Meidielingen
Sa't út birjochten yn 'e deiblêdden wol bikend is, sil nei Nijjier de redaksje fan De Tsjerne bistean út Durk van der Ploeg, Tr. Riemersma en D.A. Tamminga. Sjoerd Leiker en Lolle Nauta sille fan 1-1-'67 ôf har ‘status’ fan redakteur forwikselje mei dy fan fêste meiwurker.
It register op de ynhâld fan jiergong '66 sil by it jannewarisnûmer '67 ynlein wurde.
Stimpelbannen foar de ôfroune jiergong kinne à f 2, - allinne oer de giro bisteld wurde by de administraesje.
Abonnemintsjild (gewoane lêzers f 20, -, studinten ensfh. f 12,50) maat stoart wurde op gironûmer 1028440 fan Administraesje De Tsjerne, Rengerswei 48, Oentsjerk (Oenkerk) (Fr.). Wol elk foar 1 febrewaris bitelje? It bisparret drokten en ynbarderskosten.
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE