izeren foarken en nei de lêste leppel brij, dy't út ûnbidige pannen iten wurdt, triuwe de manlju in pôlle tabak efter 't wang. Mar hwat der ynderlik by dizze minsken libbet, dat bliuwt my in riedsel.
Oant forfelens ta hinget der tusken de minsken in broeisk swijen. Elk opljeppen en opsternaet minske hat gleone, fjurrige, fûnkeljende, bitende, barnende, lôgjende en wit ik hokker eagen. Oer froulju skriuwt de auteur as ûnforwoestbere wêzens. Se binne smoarch en gleon, hawwe neigels as rôfdieren, frette as bisten en libje as hounen. Ik leau dat binammen hjir folle mear nuânsearring nedich is. De oermastering, de fornedering, de skeining en it by herhelling swier wêzen: it binne dingen dy't djipper op in frou ynwurkje as Akkerman yn dit boek trochskimerje lit. En hwat de libbenswize fan dit folkje fan heide en feandobben oanbilanget hat de skriuwer der ek wolris mei de pet nei smiten. It is in wrâld sûnder morael. Dat wol net sizze dat dizze minsken gjin wetten erkenne; libbenswetten dy't sa'n folkje harsels taeigene hat.
Yn Each om Each bliuwt it lykwols allegear slim oan it oerflak, sawol hwat de yndividuéle minske as ek hwat de mienskip oanbilanget. Akkerman forjit dan ek noch, dat it mei de animaliteit yn de minske giet oan in hichte ta. Mar der is yn dit boek gjin grins oanwiisber. It libbet mar fuort en mar wei sûnder dat de skriuwer him rekkenskip jowt fan hwat er skriuwt en sûnder dat de skriuwer siket om minsklike forhâldingen.
De roman Each om Each mei dan in flot forhael wêze, mei feart forteld en ek net sûnder humor, yn wêzen is it in brok oerjierrich naturalisme. Akkerman skriuwt syn wurk yn in geef agrarysk Frysk, al gappet dat ek al wer fierder as dat it byt. It vokabulaire bliuwt by alle emoasjes, deilisskippen, leafdesdriften en forkrêftingen tige biheind. Ik haw wol faek de yndruk dat er yn syn eigen terminology sit to krytmountsjemeallen, sûnder oanstriid to hawwen om ris bûten eigen stringen to stappen. De skriuwer hat gjin oanstriid om mei de tael to eksperimintearjen, nije wegen yn to slaen. In stúdzje fan syn wurk soe útwize dat er wol in eigen wize fan útdrukken hat en in nijsgjirrich idioom, mar dat syn wurdskat winliken mar biheind is yn forhâlding ta hwat er as produktyf auteur publisearre hat. Ek yn Each om Each kom ik by herhelling deselde sinkonstruksjes tsjin yn alderhande fariaesjes. En faek stiet it sa rynsk brûkte eigenskipswurd yn itselde forbân. De tael fan de skriuwer kriget dêrmei hwat klisjémjittichs. Hy hat net de driuw om taelskeppend to skriuwen.