Hoe't Brattinga him fordigene
Op tiisdei 22 novimber 1966 waerd Teije Brattinga yn de Fryske útstjûring fan de Rono de fraech steld, hoe't it siet mei syn geheime forhâlding mei Marjorie Moore. Dy forhâlding blykte minder geheim to wêzen as it like. Brattinga fortelde dat er sahwat tsien jier forlyn in toanielstik Harm en Amor N.V. publisearre hie, dêr't in gegeven yn forarbeide waerd fan Moore, sa't ek op de titelside oanjown wie. Dat stik hie lykwols net in soad sukses. En om't Brattinga faeks ek net in soad ynspiraesje hie, bisleat er der in roman fan to meitsjen en sa ûntstie De stadige leafde fan Fetsje, dêr't de namme fan Marjorie Moore net mear yn foarkaem, mar dy har dialogen noch wol.
Brattinga sei yn de Rono-útstjûring letterlik dat er tocht hie: ‘och, dat sille dy Friezen dochs wol net lêzen hawwe, mar ja, dan sit der sa'n snoade sekretaresse by de Rono...’. Yn it Nieuwsblad van het Noorden, dat Brattinga ek ynterviewde, wurdt it gefal hwat oars forklearre: ‘Met het verstrijken der jaren vergat Teije Brattinga dat zijn geesteskinderen, toneelstuk en roman, in aanleg door een ander ter wereld werden gebracht, en liet in het laatste geval daarom bronvermelding achterwege’ (26-11-'66). Wol wie Brattinga yn de radio-útstjûring sportyf genôch om ta to jaen dat syn hannelwize ‘net elegant’ west hie.
Op de titelside fan it toanielstik stiet: ‘in gegeven fan Moore is yn dit stik forarbeide’. Der hie lykwols stean moatten: ‘dit stik is in biwurking fan in roman fan Moore’. As jo in gegeven forarbeizje, skriuwe jo jou stik sels. As jo eat biwurkje, dan kinne jo safolle oerskriuwe as jo mar wolle. Yn Harm en Amor N.V. binne in stikmannich dialogen letterlik oernommen út Een weerspannig hart. In part dêrfan is wer tolânne kommen yn Brattinga syn roman, dy't dus in biwurking is fan in biwurking.
Yn it ynterview mei it Nieuwsblad komt Brattinga ek noch mei in ynsinuaesje oan myn adres. Hy seit dêr dat ik ‘hem nauwelijks kan zetten’. It liket my ta dat Brattinga mei sok praet syn posysje net sterker makket. Ik haw net de eare him persoanlik to kennen en as ik yn dy tiid net tafallich redakteur fan it Literair Kwartier fan de Rono west hie, hie ik ek nea oer him skreaun.
Mar as men oer in boek in (radio)krityk op priemmen set en it docht bliken dat it boek biwurke is neffens in net neamd origineel, dan fielt men jin as redakteur forrifele, wylst ek de kritykskriuwer sèls him letter forrifele fiele moat.
Ek suggereart Brattinga dat ik it stik ‘niet zonder enige voldoening’ skreaun ha. Dat is wol wier. Om de saek goed út to plúzjen, haw ik de roman fan Moore en dy fan Brattinga elkmis fjouwer kear lêzen en dat is foar Libelle- en KFFB-lêsfoer hwat tofolle fan it goede. Hie ik dus neat ûntdutsen, dan hie ik yndied de smoar ynhawn. Mar dat wol fansels net sizze, dat Brattinga syn ‘ûnbiwust plagiaet’, sa't er it sels neamt, út myn lês-kater forklearre wurde moat.
LOLLE NAUTA