De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 432]
| |
Sjoerd Leiker:
| |
[pagina 433]
| |
Hwa't ‘de woordenfluit’ blaest, folgje de feiten, seit Menno ter Braak. Hja komme út alle hoeken en gatten op him ta. Sa'n fluiter is Jo Smit. Hy hat as rottefanger fan Hameln hwat los makke by Trinus Riemersma, dy't syn boek Minskrotten-rotminsken oan Jo Smit opdroegen hat. Net om to warskôgjen foar Jo Smit, dy't feeling hat foar it drakerige yn alle literatuer, mar as nijsgjirrich feit helje ik hjir noch even Ter Braak oan om dúdlik to meitsjen hokfoar útwurking sa'n idé as dat fan Smit hawwe kin. Ter Braak skreau mei it each op in psycholooch dêr't er him troch forrifele fielde: ‘Opgepast, geleerde heren! Morgen fluit deze ‘fantast’ ook uw kinderen de stad uit; Hameln met zijn beroemde universiteit wordt een asyl Pro Senectute, waarin alleen het gemummel van oude betweters soms de objectieve stilte nog verstoort...’Ga naar voetnoot*) Trinus Riemersma liende de fluite fan Jo Smit en sjedêr, der komme rotten foar it ljocht sa great as minsken (‘minskrotten’), dy't de heule bifolking fan de stêd Ljouwert opfrette. Forbylding fansels of leaver sein in ‘farce’, dy't de fluitsjende rottefanger nedich hat om de lêzer oan de ein ta fêst to hâlden. Fan mear bilang lykwols as dy rotte-story wie foar Riemersma it ‘essayistysk avontûr’ of om in oar wurd fan Jo Smit to brûken ‘de moraliteit’, de hertstochtelike fordigening fan syn eigen seedlik gedrach, fan de dingen dêr't hy mei syn heule persoan foar ynstean wol. Neffens de flaptekst hat Trinus Riemersma oan it ‘eksperimentearjen’ west mei de romanfoarm. Hwat hâldt sa'n meidieling nou winliken yn? De skriuwer hat hwat to fortellen en as hy kiest foar de foarm fan de roman dan forwachtet men in forhael. Syn kar is fallen op in soarte fan ‘science fiction’. Hy fortelt fan it leed dat ‘minskrotten’ to weech bringe. Hat hy oer de foarm fan de roman neitocht? Under it skriuwen wei wol, tinkt my, mar it probleem fan de romanfoarm hat him net al to folle dwers sitten. Ienkear ûnderweis hat er tocht: lit my, om alle forsinnen to mijen, it boek mar ‘nachtboek’ neame. Dan bin ik net mear to fangen op het feit, dat it boek gjin roman is. Riemersma skriuwt foar it faderlân wei. Hy praet ek foar it faderlân wei, hwant nouris forskûlet er him yn de hûd fan de forslachjower efter de mikrofoan (de figuer Hanenburg), op in | |
[pagina 434]
| |
oar stuit komt er sels nei foaren mei syn eigen swierrichheden en ek om op lichte, ironisearjende toan syn freonen en fijannen it leksum to lêzen. Syn greate (eins lytse) tsjinstander is in sekere L.V. fan it Friesch Dagblad, dy't er útklaeid en yn 'e maling nimt. Dêr hat Trinus Riemersma alle reden ta, mar ien ding moat him neijown wurde: hy is noait bitter of rankuneus. Yn syn tirades, dy't net fan 'e loft binne, sit altiten in elemint fan myldens, fan sin foar bitreklikheit. De persiflaezje op it saneamde ‘lange gebet’ yn tsjerke ropt oantinkens by jin op oan Willem Elsschot. Der sit hwat wrangs yn en ek eat fan wémoed. Fan in leafde, dy't nea stjerre sil. De lêzer sil om gâns dingen, dy't yn dit boek forteld wurde gnyskje. De irony sprekt jin oan en ek de toloarstelling yn de minsken, - ‘de rotminsken’. Men soe Trinus Riemersma in hwat forwyldere Elsschot neame kinne. Elsschot hat fakentiden jierren lang wachte mei it opskriuwen fan syn persoanlike erfaringen, mei it stal jaen fan syn fortriet yn in forhael. Trinus Riemersma (ik haw dat al ris earder skreaun) is hastich. It is foar him altiten jachtsjen. Op it niisneamde lange gebet skriuwt hy sels in kommintaer. En wol yn dizze trant: ‘Foar hwa't bilang hat by de miening fan de auteur: ik fyn dit sels in rotstikje. Doe't ik dermei bigoun, wist ik ek wol dat it gjin hege profetyske krityk wurde soe, mar in ordinair eintsje nocht oan ûnnocht. Dat ik it dochs útskreaun haw, hat as reden dat ik fan miening bin dat in auteur him net moaijer foardwaen moat as er is. Ik wol mei ditsoarte skriuwen bisykje de kommunikaesje tusken myn lêzers en my brekliker to hâlden...’ en hwat der dan fierder folget. It kommentaer rint der op út dat de skriuwer seit: ‘Sykje by my gjin greatme, ik smyt allinne mei stront. As 't kin ek fan en ta ris yn 't gesicht fan 'e lêzers, opdat myn fans my net fan klearebare enthousiasme ûnder de foet rinne.’ Dit kommintaer is allike oerstallich as de hybris, dy't ta utering komt yn de opmerking oer de fans fan de auteur. Ut sa'n kommintaer docht bliken dat it wurk, dat de skriuwer ûnder hannen hat noch net útkristallisearre is. Trinus Riemersma is by riten tige lucide, mar hy kin it samar wer forgrieme. By in bisprek fan in boek, dat sa faek fan 'e hak op 'e tak springt, leit it yn 'e reden dat ek de kritikus hwat hinne en wer sweeft tusken Trinus Riemersma en syn publyk, tusken God en de minsken. God sil der leau 'k net fan forblikke dat Riemersma my op bledside 90 to boek set as ‘atheïst’. Us mem hat der foar soarge dat ik, yn kristlike sin, ‘het zegel van het Verbond’ op 'e foarholle ha. Fan heite kant haw | |
[pagina 435]
| |
ik de twivel meikrige, it hifkjen en it wifkjen. En nou't ik my dochs even wanhopich forset tsjin it atheïsme, dat Riemersma my oanwriuwt, wol ik der noch dit oan taheakje: yn myn jongfeintetiid, yn de krisisjierren, haw ik yn in Grinzer efterbuert in sneinsskoalle hawn en ‘it blide boadskip’ brocht oan bern dy't honger hienen en dy't longeren nei in reep en in stikje koeke op it Krystfeest. Dy sneinsskoalle hjitte Het Mosterdzaadje. My tinkt, dy namme moat Riemersma wol hwat sizze. Ik ha my doe o sa lyts en ûnmachtich field. Trinus Riemersma skriuwt: ‘Ik bin gjin herfoarmer, ik bin nearne foar en ik bin nearne tsjin.’ In auteur hoecht him, neffens him, net to bikroadzjen ‘om it sieleheil of de sexuéle need’ fan syn lêzers. ‘Hoe't myn lêzers har dertroch hinne slagge, dat ynteressearret my, as auteur, neat. Forwachtsje dus asjeblyft fan my gjin krityske bydragen ta de forbettering fan dizze wrâld.’ Dat wurdt fan in romanskriuwer ek net forwachte. Hy is gjin ekonoom, gjin theolooch, gjin partijpolitikus en gjin sedemaster. Hy wit dat de tsjinstelling goed en kwea al krekt sa'n breklik helpmiddel is as dy fan Wahrheit und Dichtung. Om dy reden jowt hy gjin oardiel oer syn romanfigueren. Hy is harren skepper en skriuwer. Sadré't hja op papier steane libje hja har eigen libben. Riemersma, yn syn boek warber as romanskriuwer en as essayist, hat him gjin soargen makke oer ‘it eigen libben’ fan syn greate rotten, dy't de Ljouwerters efternei sitte en opfrette. Fan dat lange gebet lykwols hat er him ôffrege: kin dat der wol op troch? Hy makket dêr noch dizze notysje by: ‘It is fansels mooglik dat dizze of jinge troch myn gebet dochs yn it moed taest wurdt en dat hy der syn foardiel mei dwaen kin yn syn religieus libben. Dat witte je noait. De kwaliteit, en ek it boadskip fan in boek (winliken is de kwaliteit fan it boek krekt it boadskip, mar dit lit ik nou mar rêste) hingje net ôf fan 's skriuwers minne of goede bidoelingen. Se hingje ôf fan syn fakmanskip, mar ek fan in ûnbiwuste lieding om it goede to skriuwen, de goede toan to treffen, en - hwant in boek is net in died fan de auteur allinne, pas de lêzer makket it boek ta boek - fan lieding by it lêzen om it goede en it suvere derút to heljen.’ Trinus Riemersma hat my as lêzer oertsjûge fan syn fakmanskip as essayist en hertstochtlik pamflettist. Hy is in koarddounser, dy't der wolris ôfduvelt, mar dan seit er fuortendaliks: minsken, dat heart der by. Dat is nou just it aerdige fan myn meneuvels. | |
[pagina 436]
| |
Hwat jin ûntroert yn syn bycht is dat hy der sa oer yn sit dat it lange gebet forkeard bigrepen wurde sil. As it der op oankomt is syn heule boek in gebet om in lyts bytsje bigryp foar Trinus Riemersma. Of oars sein: in lange brief oan de ‘broeders en zusters’ om de foarbede foar de skriuwer. |
|