Op it harspit:
Trinus Riemersma en de predestinaesje
Dat Trinus Riemersma op in dwylspoar is, docht dúdlik bliken út syn artikel Prédestinaesje en Literaire Krityk yn De Tsjerne oktober 1966. Ut de yn dat artikel lânsearre prédistinaesjelear wurdt men krekt gewaer hoe'n oppepte kristen Trinus Riemersma is en dat ymplisearret tagelyk dat er in heiden is, net in heiden lykas hy yn syn artikel biskriuwt, d.w.s. in heiden fan origine, mar noch folle slimmer; ien dy't de wei wol wit. Hy is in krusing fan in heiden en in kristen, al bidoel ik dat net yn flesklike sin. Foar myn geast swevet Trinus Riemersma dan ek sahwat tusken hel en himel yn. Hy is seis, sawnentweintich jier lyn berne as in authentyk orthodoks protestants kristen; in lyts rûpsk hountsje mei de tûme yn 'e mûle, dadada roppe en fize wurdtsjes leare. Stadichoan mei lytse skokjes great wurden en de eigentlike steat oannommen fan in minske kompleet mei in barokke geastlike forerving, seks, religy en in prédestinaesjelear dêr't Kalvyn him de fingers nei slikje soe. Mar yn wêzen dochs noch in hountsje mei in ynskepen godsbigryp. Nou gjin dada, mar blaffe dat kring, sa-ha-jo-net. Dizze Trinus Riemersma skriuwt mei in wissichheit dy't oant nou ta oan de Ald Grifformearden ûnthâlden is, dat er skreaun stiet yn It Boek Fan De Libbenen.
Ik moat him toloarstelle. Trinus Riemersma, him al jierren forgapjend op it ivige, swevet tusken heil en ûnheil, hel en himel en sil yn de Takomst altyd de Ivige Tusken-Posysje ynnimme. Gjin snie, gjin wetter, gjin kristen, gjin heiden, mar in Fan-Alle-Wallen-Fretter, dy't God biskimpt, Him oanhinget mei syklike bigearten, Him makket ta in Smokend Burokraet dy't A.W. al oan de Debiteurekant stean hat en Tr. R. oan de Kreditkant. Soks neamt men yn théologyske rounten it Initiatyf Fan It Initieel en moat noch forbân hâlde me Kalvyns Institutio. Mar hoe forsjocht dizze geastlike houn him hjir. It fleis leaver as de bonken, hat God him al as in houtfisk yn de rêch fan It Boek Fan De Libbenen toknypt en de iennichste forwoesting dy't er dêr oanrjochtsje kin is it tofretten fan de rêch fan It Boek Fan De Libbenen. Mooglik dat hy der inkelde blêdden ot losfrette kin, om sa it satanyske wurk to forrjochtsjen inkelde fan de hilligen mei to slepen yn it ivige fordjer; in wurk dat er hjir op ierde al yn tarieden hat mei boeken fan in legere steat en oarder.
It ûnheil stiet him to wachtsjen omdat er fan gjin bikearing witte wol. Wadman is foar him de fan ivichheit oant ivichheit fordomde heiden. Dêrby hat er forgetten it wurd: folle earsten sille de lêsten wêze en folle lêsten de earsten. De stelling fan Riemersma is allinne to forklearjen út in sels folslein biwisse wêzen fan it Kommende Heil en tsjut tagelyk op in arrogante reservearring fan de himel foar himsels. Mar it sil him nochris smoarch fan 'e kont gean, dizze heilsbirôver, himeldief, dit wers fan alle kristlike humaniteit libjend kréatuer.
Hat Trinus Riemersma alris djipdollend en oprjocht neitocht oer it mystearje fan de goddelike erfopfolging, yn hokker ûntjowing wy nou al sjogge de God Is Dea, de God Nei de God Is Dea, de Eksistinsiéle God Fan God Nei De God Is Dea en de Potinsiéle God Fan De Eksistinsiéle God Fan God Nei De God Is Dea, (as jo sa gau neikomme kin hwat ik bidoel)? Licht is dit ek reden om it mei de prédestinaesje yn in hiele oare rjochting to sykjen. Hie Riemer-