As ik myn sin siz...:
Oantekens by in jury-bislissing
By de útrikking fan 'e Rely Jorritsma-prizen 1965 die de jury to witten, dat ien forhael fan bioardieling útsletten wie, om't it wie net origineel. Al wiken foar de tiid waerd der grute, dat D.A. Tamminga in forhael ynstjûrd hie, dat troch de jury as plagiaet ûntmaskere wie. Dêr most by sein wurde, dat yn elts gefal by de útrikking it wurd plagiaet net neamd is, mar hoe't de foarke dan wol yn 'e stâlle siet waerd jin ek net dúdlik.
Hwat wie der nou to rêdden? Nei de publikaesje yn De Tsjerne die it bliken, dat Tamminga syn forhael boud bie op in anekdoate, dy't nêst in jier of fiif, seis yn inkelde rounten forteld waerd en dy't er sels fan de hear G. Koelstra - ien fan 'e juryleden - heard bie.
Sa't ik sels de anekdoate fortellen hearde, naem dat in pear minuten yn bislach. It is dúdlik, dat soks inkeld de stof, it materiael foar T. syn forhael foarmje koe. Nou binne de literair-histoaryske téorétisi it der wol oer iens, dat de stof letterlik in bykomstichheit is en by einbislút folslein ûnwichtich. Oft it útgongspunt socht wurde moat yn bilibbingsmateriael of yn tinkstof of yn in krantebirjocht komt der yn wêzen net op oan. Doe't fan Eliot The Cocktail Party útkaem, hie sels nei't it stik spile wie nimmen der aen fan, dat it basearre wie op Alkestis fan Euripides, dat as er it sels net yn ien fan syn essays neamd hie, soe nou faeks nimmen it witte.
Nammers, men hoecht inkeld mar stúdzjes oer motyf- of toposûndersyk yn to sjen om to witten, dat der yn dy sin net sa folle oarspronkliks to finen is. It originéle moat socht wurde yn 'e lûdfoarm of klanksfear, yn 'e bitsjutting, styl, komposysje, wurking en forskining (Priesemann).
Inkeld op dy grounen kin in jury in forhael, in fers oannimme of forsmite. Dat is yn 1965 net bard en dat wie mis. Mar ik wie hjir net op weromkommen, as it net libbensneedsaek wie, goede kritearia to hanthavenjen, sil de priistakenning oan syn doel bianderje: de fuortsterking fan Fryske taelkunst.
HARING TJ. PIEBINGA