kriten ensfh. fortsjintwurdige. Ik wit net oft der ek bistjûrsleden wiene fan De Harmonie en Kunst aan Allen of fan oare ‘kunstkringen’, lyk as hja dan neamd wurde. Ik bin bang fan net. Dochs soe it krekt foar dizze forieningen in learsume joun west hawwe. De bistjûrders, dy't op har jounen - by alle ôffallers fan binammen de lêste jierren - perfoarst gjin Fryske stikken en selskippen hawwe wolle, hiene dan sjen kinnen, dat ek it Fryske toaniel wol hwat hat dat stringhâlde kin mei of better is as hwat hja út it westen wei oanbean krije.
Nou wol ik hjir fansels net forkundigje, dat wy mei de ploegen fan de Fryske Toaniel Stifting al hwat hawwe dat permanint op it peil fan biropstoaniel stiet. Dat mei amateurs in opfiering fan dizze hichte birikt wurde koe, is to tankjen oan it feit, dat de regisseur Pyt van der Zee de bêste krêften út it materiael dat him yn Fryslân ûnder eagen (en ûnder hannen) komt, byelkoar brocht hat. It is ek to tankjen oan syn kwaliteiten as regisseur. Mar wy meije net forjitte, dat der gâns stikken binne, dy't hegere easken oan de spilers stelle as In breid yn de moarn. Op syn minst trije fan de fiif rollen binne ‘typearringen’. It stik sprekt in publyk, dat hwat mear wend is as it itige folkstoaniel dúdlik oan; as it in muzykstik wie soe men sizze kinne: It leit yn it gehoar. Mar it freget ek wol wer sàfolle, dat der yn Fryslân op syn minst in karploech oer gear moet. En as wy efkes fierder tinke, as wy ús efkes foar de eagen helje hwat der mei sokke karploegen noch mear birikt wurde koe, dan komme wy út by de needsaek fan biropstoaniel. Der is op it stuit in ynterprovinsiale kommisje dy't de mooglikheden fan in Noardlik biropstoanielselskip neigiet. Ier of let moat dêr hwat út fuortkomme. En it sprekt fansels, dat in Noardlik biropstoanielselskip ek foar it frysktalige toaniel in taek hawwe soe. Der binne genôch swierrichheden to neamen, dy't it kommen ta biropstoaniel yn it Noarden yn 'e wei steane. Wy hawwe hjir de krêften noch net, wurdt der sein, en de spilers út oare parten fan it lân wolle hjir net hinne. Dat lêste koe wolris oars wêze as mannichien tinkt; freegje Roel Oostra, de direkteur fan De Lawei, dy't goede kontakten mei biropsspilers hat, dêr mar ris nei. En hwat de oplieding fan eigen krêften oanbilanget:
hwer stiet biskreaun dat toanielskoallen allinne mar yn it westen fan it lân bistean meije? Boppedat, ek by de biropsselskippen binne soms bêste spilers, dy't gjin toanielskoalle hawn hawwe mar út it amateurtoaniel wei komme. Wy soene ús yn it Noarden net hoege to skamjen foar in biropsselskip, dat syn krêften binammen yn it bigjin út de amateurrounten rekrutearret.
Foar hwa't har soargen meitsje soene oer it peil wie de opfiering fan In breid yn de moarn dus fan greate wearde. It forhael fan de broer en suster, dy't sa oanelkoar hingje en dy't de réaliteit fan it ta earmoed forfallen gesin fan de eerdere musikus Pattini ûntflechtsje, oant it stribjen fan mem Pattini om de net folweardige jonge to keppeljen oan in rike, folle âldere nicht, ta in drama liedt, is treflik oerbrocht. Routinearre krêften as Tine Winters (de mem), Piter van der Veen (de heit) en Ryk Landman (de nicht) wiene op har bêst; jonge spilers as Baukje Hagen (de dochter) en Joop Wittermans (de broer) fol ûnthjit. Ja, dit wie yndied in stapke yn de rjochting fan it Fryske - om my it Noardlike - biropstoaniel.
PITER TERPSTRA