fan wurden en dochs is elk wurd forantwurde; it programma is fan minút ta minút útbalânsearre. Rients Gratama hat syn treddel ûre folmakke mei in ‘programma’ en de wurklist dy't jin by de yngong fan de seal forkocht wurdt is it earste dat jin fuort wer efkes tinke lit oan syn earder selskip. Dat brocht ek in stik as tweintich nûmers mei konférence der tusken. Mar der is hwat foroare: Gratama bringt it programma allinne. Dat is in greate prestaesje, hwant nimmen forfeelt him en wy hawwe hast noait it gefoel: it soe wol moai west hawwe as der yn dizze skets noch in peer spilers west hiene. Wy sjogge in lange, bûnte rige fan kréaesjes, wy hearre hiel hwat lietsjes, lange en tò lange en wy konstatearje dat de konférence fol goede fynsten sit en frijhwat aktuéler as eartiids. Om guon fan ús hie it programma noch wol langer kinnen; dan hie Rients Gratama bygelyks 22 yn pleats fan 20 nemers skriuwe moatten en faeks hie dan nòch nimmen him forfeeld. Mar it liket my dochs better ta, dat às wy noch hwat mear fan Gratama freegje - en hwerom soe dat by al dy wurdearring net meije? - wy net op mear lengte oansteane, mar op efkes mear djipte, nèt op mear útlittene fleur, mar op efkes mear stilte, nèt op mear kréaesjes, mar op efkes mear... Rients!
Fan de trije kabaretiers, dy't mei nije programma's kommen binne, is Hessel van der Wal de man, dy't kabaret ‘pur sang’ bringt en nei alle gedachten sil hy it hawwe moatte fan in publyk dat him de bûsen net útskuort, mar him glimkjend oanheart en tankber nei hûs ta giet. Syn nûmerkes binne faken mar koart, mar stik foar stik kinne hja op 'e tonge preaun wurde; hja binee net altyd djip-, mar wol fynsinnich, net skerp as in swurd, mar gauris fan in lichte irony, dy't jin folle mear docht. Under it striehuodtsje of efter in lytse formomming stiet altyd Hessel van der Wal, dy't om de wrâld en hwat dêryn omgiet en om de minsken dy't er moetet net fortwivele gûlt, mar him likemin op de knibbels slacht fan wille. Hy fantasearret en meditearret en sòms binne it dy fiif, seis wurden of allinne mar in stilte, dy't jin ynienen treft. Hy hat ek syn fiifentweintich lietsjes en om dêr de joun mei fol to meitsjen hat er Jetske Zylstra, dy't syn wurk treflik oanfielt, noch njonken him. Togearre meitsje hja der net in hiel lange, mar wol in bisander goede joun fan.
Hat it, by de trije dy't Frysk kabaret yn eigen styl bringe en dy't elk foar oar ek in funksje hawwe, doel en priizgje de iene boppe de oare? Lit my it hjir mar op hâlde: hwat is it in foarrjocht, dat hja der op it stuit binne: alle trije.
PITER TERPSTRA