchhutte. Ek yn it toanielstik ‘Poalsk blau’ (1993) is der sprake fan in ôfsletten romte, in sniehutte op de Súdpoal dêr't in eksplosive frou har kalkulearjende man mei harren relaasje konfrontearret.
Nora Pratley (1956) lit de politike thriller ‘Mardan’ (1990) spylje yn in fiktyf lân; it ferhaal is spannend, mar de dialooch is forsearre en de persoanetekening oerflakkich.
| |
6.6. ‘Hjir’: de generaasje fan '75
Wurdt de goede namme fan it tydskrift ‘Trotwaer’ benammen yn de begjinjierren makke troch de reputaasje fan syn redakteuren, fan it tydskrift ‘Hjir’ kin it tsjinoerstelde sein wurde. De redakteuren ûntliene har reputaasje gauris oan it tydskrift dat har ûntwikkeling mooglik makket: oprjochter Boersma, redakteuren fan de earste oere Sybe Krol, Tsjêbbe Hettinga, Jacobus Q. Smink en Piter Yedema, en lettere redakteuren as Beart Oosterhaven, Willem J. Pytters, Jan Kooistra, Jabik Veenbaas en Syds Wiersma. Op Boersma en Veenbaas nei binne se mear dichter as prozaïst.
In gearhingjende ‘Hjir’-generaasje of -groep meie de dichters net neamd wurde, mar dochs soe men sizze kinne dat de measten in beskate romantyk net frjemd is. Nei in perioade fan bloei fan it frije fers, geane gâns ‘Hjir’-dichters werom nei fêstere foarmen. Kooistra en Smink skriuwe (rymleaze) sonnetten en strofyske fersen, Yedema kiest foar de eksoatysker heal-filanelle en it rondiel, en Boersma leit himsels in matematysk ramt op.
Piter Boersma (1947) debutearret yn 1974 as dichter mei ‘Net to kearen emoasje’. Hy
Omslach ‘Hjir’, ûntwerp Anne Feddema
wurdt as oprjochter en gesicht fan ‘Hjir’ en as produktyf proazaskriuwer, al rillegau in sintraal persoan yn de Fryske literêre wrâld. Algemiene wurdearring as skriuwer krijt er earst as er yn 1988 de dichtbondel ‘Under it twangjok’ it ljocht sjen lit.
Bining en befrijing binne de sintrale tema's yn it wurk fan Boersma. De ‘Net to kearen emoasje’ moat him bytiden deljaan ‘Under it twangjok’ fan opleine algemiene noarmen en eigen blokkades. Yn it literêre is der deselde tsjinstelling: foarm en ynhâld stride om it primaat.
It poëzijdebút wie net mear as in ûnthjit. Observaasjes en emoasjes binne neffens de moade fan de tiid yn frije fersen getten, mar misse de spanning fan in beskate foarm. Yn it proaza-debút, de ferhalebondel ‘Hwat der bart’ (1976), giet Boersma fierder op it
| |
| |
Piter Boersma (foto: Henk Kuiper)
paad fan it detaillearre notearjen fan observaasjes. Deistige barrens en it útbrekken dêrút yn de natuer fan de Lege Midden wurdt omtrint fotografysk ferslach fan dien yn opiensteapelingen fan koarte sinnen.
Boersma syn earste roman ‘De reis fan Labot’ (1977) is it sabeare direkte ferslach fan de fytstocht fan in adolesint dy't útfine wol wat er eins yn it libben siket.
De twadde ferhalebondel ‘De skjirre’ (1980) lit, neffens de earste bondel, in feringing fan de ynhâld en in útwurking fan de foarm sjen. Der bestiet in spanning tusken de haadpersoanen en harren hieltyd fêstere relaasjes en in jonge húshâlding. Yn de wize fan fertellen toant Boersma in breder palet fan mooglikheden, en slút er oan by de proazafernijing dy't earder al by Riemersma oan te wizen is. Subjektive ympresjes winne terrein op de objektive notaasje.
Mei de roman ‘Skuor’ (1982) fynt de neidruk op de foarm syn hichtepunt yn in perspektyf-eksperimint. De ferteller beskriuwt it ferhaal fan in man dy't út syn deistige sleur brekt en him identifisearret mei de frijheidsstriid fan Súdamerikaanske guerilla's; de ferteller giet sa yn syn ferhaal op dat hy ien wurdt mei syn haadpersoan. De ‘Keatsroman’ (1984) beskriuwt hoe't âlde keatsers it ôflizze moatte tsjin jongere mei nije trainingsmetoaden. Nei dizze roman ferskynt ynearsten fan Boersma gjin proaza yn boekfoarm mear, mar yn ‘Hjir’ publisearret er wol geregeld fragminten dy't in folslein nije styl sjen litte. Gjin keunstige foarmeksperiminten mear, mar keale opsommingen en losse fragminten.
De dichtbondels ‘Printkrassen / gedichten’ en ‘Op weagjende grûn’ (1984) sette de line fan it debút troch. Iensumheid en de útbraak dêrútwei nei de leafste en de bertegrûn binne dêr de tema's fan. De fersen winne oan foarm: werhelling fan sinnen en enumeratio, it opneamen fan rigen wurden, binne de meast foarkommende stylmiddels. In hichtepunt yn syn oeuvre is ‘Under it twangjok’ (1988). De wiskundige struktuer fan de fjouwer sykly fan acht gedichten, hieltyd besteande út sechtjin rigels fan acht wurdlidden, is it twangjok dêr't de dichter him ûnder deljaan moat. It isolemint en de ympasse lykje definityf. De rigen abstrakte wurden binne almeast ek letterlik sin-leas. Dochs is der in útwei: de hertstocht fan de oerjefte oan de beminde. De fersfoarm fynt in ferbreding yn ‘It swurd út 'e stien’ (1992). Referinsjes oan de bibel en de Arthurferhalen biede befrijende hertstocht nije romte; de krêft fan de taal om in oare wrâld te foarmjen is in nij middel om it isolemint te bestriden.
Sybe Krol (1946-1990) publisearre trije dichtbondels: ‘Fossyl fan fjoer’ (1978), ‘Korrektyf’ (1983) en ‘Rymtwang’ (1984). It lânskip, de leafde en de poëzij sels binne de ûnderwerpen fan de fersen. Ferromming
| |
| |
brekt yn de foarm fan kwetsbere leafde en wiffe natuer út en troch de ban fan it benearjende bestean en de macht fan de fysyske wetten. Krol is yn de Fryske literatuer ien fan de earsten dy't oer homoseksuele leafde skriuwt. Befetsje de beide earste bondels noch benammen rymleaze fersen mei byldspraak en herhelling as wichtichste stylmiddels, de lêste bondel bestiet út rymjende gedichten. Dat bliek net in nije ûntjouwing yn syn wurk, mar in útwyk foar it skriuwen oer de wankende dea.
Mear noch as yn syn gedichten is de taalmacht fan Krol te fernimmen yn syn oersettingen, benammen yn ‘Romeo en Julietta’ (1987) en ‘Richard III’ (1989) fan Shakespeare foar opfieringen troch Tryater. Krol hat fierder proaza oersetten: ferhalen fan Knut Hamsun, in rige Deenske novellen en mearkes fan Oscar Wilde.
Tsjêbbe Hettinga (1949) is it grutste hjoeddeiske dichterlik-retoaryske talint.
Fan it begjin ôf oan, sûnt it ferskinen fan syn earste bondel ‘Yn dit lân’ (1973), spilet it lânskip in grutte rol yn syn poëzij. Gauris mei groffe kwast skildert er lân, stêd en see; net allinne fan Fryslân, mar ek fan Wales, it lân fan Dylan Thomas, dêr't Hettinga in soad wurk fan oersetten hat.
Nei in twadde bondel, ‘Lân-, loft- en seefersen’ (mei Jelle Kaspersma, 1974) ferskynde yn 1975 ‘Fan lân loft en leafde’. By Hettinga is it lânskip ferbûn mei leafde. It lânskip wurdt hast eroatysk beskreaun, erotyk wurdt faak beskreaun yn it belibjen fan in lânskip. Foar it sinlik ûndergean fan dizze werklikheid oer stiet de tiid, ferbûn mei fergean en dea. Mankelikens en leafde binne net los fan inoar te sjen yn Hettinga syn wurk.
De muzikaliteit is de meast yn it each rinnende eigenskip fan Hettinga syn teksten, dy't yn de foardracht troch de dichter sels it bêste nei foaren komt. De fêste rigellingte
Tsjêbbe Hettinga (foto: Friesch Dagblad)
jout de mjitte oan, it ritme jout it gedicht syn krêft. It enzjambemint fiert de lêzer troch it gedicht, dat mei alliteraasjes, assonânsjes, en dûbelde betsjuttingen fan wurden en sinnen in hast muzikale ûnderfining wurdt.
Yn de earste trije bondels en yn ‘Tusken de bidriuwen troch is âlderdom’ (1981) oerhearskje de retoaryske middels de tematyk sa, dat Hettinga de namme krijt te barok te wêzen. Yn ‘Under seefûgels / De kust’ (1992) binne foarm en ynhâld folslein meiinoar yn harmonij en bewiist Hettinga syn útsûnderlik talint.
Tagonklike, hast achteleaze en boartlike fersen en keunstmjittich wurk dat mear fragen opropt as beäntwurdet, wikselje inoar ôf yn it oeuvre fan Jacobus Q. Smink (1954). De skeppingsdie fan it dichtsjen liket foar de dichter fan mear belang te wêzen as de kommunikaasje: de lêzer moat al dwaande syn eigen betsjutting skeppe. De macht fan it wurd, de iensumheid fan de dichter, de fergonklikheid en it langstme om de taal wer suver brûke te kinnen, binne tema's yn syn wurk. It debút, ‘Apàrte fersen’ (1983), befettet ferspraat koart wurk. Fierders ferskine de bondels ‘Wurk fan de achtste dei’ (1985), ‘Foar de famkes’ (1988) mei húslike poëzij en ‘Mei beide
| |
| |
lippen’ (1991) mei muzikaal, lichter wurk. Alde en nije kwatrinen yn seis talen oerset steane yn it gelegenheidswurk ‘Freonskrift’ (1992). Yn ‘Lingerich tekstyl & swarte side’ (1994) oerhearsket de erotyk.
Jelle Kaspersma (1948) is in produktyf dichter. Sân dichtbondels ferskynden fan syn hân: ‘Lân-, loft- en seefersen’ (mei Tsjêbbe Hettinga, 1974), ‘Fan 'e Beuch’ (1982), ‘In sleatswâl fol krûden’ (1984), ‘Bleatlein’ (1986) en ‘Op de flerken fan myn tinzen’ (1989), ‘Portretten yn Read en Blau’ (1992), en ‘Fol gas sudenop en oare fersen’ (1994). In djippe ferbûnens mei de natuer tilt de bêste fersen boppe it beskreaune ynsidint út. Ut de Yndianelieten dy't Kaspersma oerset hat, sprekt in hast panteïstysk besef. Letter kringe fergonklikheid en de ûnmacht om it momint fêst te hâlden har as tema's mear nei de foargrûn.
Jaep de Jong (1953), formulearret yn somtiden dryste fersen it libbensgefoel fan de jongerein. Mei syn ‘drinkfersen en skelfersen’ pleatste De Jong him yn de tradysje fan de folkspoëzij. It kwa kwaliteit tige útienrinnende wurk waard bondele yn ‘Om to stellen’ (1973), Tolve kroechlieten' (1975; mei Tsjitske de Boer) en ‘Net to biteljen’ (1975). ‘Oare plakken’ (1985) is de delslach fan in reizgjend bestean, dêr't benammen de typografyske foarm yn opfalt.
Beart Oosterhaven (1956) is sunich mei taal. Teloarstelling, delgong en dea en de leafde as iennichste útwei behearskje de smelle gedichten yn ‘De polsslach’ (1979). De ûnmacht om de eigen ûnmacht te beneamen herhellet Oosterhaven yn ‘In leech fermidden’ (1993).
It eigen lûd is altyd wer te kennen yn Willem J. Pytters (1943) syn relativearjende parlando-poëzij. ‘Befêzen teenzen en fielings’ (1984) is in delslach yn boartlik en argaysk Frysk fan it sykjen nei eroatyske en religieuze leafde.
Foarmefirtuoasiteit wurdt ek neistribbe troch Piter Yedema (1941). De keunstmjittige dichtfoarmen kontrastearje komyk mei de platte ynhâld. ‘In iepen winter’ (1989) befettet heal-filanellen, ‘Under oaren’ (1988) rondielen. Nuveraardich binne de twa sonette-krânsen yn ‘Manneboete’ (1993), ien dêrfan basearre op in gedicht fan Douwe Kalma. ‘Boarring’ (1987) is Yedema syn meast ynhâldlike bondel, mei lânskiplike poëzij en oersettingen.
Jan Kooistra (1959) dichtet swietlûdich, by foarkar yn klassike harmoanyske foarmen. De lânskiplike en leafdespoëzij, bondele yn ‘De sulveren apels fan de moanne’ (1984) en ‘Dame fan myn dagen’ (1992) befettet sawol masterlike passaazjes as klisjees.
Syds Wiersma (1963) syn debút, ‘Alles wat ik net betinke woe’ (1992) wurdt as in ûnthjit ûntfongen. Yn de sensitive fersen is in langstme nei oerjefte te fernimmen, meast oan de leafste. In breed skala oan dichterlike foarmen, soberheid en erudysje ûnthjitte hiel wat foar de takomst.
De yn Brugge berne Reinhard Verveld (1931) publisearret twa bondels yn eigen behear: ‘Etymology fan wrâld’ (1990) en ‘Dichter dêrom dichtesto’ (1994), dêr't in beskieden lûd út sprekt.
Proaza wurdt der skraachwurk troch de ‘Hjir-mannen’ skreaun. Jabik Veenbaas (1959) sammelet satires op it sletten doarpslibben, ferhalen oer tradisjoneel en persoanlik leauwen en etude-achtige sketsen yn ‘Tusken himel en hel’ (1990). Tjitze de Jong (1957) syn ‘Pizza's of boeremoes’ (1988) set in Wâldfrysk komôf en in Grinzer studintefermidden foarinoar oer.
| |
6.7. Konklúzje
It hear oersjend kin sein wurde dat de poëzij it sterkste sjenre yn de Fryske literatuer
| |
| |
bliuwt. Dichters as Hettinga, Wytsma, Wind, Boersma, Smink en Poortstra hawwe har kwaliteit bewiisd. Sjoen har leeftyd is fan har yn de takomst noch in soad te ferwachtsjen. De tiid sil útmeitsje oft resinte debutanten as Berga, Van der Wal en Wiersma it ûnthjit fierder wiermeitsje.
It proaza makket yn it lêste fearn fan de tweintichste ieu minder it byld fan de literatuer út as yn de earste jierren nei de oarloch. Allinne Goïnga, Van der Ploeg, Abma, Poortstra en Dam publisearje geregeld nij wurk. Mei Van der Velde en oaren beskikt de Fryske literatuer oer bejeftige fertellers; detektive, jeugdroman en reisferhaal hawwede fuotten ûnder it gat, mar geve literêre hichtepunten sawol nei ynhâld as nei foarm en styl, lykas ‘De reade bwarre’ fan Trinus Riemersma, binne yn de lêste jierren ynsidinten bleaun. De berne- en jongereinliteratuer hat him sûnt de sechtiger jierren ûntwikkele as ien fan de sterke kanten fan de Fryske literatuer.
It byld fan de Fryske literatuer yn de santiger en tachtiger jierren waard bepaald troch de weach jonge skriuwers dy't har oan de ein fan de sechtiger, begjin santiger jierren oppenearren. Dêryn ûnderskiedt de Fryske literatuer him net fan in algemien maatskiplik byld yn Nederlân. Fan in nije generaasje yn de tachtiger jierren kin foar it neiste net praat wurde.
Foar in fitale Fryske literatuer is nij talint fan grut belang. De Fryske literatuer is mei ôfhinklik fan de fersprieding en de posysje fan it Frysk as taal. Tagelyk is it ek sa dat de kânsen foar it Frysk better binne as der wiisd wurde kin op in weardefolle literatuer. Der binne genôch skriuwers dêr't gâns fan ferwachte wurde kin.
Op it mêd fan it proaza hat Piter Boersma fragminten yn in nije en nijsgjirrige styl publisearre en kin fan Durk van der Ploeg en ‘Trotwaer’-redakteur Sjoerd Bottema geef proaza ferwachte wurde, wylst op it mêd fan de populêre literatuer der by de Friese Pers hieltyd nij wurk ferskynt.
Mei benijing kin yn de poëzij, altyd it sterkst fertsjinwurdige sjenre yn de Fryske literatuer, útsjoen wurde nei de ûntjouwing fan dichters lykas Tsjêbbe Hettinga, Eppie Dam, Jacobus Smink, Harmen Wind, Tsjisse Hettema en Anne Feddema.
De produksje fan nij toaniel sil mei ôfhingje fan it omtinken foar oarspronklik wurk fan Tryater. Essayistyk hat altyd in ynsidinteel beoefene sjenre west en sil dat foar 't neist ynearsten ek wol bliuwe. |
|