Marten Sikkema / Elegysk Monumint
D.A. Tamminga, In memoriam.
Drukkerij Laverman n.v., Drachten, 1968.
In fersebondel great formaet dy't der stylfol, suver klassyk, útsjocht troch goede soargen en fakmanskip fan firma Laverman, Durk van der Ploeg en Johs. Mulders.
In fersebondel dy't fjirtsjin fersen ynhâldt fan D.A. Tamminga, suver klassyk, dus net al to spontaen, mar tige útwoegen, elkmis krekt tweintich rigels lang en kreas yn in fêst skema fan rym en mjitte twongen. In fersebondel dy't sûnder mis in oanwinst hjitte mei foar de Fryske literatuer en dy't dêr in tige eigen plak yn hawwe en hâlde sil.
In fersebondel lykwols dy't hwat de dichter en syn frou oanbilanget better net skreaun wurde kind hie om't oarsaek en oanlieding sa djiptryst binne: it hommels forstjerren fan de iennichste soan Anne; iennichst bern boppedat; in skriklik barren, dat nimmen de heit en mem tawinskje soe, sels net omwille fan de literatuer.
In fersebondel dêrom, dy't men alsaleaf mar net bisprekke soe, binammen net om't er sa oangripend is, dat de skôger en ek de frijwillige lêzer har slachtoffer-mei bigjinne to fielen fan dizze yn minske-eagen sa sinleaze ramp dêr't swijen hast it iennichst forwar op is. Hoe sil men dan de ôfstân nimme dy't nedich is ta kritysk skôgjen en it forkundigjen fan jins bitinken?
Mar de dichter Tamminga hat net swijd, hy hat net swije kinnen: yn de jierren 1966 en 1967 hat er dizze fersen op papier brocht: de dichter moast syn wapen brûke ta it bieden fan forwar, syn ark ta it fêstlizzen fan djûre oantinkens, syn ridskip ta it foarmjen fan in monumint. En troch de publikaesje is it wurd nou oan de skôger.
De macht oer de tael en de feardichheit yn de tradisionele dichterstechnyk hawwe de dichter, hoe forslein ek, net yn 'e stiik litten. It hat der de lêste jierren wol ris op like, dat njonken oare drokten ek in soarte fan perfeksionisme der ta laette dat er net folle mear út hannen joech. De slach dy't gâns oaren ta swijen bringe soe, hat him de mûle iepene. Net yn de spontanens fan needgjalpen, forwitings, flokwurden, mar yn