De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 468]
| |
D.A. Tamminga:
| |
[pagina 469]
| |
dêrom wol ‘Frjentsjer-frysk’ neamd wurdt. Dizze nije ‘koinê’ tsjinnet teffens as rjochtsnoer om útlanners de tael fan dit lân by to bringen. Yn dy aloan groeijende ‘mandetael’ bloeit in literatuer op, dêr't nêst gâns oare dichters en taelbouwers Gysbert Japicx ien fan de eksponinten fan wurdt. Troch mear as ien literator wurde de bibelske psalmen birime foar tsjerklik en skolair gebrok. De lânshistoarje wurdt yn de eigen tael biskreaun, de gritenijen wurde yn dy tael op kaert brocht. In frysktalich toaniel kriget de guit yn Ljouwert en yn oare stêdden ûnder de foarname boargerij by rederikerskeamers en kunstakademys. In wichtige hoekstien ta de opbou fan dit ABF is de opdracht dy't de Steaten fan Fryslân jowe oan in tal godgelearden en taelkundigen om de hiele Bibel yn it Frysk oer to setten: in standertwurk dat om 1637 hinne syn bislach kriget en dat tige meiwurket om de tael fan it protestantisearre Fryslân in nije status to jaen...
Sá hie tusken 1550 en 1650 idealiter hjir by ús de gong fan saken op taelgebiet wêze kinnen, as... Ja, as! As de loft delfalt ha wy allegear in blau mûtske op, seine wy as bern al. Wy witte allegearre dat dizze gong fan saken Fryslân doe net barre meijen hat. De politike kinteringen fan 1498 (de komst fan Albrecht fan Saksen) en ek fan 1579 (de oansluting by de Uny) hawwe, by alle histoaryske needsaek en by alle goeds dat se brochten, it Frysk moai hastich fan 'e wacht reage as rjochtskundich, as yntellektueel en as literair medium. Yn in goed ieu tiid liket him yn de boppelagen fan de Fryske bifolking suver in proses fan akkulturaesje ôf to spyljen. Dat proses is ek ôf to lêzen oan de taeltastannen. Om 1650 hinne al moast in Gysbert Japicx yn it Hollânsk syn sammele wurk in birjocht mei op reis jaen, ornearre foar de ‘nauwkeurigen Needer-lander’. En yn syn foarwurden by dat wurk set de tichter him fûl to skoar tsjin de ‘lit-tinckene eyn-wittert(s)’ ûnder syn lânslju dy't miene dat men ‘uwz âde FRIEZ'NE tonge... mey nin letter-kreft... uwtbijldje schoe kinne.’ Dit forset, dizze bistriding (noch gjin hûndert jier nei it ûntstean fan de Republyk) is grif in forset tsjin en in bistriding fan in miening dy't him doe yn Fryslân al fierhinne as communis opinio oppenearre. Mei efkes foarbysjen fan de inkelde frysk-literaire taelmonuminten út de 17e en 18e ieu (Gysbert Japicx, de Althuysens), kin men sizze, de sprutsen idiomen tusken Fly en Lauwers komme nei 1500 sa'n trije ieuwen lang frijwol foar ebbe en floed to lizzen. De foarnaemste stêdden ûntfryskje oan 'e top. Yn plakken as Ljouwert of | |
[pagina 470]
| |
Frjentsjer ûntjowt him de pleatslike tongslach net ta in algemien foar ‘biskaefd’ oanmurken sprek- en skriuwtael, dêr't lju fan oare Fryske tongslaggen by opsjogge en har yn it offisiéle by oanslute. Rjochtoarsom, de foarname boargerij en ek de lânadel assimilearje har en forhollânskje. Der foarmet him net in sosiale elite, hwaens kringtael him linkenoan forwidet ta in ‘koinê’ dy't normatyf wurdt foar it hiele Westerlauwerske taelgebiet, in ‘mandetael’ dy't wol út soarte frjemde eleminten opnimt, mar dy eleminten op eigen wize yntegrael forarbeidet en ynkorporearret. Al dy ieuwen troch bûket it Hollânsk tsjin de Fryske taeldiken. By drippen en fleagen slacht der wetter oer, op hieltyd mear plakken sipert de dyk troch en gauris fornimt men dykôfslach en trochbraken. As koart nei 1800 via de Wassenberghers en de Halbertsma's de Westerlauwerske boere-idiomen einlings wer mear hantearring op skrift krije, dan sjocht men by guon skriuwers logyskerwize in tobektaesten nei Gysbert Japicx, de dichter dy't se ek yn har wurdkar neifolgje (Posthumus, Salverda, Windsma). De skriuwers dy't dat net of folle minder dogge, steane dan foar de drege taek om net allinne ortografysk, mar ek leksikael en idiomatysk it founemint to lizzen foar de opbou fan in nije skriuwtael, in skriuwtael dy't oanstjûrt op ienheit-yn-forskaet èn dy't sa deun mooglik oanslút by it sprutsen Frysk fan de eigen tiid. Oansluting sa deun mooglik. Dat is to sjen oan it wurk fan de bruorren Halbertsma, dat forklearret ek de hollânismen dy't wy yn de Rimen en Teltsjes oantreffe. Minder fan tapassing is it wurd oansluting op it taelgebrûk fan Harmen Sytstra. Dy giet ommers as skriuwer hiel faek noch fierder tobek as de 17e ieu. Oer Gysbert Japicx hinne taest er selst werom nei it Frysk fan de Midsieuwen. Wy hawwe it dan gauris oer Sytstra syn op it Aldfrysk stuolkjende Iduna-stavering. Mar dêr mei wol by, dat er ek yn syn wurdgebrûk en wurdkar frijhwat archaïsearjend to wurk giet. Opgelegen brûkt er bygelyks op 'e doele bringende tiidwurdfoarmen as ‘lidze’ en ‘sidze’ (foar lizze en sizze), foarmen dy't Gysbert Japicx al net mear hat. Graech mei er ek âldfrinzige participia foar 't ljocht helje lykas ‘wésen’ (foar west) en ‘nimen’ (foar nommen of in eigentiidske wikselfoarm dêrfan). Wakker is er ek bigien op in bynwurd as ‘men’ (foar mar), dat alhiel nei Aldfrysk skaeit en dus sterk nei de skriuwtafel rûkt. Dit wie fansels by Sytstra allegearre in op himsels pryslik bisykjen ta taelrestauraesje, mar wy kinne der net foarwei en jow him nei, dat dit bisykjen wiist op in forkeard ynsjoch yn | |
[pagina 471]
| |
de forhâlding sprektael-skriuwtael. Foaral de âldere Sytstra hie, dat skuort net út, in klassisistyske en mechanistyske opfetting fan de taelfunksjes. Oan de antike gevel dy't er dwaende wie fóár it Fryske taelhûs to setten wurdt nei syn dea yn 1862 dan ek net fierderboud dat makket. Oansluting sa deun mooglik by it sprutsen Frysk fan de eigen tiid: dy tendins is hiel dúdlik werom to finen yn it wurk fan in Waling Dykstra en ek, al is it minder rjochtlinich en rasioneel, yn dat fan Tsjibbe Gearts van der Meulen. Opfallend is dy tendins ek yn it measte wurk fan in Jan fan 'e Gaestmar. Dy syn skriftlike taelhantearring stiet - ek syntaktysk - tige ticht by it Frysk dat er it folk ôfloerd hie yn syn jonges- en feintejierren. Ek de mear ‘primitive’ folkstaeleleminten nimt er yn syn skriuwtael op. Syn stilearring komt faek foar in part del op in neibauwen fan dy ‘primitivismen’ en ûntaerdet dan soms yn in staelkaert fan oerdiedich bylkjend folksidioom. Men kriget by Hof faek de yndruk, dat er stribbe nei in binadering fan it tige oanfjochtbere prinsipe: skriuw sa'st praetst, mar him dêrby gauris oer de meuch skrepte. Yn syn lêzing op it Greatfrysk Kongres fan 1927 hat Hof einliks, al wie it yndirekt, yn 'e pleit west foar dit prinsipe, doe't er ta de konkluzje kaem: ‘De taal van onze schrijvers is er een van taalresten, literatuurwoorden en purismen. Wie Friesch leest, leest, wat de taal betreft, een stuk verleden.’ Dizze kritysk bedoelde opmerkingen fan Hof wiene sûnder mis ek in raem nei it literair taelgebrûk fan de Jongfriezen út dy tiid en dan binammen fan de jongere Douwe Kalma. Ek yn dit stik fan saken mei Kalma wol Hof syn antipode neamd wurde. Dy syn taelgebrûk út de earste jierren nei '15 is oanhelle mei in sekere klassisistyske oerstilearring. Kalma mocht yn syn ier proaza graech lange, slim gearstalde ‘perioden’ brûke nei it foarbyld fan de klassiken, mar grif ek nei dat fan Nederlânske stilisten as Potgieter en guon Hollânske Nieuwe Gidsers. Ek de wurdkar fan de measte Jongfriezen wiisde gâns in oare kant út as Hof, yn it spoar fan Waling Dykstraen-dy, mei de skriuwtael út woe. Gauris swimet dit Jongfrysk taelgebrûk nei in gearbaksel fan archaïsmen en nijfoarmingen (of sabeare-archayske nijfoarmingen) dy't mei tige tinne en sloppe woartels fêstsitte oan de Fryske folksdialekten fan eigen tiid. Yn dat iere tiidrek kaem de fryskens fan har tael soms op 'en slimsten del op in soarte fan lûd- en wurdsubstitúsje fan Hollânske boeketael. Yn syn bikend Gids-artikel fan 1922 hat Huizinga de bitinklike kanten oantoand fan sa'n himsels isolearjend literair jargon. Nou't dy perioade njonke- | |
[pagina 472]
| |
lytsen skiednis wurden is, kin it wol lije en wiis hjir op in pear psychologyske driuwfearren, dy't sitte efter dit jin forwiderjen fan de sprektael. De oanstriid ta en de earbied foar ûngewoane taelfoarmen by de Jongfriezen kaem sûnder mis mei fuort út in sucht nei distinksje, nei in ôfstânnimmen fan in folksskriuwerij sûnder kunstidéalen. Hwat hjir tagelyk mei ûnder spile wie it ponearjen fan it Frysk as ‘folsleine’ kultuertael, as ynstrumint foar uteringen fan heger ûntwikkeling en finer biskaving: de tael as statussymboal, soe der tsjintwurdich sein wurde. Nei likernôch 1930 komt der dalje op dit yn haedsaek kalmaniaensk taelgebrûk. By de skriuwers dy't dan foaral yn de rounten fan it Kristlik Frysk Selskip opkomme, sjocht men in mear of minder biwust bisykjen de folkstael tichter oan to krûpen. Mei bihâld fan in poarsje archaïsmen en net sûnder eksperimintearjen mei ‘taelsuverjende’ néologismen wurde wer mear as foarhinne noch libjende folksidiomatyske taelfoarmen yn it skreaune Frysk bihelle. Soms wurdt dat taeleigen mei ham en gram anneksearre en oerplante, soms ek troch lichte fariaesjes optild of útdjippe en yn de styl fan skriuwen tapast. Foaral yn it skôgjend proaza fan E.B. Folkertsma út dy jierren fynt men de dúdlikste foarbylden fan dizze foroare koerts, fan dizze ‘weromkear nei de natuer’. Yn 'e formiddens fan P.F.U.R. en A.F.U.K. wurdt dan by ûnderwiis en kursus tige flyt dien op ‘suver’ Frysk. In tydskrift as De Pompeblêdden hâldt jierren lang de finger oan 'e pols fan noch libjend of heal weiwurden folksidioom en de redaksje iepenet yn hast elk nûmer de lange jacht op hollânismen. Ek de wittenskiplike bistudearring fan it Frysk (learstuollen, professoraten) is net sûnder oandacht foar de hjoeddeiske folksdialekten, stiet net los fan taelbifoarderjende en taelpolitike driuwfearren. As de Fryske Akademy yn 1938 ta stân komt is in foarnaem punt yn it wurkprogram de ynventarisearring en de leksikografyske biarbeiding fan alle Frysk fan nei 1800. Yn Us Wurk, it orgaen fan it Frysk Ynstitút fan de Grinzer Universiteit wurdt troch prof. W.J. Buma en oaren bigjin makke mei de etymologyske biskriuwing en forklearring fan guon Nijfryske wurden.
Dit wiene dan in pear momintopnamen, dy't tocht my sa de ups en downs fan it skreaune Frysk fan de lêste oardelhûndert jier wol sahwat oantsjutte, al moast it koart om 'e hoek. By alle forskaet en by alle op-en-deljen sjogge wy yn dit tiidrek dúdlik in biwust stribjen nei in ienheits(skriuw)tael, nei in | |
[pagina 473]
| |
Standertfrysk dat op noarmen út is en mei noarmen rekkenet, in driuw nei in min ofte mear normative tael-op-papier dy't nêst en boppe de dialekten stean wol. Nêst de dialekten: hwant dat skreaune Frysk nimt út mear as ien tongslach taeleleminten op: it Wâldfryske ‘hawwe’ oerhearsket ornaris de foarmen ‘hewwe’, ‘habbe’ en ‘hebbe’ dy't yn oare hoeken sein wurde; it Klaeifryske en Súdhoekske ‘ik bin wurden’ wint it op skrift fier fan it eastlike ‘ik bin woàrn’ of ‘ik bin waen’; it Súdhoeksk relikt ‘efter’ slacht yn 'e skriuwtael noch altyd foar master op neffens ‘achter’ fan Klaei en Wâlden. Nêst de dialekten: hwant yn guon gefallen wurde de taelmesken widernôch nommen om ek dûbelen wikselfoarmen ta to litten: sa lêst men fan ‘skrippe’ nêst ‘skreppe’, fan ‘lulk’ nêst ‘lilk’, fan ‘hy doarde’ nêst ‘hy doarst’ en fan ‘onwis’ nêst ‘ûnwis’. Nêst de dialekten dus, mar ek boppe de dialekten. It skreaune Frysk wit fan gâns wurden, wurdfoarmen en útdrukkingen dy't yn de folkstael net (of net mear) yn libben gebrûk binne. Hjir komt dus sawol it konservearjend as ek it korrigearjend karakter fan de skriuwtael nei foaren. Wy skriuwe (en lêze) foarmen as ‘teffens’, ‘jerne’ en ‘nea’, mar wy sizze (en hearre) ‘tagelyk’, ‘graech’ en ‘noait’. Wy restaurearje en korrigearje sprektaelfoarmen as ‘goedkeure’ en ‘ynfulle’ ta ‘goedkarre’ en ‘ynfolje’; wy ‘fortale’ foarmen fan dúdlik ûnfryske struktuer lykas ‘getuge’, ‘afgefaerdigde’ en ‘geboarte’ ta ‘tsjûg(j)e’, ta ‘ôffurdige’ en ta ‘berte’. Konservearje en korrigearje dus, mar bihalven dat sit der oan skriuwfrysk ek noch hwat fan in kréative kant. Meastal bliuwt dit biheind ta taelskepping op papier, hwant mar selden slacht sa'n nijfoarming ek oan by de brede mannichte fan fryskpraters. Foarmen as ‘heitelân’, ‘memmetael’, ‘gearkomste’, ‘skathâlder’, dy't yn 'e foarige ieu oan 'e skriuwtafel útfoun wêze moatte en dy't der wol aerdich algemien yngien binne, hearre ta de útsûnderingen. Opmerklik dêrtsjinoer is de linigens hwermei ek nou noch de folkstael nije tiidwurden foarmet, dêr't faek in grounwurd fan Ingelsk-Amerikaensk komôf yn bimongen sit; in pear foarbylden dêrfan binne ‘filmje, liftsje, kombainje, kultifaterje, pick-upje’, foar in part dus ek noch agraryske termen. As it lykwols giet om ‘neifoarmingen’ (Lehnübersetzungen), dan moatte wy by de skriuwtael wêze. Op papier meitsje wy foar 't heitelân wei, ik bidoel foar 't faderlân wei, gebrûk fan sokke ûntliende oersettingen lyk as ‘berneforlamming’, ‘waerbirjochten’, ‘ierdgas’ en hûnderten oaren. Dat moat wol fanneed, hwant de folksmûle lit it by soks raer sitte. Dy nimt òf | |
[pagina 474]
| |
de Hollânske foarmen mei ham en gram oer òf bliuwt by oaneigening op healwei hingjen en hat it oer ‘kinderforlamming’, ‘weerberichten’, ‘ae(r)dgas’. By sokke nije gearstallingen foaral mist dy folksmûle it machtich taelskeppend middel dat analogywurking hjit. Dit bringt jin by in pear wezentlike forskillen dy't der bisteane tusken skreaune en sprutsen tael. By it skriuwen, it stilearjen op papier dus, geane wy hwat wurdfoarming en wurdkar oangiet analytysk en analogysk to wurk. In foarbyld. Wy kenne út de folkstael wurden mei ‘haed’ as gearstallend diel (Aldfrysk ‘haved’, Nederlânsk ‘hoofd’) yn bygelyks ‘harkehaed, pompshaed, brêgehaed’ of wy witte út de skiednis fan in wurd as ‘haedling’. Wy binne sa frij om nei analogy hjirfan to skriuwen: ‘haedsaek’, ‘haedforpleechster’, ‘haed fan 'e skoalle’ en folle net genôch. Mar foaral by abstrakta en funksje-oantsjuttingen as dizze nimt de folkstaelprater de Hollânske foarm oer en seit fan ‘hoofdsaek’, ‘hoofdforpleechster’, ‘hoofd fan 'e skoalle’. Dit forskil tusken hwat skreaun (en dus lêzen) en hwat sein (en dus heard) wurdt hoecht op himsels noch net abnormael to wézen. De tael dy't yn lûd ta ús komt is yn wêzen in oarenien as de tael dêr't wy via it teken mei kommunisearje. De sprektael (better wurd soe wêze: praettael) hat in rêst ekspresje- en kommunikaesjemiddels ta har foldwaen dy't de tael-op-papier net bisit, middels lykas artikulaesje, yntonaesje, tempo, aksint, mimyk, gestikulaesje. Skriuwtael is altyd tael sûnder eachopslach, sûnder it rike mekanyk fan ús mûle- en kielholte, sûnder de stipe ek fan it tsiensnarich ynstrumint dat wy oan de útein fan ús hannen to sitten hawwe. As ik siz: ‘ik ha myn nocht’, fjouwer ûnnoazele wurdtsjes dus mar, dan makket it great forskil oft ik dêrby gapje en my útrek of dat ik dyselde wurden der útraes en mei de fûst op 'e tafel slaen. Yn it earste gefal diel ik mei dat ik wurch en slûch bin, yn it oare gefal dat ik lilk bin en oan 'e ein fan myn geduld. Skriuw ik dyselde fjouwer wurdtsjes op, dan blykt op himsels út neat hwat ik bidoel; dat kin allinne opmakke wurde út de kontekst. Hwat wy skriuwtael neame is in oar kommunikaesjesysteem, is ûntstien troch de oarderjende ynfloed fan de minsklike geast, is kodifisearre yn spraekkunst en wurdboek en sit folslein fêstkeppele oan it skriftbyld. Dat aerd fan oardering bringt ek mei dat bipaelde wurdfoarmen, om dêrby to bliuwen, dy't yn it mounling gebrûk troch ûnderskate oarsaken ôfsliten, ynkrompen, gearlutsen binne, troch de skriuwer gauris yn in ‘restaurearre’, yn in ‘kompleter’ foarm op papier set wurde. | |
[pagina 475]
| |
Yn in hwàt forsoarge styl of by in hwàt eptige taelsfear is de skriuwer yn 'e wille om foarmen dy't de prater minisearret yn hiele hear en fear wer to jaen: ‘wy ha’ wurdt by him al gau ‘wy hawwe’ en ‘jim bin’ al gau ‘jimme binne’. In oar foarbyld. Gâns taelbrûkers yn Fryslân kin men bygelyks in sintsje sizzen hearre as ‘dat moat ait wêze’. De skriuwer sil der kreas fan meitsje: ‘dat moat altyd wêze’. Hy kin der min oer gearkomme en skriuw, ek yn sa'n gefal, it wurd ‘altyd’ as ‘ait’. De Grinslanners dogge dat soms al, mar dêr binne it op 't lêst Grinslanners foar. Dizze foarbylden bringe jin op 'e fraech: bisteane dy twa, sprutsen en skreaune tael (hwat yn Fryslân sahwat delkomt op folkstael en literatuertael), bisteane dy twa dan los fan elkoar, elk yn eigen ôfsletten romte, elk op eigen niveau, elk nei eigen wetten? Sa is it fansels net. It soe to fier gean om ús skriuwfrysk (ek dat fan nou) in kasplant to neamen of in papieren kunstblom sa't wol dien is. By de Fryske skriuwer sjocht men oan-ien-wei ûnbiwust of biwust in stribjen om syn tael to intsjen op 'e sprutsen folksidiomen, om dy folkstael to eksploitearjen en to unifisearjen op skrift. Men mei sizze, dat it Standertfrysk, dat wy pretindearje to hawwen en dat wy by ûnderwiis, by preek, by rede, by foardracht, by toaniel èn by lûdop lêzen ek mounling brûke, gearstald is út taeleleminten dy't wy foar in great part weromfine yn hwat wy om ús hinne hearre, dus yn noch libjende Fryske tongslaggen. Foar in great part, net alhiel dus. Hwant de skriuwer skiftet. Yn syn taelgebrûk sûnderet er oer it algemien guon eleminten út dy't wol sein wurde (troch oaren en ek wol troch himsels), mar dy't er as ‘ûnfrysk’ oanfielt. De posysje fan it Frysk bringt mei dat dit taeltsjêf hast altyd bistiet út Hollânsk materiael. Dy skriuwer makket dêrtsjinoer ek gebrûk fan foarmen, dy't net (of net mear) yn de tael fan it folk gongber binne: út in each fan ‘taelsuvering’ en ek fan stilearring kin er der net foarwei om archaïsmen en - al of net selsmakke - nijfoarmingen to baet to nimmen. In jong romanskriuwer hie okkerjiers syn nocht fan dy papieren foarmen en forklearre dat er tonei allinne tael brûke woe dy't er om him hinne hearde: folkstael dus. Mar doe't er foar de titel fan in nije roman to kiezen hie tusken de folkstaelfoarm ‘bedefaer(r)t’ en it purisme ‘beafaert’, hat er dochs it lêste mar foar kar nommen.
Men soe jin ôffreegje kinne, hoe wiid gappet it nou tusken oan de iene kant dy tael-op-papier en oan de oare kant dy | |
[pagina 476]
| |
tael fan de folksmûle? Ik haw om in aerdichheit in foege stekproef nommen op it stik fan wurden en wurdfoarmen. Ut trije hjoeddeiske boeken haw ik in willekeurich stikje Frysk lichte fan elkmis 2000 wurden en dêr de ‘papieren foarmen’ útskifte. Hwat my twivelgefallen taliken, haw ik wêze litten. Ik haw ek gjin rekken hâlden mei de dialektfarianten, mar b.g. oannommen dat in westlik wenjende Fryske lêzer dy't ‘wy hewwe’ seit, de foarm ‘wy hawwe’ net as foar him ûnbigryplik boekefrysk oankomt. By de âldere skriuwer R. Brolsma kaem ik sa op 0,9% literatuerwurden, by de jongere Anne Wadman op 1,6% en by de Fryske Bibel waerd dat 2,5%. Op himsels seit sa'n spultsje spjeldtsjebikyk noch net safolle: taelsfear, thema, wurdfrekwinsje ensfh. spylje hjir ek mei ûnder. Mar rûchwei wol it dochs sizze, dat in lêzer by Brolsma om de 110 wurden in taelfoarm tsjinkomt dy't er út it folksfrysk net ken, by Wadman om de 60 wurden en yn de Bibel om de 40 wurden. Dit is dochs wol in bytsje in hinnewizing, dat men noch net prate hoecht fan in skriuwtael-yn-reinkultuer, in kasplant dy't net of tige tin woartelet yn hwat 300.000 Friezen by de dei lâns prate. In oare fraech is fansels: is der ynfloed to fornimmen fan dy skriuwtael op it praet fan dy 300.000? Ear't men dat fjild forkent, moat sein wurde, dat men dy 300.000 taelbrûkers net oer ien kaem kjimme mei. Der binne hjir by ús ek frysktaligen to finen yn hwaens mounling taelpatroan frij dúdlike spoaren to finen binne fan it Standertfrysk. Al is der fansels gjin sprake fan dat it deistich praet fan sokken de tapassing is fan it ûnmooglik biedwurd: praet sa'st skriuwst. Dizze praters-mei-euvelmoed, sa't men se neame kinne soe, binne de lju fan de Fryske biweging en hwat dêr omhinne sit. Dyselden sille it net hawwe oer ‘regenjas’, oer ‘radiotoestel’ of oer ‘waterskap’, mar sille prate fan ‘reinjas’, radiotastel’ en ‘wetterskip’. Ut in each fan taelsoarch en wapene mei hwat noarmbisef sille sokken har net (of net gau) ynslûpsels ûntkomme litte as ‘ik gean trouwen’, ‘dou bist jierdei’ of ‘it waer herstelt sich’. Hoe great it tal fan dit soarte taelbrûkers yn Fryslân op 't heden is, falt min to skatten. Mar as men by prof. Kloeke lêst, dat dy it tal ABN-praters oer hiele Nederlân rûst op 3% fan de bifolking, dan meije wy foar it ABF (dêr't ik sa'n wurd om siz) lichtwol in persintaezje fan 1 oannimme, dat is dus in tal fan 3000. En de oare 297.000? Is by dy mannichte ek ynfloed fan it skreaune Frysk to fornimmen op hwat se troch 'en dei prate? Elk dy't yn Fryslân om him hinne harket, merkbyt dat dy | |
[pagina 477]
| |
skriuwtael fan ús oant nou ta mar in smel polderdykje is, min yn steat om hwat der oan tael oer ús hinne spielt to kearen of to lieden. De druk fan it Hollânsk is swier en sterk. Hof yn syn niisneamde kongreslêzing ûntstriidt elke tsjindruk. Hy ornearre yn 1927: ‘Invloed op de door de volksmassa gesproken taal heeft het geschreven Fries niet.’ Sûnt binne wer hast 40 jier forroun. It kontakt fan tûzenen Friezen mei it Hollânsk is yn dy tiid noch folle yntensiver wurden. En it Frysk moat it hieltyd mear bilije. Dat is gjin niget by in folkstael dy't ieuwenlang har fuortbistean to tankjen hie oan twa dingen: it géografysk isolemint en it analfabetisme. De spoarrail, de betonwei en it ûnderwiis hawwe Fryslân iepenbrutsen, ek foar it Nederlânsk. It forkear lei rêdde forbiningen oer lân mei de bûtenwrâld en bifoardere de migraesje; it ûnderwiis brocht kennis by fan it Nederlânsk as skriuw- en lêstael. Dêr binne nou noch oerhinne kommen de moderne telekommunikaesjemiddels dy't ek de Hollânske konversaesjetael bringe oant yn 'e wenkeamers, ek yn dy fan Rûchhuzen, Lúksterhoek en Peazens. Gjin wûnder dat soks to fornimmen is oan it Frysk fan de Friezen en foaral oan it praet fan hwat ik mar neame sil de taelbrûkers-sûnder-euvelmoed. Hwat der eartiids yn dripke en sipere, spielt der nou by ammerfollen tagelyk yn. Om hwat mear doel to krijen oer de fraech, hoefier it gappet mei dy ynfiltraesje fan it Hollânsk by dit soarte taelbrûkers harkje ik gauris nei de fraechpetearkes dy't de RONO yn har Frysk programma opnimt. Twa dêrfan, dy't togearre sa'n fjouwer minuten duorren, haw ik op 'e lûdban oernimme litten en bisocht hwat neijer to analysearjen. Men kin it spontaen sprutsen hjoeddeisk Frysk neame. It iene stikje tael wie in petear mei in forkeapster yn in bakkerswinkel fan sa'n fyftich jier âld, it oare mei in âld-keatser fan sahwat deselde jierren. Beide persoanen wiene dúdlikerwize wend alle dagen Frysk to praten, beide hiene it oer eigen fak en leafhawwerij en forkearden dus yn in taelsfear dy't harren fortroud en eigen wie. Doe't ik dy beide brokjes spontane praettael op 'e keper biseach, foun ik de romte fan hollânismen. By de froulike prater kamen foarmen nei foaren as ‘leven, sus en sa, tussen, rustiger, geknipt, gewild, en òf, in hoop, befoabeld, wy meije net mopperje’. It wiene gongbere ynslûpsels dy't men yn Fryslân hast alle dagen wol om jin hinne hearre kin. Der wie ek in nijsgjirrige nijfoarming by, ntl. ‘dzjobke’ foar ‘baentsje’, dêr't it haedwurd ‘job’ (fan Ingelsk komôf dus) in Frysk útgongsjaske oankrige hie. By de âld-keatser wie it net folle oars. Yn syn praet dûkten | |
[pagina 478]
| |
ûnfryske foarmen op lykas ‘reuzejonge, reuzesteun, genoegen, úthoudingsformogen, folwassene, samenstelling, winst boeke’ (de foarm ‘winst’ selst sûnder de Fryske nasalearring en dus mei Hollânske lûding), en fierders ‘lyfhebber, op 't ogenblik, ontegenseggelik’. Sa'n foege fjildforkenning wiist dus wol op in sterke Hollânske biynfloeding by frysktaligen dy't mei it skreaune Frysk, mei de stilearre taelfoarmen sa't it skynt gjin kontakt hawwe. Alhiel gjin kontakt? Dat is wer to folle sein, hwant yn beide petearkes sieten ek in pear eleminten dy't wol wer de kant út wiisden fan in kontakt mei it Standertfrysk. De forkeapster hie it ntl. earne oer in ‘koarútstjûring’, in puristyske neifoarming, dy't de regionale radio har grif oandroegen hie. En de keatser praette in kear fan ‘keatsboun’ en fan ‘kreftichste’, dêr't men einliks wol ‘bond’ en ‘krachtichste’ forwachtsje soe. Ergo: by dizze evidint Hollânske penetraesje wie ek sokssahwat to bispeuren as in foech yntern Frysk tsjinwicht.
Oan dat tsjinwicht sil arbeide wurde moatte, sil skielk it Westerlauwersk Frysk net oer de hiele lynje in stadium birikke, dat F.J. Bergstra okkerjiers yn in Tsjerne-artikel, al wie it dan yn sosiologyske sin, typearre hat as ‘in dialektyske ôfhinklikheitsposysje fan it Nederlânsk’. Yn it maetskiplike hat it dêr by stuiten en op plakken yndied in soad fan, mar dit is in devaluaesjeproses dat al foar Gysbert Japicx' tiden fan start wie. Ek yn it idiomatyske mei de reamme fan de tael tinder wurden wêze en hieltyd tinder wurde, dochs moat hjir daliks by sein, dat hwat lûdsysteem, bûgingsfoarmen en ek hwat wurdskat oanbilangje, it mei it Frysk noch lang net oan dy ôfhinklikheitsposysje ta is. Fonetysk en ek hwat fleksje en vokabulaire oangeane fortoant it Frysk noch altyd skaeimerken by de rûs, dy't it skerp en klear ûnderskiedt fan in willekeurich Nederlânsk dialekt. As de bern op ús doarpen bigjinne to sizzen fan ‘wy gean boartsjen’, dan mei ús dat yn 'e wei wêze, mar salang't dat net wurdt ‘wij chaan spelen’ dan is it noch Frysk.
Hoelang't dizze folkstongslaggen noch praet wurde sille sûnder Frysk ôf to wurden en hoelang't dus in skreaun Frysk noch stuolkje kin op troch Friezen sprutsen idiomen, is net út to meitsjen. Wol docht men better en wês net to rap mei alderhande ûndergongsprofesijen, ek as men in diskrépânsje merkt tusken hwat men yn jins jeugd noch praette en praten hearde en hwat men nou heart. Tael is taei. Mar like | |
[pagina 479]
| |
forkeard is it in blynkape foar to binen en jin to forliezen yn lofsangen op ‘ús swietlûdige memmesprake’, sangteksten fan in nayf sportfriezendom dy't frijhwat falsk klinke. Of noch slimmer, jin to fortillen oan machtsspreuken as dy fan in Reyner Bogerman fan sa'n healtûzen jier forlyn, ntl. dat it Frysk fuortbistean sil ‘per omnia secula seculorum’. Fan de 500.000 ynwenners dy't Fryslân op dit stuit telt, binne sa'n 300.000 frysktalich, dat is 3/5 fan de bifolking. Hoe sil dizze numerike, mar dêrom sosiael noch net kwalitative mearderheit der útsjen oer tritich, fjirtich jier? Neffens de prognoses fan de ETIF-ûndersikers sil Fryslân yn it jier 2000 in miljoen minsken herbergje, hwerfan 700.000 yn stedsagglomeraesjes wenje. In urbanisearre wenklimaet alsa. Yn dy agglomeraesjes sille nei alle wierskyn mar in lyts diel frysktaligen tahâlde, wylst der grif ek net-frysktaligen (forensen, oare ymport) forkeare sille ûnder de 300.000 plattelânsbiwenners dy't dan oerbleaun binne. Soe dit takomstbyld - gjin Utopia fierders - wier blike to wêzen, dan is it net ûnreedlik it tal frysktaligen to skatten op 250.000, d.w.s. 1/4 fan de totale bifolking, hwerby't de numerike mearderheit fan nou dus omslein wêze soe yn in numerike minderheit.
Hat it doel om mei sa'n perspektyf foar eagen noch oan de forheging en forsteviging fan de Fryske taeldiken to arbeidzjen? It antwurd kin net oars wêze as dit: de striid foar it bihâld en de útbou fan it Frysk hat mear kâns fan slagjen as de dyk- en slykwurkers skerp sicht hâlde op dit foarlân, mear kâns alteast as hwannear't hja de eagen slute foar de réele gefaren dy't dy tael bidriigje. Boppedat, men hoecht jin net út to klaeijen foar't men op bêd giet. It is de tael, en de tael allinne dy't it Fryslân fan nou kultureel noch in eigen gesicht jowt. Dat bisefte ek de dichter Obe Postma doe't er okkerjiers tsjin my sei: ‘Wy moatte de tael hâlde. Wy binne der noch net ryp foar dy to forliezen.’ Dat wist selst - paradoksael genôch - de Amsterdamske dichter Ed. Hoornik, dy't Fryslân earne sizze lit:
Niet in mijn dorpen en mijn elf steden,
Niet in mijn meren en mijn heerlijkheden
Ben ik het meest mijzelf, maar in mijn taal,
Het instrument waardoor ik ademhaal.
|
|