De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 452]
| |
Tr. Riemersma:
| |
[pagina 453]
| |
Tróch ut lûk yn 'e kost kaam ur yn syn skûlkelder. Hij sette de akkulúmpe oan en gyng sitten op ut bêd. Hij húvere. Núver dot ur no net bliid wie en net oerol. Hij blêde yn syn skrjobûkje nei de pagynaas wêróp't ur ut meast gaadleke momint fwar ut lonsjerjen fon 'e raket berekkene hie. Hij koe ut skrift amper ûntsyferje bij ut lytse pitsje, mar hij wist ut ek sa wól. Om tólve oere presys wie de syrene fon ut moalfabryk gien. Op utselde stuit hie Dr. Blommers óp 'e skille drukt en wie ut lyseüm leegrûn. De amtners fon 'e sikretary wiene don ol ûnderweis. De bên fon 'e fjouwer legere skwallen, dy't óm ketier fwar tólven sleaten, wiene de measten nog bwatsjende en oangeande fon óp strjitte. De molktapers en grientelju makken har wyk dien. Winkeljuffers hólpen mei un skean eag óp 'e klok de lêste klonten. En don, fon goed tólve oere oant ketier oer tólven wiene de strjitten fól outoos, fytsen en brómmers dy't enwar fwarbijjakkeren en piipjend ôremmen fwar de reade ljochten óp 'e krússings, wylst óp 'e trotwaars keppels meensken stiene te wachtsjen fwar ut sebrapaad, hasteg lûkkend oan un sygaret, de eagen fól argewaasje óp ut reade ferkearsljocht rjóchte. En wylens - hij lake, mar ut klónk him yn dit ûnderiedske hoal os un snók yn 'e earen - sweve dêr tróch de lóft syn raket, un stadege sirkel beskrjoënd bóppe de stêd, en dwaande syn giftige damp te fersprieden. Se soene him sjen, wis! Op tsien, tólve plakken tagelyk soe ynienen immen ferhead nei bóppen stwarje. Yn minder os gjin tiid stiene oerol grappen meensken fernúvere te sjen nei dot frjemde, brúnne ding dot heel stadeg fjidderglied. No, óp dit momint! Ut ljocht is ollang óp grien spróngen, mar outoos en fwótgóngers bljoë stokstiif stean. Bên hôde óp fon moltjirgjen. Frôlju rinne bij ut yten wei. Elkenien stjit mei iepen mûlle nei de lóft te sjen. En mei iepen malle azemje se ut fergif yn dot fya ut bloed yn olle hûkken en hennen fon ut lichem tróchkringt en olle spieren ferlammet. Se sakje óp strjitte ynenwar, de iene nei de oare. Fytsers folle oerenwar hinne. Outomobylisten gliidzje de honnen fon 't stjoer. Stjerrenden wudde oerriden. De dea meant yn ien feeg un hiele stêd óm. En fwar wa't dot begrype, kómt ut begrypen te let. Yn panyk flechtsje se, nei hûûs, de stêd út, mar mei ut gos ol yn 'e lóngen. Se ûntkómme net. Op 'e kelderstrep, yn 'e bûttenwyken bloë se lizzen, besykje nei de kiel te taasten, mar de hôn wegeret, en de lóngen wurkje net mear en ut het stjit stil. Help sil dur net wêze, fwar nimmen net. Wa't tróch dit gos fergiftege waad, is fwar de dea ópskreon. Acht en un heal tuzen meensken binne wei, yn ien feeg. Wreekt hat ur him | |
[pagina 454]
| |
oer trijenfyfteg ier fernedering. Wreekt óp moaie Reintsje op wa't ur un hiele jûn fergees wachte en dy't syn wonhopege brief ûnder har kammeraatskes sirkúljerje liet. Wreekt óp Dr. Blommers dy't olies yn 'e skutte smyten waad dêr't hij un libbenlang fergees nei stribbe. Wreekt óp syn ode maten, óp syn learlingen, óp syn hospyta, syn kolegaas, syn ‘freonen’. Bóppe rottelen de rútten. De raket hie him mei syn lêste enerzjy ta untplóffing brocht. Ut wie ôrûn. Núver, tocht ur, niis dû't ik jir kaam sei ik: ut is slagge! en no sis ik: ut is ôrûn. Hij kryge ynienen ut gefoel dot syn libben olle sin ferlen hie no't syn fijonnen dea wiene. Hij hie syn doel berikt en no wie ur langer oerstolleg. Ut wie oft nei fjouwer ier fon ynsponning olle enerzjy út him wei streamde. Fjouwer ier lang hie ur him óp dit momint fergappe: de ferneateging fon olle ynwenners fon 'e stêd. Fjouwer ier lang. Of wie dit langstme nei wraak nog ôder? Wie ut net un dream dy't him fon jongs ôf-oan tróch de geast spûke hie? Os lytsjónge hied ur him ol ferhûûddûkke field. Skoudere en húnd tróch de jónges dy't him Bearend Bótsje neamden, un skelnamme dy't er sóms nog flústerjen jerde óp 'e góng fon ut lyseüm, dot him ut bloed nei de hólle jage. Wot die syn heit ek mei sa'n ydyoate fon. Hij wie ta dit lot predestynjerre, yn syn namme lei syn libben besletten. Benne út un echtpear dot olie hoop ol ópjûn hie, en dot him óm't ut wól wist dot hij de jinnege frucht út dizze twarre skette bljoë soe, olle fwarnammen meijûn hie dy't yn nomynaasje kamen, twa fon 'e paken en ien fon un ûngetrouwde broer fon heit: Hindrik, Harke en Jitse. Hindrik Harke Jitse van Bottenburg. Se leine ol jirren ûnder de módder, en dot wie ut bêste plak fwar harren. Se rûûken ol nei de módder dû't hij óp 'e wrôd kaam. Ut stónk oltyd yn 'e hûûs, de rook fon ôde meensken, fergiene fljirren en skimmeleg behang. De rook dy't ur no sóms nog yn 'e nwasters kryge en dy't de hiele wrôd fon dûtiids wer óprôp: de gûûlpartijen en ut sin-tróch-setten fon him, de ópljeppenens fon heit mei syn smûûgende piip, ut suskjen fon mem. Hij hie se ferachte, os se him lang óm let syn sin jûgen en óm ut hudst flaaiken óm wer bij him yn 'e geunst te kómmen. Hij wie har god, en os un god hie ur heaske oer de beide ómsteuterjende ôdsjes. Hij hie se ferachte óm't se fwar him krûpen. Wa't leafde sjiddet sil ferachting rispje. Ut stie him foar ho't syn heit him, dû't ur nog mar un ier of njóggen wie, yn un pakje mei un lange brûk os hearke ferklaaid nei skwalle ta havve woe. God ollinne wit hûfólle winkels de ódelju dur óm ôsochten. Hij hie moate en raasd dû't | |
[pagina 455]
| |
ur ut oan ha mwast en olie war dien óm mem bij ut het te grypen, mar diskear hie mem de kont fon heit keazen en him un mep fwar de kónt jûn. Dû't se him nog altyd ôljend en moatsjend de strjitte oer sleepte, stie syn heit gûlend efterhûûs bij ut hinnehok. En dû wie ur stil wudden, da't ur dot seag, en un gefoel fon iensemhyd wie oer him kómmen. Un gûlende ôd stumper bij it hinnehok, dot gesicht slûg olle dreamen oer un sterke heit oan diggels. Syn heit soe noait mei him gean te aisykjen of te sylen, en hij soe noait un spyker tróch de tafel slaan mei de bleate fûst lykos Ljibbe Post syn heit koe. Syn heit wie un ôd stumper. Ferslein en berêstend wie ur oan memme hôn nei skwalle run. Ut meens hie grif tocht dot ur him dur bij del jûn hie, dot ta un hichte ek sa wie, en fjidder hie ur ut blouw-blouw litten. Hij hie net mear gûûld. Ek net da't menear Van Bottenburg mei grut jûchhij óp ut plein ûntfóngen waad. Bearend Bótsje gyng út farren. Hij wuólle un pear tekkens óm him hinne en gyng óp 'e matros lizzen, óm't ur kôd wie en wurg. De legere skwalle hie un hel west. Se hiene him knoeid, seis ier lang, en de masters hiene har antypaty amper ferbergje kinnen. De oarsaak, dêr mwast ur nei riede. Hie ut west óm't ur ek óp skwalle syn uanne kening kraaie litte woe? Dur wiene him gjin oantinkens fon bijbleon. Mar meskjin wie ut sa en hiene se him dêróm pest. Mar ut koe lykegoed óm wot oas west ha. Un bên freget him net ô wêróm't ut dit of dot dócht, ut hatet, ferachtet, bewûnderet, hat leaf, samar. Nammes, dot dógge grutten ek. Ferachting en bewûndering ha selden un reden dy't krytyk ferneare kin. Se havve wól un oarsaak, mar un oarsaak dy't lykegoed de oarsaak fon ut tsjinoerstelde wêze koe. Wêróm hie de klos him net akseptjerre? Om't syn mem un hóldûk drûûg ynstee fon un hoed dû't se him fwar ut east nei skwalle brocht? Of óm't syn griffel langer wie os un oar synes, of kwatter meskjin? Freegjen hie gjin sin, ut koe óm fonolles wêze. En wêróm hiene de fólwuksenen him lyksa mei un skean eag oansjoen? Dy stykeme jónge fon Van Bottenburg matte je yn 'e gaten hôde, dy hat se efter de jermtakke. Hij hie ut un pear frôlju sizzen jerd. Wie ur un stykemet? Nee, hij wie stil, dot wól, mar hij helle noait gemiene streken út. Dochs hiene óp un kear twa plysjes bij mem-en-dy west óm't hij de foarege jûûns bij dy-en-dy de knynehokken ómsmyten hie. Hû't heit en mem dur ek tsjinyn leine dot ut ûnmooglek wie óm't de jonge óm dy tiid ollang óp bêd lei, de plysjes hiene ut net ljood, en se hiene sein dot mem-en-dy har soan ek nog mar stypje mwasten yn ut kwea. | |
[pagina 456]
| |
Hij hie net un rotjónge west. No ja, tús meskjin wól, mar koe hij ut helpe dot syn ôden sókke sûllen wiene dy't him noait us fiks oanpakten? Os ur yn un oare hóshôding benne wie, don hie syn libben wjirskynlek un oar ferrin hôn. Un bên mat ut rjúcht havve sels syn ôden te kiezen, sei Ellen Key, en dot wie wier. Mar winleken wie ut lang net genôch. Mun soe ek juns bwórlju kieze matte kinne, en juns stêd, juns klosgenoaten, juns freonen, ol juns betrekkingen en kóntakten, juns hele libben, juns útterlek en juns ynerlek. Mun wud óp 'e wrôd set yn dy-en-dy ómstonnegheden, mei dy heit en mem, mei dy bwórlju, mei dy kleur hier en eagen, dy te lytse of te grutte of bryke noas. Bij juns bette is ol bekend mei hókker jónges en famkes mun oer seis ier nei skwalle gean sil. Olles leit sa't ut leit os mun óp 'e wrôd kómt, dur wud óm juns bette gjin stien ferskikt, en mun kin oas neat os yn 'e jûnne ómstonnegheden besykje dur ut bêste fon te meitsjen. Wot ek ûnsin is. Wont dêrta soe mun junsels kinne matte, en de oar, en de takómst. Mun soe witte matte wot ut bêste is, en wot yn dot-en-dot gefol ut bêste is. Wot koe hij dur oan dwaan dot se him dingen yn 'e skwón skoden dêr't ur sa ûnskuldeg os un laam oan wie? Neat, apsolút neat. Hij hie dur fwar swarge dot dur op syn gedrag neat oan te merken wie. Hij hie un model-learling west, un iivreg stúdint. Hij hie un maat oltyd helpe wóllen, ol wie him dot kómselden frege. Os learaar die ur mear os syn plicht. Hij behonnele olie bên presys gelyk, ûnferskilleg, mar korrekt en rjóchtfeadeg. Hij besocht olie fragen en weensken fon 'e ôden nei te kómmen. Hij groete sûnder útsûndering elkenien dy't ur fwarbijkaem, hólp bên bij ut oerstekken en wie un hear yn 't ferkear. Hij jûûg de hospyta un goed kostjild, smookte hiel mateg, drónk net. Wot Seine de meensken fon him? Dot wist ur net. Se gniisden óm him, se hiene poer de gek mei him, dot wist ur wól. En se fertrouwden him fwar gjin sint, dot murk ur ek wól. En se lóngeren duróp dot ur us un ûnnoazele misset dwaan soe, óm don mei de hiele hûûd oer him gear te follen. Syn libben wie tekene tróch de eangst dot se him snappe soene. Fon olles wot ur die, die ur neat spóntaan. Hy hood net fon 'e learlingen dy't ur nei bêste fermogen les juug. Hij hood net fon 'e meensken dy't ur groete en net fon 'e bên dy't ur de strjitte oer loatste. Hij die ut om't ut him de jinnegste metoade lyke óm de achting fon syn stedsgenoaten te winnen. | |
[pagina 457]
| |
Mar hiene dy nei fiventweinteg, tryteg ier nog noait de dingen fergetten dy't him yn syn jeugd oansmard wiene? Wjirskynlek wól, mar Van Bottenburg wie no ienkear un núveren, un stillen, en stille meensken dêr krije jo min hichte fon, dy binne yn 'e regel núver, oas diene se sa net, se ferbergje wot. Ut soe bóppedot un hiele yngreep betsjutte óm Van Bottenburg tenei os un gewoan meenske te beskôgjen. Acht en un heal tûzen soene ta oare gedachten kómme matte. En wêr soene se sa gouw un oar frjemd fyguer weihelje, wont gjin mienskip is kómpleet sûnder swat skiep. En óp wa soe de haat fon 'e lyseümlearlingen him rjóchtsje matte os Van Bottenburg fon no ôf-oan un adege learaar wie?... Nee fonsels, dur wie gjin meens yn 'e stêd dy't him dit bewust makke hie en dy't ut mei ópsetsin die. Mar dur siet lykegoed un dúdlek plon efter. Os mun ut libben neigjit fon jóng nei ôd don herkent mun hyltyd de stjoerende hôn fon un machteg yntelygint, olles beheaskjend brein. Fatem, God of Dúvel? Meskjin mat mun ut ek net yn 'e hymel sykje, mar óp iede, en is ut sókssawot os Mienskipsgeast of Mienskipsynstinkt. Dit brein seag safólle ier tebek un jonge learaar nei ut lyseüm gean en ut tocht daleks: Dy mat ik brûkke os sûndebók wont dur is un fakatuere. Even de antesedinten neisjen: óp skwalle ferhûûddûke, skelnamme Bearend Bótsje. Ut koe noait mwaier treffe. Dur mat wól fwar swarge wudde dot ur net trouwt, don bljoot ur warleazer. Of wie ut gefol mei Reintsje ek ol te wyten oan ut yngrypen fon ut Mienskipsynstinkt? Bêst mooglek dot ut him dû ol un beskate rjóchting óp dreon hie. Ut ferkljerre meiïens wêróm't Reintsje him ôstegere hie óm letter mei un seplap de hier oan te gean. Hij hie better mon fwar har west, os se earlek wie soe se ut him tajaan. En dochs woe se neat fon him witte. Ut wie sa bestjoerd! En dot hij benne waad oan twa ôde meensken, en dot hij ut mikpunt fon de klos waad, dot wie bestjoerd. Dur folt jun gjin hier fon 'e holle of ut is fon tefoaren beskikt. De frijhyd fon 'e meenske bestjit jiryn dot ur frijwilleg dócht wot ut lot fwar him útbret hat. Hij soe syn teöryen fwar him hôde os ur skielk fwar de rjóchter stie. Nee, hij wie net fon doel óm út te naaien, os se him net snapten, don jûûg ur himsels oan. Ut proses soe ut gloryeuze slot fon syn wraakûffening wudde. Help fon atfokaten soe ur ôwize. Hij soe ferkljerje dot ur syn died bij ut | |
[pagina 458]
| |
fólle festôn, neffens oerlis en pion dien hie, en dot ur dur gjin spyt fon hie. De kronten soene fólstean oer him, mei grutte fotoos dy't un ûngeunstege yndruk fon him jûgen. De meensken soene fól ôgriis oer him prate. Syn namme soe klinke os un flókwud: Van Bottenburg, de massamwadner, de dúvel. Os dur mar gjinien begûn te eameljen oer fersêftsjende ómstonnegheden, oer ut jónkje dot oltyd pleage waad en dot oltyd de skuld kryge, oer de feint dy't tróch un faam bemytere waad, oer de learaar dy't dei út dei yn treitere wie. Dêróm menear de prezydint bepleitsje ik klemeensje. Ik haf jo ut libben fon Van Bottenburg sketst. Dizze mon hat syn libbenlang stien wêr't de slaggen foelen. Meensklekerwize sprutsen mwast hij ienkear agresyf wudde. De krûk gjit salang te wetter... Nee! Ik wól gjin klemeensje! Ik bin skuldeg! Ik bin un rotsak! Ik haf oltyd un rotsak west, fon jóngs ôf-oan! De dúvel bin ik, de dúvel! Hij lei te triljen ûnder de tekkens. Ik raas lûûdóp, ik wud gek sa. Os ik net besykje óm te sliepen wud ik knettergek. Hij gyng fon 'e matras ô en socht de flesse kónjak dy't ur fwar needgefollen meinómmen hie. Fon jerren-sizzen koe ur de pynefersêftsjende ynfloed fon drank. Hij drónk monmoedeg, de flesse oan 'e mûlle, en prjo ollinne de neismaak. Syn mage kaam ómheech, mar hij hood ut binnendwarren. Hij krûûp ûnder de tekkens en besocht te sliepen. Dû't ur wekker waad reinde ut. Hij jerde ut sêft rûûzjen bóppe syn hólle en no en don foel dur un drip it 'e luchtkoker. Hij gnyske. Mwannenlang hiene de boeren útsjoen nei un bui óm't dur gjin gês nog wot ek waakse woe, en no't nimmen dur mear ferlet fon hie, begûn ut te reinen. Hij hie him net ynlitten mei de noeden en swargen fon 'e befólking óm't ur drók dwaande wie mei syn raket. Mar hij hie wól mear os ienkear ópheind dot de middenstôn him swargen makke, óm't un misrisping syn wjerslag havve soe óp ut stedsje dot ôhinklek wie fon un stik of wot dwarpen yn 'e ómkryten. De kónsjerzje fon ut lyseüm wie de jinnege dy't dur mei him oer praat hie, mar dy beëamele don ek olles mei him, en Van Bottenburg tocht dot ur ut ollinne die óm't ur him os un lotgenoat beskôge, un kolega-underdog. Mar Van Bottenburg hie noait de moed fûn óm de kónsjerzje de mûlle te bynen. Ek net dy kears dot de mon de skea fon 'e drûgte wiidweideg útmetten hie. Mar net sûnder stille wille hie ur | |
[pagina 459]
| |
ontwudde dot ut wól goed kómme soe en dot nimmen un sint skea óprinne soe neffens syn miening. Hij kryge gelyk dochs? Hij besocht him fwar te stellen hû't de lyken óp strjitte leine en hû't ut duroer reinde. En wot harde dur no? Ik haf my jir net óp taret, tocht ur. Ik haf my noait yntocht wot dur barre soe os de raket syn wurk dien hie. Dur is bijgelyks olie kôns dot ut immen slagge is om meensken bûtten de stêd óp te skiljen. En don kin ut bêst wêze dot dur fwótendaliks ol un hele trûp polysjemonnen óp ôkómmen is. En wot dógge se don? Besykje se nei te gean wêr't ut gos weikómmen is? Wêr soene se ol dy meensken begrave? Sykje se ol óm mij? Meskjin hat immen mij fon 'e moan diskont út gean sjoen. Ik die ut sa faak, ut wie yn 'e hiele stêd bekind dot ik jir hast olie wykeinen siet. Mar wot ik jir de lêste mwannen útspûke haf, dot wit gjin meens. Of soene se ut riede? Dy stykeme jónge fon Van Bottenburg matte je yn 'e gaten hôde. Havve gwódden de raket jirwei kómmen sjoen? Wot dóg ik os se óm my sykje. Sil ik út myn skûlplak kómme en my oerjaan? Ik wit ut net, ik haf my jir net óp reemakke. Hij skrûûfde de dop fon 'e flesse en drónk stadeg. Ut gwód stie him sa slim net mear tsjin os strak. Hij helle syn haloazje út 'e bûs en hood ut bij de lampe. Ut stie op jelwy ienen en ut rûn net mear. Tróch de luchtkoker kaam gjin ljocht, dot ut soe wól jûntyd wêze. Hij hie nei olie gedachten de hiele middy sljipt, wont de beide fwargeande nachten hie ur amper un eag ta dien. Hij naam un pear broadsjes út 'e pûdde en begûn te yten. Yte koe ur ûnder olle ómstonnegheden. Hij woe dot ur lyke ûnferskilleg wie os syn mage. Hij hood kjel óp fon kôgjen: dur rûn ien bóppe syn hólle óm. Dwarren waden iepene en sletten. Un stoel ferskode. Hij jerde praten: ‘Neat?’ ‘Ik sjog him net.’ ‘Hij mat jir wêze, soe mun sizze.’ Dû skynde dur nog ien bij te kómmen, wont dy't ut lêst praat hie sei: ‘Hij is jir net, Burgers.’ Dat mwast de plysje wêze! ‘Dot hie 'k wol tocht.’ Ja, ut wie him, dy hie ut libben dur dus ôbrocht. ‘Mar hij is jir fon 'e moan hinne gien, dot stjit fêst, en dot ding is jirwei kommen.’ Van Bottenburg makke him lyts. ‘Hij hat genôch tiid hôn óm ut te pyken.’ ‘Gjinien hat him sjoen. Jo ha dochs oerol skille?’ ‘Hij kin bij tsjuster gien wêze, meskjin no krekt dû't ur ús koplampen seag.’ ‘Ut is no yn olie gefollen te tsjuster óm te sykjen. Wy kinne better...’ Ut fjiddere koe ur net ferstean mei't de monnen de doar ticht diene en ôsetten. Hij jerde ollinne ut bûûnzjen fon syn het. Hij wie bang. Hij tocht, ik haf my reemakke ôp ut proses, de dei wêróp't | |
[pagina 460]
| |
ik fwar myn rjóchters en oanharke tróch un fólle trybúnne sizze sil: Ik haf my wreekt en ik haf dur gjin spyt fon. Mar wêr't ik my net óp klearmakke haf en wot my bang makket, dot is de fernedering. Se sille my net behondelje mei ut ûntsach fon 'e bwarger fwar de perfyde misdiedeger. Se sille my fouillerje, yn 'e sel trjoë en ûnderfreegje mei de wênstege routyne. Tsjin de tiid dot myn Baak foar kómt, bin ik ol lytsmon, ut gewoane type beklage mei ut petsje yn 'e hôn. De dúvel - ut is belachlek. Burgers libbet dus nog, dy oare beide kin 'k net túsbringe. Ik begryp net wêróm't se net óm my sykje. Sa tsjuster sil 't dochs net wêze. Os se gjin haast meitsje, betsjut dot, dot se dur wól wis fon binne dot se my krije. Se ha oerol belle, dur wud nei my útsjoen. Yn un grutte sirkel óm my hinne binne wegen en paden ôset, ik kin gjin kont út. Moan bij ljochtskyndei meitsje se de sirkel ol nouwer en kjimme olle strewellen en drûgge sljetten út oant se my fûn havve. Un kwatte snók briek ûnferwaks út syn keel en dû jûûg ur him oer oan syn fertriet: oltyd ha se mij ha matten! Oltyd ha se dur óp loerd óm my oan te pakken, en no't ik us un kear fon my ôbyt, folle se ollegjer oer my gear. Moan helje se my út myn hoal en jaaie my de dyk del en huile efter my oan. Tsien ier wie ur dû't de hiele klóft efter him oan sitten hie óm't ur un monneg knikkets út 'e kûlle pakt hie. Mar ut wie har eigen skuld, sij kiene folsk spyle. Hij wie de iene strjitte nei de oare tróchdraafd nei hûûs ta, mar dû't se ol neier kamen, wie ur un slachterswinkel ynsketten en hie beskul socht efter de klonten. Hij hie ôgryslek raasd fon help! help! mar de slachter hie him de winkel útsoald en du hiene de jónges him mei trijen en fjouweren óp 'e grûn wurke en him de knikkets ta de bûsse út klouwd. Syn klean wiene oan fódden en hij siet fól smetplakken dû't se him óp ut lêst gean lieten. Wot tichter't ur bij hûûs kaam, wot lûder't ur moate, en dû't ur syn mem net tús fûn en de dwarren yn 't slot, hie ur fon lilkens east de rútten fon ut hinnehok ynskópt en dû mei un stôk de koalsplonten ómslein dy't syn heit krekt útset hie. Dû gyng ur yn 't hok sitten te wrokjen. Syn mem kaam tús, mar murk neat. Letter kaam heit, dy't fwótendaleks de rafaazje seag en mem durbij helle. Om har oandacht te lûkken hie ur mei de byle tsjin 't skut slein. ‘Sisto dêr? Hasto dot dien?’ hie se róppen. Se hie de doar wer sletten en wie mei heit yn 'e hûûs gien. En se hiene him iiskód sitte litten. | |
[pagina 461]
| |
Nei un skóft begûn ur te razen, sa lûûd os ur koe: ‘Helje my jirwei!’ En dû't dot net hólp, hie ur ut óp un flókken set: ‘Bliksem, bliksem! Helje my durút, godferdómme!’ Op 't lêst die mem de doar iepen en sei: ‘Dyn yten stjit yn 'e keuken en sjóg dotst óp bêd kómst.’ Hij wachte nog en rôp óp 'e nij: ‘Mem mat my hèlje.’ Mar hij kryge gjin gehoar en gyng nei de keuken. Heit en mem setten tegjerre nije koalsplonten, seag ur. Hij friet syn yten óp en snapte un hônfól suetsjes ut ut trómpke. Hij rekkene duróp dot syn mem nog wól even bij him sjen soe lykos oare jûnnen, mar ut dwórre lang. Tróch ut rút seag ur dot se iiskôd mei heit de ekers lônspondere en mar ómseurde. ‘Mem mat my ûnderstopje!’ Se die os jerde se neat. ‘Ferrekt rotwiif!’ skrjode ur. Heit sei wot tsjin mem en dû kaam se bóppe. En nog hie se oas neat witten te sizzen os: ‘Matst ús no ek nog te skonde meitsje? Jónge, wot dógsto ús wot oan!’ Se hoden net fon him, dot hie ur dû begrepen. Se ferwachten fon him dot ur har ôde dei ópfleure en se woene mei him prónkje. Fjidder hiene se gjin belangstelling fwar him, wot ur tróchmakke, hû't se him narren, ut kaam net yn har óp óm dêrnei te freegjen. Se hoden fon ut dreambyld dêr't hij selden of nea oan beöntwudde. Wa nammes hie him wól yn syn feitlek bestean akseptjerre? Se hiene him tolerjerre, mear net, en him beskôge os un latint gefaar. En oasóm hij har - wot mwast ur? Hij lûk de tekkens oer syn rêg en die ut lampke út. Hij gyng net fwót, no nog net temeensten. Op dit stuit begearde ur ollinne mar óm stil te lizzen, mei de honnen tusken de óplutsen knibbels. Hij woe dot immen him jirwei helle, dot ien him de hôn óp e hólle lei en sei: Hindrik, ik sil fwar dij swargje. Kóm mar mei, don sil ik dij liede nei un plak dêr't nimmen dij kweadógt. Mar hij wist eangsteg skerp wot dur barre soe: moan jagen se him óp os un mud en kneppelen him healdea en skópten him nei de stêd en setten him etter slot. Wij havve oltyd wól witten wot fwar dúvel yn dit fel stiek, soene se sizze. Moai fwar de hôn, pûsleaf, mar ûndertusken! Ut is net wier! Hij skriemde it út. O God, o God, ik bin ûnskuldeg. En sûnder ut te wóllen - wont nea hie ur koneksjes mei ut Opperwêzen ûnderhoden - gyng syn róppen yn bidden oer: ‘God, help mij, rêd my út 'e kloeren fon dy ellindelingen. O Heare... Heare - dur skeat him un ôde formúlle yn 't sin - kear Jo olles tun bêsten.’ | |
[pagina 462]
| |
Ferolterjerre lei ur te húverjen ûnder de tekkens, mar, lykos dot nei bidden oltyd bart, dur kaam un wûnderleke frede yn syn het en hij foel aanstóns yn un rêstege sliep. Kjel wekker waad ur yn 'e neinacht. Hij wie dweiltróchwiet. Hij gyng oerein en makke ljocht. Ut reinde en ut soe bûttendoar nog wól skymereg wêze. Hij koe nog fwót. Fwar't dur fólk óp 'e lap kaam, koe ur un hiel ein wêze. Wylst ur ut yn him ómgean liet, wist ur dot ur ut net dwaan soe. Fwótgean wól, mar net útnaaie. Hij soe ut dur óp oanlizze dot ur snapt waad, of hij net, mar wot yn him. Mun dógt net wot mun wól, mun wud dreon dy wei te gean dy't fwar jun útstippele is. Hij naam un pear slókken kónjak en trjo de flesse dû mei un oerbleone brogge yn 'e tos. Moedeleas tocht ur: De meensken dy't oltyd ol sein havve dot ik un ferkeadenien wie, krije no gelyk. De mienskip hat gelyk of hij krijt ut. Hij die ut lûk iepen en kloutere bij de ljedder óp. Nei un dei en un nacht yn syn skûlhenne lyke de wrôd ûntsettend wiid en iensem. Hij sette de stap duryn, rjócht óp 'e stêd oan. Mun ûntrint juns lot net, mun draagt ut mei. Dur slûg un klok fjouwer oere. Un inkele ko holte. De fûggels lieten har nog net jerre, mei't ut yn 'e miggelege rein amper te merkbyten wie dot ut mwantyd waad. De módderreed siet fól pwózzen en beide fwótten wiene him ol wiet. Mar tróch ol dot reinen wie de lóft sovere, hij hagde neane oer yn te sitten. Gekhyd, hij seag net tsjin de dea oan, ut soe un útkomst wêze. Dû't dur un fûle snjitter kaam, socht ur beskûl efter un hikke. Hij helle de kónjak fwar ut ljocht en sette ut óp un sûppen. Tsjin 'e kjeld en óm moed te krijen, ut lêste benammen. Hij koe net os un sleine hûn yn 'e stêd oankómme. Hij mwast syn prestiizje rêde. Wêróm wit ik sa klear dot ut misljerre is, tocht ur. Ik haf ut plon dêr't ik jirren oan arbeide haf tun útfier brocht, en dochs wit ik dot ik de boat mist haf. Meskjin is ut dit dot ik nimmen mear haf dy't ik haatsje kin en dot nimmen mij mear hatet. Ik bin myn doel fwarbijsketten. Ik hie net olle meensken deameitsje matten, mar jir en dêr un pear. Ik hie bómmen pleatse matten yn un fabryk en yn 'e skwallen en winkels, don hie dur yn hast elke húshôding un mon, un frouw of un bên mist. En don hie dur rûnôm fertriet west en haat. Hij fielde ynienen immen oan syn skouder skwórren. ‘Gean us oerein, mon. Jo kinne fergemy wól lóngûntstekking óprinne!’ Hij stwattele oerein mei de tos yn 'e iene en de flesse yn | |
[pagina 463]
| |
'e oare hôn. De jóngbaas seag him nijsgjirreg en spotsk oan. Op 'e trekker yn 'e daam siet nog un mon. ‘Wot is dot, Hessel?’ ‘'t Hat ut meast fon un fersûpte kot.’ De mon spróng fon 'e trekker ô. ‘Wêr matte jo hinne?’ Van Bottenburg seag nei syn flesse. ‘Ja, dy is skjinleeg. Kómme jo út 'e stêd?’ Van Bottenburg knikte. ‘Do móchst him wól even fwótbringe, Hessel.’ ‘Hij nukt fon 'e trekker ô.’ ‘Gean don rinnende. Wij kinne him net ferkómme litte.’ ‘No, fwót don mar. Kom ôde!’ Hij lûûk Van Bottenburg oan 'e earm mei bij de trekker lôns. Se slûggen un loane yn dy't nei un grutte pleats rûn. ‘Hû hyte jo?’ Hessel bljo stean. ‘Wa binne jo, kearel!’ ‘De dúvel,’ flústere Van Bottenburg, ‘de duvel bin ik.’ Op it hiem wie de boer dwaande bussen óp 'e wein te setten. Hessel die ut ferhaal en frege ot ur skilje mócht. De boer skode Van Bottenburg de lege gólle yn en sette him del óp un steapel sekken. Hij seag nijsgjirreg mar frege neat. Even letter kaam de jóngbaas weróm. ‘Se sille him óphelje, sa gouw mooglek,’ sei ur tsjin de boer. En tsjin Van Bottenburg: ‘Bljo mar rêsteg sitten, ôde, se helje jo jir aanst wól wei.’ ‘Ik mat fwót!’ Hij klouwde oerein en soe durút, mar de beide monnen hoden him tebek. ‘Jir bljoë, heite, gjin grappen!’ Dû kaam de boerinne de skwórreed óp. ‘Och goede, wot mat ik mei dy mon!’ ‘Neat,’ sei de boer. ‘Lit him mar stil sitte en dóg olle dwarren op 't slot, oas smeart ur him meskjin.’ ‘Mar dy mon mat drûg gwód oan ha.’ ‘Do matsty mar rêde, wij matte beide oan 't wurk.’ Ja gyngen nei bûtten en de boerinne sleat de doar efter har. ‘Binne jo kôd?’ frege se. Se liet him ollinne mar kaam fwótdurnei weróm mei un kóp tee. ‘Dot mwasten jo mar us ópdrinke,’ sei se. Van Bottenburg bljo sitten sa't ur siet. Ja besocht him de flesse en de tos ô te nimmen, mar syn iiskôde honnen koene of woene net loslitte. Dû liet se him drinke os un bên. Un jónge fon un ier of njoggentjen kaam mei de honnen yn 'e bûs de skwórreed óp. Hij seag ut spul swijend oan, mar dû't ut kópke leeg wie, sei ur: ‘Matte wy gjin dokter helje?’ ‘Soe ut matte? De plysje kómt daleks.’ ‘Plysje!’ sei Van Bottenburg. Op 'e nij soe ur fwót. | |
[pagina 464]
| |
‘Ho, deole!’ De jónge snapte him bij 't skouder en lûûk him weróm. ‘Hat mem net wot drûgge klean?’ De boerinne stiek nei de fwarein. ‘Sygaret?’ Van Bottenburg liet him un sygaret tusken de lippen trjoë. ‘Hiene jo dur genôch fon?’ De jónge naam him mei nei de keuken en wiisde óp ut steapeltsje klean dot syn mem óp un stoel lein hie. ‘Jo mwatte jo wiet gwód útdwaan, jir lizze skjinne klean fwar jo.’ Van Bottenburg dôve de sygaret yn un jiskebak. Hij kaam stadegoan ta besleur. Se ha my nog net, tocht ur. Ut begjint mei un kóp tee en un sygaret, se wólle my east op myn gemak stelle. Mar se geane stadegoan fjidder. Ik wit wól wot har doel is: se wólle mij myn ydentytijt ûntnimme. Oare klean, mei lege bûssen, neat fon mijsels. De jónge kloppe oan 'e doar en rôp: ‘Binne jo klear?’ Van Bottenburg postuerde him lyk fwar de doar. De jónge kaam duryn. ‘Ha jo je net ferskjinne? Jo binne ómmes dweil.’ Dû't Van Bottenburg gjin beskied jûûg, rûn ur óm him hinne en ferliet de keuken tróch un oare doar. Van Bottenburg wachte gjin momint. Hij rûn de skwórre yn en besocht de útdoar iepen te krijen. Hij siet óp 't slot. De bûthúsdoar wie oan 'e oare kont skwattele. Hij rûn tebek óm te sjen ot ur óp 'e bûthússolder kómme koe. Mar dêr gyng de keukensdoar. Hij dûkte him efter un swylmasyne. De boerinne rûn de skwórreed óp en del en waad wer wei. Van Bottenburg soe oerein dû't se twaresóm weróm kamen. ‘Se binne ol ûnderweis. Se kinne jir daleks wêze.’ sei de jónge. Dû lake ur en hij liet syn lûûd sakje. ‘Kin ur dur net útkómme?’ frege de boerinne. ‘Noait un kear,’ sei de jónge. Van Bottenburg jûûg him del óp un steal ôd hea. Hij wie ynkôd en wurg os un maits. Meskjin waad ur wól siik en gyng er dea. Hij hie mar ien langst: olles oerjaan. Hij lei dur nog mar krekt, tocht ur, dû't dur un pear mônlju bij him kamen. Hij seag tróch de eagteisters dot ut plysjes wiene, mar hij hood him sliepende. Se namen him bij fwótten en skouders óp en sjouwden him nei de keuken. Se lûûken him de klean út. ‘Hij is oan ut fel ta,’ sei ien. Hij fernaam dot se him drûgge, waarme klean oer de lea strûpten. ‘Ik haf un waarme krûk yn syn bêd lein.’ Se mwasten net sa raze, ut die him sear oan 'e earen. ‘Jirre, ópdrinke.’ Se skódden him oan 'e earm en hoden un glês fwar syn mûlle. Hij prjo en slókte, ut wie hyte, banende kónjak. ‘'t Sil jo goed dwaan, mon.’ Se brochten him nei de fwarkeamer en wipten him yn ut bedstee. | |
[pagina 465]
| |
De waarmte lûûk tróch syn lea. Hij sónk wei. Ien fon 'e plysjemonnen, ut wie Burgers seag ur no, makke him wekker. ‘Jo mwasten dur no mar ôkomme, menear Van Bottenburg. Jo kinne un pak fon 'e boer oandwaen.’ Hij wie freonlek, tocht Van Bottenburg, hij prate net os tsjin un misdiedeger. Hij lûûk ut dónkerblouwe pak oan, dot him oan 'e krappe kont siet, en gyng de góng yn. ‘Moai,’ sei Burgers, ‘De frouw hat un stik yten fwar jo delset.’ Yn 'e keamer siet de hele famylje óm 'e tafel. Van Bottenburg liet him te plak bringe en iet un pear stikken bôle op. De kófje wie hyt en sterk, hij knapte dur súver fon óp. ‘Sygaret, menear Van Bottenburg?’ Ut wie deselde jónge dy't him fon 'e moan un sygaret yn 'e mûlle trjo. De ferhôdingen wiene feroare, mar hij wist net wêrtroch. ‘Mei ik nog even skilje?’ frege Burgers. Sizze dot ik duroan kóm en dot se un sel fwar mij ynwadder bringe matte. Mar hij waad net úpstonneg bij dy gedachte. De boerinne jûûg him de hôn. ‘Menear Van Bottenburg, ut wie mij un eare fwar jo swargje te meien.’ Van Bottenburg seag har tankber oan. ‘Farwól,’ sei ur. De boer brocht harren yn 'e streamende rein oan 'e outo ta. ‘Dur is bûtten net te ferkearen, mar wot bin ik dur bliid óm, menear Van Bottenburg!’ Van Bottenburg gyng neist Burgers sitten. Se rieden ut hiem ô. Un boer prakkesjerret ollinne oer ut waar, en dot ur neist un massamwadner stjit, dot ynteresjerret him neat. De frouw wie oas, dy hie begrepen wa't ur wie, mar se hie ek begrepen dot ur ut dwaan màtten hie. ‘Binne jo wot ópknapt?’ frege Burgers. ‘Ja,’ sei ur, ‘ik fiel my wer goed.’ ‘Jo hiene net sa ómswalkje matten,’ sei Burgers ferwytend. ‘Jimme woene my pakke!’ ‘Ja, fonsels.’ Burgers gnyske. ‘Jo binne net bang fon in bytsje peblyke belangstelling wól?’ ‘Ik bin dur no ree fwar.’ ‘Moai sa.’ ‘Sjóg, justerjûn, dû koe ik nog net, mar no haf ik ut oerjûn. Dur mat mar fon kómme wot dur fon kómme mat.’ ‘Se sille jo net ópyte, menear Van Bottenburg.’ ‘Nee, dot grif net. Ut jouwt ek neat, ut mwast. Dit koe sa net langer. De bóm mwast ienkear baste.’ ‘Wij binne jo dur ollegjer lyke tankber fwar!’ ‘Ja hin?’ ‘Grif,’ sei Burgers. | |
[pagina 466]
| |
Van Bottenburg lyne tsjin 'e bekling. Burgers begriep ut ek. Ut wie núver, ut wie súver te moai dot ur krekt dizze meensken mette fwar't ur de sel yn gyng. Meensken dy't witte dot elk de rol spylet dy't fwar him útskreon stjit en dy't har tsjinstonner fatsoenlek behonnelje. Wij spylje de haadrollen, Burgers en ik en de boerinne. De oaren binne fygúronten dy't neat fon ut stik begrype en dy't mij ljest deameitsje woene. Mar Burgers begrypt mij. Hij wit dot ur mij út 'e mienskip ferwyderje mat óm't ik un misdied dien haf, mar hij dógt ut tsjin 't sin óm't ur ek wit dot ut myn ópdracht wie, myn missy. Hij is un tragyske helt. En ik bin ek un tragyske helt. De meensken miene dot ik un dúvel bin en dot Burgers un rêdende ingel is. De meensken sjógge olles swat-wyt. Mar sa is ut net, dur is ollinne mar swat. Olles is swat. Mar dur is ek un bytsje wyt. Burgers en de boerinne en ik, dot is wyt. Se rieden de stêd yn. Van Bottenburg seag dot gwódden him herkenden. Se rûnnen of rieden efter de outo oan. Soene se him wot dwaan wólle? Mar dû't ur fwar ut stedhûs de grutte klyber jûchhijend fólk yn 't eag krijge, waad ur stiif fon kjellens: de meensken wjinnen net dea, se wjinnen deagewoan net dea! ‘Kóm mar mei.’ Dû't ur njónken Burgers nei ut stedhûs rûn, gyng dur un lûûd hûûra óp en un plûg skwalbên rôp: ‘Lang libje Bearend Bótsje!’ En dêr bóppe út jerde Van Bottenburg un stim út un lûûdsprekker dy't sei: ‘Oanwêzegen, ut lang ferwachte momint is oanbrutsen. De hear Van Bottenburg is aryvjerre en kómt de trep óp.’ Van Bottenburg tocht net mear, hij koe net mear. Os yn un dream rûn ur de trep óp. De bwargemaster fûstke hetlek: ‘Wólkóm, menear Van Bottenburg, wólkóm! Hyp, hyp!’ ‘Hûra!’ ôlle ut fólk. ‘Menear Van Bottenburg, wij binne bliid jo yn ús midden te havven. Ut hat dur óm spond, wont jo binne beskieden, tè beskieden. Dêrom binne wij dûbbeld bliid dot wij un beskieden mon os jo joet hulde bringe meie.’ Hij is stóm, tocht Van Bottenburg, hij is in stómme fygúront dy't dur neat fon begrypt. En prate kin ur ek net. ‘Jo havve oltyd jo taak yn stilte fólbrocht. Dur waad oer jo net praat. Dur hûgde oer jo net praat te wudden, wont bij jo wie oltyd olles ynwadder. Jo lesjaan wie bóppe lof ferheven, jo ómtinken fwar skwallesaken wie sprekwudlek. Wij wisten ut, en wij wiene jo dur tankber fwar. Mar wij wisten net dot jo nog mear fwar de mienskip dwaan woene. Wij seagen jo | |
[pagina 467]
| |
út en tróch nei jo wykeinhúske gean, en fon 't maityd wot faker os oas, mar wij slûgen dur gjin acht óp. Wij hiene witten matten dot ut jo ek oan ut het gyng, jo os byoloog, os leafhavver fon blómmen en plonten, mar wij prakkesjerren dur net oer. Wij sieten elke oere fon 'e dei nei ut waarberjócht te harkjen, en wij seagen óm ut hutsje nei de lóft, en wij klagen tsjin enwar, mar wij diene neat. Jo diene wot, menear Van Bottenburg, jo arbeiden yn jo frije tiid oan un wûnderaparaat dot de ramp dy't us stêd en ómkryten bedrige ôkeare koe. Jo ferdiene jo tiid net mei praten en klaaien, jo wurken, yn stilte, sûnder dur ea mei immen oer te praten. Sels jo neiste freonen wisten net wêr't jo mei dwaande wiene. Mar justermiddy, dû waad ut ús dúdlek. Krekt fwar tolven kaam un wûnderlek aparaat dot wij net ydentyfysjerje koene, stadeg óp ús stêd tafleanen. Wij seagen hû't ut frjemde ding rjócht bóppe de stêd ynienen steil de lóft yngyng en dû't ut hiel heeg wie mei un klap eksplodjerre. En fwót dêróp waad de lóft, dy't mwannenlang blouw west hie, inketswat, en ut begon te reinen, te spielen. Wij koene wól skrieme fon blydskip óm dit lang ferwachte wetter. En dû pos krygen wij yn 'e rekken dot dot frjemde ding un reinmakker west hie en dot jo dy kónstrúerre hiene.’ Menear Van Bottenburg, jo havve ús rêden fon un ramp, dêrmei is olles sein. Ik wól jo út namme fon olle bwargers en boeren tank bringe fwar dizze died dy't tsjûget fon soasiaal fielen en bwargersin. Tank! Ik kin jir oan tajekje dot ut stedsbestjoer besletten hat, mei óp ynysyatyf fon un pear fwaroansteande stedsgenoaten, jo út te róppen ta earebwarger fon 'e stêd! Hyp, hyp, hûra! Ut wud is oan de hear Van Bottenburg!’ Van Bottenburg fûn hód oan 'e balústrade, de trjinnen streamden him by de wangen del. De bwargemaster wie der mei oan. ‘Kóm, menear Van Bottenburg!’ lústere ur. ‘Nog mar us hûra,’ sei un wethôder, en de bwargemaster golme wer ‘Hyp, hyp!’ yn 'e mykrofoan. Dû waad ut Van Bottenburg ynienen helder, os glês. Hij glimke tróch syn trjinnen hinne en naam monmoedeg de my krofoan fon 'e bwargemaster oan. ‘Bwargers,’ sei ur, ‘freonen, jim havve mij oltyd kinnen os ateïst. Mar fon no ôf-oan ljo ik yn God.’ |
|