De bifolking fan Fryslân hat by de help oan de striders en de flechtlingen net swak byspile. Der waerd hjir in bidrach byinoar brocht fan goed f 500.000, - (op 400.000 ynwenners). Het Fries Comité Hulpverlening Hongarije soarge foar in transport fan bûter, blikjes fleis en tekstyl nei Boedapest, mar de fiif greate frachtweinen kamen net fierder as Wenen. In twadde Komité, dat noch altiten bistiet, nammentlik it Fries Coördinatie Comité Vluchtelingenhulp (optheden in Stifting) hat gâns war dien om hjir in great tal flechtlingen op to heinen en to helpen oan klean, oan wurk en oan ûnderdak.
Ien fan dy flechtlingen - hy siet yn Koartehimmen - wie dr. D. Pragay, in jonge chemikus, dy't mei studinten yn Boedapest yn it forset sitten hie. Pragay wie in jongfeint út arbeidersformidden. In fûleindich forsetter, dy't net sasear tsjin it kommunisme wie, mar wol tsjin de ûnderdrukking fan de frijheit. Hy moast tusken dy beide kieze. Hy wie in toloarstelde kommunist; hy keas de frijheit en ek it risiko fan de frijheit.
Fan it meilibjen en fan de help fan de Friezen wie hy tige ûnder de yndruk. ‘It is o sa moai,‘ sei er, ‘dat jimme my en myn frou helpe wolle, mar nije klean? Né, dat moat mar net. Ik wol der sels foar arbeidzje.’ It wie him yn 'e wei om fan jowne stikken to libjen. Hy tocht: ik fyn hjir wol in plak as arbeider yn in fabryk. Him waerd lykwols fuortendaliks in baen oanbean as wittenskiplik amtner oan de Universiteit fan Utert. Syn frou hie dierpsychology studearre. Hja sitte optheden togearre yn de U.S.A. Dr. Pragay is dêr dosint oan in universiteit en forboun oan it laboratorium fan in sikehûs. In wykmannich lyn kaem er ûnforwachts even by ús del. Hy hie nei India ta west en wie op 'e weromreis nei Amearika. ‘Myn frou en ik,’ fortelde er, ha noch wol gauris langst nei Fryslân en binammen nei Koartehimmen. Wy fiele os noch altiten yn greate tankberens oan jimme forboun.’
Wy hawwe doe likernôch in ûre praet oer de nijsgjirrige oerienkomst, dy't der is tusken de Friezen en it lytse folk fan de Szeklers, hwant dr. Pragay is in Szekler, in soan fan it âlde, greatske en ynbannige ruterfolk, dat wennet yn in othoeke fan de Karpaten.
Prof. dr. L.H. Grondijs skriuwt oer dit folk yn syn boek Tussen twee werelden (1944). Dit foar dejinge, dy't der hwat mear fan witte wol as ik hjir yn dit koart bistek fortelle kin. De Szeklers binne fan komôf Euro-aziatyske nomaden, dy't mei Attila nei Hongarije forfearn binne. Dat giet tobek op de 5e ieu. Hynders en fé, dat is foar dit folk alles. Yn gâns sprekwurden en sizwizen fan de Szeklers spilet it hynder in foarname rol. It folk hat syn eigen (roomsk katholike) formuliergebeden en eigen religieuze seden. Sa bidde de manlju op snein foar Peaske, yn 'e kloft en sittend op it hynder: ‘Priizge mei wêze de Hear Jezus Kristus, dy't opstien is út it grêf...’ En folgjend oan de lofprizing komt dan it gebet, dêr't ik dizze rigel even út nei foaren helje: ‘Wy bidde foar de pastoar, de paus, de hynders, it fé en foar de regint...’
De Friezen (lang net allegearre fansels) bitinke de slach by Warns; de Szeklers bitinke op de twadde dei nei Pinkster de oerwinning fan har foarâlden op de soldatekloft fan foarst Johannes Szigismund yn de twadde helte fan de 16e ieu.
De Szeklers sitte tangele mei likernôch deselde problemen as de Friezen. Hja binne yn dizze tiid fan yndustrialisaesje hwat efterop rekke. Dat wie tonminsten sa'n tweintich jier forlyn sa. It sil wol