| |
| |
| |
Anne Jousma:
Monna Vanna
Hy wie fan it slach, dat yn ús fak in soarte fan sadistyske foldwaning fynt. It slach, dat coûte que coûte hearskje wol as in despoat oer de opslûpen jonges en fammensbern, dy't oan him oerlevere binne. Lyk as in hear út de midsieuwen, abslút, sûnder genede, hurd, sûnder meilijen. Sa'n ien, dy't suver mei in gefoel fan nocht konstatearret, dat ien fan de ûnderhearrigen net willeas hearsum is en dan geniet fynt yn it brekken fan it forset.
Nou wit ik skoan, dat dizze hâlding oan follen fan ús net alhiel frjemd is. It jowt wiswier in soarte fan foldwaning, as sa'n stel jongfolk, lang net allegearre bjuster maklik, folchsum docht lyk as wy foarskriuwe en sels op ús oanstean him soms min ofte mear ynspanne wol.
Sa by mysels haw ik it wolris forlike mei in harem. De learaer is de almachtige sultan en de learlingen binne oan syn genede of ûngenede oerlevere. En lyk as de iene sultan him mei swier en amour hastet fan de iene haremkeamer nei de oare en syn gunsten glimkjend fordielt, wylst de oare syn willeaze slavinnen nei syn bêd slepe lit en him formakket mei harren eangst, sa hearsket de iene learaer, heech weardearre troch alle klassen, soms op earmen droegen, en wurdt in oaren hate, de jonges binne krûpende bang foar him en respektearje him dochs wer min ofte mear.
Fansels binne der ek noch oare typen, net bysteat ta de earste en net ta de twadde hâlding. Hja forsteane de kunst fan hearskjen net en bisykje dat to kamouflearjen troch har foar minderweardich to forklearjen en allerlei fornimstige stelsels út to tinken om dochs ta resultaten to kommen. Hja binne ornaris yntelligint en bidreaun yn it gearstallen en konstruearjen fan skema's en kurven. Mar jow sa'n ien in klasse fan tweintich en hâld dy dan troch it finsterke yn 'e doar goed yn 'e rekken, hwant de opstân sil de kop opstekke. It mei ek noch wêze dat it bliuwt by in taestbre yndolinte forfeling, dy't as in damp yn it lokael hinget.
Né, as ik myn sin siz, de resultaten, en net allinne de eksamenútslaggen, komme foar rekken fan de hearskers, de ûnmeilydsume en de swierige, de hurde en de meilibjende, de provosearjende en de rjuchtfeardich straffende.
Lyk as ik al se!, hy wie fan it hurde, provosearjende soarte. Syn rop gie foar him út, elke nije klasse wit it al: Pas op,
| |
| |
strak krije wy Sanders. Hja doarsten him seis gjin bynamme to jaen, hwer't oars net ien fan de dosinten oan ûntkaem. Ik hie syn systeem troch. Yn sa'n nije klasse provosearre er de bretaelsten ta it uterste en strafte dan de earste en lytste réaksje dêrop - in lulk gesicht in net bot freonlik andert - ûngenedich en sarkastysk ôf. Hy bisiet it rjochte orgaen om de lêstichste, ûnhandelberste jonge daliks to determinearjen. Dêr soed er him nea net yn forsinne, lyk as swakke dosinten altyd hiem is.
Mar ik dwael ôf, ik dwael hieltyd wer ôf, dat giet faek sa as men âlder wurdt. It wie myn doel en biskriuw hwat der mei him harde op dy nuvere dei oan 'e een fan in perioade, hwer't wy de broei op skoalle al min ofte mear fan ûndergien hiene.
It sil sahwat bigin novimber west hawwe, koart nei de hjerstfakânsje fan trije dagen, suver foar de skoallemasters de muoite net wurdich. Wy wiene krekt oan 'e gong en ik gie foar myn buro sitten om de post troch to nimmen. Doe kloppe de konsierge by my oan; Sanders hie him stjûrd om to freegjen oft der my hwat bikind wie oer de absinsje fan Joyce Grace út 4A. Doe't ik hwat forwûndere opseach, liet hy der noch op folgje, dat minhear nochal fan 't hynder skynde to wêzen oer it gefal.
Ik joech opdracht daelks nei har hûs to skiljen, mar dat wie al bard neffens Durks. De telefoan waerd dêr net opnaem. ‘Siz dat dan tsjin minhear Sanders en bisykje it jitris oer in kertier.’
Hy sette ôf, mar ik koe myn holle net by de brieven hêlde. Joyce Grace, - Ingelsk fan heite kant mei in Nederlânske mem, skieden, by hwa't hja wenne, wie sûnt de simmerfakânsje by ús op skoalle. Hja wie mear as kreas mei har goudread hier, ljochtblauwe eagen en in hûd as in pjisk. Boppedat hie hja in bisûndere oanliz foar frjemde talen, binammen foar Frânsk, Sanders syn fak. Op in skoallejoun droech hja ris fersen foar en dêr waerden sels de healnozems út de heechste klassen, oars net bjustere poëtysk fan oanliz, stil by. Hja wie ek de iennichste learling oer hwa't ús kollega Sanders yn de learaerskeamer ris yn lûde lofprizings útbrutsen wie.
‘Dat moat wol in bjusterbaerlik bern wêze, as jo sa enthousiast wurde,’ gysgobbe Essers, de wiskunstner. ‘Jo meije wol oppasse, Sanders, dat jou fredich frijfeintelibben op lêst noch net forsteurd wurdt.’
Sanders andere net, praette letter nea mear oer Joyce, gie der ek net op yn as Essers of De Groot - ús jongste enfant
| |
| |
terrible - har goede eigenskippen sawol fysyk as mentael op it aljemint brochten, soms yn earnst, soms by wize fan gekheit. Heechstens helle er de skouders op.
En nou wie hja absint. Dat barde frijwol nea. Mar hwerom nou daelks sa ûngerêst? En by mysels glimkjend bitocht ik dat it bern Joyce - nou ja, bern? - dochs blykber hwat bitsjutte foar de sultan, lykas De Groot him alris bititele hie yn ien fan syn boartlike riten.
De klasse, dêr't hja yn siet, 4A, wie oars wol in ploechje dêr't de measte learaers de hannen oan fol hiene. Allinne ûnder Sanders syn lessen koe men der in spjelde fallen heare. Hy krige se nuet mei flymskerp sarkasme en hja joegen harsels sûnder grânzgjen del. Mar yn gjin klasse wie de hate sa great, sa swijend fan driging. Ik murk dat gauris op as ik foar it iene of it oare yn de les kaem. It like folle op in driging fan únwaer, in ôfwachtsjen sûnder dat men lûd fornimt ûnder blau-rossige loften. As ik by myn fuortgean de doar sleat, foel der in lêst fan my ôf.
Ynienen, wylst ik dêr sa siet, skeat my troch de holle, hwat ik meimakke by myn lêste bisyk. Doe't ik my omdraeide om derút to gean, sei Sanders: ‘Jo sjugge it mar wer, minhear Wiarda, as jo it soms oars noch net wisten, 4A is hjoed wer mear as foechsum. Wy sille ús bêst dwaen om dizze deugdsumens to leanjen en bisykje in bytsje wittenskip to pompen ek yn harsens, dy't dêr dúdlikernôch net foar oanlein binne of der gjin bilang by hawwe, lykas dy fan Marinus van Stralen en somlike oaren.’ Dêrop folge lykas wenst it servile gegysgob fan inkelden en it twongen glimke fan in protte oaren, mar ien ding barde der, soks hie ik net earder obstrevearre. De eagen fan Joyce Grace en Marinus van Stralen moeten elkoar yn in flits fan forstânhâlding en dat skynde Sanders, dy't nea hwat ûntkaem yn 'e klas, net to fornimmen. Of - soed er it net fornimme wolle fan Joyce?
Dy Marinus stie slim min by him oanskreaun, in swier to bannigjen eksimplaer mei nozemnigings, soan fan in ryk fabrikant, dy't him net folle om syn soan bikroade. Hy wie it deistich middelpunt fan Sanders syn skerpe spot, mar hie it nei de earste kear nea wer weage him ek mar yn it minst to forsetten tsjin dy syn strang en ûnmeilydsum biwâld. En just dêrom forbaesde ik my sa dat er net daelks de folle laech krige.
Nuvere kombinaesje: Joyce, syn klasse-eachappeltsje en Marinus, syn meast trape slachtoffer. Ik boarte mei myn briefiepener en kaem nearne net ta. It like suver, oft de driigjende
| |
| |
broeiïng út 4A myn keamer yndreau - hast taestber. Doe waerd der wer kloppe: ik waerd kjel. Yn kaem Joyce, Joyce Grace. Hja gie foar myn buro stean, moai, jong, oanfallich. Ik sei perpleks: ‘Hwat sille wy nou ha?’
‘Fuortstjûrd, derút stjûrd troch minhear Sanders.’
Kaem it der hwat útdaegjend út of forbylde ik my dat? ‘Mar bern, minhear Sanders hat noch nea earder in learling nei my ta stjûrd. Hwat hast yn fredesnamme út 'e wei set? Ik miende oars ek datst net op skoalle wiest.’
‘Ik bin to let kommen, minhear Wiarda.’
‘To let? En dat by minhear Sanders? Op syn lessen komt nea immen to let. En hy stjûrt ek nea in learling ta de klasse út.’
Hja helle de fine skouders op. ‘Hjoed barre dy dingen dan blykber wol.’
‘En dan noch wol dû, Joyce. Ien fan ús allerbêste learlingen. Hwat is der mei dy to rêdden? Fortel my ris krekt, hwat der foarfallen is.’
‘Nou, minhear, ik kaem to let, sa'n tsien minuten to let en...’
‘Hoe kaem it, datst to let wiest?’
‘Ik hie my forsliept. Justerjoune net al to ier op bêd gien. Nou, ik haw myn briefke helle by de konsierge en dat joech ik minhear Sanders. Hy seach my frjemd forwitend oan, mar sei doe mei syn gewoane sarkastyske stim: Wel, wel, kin dizze jongedame har to let kommen permittearje? Doe rôp ien út de klasse: Hja kin har noch folle mear permittearje.’
‘Hwat seist my dêr? Ien út de klasse rôp samar troch jimme petear hinne? En dat minhear Sanders? Ik kin it my min foarstelle.’
‘Dochs is it sa. Minhear frege neat; hy wist wol, hwa't it roppen hie; hy wit altyd daelks alles.’
‘It sil fêst Marinus west ha, net? Dy't rôp, bidoel ik.’
‘Nammen wol ik leaver net neame, minhear. Sanders - pardon, minhear Sanders seach dy jonge oan en die de mûle iepen, mar hy sei neat. Doe frege er my wer: Hwerom to let? Datselde lûd rôp jitris: Hja is to let op bêd kaem en de reden wit minhear sels it bêst. It skynde, dat minhear it net hearde. Hy seach my mar oan en waerd slim bleek en syn lippen trillen. En doe sei er mei dy triljende mûle in ordinair wurd tsjin my. En doe sei ik: Nim my net kwea, minhear Sanders, mar hjir sil ik my oer bikleije by de direkteur. En sa kom ik hjir.’
‘Dû bist der dus net útstjûrd, dû bist derút gien op eigen manneboet.’
| |
| |
‘Ja, minhear Wiarda, winliken wol.’
‘Hwat bidoelde Mari... dy jonge mei syn wurden? Hwat moat minhear Sanders nou witte fan dyn tiid fan op bêd gean?’
Hja seach my oan mei dy prachtige, greate eagen, djipblau, hja krige in kaem, har wite toskjes skitteren wyt en gelyk tusken reade lippen, har earms lei hja op 'e rêch, de lytse boarsten toanden har folgroeide foarmen. Hja glimke efkes: ‘Dat soe minhear him dan sels freegje moatte.’
Ik stoarre har forbjustere oan, as yn trance kaem ik oerein, roun de gong troch en fornaem dêr pas, dat ik op wei wie nei 4A. Tichterby kommende hearde ik loden, rûzemoezich, lyk as dat by swakke dosinten faek foarkomt. Ik kloppe oan, stapte deryn en bleau stean, dêr't ik stie. Efter yn it lokael Sanders. Hy hie de hannen op 'e rêch en hong hwat efteroer. Hy stoarre oer de hollen fan de learlingen hinne nei foaren. Dy bûgden har by myn ynkommen fluch oer boeken en skriften. Sanders skynde my net to fornimmen, ear't ik hwat sei. Doe rjuchte er mei in skok syn gesicht nei de doar.
‘Minhear Sanders, ik woe graech Marinus van Stralen efkes to wurd. As ik it goed bigrepen haw, is dy raer út 'e ban sprongen.’ Hy knikte, de jonge kaem oerein, houd de doar foar my iepen en roun foar my út de gong op. Noch efkes omsjende troch it finsterke murk ik wer Sanders syn stoareagjen op en it healgnizend opsjen fan preuveljende koppen.
Yn myn keamer sette ik se nêst elkoar del, flak foar myn tafel. ‘Nou soe ik sa stadichoan wolris witte wolle, hwat dit allegearre to bitsjutten hat.’
Hja wikselen in eachopslach, in bytsje skril en flechtich, oars as doedestiids yn 'e klasse. It famke bigoun to fortellen, de jonge folle oan sa nou en dan, koarter, saekliker. En ik bigoun to bigripen, hwat ik al hast tocht hie, heat t.v.-romantyk, heal nofteren wierheit. It wie in wrekpian fan Marinus, de wrek, dêr't er op sind hie en loerd en wachte as in forduldich jager op syn proai. Hy hie socht nei de Achilleshakke fan syn fijân; dy skynde der net to wêzen. It pânser like oeral like sterk en net troch to kommen. Oant Joyce forskynde en alle learlingen mei harren ûnfeilber ynstinkt yn sokke saken har bisondere posysje opmurken. Tusken de twa bern - bern? - ûntstie in ienzens, binammen troch de jonge socht yn 't earstoan en letter troch it fanke spontaner biandere. Alle sarkasme, narderij en provokaesje fan de learaer, troch Marinus en oaren sûnder forwar ûndergien, rôpen by Joyce in tagedienens op, in fielen fan helpe-wollen. En sa wiene hja nei de lêste en slimste fornedering, dy't Sanders de jonge
| |
| |
oandien hie, ta harren divelsk plan kommen. It fanke hie de learaer jouns opskille, sahwat doeld op ûnderling bigryp en forstânhâlding, frege, oft er it slim fine soe, as hja efkes lâns kaem om in pear swiere stikken to bisprekken út Maeterlincks Monna Vanna, dêr't hja mei oan it lêzen wie.
‘Bistû mei Monna Vanna oan it lêzen? Monna Vanna?’ frege er forwûndere. Hja andere laitsjend, dat men mei 17 jier dochs gjin bern is yn de tweintichste ieu. ‘Kom mar gau, ik wachtsje op dy, Monna Vanna.’ Syn lûd hearde bliid, it trille hwat.
Hja hiene togearre thédronken op syn keamer fol artistike beeldtsjes en skilderijen en dêrtusken troch bisprieken hja op 'e divan dy swiere passaezjes. It fanke makke foar it earst in alhiel blide Sanders mei, nei't hja sei, sûnder de minste skerpens of hurdens. Hy sei: ‘Al dy saneamde swiere stikken, dêrfoar hiest net hoegd to kommen, Joyce, du forstiest se blinderske goed.’ En doe gie hja stean en liet har iepen jurk op de flier falle, stie foar him yn swimpak, sa goed as neat, hast lyk as Monna Vanna sels. Hy stammere sahwat fan: ‘Dochst dit foar my, Joyce..., dochst dit wier foar my...? Monna Vanna...’ Hy streake har foarsichtich, naem har yn syn earmen, tute har o sa mij en op foarholle en eagen.
Doe't ik safier it forrin fan saken út harren nou en dan net al to dúdlike ôfwikseljende forslaggen rekonstruëarre hie, koe ik it net litte en ûnderbrek harren. ‘Der is dochs, hoopje ik, neat slims bard?’
Dêr moasten hja allebeide om laitsje. Fansels net, hwat soe der nou bard wêze? Dêr wie minhear Sanders dochs wierliken gjin man foar: fiersto âlderwetsk en deeglik foar hwat slims. Hy wie allinne mar foreale, romantysk foreale, sokssahwat as by Perk en syn Mathilde, mar dan hwat mear fan tichteby. Marinus gysgobbe en Joyce lake.
Nou dan, in ûre letter brocht Sanders har nei hûs, kreas elkoar yn 'e earm en foar de doar levere er har ôf mei in tút op 'e foarholle. Har mem hie neat fornommen, dy wie net thús.
‘Ja fansels, nou miste er Joyce fan 'e moarn yn 'e les. Jonge, jonge, hwat wie er senuweftich. En doe't ik fornimme liet, dat ik fan 'e saek ôfwist, waerd dat der net better op. Ik makke noch in pear kear in lûde opmerking en sa bigoun er al hwat to bigripen, tocht my. Nou, en doe kaem Joyce en naem it oer.’ Hja naem ek it forhael oer. ‘Ik kaem deryn en Sanders forwachte fansels in pear bigripende leavjende eagen. Ynpleats krige er in kâlde douche.’
‘Ja,’ sei ik iiskâld, ‘wol 'k leauwe. Mar Joyce, as dit nou algemien bikend wurdt...’
| |
| |
‘Dat kin oars net, as minhear Sanders of josels moatte it fortelle. Marinus en ik hawwe der wol sa'n bytsje op doeld, mar wy hawwe neat en oan nimmen loslitten oer de stân fan saken. En it liket ús ta, dat it foar jo samin as foar him botte noflik wêze soe, as de lju derefter kamen. Op lêst hat er syn fingers nei in learling útstutsen en dat stelt de wet strafber, tochten wy. Sa sil elk it bisjen, ik bin nou ienris noch minderjierrich.’
O Joyce Grace, mei dyn fioeltsjeseagen en dyn reade lippen en dyn pjiskehûd en dyn waerme deklamaesjestim en dyn sawntjin jier!
‘En hwat forwachten jimme nou, dat ik dwaen soe?’
‘Neat,’ sei Marinus. ‘Nou ja, Joyce kriget straf foar to let kommen. Hwat soe minhear fierder dwaen kinne sûnder ek minhear Sanders to treffen? As jo yngripe en myn heit of har mem derby helje - nou, dan sil der hwat los komme, foar Sanders dan altyd. Us heit is fan my wol slimmer dingen wend en Joyce hat har wier-wier wolris earder yn swimpak of minder fortoand. Mar dan hie it tafallich net mei in learaer út to stean.’ Hy gysgobbe wer.
Durks kloppe oan. Oft ik 4A oernimme woe. Minhear Sanders fielde him net yn oarder. Hy hie in taksy komme litten om nei hûs to gean.
Yn de learaerskeamer dêr siet er, alhiel ynelkoar dûkt, wêzenleas, as lamslein. Hy strampele heal de gong troch, doe't dy taksy kaem en seach my efkes oan mei skrutene eagen. Ik sei: ‘It bêste, Sanders, ik kom gau lâns.’ Hy joech in sloppe hân en sakke fuort efteryn. Ik gie werom en naem syn les oer yn 4A, hwer't de twa, dy't ôfwêzich west hiene forwûndere opnaem waerden, mar hja réagearren net. In kertier letter resitearre Joyce mei oerjefte in fers fan Verlaine.
Wy hawwe Sanders op skoalle net wer sjoen. Hy is nei in rêsthûs rekke: oerspand neffens de dokters. Doe't er dêr al gâns in skoft wie - it gie goed, skreau er my - is er op in kuijer troch in frachtauto oanriden, leaver sein oerriden. De chauffeur dêrfan koe der neat oan dwaen, nei't fêststeld waerd. Hy hat der noch wiken fan út 'e liken west. ‘It liket my ta, dat dy man dea woe,’ sei er.
|
|