Tiidwurkjes en tydskriften: oersjoch en ferbân
Sawol út de 17de ieu as út de 18de ieu binne almenakken bewarre bleaun. Fan de earsten - gauris ‘Friesche-Boere-Almanach’ neamd - is in ‘Ackrumer’ eksimplaar fan 1671 útjûn yn Estrik 4 (1953). Fan oaren is de tekst te finen yn Estrik 15 (1957). Fan dy út de 18de ieu, dy't linkelytsen literêrder fan ynslach waarden, jout W.L. Brandsma yn syn ynlieding ta Magnus-rige 5 (1951) in foech byld en Jo Smit yn Magnus-rige 11 (1973) in foarbyld.
Yn de 19de ieu waard dat literêre karakter bestevige. Fryske bydragen fan dat soarte kamen gauris foar tusken it Hollânsk fan de ‘Friesche Volksalmanak’ (1836-'66; 1884-'99), in folksaardige wjergea fan it like Hollânsk-kleure Genootschaps-jierboek ‘De Vrije Fries’ (1839- ), beide fuortsettingen fan it earder wòl folslein Frysk-talige ‘Friesch Jierboeckjen’ (1829-'31; 1833-'35), dêr't datselde Genootschap earst mei útein set wie.
Tsien jier letter krige it Frysk as fiertaal pas syn gerak wer yn ‘Iduna’ (1845-'70), sprekplak om te begjinnen fan Harmen Sytstra (en syn stavering!), romantysk, germaansk en nasjonalistysk, sûnt 1851 Selskipsútjefte en earst nei Sytstra syn dea yn 1862 ûnder Gerben Colmjon syn lieding evenrediger. De namme waard feroare yn ‘Forjit my net!’ (1871-1915) en Colmjon nei syn ferstjerren (1884) as samler opfolge fan Onno Harmens Sytstra. Oer al dy jierren suver ferskynde as jierboekje fan it Selskip ek noch ‘Swanneblommen’ (1850-1916), in namme dy't nei in ûnderbrekking fan inkele jierren wittenskipliker ynhâld dekke soe (1919-'21), om nei folle langer tuskenskoft ek wer as jierboekje op te hâlden (1934-'35). Yn 'e praktyk wie ‘Forjit my net’ doe fan Selskipswegen al fuortset mei it nije tydskrift ‘Fryslân’ (1916; 1917-'21; 1926-'41) en yn 'e tuskenlizzende jierren (1922-'25) ek fan ‘It Heitelân’ (1919-'41; 1946-'62), dat fierders - op in mannich earste en lêste jierren nei - as algemien tydskrift yn it abonnemint fan De Fryske Bibletheek besletten siet, wat ek mei de opfolger De Strikel (1958-1994) it gefal wie.
Fan 't begjin ôf oan waard de oant no ta útstreke stream folksaardiger begelaat. Yn 't foarste plak fan ‘De Bijekoer’ (1846-'95), in jierboekje dêr't Waling Dykstra syn stimpel op sette soe, lyk as er dat ek die op ‘De Fryske Húsfrjeon’ (1851-'69) en letter oant syn dea ek wer op ‘Sljucht en Rjucht’ (1890; 1897-1941), in wykblêd dat nei de twadde wrâldkriich as ‘Frysk en Frij’ (1945-'65; 1972- ) fuortset wurde soe. Yn 1992 ferskynde ‘Frysk en Frij’ foar it earst as twawykliks magazine, yn 1994 waard it in moanneblêd.
Striidberder begelieding kaam oan 'e oare kant út yn ‘For Hûs en Hiem’ (1888-'95), dat de earste jierren foaral Piter Jelles Troelstra sy n lûden werjoech. Njonkenlytsen ek yn ‘Yn ús eigen tael’ (1909-'43), dat as besteklik orgaan fan it Kristlik Frysk Selskip nei 1945 ferfongen waard fan it al jierren besteande ‘De Stim fen Fryslân’ (1928-'41), in kristlik wykblêd dêr't E.B. Folkertsma by syn libben altiten syn mark op set hat. Dat hied er earder ek dien op it eigen ‘Tsjûgenis’ (1920-'22), in moanneblêd dat - krektlyk as ‘De Holder’ (1926-'29) fan R.P. Sybesma en J.H. Brouwer - in dúdlik distânsje-nimmen ynholden hie fan ‘Frisia’ (1917-'36), it literêre tydskrift fan 'e Jongfryske Mienskip, dêr't Douwe Kalma de siel fan wie.
It yllegaal ferskynde iene nûmer fan ‘De Rattelwacht’ (1944) waard as literêr tyd-