De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 367] [p. 367] Mayke Sakes / Gedichten Oantinken thús siet ik sokken to stopjen en doe't alles hiel wie moast ik breidzje hjir sit ik flinters to fangen en nou't alles dea is moat ik laitsje heit en memme portret stiet op 'e kop de jiskebakken rinne oer de kâlde kofje lit my grize hwerom bliuwe de sokken net stikken? Sunder it to wollen sûnder it to wollen strykt myn hân it stof fan 'e finsterbank justerjoun hawwe wy dounse en doe't it tsjuster waerd diestou de blinen ticht, de kearsen oan en seiste: leafste, wy moatte dreame dat wy togearre op wei nei de himel binne. [pagina 368] [p. 368] Mayke sakes dach fanke mei dyn blom lit my dyn hân tútsje dach jonge mei dyn blom lit my dyn mûle tútsje dach neger mei dyn blom lit my dyn tosken tútsje dach kening mei dyn blom lit my dyn kroan tútsje dach soldaet sûnder blom ik wol dy tútsje dach... soldaet... ik wol dy tútsje mar dû hast gjin hannen mear dû hast gjin mûle mear en gjin fuotten mear as ik dy tútsje forsûp ik yn dyn bloed dach 'e soldaet Sillich wurde... tusken de grêven troch strún ik in tsjerke yn om sillich to wurden. ús dominy is dea harre jakkes preeklêzen. twa kwartsjes earmer rin ik der wer út ik haw in muntsje yn 'e mage. jouns gean ik wer nei tsjerke ta ús koster is dea de kachels binne út mar ik wol sillich wurde. Vorige Volgende