De mûle waerd my droech, kâlde skrillings rounen by myn rêch op en del. Ik biet myn kaken opinoar oant ik in lije bloedsmaek yn 'e mûle preau.
It wie itselde kaféke, mar Antsje stie net mear efter de taep. In dikke, reade man wreau mei opstrûpte mouwen de romers en sei freegjend: ‘Menhear?’
Oan 'e ein fan 'e taep joech ik my del en steunde de holle yn 'e hannen. ‘Gjin krêft...,’ kloppe it yn myn holle, ‘gjin krêft om to libjen,’ iderkear mar wer. Ik seach tusken de glêzen en flessen efter de taep mysels: in hoekige kop steund yn hannen dy't der wier wol wêze mochten. Swartbihierre polzen fordwounen yn 'e mansjetten fan it bûsgroen. - Krêft -. Ik taestte ûnder de stoel, myn fingers heakken efter in rânne, ik skuorde ta. De spieren spanden har, myn nekke forstive, ik fielde hoe't myn holle dikker waerd. Doe't it hout kreake hâldde ik ynienen op en seach kjel nei de kafé-baes, mar dy stie mei de rêch nei my ta en wreau noch altiten syn romers.
Ik hie myn krêft misbrûkt - har forkrêfte - skeind. Ik brocht my ús nachten to binnen, myn sleauwens ûnder har streakjende hannen. Ik hie it bern de krêft net jaen kind dy't it nedich wie, omt myn fjûr dwêst wie. De wurden fan de ingel Gabriël kamen my yn 't sin - en de krêft fan de Allerheechste sil dy biskaedzje -.
Se skikte op 'e kruk neist my en frege mei in heas lûd: ‘Hast ek fjûr?’ Har eagen laken mûtel, op myn mouwe lei har wite hân. Ik moast har frijhwat dwyl oansjoen ha, hwant kjel skoude se fan my ôf. De baes, mei ien each troch in romer, skodde suchtsjend mei de holle.
‘Onan, hin, hast dêr wolris fan heard?’ Se skodholle forheard.
‘Gekke namme, fêst in Gryk. Onassis, dy mei Maria Callas, bidoelst dy faeks?’
‘De krêft fan de Allerheechste... kinst dy?’
‘Doch gjin muoite, jonge, ik snap noait in mop, jow my mar hwat to drinken, de baes bisjocht my dochs al mei in skean each.’
‘Menhear,’ frege de baes.
‘Dy Onan, hin,’ sei ik, ‘dy woe net hwat de Allerheechste woe, en dus moast er dea. Ik bin ek dea, freegje mar yn 't sikehûs. Ik bin in man fan de dea, in goekunde fan de Hades.’
‘Menhear is leedomsizzer,’ fordúdlike de baes, ‘is 't net sa, in leedomsizzer mei in sneed yn 't ear.’
Hy knypeage nei it frommis en Take. Doe seach er my wer