dan fan 1894-1897 konservator en bibliothekaris oan it Frysk Museum to Ljouwert, biheart ta it great tal yntellektuélen dat foar en nei Fryslân forlitte moast, omdat der gjin oanslach foar harren wie. Nei in Grinzer perioade en nei in forbliuw yn Rome folget de bineaming fan De Boer as heechlearaer yn de filosofy to Amsterdam (S.U.) mei in rede oer Nietzsche en de wetenschap. In ynauguraesje dy't nimmen minder as Alfons Diepenbrock forlaet ta in fûle oanfal op de ‘Bildungsphilisters’, dêr't er de nije professor ta rekkenet. Lêst men yn Diepenbrocks Verzamelde Geschriften dy polemyk út 1907 noch ris nei, dan sjocht men einliks in botsing tusken twa ûngelikense temperaminten: De Boer, de flegmatikus en dimmene tsjinoer Diepenbrock, de passionearre en útskroevene; oars sein: de wittenskipsman tsjinoer de artyst.
It is Van der Zee slagge om yn tige koart bistek en mei in kritysk en ekonomysk gebrûk fan syn boarnen in moai dúdlike skets to jaen fan De Boer's libjen en stribjen. Bihalven troch it neigean fan syn meast yn tydskriften forspraet wurk, hat de skriuwer gâns personalia dippe kinnen út biwarre brieven, foaral dy't De Boer skreaun hat oan syn freon en tiidgenoat dr. O. Postma. Yn de fersen fan de lêste dûkt De Boer mear as ienkear op. Hy wurdt yn dit boekje tekene as tinker en wittenskiplik wurker, mar ek as praktysk idéalist, dy't him yn Hollân bimuoit mei filantropy en mei de soarch foar it soasiael forhûddûke bern. It docht ek bliken hoe't De Boer in rol fan bilang spile hat yn it Nederlânske kultuerlibben fan syn tiid. In biskieden man, in geef karakter, in Fries by hwaens grêf yn 1942 gjin folk wie, omdat er in stille bigraffenis bigearde op it tsjerkhôf fan Wurdum. Hy woe, sa't Postma it neamt, ‘allinne yn syn doarpke werom komme’.
Al skriuwt dizze biograef gjin briljante styl, dochs is syn stúdzje tige lêsber troch de greate smite feitemateriael. Materiael dat suver freget om forarbeide to wurden ta in wiidweidiger en yngeander stúdzje. Wol bikroep my nei it lêzen fan dit boekje fan 75 bls. de wémoedige fraech: sil der oait in tiid komme dat Fryslân sokke heechbijeftige soannen sèls wurk en brea jaen kin plus in wittenskiplik klimaet om yn to sykheljen?
D.A. TAMMINGA