De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 371] [p. 371] Berber van der Geest / Gedichten In hus fan waermte se sizze dat hjirnjonken my rjochts ûnder om 'e hoek' in hûs winkt sûnder doarren in inkeld iepen gat skreaut wolkom oan 'e frjemdling omdoarmjend yn 'e strjitten fan d'iensumheit se sizze de treppens binn' omearmingen fan freonskip de keamer in petear fan waerme hichte it lewant biklaeid heal skatterlaits/heal trien it moat der noflik wêze dat sizze se tominsten [pagina 372] [p. 372] Ljocht/punt/ljocht ik sjoch de dagen stadich lytser wurden it fûle ljocht keart nei har útgongspunt werom spraet ha 'k myn earmen en 't omklamme yn 'e greep / stiif en ynhellich mar doe't ik yn 'e nije wike seach ûntkaem it ljocht my tusken tomm' en fingersein nou forfljocht it en ebbet ôf oer 'e strânnen fan hjerstblommen pypkeskûlboartsjend achter de hellings fan 'e winter mar ienris sil de floed opsetten komme en wachtsje ik mei it smiten fan it ies. Vorige Volgende