| |
| |
| |
Lolle Nauta:
Hwat lest de skriuwer' Teije Brattinga?
(Foar it literair kertier fan de Rono bespriek Drs. G.A.G. Meerburg op 26-4-'66 De stadige leafde fan Fetsje, in roman fan Teije Brattinga, yn 1964 forskynd by Osinga to Boalsert as nû. 80 fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek.
Meerburg jowt yn syn bisprek ek de ynhâld wer fan it boek en sa kaem it dat de sekretaresse fan de Rono, mefrou H. Lochorn, dy't syn tekst nei de útstjûring oertikke, yndirekt mei dizze roman fan Brattinga yn 'e kunde kaem. It wie lykwols âld nijs foar har, ek al hie hja dan noch nea in fryske roman lêzen. It forhael fan De stadige leafde fan Fetsje hie hja, sa sei hja tsjin my, earder lêzen. Sa't har foarstie yn in boekje dat as gratisbylage levere waerd by it abonnemint op it wyblêd Libelle. Sokke boekjes hawwe der lykwols yn de rin fan de jierren in hiel soad west, dat hja koe har de titel perfoarst net mear to binnen bringe. Wy praetten ôf dat hja de útjowerij fan dit wykblêd, N.V. Uitgeverij De Spaarnestad, opskilje soe, om dy titel oan de weet to kommen. Doe't hja de oare deis de hoarn opnaem om to skiljen, wist hja ynienen hoe't it boekje hiet en koe hja fuortendaliks freegje, oft der noch in eksimplaer biskikber wie fan Een weerspannig hart fan Marjorie Moore, dat yn maeije 1954 as nû. 8 fan de Mignonreeks forskynde as bylage by Libelle. De útjowerij wie ré it archyfeksimplaer, it iennige dat hja noch hiene, oan my út to lienen. Hjirûnder folget it forslach fan it ûndersyk dat dêrop folge en dêr't dus beide boeken forgelike wurde. It origineel Hearts in conflict, dêr't Een weerspannig hart de oersetting fan is, haw ik net bineppe kinnen).
Beide boeken hearre ta it genre doktersroman. Yntrigue en forhael binne net hielendal oaninoar gelyk, mar lykje wakker opinoar. It KFFB-boek spilet yn Fryslân en yn fryske forhâldingen, it Libelle-boekje yn Ingelân en yn in typysk ingelsk milieu. Mar lit my earst it forhael fortelle, foarsafier't it yn beide boeken presys gelyk is. De forskillen komme dêrnei wol; dy binne net minder nijsgjirrich.
In jongfaem fan sahwat twa-en-tweintich jier (by Moore hjit hja fan Fay, by Brattinga fan Fetsje, ik neam har hjirre: F.) is noch yn 'e hûs, libbet dêr mei har heit dy't dokter is en in
| |
| |
| |
| |
húshâldster. Nei it forstjerren fan de mem (by Brattinga fiif jier forlyn en by Moore trije) is F. mei de medyske stúdzje ophâlden en is hja thúskommen om har heit by to stean. Hja docht de húshâlding en de boekhâlding, dy't earder de mem die.
It forhael bigjint as F. thús sit yn skimerjoun en ûnforwachts bisite krijt fan har freondinne (by Moore: Mary; by Brattinga: Marij; hjirre: M.). Dan komt ek de heit (Moore: Daile; Brattinga: Baijema) al gau thús en hy fortelt syn dochter, dat er noch in gast forwachtet (Moore: Derrington; Brattinga: Oppedyk). It is in jonge dokter dy't de praktyk fan F. har heit in skoft waernimme sil, omdat dy, sa't nou ek pas bliken docht, opereard wurde moat. Stof genôch dus foar in mear of minder triviale romance, mar it sil noch eefkes duorje, foardat dy him ûntjaen kin.
F. rekket nammentlik om dyselde snuorje oan 'e skarrel mei in oar. Dat is by Brattinga Eabe, in broer fan Marij, wylst it by Moore in húsfreon is fan de âlden fan M., in sekere Patrick. De relaesje tusken Oppedyk-Derrington en F. bliuwt yn beide boeken yn it earstoan koel. Bihalven it skarreltsje fan F. is de reden dêrfan it gedrach fan de nije dokter, dy't slim syn eigen gong giet. Dat stekt F. dy't wend wie dat har heit it measte mei har oerlei. De nije dokter docht dat net en kritisearret seist de praktyk fan de âld dokter. Dy leit der neffens him mar nuver hinne en is nei it forstjerren fan de mem eins yn 't neigean rekke. It hûs is âld, de âld dokter wurdt hwat forjitlik, de húshâldster prottelt op de pasjinten, dat in part hat de loop al by in oar, in nije dokter, in jonge fint noch, dy't yn it doarp wennet en net, lykas F. har heit, fier derbûten.
Derrington-Oppedyk fynt F. wol sympathyk, mar hy wit dat der in oar is. As F. in kear har heit opsocht hat yn it sikehûs yn de stêd en hy nei it stasjon riden is om har op to heljen, hwant hja wie al mei Eabe-Patrick fuort, lit er it derby en docht er fierder gjin war.
Dan ynienen ûntstiet der in nuvere sitewaesje, dy't it ‘knooppunt’ foarmet fan de yntrigue fan de roman en by beide auteurs presys gelyk is, ek al is de útwurking by Brattinga in bytsje oars. F. skriuwt in brief oan har heit yn it sikehûs, dêr't hja yn fortelt dat hja forkearing hat, sûnder lykwols de namme to neamen fan har frijer. Har heit makket hjirút op dat der eat to rêdden is tusken Oppedyk-Derrington en F., hâldt syn ‘wishful thinking’ foar de wierheit en knapt nei dizze meidieling hurd op. Hy makket him nou oer syn dochter likemin soargen mear as oer de praktyk. Beide binne yn deselde, goede hannen.
| |
| |
Sa bliid is de âld dokter en sa hurd knapt er op, dat syn forfanger him likemin de wierheit sizze doar as syn dochter. Hja binne fierstento binaud dat er tobekfalle sil en sette dêrom in skynforkearing op tou. As Daile-Baijema it sikehûs forlit en op reis giet om oan to sterkjen, mient er dat syn forfanger en syn dochter oaninoar forsein binne. Sa sil de praktyk yn de famylje bliuwe. Ek F. nimt lykwols har stúdzje wer op. Dêr is nou wer jild foar, hwant troch de forfanger is de praktyk fuortendaliks wer foarut gongen.
Op dit punt geane beide boeken útinoar. It lêste treddepart fan Brattinga syn boek liket alhiel net op it Libelle-romantsje, al krije Oppedyk en Fetsje, lykas Derrington en Fay, inoar wol, mar dat kin ek oan it genre lizze.
By Moore rekket de forkearing mei Patrick troch de skynforloving fan Fay mei Derrington út. Patrick nimt it spultsje foar echt en kriget forkearing mei Mary. Tusken Derrington en Fay bliuwt de relaesje koel. Beide fiele dochs wol foarinoar, mar hja witte dit net faninoar en de skynfortoaning is earder in rem as in help. Mei help fan syn (nije) húshâldster komt Derrington lykwols dochs oan 'e weet, dat Fay fan him hâldt en dan binne wy fansels ek op de lêste bledside. ‘“Kunnen we onze zogenaamde verloving omzetten in een echte?” Als enig antwoord vloog ze in zijn armen.’
Sa ienfâldich leit de saek by Brattinga net. Eabe is ommers in broer fan Marij en de partners kinne dus net gewoan omruile wurde. Troch de skynforkearing mei Oppedyk rekket ek hjirre lykwols de echte forkearing mei Eabe út, dy't ek mient dat it spultsje echt is. Eabe slagget oan in frommiske út Warkum, dat er moetet op it iis en kin fordwine. Mar, as de âld dokter op reis is, rekket hjir lykwols ek de skynforkearing út. Oppedyk en Fetsje fortelle Baijema earlik, as dy weromkomt, dat neat har mear bynt. Oppedyk keapet dochs de praktyk; Baijema sil rintenierje en Fetsje sil studearje. Brattinga sit nou noch mei de fjirde persoan, Marij, dy't by Oppedyk gjin kâns hat. Hy lit har, ûnwierskynlik genôch, húshâldster wurde by F. har heit en letter ek noch mei him trouwe. It boek hie nou ophâlde moatten, as der net in âld túnbaes wie, Harm, dy't yn de rekken hat, hoe't it eins sit. Fetsje en Oppedyk hâlde faninoar, sûnder it faninoar to witten. Nei in ôfgryslike soad ditten en datten komt it dan dochs noch foarinoar. ‘Se kamen tichter op elkoar ta en se hoegden neat mear to sizzen. It gyng fansels. Se flijde har tsjin him oan...’ (174).
Der binne mear forskillen. Yn Een weerspannig hart wurdt oer God en tsjerke swijd, hwat yn in KFFB-boek, dêr't op 't
| |
| |
lêst jild mei fortsjinne wurde moat, net mûglik is. In âld-omke fan Fetsje, sa wurdt der ynienen forteld, siet yn 'e nacht psalmen oer to setten. Nimmen wist dat en pas doe't er dea wie, foun men de risseltaten fan syn wurk. ‘De man fan pretsjes en forsetsjes sette yn de nacht psalmen oer, lieten dêr't er net los fan komme koe en dy't er seis forarbeidzje woe, yn eigen wurden. It kin frjemd rinne yn it libben’ (37). Ek geane Fetsje en har heit, flak foar de operaesje fansels, togearre in kear nei tsjerke. Nei de tsjinst ha hja wer moed. Dêrfoaroer stiet dat by Moore de minsken wolris nei in party of diner of nei de skouboarch geane, wrâldske drokten dêr't Brattinga syn kalvinistyske katoliken gjin gedoente mei ha. Fierder wurdt it forhael by Marjorie Moore folle better forteld as by Brattinga, dy't allegearre mûglikheden fan de stof gewoan net brûkt, nei alle gedachten omdat er se net sjocht. Een weerspannig hart is folle spannender as De stadige leafde fan Fetsje en yn syn soarte net iens min skreaun. Brattinga syn tael en styl binne ek net bêst, mar it slimste fyn ik syn geëamel. Utdrukkingen as: ‘Sa kin it rinne yn it libben’ en ‘De wrâld draeide troch’ wurde withoefaek brûkt en moatte fungearje as de oalje dy't de motor fan it forhael oan de gong hâldt. Bledsiden lang kin de skriuwer seure en eamelje. Hjiryn is er werklik origineel. Marjorie Moore hat sok sleau en senyl praet, dat allinne mar tsjûget fan de ûnmacht fan de skriuwer, fan syn gebrek oan talint, net nedich.
As dit alles wie, hie ik dit stik net skreaun. Likegoed as by cowboyfilms kinne by doktersromans ienfâldich fanwegen it gelikense genre parallellen folle fierder gean as by mear ‘yndividuéle’ boeken. Der moat, om mar hwat to neamen, altyd in kreaze, jonge dokter wêze. Sûnder in pear fammen dy't mâl mei him binne slagget it ek net en gean sa mar troch. Lykas de held, de moaije frou en de sheriff yn de ‘western’ binne hja it needsaeklike meubilair fan it forhael, dat, likegoed as de persoanen dy't der yn spylje, foar in great part in steréotyp karakter draecht.
By Brattinga is lykwols net allinne it greatste part fan de yntrigue gelyk oan dy fan Moore, ek tusken op himsels ûnwichtige details fynt men oerienkomst. As M. yn it bigjin fan it forhael by F. komt, fortelt hja yn beide boeken: heit en mem binne by it haed fan de skoalle; ik hie gjin sin om mei, hwant ik mei dy man net lije; mem seit dat ik net kom, omt ik kjeld skipe ha. Kin men ek sa'n detail op rekken skriuwe fan it genre? In oar foarbyld: Op in bipaeld stuit hat F. by har heit
| |
| |
op sike-bisiik west en wurdt hja troch Eabe alias Patrick mei de auto fan de trein helle. Foar har is dat in forrassing, hwant hja hie tocht, dat hja noch in forfelende reis mei de bus meitsje moatten hie. Yn beide boeken komt F. wiet thús, hwant hja krije in lekke bân en hja helpt har freon wylst it spielt by it bânforwikseljen. Sawol by Moore as by Brattinga fynt de forfanger, dy't F. wiet thúskommen sjocht, it nuver, dat hja, in faem, in bân mei forwikselet. Mar F. dy't graech foar flink trochgean wol, seit: ‘Wy hoege yn elk gefal net as nutteleas bihannele to wurden’ (by Moore: ‘Ze behoeven ons niet te behandelen als leeghoofdige wezens’).
Faeks heart by in âld dokter in prottelige húshâldster. Mar it is wol tige tafallich, dat yn beide boeken dy húshâldster troch de forfanger, dy't net mei har oerwei kin, ûntslein wurdt. Yn beide boeken wurdt F. dêr tige lilk om. Hja fynt dat in forfanger net it rjocht hat it personiel ta de doar út to setten.
Sa kin men trochgean. Der binne mear fan sokke parallellen to finen, wylst de forskillen fansels net minder nijsgjirrich binne. As Derrington foartiid yn it Fiere Easten as dokter tsjinne hat, dan is dat by Oppedyk fansels Nij-Guinéa wurden. Ensafuorthinne. Dochs bliuwe ek dit nei myn bitinken parallellen, dy't eventueel, mei in soad goede wil, noch ûnder it etiket ‘ynfloed’ falle kinne, ek al hat ynfloed meastentiids mear to krijen mei styl, atmosfear en libbensgefoel as mei húshâldsters, lekke bannen en leagentsjes dy't de sosiale konvinsje rêdde moatte.
As men beide boeken lykwols net allinne ynhâldlik mar ek letterlik forgeliket en dus nêstinoar leit, ûntdekt men by Brattinga passaezjes, dêr't men letterlike parallellen fan fynt by Moore of dy't op syn minst as frije fortalingen fan stikjes út Een weerspannig hart opfette wurde moatte. Dat meije yn totael mar in fiif of seis bledsiden wêze, ûnder it etiket ‘genre’ of ‘ynfloed’ kin men dizze parallellen net mear biflappe.
Yn it earste foarbyld praet M. tsjin F., dy't ommers nei it forstjerren fan de mem har medyske stúdzje opjown hat. Mefrou Jelks is de húshâldster, dy't by Brattinga troch M. earder al in stik ‘boelguod’ neamd is, dat ta de doar út moat. De skriuwer sil mei ‘boelguod’ wol ‘ynboel’ bidoele, mar toemar.
‘...dat je je tijd hier aan het verknoeien bent... Het valt me nog mee dat je er niet al lang vandoor bent gegaan. Nooit ie- |
‘...yn elk gefal forknoeistou dyn tiid hjirre... Ik hie al lang forwachte datst der op in goeije dei útnaeije soest. It moat dy wol |
| |
| |
mand om je heen behalve je vader die bijna heel de dag weg is, en die verschrikkelijke mevrouw Jelks'. (5) |
oanfleane. Altyd allinnich. Dyn heit meast op 'en paed. En dat stik boelguod is ek gjin partij'. (14) |
Ek yn sitaet twa hat M. it wurd. Hja freget har ôf, hoe't de forfanger fan F. har heit der útsjen sil.
‘Mischien is hij oud en afgeleefd, met kromme knieën en een beetje hardhorend. Maar hij kan natuurlijk ook jong zijn en lang en slank met golvend, blond haar...’ (9) |
‘Miskien is 't in âld mantsje mei kromme knibbels, dy't wjukkelt en in bytsje staf derby... Mar hy kin fansels ek jong wêze, en moai, en lang en mei in slach yn 't hier’. (20) |
It tredde foarbyld ûntlien ik oan it petear tusken F. en Derrington alias Oppedyk, as dy de húshâldster fuortjage hat. F. is oan it wurd.
‘Hoe durf je?! Dit is jouw huis niet. Je hebt het recht niet je ermee te bemoeien!!!... Je bent onverdraaglijk. Je denkt dat je je alles maar kunt veroorloven! Je gezicht spreekt boekdelen! Ik weet wel dat je dit huis en de manier, waarop ik het huishouden voer, becritiseert. Op mijzelf heb je ook heel wat aan te merken’. (49) |
‘Hoe doarst er. “Dit is dyn hûs net”, rôp se, “dou hast yn de húshâlding neat to sizzen... Ik fordraech it net langer. Dou mienst mar datst alles dwaen kinste. En dan dat kâlde gnyske oer dyn gesicht. Ja, ik begryp dy wol. Der doocht hjir neat, it hús net en iksels likemin’. (83) |
Yn it fjirde sitaet is earst de heit oan it wurd, dan Oppedyk alias Derrington en dan de heit wer.
‘Ik weet wel dat ik eigenlijk nog niet moest praten over datgene, wat waarschijnlijk nog een geheim is tussen jullie beiden. Maar door Fay's brief werd me een tipje van de sluier opgelicht. In plaats van verdrietig te zijn, kan ik nu blij en met een gerust hart vertrekken’. (65) |
‘Ik mei der dochs oer prate, net? Al is it miskien in geheim tusken jimme beide, ik koe út Fetsje har brief wol riede hwat der oan 't hantsje wie en as ik earlik bin, it hat my in lêst fan it hart nommen. Ik kin nou sûnder soarch fuortgean...’ (98) |
‘Alles wat Fay en ik wensen is, dat u op reis gaat met de bedoeling weer helemaal te genezen en dat u zoveel mogelijk geniet van alles. Er is niets waarover u zich zorgen hoeft te maken,’ |
‘Fetsje en ik winskje neat leaver as dat jo fan de reis wer hielendal better werom komme. Jo hoege nearne oer yn to sitten’. |
| |
| |
...‘Je bent een schat van een dochter voor me geweest, Fay. Maar ik geloof, dat je me nooi gelukkiger hebt gemaakt dan juist vandaag’. (65) |
...‘Dou bist in bêst famke’, seit er tsjin Fetsje, ‘dou hast my noch noait sa lokkich makke as krekt hjoed’. (98). |
Moat men hast net leauwe dat Brattinga by it skriuwen fan biskate passaezjes Moore gewoan nêst de skriuwmasine lizzen hawn hat? De sterkste oanwizing yn dy rjochting kin ik net iens brûke, omt dat sitaet to lang is om hjir ôfprinte to wurden: Bls. 76 oant en mei 80 by Brattinga is, op in pear hiele lytse foroarinkjes nei, in ‘oersetting’ fan bls. 46 en 47 by Marjorie Moore.
Nijsgjirrich is fierder noch, dat alle letterlike parallellen tusken beide boeken òf foarkomme yn it bigjin, by de eksposysje dus fan it forhael, òf yn de stikken dêr't F. en de forfanger deilis yn binne, òf yn it haedstik, dêr't de skynforkearing yn ûntstiet, it sintrale haedstik dus fan it forhael. Op oare plakken haw ik gjin letterlike oerienkomsten fine kinnen. Ynhâldlike fansels genôch.
De konklúzje? Op de flap fan De stadige leafde fan Fetsje wurdt fan Teije Brattinga sein: ‘Hy is skriuwer, dichter, toanielbiwurker, boekforkeaper, printer, útjower, biwegingsman, lesjower...’. Is dizze list mei kwalifikaesjes wol kompleet?
|
|