Troch myn rút sjoch ik de ljochten fan Oentsjerk. Ast meikoarten knapst fan grimmitigens sit ik ek mei stikkene glêzen. Op 'e lippe of oer de tonge, sa'n spultsje is 't.
De nije redakteuren bin foar dy sasear it punt net. Riemersma is de neil oan dyn kiste. Syn ôfgean as redakteur per 1 oktober hast dy sneon noch min of te mear forklearre. Dat syn hannelwize tsjin ús oer dat wol needsaeklik makke, hast einliks bidoeld to sizzen. Dou hast de moker op 'e kop krige doe'tst yn de L.C. fan 7 oktober lieste, dat hy mei dyn ynlieding en ús forklearring oer it redaksioneel gewrot fan it lêste healjier yn 'e bûse - it wie méi in stik fan him, hy hie it neffens ôfspraek ek tastjûrd krige - de Klanderij yn stapt wie. Dat de staveringskwestje him ta it ynsicht fan syn ‘forrie oan Bauke de Jong’ brocht hie, wie dy stomsinnich genôch. En ûnbikend genôch, hwant dat hast ek pas op 3 oktober út 'e krante helje moatten. It forrie oan Durk van der Ploeg en co, sa farsk wol en yn in frijhwat kritiker fase fan De Tsjerne, hiest dêr ek in Forklearring fan syn hân yn dit tydskrift fan opnimme wollen? Dou hast him in opportunist neamd. Koart sein, dou kinst 'm wol frette.
Kom ju, hat it ek net hwat leafs en nayfs? En it wie dochs rjochting O.H., dêr't de gearkomste hâlden wurde soe. Dou witst seis ek wol dat de konjak dêr nou ienkear hwat better is. Neam it gebrek oan takt. Ek dat er him krekt nou wer kandidaet stelle liet.
Faeks krigest nochris in kâns dizze dingen publyk to meitsjen. Om my hiest it op dizze siden dien. Dat hast net wollen, om my net to kompromitearjen. Dyn Forklearring kin hjir nou better weibliuwe.
En hwat my oanbilanget, ik tink der krekt sa oer. Dat hâldst wol foar dy. Mar ik bin ek ré om alles to forjitten. Wy moatte fierder. Mei syn fiven nou. Dat is ús beide dan mar slagge! Neamst my nou ek yn alle silen mak? Myn namme ûnder it krantebirjocht oer dat Klanderij-komplot hat wol hwat suggerearre. Dou witst dat ik dêr net mei op 'e hichte wie. Mar fierders wie dat har goed rjocht.
It is de fyftjinde hjoed. Ik bin allinne oer. Hwat hâldste in tiid oer, jonge. Dit sil dy noait spite.
En hwat J.M. oangiet, Durk, hwat kin dat skele. Dat wisten wy ommers wol. Ik foar my, ik bin forrekte wiis mei de oerdracht oan Miedema & Co. En dat ha sy dan mar biwurke!
Wyns, 15 oktober 1968.
LEO