De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 410] [p. 410] Durk van der Ploeg: Memento mori Ik bin sa bang dat ik Blyn en gefoelleas wurdt As in soldaet bikiste klik Bikloeken en fordronken wurdt Ik sûnder foarm fan proses Noch op in tsjerkhôf stik En dat men om my skrieme sil En skras de datum 6 septimber Alle jierren op de kalinder Fan de Shell Een tijger in Uw tenk 21 Klaske 25 Henk dy blinder Ik bin sa bang foar It portretsje op 'e tv De datum op 'e plé En der in efterbleaune De broek yn in wrongel om 'e skonken Sit to siferjen yn 't skreaune Hwant ienkear noch Komt God fan boppen del Hy ropt de grêven iepen Mar foarbistimd foar himel of foar hel Dat lit ik hjir mar iepen Wurdt elkenien noch kjel Mar treurje net om my Mei jim fromme gesichten Hwant djip efter tsjerkestek Skriuw ik foar de himel gedichten Dan bin 'k ek gjin útjower brek Ik haw bar 't publyk oer gjin plichten Al docht myn grêfstien gjin lichten En forklearret men my foar gek. [pagina 411] [p. 411] Trije kear wy en ien kear ik It is hjir sa kâld Op dizze planeet De wrâld is sa kâld De wrâld is sa wreed It libben is hurd Op dizze planeet Wy binne forgroeid Mei dizze planeet De wrâld is toskroeid In rotsjend hússteed It stjonkt en it rikket Op dizze planeet Wy binne forklomme Op dizze planeet Elk hâldt foar de domme En nimmen hat weet Fan hwat ús de dea docht Op dizze planeet Wy bin it bistoarn Op dizze planeet De minsken bin kroan- Dea al stean by de fleet Yn 't grêf noch to roppen Op dizze planeet Ik kin 't net mear bankje Op dizze planeet De skeet op it plankje Of 't plankje op 'e skeet Ik wit it net mear Op dizze planeet En dit is de morael Fan 't liet Nei trije kear Wy En ien kear Ik Dêrfan krijt in egoïst de hik. Vorige Volgende