Winders fan literêre prizen (1947-1996)
De fan de Provinsje yn 1946 ynstelde Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer - yn begjinsel om bar foar poëzij en proaza oan in ‘auteur’ út te rikken - is oant no ta sânentweintich kear takend. Utferkard waarden jiertalsgewize:
1947: Obe Postma |
1948: Nyckle J. Haisma |
1949: Fedde Schurer |
1950: Ype Poortinga |
1951: Sjoerd Spanninga |
1952: Anne Wadman |
1953: Rixt (Juffer H.A. van Dorssen) |
1955: Ulbe van Houten |
1957: Douwe Annes Tamminga |
1959: Eeltsje Boates Folkertsma (dy't de priis wegere) |
1961: Marten Sikkema (G.A. Gezelle |
Meerburg) |
1963: Jo Smit |
1965: Jan Wybenga |
1967: Trinus Riemersma |
1969: ‘Operaesje Fers’ (dy't as net-‘auteur’ de priis net útrikt krige) |
1971: Paulus Akkerman |
1973: Daniël Daen (G. Willem Abma) |
1975: Rink van der Velde |
1977: Jan Wybenga |
1979: Ypk fan der Fear |
1981: Reinder R. van der Leest |
1983: Sjoerd van der Schaaf |
1986: Tiny Mulder |
1989: Anne Wadman |
1992: Steven de Jong |
1995: Trinus Riemersma |
De Obe Postmapriis, provinsjale priis foar oersetters, waard takend oan:
1984: Gerben Brouwer |
1987: Oersetploech fan TRYATER (net útrikt) |
1990: Douwe Annes Tamminga |
1993: Klaas Bruinsma |
1996: Jarich Hoekstra en Harke Bremer |
De Fedde Schurerpriis, provinsjale priis foar debutanten, gie nei:
1984: Willem Verf |
1987: Harmen Wind |
1990: Jetske Bilker |
1993: Cornelis van der Wal |
1996: Wilco Berga |
De Simke Kloostermanpriis, priis fan de Stifting Simke-Kloosterman-lien foar berneliteratuer, krigen:
1983: Reinder van der Leest |
1986: Akky van der Veer |
1989: Berber van der Geest |
1992: Mindert Wynstra |
1995: Berber van der Geest |
De Rely Jorritsmapriis, wurdt útrikt sûnt 1954. In oersjoch fan de priiswinders fan 1954 oant 1994 jout: Haan, P.T. de (1994), Fjirtich jier ‘Rely Relly’. Ljouwert.