Nije plannen
Wy binne fan doel om yn 'e rin fan de kommende jiergong(en) in rige fraechpetearen mei Fryske skriuwers to publisearjen. Dizze ynterviews sille troch Tiny Mulder forsoarge wurde en op 'e bân opnommen yn 'e mande mei it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum.
De skriuwer Jo Smit hal it forsiik fan de Tsjerne-redaksje oannommen om fóár 1 novimber 1967 in essay to skriuwen oer de ûntjowing fan de Fryske literatuer sûnt 1945, in stúdzje dy't op syn minst in normael nûmer yn bislach nimme sil.
Op 26 april 1967 wurdt de skriuwer Theun de Vries 60 jier. By dy gelegenheit hopet De Tsjerne mei in apart forsoarge nûmer to kommen, dat wijd is oan dizze Nederlânske auteur fan Frysk komôf.
Wy meitsje eventuéle meidoggers der op attint dat de termyn fan ynstjûnren fan manuskripten foar de HARKSPULPRIISFRAECH ôfrint op 1 febrewaris 1967. Sjoch list fan bitingsten yn nûmer 9 fan dizze jiergong.
REDAKSJE