Op it harspit:
Chaos rond Gerardos
De forumjoun dy't op 18 novimber 1.1. to Snits hâlden is, útgeande fan in Interkerkelijke Werkgroep yn 'e mande mei Jeugdsocieteit De Meerpaal, leit my noch op 'e mage as in klute dy't min tarre wol. De bistjûren hiene ornearre, it moast in ‘oriëntatie’ wurde oer it ûnderwerp ‘Religie, moraal en kunst’ en oan dy kapstok-mei-trijeheakken soe in ploech fan seis, sawn man har idéën ophingje. Al waerd it der net by sein, dochs wie it fan tinken to hawwen dat it meidwaen fan de skriuwer G.K. van het Reve as trekpleister tsjinje moast om it (meast ûnkunstsinnich) Snitser publyk to lûken. Dat is wol slagge. De seal wie aeifol. De Greonterper klûzener is ommers in man oer hwa't de lju net allinne yn literaire salons, mar ek yn skearsalons langer de tonge spiele.
Neidat (tominsten neffens de Sneker Koerier fan 24-11-'66) de publicisten H. Algra, J. Noordmans en F. Schurer, as forumlid frege, ienstimmich antwurde hiene ‘ik kom net’, foelen de organisators tobek op oare figueren. Dat sadwaende postuerden dy jouns, mei Van het Reve as pièce de résistance, op it podium fan Aere Perennius de skriuwers Geart Jonkman, Douwe Tamminga en Klaas de Wit, bineffens de learaers M. Baaijens (Kr. Kweekskoalle) en J. Mooij (R.H.B.S.). In rige, bûnternoch om mear hoop to jaen op anti- as op synthese.
Under it nommele foarsitterskip fan de Snitser jeugdpredikant W.J. van der Waal woe it tizebosk fan mieningen him yndied mar min ûntwine. Miskien kaem dat ek mei hjirfan, dat der foarôf gjin oerliz west hie tusken de petearpartners. Allinne wie harren dyselde deis oer de post in briefke taskikt mei fragen dy't oan 'e oarder komme koene, drapearre om de trits ‘religie, moraal, kunst’ hinne. Miskien om de ‘idéë-flecht’ hwat oan bannen to lizzen? Dat hat dan net holpen. It waerd in wylde ballonwedstriid fan abstrakte redenearringen, ynkapsele yn gâns heal-wittenskiplik fakjargon, dêr't de seal, dy't foar de helte bistie út jongerein, danich kluijen oan hie. Dy seal wie ntl. net kommen om as heilbigearigen to harkjen nei forlossende wurden oer religy, morael of kunst. Men freget jin ôf: hie it gjin better seadden oan 'e dyk set en kies in mear konkreet en aktueel thema lyk as ‘De devaluaesje fan it taboe yn de moderne literatuer’ of sokssahwat?
Hwer't de Snitsers dan wol om kommen wiene? It waerd al gau dúdlik troch de fragen út it publyk wei: om Gerard Kornelis van het Reve. Selst yn Snits blykber in hjit-omstriden figuer, hwant út de fragen kaem sawol Van het Reve-forgoading as Van het Reve-forachting nei foaren. Beide foarmen fan snobisme ûndergie de Greonterper mei stoïcynske kalmte, soms flechtsjend yn apodiktyske útspraken, dy't de basis ta diskusje mear omwoelden as forstevigen.
Oan de ein fan 'e joun sloech forumlid Jonkman noch in spiker op 'e kop, doe't er konkludearre dat de minsken fêst net om him sa machtich opkommen wienen. Sûnder mis: dit publyk easke bloed. It wie hinneset ûnder it motto: earst Van het Reve sjen en dan stjerre. Ek mei troch dit sensasioneel by-elemint bleau de diskusje in chaos. In ‘chaos rond Gerardos’, sa to sizzen.
D.A. TAMMINGA