De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 450] [p. 450] Anne Hellinga: Wissens as ik in swarte wein sjoch tink ik oan myn lêste ûren de lykauto fan it krematorium ien kear sil ik mei men hoopje achter de rêch fan de sjauffeur tusken seis planken lizze ier of let ik bin binijd hwant soms komt de dea jin mar raer oer it mêd ien saek lykwols kin ik wis fan wêze as it moai waer wurdt sil myn famylje in aerdige reis hawwe. [pagina 451] [p. 451] Sirkel doe't ik wekker waerd wie heit der ou en hie myn mem de wask al dien doe't de jonge wekker waerd wie ik der ou en hie myn frou de wask al dien doe't it jonkje wekker waerd wie hy der ou en hie syn wiif de wask al dien doe't jawis it is in sirkel sonder hope op in ein. Vorige Volgende