De Vrije Fries. Deel 9. Nieuwe reeks. Deel 3
(1862)– [tijdschrift] Vrije Fries, De– Auteursrechtvrij
[pagina 84]
| |||||||
Thinzen oer 'e spelwize fen 'e Frysce taelGa naar voetnoot(1).In reisger teach throch in great en aod sparrebosc. Hy forlustige him yn it koele scaed, dat de griene tûken heech boppe him forspraetten; mar hy betruerre it, dat dij bjemmen fen onderen sa keal wieren, en it griene leaf falle litten hien', dat nou, fordrûge, as sa folle spjelden en nidles oer 'e groun laei. Hy betocht net, dat dit sa it aerd fen dij bjemmen wier, en it wurk fen de onforbiddelyke tiid..... Derom woe ir dij spjelden en nidles wer oan 'e tûken faesthechtsje. - Mar hja woen' net meer haode. Alle moëite wier forgees. Mei dit byld, T.H.! waerd op it Taelcongres to Utrecht de miening bestryden fen har, dij de aode wirden en foärmen wer yn 'e Nederlânsce tael ynfierd habbe woene. En dit byld hab ik aek keazen, om jimme thinzen nei it doel fen myn foarlaezing to lieden. Ues aode Frysce sprake is nes ljeaf en djoer. Wy sjugge mei njû en wille, ho hja meer en meer screowen en beoefene wirdt. | |||||||
[pagina 85]
| |||||||
To faek hjerre wy lykwols nog de klachten, dat it greate forscil fen boekstavering foar follen in hinderpeal yn 't laezen is. En allicht wirdt er den sein: Ienheid fen spelling is winscelyk. Ik ljeau dit aek, T.H.! Mar it is my net it selde, wat ienheid wy habbe. Sille wy blyn en lydelyk folgje, as ues in paed oanwiisd wurdt, wer wy in tael to sjen krije, dij foar 'e Friezen sels onkinber is? Sille wy folgje, as we ues oertuegd haode, dat dit paed uetrint op 'e dead fen 'e tael? Né, dat forbiedt ues de ljeafde, dij wy foar dij tael hawwe! Den nog ljeauwer forscil fen boekstavering. Dat scerpet de beoefeners op, om elk foar oar it beste to fynen. Dat jout wriûwing, en wriûwing liedt ta de wjirheit. Derom hab ik aek 'r is oer 'e spelwize fen 'e Frysce tael neithocht. Ik hab my sels aoffrege: wat wei mat men ynslaen mei de boekstavering fen 'e Frysce tael? En nou forsiikje ik jimme, om my yn myn thinzen oer it beantwurdsjen fen dizze fraeg to folgjen. Lit ues den eerst de haedrygels opspoarje, en den, - om dij to dudelyker uetkomme to litten, - in koärts foarstelde spelmethode, yn ienige staeltjes, der mei forgelykje. Eerst scille wy den de haedrygels opspoarje. Ik freegje derta: Wat is boekstavering? De Frysce ‘SpraakkunstGa naar voetnoot(2)’ fen in heechst fortsjinstelyk lid fen dit Selscip antwirdet derop, - en ik wol er my graeg mei forienigje: Hja is it middel, om de wirden fen in tael, mei sichtbre teikens, mei letters, foar it each foar to stellen. De leerde scriûwer lit er dadelyk op folgje: de boekstavering makket it waezen fen 'e tael net uet, - en dit is net minder wier. Lyk as men by it sprekken it lûd opheint, | |||||||
[pagina 86]
| |||||||
en de beteikenis er fen fettet, sonder eerst op it waezen fen 'e tael, of op de aofstamming fen it wird opmerksum makke to waezen: sa mat aek foar it each it wird aofbylde wirde, mei letterteikens, dij, uetspritzen, it selde wird werjouwe, sonder dat eerst aengstig neipluze hoeft to wirden, of dij aofteikening wol oanwiist, fen hokker stamme it aoflaet is. Throch de aofkomst fen it wird boppe de uetspraek yn acht to nimmen, lit men gefaer sawol jin 'e dudelykheit, as jin it aerd fen 'e tael sels to sondigjen: - jin 'e dudelykheit, omdat men er den licht letters yn scriûwe sil, dij it ear der net yn hjert, en dij it wird dus onkinber meitsje foar 'e laezers, werfoär men scriûwt; - jin it aerd fen 'e tael, omdat elke libbene tael, krekt as alles op ierde, in iwige foroaring ondergiet, hjir wat oannimt, der wat aofsmyt, meastal nei faeste wetten, dij djip yn it waezen der tael forscûle lizze, en faek sels foar taelkinners net rjucht dudelyk binne; en der jin to sondigjen, wier it libben der tael to sceynen. Scriûw sa as men sprekt, mat derom yn 'e boekstavering de heechste wet waeze, dij wy boppe alles betrachtsje matte. Krekt allyk as de sciedscriûwer de dingen opteikenje mat, sa as hy se fynt, en net, sa as him thinkt, dat se waeze moasten, sa mat aek de spelmaster de wirden aofbyldsje, lyk as de algemiene folkstael se him hjerre lit, en net, sa as hy mient, dat se nei har aofkomst hjerden to waezen. Mar, seit wolligt immen, er binn' sa folle, dij de uetspraek as heechste wet stelle, en dochs wakker ongelyk spelle. Dat komt, omdat hja 't net iens binne, wat wearde de letters en letterteikens yn it Frysc habbe. As de ien oan de o de selde klank takint as de oar oan 'e a, den sil aek de ien it wird lân b.f. mei in a spelle, en de | |||||||
[pagina 87]
| |||||||
oar mei in o, en de selde laezer sil dat selde wird, op de iene wize speld, as lân, en op de oare wize, as lond, uetsprekke. Derom mat de wearde fen 'e Frysce letters en letterteikens faeststean. En hjir oer, - ljeau ik, - kin men it maklyk iens wirde. De namme der letters sels jout har foarnaemste karakter oan 'e hân; en er binn' nog echte Friezen genaoch, dij it Frysce alphabet, fen a, bie, cie aof, oant ou, dûbeld-ou, exet, ijet, zeddet ta, wyte op to sizzen. In historisc ondersiik koe hjir oan, - as 't nedig wier, - ta help komme. Mar den net in ondersiik allinne nei de wearde, dij de letters yn de aodste scriften misscien hân hawwe. Ues aoden wieren minne spelmastersGa naar voetnoot(3). Faek fyne we er forwante klinkletters, yn it selde wird, troch en oar brûkt. Derjinoer waerd aek soms oan ien en deselde klinker wa wit ho folle lûden en dûbel-lûden takind. Fen it foärmjen fen twa of thrije klanken hien' hja bynei gjin begryp. Daeroan faest to haoden wier dom en onhistorisc. It ondersiik moast derhinne liede, om faest to stellen, wat wearde, mei de foartgong der tiid, oant nou ta, oan 'e letters en forieniging fen letters, algemien takind is. En as den ienkeer de wearde fen alle letters faest stiet, werom soen' wy den neilitte, om der, wer de sprektael in forboune klank fen twa of thrije letters hjerre lit, aek yn 'e scriûwtael twa of thrije letters, mei behaod fen har eigen karakter, sa mei elkoar to forbynen, dat se twa of thrije klanken byldsje, op in wize, dij oan ues aoden onbekind wier? Werom dochs soen' wy yn 'e boekstavering de foaruetgong scouje, dij wy yn alle oare kinsten en witten- | |||||||
[pagina 88]
| |||||||
scippen heechachtsje en wirdjerje? Soe aek in boer der nog wer ta komme kinne, om mei in kneppel to plûgjen, nou hy it brûkme fen 'e jinwirdige plûge kinnen leerd hat? Lyke min kinne wy ues de twa- en thrijeklanken ontrove litte, as dij, throch byienfûging fen klinkers, mei behaod fen har eigen karakter, in dûbellûd foarstelle, dat ues aoden net aofmiele koene. Brûk de letters yn 'e wearde, dij hja yn 't Frysc hawwe, is derom ues twade haedrygel. Keppelje se oan eltsjoar, of scied se aof, nei 't de sprektael de klanken oanjout; sa sille y foldwaen tagelyk oan 'e heechste wet: ‘scriûw sa as men sprekt.’ Mar ues Frysce sprake baoget op 'e rom, dat se har net folkommen spelle lit. En yn died, sa ryk en onderscieden binne har klanken, dat it wol onmogelyk hjitte mei, al dat forscaet fen lûden krekt en gelyk foar it each aof to mielen. As men den, yn sa'n fal, al de middels, dij jin to tjinste stean, forgees oanwindet, as dochs altyt it lûd, dat men yn it wird hjert, swevet tusscen de klanken fen dizze of in oare letter, den nimme men de aofkomst fen it wird to baet. Lyk as men dochs de loat kin, as it blykt fen hokker beam hja aoflaet is, sa sil aek it wird, as syn aofbylding net alhiel end al mei de uetspraek oerien brocht wirde kin, dochs dudelyker wirde, as deryn de stamme, weruet it ontstien is, ontditsen wirde kin. Sa habbe wy den, naest de beide haedrygels, dij wy al foun hiene:
nog in tredde en laeste rygle foun:
By it siikjen fen dizze haedrygels hawwe wy fen nin | |||||||
[pagina 89]
| |||||||
heerscjende scriûwize praet, ho folle wicht hja oars aek yn 'e scealjen lizze kin. It grutte forscil fen boekstavering tusscen de scriûwers fen 'e Frysce tael makke it onmogelijk om derop to wizen. Lykwols kinne we ues forheugje, dat de scriûwers, ho great it forscil fen spelwize faek aek is, jinwirdig meer en meer nei faeste rygels to wurk geane, scien dij rygels faek himmels-bré uet mekoär rinne. - Wer gjin begjinsels binne, heerscet willeker. Mar wer men handelt nei begjinsels, al meye se aek forscille, kin men ondersiikje, forgelykje, lotterje, ta 'n oar liede, ienheit ta stân bringe. Wylst men oant nou ta, faek wol 'r is wat folle, de spelwize fen 'e Nederlânsce tael ta foarbyld naom, is derjinoer foar koärt in nije spelmethode yn 't ljaecht kaomGa naar voetnoot(3), wer fen de scriûwer seit, dat hy alhiel de historisce ontwikkeling fen 'e tael folge hatGa naar voetnoot(4). Wy binn' de scriûwer fen dit wurk romme lof scildig. It tuegt fen djip grounjende taelstudie; in taelstudie, dij net allinne it Aodfrysc, werop de lettere Friezen foärtboud hawwe, mar aek forwante talen, dij oer it Frysc folle ljaecht forspriede kinne, omfettet; in taelstudie thige gescikt, om, - tagelyk mei it aofharkjen en opfangen fen 'e jinwirdig libjende tael, - it wiere aerd derfen to fetsjen, de rygels fen 'e spraekkinst yn al syn omfang op to spoarjen, de foärmen en bûgingen, de fyne bysonderheden, yn íén wurd, it taeleigen kinnen to leren; in taelstudie, werfen wy hoopje, dat it folgjend diel der Spraakkunst, wer wy mei langst nei uetsjugge, - mei it waeze mei ienige wiziging, - net minder kleare blyken drage sil. | |||||||
[pagina 90]
| |||||||
Mar dizze lof, dij ik sa jerne oan de heechachte scriûwer taswaei, nimt net wei, dat ik mei him forscille kin. En omt nou de rygels, dij ik foaropset hab, dudelyker wirde sille, throch inkele staeltsjes fen in besteande spelwize deroan to priûwkjen; en omt it uterjen fen forscil fen thinzen wriûwing foroarsaket, en wriûwing ta wjïrheit liede kin, sil ik onbescromme myn sjenswize tsjin synes oersette. De scriûwer steunt op syn ondersiik nei de historisce ontwikkeling der tael. Habbe wy dij historisce ontwikkeling, by it siikjen fen ues haedrygels, aek al to lichtfirdig oer 'e holle sjoen? Stelle wy net de uetspraek as heechste wet? Binn' wy aek to folle stean bleaun by de jinwirdig libjende tael? T.H.! Ik ljeau, dat wy ues thrije haedrygels, jin in oantiging, dat wy de historisce ontwikkeling forwaerleaze hawwe soen', fordegenje kinne. Derta is it nedig, dat wy net uet it each forliesje it onderscied tusscen de historisce ontwikkeling fen 'e wirden sels, en dij fen 'e spelmenear. En soen' wy nou stryde jin 'e historisce ontwikkeling en forfoärming fen in wird, as wy it boekstaverje, sa as de uetspraek it hjerre lit? Is den de jinwirdige uetspraek, en dus aek it wird, sa as wy dit hjerre, net langsummerhân, mei 't forrin der tiden, en dus historisc, ontwikkele uet dij der aoden? En soe net just, wer de jinwirdige uetspraek mei dij der aoden forscilt, in scriûwize, lyk oan dij der aoden, strydig waeze mei de historisce ontwikkeling en forfoärming fen sa'n wird? My thinkt, dat wy op dit punt er neat meer by hoeve te foegjen. Allinne kinne wy nog wize op ues thredde haedrygel, werby wy, as de uetspraek net klear ondersciedt, beslisse litte throch de oafstamming, en dus aek alhiel oan de historisce ontwikkeling fen 't wird ues haode. Mar habbe wy den de historisce ontwikkeling fen 'e spelwize yn it algemien aek forwaerleaze? | |||||||
[pagina 91]
| |||||||
Ik ljeau just, dat wy dij, sa folle mar eat mogelyk is, yn acht naom hawwe. - Wis soene wy sondigje jin 'e historisce ontwikkeling fen 'e Frysce spelwize, as wy boekstaverje woen' mei letterteikens, dij sels, of werfen de wearde yn it Frysc onbekind wieren'; - den soe it Frysce scrift har Frysc karakter forlieze. Mar dertsjin warscouje wy yn ues twade haedrygel: Brûk de letters yn 'e wearde, dy hja yn it Frysc habbe. En wer dij wearde net faest stean mocht, der kin rieplachte wirde mei de sciednis fen it brûkme der letters, dat is, mei de wearde der letters nei de historisce ontwikkeling. It kin lykwols waeze, dat wy it oer de beteikenis fen in ondersiik nei de historisce ontwikkeling net iens binne. Ik freegje dus, wat haww' wy dertroch to forstean? Is it in ondersiik nei it aodste brûkme allinne, om dat yn 't plak fen 't nije wer yn to fieren? Of soe dat net jerder liede ta in greate tabeksprong? Stel y foar, T.H.! de sciednis fen 'e kinst, godstsjinst, staetsynrjuchting. Hja leert jo de hiele gong fen har libben, de wetten fen har ontstean, uetbreiding en ontwikkeling. Y sjugge, ho it ien de foarberieding wier fen it oar, ho dit throch wat nijs forstaet waerd, om noait werom to kommen, ho aek dat njunkenlytsen throch wat oars fordrongen waerd, en ho sa de kinst, godstsjinst, staetsynrjuchting, of wat it waeze mei, einling op de hichte kleaun is, werop hja jinwirdig stiet. Mar nou sil it de beoefener net yn 't sin komme, om har fen dij hichte aof to stjitten, en har op har forige stânpleats toraech to fieren. Né, har op dij hichte to haoden, foar tobekrin to befeiligjen, ja, sa mogelyk nog heger op to fieren, dat is de taek, dat is de plicht fen har beoefener! En net oars kin ik my foarstelle de plicht fen 'e beoener der taelGa naar voetnoot(5). | |||||||
[pagina 92]
| |||||||
Mar blykt nou uet it wirk fen 'e scriûwer, dat hy dij historisce ontwikkeling en foartgong der tael altyt lyke goed yn acht naom hat? Is it, b.f. oerienkomstig de historisce foartgong, om oan wirden, as hân, lân, wyn en oaren, wer sont iûwen de d efterwei slyten is, dij letter der nog wer oan plakke to wollen, lyk as de reisger yn it sparrebosc, en to scriûwen: hond, lond, windGa naar voetnoot(6)? Is it oerienkomstig de foartgong der tael, om op de selde wize in f to scriûwen efter de letters l en r, as: thet kā̤lf ster̤ft, foar: it keal stjertGa naar voetnoot(7)? Wirdt nog ea of earnje dij f yn 'e uetspraek hjerd? En seit de scriûwer sels net, dat yn aode scriften dij letter al faek uetlitten waerdGa naar voetnoot(8)? It mocht dus wol onbegryplyk lykje, ho de scriûwer dizze spelmanear nog foarstean kin, as wy er gjin reden foar founen yn in foarlaezing fen 'e scriûwer, oer 't jing men yn acht to nimmen hat, om ues tael to befoärderjenGa naar voetnoot(9). Wylst hy der sprekt fen 'e foroaringen der tael, dij mei de foartgong der tiid ontsteane, forfolget hy: ‘Da foarstonders fon én únfryske boekstoyinge foar ús fryske tael meye der op komme, om hiar falske lere to riuchtfirdigjen; - diu foròring is hiel hwet oars; - se is olene biscawing, en disse mat ac ynnath Frysc pleats habbe.’ De scriûwer lyket dus den allinne foroaring yn 'e tael oannimme to wollen, as se bescaving is. Mar wa sil as sciedsrjuchter opstean, om uet to meitsjen of in foroaring bescaving is of net? Wa hat it rjucht, wa de macht, om foroaringen, dij yn it libben der tael sels ontstien binne, wer to fornietigjen, allinne omdat hy se net | |||||||
[pagina 93]
| |||||||
foar bescaving haodt? En ho den, as it aerd fen 'e tael foroaring meibringt, en de spelmaster dij foroaring foar gjin bescaving erkinne wol? Thinkt de scriûwer jin de stream der tiid yn arbeidsje to kinnen? Of soe hy oanfiere doare, dat it weislyten fen d of f, naest de sa neamde liquidae of floeibre letters l, n, r, tsjin it aerd fen 'e tael strydt? Is it den net bekind, dat de liquidae l, n, r, grutte ynfloed op ues tael uetoefenje? Ho faken falt de d wei, as hja yn forbyning komt mei de liquida n, b.f. yn verba as wy sizze: woene foar woedene, hiene, foar hiedene, en yn 'e lidwirdjes, efter wirden, dij op n eindigje: yn 'e, oan 'e, i.s.f. - Ho min him aek de liquida l mei de d forbyne lit, blykt uet wirden as ald, wrald, weryn de l al fier hinne op wei is, om uet to slyten; krekt as aek de liquida r, yn wirden as: bern, koarn, al frij wat slytasje litten hat. - Sa scynt it forslyten fen sommige letters, foaral yn forbyning mei de liquidae, alhiel mei it aerd der tael oerien to kommen. En wa sil den sizze, dat it jin har bescaving strydt? - Mar wol strydt it wer oan plakken fen 'e letters, dij de uetspraek al lang aofsmyten hat, net allinne jin de historisce ontwikkeling en foartgong der tael, mar aek jin des scriûwers eigen lere, as hy seit: ‘Ien der haedrygels fen de Frysce boekstavering is - gjin oertallige letters to brûkenGa naar voetnoot(10).’ Better achtsje ik it derom as haedrygel to stellen: Scriûw sa as men sprekt. Deruet folget den wer: Scriûw de letters, sa lang se har yn de uetspraek fen 't wird oan jon ear hjerre litte; mar lit se aek foar goed wei, as hja jon ear spoarleas forlitten habbe. Troch dit op to folgjen sille y nin gefaer rinne, ondudelyk to wirden, allyke min as it libben fen 'e tael to sceynen. Is it, freegje ik al fjirder, oerienkomstig de historisce | |||||||
[pagina 94]
| |||||||
foartgong der tael, om nou nog, nei de aodste spelme near, to scriûwen: sidze, lidze, scien de uetspraek sont iûwen net oars hjerre liet as sizze en lizzeGa naar voetnoot(11)? Of om ues, sonder de minste forgoeding, to beroven fen 'e saefte z, dij wy hjerre yn in wird as sizzen, onderscieden fen scerpe sissen: twa wurden, dij wy, nei des scriûwers menear, net op forscate wize spelle kinne? Is dat oerienkomstig de historisce ontwikkeling en foartgong der tael, as de scriûwer sels betuegt, dat de z, yn lettere stikken as de alderaodste, rees lyk as yn 't Nederlânsc brûkt waerdGa naar voetnoot(12)? Is it einling folgens de historisce ontwikkeling of wollicht om 'e koärtheit of dudelykheit, om lytse, min beteikenjende wirdtsjes, as: yn it, op it, en sokken, yn ien wird, onder in swier pak fen letters foar to stellen, as hien' hja en hopen gewicht yn 'e scealjen to lizzen, en er fen to meitsjen ynnath, oppath? Mar ik mei fen jimme net fergje, T.H.! om scriûwers hiele wirk mei my throch to snuffeljen. Derom scied ik mar net mei de consonnanten, om it boek nog ienkear op in oare pleats iepen falle to litten. Der haww' wy de klinkers en lûdwizers!Ga naar voetnoot(13) Mar wat in frjemde fortoaning krije wy hjir foar eagen! Der steane ues klinkletters, uetmunstere mei in steande of lizzende streep, of mei in kaepke oer 'e holle, of mei twa stippen fen onderen of fen boppen, om net allinne forscate wizigingen fen toan of oare forwante klanken, mar aek dûbele, forboune of spjalte lûden to forbyldsjen. Ik mei jimme oandacht mei dij uetmunstering net laestig falle: mar ik haod my oertuegd, dat it bynei onmogelyk is, om, sonder lûdwizer er bylâns to haoden, al | |||||||
[pagina 95]
| |||||||
de forscillende klanken op to neamen, dij oan dizze beteikende klinkletters takind wirde. Is dat befoärderjen fen dudelykheit? Is dat opfolgjen fen 'e historisce ontwikkeling en foartgong der taelkinnis? Ik kin my bynei gjin greater tobek-rin tinke. En om gjin priis woe ik de jinwirdig libjende Frysce tael ta de Aodfryske scriûwtael ta raech fierd habbe. My tinkt ien fen beiden is wier: of ues aoden hien' sa folle klanken net as wy: - en den matte wy ues forheugje oer dij meerdere rykdom, en se as in scat bewarje yn 'e scriûwtael, lyk as yn 'e sprektael; - of - wat wierscynlyker is, - ues aoden hien' der minder forstân fen, om al har forscaet fen klanken foar it each aof to byldsjen: - en dan meye wy har yn har ienfaodigens net folgje, mar den matte wy it ljaecht, dat ues bescynt, oanwinde, om throch de meast passende fûging of scieding fen letters of letterteikens, de klanken sa nei mogelyk aof to mielen. Yn gjin gefal haww' wy dus de frijheit, om hjir yn ues aoden nei to folgjen. De scriûwer leert aek, om yn 'e treppen fen forgelyking fen adjectiva en adverbia de uetgong or en ost to scriûwen, yn pleats fen er en estGa naar voetnoot(14), b.f. great, greator, greatost. - Werom? - Wirdt earnje dij oklank deryn hjerd? - Né. - Is dit den aek in gefolg fen de sucht des scriûwers ta tobekgong? - AEk net; - aodtiids waerd dij o er lyke min yn screowen, as se er nou yn hjerd wirdt. De scriûwer seit sels, dat de aode stikken er en est habbe. Allinne de aode Rustringer Friezen screowen or en ost, of ast. En dizze scriûwize stelt de scriûwer foar to folgjen. Ik freegje nog er is: Werom? Is dat net, om de Frysce tael foar Friezen sels in frjemd oansjen to jaen? It is, - seit de scriûwer, - omdat it | |||||||
[pagina 96]
| |||||||
him foller en rouner yn de earen klinktGa naar voetnoot(15). Mar weroan ontlient de scriûwer de macht, om in tael oars to meitsjen, as se is, en as se west is? Ik kin nou fjirder nog wize op it brûkme fen 'e o, yn pleats fen a, foär de letters l en n, yn wirden as al, hân, lân, wer de scriûwer ol, hond en lond scriûwt, allinne om dat yn 'e aodste stikken aek faker in o as in a foarkomtGa naar voetnoot(16); - op it forbod, om in klinker to fordûbeljen, of mei in saefte e to forlingjen, omdat dit wol yn 'e jongere, mar net yn 'e aodste scriften foarkomtGa naar voetnoot(17); - op it forbod om de y as klinker to brûken, net tsjinsteande dij oarspronkelyk neat oars as klinker is, en sa aek fen aods yn nes scriûwtael op naom wierGa naar voetnoot(18), en nog nedig is om de koärte i to onderscieden fen de lange, sa as wy dij hjerre yn wyt en wiid, sykje en siikje, e.s. f; - op it foarscrift om foartoan de klinker i to brûken as consonnant, yn pleats fen de j, allinne omdat yn de aodste scriften de i aek meer sa brûkt waerd as de jGa naar voetnoot(19): - en den freegje ik, of de scriûwer de sciednis fen 'e tael ondersocht hat, om se to haoden op 'e hichte, dij se jinwirdig berikt hat, of om se tobek to fieren ta in stânpunt, dat se al lang forlitte matten hat? Yn died, my thinkt it kin net oars waeze, of de heechachte scriûwer hat him to folle oermasterje litten fen syn klachte, dat inkele leerde frjemden net ljeauwe wolle, dat it jinwirdige Frysc nog it selde is, as it aodeGa naar voetnoot(20). En fol ljeafde foär 'e grize Frysce tael, hat hy er him derom mar al to folle op talein, om dij leerde frjemden, sels throch de boekstavering, - scien hy sels erkint, dat | |||||||
[pagina 97]
| |||||||
dat hja it waezen der tael net uetmakket, - fen 'e wjirheit to oertuegjen. Mar ik freegje: matte wy den, mat hiel ues Fryslân, allinne om dij uetlânsce leerden to foldwaen, ues in scriûwtael ontrove litte, dij wy laeze kinne, om er ien foär yn 't plak to krijen, dij foär ues onkinber is? En ik freegje boppe alles: is it wier, dat de spelwize, dij de scriûwer foarstiet, oerienkomt mei de historisce ontwikkeling fen 'e tael? De scriûwer hat syn wirk nog fordegene throch to wizen op it onderscied, dat er bestean mat tusscen de boeketael en de sprektael, omdat dit forscil yn alle bescaefde talen bestietGa naar voetnoot(21). Mar ik ljeau, dat oare talen it nes benije sille, as wy scriûwe kinne, lyk as wy sprekke. Dat jout just it losse en befallige oan ues tael, werom hja altyt romme wirdt, en dat ik foar gjin jild slûpe litte woe. Hjer wat myn heechachte leermaster yn 'e Nederlânsce tael, Prof. de Vries, der fen seit yn syn Ontwerp van een Nederlandsch woordenboekGa naar voetnoot(22). Ik sil syn wurden, sa nei mogelyk, yn 't Frysc wer jaen. ‘Der is yn 'e leste jirren faek mei kreft op oanstien, om de Nederlânsce tael los to meitsjen fen de twingjende bânnen, weryn hja troch 'e spraekkinstlers knotte is. Men hat mei klim fen wirden wiisd op 'e libbene en spritsene tael, dij bloeit yn it herte fen 't folk, as de ienige born fen suvere kinnis, it ienige liedspoar foär frije, natuerlyke ontwikkeling der taelfoärmen. Nog foar twa jier hat in lid fen ues commissie, Prof. David. yn 'e Gintsce byienkomst, dij oertuging uetspritsen. - En wa is er, dij der net alhiel yn dielt? Wa, dij in hert hat foär 'e tael, wit net, ho har by ues in stive, | |||||||
[pagina 98]
| |||||||
ientonige boeketael foärme hat, altyt en oeral fen 'e gewone sprektael aofwykjende, sadat wy yn died, lyk as sommige Eastersce folken, twa forscate talen lykje to habben, ien deftige, en ien foar deistig brûkme? It wirdt tiid, heech tiid, dat dij aofscieding fordwynt, dat er tusscen de scriûw- en sprektael in wjersydsce taneyering ontstean mei.’ Sa sprekke de knapste taelkinners oer 'e boeketael. En soen' wy willemoeds de kluesters op nimme, wer onder men yn oare talen suchtet? Yn wierheit, dat soe onforstânnig waeze! Derom: scriûw, sa as men sprekt, en wy Friezen lije derfoär gjin gefaer.
T.H.! Ik hab it ein fen myn plan berikke. Ik hab onbescromme myn thinzen meidield, want ik achtsje dat forplicht to waezen oan 'e tael, dij ik ljeaf hab. Scriûwers fen 'e Frysce tael! Nog bestiet de sucht om Frysc to laezen. Benim it folk dij sucht net, throch it in kost foar to setten, dij it net fortarre kin. It uetdaofjen fen 'e sucht, om Frysc to laezen, is it sykerste middel, om 'e tael forquyne to litten. Derom rop ik mei alle earnst jimme ta: Scriûw sa as er spritsen wirdt, mar net sa as er spritsen is!
Mr. Ph VAN BLOM. |
|